Tuneezje

Tuneezje (Arabysk: تونس), sûnt 1957 (in jier nei de ûnôfhinklikheid) offisjeel de Republyk Tuneezje, is in lân yn Noard-Afrika. It heart ta de Magriblannen, dêr't ek Marokko, Mauritaanje, Algerije en Lybje ta rekkene wurde. De haadstêd is Tunis.

الجمهورية التونسية
Al-joumhouriyya At-Tounisiyya'
Flagge fan Tuneezje Wapen fan Tuneezje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Tuneezje
Offisjele taal Arabysk
Haadstêd Tunis
Steatsfoarm republyk
Gebiet
% wetter
163.610 km²
-­%
Ynwenners (2004) 9.932.400
Munt Tunesyske dinar (TUD)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei 20 maart
Lânkoade TUN
Ynternet .tn
Tillefoan 216

Geografy

Lizzing

Tuneezje wurdt begrinzge troch:

Lânskip

Yn it noarden fan Tuneezje leit it Tell-Atlas berchtme oant 1200 meter hichte. Nei it suden ta giet dizze oer yn de Medcherda-flakte der't lânbou gebieten lizzen. Noch fierders nei it suden leit de oant 1500 meter hichte rikkende Sintraal Tunesyske berchrêge, dy't de grins foarmet fan it fochtige Middellânske Seeklimaat. Foarby dizze grins lizze skrokke steppen en woastyneftige gebieten.

Skiednis

Karthago
Ruïnes by de Antonine Baths, fan Romeinsk Kartago

Tuneezje waard al ier yn de skiednis bewenne troch Berberstammen. Om-ende-by 10e iuw f.Kr. arrivearren de Foenysjers dy't oan de kuststripe hannelskoloanjes stiften. Ien fan dizze koloanjes is Kartago dat him yn de 6e iuw f.Kr. ûntwikkele ta in ekonomyske grutmacht yn de westlike omkriten fan de Midlânske See. Yn de 2e iuw f.Kr. waard dizze hegemony bestriden troch de Romeinen. Dizze striid waard troch de Romeinen wûn, dy't de posysje fan de Kartagers oernimme.

Yn de 5e iuw hienen de Fandalen it yn Tuneezje foar it sizzen, yn de 6e iuw waard dizze rôl oernommen troch Byzantinen en op it ein fan de 7e iuw kaam it gebiet yn hannen fan de Islamityske Arabieren. Yn it tiidrek dat dêr opfolget hawwe opienfolgjende Moslim dynastyën de macht, ûnderbrutsen troch Berber opstannen. It bewâld fan de Aghlabids (9e iuw) en dat fan de Zirids (sûnt 972), wie hiel foarspoedich, mar einiget lykwols troch de oermastering en ferwoastingen troch Banu Hilal fanút Egypte.

Yn de 12e iuw wie it kustgebiet koart yn besit fan de Normandjers fan Sisylje en hienen de Almohad caliphs fan Marokko de binnenlannen yn hannen. Healwei de 13e iuw oant en mei 1574 hawwe de Berbyske Hafsiede it yn Tuneezje foar it sizzen. Op it ein fan harren bewâld falle ferskate kuststêden yn hannen fan de Spanjerts. Dizze besetting doarre mar even omdat Tuneezje oermastere waard troch it Ottomaanske Ryk. Under de Ottomanen regearre de Hussein-dynasty fan Beys. Yn 1881 makket Frankryk fan Tuneezje in prokuraat. De Frânsken bliuwe dêr oant en mei de ûnôfhinklikens yn 1956.

Demografy

Befolking

De befolking bestiet etnysk sjoen foar it grutste part út Berbers. De measten binne dat lykwols net bewust en beskôge harsels as Arabieren. Yn de rin fan de skiednis hawwe in soad ferskate folken it grûnbesit fan Tuneezje beset hâlden en spoaren efterlitten, ûnder oaren Foenysjers, Romeinen en Fandalen.

Religy

Tuneezje is fral in Islamitysk lân. Yn de grûnwet is bepaald dat de steatsgodstsjinst de islam is en dat allinnich in islamyt president fan it lân wurde kin. Goed 98% fan de befolking is islamitysk en sûnt de oprjochting yn 1969 is Tuneezje lid fan de Organisaasje fan de Islamityske Konferinsje (OIC).

