Stientiid

De stientiid is in tiidrek yn 'e prehistoarje dêr't de minsken fan doe ark fan stien makken (oan 'e ein fan de stientiid waarden foar it earst sieraden fan metaal makke). It leit yn 'e reden dat der doe ek al hout bewurke waard mar dêr is net folle fan bewarre bleaun. Yn Dútslân waarden lykwols yn 1994 by it plak Schöningen houten spearen fûn fan likernôch 350.000 jier lyn.

It is net altiten mei wissichheid fêst te stellen wannear't de stientiid ôfrûn is: foar guon lytse folken op Borneo en Nij-Guinea is er noch mar krekt ôfrûn.

Meast wurdt de stientiid ûnderskieden yn trije tiidrekken:

  • it paleolitikum hat it langst duorre, fan ûngefear 2,5 miljoen jier lyn oant de ein fan de lêste iistiid, likernôch 10.000 jier lyn;
  • mei it mesolitikum wurde de kultueren fan de jager-samlers nei de ein fan de lêste iistiid oantsjut;
  • mei it neolitikum wurdt de kultuer oantsjut dêr't de lanbou meast fan belang wie.

Oan 'e ein fan de stientiid waard út en troch al ark fan koper makke, archeologen brûke dêrfoar it begryp kopertiid of galkolitikum, dêrnei komt de brûnstiid en de izertiid. It is mooglik dat yn Mesopotaamje en yn it Alde Egypte it skrift wilens de brûnstiid al syn gerak krige, fan datoangeande wie de prehistoarje dêr al foarby en wurdt dêr dan praat fan de izertiid.

De datearring en krekte tiid dat de stientiid duorre hat is noch ûnwis omdat der noch fûleindich praat wurdt wat de betingsten wêze moatte om net of wol fan in stientiid te praten. De âlde stientiid begjint rûchwei 2,5 miljoen jier lyn yn Afrika, doe't dêr it earste ark fan stien makke waard.

Trijeperioadesysteem
Holo-
seen
Histoaryske Tiid
La Tène-tiidrek   Proto-
histoarje
Hallstatt-tiidrek
Izertiid
  Let  
Midden
Ier
Brûnstiid
Neolitikum Kopertiid  
Let Pre-
histoarje
Midden
Ier
Mesoli- tikum of
Epipaleo-
litikum
Let
Midden
Ier
Pleis-
toseen
Paleo- litisum Let
Midden
Ier
Stientiid
Bile

In bile is in swier stik ark mei in sneed om te kappen en te kliuwen.

Fûstbilen hearre ta it âldst bekende ark en gean werom op de iere stientiid: de âldsten wurde rûsd op 2,5 miljoen jier. Se waarden makke troch splinters fan in stien ôf te slaan wêrtroch't in skerpe râne ûntstie. Sokke bilen koenen ek brûkt wurde as mes of skrabber. Ut de midden stientiid binne de earste bilen bekend dy't oan stâlen fêstmakke waarden. Dêrmei kin in gruttere krêft útoefene wurde dêr't de brûker mei in lichtere bile troch wurkje kin en minder gau wurch wurdt. De bilen út de nije stientiid wienen soms moai gled slipe stienen bilen fan fjoerstien of oare stiensoarten. Yn de kopertiid, oan de ein fan de nije stientiid waarden ek yn koperen getten bilen makke mei deselde flakke foarm as de stienen bilen. De bekende iismummy Ötzi hie sa'n bile, dêr't de kling fan foar 99% út koper bestie. Yn de brûnstiid gie men oer op brûns, dat duorsumer en makliker te jitten wie as koper, en waard de foarm fan de bile hieltiten fierder ferbettere. Dy bilen liken hieltiten minder op harren stienen foarrinders. De folgjende stap wie it smeien fan bilen fan izer en stiel.

Bilen wurde brûkt as ark foar it bewurkjen fan hout of as wapen en soms foar beide doeleinen tagelyk (lykas de bilen út de brûnstiid). In keukenbyltsje wurdt yn in soad húshâldingen brûkt foar bygelyks it lyts hakjen fan oanmak en it slachtsjen fan hinnen.

Foar it omkappen fan beammen binne swiere bilen mei lange stâlen wenst, foar it kappen fan grutte blokken brânhout lichtere bilen lykas bygelyks in kleaubile. Dan is der noch de dissel, in bile mei in fearnslach draaide bilekop dy't brûkt wurdt om bygelyks holtes út te hakken.

