Salomo

Salomo (Hebriuwsk: שְׁלֹמֹה; ek: Jedidiah) wie neffens de Bibel (1 en 2 Keningen en 1 en 2 Kroniken) in wize kening fan Israel. Salomo wie de twadde soan fan kening David en Batsjêba. Alhoewol't Salomo net as earste rjocht op de troan hie, folge Salomo mei help fan de profeet Natan en Batsjêba syn heit David op. It regear fan Salomo fûn plak yn de perioade 970 oan 931 foar Kristus. De kening regearde oer it Feriene Keninkryk fan Israel, dat nei syn dea yn twaën opdield waard: it noardlike keninkryk Israel en it súdlike diel Juda.

Groslay Saint-Martin110534
Ofbyld fan kening Salomo op in glês-yn-lead finster

De wiisheid fan Salomo

Luca Giordano - Dream of Solomon - WGA09004
De noch jonge Salomo kriget in dream (Luca Giordano, 1693)
'The Visit of the Queen of Sheba to King Solomon', oil on canvas painting by Edward Poynter, 1890, Art Gallery of New South Wales
De besite fan de keninginne fan Skeba oan kening Salomo (Edward Poynter, 1890, Art Gallery of New South Wales, Sydney
Tissot Solomon Dedicates the Temple at Jerusalem
De wijding fan de nije timpel troch kening Salomo (James Tissot)
Solomon's Sin
Salomo makket him skuldich oan it offerjen oan frjemde goaden

De wiisheid fan Salomo wie sprekwurdlik. Dy eigenskip krige Salomo fan God nei't er nei Gibeön gyng om te offerjen oan de Heare. Yn de nacht neidat de noch jonge kening offere hie, ferskynde God him yn in dream mei de fraach wat God him jaan koe. Salomo frege God om in opmerksum hert, sadat er goed rjochtsprekke koe en it goede fan it kweade ûnderskiede koe. Om't Salomo neat foar himsels frege en it antwurd de Heare befoel, waard Salomo net allinnich beleanne mei de wiisheid dy't hy frege, mar ek mei rykdom en oansjen. En mear as dat: at Salomo libje soe neffens God's geboaden soe er ek segene wurde mei in hege âldens.

Ien fan de bekendste foarbylden fan Salomo's wiisheid is miskien wol it oardiel dat er joech, doe't twa tsierende froulju foar him ferskynden. Beide froulju hiene in lytse poppe, mar ien dêrfan wie ferstoarn wylst de oare noch libbe. De twa froulju easken it noch libbene bern op as wie it harres. Salomo hiet doe om in swurd, dan koe in soldaat it noch libbene bern trochmidden snije en alle beide froulje in helte jaan. De test fan Salomo slagge: de iene frou fûn it in moaie oplossing fan it skeel en sei "lit it mines noch dines wêze en snij it mar midstwa", mar de echte mem woe fansels net heal hawwe dat har bern dea makke waard en smeke de kening om de poppe dan mar wei te jaan.

Salomo syn wiisheid die ek bliken út it tal spreuken en lieten fan syn hân. Tradisjoneel wurde de bibelboeken Spreuken, Preker, Heechliet en it apokryfe boek Wysheid fan Salomo oan Salomo taskreaun.

De froulju fan Salomo

Neffens de Skrift hie Salomo 700 froulju en 300 byfroulju. Salomo hie Moabityske, Ammonityske, Sidoanyske, Edomityske en Hetityske froulju en sels in dochter fan de farao. De iennige frou dy't by namme neamd wurd is Naäma, in Ammonityske. Hja wie de mem fan Salomo's opfolger Rechabeäm. Salomo regearde it lân mei in foar dy tiid grutte ferdraachsumens en syn froulju mochten harren goaden yn eigen timpels fereare.

De keninginne fan Skeba

De rom fan Salomo rôp fier, sa fier dat sels de keninginne fan Skeba nijsgjirrich waard en út it fiere Etioopje mei in lange karavaan beladen mei goud, krûderijen en ealstiennen nei Salomo teach. De rykdom en de wiisheid fan Salomo en syn hiele entoeraazje makke in djippe yndruk op de keninginne en ferheard stelde hja fêst dat alles noch folle ymposanter wie dan hja tocht hie. De keninginne joech alle lof oan de God fan de Israeliten, dy't it lân mei sa'n wize en rjochtfeardige kening segene hie en Salomo fan syn kant joech de keninginne alles wat hja begearde (1 Keningen 10).

