West-Jeropa

West-Jeropa is de geografyske namme fan it westlike part fan Jeropa.

De lannen dy't meastens ta West-Jeropa rekkene wurde binne:

Ek Dútslân, Switserlân, Eastenryk, Monako en Lychtenstein wurde somtiden ta West-Jeropa rekkene, mar meastentiids wurde dizze lannen Sintraal-Jeropeeske lannen neamd, útsein Monako, dat ta Súd-Jeropa rekkene wurdt. Frankryk, mei namme Súd-Frankryk, wurdt troch syn kultuer ek wol ta Súd-Jeropa rekkene.

Western-Europe-map
De read kleure lannen wurde de West-Jeropeeske lannen neamd.

Definysjes

Der binne mear as ien definysje fan hokker lannen no krekt by West-Jeropa hearre.

Sa is de definysje fan de Feriene Naasjes dat Dútslân, Lychtenstein, Switserlân, Eastenryk en Monako wol ta West-Jeropa rekkene wurde, mar dat it Feriene Keninkryk en Ierlân der net by hearre.

Mei de Kâlde Kriich waard mei West-Jeropa ek wol bedoeld alle Jeropeeske lannen dy't bewesten it Izeren Gerdyn leinen, it oare part fan Jeropa waard yn dy tiid East-Jeropa neamd. Dizze dieling is mei it oansluten fan in grut part fan de eardere Eastblok-lannen ta de Jeropeeske Uny net mear sa skerp. Tsjintwurdich wurdt der dan ek meast sprutsen oer West-Jeropa, Noard-Jeropa, East-Jeropa, Sintraal-Jeropa en Súd-Jeropa.

Sjoch ek

Belgje

Belgje of België of it Belzelân (Nederlânsk: België; Frânsk: Belgique; Dútsk: Belgien) is in lyts lân in West-Jeropa. Belgje is in demokratyske monargy en is sûnt 1993 in federaasje. De steat is opdield yn Flaanderen (Vlaanderen), Walloanje (Wallonie) en it Stêdsregio Brussel. De haadstêd is Brussel (Bruxelles), wat ek beskôge wurdt as de politike haadstêd fan de Jeropeeske Uny. Sûnt 2013 is Filips kening en is Sophie Wilmès premier.

Benelúks

Benelúks (Frânsk: Bénélux) is sûnt 1944 in ekonoamyske uny yn West-Jeropa wêryn't trije buorlannen, Belgje, Nederlân, en Lúksemboarch sitte. De namme is foarme troch de earste letters fan de lannen te bonneljen. De uny hat ta doel; iepen grinzen, mar mei de komst fan'e Jeropeeske Uny is dat net mear fan tapassing.

De Benelúks is 74.102 km² grut, mei 27,2 miljoen ynwenners. Fan 2010 ôf, mei de yngong fan it nije ferdrach (Benelux#Benelux na 2010: Benelux Unie), sil de Benelúks net mear allinnich op ekonomysk gebiet optrede mar ek by duorseme ûntjouwing, justysje en binnenlânske saken. De offisjele benamming sil dan yn Benelúks Uny feroarje.

De Nederlannen

De Lege Lannen oftewol de Nederlannen is it leechlizzende gebiet yn West-Jeropa dêr't de steaten Nederlân en Belgje lizze. Soms wurdt ek Lúksemboarch ta de Lege Lannen rekkene. De beneaming wurdt fral brûkt troch de skiedskriuwerij om it gebiet mei oan te tsjutten doe't beide (of alle trije) steaten noch net bestiene.

East-Jeropa

East-Jeropa is de geografyske namme fan it eastlike part fan Jeropa. Der binne ferskate definysjes fan it gebiet. Yn alle gefallen omfiemet East-Jeropa in grut part fan it Jeropeeske kontinint.

