Stienwyk

Stienwyk[1] (Nederlânsk en offisjeel: Steenwijk) is in stêd yn de provinsje Oerisel. It is mei 18.655 ynwenners (30 novimber 2015) it haadplak en teffens it grutste plak yn de gemeente Stienwikerlân. Yn 1327 krige Stienwyk stedsrjochten. Fan 1814 oant 2001 wie it in selsstannige gemeente. Stienwyk is it grutste plak yn de Kop fan Oerisel.

Steenwijk centrum van boven
Sintrum fan Stienwyk sjoen fan de Sint-Klemenstoer.
Stienwyk
Steenwijk wallen
Flagge Wapen
Flagge fan Stienwyk
Steenwijk wapen (1819)
Sifers
Ynwennertal 18.655 (2015)
Oerflak ûnbekend
Befolkingstichten ûnbekend
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
Provinsje Flag of Overijssel.svg Oerisel
Gemeente Steenwijkerland vlag.svg Stienwikerlân
Oar
Stifting Midsiuwen
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52°47′N 6°08′E
Webside gjin eigen webside

Skiednis

De vergeefse belegering van Steenwijk door Graaf van Rennenberg (Lalaing) in 1580-81 (Jan Luyken)
Belis troch de greve fan Rennenberch ( 1580-1581).

Fan âlds is Stienwyk in âlde fêstingstêd. De grêften en stedswâlen binne út de tiid fan de Tachtichjierrige Oarloch, doe't Stienwyk in strategysk plak wie yn de striid tusken de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen en Spanje.

Yn 1568 wist it stedsbestjoer de inkertiering fan Spaanske troepen troch Alva noch ôf te keapjen mei 112 goudgûnen, mar yn 1572 namen de spanningen wer ta. Diskear wie it Willem fan de Berch dy't Stienwyk foar Willem fan Oranje ferovere. Dy steatske besetting duorre lykwols mar in pear moanne. De werovering fan Sutfen troch it Spaanske leger makke dat dêr sokke grouwélige berjochten wei kamen dat it Steatske leger al gau de stêd ferliet en Stienwyk wer keningsgesind waard.

Oant maart 1577 soarge in kontingint militêren út Walloanje foar it hanthavenjen fan it Spaanske gesach. De Steaten fan Oerisel wisten lykwols troch it beteljen fan efterstallige soldij dy besettingsmacht fuort te krijen en keazen yn maart 1580 de side fan de Opstannelingen as reaksje op it oerrinnen fan greve fan Rennenberg.

De Oeriselske Steaten hienen soarge foar de oanwêzichheid fan in kompanjy soldaten ûnder lieding fan kapitein Olthof. Yn oktober kaam noch in 2e kompanjy ûnder lieding fan Johan fan de Kornput yn Stienwyk oan. De oare deis begûn de Spaanskgesinde George de Lalaing, greve fan Rennenberch, mei in leger fan mear as 7.000 man syn Belis fan Stienwyk (1580-1581). De besjittings fan novimber yn dat jier ferneatigen in 70-tal wennings en foarmen in besiking foar de ynwenners fan de stêd en de lytse ferdigeningsmacht fan mar 600 soldaten. It duorre oant desimber eardat der help kaam fan it Steatske leger ûnder lieding fan de Ingelske oerste John Norritz. 23 febrewaris 1581 joech greve Rennenberch, wyls ek slim siik wurden, syn belis op en waard Stienwyk ûntsetten. Dat Stienwyk stân hâlde yn it fjouwer moanne duorjende belis kaam troch it krêftige optreden fan hopman Johan fan de Kornput. De greve fan Rennenberch stoar in pear moannen letter en waard begroeven yn de Martinitsjerke yn Grins. De yneine Stienwikers hienen oars net folle wjerstân mear en krigen yn 1581 ek noch ris te krijen mei in pestepidemy. Fan de 2.500 ynwenners stoaren der yn in koart skoftke tiid 2.300.

