Sâlt

  • ien fan de fiif smaken, sjoch sâlt (smaak),
  • sâlten yn de skiekunde, ferbiningen wêrby't de komponinten tsjinsteld laden binne.
  • Spesifike sâlten:
    • fiedingssâlt: keukensâlt of seesâlt,
    • halyt, ek stiensâlt neamd,
    • struisâlt, brûkt foar gledheidsbestriding fan diken,
    • raansâlt, in sâltferbining dy't by it meitsjen fan metalen brûkt wurdt om de metalen te beskermjen tsjin oksidaasje
Utelkoarhâldersside.png
Dit is in betsjuttingsside, bedoeld om ûnderskied te meitsjen tusken ferskillende siden mei de namme Sâlt.

Op dizze side stean koarte beskriuwings fan de ferskate siden, mei keppelings dêrhinne. At jo hjir belâne binne fia in side op de Wikipedy, dan kinne jo dêr de ferwizing nei dizze side oanpasse, dat takomstige lêzers fuort op de goede side telâne komme.

1930

1930 is in gewoan jier dat begjint mei in woansdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1930.)

Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1930-er jierren.

Boarstfergrutting

In boarstfergrutting is in yngreep wêrby't de frouljusboarst operatyf fergrutte wurdt. Dêrfoar wurdt eigen weefsel of keunstmateriaal brûkt om in natuerlik lykjend boarst te meitsjen. Somtiden wurde der ek feroarings oan de spien en de spienhôf oanbrocht. De earste boarstfergruttings waarden yn 1890 útfierd, troch in ynspuitsjen fan dierlik fet (wat lykwols ferskriklike ûntstekkings ta gefolch hawwe koe).

Boarstfergrutting is de lêste tsien jier in populêre yngreep wurden, foaral yn fermiddens fan artysten. Der wurdt ûngelyk oer tocht en út en troch komt de yngreep negatyf yn it nijs fanwege de komplikaasjes dy't der ûntstean kinne. Tsjintwurdich litte manlju ek wolris in keunstmjittige opfolling oanbringe at hja harren boarstspieren better útkomme litte wolle.

Guon artysten hawwe witte litten dat hja tsjin dizze foarm fan plastyske yngrepen binne. Yn Nederlân ha dat ûnder oaren Angela Schijf en Judith Visser west.

Feanterij

Feanterij is it weiheljen fan in feanlaach, wêrby der boulân, greide of wetter oerbliuwt. It dylgjen fan fean wie oantreklik omdat it as brânstof brûkt wurde kin. Yn de Midsiuwen waard út sâltich fean (moer) ek sâlt wûn oant it om wettersteatkundige reden ferbean waard.

Foar it winnen fan dy brânstof, turf, binne yn Fryslân en dêrbûten grutte stikken feangebiet ferfeante. It oanwêzige heechfean en leechfean is op grutte skaal ôfgroeven of fuortbaggele. As de boppeste laach fan heechfean, neamd bolster, fermingd wurdt mei it sân ûnder it ôfgroeven feanpakket, ûntstiet dalgrûn. As leechfean ôfgroeven wurdt, ûntsteane der, troch de hege wetterstân, puollen en marren.

Sûnt de 18e iuw binne in soad Gitersken en minsken út Drintske doarpen nei Fryslân kommen as turfgraver

Grutte Oseaan

De Grutte Oseaan, Stille Oseaan of Pasifyske Oseaan, eartiids Stille Súdsee neamd, is in wrâldsee dy't tusken East-Aazje, Noard- en Súd-Amearika en Austraalje leit. De oseaan grinzet yn it noarden oan de Noardlike Iissee en yn it suden oan de Súdlike Oseaan. De Stille Oseaan is de grutste oseaan op ierde. Dy beslacht in oerflak fan 165,2 miljoen km², koartsein 32% fan it ierdoerflak; mei de seeën om de Stille Oseaan hinne beslacht de wettermassa 35% fan it ierdoerflak.