Bilen dy't as wapen ornearre binne binne meastentiids lichter, omdat by it gefjocht fluggens fan belang is. Bekende striidbilen út de skiednis binne de stienen hammerbilen út de nije stientiid, de francisca, in smytbile dy't troch de Franken brûkt waard, of de tomahawk fan de Noard-Amerikaanske yndianen.

In bysûnder gefal is de bile dy't yn de Midsiuwen en dêrnei troch skerprjochters brûkt waard, om minsken te ûnthalzjen.

Brûnstiid

De brûnstiid is it tiidrek tusken (sa. 3000 oant 800 f.Kr.) en dat folget op it Neolitikum. Der wurdt ek wol ûnderskied makke mei de kopertiid, dat noch tusken it neolitikum en de brûnstiid leit. Mar meastal wurdt dat tiidrek rekkene ta de nije stientiid. Yn Nederlân binne net folle koperfynsten dien. Inkeld op de Feluwe is wat fûn, lykwols wienen dat útsonderings. Nei de brûnstiid komt it tiidrek fan de Izertiid.

Yn de rin fan de tiid ferfong brûns stadichoan fjoerstien as wichtigste materiaal foar ark en wapens en waard ek brûkt foar sieraden. De earste foarwerpen fan brûns wienen benammen bilen, en ek inkelde dolken, spearpunten en sieraden lykas earmbannen. Brûns kaam stadichoan hieltyd faker foar, en ek kamen der mear soarten metalen foarwerpen yn gebrûk.

Yn guon streken fûn brûns net tagelyk yngong en de krekte datearring fan de brûnstiid kin dêrom per lân of sels per streek ferskille. Sa wie, neffens de fynsten, folle mear sprake fan brûnsjitten yn Drinte as yn de rest fan Nederlân. In mooglike reden hjirfoar is miskien de pan-Jeropeeske hannelswei dy't oer de Drintse heuvelrêch rûn nei de barnstienrike Eastseekust.

De kennis om metalen te bewurkjen, ynklusyf brûns moat yn it Midden-Easten ûntstien wêze. Dêr waard brûns sûnt sa. 3000 f.Kr. brûkt. Dizze kennis hat him stadichoan ferspraat oer it Jeropeeske kontinint en berikte ek ús lân.

Guon fan âlds bekende ferhalen, lykas de Ilias, de Odyssee, parten fan de Bibel en it Gilgamesjepos spylje har ôf yn de brûnstiid.

Dobben Hurdegarypsterwarren

De Dobben Hurdegarypsterwarren binne restanten út de lêste iistiid en lizze

oan de Lange Leane tusken Hurdegaryp en Burgum. De stripen tusken de dobben en pingo’s wurde brûkt was kuierpaad en binne buten it briedseizoen (1 april - 1 july) frij tagonklik. It gebiet fan 33 hektare wurdt beheard troch It Fryske Gea.

De dobben binne pingo’s, oerbliuwsels út de lêste iistiid, rom 20.000 jier lyn. Yn de stientiid waarden hjir kampen opsetten troch de rindierjagers. Destiids wie it klimaat wat mylder wurden en wienen de iislinzen raand ta markes. Yn de rin fan de jierren binne in soad pingo's ferlern gien. Guon binne tichtsmiten mei ôffal. Yn it ramt fan ruilferkaveling binne de measten natoergebietsjes wurden, hjirfan binne tolve oan It Fryske Gea oerdroegen.

Hjir groeie seldsume plantesoarten as Stjersigge en Galigaan. Lytse elzebroekboskjes biede ûnderdak oan it nêst fan de mûzefalk en yn de tichte hagedoarns briede in soad lytse sjongfûgels. By hege wetterstannen yn de winter fine in soad einen hjir beskûl.

BehearDe greiden om de pingo-ruïnes wurde nei 15 juny meand, en wurde net bedonge om foar te kommen dat fiedingsstoffen útspiele yn de plassen. Hjir groeie soarten as de Koekútsblom, it blaublomke en sulverblêd. Lâns de nij oanleine ferbiningstroken binne strewellen fan krikelbeam en hagedoarn oanplante en dêrby in soad elzen en iken, lysterbeibeammen en essen. Ek de kantsjeroas, dy't fanâlds yn dizze omkriten groeit, is dêr wer. Sa kinne lije plakken ûntstean yn de folle sinne, wat benammen flinters oanlûkt. Bistkes as rintuorren, mûzen, ychels en sa kinne no fan de iene nei de oare dobbe komme, sadat harren leefgebiet útwreide wurdt. Dizze oanjûne fleanrûtes wurde ek brûkt troch flearmûzen.