Yn de nauwe sin wurde ûndersteande lannen ta East-Jeropa rekkene:

Ruslân (Jeropeesk Ruslân, it part fan Ruslân dat westlik fan de Oeral leit)

Kazachstan (Jeropeesk Kazakstan)

Wyt-Ruslân

Oekraïne

Moldaavje

Jeropeeske part fan Azerbeidzjan

Jeropeeske part fan GeorgjeBy de nauwe definysje fan East-Jeropa, wurde der yn East-Jeropa benammen Slavyske talen sprutsen, wêrby't Moldaavje in útsûndering is, hjir wurdt yn in part fan it lân Roemeensk sprutsen. Fierders wurdt der ûnder oare troch in grutte minderheid in Turkske taal sprutsen, dêr't it Tataarsk de grutste fan is. Oer it heule gebiet is Russysk de lingua franca.

De definysje is yn de skiednis faak feroare, benammen troch politike redenen. Sa waard yn de tiid fan de Kâlde Kriich yn Jeropa sprutsen fan East- en West-Jeropa, de gebieten Súd- en Noard-Jeropa waarden doe kwealik brûkt. East-Jeropa bestie doe út it part fan Jeropa dat eastlik fan it Izeren Gerdyn lei, wêrby ek de Balkan. Sa waard in dúdlike tsjinstelling tusken East en West makke en dus ek tusken it kommunisme en it kapitalisme yn Jeropa. De lannen dy’t yn dizze definysje by East-Jeropa hearden wienen:

Sovjet-Uny

Jeropeesk Ruslân

Estlân

Letlân

Litouwen

Wyt-Ruslân

Oekraïne

Moldaavje

Poalen

Dútske Demokratyske Republyk

Tsjechoslowakije

Hongarije

Roemeenje

Joegoslaavje

Bulgarije

AlbaanjeMei dizze romme definysje wurde alle lannen fan it Eastblok ta East-Jeropa rekkene. Fan de lannen hjirboppe wurde Estlân, Letlân en Litouwen ek wol ta Noard-Jeropa rekkene, Poalen, Dútslân en Tsjechoslowakije (Tsjechje en Slowakije) ek wol by Sintraal-Jeropa en Joegoslaavje (Kroaasje Bosnje, Serve, Montenegro, Masedoanje, Bulgarije en Albaanje) ek wol ta Súd-Jeropa. Roemeenje en Sloveenje wurde ôfwikseljend ta Sintraal-Jeropa en Súd-Jeropa rekkene.

Feriene Keninkryk

Dizze side giet oer it Feriene Keninkryk, dat faak Grut-Brittanje neamd wurdt. Foar it eilân, sjoch: Grut-Brittanje (eilân).

Dizze side giet oer it Feriene Keninkryk, dat faak Grut-Brittanje neamd wurdt. Foar oare betsjuttings, sjoch: Grut-Brittanje (betsjuttingsside).It Feriene Keninkryk, folút it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân en yn de folksmûle faak Grut-Brittanje of Ingelân neamd, is in lân yn West-Jeropa. De haadstêd is Londen en de keninginne fan de monargy is sûnt 1952 Elizabeth II.

De grutste eilânsteat fan Jeropa is in uny mei fjouwer lannen: Ingelân, Skotlân, Wales en Noard-Ierlân. It regear sit yn Londen. Dêrûnder falle de dekonsintrearre regearen fan Edinboarch (Skotlân), Cardiff (Wales) en Belfast (Noard-Ierlân). De Kanaaleilannen en it eilân Man binne Britsk kroanbesit, mar falle net ûnder it regear yn Londen. Dêrneist hat it Feriene Keninkryk noch fjirtjin oerseeske gebieten.

Finlân

Finlân is in Skandinavysk lân yn Noard-Jeropa. De haadstêd fan Finlân is Helsinki. De republyk hie mei Tarja Halonen sûnt 2000 de earste froulike presidint. Mei de oare Skandinavyske lannen hat Finlân in sterke histoaryske en kulturele bân, mar ek organisatoarysk is Finlân lid fan de Noardske Ried.

