Underwiis

Underwiis is it proses fan it doelberet oerbringen fan witten, feardichheden of stânpunten troch in learaar oan in learling.

Foar in part wurdt ûnderwiis dien troch de opfieders, benammen dy feardichheden dêr't in bern oanslúting by de maatskippij mei krije kin, wêrûnder it kommunisearjen. Foar in oar part wurdt it jûn troch leararen yn ûnderwiisynstellings. Dit giet benammen om de feardichheden en it witten dy't nedich binne om in plak te finen yn de maatskippij. Learlingen binne net altiten bern; it formele ûnderwiis kin sa lang duorje dat de learlingen yntusken folwoeksen wurde, en ek letter kin keazen wurde foar it folgjen fan ûnderwiis om om winske of easke feardichheden oan te learen.

Nederlân hat in tal fan typen fan ûnderwiis:

Afûk

De Algemiene Fryske Ûnderrjocht Kommisje, Afûk, is in kulturele ynstelling yn Ljouwert mei in ferskaat oan taken en projekten. De ynstelling waard yn 1928 troch in oantal organisaasjes út de Fryske Beweging oprjochte.

De meast yn it each rinnende funksjes fan de Afûk binne dy fan boekhannel en kursusynstitút. De Afûk ferkeapet benammen boeken op it mêd fan de Fryske taal en kultuer en hat ek in lyts oanbod fan lûddragers (cd's).

De Afûk is ek útjouwer. Alle jierren wurde tsientallen boeken útbrocht. Dêrûnder binne in soad learmiddels oer de Fryske taal, kultuer en skiednis, mar ek Frysktalige romans en berneboeken. De Afûk is ek útjouwer fan it opinyblêd De Moanne it ûnderwiistydskrift De Pompeblêden en it opfiedingstydskrift Heit & Mem.

By de Afûk as kursusynstitút giet it benammen om saken dy't Fryslân syn taal en kultuer oanbelangje. Dêrûnder binne stoomkursussen Frysk op Skylge, kursussen om it Frysk ferstean en praten te learen, kursussen stavering, skriuwfeardigens, skiednis en Aldfrysk.

De Afûk beskikt ek oer in taaladvysburo, it stipepunt Frysk en in oersetôfdieling, foar bedriuwen, oerheden en partikulieren.

Fierder wurket de Afûk oan learplanûntwikkeling, sawol foar de eigen kursussen as foar it Fryske taal- en kultuerûnderwiis op skoallen. Foar it basisûnderwiis joech de Afûk yn 2006 de lesmetoade Studio F út en foar it fuortset ûnderwiis de metoade Freemwurk.

De Afûk docht ek oan stimulearringsregelingen foar begjinnende Fryske skriuwers. Yn 2004 hat de Afûk yn gearwurking mei it ynternettydskrift Doar de Junior Rely ynsteld, in skriuwerspriis foar learlingen fan it fuortset ûnderwiis.

Oare projekten dêr't de Afûk oan meiwurket of meiwurke hat binne it digitale faklokaal Frysk op ynternet, it foarljochtingsprojekt Tomke oer it meartalich grutbringen fan bern en yn gearwurking mei Omrop Fryslân oan de tillefyzjetaalkwis Tûkelteammen. Yn 2004 hat de Afûk it projekt Frysk Erfskip tawiisd krigen.

Yn 2006 is úteinset mei it stal jaan fan it projekt Edufrysk, Frysk leare fia ynternet. Yn 2007 is dêrfoar in pilot opset. Yn 2008 binne se úteinset mei it projekt. De earste berjochten binne hiel positief, minsken fine it aardich en dogge graach mei.

De namme Afûk wie oarspronklik de ôfkoarting fan Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje. Mei it tanimmen fan it tal fan funksjes en it him ûntjaan fan in reewilligersorganisaasje nei ien mei (mear) betelle meiwurkers is de ôfkoarting in namme wurden. Yn 1938 hat de Fryske Akademy him as in selsstannige organisaasje fan de Afûk losmakke.

Nei jierren oan Achter de Hoven sitten te hawwen, sit de Afûk no oan de Bûterhoeke yn Ljouwert, njonken it pân fan Tresoar.