Al yn novimber 1582 slagge it de Spanjerts ûnder lieding fan Juan Baptista de Taxis Stienwyk opnij yn besit te nimmen, wêrtroch't de oerbleaune protestanten hoopstoops de stêd út flechten. Stienwyk waard in Spaansk bolwurk, mei noch mar 50 fan de oarspronklike bewenners, en foarme in konstante bedriging foar de Opstannelingen. Allinnich Fryslân, Seelân, Hollân en Utert wienen net yn Spaanske hannen. De driging fan in werovering troch steedhâlder Maurits fan Oranje yn 1591 soarge foar in wer opbouwen fan de ferdigeningswurken fan de stêd. Yn koarte tiid wisten de Spanjerts grutte ferbetterings oan te bringen en waard de legermacht útwreide oant mear as 1.000 man (benammen Walen en Boergonjers) ûnder lieding fan Anthonie de Coquel.

Siege of Steenwijk by Maurice of Orange (1592) - Stenovicium Obsessa
Kaart fan it belis fan Stienwyk yn 1592.

Dochs wie it allegearre net genôch. Op 28 maaie 1592 ferskynden prins Maurits en Willem Loadewyk foar de stêd mei in leger fan 8.000 man en sluet alle tagongswegen hermetysk ôf, wêrnei't Stienwyk fannijs in belis ûndergean moast. Op 5 july 1592 nei in fûle striid dy't 44 dagen duorre joegen de Spanjerts har oer. Ek diskear hie Johan fan de Kornput net swak by spile, by it feroverjen fan Stienwyk troch it Steatske leger. Al dy oarloggen en besettings hienen lykwols harren tol ferge; Stienwyk wie praktysk finaal yn pún sketten en de ferdigeningswurken moasten nedich opknappe wurde. It duorre lykwols oant 1597, nei in mislearre oanfal fan de Spaanskgesinde greve Freark fan de Berch, eardat de Ried fan Steat de middelen beskikber stelde foar weropbou fan de ferdigeningswurken.

Geografy

Stienwyk leit yn de kop fan Oerisel op de grins fan inkele stuwwâllen (de Wâldberch en de Havelterberch) en it leechfeangebiet fan Giteren, De Wieden en de Weerribben. Troch Stienwyk streamt fanâlds in rivierke, de Stienwiker Aa, dat ûntstien is troch raanwetter. Letter is dy Steenwiker Aa kanalisearre. Foarby Stienwyk makket it no de stêd berikber foar skipfeart ûnder de namme Stienwiker Djip. Oan it Stienwiker Djip leit in lytse jachthaven. It stedsbyld wurdt bepaald troch de Sint Klemenstoer, mei syn hichte fan 87 meter de fjirtjinde heechste tsjerketoer fan Nederlân.

De namme hâldt ferbân mei de soad swerfstiennen dy't yn de omkriten yn de grûn sitte.

De stêd hat in regionale funksje (winkels, skoallen, wurkgelegenheid) foar in grutte regio (Kop fan Oerisel, Súdwest-Drinte).

Stienwyk fierde yn 2005 dat it 750 jier lyn stedsrjochten krige.

Wiken en yndustryterreinen

De stêd Stienwyk bestiet út de wiken:

  • Stienwyk-Sintrum
  • Stienwyk-West
  • Stienwikerdjip
  • Toerlannen
  • Eastwiken, de Beitel
  • Klingenborch
  • Wâldmiente
  • Eastermiente
  • Mienterâne
  • De Gagels
  • Nije Gagels
  • Kornputkertier (yn oanbou)

Yn Stienwyk lizze 2 gruttere yndustryterreinen:

  • Grut Ferlaat
  • Dolderkanaal

Resinte gebietsûntwikkelingen by Stienwyk binne Tuk-Noard, Kornputkertier, De Skâns en Eeserwâld.