Fierders wennet der yn it lân in minderheid fan kristenen (1% fan de befolking) en joaden (minder as 1 % fan de befolking). Wennen der yn 1972 om-ende-by 25.000, anno 2007 wienen dêrfan noch mar 1500.

Sawol it kristendom as it Joadendom hawwe in lange skiednis yn Tuneezje.

Ekonomy

BYP per persoan is $7.400 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 11,6% lânbou, 25,7% yndustry en 62,8% tsjinsten. Yn 2007 wie Frankryk de wichtichste eksportpartner en de wichtichste ymportpartner. Der is in diverse ekonomy mei in soad toerisme, lânbou en produksje sektoaren.

1881

1881 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 1881.)

2015

2015 is in gewoan jier dat begjint mei in tongersdei. (Gregoriaanske kalinder foar 2015.)

Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2010-er jierren.

Afrika

Afrika is in wrâlddiel.

Arabieren

Mei Arabieren wurde meastentiids minsken oantsjutten dy't de Arabyske taal as memmetaal hawwe.

Arabysk

It Arabyske is in taal út de Afro-Aziatyske taalfamylje. Krekt as it Hebriuwsk en it Arameesk heart it dêrbinnen by de Semityske talen. It wurdt praat yn in grut diel fan it Heine Easten en oan de noardkust fan Afrika, yn likernôch 22 lannen.

Basketbal op de Olympyske Simmerspullen 2012

De Olympyske Simmerspullen 2012 fan de XXXe Olympiade waarden fan 27 july oant en mei 12 augustus 2012 hâlden yn Londen, de haadstêd fan Grut-Brittanje. Londen wie de earste stêd dy't foar de tredde kear de Spullen organisearje mei. Earder hiene de Spullen fan 1908 en 1948 dêr ek plak. It basketbal waard hâlden yn de Basketball Arena.

Berbers

De Berbers (betiden ek Imazigen, meartal fan Amazich, neamd), binne de oarspronklike ynwenners fan Noard-Afrika. De Lybjers, Numidjers en Moaren út de âldheid wienen Berberske folken. De eardere Berbers libben yn in gebiet dat rûn fan de Atlantyske Oseaan oant-en-mei de oaze Siwa yn Egypte, en fan Tuneezje oant de Sahel. Dat gebiet waard eartiids ek oantsjutten as Barbarije (Berberske Wrâld), wat ôflaat is fan it Grykske wurd Barbaros.

Tsjintwurdich binne Berbers fral te finen yn Marokko, Algerije en Lybje. Tuneezje lykwols is sadanich arabisearre, dat meastepart fan de Berbers de Arabyske kultuer en identiteit oernomd hawwe, mei alle aspekten dêrfan (bygelyks taal en keuken). Ek yn Mauritaanje, Maly en Gana, en troch emigraasje nei Jeropa (nei skatting trije miljoen; benammen yn Frankryk, Nederlân en Belgje), binne grutte mienskippen fan Berbers.

Follybal op de Olympyske Simmerspullen 2012

De Olympyske Simmerspullen 2012 fan de XXXe Olympiade iene fan 27 july oant en mei 12 augustus 2012 yn Londen, de haadstêd fan Grut-Brittanje. Londen is de earste stêd dy't foar de trede kear de Spullen organisearje mei. Earder hiene de Spullen fan 1908 en 1948 hjir ek plak.

It follybal hat plak in it Earls Court Exhibition Centre.

Frânsk

It Frânsk (français) is tredde op 'e list fan oantal sprekkers op'e Romaanske taallist, nei it Spaansk en Portegeesk, wurdt it Frânsk sprutsen troch meiinoar 270 miljoen minsken. Foar sa'n 80 miljoen minsken is Frânsk de memmetaal. De boarne fan it Frânsk is it Latyn, mar der binne ek in soad Aldgrykske lienwurden yn 'e taal. Histoarysk sjoen hat it Frânsk trije foarmen hân: it Aldfrânsk, it Midfrânsk en it Nijfrânsk.

Fuotbal op de Olympyske Simmerspullen 2004

De Olympyske Simmerspullen 2004, ek wol de XXVIIIe Olympiade neamd, waarden yn 2004 hâlden yn Atene, de haadstêd fan Grikelân.

