Steat

In steat of lân is in troch in algemien gesach regearre folksmienskip mei harren gebiet, dy't sjoen wurdt as in rjochtspersoan.

Skaaimerken

In steat hat in oantal skaaimerken dy't in steat beskriuwe:

  • De steat hat in homogene groep fan minsken;
  • dy groep minsken bewennet in gebiet dat mei grinzen oan te jaan is, in lân;
  • oer de befolking fan dat lân wurdt op in bepaalde wize macht útoefene;
  • en dizze steat wurdt troch oare steaten erkend.

Steaten dy't organisearre binne as rjochtssteat hawwe in Grûnwet. In grûnwet jout oan hokker organen in steat hat en hoe't de macht fan de steat dêroer ferdield is. Ek steane yn in grûnwet de grûnrjochten dy't eltse boarger takomme. In grûnwet is lykwols gjin konstitutyf elemint foar in steat.

Bestjoer

De Nederlânske steat hat ferskate lagen fan bestjoer. De steat bestiet út ferskate organen dy't wichtige saken op sintraal nivo regelje. Op regionaal nivo wurdt de steat foarme troch meardere provinsjes en op noch lytser nivo troch gemeenten. Formeel is de keninginne haad fan de steat.

It deistich bestjoer fan de steat leit by it regear, dat bestiet út de premier mei ministers. It regear wurdt kontrolearre troch de folksfertsjintwurdiging, yn Nederlân de Twadde Keamer (it parlemint) en Earste Keamer (de senaat).

2012

2012 is in skrikkeljier dat begjint mei in snein. (Gregoriaanske kalinder foar 2012.)

Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2010-er jierren.

2013

2013 is in gewoan jier dat begjint mei in tiisdei. (Gregoriaanske kalinder foar 2013.)

Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2010-er jierren.

2014

2014 is in gewoan jier dat begjint mei in woansdei. (Gregoriaanske kalinder foar 2014.)

Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2010-er jierren.

2015

2015 is in gewoan jier dat begjint mei in tongersdei. (Gregoriaanske kalinder foar 2015.)

Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2010-er jierren.

Amerikaanske steaten

De Amerikaanske steaten binne de fyftich Feriene Steaten fan Amearika, dy't foar in grut part ûnôfhinklik opereare fan de Amerikaanske federale oerheid.

Austraalje (lân)

Austraalje (Ingelsk: Australia), offisjeel it Mienebêst Austraalje (Commonwealth of Australia), is in lân dat it hiele kontinint Austraalje beslacht, mei dêropta noch in grut tal oer it algemien lytse eilannen yn 'e seeën deromhinne. It is fierwei it grutste lân fan it wrâlddiel Oseaanje, sawol kwa lânmassa as wat ynwennertal oanbelanget. Neffens in skatting út 2014 hie Austraalje doe in befolking fan goed 23,5 miljoen minsken. Foar't it yn 1901 ûnôfhinklik waard, bestie Austraalje út in seistal ûnderskate Britske koloanjes. Tsjintwurdich is it in heech ûntwikkele lân dat ien fan 'e wichtichste dielen fan 'e Angelsaksyske wrâld foarmet. It hat de demokratyske steatsfoarm fan in federale parlemintêre konstitúsjonele monargy, mei de Britske keninginne Elizabeth II oan it haad.

Eilân

In eilân (ei betsjut wetter) is in lânoerflakte dy't oan alle siden troch wetter omklamd is, mar lytser is as in kontinint en grutter as in rots of in plaat. It grutste eilân fan de wrâld is Grienlân.

Foar de Waadsee jildt dat in oanwaaksende plaat earst eilân neamd wurde mei at dy minimaal 160 hektare grut is by trochstrings heech wetter, en troch de see dan net mear oerspield wurdt.

Guon eilannen binne in selstannige steat, bygelyks Kuba, Yslân, en Madagaskar. Oaren hawwe mear as ien steat, lykas Borneo en Hispaniola. Austraalje wurdt net as eilân, mar as kontinint beskôge.