Etiopyske kristenen leauwe dat de keninginne fan Skeba swier rekke fan Salomo en in soan krige dy't de namme fan Menelik krige. Yn'e âldens fan tweintich jier soe Menelik nei Jeruzalim west ha en yn'e weromreis nei Etioopje de Arke fan it Ferbûn mei dêryn de stiennen tafels meinommen hat. Menelik bestjoerde in lân dat earst as it Joadske Ryk fan Etioopje en dêrnei it Kristilike ryk fan Etioopje regeard waard, oant keizer Haile Selassie yn 1974 ôfset waard. De arke waard nei Aksum brocht, dêr't in pryster syn libben lang de arke bewake moat.[1]

De timpel

Yn it fjirde jier fan Salomo's regear sette de kening útein met de bou fan de timpel. Syn heit David woe hjir mei begjinne, mar dat stie God net ta. Neffens de Skrift hie it bouwurk in hichte fan 30 jellen en in oerflak fan 60 jellen lang by 20 jellen breed. Earst kaam in foarhûs, dan de timpelromte en dêrnei it allerhillichste. Om de timpel en it hillichdom waard nochris in trije ferdjippings tellend bouwurk tafoege. De tagong waard flankearre troch mânske pylders mei bolfoarmige fersierde kapitelen. Eltse pylder hie in namme: de rjochter Jakin en de linker Boäz. Yn de timpelromte stie op in mei goud beleine flier in gouden alter, de gouden tafel dêr't it toanbrea op lizze moast en tsien gouden ljochters, fiif oan de noardlike kant en fiif oan de súdlike kant. It wie allegear goud dat blonk en foar it allerhillichste liet Salomo twa tsien jellen hege ingels út olivehout meitsje, dy't er mei goud belizze liet. Sân jier wiene de boumasters, de mitselders en keunstners oan it wurk en doe't de timpel klear wie waard de Arke fan it Ferbûn nei it allerhillichste oerbrocht. De arke krige in plak tusken de ingels, dy't wjukken hiene mei in spanwiidte fan tsien jellen (1 Keningen 6-8, 2 Kroniken 4). De timpel bleau likernôch 400 jier stean oant de ferwoastging fan Jeruzalim troch de Babyloaniërs yn 586 foar Kristus en de deportaasje fan de joaden nei Babyloanje.

Kening Salomo liet ek in nij paleis bouwe fan 100 jellen lang, 50 jellen breed en 30 jellen heech. Fanwegen de stilen en pylders fan sederhout waard it paleis ek wol it Wâld fan Libanon neamd. De bou hjirfan duorre 13 jier.

It gefolch fan de Salomo's sûnden

Doe't Salomo âlder waard begûn Salomo ek te bûchjen foar de goaden fan syn froulju, lykas Astarte fan de Sidoaniërs en Milkom fan de Ammoniten. Yn Deuteronomium 17:16-17 stiet dat in kening gjin macht hynders oantuge litte mocht, likemin mocht in kening in soad froulju nimme en ek it garjen fan in protte sulver en goud wie ferbean. Salomo die dit alles tsjin God's gebod yn. It wie yn de eagen fan God in griis en God hie by de twadde ferskining oan Salomo nei de ynwijing fan de timpel noch sa dúdlik warskôge dat Israël net sparre wurde soe as God's geboaden en foarskriften net neilibbe waarden en oare goaden tsjinne waarden (1 Keningen 9:6-9). Benammen doe't Salomo ek offerhichten foar de frjemde goaden bouwe liet helle Salomo de grime fan God oer him hinne. God foarsei Salomo doe dat syn ryk útinoar falle soe en syn soan allinnich Juda erve soe.