Frankryk

Frankryk, offisjeel de Frânske Republyk, is in lân yn West-Jeropa. De haadstêd is Parys.

Frankryk is lid fan de Feriene Naasjes (1945), mei in permaninte sit yn de Feiligensrie. It lân is ek lid fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949), de Rie fan Jeropa (1949) en de Jeropeeske Uny (1957). It is ien fan de dielnimmers oan de Jeropeeske Monetêre Uny en hat 1 jannewaris 2002 de Frânske frank as munt ynruile foar de Euro.

Yn Jeropa heart ek it eilân Korsika by Frankryk, en fierder binne der noch oerseeske departeminten en oerseeske gebieten yn oare wrâlddielen.

Iepenbiering fan Tomas

De Iepenbiering fan Tomas is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e apostel Tomas, dat in fizioen fan 'e Einichste Dei en it Lêste Oardiel beskriuwt, en dat fierhinne as in wat ôfwikende ferzje fan 'e Iepenbiering fan Jehannes beskôge wurde kin, sij it skreaun op in wat minder riedselige en mystike wize.

De Iepenbiering fan Tomas datearret út 'e perioade fan 'e twadde oant de fjirde iuw, en wie oarspronklik yn it Gryksk skreaun. De tekst is oerlevere yn it Latyn, dêr't er yn Itaalje of Noard-Afrika yn oerset is (of mooglik kopiëarre is fan in âldere oersetting). Yn 'e Midsiuwen hie de Iepenbiering fan Tomas in grutte fersprieding yn West-Jeropa, en dat it yn 'e fyfde iuw troch Gelasius fan Kyzikus kettersk ferklearre wie, skynt datoangeande neat útmakke te hawwen. De populariteit fan 'e tekst berikte in hichtepunt tusken de achtste en de alfde iuw, doe't der rûnom kopyen fan skreaun waarden, mar ek dêrnei bleau it noch iuwenlang in bekend geskrift, en rekke it pas nei 1600 yn it neigean.

Ierlân

Dizze side giet oer de Republyk Ierlân. Foar it eilân, sjoch: Ierlân (eilân).

Ierlân is in lân yn West-Jeropa dat it súdlike en noardwestlike part fan it eilân Ierlân omfiemet. De haadstêd is Dublin en de presidint fan de republyk is sûnt 2011 Michael Higgins.

Kapitalisme

Neffens it kapitalisme is de risping fan it wurk privee-eigendom. Yn de measte kapitalistyske lannen foarmet it kapitalisme in stelsel dêr't de produksjemiddels yn hannen fan partikulieren by binne, foar wa't se as kaptaal in boarne fan ynkomsten binne. It stipet dêrby in frije merkekonomy. Foar Liberalen, konservativen en kapitalisten is it privee-eigendom in betingst foar de frijheid fan de minske.

It ûntstean fan it kapitalisme rint lykop mei de Yndustriële Revolúsje yn West-Jeropa.

Lúksemboarch (lân)

Lúksemboarch of Lúksemburch (Gruthartochdom Lúksemboarch) is in lân yn West-Jeropa. De haadstêd is ek Lúksemboarch en de gruthartoch fan it gruthartochdom is sûnt 2000 Henry.

Lúksemboarch wurdt begrinzge troch:

Belgje yn it westen en it noarden

Dútslân yn it easten

Frankryk yn it suden

Midsiuwen

De Midsiuwen is yn de Jeropeeske skiednis de perioade tusken rûchwei 500 en 1500 nei Kristus.