Himpensermar

De Himpensermar is in polder yn de buert fan it doarp Himpens. It is in grutte polder fan om-ende-by 90 ha. De N31, de autodyk Ljouwert - Drachten trochsnijt de noardein fan de polder. Yn 1784 liet Pieter Soveele mei in tal keaplju in dyk en in ringfeart oanlizze om de mar en der kaam in mânske mole. De mar is yn 1785 drûchmeald en waard fan 1863 oant 1955 bemeald troch de Himpenserpoldermûne. De houten achtkante mole, mei stiennen fjildmuorren en dekt mei reid, stiet ûngefear oardel kilometer benoarden Wergea. Sûnt 1955 bart de bemealling masinaal, letter elektrysk. De polder leit oardel meter djipper as de ringsleat. De nije polder waard yn de begjinjierren brûkt foar it kweken fan koalsied, letter waard it greidlân. Troch it hichteferskil komt der sâlt en grûnwetter ryk oan mineralen omheech. Dêrom groeie dêr bysûndere, sâltminnende planten. De polder waard yn 1980 oankocht troch Steatsboskbehear en krige de funksje fan fûgelreservaat. De trije eardere pleatsen waarden troch Steatsboskbehear ôfbrutsen. Bûten it briedseizoen is de polder berikber oer de Himpenserreed en fan de noardkant ôf oer in paad dat fan Suderbuorren ôf oer it akwadukt rint.

Fanwegen syn kultuerhistoaryske wearde krige de polder yn 2018 de status fan gemeentlik monumint.

It Oerd en De Hon

It Oerd en de Hon binne natoergebieten fan dunen, kwelders en waad, op de eastpunt fan It Amelân. Oerd is neamd nei in ferdwûn doarp op It Amelân. Op it heechste dún fan it eilân, de Oerdblinkert (+24 meter) stiet in skûlhutte mei ynformaasjeboerd fan behearder It Fryske Gea.

Helmplanten hâlde it stosân fêst, efter de earste dunerige is de boaiem al minder sâlt en ryk oan kalk. Yn de dellings groeie parnassia en strântûzengûnekrûd, op de dúntoppen dúnklimmer en blauwe seestikel. Ticht by it waad op de kwelder groeit kwelderkrûd, skieppe-ear en fliekrûd.

By eb sitte der tûzenen fûgels dy ’t om fretten sykje. Koloanjes sulverkob, ûnwaarsfûgel en lytse sjouwerman. Leppelbekken briede sûnt 1994 yn de dunen. Yn it gebiet sitte mear as tweintich deiflinters en sechtich nachtflinters.

Iten

Iten, fieding of fiedsel is eltse fêste of healfêste substânsje dy't organismen troch konsumpsje fan fiedingsstoffen foarsjocht. Dêrby giet it om dierlike of plantaardige stoffen. Floeistoffen dy't konsumearre wurde, hjitte drinken. Iten en drinken wurde faak op ien sike neamd. De wichtichste fiedingsstoffen dy't yn iten sitte, binne: koalhydraten, fetten, aaiwiten, fitaminen en mineralen. Sokke stoffen wurde opnommen troch it itende organisme en dêrnei assimilearre troch de sellen fan datselde organisme om enerzjy op te wekjen, libben te hanthavenjen (troch ûnderhâld) en groei te stimulearjen. Gebrek oan fiedingsstoffen liedt by bisten ta in gefoel fan honger, dat oanset ta iten. Oanhâldend honger lijen, bgl. troch hongersneed, liedt ta ûnderfieding en úteinlik ta de dea troch ferhongering. Ek it hawwen fan it ferkearde soarte iten kin ta sûnensswierrichheden liede, lykas malnutrysje.

Jouswierpolder

De Jouswierpolder of Jouswiersterpolder is in polder en natoergebiet by Jouswier yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