Autodidakt

In autodidakt is ien dy't syn kennis troch selsstúdzje krigen hat. In persoan kin op elts punt fan it libben in autodidakt wurde. Autodidakten leare harren kennis út boeken, fan ynternet of fan oare boarnen. De ynformaasje kin ek fan oare persoanen komme, hoewol't it dan net hielendal mear autodidaktisme is.

It wurd wurdt fral brûkt op kennisnivo's dêr't in goeie oplieding by ferwachte wurde kin, bygelykgs by universitêre of oare stúdzjes fan heech nivo. Benammen yn de keunstberoppen, as skilders en muzikanten, komt autodidaktisme in protte foar.

Basisûnderwiis

It basisûnderwiis is bedoeld foar bern fan fjouwer oant tolve jier. It basisûnderwiis kin folge wurde fan fjouwer jier ôf, mar in bern is learplichtich fan de fiifde jierdei ôf. In skoalle dêr't basisûnderwiis jûn wurdt hjit in basiskoalle. Foar bern dy’t net meikomme kinne op it basisûnderwiis is it spesjaal ûnderwiis mooglik. Ek is it mooglik dat bern yn harren frije tiid byles krije, faak is dit partikulier. Mei de komst fan it ynklusyf ûnderwiis sil it spesjaal ûnderwiis nei ferwachting ferdwine of feroarje yn saneamde ekspertize sintra. Nei it basisûnderwiis folget it fuortset ûnderwiis.

Boalsert

Dizze side giet oer de stêd Boalsert. Foar de eardere gemeente, sjoch: Boalsert (gemeente).Boalsert is in Fryske stêd, dy't diel útmakket fan 'e gemeente Súdwest-Fryslân. It is ien fan 'e Fryske alve stêden, dy't yn it súdwesten fan 'e Greidhoeke leit, op likernôch 12 km noardwestlik fan Snits. Oant de gemeentlike weryndieling fan 2011 foarme Boalsert mei syn klokslach de gemeente Boalsert. De stêd hie yn 2013 goed 10.000 ynwenners, en beslacht in oerflak fan 9,42 km² (wêrfan 0,29 km² oerflaktewetter). Ta Boalsert heart ek de buorskip Laad en Saad.

Dokkum

Dizze side giet oer de stêd Dokkum. Foar it eardere gemeente, sjoch: Dokkum (gemeente).Dokkum is de noardlikste en eastlikste fan de Fryske stêden. It is it haadplak fan de gemeente Noardeast-Fryslân. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2019 wie Dokkum it haadplak fan 'e gemeente Dongeradiel, en foarôfgeande oan 'e grutte gemeentlike weryndieling fan 1984 wie it it haadplak fan 'e gemeente Dokkum. Yn Dokkum wurdt njonken Frysk en Nederlânsk ek Stedsk praat. De stêd is ûntstien op twa terpen.

Fuortset ûnderwiis

It fuortset ûnderwiis (ek: middelber ûnderwiis of de middelbere skoalle) is de histoaryske namme foar in stadium binnen it ûnderwiis yn Nederlân.

Heechlearaar

In heechlearaar (ek wol professor of prefester) is in dosint as ûndersiker, ornaris oan in hegeskoalle as universiteit. De krekte betsjutting fan in heechlearaar kin yn elts lân ferskille. Hja kinne ferantwurdlik wêze foar de fierdere ûntjouwing fan it wittenskiplike mêd dêr't se har mei dwaande hâlde, en mei it staljaan fan it ûnderwiis op dat mêd.

Der binne ferskate typen prefesters:

Bysûnder heechlearaar - heechlearaar dy't troch in ynstelling of stifting oansteld is

Bûtengewoan heechlearaar - heechlearaar dy't in ûnderdiel fan in fak dosearret

Gewoan heechlearaar - heechlearaar dy't in fak dosearret dêr't in aparte learstoel foar bestietDêrneist binne der ek noch tsjerklike heechleararen, persoanlike heechleararen, ensafh. Elts lân kin oare prefestertypen hawwe.