Fjoerstien

Floerstien is in stiensoarte dy't faak yn klompen kalkstien fûn wurdt en meastal brún of griis fan kleur. It is tige hurd en bestiet út kryptokristallyn silisiumdiokside. As der in hurde klap op jûn wurdt dan ûntstiet op de sydkanten in skerpe râne.

De stien wurdt fjoerstien neamd fanwege har eigenskippen. As mei dizze stien tsjin in stik izer slein wurdt, springe der fonken ôf, dêr't maklik fjoer mei makke wurde kin, bygelyks as ien der in drûch brânber stik materiaal tsjinoan hâldt (lykas in pluske katoen of drûch mosk). De fûnken ûntsteane troch lytse izerdieltjes dy't spontaan yn de loft oksidearje wêrby in soad waarmte frij komt sadat de dieltsjes gloeien geane.

Yn prehistoaryske tiden (de stientiid) makken minsken lykas de Neandertalers en de Kro-Magnonminsk by foarkar stiennen gebrûksfoarwerpen fan fjoerstien, bygelyks skrabbers, pylkpunten, bilen en klingen .

De âldens fan fjoerstiennen foarwerpen kin skatten wurde oan de mjitte fan ferfining fan de technyk dy't brûkt is by it meitsjen. Omdat de fjoerstiennen gebrûksfoarwerpen net fergean kinne binne sy njonken al dan net bewurke bonken de ienige spoaren dy't wy hawwe fan de prehistoaryske minsk.

Fledder

Fledder (Nederlânsk en offisjeel: Vledder) is in iesdoarp yn it súdwesten fan Drinte yn de gemeente Westerfjild (Westerveld). Yn it hjoeddeiske doarp wenje in lytse 2000 ynwenners. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1998 wie Fledder in selsstannige gemeente fan sa'n 3500 ynwenners. Ta dy gemeente hearden neist Fledder de doarpen Fledderfean, Wilhelminaoard, Doldersum, Boschoord, Frederiksoard en Nijensleek.

Fledder hat, lykas in soad oare Drintsje brinkdoarpen, een lange skiednis. Yn de omkriten fan Fledder binne ferskate grêfheuvels en urnefjilden fûn út de nije stientiid. Der binne meardere prehistoaryske fynsten dien lykas stienen bilen, barnstien en urnen.

De namme Fledder tsjut op in wiet plak. De twa âldste strjitten fan it doarp lizze sa ek om leger plak dat eartiids nochal wiet wie. It doarp hat twa brinken, dy't yn de folksmnûle de grutte en de lytse brink neamd wurde. Krekt as by alle esdoarpen, leit net fier fan it doarp in beek, de Fledder Aa. It Fledderfjild efter de es is no in boskwachterij fan Steatsboskbehear. By dit Fledderfjild wie fan 1939 - 1981 in kamp, Kamp Fledder.

De Johannes de Dopertsjerke is ien fan de pear Drintse doarpen mei in tsjerke mei in sealdaktoer. Dat hat te krijen mei de lizzing fan Fledder frij ticht by de Fryske grins dêr't dit type tsjerketoer folle mear foarkomt.

Yn it doarp binne in oantal musea: in museum foar falske keunst en foar grafyk en in skulpemuseum (Miramar Seemuseum). Fiif kilometer fan Fledder leit it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. Ek stiet yn it doarp in nôtmooltsje.

De fuotbalferiening fan Fledder hjit BEW (blau en wyt), oprjochte yn 1951.

Fûstbile

In fûstbile wie in wichtich stik ark út it paleolitikum, de âlde stientiid. Foar de prehistoaryske minsk wie de fûstbile ûnmisber. De bile waard destiids op deselde wize brûkt as tsjintwurdich in 'bûsmes'. Se koenen der tûken mei ôfsnije, lytse beammen omhakke, bisten slachtsje en tsjillen, en hûden waarden der mei skjinskrabe. Trochdat it ark maklik wer oanskerpe wurde koe, gong de fûstbile lange tiid mei.

Fûstbilen waarden fral út fjoerstien hakt en hienen in ôfplatte foarm mei meastentiids in skerpe râne rûnom dy't altyd oan twa siden bewurke wie. De top is spits, de oare útein rûn.