Nacht

Dizze side giet oer it tsjustere diel fan in etmiel. Foar oare betsjuttings, sjoch: nacht (betsjuttingsside).In nacht is de tsjustere perioade fan in etmiel, en dêrmei it tsjinstelde fan 'e dei. De nacht begjint feitlik net, sa't faak tocht wurdt, as de sinne ûndergiet, mei't dêrnei earst noch in perioade fan twiljocht folget dy't de jûnsskimer neamd wurdt, en dy't noch ta de nacht, noch ta de dei heart. Pas as de sinne oan 'e ein fan 'e jûnsskimer fierder as 18° ûnder de hoarizon sakket, wurdt it wier tsjuster en begjint dêrmei de nacht. De nacht einiget as de sinne op 'e iere moarn minder as 18° ûnder de hoarizon komt te stean, en dêrmei in nije perioade fan twiljocht, de moarnsdage, úteinset. Oan 'e ein fan 'e moarnsdage begjint mei it opkommen fan 'e sinne (boppe de hoarizon) de dei.

De doer fan 'e nacht hinget ôf fan 'e breedtegraad fan jins geografyske lokaasje en fan 'e jiertiid. Yn 'e tropen binne dei en nacht it hiele jier troch fierhinne fan gelikense lingte en binne de beide perioaden fan twiljocht mar hiel koart. Op hegere en legere breedtegraden leit dat oars. Dêr binne de perioaden fan twiljocht it hiele jier troch langer, en boppedat binne dêr yn 'e winter de nachten oansjenlik langer (en de dagen koarter), wylst by 't simmer krekt de dagen langer binne (en de nachten koarter). Plakken binnen de beide poalsirkels, yn it uterste noarden en suden fan 'e Ierde, hawwe by 't simmer teminsten ien dei yn 't jier dat der hielendal gjin nacht is, as de poaldei oanhâldend 24 oeren efterinoar duorret. Oarsom hawwe se by 't winter ek teminsten ien dei yn 't jier dat de sinne hielendal net opkomt, en dat de poalnacht 24 oeren efterinoar oanhâldt.

Hoewol't de nacht yn it foarste plak mei tsjuster assosjearre wurdt, is it mar komselden folslein tsjuster. By helder waar skine de stjerren en wjerskynt de moanne it ljocht fan 'e sinne. Fral as it ljochtmoanne is, kin men nachts faak goed út 'e fuotten. Oan 'e oare kant sjocht men as de loft berûn is en it ek noch tsjustermoanne is, nachts faak gjin hân foar eagen. Yn eardere tiden, foar de útfining fan 'e elektrisiteit, wie de nacht dêrom in tiid dat der net folle dien waard, om 'e ienfâldige reden dat der gjin of te min ljocht foar wie. Ferljochting kaam doedestiden meast fan kjersen, dy't net inkeld djoer wiene en mar in teisterich ljocht joegen, mar ek noch brângefaarlik wiene. Sadwaande siet men jûns faak 'te skimerjen', wat ynhold dat men by it tatsjusterjende twiljocht yn 'e hûs siet te praten. As it wier nacht waard, gie men op bêd, om der by it earste ljocht faak wer ôf te kommen.

Foarhinne waard it libbensritme fan 'e minske sadwaande folle mear bepaald troch it dei-nachtritme. Hjoed de dei is dat fanwegen de rûnombywêzige beskikberheid fan keunstmjittich ljocht net mear nedich. Dêrtroch is no ek de 24-oersekonomy mooglik wurden. Net inkeld yn gebouwen wurdt no de nacht ferljochte, mar ek dêrbûten, mei strjitferljochting. It oermjittich gebrûk dêrfan liedt ta ljochtfersmoarging, dy't it yn tichtbefolke gebieten, lykas West-Jeropa, dreech makket om 'e nachthimel goed waar te nimmen.

Religy

Religy is it leauwen yn it hillige of boppenatuerlike, en de struktueren en hannelings dy't dêrmei ferbân hâlde. Dit leauwen kin fêstlein wêze yn hillige teksten, of trochjûn wurde yn in mûnlike tradysje. Yn dy boarnen kin in inkelde god beskreaun wêze, of de etyk fan 'e leauwenden, mar ek wiidfiemjende mytologyen.