Heger Algemien Fuortset Underwiis

It Heger Algemien Fuortset Underwiis (Nederlânsk: Hoger Algemeen Voortgezet Onderwijs), yn 'e regel ôfkoarte ta HAVO (of inkeldris HAFU), is in skoalsoarte yn it Nederlânske ûnderwiisstelsel, dy't yn 1968 ynfierd waard neffens kêst 9 fan 'e Wet op it Fuortset Underwiis (yn 'e folksmûle de 'Mammoetwet' neamd). Dêrby kaam dizze skoalsoarte tegearre mei it Tariedend Wittenskiplik Underwiis (VWO) yn it plak fan 'e âldere HBS (Hegere Boarger Skoalle). It trochrinnen fan 'e HAVO duorret fiif jier (as in learling teminsten net sitten bliuwt) en is bedoeld foar learlingen fan tolve oant santjin jier. Der is in ûnderbou (de earste trije jier, wêrfan't it earste jier noch wer apart bekendstiet as de brêchklasse) en in boppebou (de lêste twa jier). Nei it VWO fertsjintwurdiget de HAVO it op ien nei heechste nivo fan fuortset ûnderwiis yn Nederlân. Fan alle basisskoallelearlingen giet likernôch 20% rjochtstreeks nei de HAVO, mar geandewei streame der (benammen yn 'e fjirde klasse) ek learlingen yn fan 'e MAVO ôf.

De HAVO is gjin ein- of beropsoplieding, mar in algemien foarmjende, teoretyske foarm fan ûnderwiis. De bedoeling fan 'e HAVO is om 'e learlingen ta te rieden op ferfolchopliedings yn it ramt fan it Heger Beropsûnderwiis (HBO), mar as de earste trije jier goed trochrûn binne, kin in HAVO-learling dêrnei ek trochstreame nei it Middelber Beropsûnderwiis (MBO). It diploma fan 'e HAVO jout boppedat ek tagong ta de fyfde klasse fan it VWO. Oarspronklik hiene learlingen fan 'e HAVO de frije kar om sels in saneamd karpakket fan sân skoalfakken gear te stallen dêr't se eksamen yn dwaan woene, ûnder it betingst dat it Nederlânsk en teminsten ien frjemde taal (sûnt 1993 spesifisearre as it Ingelsk) ferplichte wiene. Oare fakken dêr't eksamen yn dien wurde koe, wiene: Dútsk, Frânsk, Frysk, Spaansk, skiednis, keunstskiednis, tekenjen, hânfeardichheid, muzyk, ierdrykskunde, maatskippijlear, ekonomy, hannelskennis (of hannelswittenskippen), biology, natuerkunde, skiekunde en wiskunde (nei 1990 opspjalten yn wiskunde A en wiskunde B).

Sûnt 1998 kin der lykwols allinnich noch mar keazen wurde út fjouwer saneamde 'profilen', dy't in min ofte mear fêst fakkepakket omfiemje:

natoer en technyk

natoer en sûnens

ekonomy en maatskippij

kultuer en maatskippijIn stikmannich skoallen makket dêrnjonken ek gebrûk fan 'e 'kombinaasjeprofilen':

natoer, technyk en sûnens

ekonomy, kultuer en maatskippijDe profilen binne opboud út in mienskiplik diel dat foar alle profilen gelikens is; in profyldiel dat foar alle profilen ferskillend is; en in frij diel dat de learlingen ynfolje kinne mei fakken dy't eins ta oare profilen hearre, mar dêr't se in bysûndere affiniteit mei hawwe.

It Hearrenfean (plak)

Dizze side giet oer it plak It Hearrenfean. Foar oare betsjuttings, sjoch: It Hearrenfean.It Hearrenfean is it haadplak fan de gemeente It Hearrenfean. Der wenje 30.901 minsken (2017). Wat it ynwennertal oanbelanget is It Hearrenfean it fjirde plak fan de provinsje Fryslân, mar is net ien fan de alve Fryske stêden.

Yn earder tiden waard it plak mei It Oranjewâld derby ek wol It Fryske Haachje neamd. De hjoeddeistige omgongsnamme foar minsken út de omkriten is It Fean. Nei bûten ta presintearret It Hearrenfean him as Sportstêd mei ûnder oaren it Thialf en it Abe Lenstra Stadion.

De skiednis fan it plak giet werom nei it stiftingsjier 1551, en begjint op it plak dêr't de Hearresleat en de Skoatterlânske Kompanjonsfeart byinoar komme.

