Syprus

Syprus is in lân yn'e Middellânske See. De haadstêd is Nicosia en de presidint fan de republyk is sûnt 2008 Dimitris Christofias. Njonken it Grykske en Turkske diel fan Syprus is der in lyts stikje Britsk Syprus, twa Britske basissen dy't Britsk bleaun binne doe't de rest fan it eilân ûnôfhinklik waard.

Κυπριακή Δημοκρατία
Kıbrıs Cumhuriyeti
Republic of Cyprus
Flagge fan Syprus
Flagge
Lokaasje fan Syprus
Offisjele taal Gryksk, Turksk
Haadstêd Nicosia
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
9.250 km²
0­%
Ynwenners (2001) 689.565
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei -
Lânkoade CYP
Ynternet .cy
Tillefoan 357

Geografy

Mei in oerflak fan likernôch 9.251 km² is Syprus nei Sisylje en Sardynje it tredgrutste eilân yn de Middellânske See. Fan west nei east is it eilân likernôch 230 km, fan noard nei súd sa'n 95 km. Fan it eilân nei de súdkust fan Turkije is 68 km. De berch Olympos (1,952 m) is it heechste punt fan it eilân. De kust om it eilân hinne is 671 km.

Skiednis

It noarden fan it each is sûnt 1974 beset troch it Turkske leger en foarmet de facto in eigen steat, dy't lykwols troch gjin oar lân as Turkije erkend wurdt.

Yn 'e maitiid fan 2004 waard Syprus lid fan de Jeropeeske Uny en op 1 jannewaris 2008 krige it lân de euro as betelmiddel.

Demografy

Cyprus lrg
MODIS-satellytbyld fan Syprus.

Op Syprus wenje etnyske Griken en Turken. 77 % fan de eilânbewenners is Gryksk en Ortodoksk Kristlik, 17 % is Turksk en Moslim. De talen fan it eilân binne:

Gearwurking

Syprus is sûnt 1960 lid fan de Feriene Naasjes. It lân is sûnt 24 maaie 1961 lid fan de Rie fan Jeropa. Sûnt 2004 is Syprus lid fan de Jeropeeske Uny, mar it hat gjin diel oan de monetêre uny.

Ekonomy

BYP per persoan is $27.100 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 2,7% lânbou, 19,2% yndustry en 78% tsjinsten.

Militêr

Op it eilân is der in Grykske folksmilysje en Turkske folksmilysje.

 
Jeropeeske Uny
Flagge fan de Jeropeeske Uny
Lidsteaten: BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFeriene KeninkrykFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenje • Syprus • SloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's: Frankryk: Frânsk-GuyanaGuadelûp • Martinyk • Majot • Réunion • Sint-Marten
Portegal: AzoarenMadearaSpanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten: AlbaanjeNoard-MasedoanjeMontenegroServjeTurkije
1955

1955 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 1955.)

Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1950-er jierren.

1974

1974 is in gewoan jier dat begjint mei in tiisdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1974.)

Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1970-er jierren.

1 jannewaris

1 jannewaris, Nijjiersdei, is de 1e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder. Der folgje noch 364 dagen oan 'e ein fan it jier ta (yn in skrikkeljier 365).

2004

2004 is in skrikkeljier dat begjint mei in tongersdei. (Gregoriaanske kalinder foar 2004.)

Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2000-er jierren.

Arabieren

Mei Arabieren wurde meastentiids minsken oantsjutten dy't de Arabyske taal as memmetaal hawwe.

Armeensk

Armeensk - (Հայերեն, Hayerēn) is de Yndo-Europeeske taal dy't yn Armeenje sprutsen wurdt troch de mearderheid fan de befolking. It tal sprekkers fan de taal op de wrâld bestiet út likernôch 6.7 miljoen minsken. De taal wurdt net allinnich yn Armeenje sprutsen, mar ek yn Nagorno-Karabakh en de Armeenske Diaspora, bygelyks yn Frankryk en de Feriene Steaten.

It Armeensk hat in eigen alfabet, ûntwikkele troch St. Mesrop Masjtots.

De taal foarmet in selsstannige tûke fan de Yndo-Jeropeeske taalfamylje en is de iennige noch libbene taal fan trije besibbe talen út de Aldheid. De oare twa, it Trasysk en het Frygysk, binne ferdwûn ûnder druk fan it Gryksk en it Latynsk.

