West

West of it westen is in wynstreek en ien fan 'e fjouwer haadwynstreken, njonken noard, east en súd. De namme komt fuort út it Proto-Germaanske *wes-t- ("jûn"), fan it Proto-Yndo-Jeropeeske *uestos, in ferbûging fan 'e woartel *ues-: "út 'en [readens] skine", dat sels wer in foarm fan *aues- wie, dêr't it wurd 'east' út fuortkomt.

It westen is it tsjinstelde fan it easten. It is de rjochting dêr't de sinne liket ûnder te gean. Yn 'e astronomy is it westen definiëarre as de rjochting dêr't in himellichem yn syn omrin nei ta draait. Op in lânkaart wurdt it westen tradisjoneel as de lofterkant beskôge, sadat men it noarden boppe hat en it suden ûnder. Sadwaande sprekt men by it lêzen fan in wrâldkaart fan it westen as men it oer it westlik healrûn hat.

Compass Rose English West
In 16-puntige kompasroas, mei it westen oanjûn yn swart.

Oare betsjuttingen

West is ek de pleatslike Skylgerske namme fan it doarp West-Skylge. Yn 'e koloniale tiid spriek men fierders ek wol fan 'de West' as men West-Ynje bedoelde. Yn ynternasjonaal ferbân wurdt mei 'it Westen' de Westerske wrâld bedoeld; binnen Nederlân ferwiist 'it Westen' lykwols nei de Rânestêd. It Wylde Westen is in oantsjutting foar rûchwei de westlike helte fan 'e Feriene Steaten yn it tiidrek tusken 1850 en 1900.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Austraalje (lân)

Austraalje (Ingelsk: Australia), offisjeel it Mienebêst Austraalje (Commonwealth of Australia), is in lân dat it hiele kontinint Austraalje beslacht, mei dêropta noch in grut tal oer it algemien lytse eilannen yn 'e seeën deromhinne. It is fierwei it grutste lân fan it wrâlddiel Oseaanje, sawol kwa lânmassa as wat ynwennertal oanbelanget. Neffens in skatting út 2014 hie Austraalje doe in befolking fan goed 23,5 miljoen minsken. Foar't it yn 1901 ûnôfhinklik waard, bestie Austraalje út in seistal ûnderskate Britske koloanjes. Tsjintwurdich is it in heech ûntwikkele lân dat ien fan 'e wichtichste dielen fan 'e Angelsaksyske wrâld foarmet. It hat de demokratyske steatsfoarm fan in federale parlemintêre konstitúsjonele monargy, mei de Britske keninginne Elizabeth II oan it haad.

Belgje

Belgje of België of it Belzelân (Nederlânsk: België; Frânsk: Belgique; Dútsk: Belgien) is in lyts lân in West-Jeropa. Belgje is in demokratyske monargy en is sûnt 1993 in federaasje. De steat is opdield yn Flaanderen (Vlaanderen), Walloanje (Wallonie) en it Stêdsregio Brussel. De haadstêd is Brussel (Bruxelles), wat ek beskôge wurdt as de politike haadstêd fan de Jeropeeske Uny. Sûnt 2013 is Filips kening en is Sophie Wilmès premier.

Berlyn

Berlyn (Dútsk: Berlin) is de haadstêd fan Dútslân en fan de stêdsteat en dielsteat Berlyn. It is de grutste stêd fan it lân mei likernôch 3,54 miljoen ynwenners. Berlyn is ek ien fan de grienste stêden yn Jeropa: 18% fan Berlyn bestiet út natoer en parken en 7% út marren, rivieren en kanalen. De stêd leit oan de rivier de Spree en om de stêdsteat hinne leit de dielsteat Brandenboarch, dêr't Berlyn yn 1920 troch de Groß-Berlin-Gesetz fan ôfskaat waard. De stêd wie eartiids haadstêd fan Prusen (1701–1918), it Dútske Keizerryk (1871–1918), de Weimarrepublyk (1919–1933) en nazy-Dútslân (1933–1945).

