Romeinske Ryk

It Romeinske Ryk (Latynsk: Imperium Romanum) wie in histoarysk ryk dat it gebiet om de Midlânske See omfieme. It ûntstean wurdt meastentiids datearre mei it oantrêden fan Augustus oan it begjin fan de jiertelling en einiget mei it opdielen fan it ryk yn in westlik en eastlik part (395). It hiele gebiet om de Midlânske See hinne hearde by it ryk en it omfieme ek West-Jeropa bûten Ierlân. It wie de opfolger fan de Romeinske Republyk en hie Rome as sintrum fan de macht.

Map of the Roman Empire at its height
De Romeinen op harren pyk

Oarsprong en útwreidzjen

Acaugustus
Keizer Augustus

It ferskil mei de Republyk wie benammen fan politike aard. De Romeinske steat is ûntstien út de polis fan Rome yn it gea fan Latium yn Itaalje, neffens de leginde stifte yn 753 f.Kr. troch Romulus en Remus. Yn de, neffens de Romeinske oerlevering twahûndertfyftich jier duorjende (753 - 509 f.Kr.) keningstiid, binne der nei Romulus noch seis (gruttendiels legindaryske) keningen west. Yn 509 f.Kr. waard kening Tarquinius Superbus de stêd útjage. Hy hie troch syn tirannike gedrach in grutte haat oer him ôfroppen. Hjirnei waard de stêd in republyk mei in bjusterbaarlike kriichsmasine (it Romeinske leger) en in goed rinnend systeem fan ynstellings en wetten. Binnen in pear iuwen waard Itaalje feriene ûnder Romeinske lieding. Dat barde troch bûnsgenoatskippen oan te gean mei buorfolken mar ek troch agressive ekspânsje-oarloggen. Ut Itaalje wei oermastere Rome it hiele Middellânske See gebiet. Earst wie Kartago oan bar, dêrnei waarden de hellenistyske steaten yn it easten en súdeasten fan de see ûnderwurpen. Op itselde stuit kaam ek West-Jeropa ûnder Romeinsk gesach. It ryk waard dêrtroch sa grut dat de republikeinske struktueren net mear tarikkend wienen.

De oergong nei it keizerryk wie in tiid mei in protte argewaasje. Caesar en Augustus stiften in ryk dat ûnder keizer Trajanus syn grutste omfang krije soe. It rikte fan Skotlân oant Mauritaanje, fan dêr oant Sûdan en de Iraanske heechlannen, Georgje, de Krim, bylâns de Donau en de Ryn oan de Nederlânske kust ta.

Bestjoer

Hardknott Castle Principia
Oerbliuwels fan in Romeinske fort yn Hardknott, Cumbria, Ingelân.

Yn dat mânske ryk waard in protte talen sprutsen, mar twa talen wiene fan algemien belang: it Latyn yn it westen en it Gryksk yn het Hellenistyske easten. De bestjoerders en de yntellektuele elite sprutsen beide talen as lingua franca.

De Romeinen koenen dat grutte gebiet behearskje troch in "ferdiel en hearsk" polityk. Guon boargers dy't loyaal meiwurken krigen it fûl begearde Romeinsk boargerrjocht. Opmerklik yn dat ferbân is de wize wêrop't de Romeinen mei harren kultuer en godstsjinst omgongen: de Romeinen namen "nije" goaden fan ynlive folken maklik op yn harren "Pantheon" en salang't de keizer (Rome) mar erkend wurde (en de dêrby hearrende plichten neikommen waarden) koe fierder elkenien neffens de eigen kultuer en godstsjinst libje neist oaren. Bûten in superieur leger wie dat in grûnslach foar de "Pax Romana" dy't iuwenlang in wisse rêst brocht en de hannel en wittenskip befoardere.

Opdieling fan it ryk

Theodosius I's empire
De splitsing fan it Romeinske Ryk

Troch it ôfgryslik grutte gebiet dat it Ryk besloech, waard it hieltyd slimmer it hiele ryk as ienheidsteat ta bestjoeren. Foaral om't de ferskate provinsjes útienrinnende behoefte en problemen hienen dy't in ferskillende oanpak frege. Om 300 hinne waard dêrom it Ryk bestjoerlik ferdield yn in Gryksktalich eastlik part en Latynsk westlik part. It doel wie dat it ryk nei bûten ta as in ienheid funksjonearje bliuwe soe ûnder ien inkel regear. Mar yntern en dan foaral op militêr-definsyf, ekonomysk en belestinggebiet, soenen de twa dielen safolle mooglik foar harren sels soargje. Nei ferrin fan tiid evoluearre dat systeem nei in de facto ferdieling. Yn 330 waard troch keizer Konstantyn de Grutte ek de haadstêd ferpleatst fan Rome nei Byzantium yn it ekonomysk en militêr wichtige eastlik part. Byzantium waard omdoopt ta Nova Roma mar wie al gau better bekend as Konstantinopel (=De stêd fan Konstantyn). Yn 395 wie it ryk foargoed ferdield yn in westlik en eastlik part. Konstantinopel bleau de algemien erkende haadstêd fan it eastlike part mar yn it westen wiksele de haadstêd inkele kearen. Dat joech ek de ûnwisse tastân yn it West-Romeinske Ryk oan. Nei Rome waarden efterinoar Milaan, Trier en Ravenna haadstêd fan it West-Romeinske ryk.