Farianten fan it Armeensk:

Aldarmeensk of Klassyk Armeensk

Nijarmeensk

Eastarmeensk

Westarmeensk

Eastersk-otterdoksy

De eastersk-otterdoksy, ek wol wat misliedend de Eastersk-Otterdokse Tsjerke neamd, of, wat korrekter, de eastersk-otterdokse tsjerken, is ien fan 'e fiif haadstreamings binnen it kristendom, mei 225 oant 300 miljoen leauwenden wrâldwiid, mar konsintrearre yn East-Jeropa, op 'e Balkan en yn it Midden-Easten. De eastersk-otterdoksy wurdt beliden troch de mearderheid fan 'e (religieuze) ynwenners fan Abgaazje, Bulgarije, Georgje, Grikelân, Masedoanje, Moldaavje, Montenegro, de Oekraïne, Roemeenje, Ruslân, Servje, Syprus, Súd-Osseesje, Transnistrje en Wyt-Ruslân, wylst der wichtige eastersk-otterdokse minderheden besteane yn Albaanje, Bosnje-Hertsegovina, Egypte, Estlân, Finlân, Irak, Israel, Kazachstan, Kosovo, Kroaasje, Letlân, Libanon, Litouwen, de Palestynske gebieten, Poalen, Syrje, Slowakije, Tsjechje en Turkije.

De eastersk-otterdoksy, dy't ta it eastersk kristendom heart, wurdt opmakke út in hiele rige fan tsjerkegenoatskippen, elkmis geografysk en nasjonaal ûnderskaat, mar teologysk feriene yn 'e saneamde Eastersk-Otterdokse Kommuny. De selsbestjoerende (autosefale) tsjerken falle faak gear mei ien lân en folk (lykas de Russysk-Otterdokse Tsjerke, de Georgysk-Otterdokse Tsjerke en de Servysk-Otterdokse Tsjerke), en wurde bestjoerd troch in komitee fan biskoppen dat de Hillige Synoade neamd wurdt. De leden fan sa'n Hillige Synoade kieze út harren fermidden ien as symboalyske earste ûnder syn gelikensens, dy't (alteast yn 'e gruttere tsjerken) de titel fan 'patriarch' kriget. De measte eastersk-otterdokse tsjerken erkenne de oekumenyske patriarch fan Konstantinopel as it symboalysk haad fan 'e hiele eastersk-otterdoksy.

De eastersk-otterdokse tsjerken beskôgje harsels as de fuortsetting fan 'e "iene, wiere, hillige, katolike en apostoalyske tsjerke", dy't 2000 jier lyn fêstige waard troch de apostels fan Jezus Kristus. Se neame harsels ek wol "apostoalysk otterdokse katolike tsjerken". It wurd "otterdoks" wol safolle sizze as 'goede oanbidding' en 'krekte lear', en wurdt yn dy sin ek wol brûkt as oar wurd foar 'rjochtsinnich' of 'strang yn 'e lear'. De eastersk-otterdoksen oanfurdzje inkeld de dogma's dy't fêstlein binne yn 'e earste sân oekumenyske konsyljes. De eastersk-otterdokse tsjerken moatte net betize wurde mei de oriïntaalsk-otterdokse tsjerken, dy't har al op it Konsylje fan Galsedon, yn 451, fan 'e memmetsjerke ôfspjalten.

Feriene Keninkryk

Dizze side giet oer it Feriene Keninkryk, dat faak Grut-Brittanje neamd wurdt. Foar it eilân, sjoch: Grut-Brittanje (eilân).

Dizze side giet oer it Feriene Keninkryk, dat faak Grut-Brittanje neamd wurdt. Foar oare betsjuttings, sjoch: Grut-Brittanje (betsjuttingsside).It Feriene Keninkryk, folút it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân en yn de folksmûle faak Grut-Brittanje of Ingelân neamd, is in lân yn West-Jeropa. De haadstêd is Londen en de keninginne fan de monargy is sûnt 1952 Elizabeth II.

De grutste eilânsteat fan Jeropa is in uny mei fjouwer lannen: Ingelân, Skotlân, Wales en Noard-Ierlân. It regear sit yn Londen. Dêrûnder falle de dekonsintrearre regearen fan Edinboarch (Skotlân), Cardiff (Wales) en Belfast (Noard-Ierlân). De Kanaaleilannen en it eilân Man binne Britsk kroanbesit, mar falle net ûnder it regear yn Londen. Dêrneist hat it Feriene Keninkryk noch fjirtjin oerseeske gebieten.

Griken

Griken binne de ynwenners fan Grikelân en de Republyk Syprus. In oare namme foar de Griken yn de Aldheid is Hellenen of âlde Griken.

De Griken binne in Yndo-Jeropeesk folk dat yn it twadde millennium f.Kr. fan Midden-Jeropa út nei it Helleenske skiereilân loek. Yn ferskate weagen arrivearren de Myceners, Ioanjers en Doarjers en nimme it lân yn besit wêrby't de oarspronklike befolking opnomd wurdt. De âlde Griken wienen ûnderling tige ferskillend op it politike mêd, mar net wat religy, keunst, taal en tradysje oanbelanget.

Ek yn de Feriene Steaten, Austraalje, Dútslân, Grut-Brittanje en Kanada wenje in protte etnyske Griken.