Oan de westkant fan Jouswier leit polder de Marlannen. It Mûzerid is in natuerlik streamke dat fan súdwest nei noardeast troch de Marlannen rint. Oan de Mûzerid leine twa markes, de Jouswierstermar en it Mellemamarke, neamd nei de Mellemastate by Eastrum. De stigende seespegel yn de 2e en 3e ieu nei Kristus soarge foar de ôfsetting fan knipklaai yn it gebiet, boppe-op de oanwêzige feangrûnen. Hjir waard yn de Midsieuwen sâlt wurden fean ôfgroeven en ferbaarnd om sa sâlt te winnen, de saneamde moernearring.Dat wiisde op de lege lizzing fan dit gebiet, dat yn it ferline gauris ûnder wetter strûpte en inkeld simmerdeis drûch wie. De hieropbringst fan de lannen dêr’t de dûmny fan Jouswier fan betelle wurde moast, wie dan ek net heech. Al yn 1581 hie Jouswier in lytse pastory en wie it doarp eigenlik net by steat om in predikant yn tsjinst te hawwen. De ôfwettering fan Eastdongeradiel rûn troch de Ezumasyl en de Eastrumersyl. De Eastrumersyl waard ûnderhâlden troch de doarpen Ealsum, Jouswier, Mitselwier, Eastrum en Wetsens. De syl waard yn 1672 opheft. It tichtslykjen fan de De Peazens en opstowend boezemwetter út de provinsje, makke dat Eastdongeradiel faak mei oerstreamings te krijen hie. Sa kaam it wetter fan Westdongeradeel binnen fia de Jaarlasleat by Wetsens, krekt bewesten Jouswier. De sitewaasje waard slimmer doe’t yn 1729 de slûs Dokkumer Nije Silen oanlein waard. Dêrmei kamen alle slûzen om de stêd Dokkum te ferfallen en krige Eastdongeradiel noch mear wetter te ferwurkjen.

Yn 1821 waard in oplossing makke troch de oanlis fan in dyk fan Dokkum nei Holwert om sa de polder East- en Westdongeradiel te meitsjen. Om de simmerpolder by Jouswier en it lân tusken Eastrum en Ie definityf yn te polderjen, waard yn 1854 in ynpolderingskontrakt sluten foar goed 204 ha. Yn 1851 waard de brekfallige wurden wettermûne fan de Jouswierpolder ôfbrutsen en ferfongen troch in nije dy’t op de Suder Ie útsloech. Dy mûne waaide yn 1926 om en waard ferfongen troch in elektrysk gemaal.

Neffens de kaart fan Wopke Eekhoff waard de Jouswierstermar yn 1855 droechlein. De Jouswiersterpolder wie oant 1910 in partikuliere polder. Yn dat jier waard it wetterskip Jouswier oprjochte. It gebiet wurdt hjoed-de-dei beheard troch Steatsboskbehear.

Klaarkampster Mar

De Klaarkampster Mar is in marke en natoerreservaat dat benei 4 kilometer besuden Dokkum leit, tusken Sibrandahûs en Rinsumageast. It gebiet is neamd nei it eartiidske Kleaster Klaarkamp en wurdt beheard troch Steatsboskbehear. De namme Klaarkampster Mar jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Klaarkampermeer.

It meastepart fan de Klaarkampster Mar bestiet út heal natuerlike greiden en dêrbinnen moeras mei brak wetter. Op it plak fan de eartiids folle gruttere mar leit noch in ûndjip feanplaske. De plasse is fuortkomd út in âlde seeslinke en troch it ôfgraven fan klaai dêr't mûntsen fan Klaarkamp ûnder mear âlde friezen fan bakten. De eartiidse mar is yn 1893 droechmeald troch de Klaarkampstermûne. It wetter yn it marke is brak oant sâlt. By simmerske droechte komme stobben boppe wetter dy’t wyt útslane troch in tin laachje sâlt.

Mar

In mar (ôfhinklik fan de grutte bytiden: plas) is in troch fêstelân omringde wetterflakte, almeast mei in 'fiedende' en in 'ôfwetterjende' rivier. It lêste is lykwols gjin rigel. Somtiden wurdt in beheindere definysje fan mar brûkt dy't gjin sâlt wetter talit. In wetterflakte sûnder in ôfwetterjende rivier, dêr't sâlt wetter yn stiet, jildt dan net as in mar. Sa wurdt de Kaspyske See dan net as in mar beskôge mar as in see, in sletten see.

Perû

Perû (Spaansk: Perú), Quechua en Aymara: Piruw) is in lân oan de westkust fan Súd-Amearika.

Rivier

In rivier is in natuerlike wetterstream, meastentiids besteande út swiet wetter. Eltse rivier leit yn in streamgebiet. Dat is it totale omringjende gebiet wêrbinnen al it oerstallige wetter yn ôffierd wurdt.