Ferkear en ferfier

De stêd Stienwyk leit geunstich wat ferkearsieren oangiet. It hat 3 ôfritten oan de A32: Stienwyk-Súd, Stienwyk en Stienwyk-Noard. Boppedat rinne der ferskate provinsjale wegen fan en nei Stienwyk: de N333 en de N334. Stienwyk hat ek in eigen rûnwei dy't oerrint fan de Meppelerwei oer de Skânswei om úteinlik as Súdfeanskewei gear te kommen mei de N333. Dizze rûnwei soarget derfoar dat èn it suden èn it westen fan de stêd èn it doarp Súdfean goed berikber binne fan de A32 ôf, fan de ôfslach Stienwyk-Súd ôf.

Iepenbier ferfier

Stienwyk hat in spoarstasjon oan it spoar fan Ljouwert nei Swol, Stasjon Stienwyk.

Buslinen yn Stienwyk:

Sport

  • Fuotbal: VV d'olde Veste 54 (sneon 2e Klasse), VV Stienwiker Boys (snein 4e Klasse), VV Stienwyk (snein 3e Klasse)
  • Hokky: MHC Stienwyk
  • Follybal: Follybalferiening Steevast
  • Swimmen/Wetterpolo: Stienwyk'34
  • Atletyk: AV Start'78
  • Basketbal: BC Arta

It besjen wurdich

  • Merke- en Sirkusmuseum
  • Sint-Klemenstsjerke en -toer
  • Lytse of Us Leaffrou Tsjerke
  • De Merk
  • It Swindermannegien
  • Rams Woerthe en it stêdspark
  • Langste sitbank fan de wrâld ( fersetten )
  • Stêdsgrêften en stêdswâlen
  • Stonehenge Festival, in muzykfestival op it mêd fan heavy metal dat elts jier yn july holden wurdt

Gastronomy

  • Torenbier; bier ta gelegenheid fan Stienwyks 750-jierrich bestean.
  • Stienwiker goudmoppen; "spesjale" Stienwiker koekjes

Media

  • Opregte Steenwijker Courant
  • Stienwikerlân Express
  • Stifting Lokale Omrop Stienwikerlân (stjoerder: MIX105 Stienwikerlân)
  • NijsTV Stienwyk (Kabelkrante)
  • De Stentor (Swolske courant regio Noard West-Oerisel)

Berne

  • Moon Baker (Monique Bakker) (19?), sjongster
  • Hajo Bruins (1959), akteur
  • Kees Kist (1952), fuotballer
  • Hildo Krop (1884-1970), byldhouwer en sierkeunstner
  • Bernardus Paludanus (1550-1633), rariteitesamler, dokter en wittenskipper
  • Nerena Ruinemans (1979), Miss Nederlân 1998/1999
  • Harm Wolters (1967), folkssjonger

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bûsboekje 2005, Ljouwert, 2005 (KFS), ISBN 9 08 06 25 248, s. 152.

  1. Bûsboekje 2005, Ljouwert, 2005 (KFS), ISBN 9 08 06 25 248, s. 152.
1582

1582 is in gewoan jier dat begjint mei in moandei. (Juliaanske kalinder foar 1582.)

1592

1592 is in skrikkeljier dat begjint mei in woansdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1592.)

1657

1657 is in gewoan jier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 1657.)

Cornelia de Vos van Steenwijk

Cornelia Anna Agatha Albertina baronesse de Vos van Steenwijk (Meppel, 26 febrewaris 1854 - Arnhim, 7 maaie 1940) wie de stiftster fan in sikehûs op It Hearrenfean.

Ut eigen middelen stifte hja yn 1895 it earste Hearrenfeasnster sikehûs en wol yn it pân oan de Ferlingde Dracht (no "Boargemaster Falkenawei). Hja wie sels direktrise, operaasjesuster, ferpleechster en administratrise. Hja hie by har wurk help fan twa ferpleechsters, in waakster en twa tsjinstfamkes.

De measte pasjinten waarden op kosten fan de stifteresse ferpleechd. Ek nei fertrek út de ynrjochting liet de baronesse har âld-pasjinten net oan har lot oer.

Yn 1899 moast hja har wurk om gesondheidsredenen dellizzze en gie út It Hearrenfean wei. It sikehúske waard sluten, mei omdat de gemeente it net oernimme woe. De Baronesse fêstige har doe yn Zandvoort, wêr't se huzinge "Frisia" stifte foar de ferpleging fan Fryske bern.