De komst fan it kristendom betsjutte in grutte omkear foar it Ryk. Mei ynearsten swiere ferfolgings fan de kristenen omdat dizzen gjin godlike eare oan de keizers en de Romeinske goaden bewize woenen, waard it kristendom yn 313 troch Konstantyn erkend en yn 392 troch keizer Teodosius I sels oant steatsgodstjinst ferheft. Doe waarden de rollen omkeard en brutsen der foar net-kristenen swiere tiden oan.

De ein fan fan it West-Romeinske Ryk

Yn de earste iuwen waarden der al folken opnommen yn it ryk mei de status fan foederaty. Fan de 4e iuw ôf barde dat hieltyd faker. Benammen in protte Germaanske folken krigen tastimming harren te festigjen yn it Romeinske ryk. As foederaty krigen sy beskerming yn ruil foar militêre tsjinstferliening. Sy leveren helptroepen foar de legioenen en koenen opgong meitsje yn it leger. In protte bekende Germaanske oanfierders dy’t letter yn opstân kamen tsjin Rome, lykas Arminius, Julius Civilis en Alarik – begûn harren karriêre yn it Romeinske leger. De foederaty wienen ek net altyd betrouber, benammen de opstân fan de Fisigoaten yn 395 soarge foar yn protte oerlêst yn it ryk.

Troch opstannen en rebûlje yn de 5e iuw sette de Romeinske hearskippij harren fierder del en waarden de foederaty yn it westlik ryk hieltyd ûnôfhinkliker. Sy kamen wol gauris yn opstân en likernôch 455 ûntstie der yn sitewaasje dat it sintraal gesach gjin belestingsinten mear binnen krige. De lokale Romeinske autoriteiten waarden oan de kant skood en foederaty as de Fisigoaten en de Boergonden namen de leie sels yn hannen, hja stiften eigen keninkriken.

Yn it leger wie in parallelle ûntwikkeling geande. Sûnt de twadde helte fan de 5e iuw waard de militêre krêft fan it leger sawat alhiel basearre op foederaty ienheden. Yn 451 koe Attila de Hun allinnich ferslein wurde mei help fan de foederaty (Fisigoaten, Boergonden, Franken en Alanen). Op it lêst wie ien fan dizze foederaty, de Germaanske stam fan de Herulen, ferantwurdlik foar de ein fan it West-Romeinske Ryk. Harren lêste keizer Romulus Augustulus waard yn 476 ôfset troch de oerbefelhawwer fan it leger, de Germaan Odoaker.

Sjoch ek

Keppeling om utens

18 septimber

18 septimber is de 261e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 262e). Der folgje noch 104 dagen oan 'e ein fan it jier ta.

Aldheid

Dizze side giet oer it skiedkundige begryp âldheid. Foar âldheid yn 'e sin fan âlderdom, sjoch: âlderdom.De âldheid fan in kultuer omfet alle beskavings dy't oan de hjoeddeiske foarôfgongen binne. Yn it bysûnder omfet de Aldheid alle beskavings dy't foarrinners wienen fan de hjoeddeiske westerkse beskaving.

As begjin foar de âldheid jildt it earste foarkommen fan in oanwiisbere beskaving. Sa'n begjin kin de útfining fan it skrift wêze, mar dat hoecht net altiten sa te wêzen; ek sûnder de ûntwikling fan it skrift kin in kultuer in beskaving foarmje. De ein fan de âldheid leit by it teloargean fan de lêste beskaving foar de hjoeddeiske.

De westerske Aldheid begjint likernôch 5000 f.Kr. mei de ûntwikling fan it skrift. De ein fan de Aldheid is de ein fan de Klassike Aldheid: de fal fan it West-Romeinske Ryk yn 476.

Alemannen

De Alemannen (ek stavere as Alamannen of Allemannen) foarmen in ferbûn fan Germaanske folken, dy't by de Sueben hearden. Harren machtichste stam wienen de Semnonen. De namme wiist op in samling fan folken "alle minsken". Yn 360 hienen sy noch 14 ferskillende hartoggen.