Feriene Steaten

De Feriene Steaten fan Amearika (FS, USA) is in Noardamerikaansk lân, besteande út in federaasje fan 50 steaten. De haadstêd is Washington, D.C., de grutste stêd is New York City. De Feriene Steaten is nei Kanada en Ruslân de tredgrutste steat fan de wrâld wat grûngebiet oangiet. Neffens ynwennertal is de Feriene Steaten nei Sina en Yndia ek it tredgrutste lân fan de wrâld. It Ingelsk is de grutste taal fan de Feriene Steaten en yn de measte steaten ek erkend as offisjele taal.

De skiednis fan de Feriene Steaten as lân begjint mei de trettjin kolony's dy't har yn 1776 ûnôfhinklik ferklearren fan Grut-Brittanje. Troch útwreiding fan it steatsgebiet nei it westen ta en in trochgeande ymmigraasje út Jeropa wei waard de Feriene Steaten yn de 19e iuw in lân fan betsjutting yn 'e wrâld. Yn 1945 wie de Feriene Steaten it earste lân op de wrâld mei in atoomwapen. De Feriene Steaten is permanint lid fan de FN feiligensried en is oprjochtingslid fan de NAFO. Nei de ein fan de Kâlde Kriich is de Feriene Steaten de iennichst oerbleaune supermacht. De presidint fan de Feriene Steaten is sûnt 20 jannewaris 2017 Donald J. Trump.

Haadstêd

De haadstêd fan in lân, steat, provinsje of gemeente is in stêd yn dat gebiet dy't op ien of oare wize de wichtichste stêd is. Meast is dat om't dêr de sit fan it regear is, mar der kin ek in oare reden wêze. Amsterdam is bygelyks haadstêd fan Nederlân om't dêr de keningen ynhuldige wurde. It is faak sa dat de haadstêd ek de grutste stêd is, mar ek dat hoecht net altyd sa te wêzen.

As it wichtichste plak gjin stêd is, wat fral by gemeenten faak sa is, dan is dat gjin haadstêd mar in haadplak.

Israel

Israel (Hebriuwsk: מדינת ישראל "Medinat Jisra'el", Arabysk: دولة إسرائيل "Daulat Isrā'īl") is in lan yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Jeruzalem en de president fan de republyk is sûnt 2014 Reuven Rivlin.

Itaalje

Itaalje, sûnt 1946 offisjeel de Italjaanske Republyk, is in lân yn Súd-Jeropa. De haadstêd is Rome en de presidint fan de republyk is sûnt 2015 Sergio Mattarella.

Itaalje wurdt begrinzge troch:

Switserlân en Eastenryk yn it noarden;

Sloveenje en de Adriatyske See yn it easten;

Middellânske See yn it suden;

Frankryk yn it westen.

Japan

Japan, sûnt 1947 offisjeel de Steat Japan, is in lân yn East-Aazje. De haadstêd is Tokio en de keizer fan de parlemintêre monargy is sûnt 2019 Naruhito. It lân wurdt ek wolris "it lân fan 'e opkommende sinne" neamd en is ferneamd om û.o. syn auto's en de Pokémonraazje.

Kalifornje

Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Kalifornje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Kalifornje (betsjuttingsside).Kalifornje of Kalifornië (Ingelsk: California; útspr.: [kælə'fɔ:ɹɲə], likernôch "kellefôrnje"), offisjeel de Steat Kalifornje (Ingelsk: State of California), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Kalifornje, byneamd de Golden State (fanwegen de Kalifornyske Goudkoarts fan 1849), leit yn it westen fan it lân, oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan. De haadstêd is Sacramento, mar de grutste stêd is Los Angeles. Oare grutte stêden binne San Diego, San Jose en San Fransisko. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 38,8 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de grutste steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Kalifornje mei 423.970 km² de trêde steat, nei Alaska en Teksas. Kalifornje stiet bekend om syn mylde klimaat en om 'e filmyndustry fan Hollywood.