De finale fan it fuotbal waard spile yn it Athens Olympic Stadium, dat yn 1982 boud waard foar de Europeeske Kampioenskippen Atletyk fan 1982.

Hânbal op de Olympyske Simmerspullen 2000

De Olympyske Simmerspullen 2000, ek wol de XXVIIe Olympiade neamd, waarden yn 2000 hâlden yn de Australyske stêd Sydney. It Hânbal waard hâlden yn it The Dome and Exhibition Complex.

Hânbal op de Olympyske Simmerspullen 2012

De Olympyske Simmerspullen 2012 fan de XXXe Olympiade sille fan 27 july oant en mei 12 augustus 2012 hâlden wurde yn Londen, de haadstêd fan Grut-Brittanje. Londen is de earste stêd dy't foar de trede kear de Spullen organisearje mei. Earder hiene de Spullen fan 1908 en 1948 hjir ek plak. It hânbal waard hâlden yn de Basketball Arena.

Joaden

De Joaden wienen fan oarsprong in folk fan de eastkust fan de Middellânske See. Ferbûn troch harren eigen unike monotheïstyske leauwen, binne sy troch de iuwen hinne as groep apart bleaun.

Kartago

Kartago (Gryksk: Καρχηδών: Kargedon, fan Punyske Kart-hadasht, dat 'nij doarp' betsjut, Arabysk: قرطاج of قرطاجة‎, Latyn: Carthago) wie in stêd yn de 'âldheid, tichtby it hjoeddeiske Tunis yn it gebiet dat troch de Romeinen Afrika neamd waard. De stêd lei oan de eastlike side fan de mar Tunis, tsjinoer it sintrum fan de nije haadstêd fan Tuneezje, Tunis.

List fan Yslânske ambassadeurs yn Tuneezje

Dit is in list fan Yslânske ambassadeurs yn Tuneezje.

Middellânske See

De Middellânske See leit tusken Súd-Jeropa, West-Aazje en Noard-Afrika. It gebiet is 3850 km lang en hat in trochsneed breedte fan 600 km, de trochsneed djipte fan de see is likernôch 1430 m. It oerflak fan de see is om-ende-by 2 miljoen km².

Noard-Afrika

Noard-Afrika is it part fan it Afrikaanske wrâlddiel dat noardlik fan de Sahara leit. Yn dat gebiet lizze de lannen Marokko, Algerije, Tuneezje, Lybje en Egypte.

It gebiet fan de Afrikaanske noardkust waard eartiids troch Jeropeanen Barbarije neamd, nei it Berberfolk dat dêr libbet. De offisjele namme foar in grut part fan de oarspronklike bewenners fan Noard-Afrika is Imazighen.

De lannen fan dit part fan it kontinint, útsein Etioopje en Eritreä) wurde ta de MENA (in akronym foar Middle East and North Africa, Midden-Easten en Noard-Afrika) rekkene en binne lid fan de Arabyske Liga.

Sahara

De Sahara is de grutste woastyn op ierde. It beslacht in grut part fan Noard-Afrika en strekt him út fan it westen oan de Atlantyske kust oant de Reade See yn Egypte. Aan de noardside wurdt it begrinzge troch de Middellânske See en it Atlasberchtme. De súdlike grins wurdt foarme troch de Sahel, in gebiet dat in bytsje begroeid is.

De namme Sahara komt fan it Arabyske wurd sahra, dat woastyn betsjut.

Sisylje

Sisylje (Italjaansk en Sisyljaansk: Sicilia, betsjut "it eilân mei de trije punten" (dat is teffens de namme fan de flagge), is in eilân en (sûnt 1947) in autonome regio fan Itaalje. It eilân leit yn de Middellânske See tusken de, op de Italjaanske fêstewâl lizzende regio Kalaabrje en Tuneezje yn Noard-Afrika. Súdlik fan Sisylje leit it lytse eilânsteatsje Malta.

Fierders hearre by Sisylje de Liparyske of Eolyske Eilannen, it eilantsje Ustika, de Egadyske eilannen, it eilân Pantelleria en de Pelagysje eilannen. Dy lêste twa eilannen lizze flak foar de kust fan Tuneezje en hearre geologysk besjoen ta it Afrikaansk kontinint.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.