Skaai (taksonomy)

In skaai is it earste part fan de binomale nomenklatuer; it is yn de taksonomy it sechde nivo fan taksa. Boppe it skaai komt it nivo fan de famylje; ûnder it skaai komt it nivo fan de soarte.

In skaai omfet ien as mear soarten. In skaai mei mar ien soarte hjit in monotypysk skaai. Foar presyzere oantsjutting fan de sibskip op dit nivo wurdt it fierder opdield yn boppeskaaien, skaaien en ûnderskaaien. By Linnaeus hjit dit nivo yn it Latyn Genus.

It tal fan skaaien is grut, mar dochs moatte de nammen fan alle skaai fan ien ryk ferskillemd wêze, dat de binomale nomenklatuer genôch is foar de ydentifikaasje fan in soarte. Lykwols hoecht de namme fan in skaai net unyk te wêzen foar hiel de taksonomy. Bygelyks, Aotus is de namme foar it skaai fan de Nachtapen, mar ek foar it skaai fan de Gouden Earten.

Flearen (skaai)

De Flearen (Sambucus) is in skaai fan hurdgroeiende strûken of lytse beammen.

Ierdappelplanten (skaai)

Ierdappelplanten (Solanum) is in skaai fan planten yn de ierdappelfamylje (Solanaceae).

It skaai is mei 1500-1700 ferskillende soarten it grutste skaai yn de ierdappelfamylje. Yn de regel binne de soarten krûdeftich, faak rankjend of klimmend. In soad soarten komme yn de tropen foar, mar in tal komt ek yn tuskenbeide klimaten foar. Yn de tropen binne it gauris struken en sels oant 6 meter hege 'beammen'.

Bekende kultuergewaaksen yn it skaai binne de ierdappel (Solanum tuberosum), de auberzjine (Solanum melongena) en de tomaat (Solanum lycopersicum). Dy lêste wie foarhinne by it skaai Lycopersicon yndield, mar wurdt no as lid fan de ierappelfamylje sjoen.

Allinnich bitterswiet (Solanum dulcamara) en swarte huningbei (Solanum nigrum) hearre by de ynheemske floara fan Fryslân.

Papsûger (skaai)

Papsûger (Lonicera), of ek wol kamperfoelje, is in skaai fan klimplanten dat yn Jeropa, Sina, noardeastlik Aazje en yn de Feriene Steaten foarkomt. De plant heart ta de famylje fan de papsûgers (Caprifoliaceae). Hy wynt him om oare planten en beammen hinne.

De blommen hawwe benammen jûns in sterke swiete rook. Se binne der in ferskate kleuren, in soad foarkommend is de rôze-reade en giel-wite foarm. Kamperfoelje is frij maklik te fermearderjen út simmer- of winterstek. Yn it Frysk wurdt dit planteskaai behalven papsûgers ek wol de kamperfoelje, klapsûgers, stjonkblommen of tateblommen neamd. It skaai krige syn Latynske namme fan de Dútske natuerhistorikus Johann Lonitzer.

Klimmende soarten

Lonicera caprifolium - gewoane kamperfoelje

Lonicera japonica

Lonicera periclymenum - wylde kamperfoelje of papsûger

Lonicera sempervirens

Lonicera ×heckrotti (krusing americana mei sempervirens)

Wintergriene strûken

Lonicera fragrantissima

Lonicera nitida - Sineeske kamperfoelje

Lonicera pileata

Lonicera korolkowii

Lonicera ledebourii

Lonicera maackii

Lonicera morrowii

Lonicera tatarica

Lonicera xylosteum - reade papsûger

Lonicera syringantha (var. wolfii)

Lonicera ×purpusii (krusing standishii mei fragrantissima

Skaai

"Skaai" hat yn de Wikipedy ferskate betsjuttings:

skaai (soarte), in slach minsken, bisten, planten of dingen mei likernôch deselde skaaimerken

skaai (famylje), in minsklike famylje of jins komôf

skaai (taksonomy), in taksonomyske rang

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.