Yn Hoarnstersweach hat de freule oan it begin fan de 20e iuw pleatsen stichte.

De freule wie in dochter fan Jan Willem Jacobus baron de Vos van Steenwijk en Isabella Catharina Johanna van Eysinga

De Blesse

De Blesse is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, súdlik fan Wolvegea oan de wei nei Oerisel (Overijsselseweg). It doarp hat likernôch 800 ynwenners. De fiertaal is meast Stellingwerfsk.

De Blesse is goed berikber mei it iepenbier ferfier. Rjochting Wolvegea/It Hearrenfean en Noardwâlde rydt Arrivabus, line 26. Dy jout yn Wolvegea oansluting op de treinen fan/nei Ljouwert/Swol. Rjochting Stienwyk en Marknesse/Emmeloard rydt Connexxionbus, line 76; yn Stienwyk is in goede oansluting op de treinen fan/nei Swol/Ljouwert.

Eesveen

Eesveen is in doarpke mei lintbebouwing en in lytse kearn yn de gemeente Stienwikerlân, yn de provinsje Oerisel. It doarpke leit yn de Kop fan Oerisel, oan de provinsjale wei N855 fan Stienwyk nei Frederiksoard (yn de gemeente hat it de namme Eesveenseweg). It leit noardlik fan Stienwyk en deunby de grins mei Drinte. Eesveen is yn de omkriten by de jongerein bekend troch de diskoteek Smithy’s Palace dy’t dêr al jierren stiet.

Westlik fan Eesveen leit de bûtenpleats De Eese, dat foar in part yn partikuliere hannen en foar in part yn hannen fan Steatsboskbehear is, it bestiet út lânbougebiet en bosken. Eastlik lizze de Eesveenster healannen. Dizze relatyf leech leine grûnen, tusken de 0 en 1 meter boppe NAP, lizze deunby de Stienwiker Aa. De namme komt fan it feit dat de earder te wiet wienen foar it greidsje fan it fee, dat se waarden brûkt as healân.

Yn 1914 waard de tramline Stienwyk – Hoek Makkingea fan de Nederlânske Tramwei Maatskippij iepene, Easfean lei oan de line en krige in stasjon. Yn 1947 waard it persoanenferfier op dizze line stop setten. De NTM gie lykwols troch mei it guodferfier op dizze line dy’t yn 1959 oernaam waard troch de Nederlânske Spoarwegen. Yn 1962 waard ek it guodferfier beëinige en waard de line opbrutsen.

Giteren

Giteren (Nederlânsk en offisjeel: Giethoorn; Stellingwerfsk: Gietern) is in doarp yn de kop fan Oerisel, yn de gemeente Stienwikerlân. Oant 1973 wie it in selsstannige gemeente. Giteren leit tusken Stienwyk en Meppel.

It doarp hat 2.620 ynwenners en is bekend troch syn brechjes, wetter en punters. It wurdt wol it Feneesje fan it noarden neamd.

Troch de feanterij ûntstienen plassen en marren. Om de turf te ferfieren groef men fearten en sleatten. In soad huzen binne om samar te sizzen op eilantsjes boud, dy't allinnich troch brechjes te berikken binne. De measte fan de mear as 176 brêgen binne privee-eigendom.

De ienige trochgeande ferbining oer lân is in fyts- anneks kuierpaad dat dwers troch it doarp rint; it measte ferkear giet oer wetter. Dêrfoar wurde faak punters brûkt, foarút skood mei in punterboom, krektas de gondels yn it echte Feneesje.

Tsjerklik besjoen is Giteren in frijsinnige enklave mids in otterdoks gebiet mei doarpen as Staphorst, Genemuiden en Hasselt. De doarpstsjerke, De Vermaning , waard stifte yn 1871.