Sûnt juny 2013 hat It Hearrenfean as slogan 'n gouden plak.

Learling

In learling (froulike foarm: learlinge) is in persoan dy't ûnderwiis of in oplieding folget, bgl. fan in ûnderwizer, learaar of oare dosint. Yn 'e tiid fan 'e gilden waard mei 'learling' immen oantsjutten dy't yn 'e praktyk in oplieidng ta ambachtsman folge by in master en syn feinten. Yn it ferlingde dêrfan is learling no noch de earste graad yn 'e frijmitselderij.

Tsjintwurdich is 'learling' de gongbere beneaming foar skoalgeande bern op 'e basisskoalle (fan likernôch seis jier ôf) en yn it middelber ûnderwiis. De belangen fan sokke learlingen wurde yn Nederlân behertige troch it Landelijk Aktie Komitee Scholieren (LAKS). Learlingen oan it heger ûnderwiis wurde yn 'e regel studinten neamd, wylst learlingen oan militêre akademys oantsjutten wurde as kadetten. Soms wurdt mei it wurd 'learling' ek spesifyk ferwiisd nei lju dy't tagelyk in beropsoplieding folgje en in dêrby oanslutende baan hawwe, oftewol dy't in beropsbegeliedende learwei folgje (foarhinne bekend as it learlingwêzen).

Yn 'e religieuze sin kin mei 'learling' ek in dissipel fan in learmaster of goeroe bedoeld wurde, lykas de tolve learlingen fan Jezus Kristus.

Minister

In minister (fan it Latyn minister, "tsjinner", fia it Aldfrânske ministre) is immen dy't in politike funksje beklaait dy't ûnderdiel útmakket fan it regear fan in lân. Sa'nent jout lieding oan in ministearje. Oarspronklik wie in minister in tsjinner fan 'e foarst, dy't er mei rie en die bystie. Tsjintwurdich binne ministers de heechste funksjonarissen yn in steatsbestjoer dy't yn Nederlân yn 'e mande mei de steatssekretarissen it kabinet foarmje. De lieder fan dat kabinet is de minister-presidint, de premier of de earste minister. Yn Nederlân binne dy trije termen synonym, mar yn it bûtenlân faak net. Guon ministers binnen njonken harren ministerskip ek fise-premier of fise-minister-presidint, en dêrmei plakferfanger fan 'e premier of minister-presidint.

Eltse minister hat foech oer in beskaat maatskiplik en bestjoerlik ûnderdiel, sadat net ien persoan alle steatsproblemen hoecht op te lossen. Dêrom is der in minister fan Underwiis, in minister fan Definsje, in minister fan Bûtenlânske Saken, in minister fan Binnenlânske Saken, in minister fan Justysje, ensfh. Alle ministers wurde beneamd en ûntslein troch it steatshaad en moatte ferantwurding ôflizze oan 'e fertsjintwurdigers fan it folk, it parlemint. De earste yn Fryslân berne Nederlânske minister wie Jannes Johannes Cornelis van Dijk dy't yn 1921 minister fan Oarloch en minister fan Marine waard yn it Kabinet-Ruijs de Beerenbrouck I.

Oplieding

In oplieding is in ûnderwiisprogramma dat ynrjochte is om 'e nedige kennis en feardichheden foar in berop of bedriuw oer te bringen fan 'e learaar op 'e learlingen of studinten. Dêrby giet it frijwol altyd om programma's dy't ta it heger of middelber ûnderwiis hearre; it is hiel seldsum dat der foar it leger ûnderwiis fan in oplieding sprutsen wurdt. Faak is de namme fan 'e oplieding gelikens oan it berop dêr't foar oplaat wurdt. In oplieding kin opboud wêze út ferskate kursussen of fakken, dy't elts in ôfsûnderlike tematyk besprekke en wêrfoar't faak ek ôfsûnderlike eksamens ôflein wurde moatte. In oplieding wurdt ornaris ôfsletten mei in attest, diploma of tsjûchskrift yn 'e foarm fan in offisjeel sertifikaat. De kwaliteit fan opliedings yn it heger ûnderwiis wurdt sûnt 2005 yn Nederlân en Flaanderen kontrolearre troch de Nederlânsk-Flaamske Akkreditaasje-organisaasje (NVA).