Sy wennen oarspronklik tusken de Ryn en de Donau, yn it hjoeddeiske Zwaben. Fan dêrút ûndernamen sy fan 212 ôf geregeld plondertochten op Romeinsk gebiet.

Boergonden

De Boergonden wienen in East-Germaansk folk dat oarspronklik yn Skandinaavje wenne hat. Sa om it begjin fan de jiertelling hinne libben sy yn it westen fan it tsjintwurdige Poalen. Yn de tiid fan it Grutte Folkeferfarren fêstigen sy harren yn it gebiet dat hjoed noch altiten harren namme draacht: Boergonje.

Byzantynske Ryk

It Byzantynske Ryk, dat yn syn begjintiid ek wol it Eastromeinske Ryk neamd waard, wie in grut en machtich ryk yn it eastlike Middellânske-Seegebiet. It ûntstie as it eastlike part fan it Romeinske Ryk, dat nei de fal it westlike part (yn 476) noch mear as tûzen jier (oant 1453) yn stân bliuwe soe.

Hoewol't it Byzantynske Ryk yn frijwol alle opsichten in Gryksk ryk wie, hold men yntern oan 'e ein ta fêst oan 'e beneaming fan it 'Romeinske Ryk'. It Byzantynske Ryk waard, alteast op 'e Balkan en yn it Midden-Easten, beskôge as de wettige rjochtsopfolger fan it oarspronklike Romeinske Ryk (yn it westen foel dy posysje ta oan it Frankyske Ryk en letter oan it Hillige Roomske Ryk). Ek de sljochtwei ynwenners beskôgen harrensels as Romeinen (Rhomaioi), ek al sprieken se gjin Latyn mar Gryksk. Yn it offisjele ferkear bleau it Latyn noch oant de sânde iuw beholden, wêrnei't it ek dêr ferfongen waard troch it Gryksk.

Ek oanswettende lannen lannen en riken (lykas de Perzen en Arabieren yn it easten, Franken yn it westen, en Russen yn it noarden) neamden it Byzantynske Ryk 'Romeinsk', en it waard as in grutte mislediging beskôge om it ryk 'Gryksk' te neamen, omdat dat stie foar 'heidensk'. Sûnt de 17e iuw waard it ryk hieltyd faker (en tsjintwurdich frijwol allinnich noch mar) 'Byzantynsk' neamd. Dy oantsjutting komt fan 'e stêd Byzantium (letter Konstantinopel, no Istanbûl), dat de haadstêd fan it ryk wie. De ynfiering fan dy namme wie nedich om't histoarisy ûnderskied meitsje woene tusken it ryk út de Midsiuwen en dat út de Klassike Aldheid, dat yndied ek hiel oars wie.

Fandalen

De Fandalen wienen in East-Germaansk folk dat in wichtige rol spile hat by it Grutte Folkeferfarren. Yn 455 plonderen sy Rome de haadstêd fan it Romeinske Ryk. Sy dienen dat sa yngeand en kundich dat fan harren namme it wurd fandaal ôflaat is.

Fisigoaten

De Fisigoaten wienen in Eastgermaansk folk dat in wichtige rol spile yn it Romeinske Ryk, yn de tiid fan it Grutte Folkeferfarren en de iuwen flak dêrnei. It folk ûntstie, tegearre mei harren bruorre-folk de Ostrogoaten, doe't healwei de 3e iuw it Goatyske folk yn dy twa helten útienfoel.

Germanen

Germanen is de gearfetsjende namme fan de folken dy't Germaanske talen sprekke. Dizze befolkingskloften binne likernôch 1400-1200 f.Kr. yn Súd-Skandinaavje en Noard-Dútslân ûntstien, nei alle gedachten troch ferminge fan in út it suden wei komd Yndo-Jeropeesk folk mei de oarspronklike befolking. Tsjintwurdich libje de bewenners mei in Germaanske taal noch hieltyd yn itselde gebiet, mar hawwe se harren ek yn grutte oantallen festige yn Grut-Brittanje, Yslân en yn eardere oerseeske koloanjes, lykas yn Noard-Amearika, Austraalje en Súd-Afrika.

Goaten

De Goaten wienen in East-Germaansk folk dat in wichtige rol spile yn de delgong fan it West-Romeinske Ryk.

Hillige Roomske Ryk

It Hillige Roomske Ryk wie in polityk konglomeraat fan lannen yn West- en Sintraal-Jeropa yn de Midsiuwen. It ûntstie út it eastlike part fan it Frankyske Ryk by it Ferdrach fan Verdun (843). It Ryk bestie hast in millennium, oant it opheft waard yn 1806.