Makkingea

Makkingea is in doarp yn de gemeente Eaststellingwerf, west fan Easterwâlde. It doarp hat likernôch 1023 ynwenners (1 jannewaris 2009). Makkinga wie oant 1886 haadplak fan de gemeente Eaststellingwerf. Hjirnei is Easterwâlde it haadplak wurden. Der wurdt meast Stellingwerfsk praten. By it doarp lizze de buorskippen Bûteheidefjild, Legeduerswâlde, Hegeduerswâld, Twitel en Fenebuorren.

Yn 2007 waard yn it Uterts argyf in oarkunde út 1408 fûn dêr't de namme Makkingea foar it earst neamd wurdt. Yn 2008 is dêrom it 600-jierrich bestean fierd. It is in âld brinkdoarp dat eartiids in soad te lijen hie fan oerstreamingen fan De Tsjonger. De Brink waard brûkt om kij en skiep by inoar te bringen en der stie ek in pomp. Bytiden waard it ek brûkt om it waskguod te bleekjen.

Makkingea makke ûnderdiel út fan de Fryske Wetterliny.

Makkingea lei nei 16 maaie 1914 oan de tramline Easterwâlde-Stienwyk. Hjir waard allinnich fracht mei ferfierd. Yn it doarp binne neffens nije ynsichten hast alle ferkearsboerden weihelle. Elkenien moat rekken hâlde mei de oar.

It âldste gebou yn it doarp is hotel Schurer, yn 2008 sit hjir restaurant 'De Smaeck fan Spa' yn. Yn 1776 waarden nije klokken lieten bewenners Johannes schurer en syn frou Garske Spijksma fan de kafeepleats in tafelbelle jitte mei trije ryksdaalders der yn teraand.

De âldste klok fan de tsjerke út 1775 is fan 1463. Nei alle gedachten hat de famylje Lycklama à Nijholt flink bydroegen oan de bou. Op de tsjerketoer stiet gjin hoanne mar in hynder.

Der is in museum foar âld ark mei de namme "Oold Ark". Hjirneist stiet mole De Weyert. Der stiet in âlde nôtmole út 1925 dy't yn 1971 restaurearre is. Ek stie hjir earder in koperative molkfabryk "De Iendracht". Op it âlde stee stiet no it keunstwurk De Iendracht yn de foarm fan in hege piip.

Nijensleek

Nijensleek (Drintsk: Neiensleek) is in streekdoarp of lintbebouwing yn it súdwesten fan de provinsje Drinte, yn de gemeente Westerfjild (Westerveld). It doarp is in kilometer of fjouwer lang. Oan de Haadwei, de provinsjale wei fan Vledder nei Stienwyk steane de pleatsen oan beide kanten fan de wei. Yn it doarp wenje in pear hûndert ynwenners. It doarp rint fan Frederiksoard oant Eesveen yn de provinsje Oerisel.

Nijensleek is yn de Midsiuwen ûntstien doe't de boeren út Vledder wei de 'nije sliken' (frij oerset: nije slyk, of wiete grûnen) yn kultuer brochten en har nei wenjen setten. De skiednis fan dit streekdoarp is dus gâns oars as dat fan de letter ûntstiene wei- of streekdorpen yn de feankoloanjes lykas Stadskanaal of Gasselternijeveen. Ek op oare plakken yn Súdwest-Drinte ûntstiene yn de lette Midsiuwen sokke lintbebouwingen. Foarbylden binne Wapserveen ûntstien fanút it esdoarp Wapse, Nijeveen is sa ûntstien fanút Havelte en Ruinerwold fanút Ruinen.

Nijensleek leit tsjin it stroomdal fan de Vledder Aa. Oan de noardwestside rint de hichte stadichoan op. Dêr leit in útrinnner fan de Wâldberch, in stuwwal even ten noardeasten fan Stienwyk. De hearlikheid 'de Eese' met har boskwachterijen leit op dy útrinner fan de Woldberg.

Nijensleek makke oant 1998 diel út fan de eardere gemeente Vledder. It doarp hat gjin echte winkels mear foar libbensmiddels. De lêste winkelman ferdwûn yn de jierren njoggentich. Wol is der in kristlike basisskoalle 'De bron', in doarpshûs Grietnstede, en in bedriuwenterreintsje Moersbergenerven mei inkele detailhannelbedriuwen.