De dea fan Salomo

Kening Salomo wie fjirtich jier kening fan Israel doe't er stoar. Hy waard yn Jeruzalim by syn heit beïerdige (1 Keningen 11:42-43). Syn soan Rechabeäm folge him op, mar tsien stammen fan Israel wegerje him as kening. Der ûntstiet twaspjalt en it Feriene Keninkryk wurdt út inoar skoard yn it noardlik diel ûnder Jerobeäm (it Tsienstammeryk) en it folle lytsere súdlike diel ûnder Rechabeäm. De twa keninkriken soene nea wer feriene wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bibelboeken 1 en 2 Keningen, 1 en 2 Kroniken


  1. http://www.smithsonianmag.com/people-places/keepers-of-the-lost-ark-179998820/?no-ist
5 Makkabeeërs

5 Makkabeeërs is in algemien as apokryf beskôge joadske religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is inkeld oerlevere yn it Arabysk, en wurdt sadwaande ek wol Arabyske Makkabeeërs of 2 Makkabeeërs (Arabysk) neamd. De oantsjutting "5 Makkabeeërs" waard foar it earst brûkt yn in wittenskiplik artikel út 1832, en is sûnt frij algemien wurden.

Alde Testamint

It Alde Testamint (Latyn: Vetus Testamentum) is de oantsjutting foar in samling religieuze geskriften dy't it earste part fan 'e Bibel foarmje, it hillige boek fan it kristendom en it joadendom. Hoewol't it rûchwei oerienkomt mei de Tenach, de joadske bibel, wurdt de namme "Alde Testamint" inkeld yn 'e kristlike kontekst brûkt, om it te ûnderskieden fan it lettere Nije Testamint. De oarspronklike tekst fan it Alde Testamint wie skreaun yn it Hebriuwsk, útsein guon passaazjes yn 'e boeken Ezra, Jeremia en Daniël, dy't yn it Arameesk wiene. De earste Fryske oersetting fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, kaam út yn 1943.

Boete fan Origenes

De Boete fan Origenes is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in klaachliet dat skreaun wêze soe troch de tsjerkfaar Origenes (±184-±254). It wurdt gauris betize mei Origenes syn geskrift Selecta in Threnos, dat in kommentaar op it sjenre fan 'e klaachlieten is.

Brief oan de Trallessiërs

It Brief oan de Trallessiërs is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is ien fan 'e brieven fan 'e tsjerkfaar Ignatius fan Antiochië, en waard oan it begjin fan 'e twadde iuw skreaun oan 'e kristlike gemeente yn 'e stêd Tralles (it hjoeddeiske Aydın), yn westlik Lyts-Aazje.

It brief giet grutdiels oer de weropstanning fan Jezus, en liket fierhinne bedoeld te wêzen om 'e dwaallear fan it dosetisme te bestriden, dy't úthold dat Jezus inkeld geastlik út 'e dea opstien wie, en net fysyk.

Ester (Gryksk)

Ester (Gryksk) is de oantsjutting foar de Gryksktalige tafoegings oan 'e oarspronklike Hebriuwske tekst fan Ester, in boek út sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach en yn it Alde Testamint fan 'e Bibel sa't dat yn gebrûk is ûnder de protestantske denominaasjes stiet inkeld de oarspronklike tekst werjûn, mei't de Grykske tafoegings as apokryf beskôge wurde. De Roomsk-Katolike Tsjerke en de eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse tsjerken erkenne se lykwols àl as kanonyk, en de measte roomske en eastersk- en oriïntaalsk-otterdokse bibels hâlde dêrom de gearstalling fan 'e Septuaginta, in iere Grykske bibeloersetting, oan, wat betsjut dat der seis ekstra haadstikken yn 'e oarspronklike tekst fan Ester ynfoege binne. Yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978 wurdt Ester yn 'e oarspronklike foarm werjûn en steane de Grykske tafoegings fermeld by de apokrife boeken ûnder de titel Ester (Gryksk).

Evangeelje fan Bartoloméus

It Evangeelje fan Bartoloméus is in missende en algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel.

It wurdt neamd yn ferskate ier-kristlike boarnen, mar is fierders ûnbekend. It hat wol kâns dat it ferlern gien is, mar it soe ek wêze kinne dat it in alternative namme is foar ien fan beide teksten dy't hjoed de dei bekendsteane as de Fragen fan Bartoloméus of de Weropstanning fan Jezus Kristus (troch Bartoloméus).