Griken sprekke Gryksk, in Yndo-Jeropeeske taal. It Grykske alfabet wurdt al sûnt de 9e iuw f.Kr. brûkt. De measte Griken hearre ta de Gryksk-orthodokse Tsjerke.

Gryksk

It Gryksk is an Yndo-Jeropeeske taal. It is de offisjele taal fan Grikelân en Syprus. De taal waard eartiids sprutsen yn Grikelân, by de kust fan Lyts-Aazje lâns en yn it súdlike part fan Itaalje. De Griken neame harren taal Ελληνικά (Helleniká).

It Gryksk hat in skiednis fan mear as 3,500 jier. It is âlder as de measte Jeropeeske talen. Hjoed de dei prate sa'n 15 miljoen minsken Gryksk. Dy sprekkers libje foar it meastepart yn Grikelân en op Syprus.

De Griken hawwe harren eigen alfabet. It Latynske alfabet (dat wy brûke foar it Frysk en in protte oare talen) komme fan it Grykske alfabet. It Grykske alfabet wie ek de grûnslach foar oare alfabetten, lykas it Sirrilyske alfabet. De Griken hawwe it alfabet net útfûn, dat kaam fan de Foenysjers.

Hannelingen fan Barnabas

De Hannelingen fan Barnabas is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in yn it Gryksk steld pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e apostel Jehannes Markus, dy't beweart de sindingsreizen fan 'e apostel Barnabas, de selskipsman fan Paulus, te beskriuwen. Dêrby wurdt fral yngien op dy syn stifting fan 'e earste kristlike mienskippen op Syprus.

It taalgebrûk en de ûnderlizzende tsjerkepolitike polemyk ferriede lykwols dat it hjir giet om in fyfde-iuwske tekst, dy't bedoeld is om 'e ûnôfhinklikheidsstriid fan 'e Syprioatyske tsjerke te ûnderstypjen en fan in apostoalysk fûnemint te foarsjen. De Tsjerke fan Syprus besocht him nammentlik fan it Earste Konsylje fan Efeze, yn 431, ôf los te meitsjen fan it Patriargaat fan Antiochië (wat yn 478 slagge). De Hannelingen fan Barnabas moatte net betize wurde mei it ier-kristlike Brief fan Barnabas of mei it Midsiuwske Evangeelje fan Barnabas.

Houlik

In houlik of boask is in maatskiplik of ritueel erkende feriening fan twa minsken dy't dêrby ûnthjitte om harren fierdere libben mei-inoar te dielen. Faak is hjirby sprake fan in wetlik binend kontrakt wêryn't de rjochten en plichten fêstlein binne fan 'e houlikspartners foarinoaroer en foar harren bern en skoanfamylje oer. De krekte definysje fan in houlik ferskilt per kultuer, mar yn prinsipe giet it hjirby om in ynterpersoanlike relaasje wêrby't geslachtsferkear tastien, ferwachte of sels ferplichte is. Yn guon kultueren is it houlik de iennichste tastiene kontekst foar it bedriuwen fan geslachtsferkear. It houlik foarmet yn frijwol alle kultueren de grûnslach fan 'e húshâldings en dêrmei de hoekstien fan 'e maatskippij.

Fan âlds wiene de beide houlikspartners in man, de brêgeman of breugeman, en in frou, de breid, dy't teagearre it breidspear foarmen. Sûnt de ynfiering fan it homohoulik yn guon lannen, oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw, kin it ek om twa manlju of twa froulju gean. It oangean fan houliken mei ferskillende houlikspartners tagelyk, oftewol polygamy (fan ien man mei mear as ien frou tagelyk), is legaal yn grutte dielen fan it Midden-Easten, Afrika, Súd-Aazje en Súdeast-Aazje. Polyandry, in houlik fan ien frou mei mear as ien man tagelyk, komt folle minder foar. Yn 'e Westerske wrâld is it ferbean om mei mear as ien persoan tagelyk troud te wêzen; dit wurdt bigamy neamd en wurdt beskôge as in misdriuw.

De redens dy't minsken hawwe om te trouwen, kinne fan juridysk, maatskiplik, finansjeel of religieus aard wêze. Yn 'e Westerske wrâld trout men tsjintwurdich meast út leafde, mar yn 'e rest fan 'e wrâld komt dat in stik minder foar. Yn guon dielen fan 'e wrâld wurdt troch de âldelju bepaald wa't de houlikspartner fan harren bern wurdt. Yn dy kontekst fine faak rare útwaaksen plak, lykas bernehouliken, twongen houliken en ferkrêfting binnen it houlik. Yn in grut diel fan 'e wrâld is de man noch altyd de dominante partner yn in houlik, wylst de frou net folle yn te bringen hat. Sokke brike ferhâldings kinne liede ta húslik geweld, al komt dat ek yn 'e Westerske wrâld noch mear as genôch foar.

