Boek

boek (dokumint), in boek om yn te lêzen, ynformaasje út te heljen of om te besjen.

C.J. Cherryh

C.J. Cherryh (pseudonym fan: Carolyn Janice Cherry; St. Louis (Missoury), 1 septimber 1942), is in Amerikaansk skriuwster, essayiste, oersetster, redaktrise, leararesse en taalaktiviste. Sûnt se yn 'e santiger jierren mei skriuwen úteinsette, hat se op it mêd fan science fiction en fantasy in tige grut oevre opboud fan mear as santich romans en in ferskaat oan koarte ferhalen. Cherryh wurdt hjoed de dei beskôge as ien fan 'e liedende Amerikaanske science fiction-skriuwers. Hja hat û.m. trije prestizjeuze Hugo Awards, in Locus Award en de Skylark Award wûn. Teffens is der in asteroïde nei har ferneamd. Har bekendste en súksesfolste wurken binne de Alliance-Union Universe-rige en de Foreigner-searje.

DAW Books

DAW Books is in Amerikaanske útjouwerij dy't fêstige is yn New York en spesjalisearre is yn 'e publikaasje fan romans, novellen en koarte ferhalen yn 'e sjenres science fiction en fantasy. De útjouwerij waard yn 1971 oprjochte troch útjouwer en redakteur Donald A. Wollheim, fan waans inisjalen de namme ôflaat is en dy't foartiid jierrenlang by Ace Books wurke hie. DAW Books beweart dat it de earste útjouwerij ea is, dy't útslutend science fiction- en fantasyboeken útbrocht hat.

Feriene Steaten

De Feriene Steaten fan Amearika (FS, USA) is in Noardamerikaansk lân, besteande út in federaasje fan 50 steaten. De haadstêd is Washington, D.C., de grutste stêd is New York City. De Feriene Steaten is nei Kanada en Ruslân de tredgrutste steat fan de wrâld wat grûngebiet oangiet. Neffens ynwennertal is de Feriene Steaten nei Sina en Yndia ek it tredgrutste lân fan de wrâld. It Ingelsk is de grutste taal fan de Feriene Steaten en yn de measte steaten ek erkend as offisjele taal.

Fertelperspektyf

In fertelperspektyf, ek wol fertelynstânsje of gewoan de ferteller neamd, is in term út 'e narratology dy't oanjout hoe't in ferhaal ferteld wurdt. Oer it algemien kin steld wurde dat dêr trije foarmen fan binne.

Koloanje

Dizze side giet oer it steatkundige begryp 'koloanje'. Foar oare betsjuttings, sjoch: koloanje (betsjuttingsside).In koloanje (fan it Latynske colonia) is yn 'e polityk en de skiednis in gebiet dat ûnder it direkt polityk bestjoer stiet fan in steat dy't ornaris op oansjenlike geografyske ôfstân leit. In koloanje ûnderskiedt him fan it memmelân faak troch dy ôfstân, mar benammen troch it feit dat it in gebiet is dat troch it memmelân eksploitearre wurdt foar syn natuerlike helpboarnen, lykas grûnstoffen of lânbougrûn. As in lân mear as ien koloanje hat, kin sprutsen wurde fan in koloniaal ryk. It stribjen nei de fêstiging fan koloanjes hjit kolonialisme; it proses fan it stiftsjen fan in koloanje hjit kolonisaasje.

Minske

In Minske (Homo sapiens) is in sûchdier út de famylje fan de minskapen, dy't rjochtop rint, net in soad hier op it lichem hat en yn ferhâlding in grutte harsens hat. Troch dizze lêste eigenskip hat de minsk in beskaving opbouwe kind en hjirtroch kin de minske himsels op in oantal unike kwaliteiten fan de oare dieren ûnderskiede: it brûken fan in komplekse taal en it brûken fan ark.

New York (stêd)

De stêd New York, of New York City (offisjeel City of New York), en byneamd The Big Apple, is de grutste stêd fan de Feriene Steaten fan Amearika en leit yn de steat New York. De stêd is in sintrum fan ynternasjonale hannel, polityk, kommunikaasje, muzyk, moade en kultuer. Mei in grut tal goede museums, galeryen, poadia, media, ynternasjonale koöperaasjes en gruthannels is New York, njonken, Londen, Parys en Tokio, ien fan de fjouwer wichtichste stêden op 'e wrâld.