Hoewol't oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw benammen yn West-Jeropa de sekularisaasje al mar tanimt, hinget noch altyd in grutte mearderheid fan de wrâldbefolking, sa'n 87,2%, de iene of oare religy oan. Lykwols is der sûnt de ein fan de 18e iuw ek in streaming, it ateisme, dy't religy no krekt ôfwiisd.

Der binne sterke oanwizings om der fanút te gean dat religiositeit en spiritualiteit de minsken oanberne is. Dat betsjut dat it yn begjinsel net eat is wat harren troch foarsten of preesters oplein of oanpraat is, mar út de minsken sels komt, en dêrmei fan alle tiden is en yn alle maatskippijen bestean kin. Los fan 'e fraach at sokke leauwensoertsjûgings op wurklikheid berêste, mei oare wurden, at der boppenatoerlike wêzens of in hjirneimels besteane, eat dat de wittenskip bewize noch ûntkrêftsje kin, lykje de measte minsken se nedich te hawwen om te besykjen útdrukking te jaan oan 'e sin en de mystearjes fan it libben.

Religiositeit wurdt dêrom wol beskôge as in wichtige skiedsline tusken minsk en bist. Beide ite, drinke, sliepe, kommunisearje en plantsje har fuort, mar allinne minsken soenen de geastlike fermogens en it selsbewustwêzen hawwe om nei te tinken oer wêr't se wei komme, wêr't se hinne geane en wat de sin fan it libben is.

Romeinske Ryk

It Romeinske Ryk (Latynsk: Imperium Romanum) wie in histoarysk ryk dat it gebiet om de Midlânske See omfieme. It ûntstean wurdt meastentiids datearre mei it oantrêden fan Augustus oan it begjin fan de jiertelling en einiget mei it opdielen fan it ryk yn in westlik en eastlik part (395). It hiele gebiet om de Midlânske See hinne hearde by it ryk en it omfieme ek West-Jeropa bûten Ierlân. It wie de opfolger fan de Romeinske Republyk en hie Rome as sintrum fan de macht.

Sintraal-Jeropa

Sintraal-Jeropa of Midden-Jeropa is it gebiet dat tusken East-Jeropa en West-Jeropa yn leit. Yn guon definysjes oerlappe de gebieten elkoar, ek mei Noard-Jeropa, Súd-Jeropa en Súdeast-Jeropa. De term wurdt wer brûkt sûnt de ein fan de Kâlde Kriich, dy’t Jeropa yn East en West ferdield hie mei it Izeren Gerdyn, wêrtroch “Sintraal-Jeropa” yn twaën snien waard.

De definysjes fan Sintraal-Jeropa ferskille fan elkoar. Sintraal-Jeropa wurdt wol definearre nei in histoaryske, etnyske, politike of geografyske eftergrûn.

Op it stuit sjocht de definysje fan Sintraal-Jeropa der sa út:

Alpenlannen:

Dútslân

Eastenryk

Switserlân

LychtensteinVisegrádgroep

Slowakije

Tsjechje

Poalen

Hongarije

SloveenjeUtsein Lychtenstein en Switerslân binne alle lannen fan Sintraal-Jeropa lidsteat fan de Jeropeeske Uny.

Ek oare definysjes wurde wol brûkt. De neikommende lannen of gebieten fan lannen wurde om histoaryske en kultuerele redenen ek wol ta Sintraal-Jeropa rekkene.

Kroaasje (útsein Ystrië en Dalmaasje, somtiden wol it heule lân)

Roemeenje (Transsylvaanje en Bûkovina, somtiden it heule lân)

Servje (Vojvodina)

de Oekraïne (de Oblast Zakarpattia en eardere Galyske gebieten)

Ruslân (de Oblast Kalinigrad)

Frankryk (de Elsas en Lotaringen)

Itaalje (Súd Tirol, ek wol it heule noardeasten fan Itaalje)Yn guon definysjes, yn bygelyks Meyers Grosses Taschenlexikon, wurde ek Nederlân, Belgje en Lúksemboarch ta Sintraal-Jeropa rekkene.