Lân

In lân is it gebiet fan in naasje. As it lân ek in steat is wurde de grinzen fan it lân brûkt as de grinzen foar de jildigens fan wetten. Kulturele aktiviteiten en sport wurde faak op basis fan lân organisearre. Sa hat bygelyks elts lân in eigen nasjonaal olympysk kommitee.

Montana

Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Montana. Foar oare betsjuttings, sjoch: Montana (betsjuttingsside).Montana (Ingelsk: Montana; útspr.: [mɒn'tænə], likernôch "m'ntêne"), offisjeel de Steat Montana (Ingelsk: State of Montana), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Montana, byneamd de Treasure State, leit yn it noardwestlike part fan it lân, tsjin 'e Kanadeeske grins oan. De haadstêd is Helena, mar de grutste stêd is Billings. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe rom 1 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 44e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Montana mei krapoan 381.000 km² de 4e steat, nei Alaska, Teksas en Kalifornje. Montana stiet bekend om syn natoerskientme en syn histoaryske lokaasjes.

New York (steat)

New York is in steat yn de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Albany. De grutste stêd is lykwols New York, dat ek de grutste stêd is fan de hiele Feriene Steaten.

New York (stêd)

De stêd New York, of New York City (offisjeel City of New York), en byneamd The Big Apple, is de grutste stêd fan de Feriene Steaten fan Amearika en leit yn de steat New York. De stêd is in sintrum fan ynternasjonale hannel, polityk, kommunikaasje, muzyk, moade en kultuer. Mei in grut tal goede museums, galeryen, poadia, media, ynternasjonale koöperaasjes en gruthannels is New York, njonken, Londen, Parys en Tokio, ien fan de fjouwer wichtichste stêden op 'e wrâld.

Oarloch

Oarloch of kriich is in wapene striid tusken folken of steaten. As etnyske of religieuze groepen binnen deselde steat mei inoar in wapene striid fiere is sprake fan in boargeroarloch. Men sprekt fan in wrâldoarloch as in mearderheid fan de grutste en sterkste lannen oer de hiele wrâld by de oarloch belutsen is. Oarloggen tusken steaten ûnderling binne tsjintwurdich seldsum.

Foar oarloch oer stiet frede, in tastân wêryn alle folken en naasjes elkoars bestean respektearje en sels wurdearje. Tusken oarloch en frede besteane in soad tuskenfoarmen, lykas de Kâlde Kriich of de wapenstilstân.

Fan begjin ôf oan is oarloch fiere al bûn oan wetten en regleminten, al binne dy yn de rin fan de tiid wol feroare. Der is benammen in soad neitocht oer de rjochtfeardiging fan in oarloch. Sûnt 1945 is neffens it ynternasjonaal rjocht it sûnder mis fieren fan in oarloch gjin rjochtfeardich middel mear foar it oplossen fan konflikten. Pas as alle diplomatike middels brûkt binne kin besluten wurde ta de ynset fan wapene middels.

Undanks alle ynternasjonale wetjouwing, wurde noch alle dagen in soad konflikten mei wapens útfjochte, sûnder dat alle diplomatike middels hielendal brûkt binne. Om de definysje 'oarloch' te omsilen wurdt almeast eufemistysk sprutsen fan 'in wapene konflikt'.

Washington (steat)

Washington is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Olympia.

De steat Washington, dy't oan de westkust fan de FS leit, wurdt somtiids betize mei de Amerikaanske haadstêd Washington, dy't ticht by de eastkust leit.

Yndiaaske kalinder

De Yndiaaske nasjonale kalinder (wurdt ek Saka-kalinder neamd) is sûnt 1957 de offisjele kalinder fan de steat Yndia.

Dy kalinder wurdt mei de Gregoriaanske kalinder brûkt. De Saka-kalinder is net itselde as de Hindoe kalinder

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.