Omslach

In omslach of (om)kaft is it kartonnene of papierrene omklaaisel fan in boek of tydskrift. Spesifyk by boeken wurdt ek wol de term boekbân brûkt, wylst it Ingelske cover in wat bredere betsjutting hat en ek fan tapassing wêze kin op muzykalbums en oanbesibbe saken. By tydskriften is de omslach yn 'e regel fan papier makke; by paperbacks fan tin, bûchsum karton; en by hardcovers fan hurd, ûnbûchsum karton, mei faak noch in losse, papierrene stofomslach deromhinne dy't de eigentlike omslach beskermet en dêr mei sydflappen omhinne teard sit.

Personeel perspektyf

It personele perspektyf is in fertelperspektyf dat fan ien personaazje útgiet en gebrûk makket fan 'e trêde persoan inkeltal (hy of sy). De ferteller as persoan bestiet hjirby dus eins net of is yn elts gefal net by it ferhaal belutsen. De lêzer kriget inkeld te witten wat dy iene persoan (hy of sy) wit en tinkt, al kin it wol wêze dat it perspektyf fan 'e iene haadpersoan nei de oare ferspringt, bgl. per haadstik of per paragraaf. As it perspektyf per sin of yn ien en deselde sin ferspringt, is der gjin sprake fan in personeel perspektyf, mar fan in auktorieel perspektyf mei in alwittende ferteller.

Planeet

In planeet, fan it Aldgryksk ἀστήρ πλανήτης, astēr planētēs ("swalkjende stjer") is in himellichem dat yn in fêste baan om in stjer hinne draait.

Roman

In roman (fan it Frânske roman) is de oantsjutting foar in grut ferskaat oan fral proazateksten, dy't benammentlik fiktyf fan aard binne en yn 'e regel it koarte ferhaal en de novelle yn lingte oertreffe. Der bestiet gjin algemien akseptearre minimumlingte foar in roman (ta ûnderskie fan in novelle), al wurdt troch in protte literatuerprizen de grins fan 40.000 wurden oanholden. Ek soe in roman breder fan opset wêze en in evenrediger opbou hawwe as in novelle, mar dêr binne withoefolle útsûnderings op te jaan.

Science fiction

Science fiction (SF) is in sjenre dat benammen foarkomt yn literatuer en film. Letterlik oersetten yn it Frysk betsjut de term "wittenskiplike betinksel" en dêrmei is it eartiids ek begûn, nammentlik as in besykjen om yn 'e takomst foarút te sjen troch natuerwittenskiplike ûntdekkings te ekstrapolearjen en dat by de minske ûnder de oandacht te bringen.

Skiednis

De skiednis is it gehiel fan al wat bard is yn it ferline fan de minsk, en de stúdzje dêrfan.

Titel (namme)

In titel (fan titulaire, de eigenskipswurdlike foarm fan it Frânsk titre) of opskrift is de namme fan makke wurk, yn 'e regel op it mêd fan 'e literatuer, skiene keunsten, muzyk, film of tillefyzje, lykas in boek, ferhaal, haadstik, gedicht, spylfilm, tillefyzjeprogramma, fideo- of kompjûterspultsje, liet, album, of lykfol hokker oar publisearre wurk ek. Men brûkt in titel yn it foarste plak om in wurk mei te identifisearjen, mar men kin der ek in minimale gearfetting fan 'e ynhâld mei jaan en besykje om 'e belangstelling fan sjoggers en mooglike keapers te wekjen. Fierders is it mooglik om it wurk mei de titel drekt al yn in beskate kontekst te pleatsen; sa tinkt tsjintwurdich bygelyks eltsenien by in titel dêr't it wurd Star diel fan útmakket, oan science fiction (Star Trek, Star Wars, ensfh.).

Tolk (berop)

In tolk is immen dy't foar syn berop sprutsen wurden yn real time oerset fan 'e iene nei de oare taal. Sa'n persoan harket nei de sprekker en sprekt dy syn wurden út yn 'e oare taal sadree't de sprekker eefkes swijt. Soks wurdt 'konsekutyf tolke' neamd.

Yn in oare taal lêze