Yn 1939 fûn de Fryske oannimmer en amateur-archeolooch Hein van der Vliet út Lippenhuzen in fûstbile by it hjoeddeiske Wynjewâld. Dizze fynst wie fan grut histoarysk belang, omdat dêrmei foar it earst oantoand wurde koe dat it noarden fan Nederlân en Fryslân yn it bysûnder al foar de lêste iistiid bewenne wie. It soe noch jierren duorje foardat de fynst fan dizze fûstbile troch de wittenskip folslein erkend waard.

Grinslân

Grinslân (Grinslânsk: Grunnen of Grönnen; Nederlânsk: Groningen) is in provinsje fan Nederlân, en bestiet as sadanich sûnt 1814. It hat 582.649 ynwenners (augustus 2015), en in oerflak fan 2967 km².

Holoseen

It Holoseen, eartiids ek Alluvium neamd, is de namme fan it geologyske tiidrek fan 11.000 jier lyn oant en mei no. It wurd Holoseen komt fan it Gryksk: holos betsjut "kompleet" en ceno betsjut "nei".

It Holoseen is relatyf sjoen in waarm tiidrek, benammen fergelike mei it eardere kâlde tiidrek oan de ein fan it Pleistoseen. Dizze kâlde perioade hiet Weichselien en foarmet in glasiaal.

Yn it Holoseen is it Nederlânske lânskip sa goed as foarme. De Noardsee ûntstie mei yn de kuststripe de dunen, de sompige feangebieten fan Hollân en Fryslân en it seeklaailânskip fan Noard-Nederlân.

It Holoseen foarmet tegearre mei it dêroan foarôfgeande Pleistoseen it Kwartêr.

Izertiid

De izertiid is in tiidrek yn 'e prehistoarje nei de brûnstiid.

De izertiid is de lêste perioade fan de prehistoarje. By guon kultueren hat de izertiid wat langer duorre as by oare kultueren, dat kin ek mei it plak te krijen ha.

Ornaris is it yn West-Jeropa sa dat er begjint om 800 foar Kr. oant de Romeinen om it begjin fan de jiertelling hinne har gebiet útwreiden oan de súdgrins fan Fryslân ta. Mear nei it súd-easten fan Jeropa en it Midden-Easten ta begjint de stientiid om 1200 foar Kr. hinne.

It leit yn 'e reden en de namme izertiid tsjut oan dat der in soad gebrûk makke waard fan izer ark en oare foarwerpen fan izer. Izer is op ferskâte mêden better as brûns:

it is hurder, dat it is gaadlik foar wapens en ark

it is ienfâldiger te bewurkjen

it is maklik te reparearjen

de grûnstof is op de meast plakken wol te finen

langere duorsumens fan it materiaalIt duorre hiel lang eardat de minsken fan doe wisten hoe't se metaal út erts krije koenen.

De foardielen soargen derfoar dat izer brûkt waard om wapens (benammen swurden) en ark te meitsjen. It brûns wurdt dan mear brûkt foar sieraden.

Kopertiid

De kopertiid of koperstientiid, ek galkolitikum neamd, is in tiidrek dat wol beskôge wurdt as it lêste part fan de jonge stientiid en wêryn de minsk learde it koper metaal te bewurkjen en der ark fan makke.

De âldste koperfynsten komme út Anatoalje (Turkije), sawat 8000 f.Kr. Ynearsten waard allinnich koper brûkt sa't it foarkomt yn de natuer. Pas yn it 5e millennium f.Kr. waard ûntdekt dat guon ertsen, koper oplevere as sy hjit makke wurde. Dêrfoar hienen de minsken wol in spesjale ûnen nedich: in gewoan houtskoalfjoer kin net waarmer wurde as 700 °C, en it smeltpunt fan koper leit by 1085 °C.

Lânbou

De Lânbou ek wol agrikultuer neamd, hâldt yn de produksje fan fiedsel troch de ferbouw fan planten en it hoedzjen fan bisten. Lânbou is de praktyk, lânboukunde is de stúdzje dy't de lânbou as ûnderwerp hat.

Njonken iten produsearret de lânbou ek saken as sierplanten, bûnt, lear, biodisel, tried, medisinen en drugs.