See

In see is in grutte hoemannichte sâlt wetter, dy't yn ferbining stiet mei in oare see of mei in wrâldsee. Yn brede sin jildt it wurd foar al sokke wetters, mar it wurdt almeast beheind ta wetter op it kontinintaal plat mei in iepen ferbining nei de wrâldsee. In see bûten it kontinintaal plat dy't in selsstannich gehiel foarmet mei in eigen sirkulaasje hjit dan in wrâldsee; by in see, ynsletten troch lân mei in ferbining dy't út ien of mear seestrjitten bestiet, sprekt men dan fan in binnensee. In grutte hoemannichte sâlt wetter dy't lykwols gjin ferbining mei in see hat, hjit wol sletten see.

Seeën wurde fieden troch rivieren en troch reinwetter.

Skrins

Skrins is in buorskip yn de gemeente Ljouwert Skrins leit besuden Easterlittens. Der stean fjouwer pleatsen, twa wurde noch bebuorke.

Skrins leit op in terp yn in ynpoldere slinke fan de Middelsee. Hy wurdt yn't Nederlânsk Schrins skreaun en yn't ferline ek as Scrinze en Scryns. Hy bestiet út wiete greiden en bolle ikkers, de saneamde bargerechjes. Der komt noch altyd sâlt wetter omheech. Dy kwel fiedet yn Skrins bysûndere planten as sâltgers en goudknopke. By de plasse fan Skrins stean planten as sparjekrûd en molkkrûd. Skrins foarmet in natuerlike ferbining mei Skrok en leit flakby de Leonzerpolder, twa oare gebieten fan Natuermonuminten.

Swiet wetter

Swietwetter (of swiet wetter) is wetter dêr't amperoan sâlt yn sit. Dêrmei ûnderskiedt it him fan brakwetter en sâltwetter. Swietwetter ûntstiet troch delslach út de himel dat as reinwetter of snie fia it grûnwetter, beken of rivieren rjochting see streamt.

De oanwêzichheid fan drinkwetter (skjin swiet wetter) is foar in protte organismen is in tige wichtige libbensferlet.

Sâltsiederij

In sâltsiederij as sâltkeet is in wurkpleats dêr't in konsintrearre sâltoplossing yndampe waard en it seesâlt kristallisearje koe. Sâlt wie (en is) in essinsjeel produkt foar it konservearjen en ferfieren fan fisk. De sâltsiederijen makken opgong neidat de moernearring (it heljen fan sâlt út fean) yn de 16e iuw ferbearn waard om reden fan it gefaar dêrfan foar de kustferdigening.

Sâltsieders waarden troch wetterskippen befoarriede mei seewetter om it dêryn te raffinearjen rau sâlt te sieden of de sâlte jiske fan drûge en ferbaarnde sâltige feangrûn mei út te leagjen.

De sâltiederijen stienen yn de iere Midsiuwen binnen de stedsmuorren en wienen faak de oarsaak fan stedsbrân; dêrom waarden de wurkpleatsen letter bûten de stêd boud.

Sâltwinning út moar

Sâltwinning út moar, ek wol moarnearring (Nederlânsk: Moernering, selnering of darinkdelven) is it opdollen fan moar (Aldfrysk: mora), dat is fean dêr't de see in laach seeklaai oerhinne lein hat, om dêr de doe piperdjoere sâlten út winne te kinnen, sa't dat barde yn de Midsiuwen en de iere Moderne tiid.

Tsiis

Tsiis is iten makke fan molke. By it meitsjen fan tsiis wurde de fêste stoffen yn de molke (aaiwiten, fetten en mineralen) skieden fan it focht. Der wurdt strjemsel, soersel en sâlt oan de tsiis tafoege by it tameitsjen. Tsiis hat, neist de haadbesândielen fet en aaiwyt fan bisten, in protte kalsium en fitamine A, B en D.

Wetter

Wetter (H2O) is de gemyske ferbining fan twa wetterstofatomen en in soerstofatoom. Wetter is de ienige gemyske ferbining dy't yn de natoer as floeistof, as fêste stof en as gas foarkomt. By keamertemperatuer is wetter in floeistof sûnder dúdlike kleur en rook. Al it libben op ierde bestiet foar it grutste part út en is ôfhinklik fan wetter. Wetter bedekt 71% fan de Ierde.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.