Tsjinstesektor

De tsjinstesektor is de ekonomyske sektor dêr't bedriuwen mei de ferkeap fan harren tsjinst winst meitsje wolle. De meso-ekonomy, dy't bedriuwstûken bestudearret, brûkt it synonym tertiêre sektor.

Yn de histoaryske ûntwikkeling fan ekonomyen komt de tsjinstesektor trochgeans as lêste ta bloei, neidat de ekonomy earst troch in faze fan agraryske dominânsje gien is en dêrnei troch in perioade fan yndustrialisaasje. De tsjinstesektor ferfangt de foargeande twa sektoaren net, mar wurdt al it wichtichst yn it ferskaffen fan wurkgelegenheid en ynkommen.

Untwikkele lannen lykas Nederlân hawwe yn ferhâlding in grutte tsjinstesektor. Lytsere lannen as Lúksemboarch binne sels hast hielendal oanwiisd op de tsjinstesektor, benammen at hja net folle natuerlike helpboarnen hawwe. Minder-ûntwikkele lannen, lykas Ivoarkust, hawwe meastentiids in iensidiger ekonomy dy't hast hielendal driuwt op de lânbou.

Ta de tsjinstesektor wurde ûnder oare winkels, hoareka, teaters, kappers, saaklike tsjinstferlieners, abbekaten, ICT-bedriuwen en oare tsjinstferlieners rekkene. Yn ûntwikkele ekonomyen lykas yn West-Jeropa en de Feriene Steaten wurdt tusken de 70 en 80 persint fan it bruto binnenlânske produkt yn de tsjinstensektor realisearre.

De tsjinstesektor stelt oare easken oan har aktoaren as de oare sektoren. Sa komt yn in ekonomy dêr't tsjinsten hieltiten wichtiger wurde in gruttere klam op formele oplieding en nimme de kânsen foar net- of leech-oplieden wurknimmers dramatysk ôf.

Troch de Schengen-akkoarden is der yn de betreffende lannen yn Jeropa in frij ferkear fan persoanen, kapitaal, fracht en tsjinsten.

Westerske wrâld

De Westerske wrâld of it Westen is in benamming dy't brûkt wurdt foar in groep lannen dy't heare ta de rykste en machtigste fan de wrâld. Dizze lannen hawwe in grutte kulturele ynfloed en oerwicht op de rest fan de wrâld.

Der is gjin persyze definysje fan hokfoar lannen by de Westerske wrâld hearre. Oarspronklik besloech de term allinnich West-Jeropa en de lannen dy't dêr kultureel mei ferbûn wienen, lykas de lannen yn Noard-Amearika, Súd-Amearika en Oseaanje. Sûnt de tiid dat yn Aazje ferskate lannen inselde ekonomysk nivo berikt hawwe as it westen, wurde faak ek de rike lannen yn it easten der ta rekkene.

Wytsingen

De Wytsingen, Wytsings, Wytsingers of Noarmannen wienen Skandinavyske bewenners fan Súd-Noarwegen, Sweden en Denemarken. Sy ferskynden op de ein fan de 8e iuw foar de kusten fan West-Jeropa, yn it earstoan as seerôvers en plonderers, mar letter ek as feroverers, stifters fan steaten en betiden as hannelders. Ek yn East-Jeropa lieten sy fan harren hearre. It tiidrek dêr't sy yn foarkomme einiget yn de 11e iuw en oant dy tiid hawwe sy in spoar fan ferwoasting efterlitten.

De Wytsingen wienen in kloft fan Germaanske folken, dêr't sprake wie fan in grutte kulturele ienheid, benammen op sosjaal en ekonomysk flak, taalkundich (it Aldnoarsk) en op it mêd fan religy: panteïsme of polyteïsme. Nei ferrin fan tiid wie der wol sprake fan ferskil tusken de ferskate groepen. Ek wie der striid ûnderinoar en bestienen allegear selsstannige foarstedommen.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.