Nei de Twadde Wrâldoarloch wie Berlyn mear as fjirtich jier in dielde stêd mei East-Berlyn as haadstêd fan de Dútske Demokratyske Republyk en West-Berlyn as in stik West-Dútslân yn East-Dútslân. Nei't de beide Dútslannen yn 1990 wer byinoar kamen, waard Berlyn de haadstêd fan de feriene Bûnsrepublyk Dútslân. Pas doe (1990) krige Berlyn syn hjoeddeistige foarm en waard it as dielsteat ta de Bûnsrepublyk talitten, want ek al wie West-Berlyn al fan 1949 ôf algemien as sadanich behannele, formeel krige it dy status nea.

Dútslân

Dútslân, offisjeel Bûnsrepublyk Dútslân (Dútsk: Bundesrepublik Deutschland), is in lân yn Sintraal-Europa. De haadstêd is Berlyn en de bûnskanselier fan de republyk is sûnt 2005 Angela Merkel. Dútslân is in federale republyk mei sechstjin dielsteaten (Bundesländer). It lân grinzet oan njoggen buorlannen en oan de Noard- en Eastsee.

Al sûnt de Aldheid waard it hjoeddeistige suden fan Skandinaavje en it noarden fan Dútslân bewenne troch Germaanske stammen. Sa'n 100 jier f.Kr. makken de Romeinen al melding fan in regio mei de namme Germania. Mei de delgong fan it Romeinske Ryk en it Grutte Folkeferfarren fêstigen de Germanen har hieltyd fierder yn Sintraal-Europa. Oan 't begjin fan de 10e iuw ûntstie it Hillige Roomske Ryk dat in grut part fan dy Germaanske gebieten omfette. Yn de rin fan de 16e iuw is foaral it noarden fan Dútslân in broeinêst foar de Reformaasje. Krekt as it Hillige Roomske Ryk wie it Dútske Bûn (1815–1866) in steatebûn, pas yn 1871 wurdt Dútslân mei de oprjochting fan it Dútske Keizerryk in naasje.

Dútslân is sûnt de oprjochting lid fan de Europeeske Uny en is ûnderdiel fan de Eurosône. Dútslân is ek lid fan de Feriene Naasjes, NAFO, de G7 en de G20. Dútslân hat it Kyoto protokol en Schengen akkoard tekene. De ekonomy is de fjirdgrutste fan de wrâld neffens BYP en it tredgrutste eksportearjende lân yn 2012. Dútslân is nei ynwennertal it grutste lân fan de Europeeske Uny en hat in oerflak fan 356.974 km². It lân hat it tredgrutste oantal ymmigranten fan alle lannen op de wrâld.

Febrewaris

Febrewaris of febrewaarje is foar de Gregoriaanske kalinder de twadde moanne yn it jier. De moanne hat 28 dagen, útsein yn in skrikkeljier wêr't febrewaris 29 dagen hat. Der is ornaris gjin 30 febrewaris, mar dochs hat dy dei der in pear kear west. De moanne is neamd nei it Romeinske reinigingsfeest Februa, dat wer komt fan de Etruskyske god Februus, god fan purifikaasje. In oare namme foar febrewaris is "Selle", ek wol "Sellemoanne".

Feriene Keninkryk

Dizze side giet oer it Feriene Keninkryk, dat faak Grut-Brittanje neamd wurdt. Foar it eilân, sjoch: Grut-Brittanje (eilân).

Dizze side giet oer it Feriene Keninkryk, dat faak Grut-Brittanje neamd wurdt. Foar oare betsjuttings, sjoch: Grut-Brittanje (betsjuttingsside).It Feriene Keninkryk, folút it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân en yn de folksmûle faak Grut-Brittanje of Ingelân neamd, is in lân yn West-Jeropa. De haadstêd is Londen en de keninginne fan de monargy is sûnt 1952 Elizabeth II.

De grutste eilânsteat fan Jeropa is in uny mei fjouwer lannen: Ingelân, Skotlân, Wales en Noard-Ierlân. It regear sit yn Londen. Dêrûnder falle de dekonsintrearre regearen fan Edinboarch (Skotlân), Cardiff (Wales) en Belfast (Noard-Ierlân). De Kanaaleilannen en it eilân Man binne Britsk kroanbesit, mar falle net ûnder it regear yn Londen. Dêrneist hat it Feriene Keninkryk noch fjirtjin oerseeske gebieten.