Evangeelje fan Mattias

It Evangeelje fan Mattias is in ferlern giene, algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It wie nei alle gedachten in pseudepigrafysk geskrift, dat taskreaun waard oan 'e apostel Mattias (dy't nei de himelfeart fan Jezus Kristus keazen waard om 'e ferrieder Judas Iskariot te ferfangen; sjoch: Hannelingen fan de Apostels 1:15-26).

It Evangeelje fan Mattias wurdt neamd yn 'e wurken fan tsjerkfaars (wêrûnder Klemins fan Aleksandrië, Origenes, Hieronymus fan Stridon en Eusebius), mar is net oerlevere. Der bestiet te min bewiismateriaal om útmeitsje te kinnen oft de krektlyk ferlern giene Tradysjes fan Mattias ien en deselde tekst wie of net.

Evangeelje fan Petrus

It Evangeelje fan Petrus is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. Oars as de measte net-kanonike evangeeljes is it gjin gnostyske tekst. Wol is it in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e apostel Petrus, dat eins it wurk is fan in anonym skriuwer, en dat nei gedachten datearre wurde moat omtrint it jier 190.

Gebed fan Salomo

It Gebed fan Salomo is in algemien as apokryf beskôge joadske religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is basearre op 'e bibelpassaazje 1 Keningen 8:22-52, wêryn't in gebed fan 'e Israelityske kening Salomo beskreaun wurdt. Neffens 1 Keningen moat dit gebed útsprutsen wêze steande foar it alter en yn it bywêzen fan "de hiele gemeente fan Israel", ta gelegenheid fan 'e ynwijing fan 'e (earste) Timpel fan Jeruzalim. In selsstannich foarkommende, justjes ynkoarte ferzje fan dit gebed wurdt yn guon Latynsktalige bibels as haadstik 52 taheakke oan it deuterokanonike bibelboek Jezus Sirach. Inkeld wurdt it ek wol as in apart bibelboek tafoege drekt folgjend op Jezus Sirach. It Gebed fan Salomo is in lofsang op God, wêrby't dy tanke wurdt foar de tagedienens dy't er it Israelityske folk toand hat. It is ûnwierskynlik dat it echt troch kening Salomo skreaun is.

Gryksk Evangeelje fan de Egyptners

It Grykske Evangeelje fan de Egyptners wie in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It wie ien fan 'e gnostyske evangeeljes. De titel is in modernenien, dy't ôflaat is fan 'e begjinregel. It moat net betize wurde mei it Koptyske Evangeelje fan de Egyptners, dat in hiel oare tekst is.

Hanneling fan Petrus

De Hanneling fan Petrus (net te betiizjen mei de Hannelingen fan Petrus, dat in hiele oare tekst is), is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in koart geskrift dat oerlevere is yn 'e fyfde-iuwske Codex Berolinensis.

It Libben fan Jehannes de Doper

It Libben fan Jehannes de Doper is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. Sa't de titel al oanjout, is it in hilligelibben oer de kristlike profeet Jehannes de Doper, dat yn it Gryksk skreaun wêze soe troch Serapion, de biskop fan Thmuis (yn Egypte), omtrint it jier 390.

Jeruzalim

Jeruzalim (Hebriuwsk: ירושלים Jeroesjalajim, Arabysk: القدس al-Qoeds), is de haadstêd fan de tsjintwurdige steat Israel en is al tsientallen iuwen âld.

Yn de Bibel komt de namme it earst foar yn it boek Jozua; as de earste Israelyske kening David de stêd oermasteret op de Jebusiten en er syn troan fêstiget. Syn opfolger Salomo lit er de timpel bouwe.

Nei de ferwoasting troch de Romeinen yn it jier 70 krige de stêd in oare namme, mar bleau lykwols yn de tinzen hingjen fan de Joaden dy't oer de wrâld ferspraat wienen en hopen ris in kear werom te kommen. Troch de Romeinen waard ek de timpel ferwoaste. It iene dat der fan stean bleau wie in part fan de Westlike muorre, dat no bekend stiet as de Kleimuorre.