Noardburgum

Noardburgum (offisjeel Frysk) is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel mei likernôch 2.351 ynwenners (2006).

Lykas de namme al oanjout leit Noardburgum benoarden Burgum, tusken Ljouwert en Grins oan de N355, east fan Hurdegaryp.

Noardburgum is yn de 19e iuw ûntstien tusken de Burgumer Heide en Haersma's Bosk. It wie part fan it doarp Burgum, oant it yn 1930 in selsstannich doarp waard. Yn de njoggentiger jierren fan de 20e iuw is it tal ynwenners hurd tanaam, en dêrmei is Noardburgum nei ynwennertal it fjirde doarp fan Tytsjerksteradiel wurden.

Pepergea

Pepergea is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, súdlik fan Wolvegea by de A32. It doarp hat likernôch 85 ynwenners.

Kenmerken binne frijsteande wenten, buorkerijen, lannerijen, inkele bedriuwen en in tsjerke. In buorren ûntbrekt. Mei har 90 ynwenners (1 jannewaris 2008) stie it doarp op in twadde plak yn de list mei minste ynwenners yn de gemeente. Der binne 35 wenten/pleatsen te finen dêr't de measten fan oan de Pepergeawei stean.

Pepergea leit oan de A32 tusken Wolvegea en Stienwyk, en is fan dy plakken ôf fia de snelwei goed berikber. Ek it iepenbier ferfier jout goede oanslutings op ûnder oare de treinferbining Swol-Ljouwert. Busline 26 fan ferfierder Qbuzz biedt haltes op rinôfstân.

Rykswei 32

De Rykswei, ek A32, is in autodyk, fan Meppel oer It Hearrenfean nei Ljouwert.

Spoarwegen

Spoarwegen binne de ferfiermaatskippijen oer it treinspoar. It earste railferfier yn Fryslân wie

Spoar fan Ljouwert nei Harns - 27 oktober 1863. Dêrnei folgen:

Spoar fan Ljouwert nei Grins - 1 juny 1866

Spoar fan Swol nei Meppel - 1 oktober 1867

Spoar fan Meppel nei It Hearrenfean - 15 jannewaris 1868

Spoar fan It Hearrenfean nei Ljouwert - 1 septimber 1868

Spoar fan Meppel nei Grins - 1 maaie 1870

Spoar fan Ljouwert nei Snits - 16 july 1883

Spoar fan Snits nei Starum - 8 novimber 1885Dit binne dan noch de haadspoaren yn Fryslân. Ljouwert-Swol is dûbelspoars, útsein in stik tusken Wolvegea en Stienwyk, en elektrifisearre. De oare stikken binne inkelspoar, dêr wurdt riden mei diesel-elektryske traksje. Op wurkdagen wurdt op alle linen foar it persoaneferfier in oeretsjinst riden, útsein Snits-Starum dêr't de frekwinsje leger is. It oantal stasjon en haltes, iepene foar persoaneferfier, bedroech yn Fryslân 18, net-rekkene de haltes Harns-Haven en Ljouwert-Achter de Hoven. Dizze lêste haltes waarden allinnich betsjinne foar reizgers nei en fan Flylân of Skylge of as stopplak foar inkele arbeiderstreinen. It reizgersferfier tusken Fryslân en it westen, yn eardere jierren foar in grut part ôfwikkele fia Snits - Starum - Inkhuzen, gie nei de spoaroanlis hast hielendal oer Amersfoart. Yn 1957 fertrokken fan de stasjons en haltes yn Fryslân ± 2.541.000 persoanen. Hjirfan hienen 1.521.000 harren bestimming binnen de provinsje. Yn it stasjon fan Ljouwert begûn hast 72% fan alle reizgers dy't binnen de provinsje bleaunen mei harren reis. Fan dejingen dy't fierder reizgen wie dat 50%.