Mesolitikum

It Mesolitikum of de midden stientiid is in oantsjutting foar in kultuerperioade dy't oanfangt neidat de lêste iistiid einiget en ophâldt as in maatskippij fan jeie-en-sammelje oerstapt op lânbou en feefokkerij en tal fan nije technologyen ûntwikkelt of oernimt. Jeie, fiskje en sammelje wienen de middelen fan bestean foar de minsken yn de mesolityske kultueren, dy't trochstrings as nomaden libben; delsettingen wienen noch seldsum. Fynsten út dit tiidrek litte sjen dat stienbewurkingsstechniken hieltyd finer wurde en magysk-religieuske gebrûken mear yn swang kamen. De "Midden-Stientiid" is fral karakterisearjend foar de tuskenbeiden gebieten fan Jeropa.

It begjin en de ein fan it mesolitikum is net oeral itselde. De lânbou fersprate him stadich oer Jeropa, mar yn it Heine Easten folge de Neolityske revolúsje fluch op de ein fan de iistiid. Dêrom is it tiidrek fan it mesolitikum min te definiearjen.

Neolitikum

It Neolitkum of jonge stientiid is in tiidrek út de skiednis fan de minskheid dat typearre wurdt troch technyske en sosjale feroarings. Der is sprake fan in oergong fan jeien en sammeljen nei lânbou en it hoedzjen fan keppels fee. It tiidrek einiget mei de ûntdekking fan de metaalbewurking (koper, letter brûns), wêrnei de brûnstiid begjint.

It Neolitkum is op meardere plakken yn de wrâld om-ende-by deselde tiid en ûnôfhinklik fan inoar ûntstien en hat har dêrnei oer de hiele wrâld ferspraat. De foarnaamste fernijingen wienen: it gebrûk fan ark fan glânzge stien, keramysk diggelguod (bakte potten), de ûntdekking fan de metaalbewurking (koper), it tsjil en it skrift.

De âldste koperfynsten binne fan ± 5000 f.Kr. yn Anatoalje (Turkije). Dêrom wurdt it lêste part fan de jonge stientiid ek wol de kopertiid neamd.

Paleolitikum

It Paleolitikum of de âlde stientiid (fan it âldgryksk: paleo = âld, lithos = stien) is it tiidrek fan it ûntstean en de evolúsje fan de earste minskeftigen en har materiele kultuer. Dizze perioade begjint mei it ûntstean fan de Homo habilis, sa'n twa en in heal miljoen jier lyn en einiget mei it begjin fan it mesolitikum, achttûzen jier lyn.

Pleistoseen

It Pleistoseen (foarhinne ek wol diluvium neamd) is in tiidrek yn de skiednis fan de ierde tusken 1,64 miljoen jier en 10.000 jier ferlyn. Dat tiidsrek makket diel út fan it Senozoïkum en is de tiid fan de grutte iistiden. Grutte parten fan de ierde gongen doe skûl ûnder in tsjok pak iis. It is noch net hielendal dúdlik hoe't de iistiden ûntstien binne.

De geologen hawwe op it noardlik healrûn oanwizings fûn fan fjouwer iistiiden, allegearre yn it Pleistosene tiidsrek. De lêste duorre oant likernôch 8000 f.Kr., wat noch net sa hiel lang lyn is. De tiid dêrnei wurdt it Holoseen neamd.

Tidens it Pleistoseen ferskynt ek de minske op ierde.

Skipswrak

In skipswrak is it oerskot fan in sonken skip dat net langer brûkt wurde kin. Skipswrakken lizze betiden by de kust lâns, en lizze meastentiids ûnder wetter.

Trijeperioadesysteem

It trijeperioadesysteem waard tusken 1820 en 1830 betocht troch Christian Jürgensen Thomsen en yn 1836 (anonym) publisearre. It wie de earste kear dat besocht waard om de prehistoaryske fynsten systematysk te oarderjen troch se op te dielen yn trije haadperioades: de izertiid, brûnstiid en stientiid, op basis fan de ûnderstelling dat minsken gjin stienen ark brûke soene as se brûnzen hiene, en dat se gjin brûnzen ark brûke soene as se izeren ark hiene. Dizze ûnderstelling betsjutte dat de progresje kronologysk ferklearre wurde koe. Mar ek Johann Friedrich Danneil publisearre dat jier in Allgemeinbericht wêryn't hy ek in trijedieling fan de prehistoarje útstelde. Dit late ta fûle strideraasje tusken Dútske en Deenske gelearden, dy't lykwols benammen politike motiven hienen. Ien en oar kulminearre net tafallich yn de Deensk-Dútske Oarloch fan 1864.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.