Yn 614 waard de stêd opnij ferwoaste, diskear troch de Perzen en yn 637 kaam de stêd ûnder Islamitysk bewâld. Yn it Arabysk is de stêd bekend as Al-Quds. De krúsfarders feroveren yn 1099 de stêd en rjochten in ferskuorrende moarderij oan ûnder de Joaden en Moslims dy't dêr wennen. Tusken 1517 en 1917 wie de stêd part fan it Osmaanske Ryk, dêr't de Britten nei de stêd besetten.

Yn 1948, by de stifting fan Israel, waard Jeruzalem (alteast it nije part dêrfan) ta haadstêd makke fan de nije steat en foege de Alde stêd deroan ta nei de Seisdeiske Oarloch yn 1967, dy't derfoar yn hannen wie fan Jordaanje. Dizze anneksaasje is lykwols ynternasjonaal net erkend en noch hieltyd swier omstriden omdat it yn striid is mei resolúsje 242 fan de feilichheidsried.

Jezus Sirach

Jezus Sirach, yn it Hebriuwsk: יהושע בן סירעכ, Yěhošua ben Siraḵ, ek wol bekend as de Wysheid fan Jezus Sirach, is in deuterokanonyk of apokryf boek fan 'e Bibel. Gjin inkele streaming fan it joadendom erkent it as kanonyk, en it heart dus net ta de joadske Tenach, al wurdt der yn 'e Talmoed gauris nei ferwiisd. Wat it kristendom oanbelanget, wurdt Jezus Sirach troch alle protestantske tsjerken as apokryf beskôge. Allinne de Anglikaanske Tsjerke lit it as regel ôfprintsje yn syn bibels, mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e bibels fan oare protestantske denominaasjes wurdt it soms (mar lang net altyd) ek wol werjûn as nuttige mar opsjonele taheakke oan it Alde Testamint. Dat is bgl. it gefal yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978, wêryn't it as fjirde fan tolve apokrife bylagen tafoege is.

De Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, rekkenet Jezus Sirach wol deeglik ta de kanon. Yn roomske bibels makket it sadwaande gewoan ûnderdiel út fan it Alde Testamint, en folget it mei de Wysheid fan Salomo, in oar deuterokanonyk boek, op it Heechliet. Itselde is it gefal yn 'e kanons fan 'e eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse tsjerken (lykas de Gryksk-Otterdokse, de Russysk-Otterdokse, de Georgysk-Otterdokse, de Armeensk-Otterdokse, de Syrysk-Otterdokse, de Etiopysk-Otterdokse en de Koptyske Tsjerke).

Jezus Sirach is in boek fan dichterlike wiisheid, dat yn it earste fearn fan 'e twadde iuw f.Kr. te Jeruzalim skreaun waard troch de Joadske klerk Jozua ben Sirach. De oarspronklike tekst wie frijwol wis yn it Hebriuwsk steld, mar is net bewarre bleaun. Wol binne der ferskate lettere Hebriuwsktalige ferzjes oerlevere. Neitiid waard it oerset yn it Gryksk troch de pakesizzer fan 'e skriuwer, dy't teffens in prolooch tafoege dêr't er yn fernijt dat er yn 132 f.Kr. nei Egypte ta ferfearn is.

Noäch (boek)

Noäch is in ferlern giene en algemien as apokryf beskôge joadske religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel.

It wie in pseudepigraaf ûnder de namme fan 'e bibelske persoan Noäch, dy't inkeld oerlevere is troch sitaten yn 'e apokrife teksten Henoch en Jubileeën, en yn 'e foarm fan in stikmannich fragminten dy't healwei de tweintichste iuw mank de Deade-Seerôlen te Qumran fûn binne: 21 koarte fragmintsjes út Grot 1 en twa langere fragminten út Grot 4.

Ut alle oerlevere fragminten mei-inoar is lykwols net mei wissichheid op te meitsjen wêr't Noäch persiis oer gie, wa't de wiere skriuwer wie of wannear't it datearre wurde moat.