Feriene Steaten

De Feriene Steaten fan Amearika (FS, USA) is in Noardamerikaansk lân, besteande út in federaasje fan 50 steaten. De haadstêd is Washington, D.C., de grutste stêd is New York City. De Feriene Steaten is nei Kanada en Ruslân de tredgrutste steat fan de wrâld wat grûngebiet oangiet. Neffens ynwennertal is de Feriene Steaten nei Sina en Yndia ek it tredgrutste lân fan de wrâld. It Ingelsk is de grutste taal fan de Feriene Steaten en yn de measte steaten ek erkend as offisjele taal.

De skiednis fan de Feriene Steaten as lân begjint mei de trettjin kolony's dy't har yn 1776 ûnôfhinklik ferklearren fan Grut-Brittanje. Troch útwreiding fan it steatsgebiet nei it westen ta en in trochgeande ymmigraasje út Jeropa wei waard de Feriene Steaten yn de 19e iuw in lân fan betsjutting yn 'e wrâld. Yn 1945 wie de Feriene Steaten it earste lân op de wrâld mei in atoomwapen. De Feriene Steaten is permanint lid fan de FN feiligensried en is oprjochtingslid fan de NAFO. Nei de ein fan de Kâlde Kriich is de Feriene Steaten de iennichst oerbleaune supermacht. De presidint fan de Feriene Steaten is sûnt 20 jannewaris 2017 Donald J. Trump.

Frankryk

Frankryk, offisjeel de Frânske Republyk, is in lân yn West-Jeropa. De haadstêd is Parys.

Frankryk is lid fan de Feriene Naasjes (1945), mei in permaninte sit yn de Feiligensrie. It lân is ek lid fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949), de Rie fan Jeropa (1949) en de Jeropeeske Uny (1957). It is ien fan de dielnimmers oan de Jeropeeske Monetêre Uny en hat 1 jannewaris 2002 de Frânske frank as munt ynruile foar de Euro.

Yn Jeropa heart ek it eilân Korsika by Frankryk, en fierder binne der noch oerseeske departeminten en oerseeske gebieten yn oare wrâlddielen.

Friezen

De Friezen binne in folk oan de súdeastlike igge fan de Noardsee. Yn Nederlân en Dútslân binne de Friezen as nasjonale minderheid erkend. De Fryske talen binne besibbe oan it Ingelsk en foarmet dêrmei de Noardwestgermaanske taalgroep.

Fryslân

Dizze side giet oer de Nederlânske provinsje Westerlauwersk Fryslân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Fryslân (betsjuttings).

Fryslân is in provinsje fan Nederlân, en waard as sadanich oprjochte oan 'e ein fan 'e Frânske Tiid, yn 1814. De provinsje hie op 31 desimber 2018 647.784 ynwenners. It oerflak beslacht 6198,64 km², wêrfan 2849,38 km² wetter. Fryslân hat om-ende-by 350 km kust, krekt mear as de helte dêrfan op de fjouwer waadeilannen. De provinsje hat âlve stêden en sân-en-tweintich gemeenten. De provinsje is in part fan it Fryske wengebiet en om it krekte plak binnen dy gruttere regio Fryslân oan te jaan wurdt de provinsje Fryslân ek wol Westerlauwersk Fryslân neamd.

Gregoriaanske kalinder

De Gregoriaanske kalinder is de kalinder dy't op it stuit brûkt wurdt yn de westerske wrâld.

Hebriuwske kalinder

De Hebriuwske kalinder begjint yn it jier dat de skepping fan de wrâld neffens it Joadendom plakfûn hat. Neffens de Tenach soe de skepping west ha yn it jier 3761 f.Kr.

Yn it Joadendom wurdt de kalinder beskieden neffens de syklus fan it himellichem de moanne. In syklus fan it himellichem de moanne duorret likernôch 29.5 dei. Dêrom duorret in moanne neffens de Hebriuwske kalinder soms 29 en soms 30 dagen. Der binne 12 Hebriuwske moannen en meiïnoar duorret ien jier 354 dagen en hat dus 11 dagen minder as it jier fan de sinnekalinder.

Hongarije

Hongarije (hongaarsk Magyarország) is in lân yn Midden-Jeropa. De haadstêd is Boedapest en de presidint fân de republyk is sûnt 2012 János Áder. Hy folge Pál Schmitt op dy't sûnt 2010 presidint west hat.