Der moat ûnderskie makke wurde tusken it tsjerklik houlik, dat sletten en erkend wurdt troch in religieuze autoriteit, en it boargerlik houlik, dat sletten en erkend wurdt troch de steat wêryn't men wennet. Guon lannen, dy't gjin skieding tusken tsjerke en steat hawwe, kenne it boargerlik houlik net en erkenne útslutend religieuze houliken. Dat is bygelyks it gefal yn Israel, dêr't net-leauwige persoanen net trouwe kinne en tradisjoneel útwike nei Syprus. De eigentlik sluting fan in houlik (en it dêrmei faak mank geande feest) hjit de brulloft. Foarôfgeande dêroan wurdt faak in frijfeintefeest fierd foar de brêgeman en/of in frijfammefeest foar de breid. Neffens it CBS waarden der yn Nederlân yn 2007 72.485 houliken sletten, wêrûnder fan 1.371 homohouliken en 5.333 fan Nederlanners yn it bûtenlân.

Jeropa

Jeropa (of Europa) wurdt almeast sjoen as in apart wrâlddiel, al foarmet it tegearre mei Aazje ien grutte lânmassa dy't Jeraazje neamd wurdt. Ta Jeropa wurdt it gebiet rekkene tusken yn it suden de Middellânske See, yn it westen de Atlantyske Oseaan, ynklusyf Yslân, yn it noarden de Poalsee en yn it easten de Ural, de Uralrivier, de Kaspyske See, de Kaukasus, de Swarte See en de Bosporus. De lange skiednis fan behearsking fan de Middellânske see troch Grikelân en it Romeinske Ryk hat ta gefolch hân dat alle eilannen yn de Middellânske see dy't net tsjin de kust oan lizze ek ta Jeropa rekkene wurde.

Jeropa hie in befolking fan likernoch 666.498.000 ynwenners yn 2001 en 741.447.158 yn 2016. It oerflak fan Jeropa beslacht sawat 10.400.000 km2.

Joaden

De Joaden wienen fan oarsprong in folk fan de eastkust fan de Middellânske See. Ferbûn troch harren eigen unike monotheïstyske leauwen, binne sy troch de iuwen hinne as groep apart bleaun.

List fan Yslânske ambassadeurs yn Syprus

Dit is in list fan Yslânske ambassadeurs yn Syprus.

Middellânske See

De Middellânske See leit tusken Súd-Jeropa, West-Aazje en Noard-Afrika. It gebiet is 3850 km lang en hat in trochsneed breedte fan 600 km, de trochsneed djipte fan de see is likernôch 1430 m. It oerflak fan de see is om-ende-by 2 miljoen km².

Turken

De Turken binne in folk mei as kearngebiet Anatoalje, Syprus en Súdeast-Europa. Yn in protte oare lannen, benammen yn Europa, wenje Turkske ymmigranten. Sa'n 70–80 % fan de ynwenners fan Turkije binne Turken (likernôch 58 miljoen minsken). De hjoeddeistige Turken yn Turkije wurde taalkundich en etnysk ta de Turkske folken rekkene. It oantal Turken dat oarspronklik út Turkije komt of dêr noch wennet wurdt op 73 miljoen rûsd (2011).

Turkije

Turkije is in lân yn Súdeast-Jeropa. De haadstêd is Ankara en de president fan de republyk is sûnt 2007 Abdûllah Gül. Turkije ûntstie nei de fal fan it Osmaanske Ryk. Steatsman Mustafa Kemal Atatürk hat Turkije op ferskillende mêden herfoarme en it lân neffens oare Europeeske steaten modernisearre. Sûnt 3 oktober 2005 is Turkije kandidaatlidsteat fan de Jeropeeske Uny. Turkije is ûnder oare lid fan de Rie fan Jeropa, NAFO en de Feriene Naasjes.

Turksk

Turksk (Türkçe) is ien fan de Turkske talen en de offisjele taal yn Turkije. It Turksk is ek ien fan de offisjele talen fan Syprus en inkele gemeenten fan Masedoanje. Der binne sa'n 81 miljoen Turksk-sprekkers. Bûten Turkije wurdt de taal sprutsen troch Turkse minderheden yn lannen fan de Balkan en de Kaukasus lykas Irak, Grikelân, Bulgarije, Kosovo, Bosnje, Syrje, Roemeenje, Moldaavje en Azerbeidzjan. Turksk wurdt ek sprutsen troch in soad ymmigranten yn oare lannen, lykas Nederlân, Belgje en Dútslân. It is in agglutinearjende taal mei fokaalharmony. Tige faak wurdt it Turksk as foarbyld neamd as der sprutsen wurdt oer agglutinearjende talen.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.