Psalmen fan Salomo

De Psalmen fan Salomo is de oantsjutting foar in groep fan achttjin apokrife psalmen (religieuze hymnen of gedichten) dy't gjin ûnderdiel útmeitsje fan 'e bibelske Psalmen. Sterker noch, se hearre ta gjin inkele kanon, noch wurde se troch lykfol hokker kristlike of joadske streaming erkend as kanonyk. Lykwols wurde se, yn 'e foarm fan in apokrife taheakke, wol ôfprinte yn guon moderne edysjes fan 'e Septuaginta en de Peshitta. De santjinde fan 'e achttjin Psalmen fan Salomo is de bibelske Psalm 72 net wanlyk; mei't Psalm 72 oan 'e Israelityske kening Salomo taskreaun wurdt, is dat miskien de reden dat de Psalmen fan Salomo harren namme krigen hawwe. In oare teory is dat dizze psalmen yn sa'n heech oansjen stiene dat de namme fan Salomo dermei ferbûn waard om se foar de ferjitnis te behoedzjen.

De Psalmen fan Salomo waard nei ferwiisd yn ier-kristlike teksten, mar men naam oan dat se ferlern gien wiene, oant der yn 'e santjinde iuw in Gryksk manuskript fan fûn waard. Sûnt binne der noch sân oare hânskriften fan 'e Psalmen fan Salomo boppe wetter kommen, allegearre skreaun yn it Gryksk en datearjend fan 'e alfde oant de fyftjinde iuw. It binne nei alle gedachten oersettings fan in ferlern gien Hebriuwsk of Arameesk orizjineel út 'e earste of twadde iuw f.Kr. Hoewol't se no ien samling foarmje, bestiene se oarspronklik los faninoar, en binne se skreaun troch ferskillende dichters yn ferskillende perioaden.

Yn polityk opsjoch binne de Psalmen fan Salomo anty-Makkabeesk, en guon fan 'e psalmen litte dúdlik blike har bewust te wêzen fan 'e Romeinske ferovering fan Jeruzalim troch Pompejus, yn 63 f.Kr. Dêrby wurdt dy Romeinske generaal yn oerdrachtlike sin útbylde as in draak dy't troch God stjoerd is om 'e Makkabeeërs (de doetiidske lânseigen dynasty fan Judeä) te straffen. Guon fan 'e psalmen ferkundigje ek in messianistysk boadskip (sij it yn 'e joadske sin, wêrby't it dúdlik giet om in troch God stjoerd en ûnderstipe minske ynstee fan it kristlike byld fan 'e Soan fan God). Mar foar it meastepart hawwe de Psalmen fan Salomo minder mei de widere wrâld fan dwaan, as dat se har beheine ta it yndividuële hâlden en dragen fan 'e leauwende, en dêrby drage se út dat boete dwaan foar ûnbedoelde sûnden in effektive manear is om Gods tagedienens werom te winnen.

Bibelwittenskippers en teologen hawwe besocht om 'e Psalmen fan Salomo yn ferbân te bringen mei sawol de essenen fan Qumran, dy't harsels ôfkearden fan wat hja seagen as in kweade wrâld, as de fariseeërs, in faksje fan 'e joadske skriftlearden dy't him ôfsette tsjin 'e sadduseeërs, dy't krekt oanhingers fan 'e Makkabeeërs wiene.

Testamint fan Adam

It Testamint fan Adam is in algemien as apokryf beskôge, kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan Adam, de earste minske, dat oerlevere is yn it Syrysk en it Arabysk.

It ierste bewarre bleaune manuskript komt út 'e sechsde iuw, mar de tekst op himsels moat datearre wurde yn 'e fjirde iuw, en is wierskynlik oarspronklik ôfkomstich út 'e stêd Edessa, yn noardlik Mesopotaamje.

Neffens it Testamint fan Adam sels binne yn it geskrift Adam syn lêste wurden fêstlein, dy't er spriek ta syn soan Set, yn 'e foarm fan in gebed, folge troch profesijen oer de Sûndfloed en de komst fan 'e messias Jezus Kristus.