Foar it frachtferfier (benammen de weinladings) steane neist de boppeneamde baanfakken noch oare iepen, nammentlik de eardere NTM-linen en dy fan de eardere Noard-Fryske Lokaalspoarwei Maatskippij. Dizze meirekkene binne der yn 1957 63 stasjons, haltes of 'los- en laadplakken' yn Fryslân. Yn 1957 krigen dizze 63 stasjons yn weinlading ± 580000 ton fracht; ± 210000 ton waard ferstjoerd. It oandiel fan it stasjon fan Ljouwert wie hjirfan 172000 ton oankomst en 99000 ton ferstjoering. Dêrneist ferfier de NS in soad 'stikguod', dêr't gjin gegevens oer bekend binne. Foar stikguod brûkt Van Gend & Loos yn Ljouwert mids fyftiger jierren in nije loads.

Starum

Dizze side giet oer de stêd Starum. Foar de eardere gemeente, sjoch: Starum (gemeente).Starum (Stavoren), is in stêd yn de gemeente Súdwest Fryslân, mei 996 ynwenners (1 jannewaris 2003). Oant 2011 lei Starum yn de eardere gemeente Nijefurd. De stêd leit op de súdwestpunt fan Fryslân, oan trije kanten beheind troch it wetter fan de Iselmar.

Steyn Maltisten

Steyn Maltisten, wiere namme Steen Maltesen Sehested, (Kleaster Gudum (noardwest Jutlân), 11 jannewaris 1553 - Kalmar, 22 augustus 1611) wie in oerste-luitenant fan Deensk komôf. Hy kaam yn 1572 nei de Nederlannen ta en yn 1580 nei Fryslân. Yn 1581 wied er al oerste-luitenant.

Hoewol't de Deenske kening him frege werom te kommen, bleau hy op útdruklik fersyk fan Willem Loadewyk. Yn de Slach by Boksum (17 jannewaris 1586) waard hy finzen nomd troch Spaanske troepen út Stienwyk ûnder Juan Baptiste de Tassis; ien fan de bruorren fan Steyn Maltisten sneuvele. Sûnder grûn is Maltisten letter wol as lef beskreaun. Yn 1587 gie er werom nei Denemark, dêr't er in hege post krige (rigsmarsk).

Stienwikerlân

Stienwikerlân (Nederlânsk: Steenwijkerland; Nedersaksysk: Steenwiekerlaand of Stienwiekerlaand) is in gemeente yn de provinsje Oerisel, mei 42.358 ynwenners (1 jannewaris 2003), en mei in oerflak fan 330,00 km² (wêrfan 40,72 km² wetter).

Stienwikerwâld

Stienwikerwâld (Nederlânsk en offisjeel: Steenwijkerwold; Nedersaksysk: Steenwiekerwold) is in doarp yn Oerisel, 3 kilometer noardwest fan Stienwyk. It doarp hat falt ûnder de gemeente Stienwikerlân en hat sa'n 2000 ynwenners. It leit yn de saneamde 'Kop fan Oerisel'.

Eartiids waard de namme brûkt om in boskige krite om Stienwyk mei oan te tsjutten. De ferskate oare buorskippen yn de omkriten soenen letter ûnder de gemeente Stienwikerwâld falle. It hjoeddeiske doarp Stienwikerwâld bestiet út de mei-elkoar fergroeide buorskippen Gelderingen en Kerkbuert, en it wat fiederop lizzende Thij.

It plak is mei iepenbier ferfier te berikken mei line 76 Emmeloard - Oldemarkt - Stienwyk.

Terwispel

Terwispel is in doarp yn de gemeente Opsterlân, noardwest fan De Gordyk. It doarp hat likernôch 1000 ynwenners.

Wolvegea

Wolvegea is it haadplak fan de gemeente Weststellingwerf, oan it it spoar fan Swol nei Ljouwert. It doarp hat likernôch 12.150 ynwenners (2004). De gemeente besiket mei it nijbouprojekt De Lindewyk, 'wenjen oan it wetter' fan Wolvegea in trekpleister te meitsjen foar mins en natuer.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.