Pedagogyk

Pedagogy(k) of opfiedkunde is in stúdzje nei de wize fan it grutbringen fan bern troch folwoeksenen (skoalmasters, âlden). It begryp komt fan it Ald Grykske παιδαγωγέω (paidagōgeō; fan παῖς (bern) en ἄγω (liede)): letterlik, "it lieden fan in bern”. Ien dy't him mei pedagogy dwaande hâldt is in pedagooch. De stúdzje fan it ûnderrjocht wurdt ûnderwiiskunde neamd. De stúdzje fan it lesjaan sels hjit didaktyk.

Snits

Dizze side giet oer de stêd Snits. Foar de eardere gemeente, sjoch: Snits (gemeente).Snits is in stêd yn it noardeasten fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Mei sa'n 33.000 ynwenners is it it grutste plak fan dy gemeente en hat it in sintrumfunksje foar de Súdwesthoeke fan 'e provinsje Fryslân. Snits leit tichteby de Snitser Mar en is ûnder mear bekend om syn âlde binnenstêd mei de Snitser Wetterpoarte. As ien fan de alve Fryske stêden yn Westerlauwersk Fryslân is Snits ek ûnderdiel fan de Alvestêdetocht. Dêrneist is de stêd bekend om de wettersport en de Snitswike. Yn 'e Saksetiid wie Snits fan augustus 1498 oant en mei maart 1500 de haadstêd fan ' Hearlikheid Fryslân. Oant 2011 wie Snits in selsstannige gemeente.

Sydney

Sydney is de haadstêd fan de dielsteat Nij Súd-Wales yn Austraalje, en is de grutste en âldste stêd yn it lân. Sydney hie 4.757.083 ynwenners by de folkstelling fan 2013 en mei stêdekloft alhiel 4.119.190 ynwenners. Sydney is net haadstêd fan Austraalje, dat is nammentlik Kanberra.

Tryater

Tryater is in Frysk teaterselskip dat yn 1965 oprjochte is. It selskip spilet in grut ferskaat stikken foar in breed publyk: foar jongerein en famyljefoarstellings. Tryater siket mei syn Fryske stikken safolle mooglik de maatskiplike en aktuele ûntwikkelings yn Fryslân ( 'Geweld...Nee', de 'Ierlân-trilogy' of 'De dea fan in hannelsreizger' ). Sûnt 2001 hat Tryater in eigen gebou.

Underwizer

In ûnderwizer, skoalmaster, learaar, dosint of learkrêft is in persoan dy’t kennis oerdraacht oan learlingen as ûnderdiel fan it skoalgean. De term 'ûnderwizer' en it ferâldere 'skoalmaster' wurde yn 'e regel beheind ta it basisûnderwiis, wylst men op 'e middelbere skoalle yn 'e regel fan in 'learaar' sprekt. 'Dosint' en 'learkrêft' passe yn alle omstannichheden, ek yn it heger ûnderwiis. De korrespondearjende froulike foarmen binne ûnderwizeresse of skoaljuffer op 'e basisskoalle, leararesse yn it fuortset ûnderwiis en dosinte foar algemien gebrûk. De termen 'learaar' en 'leararesse' wurde behalven op skoallen ek yn oare omstannichheden brûkt, lykas yn beskate sporten (bgl. by kûng fû). Ek by beskate religys brûkt men de term.

Op de basisskoalle jout de ûnderwizer meardere fakken. Yn it fuortset ûnderwiis jout de learkrêft ien fak. Op grûn fan syn fakkennis oanfolle mei in pedagogysk diploma (PABO). Op de universiteit funksjonearje heechleararen, haaddosinten. Studinten dy’t har doktoraat tariede kinne ek dosintetaken krije.

Wolvegea

Wolvegea is it haadplak fan de gemeente Weststellingwerf, oan it it spoar fan Swol nei Ljouwert. It doarp hat likernôch 12.150 ynwenners (2004). De gemeente besiket mei it nijbouprojekt De Lindewyk, 'wenjen oan it wetter' fan Wolvegea in trekpleister te meitsjen foar mins en natuer.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.