Testamint fan Jakob

It Testamint fan Jakob is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel, yn 'e foarm fan in pseudepigraaf ûnder de namme fan 'e aartsfaar Jakob. It wurdt gauris behannele as in ûnderdiel fan in soarte fan trilogy mei as de oare beide dielen it Testamint fan Abraham en it Testamint fan Izaäk, mar der bestiet gjin reden om oan te nimmen dat de anonime skriuwer fan it Testamint fan Jakob ek ferantwurdlik wie foar dy beide oare geskriften. It is noch net fêststeld wannear't it Testamint fan Jakob krekt datearre wurde moat.

Testamint fan Salomo

It Testamint fan Salomo is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e Israelityske kening Salomo, dat yn wurklikheid skreaun is troch in kristlik auteur, en yn 'e joadske boarnen alhiel net foarkomt. It Testamint fan Salomo beskriuwt hoe't kening Salomo by steat steld waard om 'e Timpel fan Jeruzalim te bouwen troch it gebrûk fan in magyske ring dy't him tabetroud wie troch de aartsingel Michael. It moat nei alle gedachten datearre wurde tusken de earste en de fyfde iuw, mear as in milennium nei de dea fan fan 'e wiere Salomo. Yn it Testamint fan Salomo wurdt de keninginne fan Skeba ôfskildere as in hekse, wat derop tsjut dat de skriuwer him bewust wie fan 'e joadske tradysje wêryn't dat hja krektlyk behannele waard.

Wysheid fan Salomo

De Wysheid fan Salomo, yn it Gryksk: Σοϕια Σολομωντος, Sofia Solomontos, en yn it Hebriuwsk: חכמת שלמה, Ḥoḵma ṯaŠělōmō, is in deuterokanonyk of apokryf boek fan 'e Bibel, dat ek wol koartwei oantsjut wurdt as Wysheid, en dat net betize wurde moat mei de Wysheid fan Jezus Sirach, wat in hiel oar boek is. Gjin inkele streaming fan it joadendom erkent it as kanonyk, en it heart dus net ta de joadske Tenach. Wat it kristendom oanbelanget, wurdt de Wysheid fan Salomo troch alle protestantske tsjerken as apokryf beskôge. Allinne de Anglikaanske Tsjerke lit it as regel ôfprintsje yn syn bibels, mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e bibels fan oare protestantske denominaasjes wurdt it soms (mar lang net altyd) ek wol werjûn as nuttige mar opsjonele taheakke oan it Alde Testamint. Dat is bgl. it gefal yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978, wêryn't it as twadde fan tolve apokrife bylagen tafoege is.

De Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, rekkenet de Wysheid fan Salomo wol deeglik ta de kanon en dêr makket it sadwaande gewoan ûnderdiel út fan it Alde Testamint, en folget it daliks op it Heechliet. Itselde is it gefal yn 'e kanons fan 'e eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse tsjerken (lykas de Gryksk-Otterdokse, de Russysk-Otterdokse, de Georgysk-Otterdokse, de Armeensk-Otterdokse, de Syrysk-Otterdokse, de Etiopysk-Otterdokse en de Koptyske Tsjerke).

De Wysheid fan Salomo is in boek fan dichterlike wiisheid, dat nei alle gedachten oarspronklik skreaun is yn it Aldgryksk, sij it yn in styl dy't basearre wie op Hebriuwsktalige poëzij. Hoewol't nearne yn 'e tekst de skriuwer neamd wurdt, waard it tradisjoneel taskreaun oan 'e Israelityske kening Salomo, fanwegen de wurden: "Jo hawwe my hjitten in timpel te bouwen op 'e hillige berch" (Wysh. 9:8), dy't dúdlik ferwize nei Salomo. Lykwols wie de iere Tsjerke him der yn beskate mjitte al bewust fan Salomo net wurklik de skriuwer wie, en de moderne bibelwittenskip fersmyt dizze tradisjonele taskriuwing alhielendal. Men leaut dat it boek út 'e twadde of earste iuw f.Kr. stammet (yn 'e ynlieding ta it boek dy't de Nije Fryske Bibeloersetting jout, wurdt it jiertal 50 f.Kr. neamd), en skreaun wie troch in anonime auteur dy't mei sin gebrûk makke fan 'e literêre fiksje dat syn tekst fan 'e hân fan kening Salomo wie.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.