Ierlân

Dizze side giet oer de Republyk Ierlân. Foar it eilân, sjoch: Ierlân (eilân).

Ierlân is in lân yn West-Jeropa dat it súdlike en noardwestlike part fan it eilân Ierlân omfiemet. De haadstêd is Dublin en de presidint fan de republyk is sûnt 2011 Michael Higgins.

Midsiuwen

De Midsiuwen is yn de Jeropeeske skiednis de perioade tusken rûchwei 500 en 1500 nei Kristus.

Religy

Religy is it leauwen yn it hillige of boppenatuerlike, en de struktueren en hannelings dy't dêrmei ferbân hâlde. Dit leauwen kin fêstlein wêze yn hillige teksten, of trochjûn wurde yn in mûnlike tradysje. Yn dy boarnen kin in inkelde god beskreaun wêze, of de etyk fan 'e leauwenden, mar ek wiidfiemjende mytologyen.

Hoewol't oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw benammen yn West-Jeropa de sekularisaasje al mar tanimt, hinget noch altyd in grutte mearderheid fan de wrâldbefolking, sa'n 87,2%, de iene of oare religy oan. Lykwols is der sûnt de ein fan de 18e iuw ek in streaming, it ateisme, dy't religy no krekt ôfwiisd.

Der binne sterke oanwizings om der fanút te gean dat religiositeit en spiritualiteit de minsken oanberne is. Dat betsjut dat it yn begjinsel net eat is wat harren troch foarsten of preesters oplein of oanpraat is, mar út de minsken sels komt, en dêrmei fan alle tiden is en yn alle maatskippijen bestean kin. Los fan 'e fraach at sokke leauwensoertsjûgings op wurklikheid berêste, mei oare wurden, at der boppenatoerlike wêzens of in hjirneimels besteane, eat dat de wittenskip bewize noch ûntkrêftsje kin, lykje de measte minsken se nedich te hawwen om te besykjen útdrukking te jaan oan 'e sin en de mystearjes fan it libben.

Religiositeit wurdt dêrom wol beskôge as in wichtige skiedsline tusken minsk en bist. Beide ite, drinke, sliepe, kommunisearje en plantsje har fuort, mar allinne minsken soenen de geastlike fermogens en it selsbewustwêzen hawwe om nei te tinken oer wêr't se wei komme, wêr't se hinne geane en wat de sin fan it libben is.

Romeinske Ryk

It Romeinske Ryk (Latynsk: Imperium Romanum) wie in histoarysk ryk dat it gebiet om de Midlânske See omfieme. It ûntstean wurdt meastentiids datearre mei it oantrêden fan Augustus oan it begjin fan de jiertelling en einiget mei it opdielen fan it ryk yn in westlik en eastlik part (395). It hiele gebiet om de Midlânske See hinne hearde by it ryk en it omfieme ek West-Jeropa bûten Ierlân. It wie de opfolger fan de Romeinske Republyk en hie Rome as sintrum fan de macht.

Tsjerke

In tsjerke is in godshûs fan in kristlike mienskip.

Tsjerken binne meast boud mei in skip en in koarein. It skip is faak west-east boud, mei it koerein de eastein. Yn it koerein stiet it alter, yn it skip stean de tsjerkebanken en de preekstoel. Oan de westein is faak in tsjerketoer boud, mei klokken en in oerwurk. Oars hingje de klokken meast yn in frijsteand klokhûs.

Troch ûntsjerkliking en it ûntfolkjen fan it plattelân is der fan in part fan de doarpstsjerken gjin ferlet mear. Guon binne ferkoft oan partikulieren of binne eigendom wurden fan in stifting, lykas de Stifting Alde Fryske Tsjerken, en hawwe in nije funksje krigen as wente of atelier doarpshûs of museum.

West-Dútslân

West-Dútslân, offisjeel Bûnsrepublyk Dútslân, wie in it westlike part fan it hjoeddeiske Dútslân, sûnder de DDR.

Yndiaaske kalinder

De Yndiaaske nasjonale kalinder (wurdt ek Saka-kalinder neamd) is sûnt 1957 de offisjele kalinder fan de steat Yndia.

Dy kalinder wurdt mei de Gregoriaanske kalinder brûkt. De Saka-kalinder is net itselde as de Hindoe kalinder

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.