Yn de 15e iuw waard de namme útwreide ta Hillige Roomske Ryk fan de Dútske Naasje (Sacrum Romanum Imperium Nationis Germanicae yn it Latyn). It Ryk waard 'Roomsk' neamd omt it ynsteld waard as fuortsetting fan it Romeinske Ryk. Kristlike profesijen (sjoch it Bibelboek Danjel) hienen foarsein dat de wrâld nei it fjirde ryk (it Romeinske Ryk) fergean soe. De Byzantinen fûnen dit mar ûnsin omdat hja har as de fuortsetting fan it orizjinele Romeinske Ryk beskôgen. De term 'Hillich' waard brûkt om de nauwe bân mei de Roomsk-Katolike Tsjerke oan te jaan. In bekende wurdboarterij fan Voltaire seit dat it Ryk net Romeinsk, net Hillich en likemin in Ryk wie.

Iere Midsiuwen

Under de Iere Midsiuwen wurdt oer it algemien ferstien: de perioade fan likernôch 500 oant 1000; de skiednis fan Jeropa nei it ynstoarten fan it West-Romeinske Ryk. Soms wurdt ek de term tsjustere midsiuwen brûkt omdat, troch de gaos dy’t feroarsake waard troch in soad ynvaazjeweagen fan de lossleine folken, der net folle op skrift steld waard en ek in soad ynformaasje ferlern gie. Dêrtroch is noch in soad ‘tsjuster’ wat de krekte gong fan saken oanbelanget. Ek de algemiene efterútgong fan de befolking en libbensstandert, fergelike mei it Romeinske ferline, dy’t stadichoan einige by de konsolidaasje fan de tastân troch Karel de Grutte.

Jeropa

Jeropa (of Europa) wurdt almeast sjoen as in apart wrâlddiel, al foarmet it tegearre mei Aazje ien grutte lânmassa dy't Jeraazje neamd wurdt. Ta Jeropa wurdt it gebiet rekkene tusken yn it suden de Middellânske See, yn it westen de Atlantyske Oseaan, ynklusyf Yslân, yn it noarden de Poalsee en yn it easten de Ural, de Uralrivier, de Kaspyske See, de Kaukasus, de Swarte See en de Bosporus. De lange skiednis fan behearsking fan de Middellânske see troch Grikelân en it Romeinske Ryk hat ta gefolch hân dat alle eilannen yn de Middellânske see dy't net tsjin de kust oan lizze ek ta Jeropa rekkene wurde.

Jeropa hie in befolking fan likernoch 666.498.000 ynwenners yn 2001 en 741.447.158 yn 2016. It oerflak fan Jeropa beslacht sawat 10.400.000 km2.

Keizer

In Keizer (Latynsk: Imperator) is de heechste titel foar in monarch, en hat moreal sjoen in heger oansjen as in kening. De etymology fan keizer rint wêrom nei Julius Caesar, waans efternamme as keizer útsprutsen waard. It wie net Julius Caesar sels, mar syn neef en opfolger Augustus dy't it wurd Caesar brûkte as syn titel. Yn it East-Romeinske Ryk bleau de titel oant en mei 1453 bestean.

Karel de Grutte kroane him yn 800 ta Keizer fan it Westen, dat wie de earste net Romeinske keizer. Yn it Hillige Roomske Ryk waard ek de keizerstitel brûkt. Napoleon waard kroand ta keizer yn 1804. Oant en mei 1918 waard de keizerstitel allinnich noch brûkt yn it Dútske Keizerryk en Eastenryk-Hongarije.

De Russyske tsaren wienen ferlykber mei in keizer. Bûten Jeropa waard yn 'e wrâldskiednis de keizertitel brûkt yn Súd-Amearika, Afrika en Aazje, mar dy binne net itselde as de Jeropeeske keizertitels. Japan is sûnt 600 foar Kristus in keizerryk, mar is it iennichste lân op ierde dy't no noch in keizer hat.

Konstantyn de Grutte

Flavius Valerius Constantinus (Naissus, hjoeddeiske namme Niš (Servje), 27 febrewaris ±272 - 22 maaie 337), better bekend as Konstantyn de Grutte, wie in Romeinske keizer. Hy neamde himsels fan july 306 ôf keizer, mar waard earst yn 308 as keizer erkend. Fan 324 ôf hearske er allinnich oer it hiele Romeinske Ryk, mei it ferstjerren fan Konstantyn yn it jier 337 kaam der in ein oan syn bewâld.

Konstantyn is fral bekend wurden as de earste Romeinske keizer dy't him útsprutsen hawwe soe foar it Kristendom, want troch it ûndertekenjen fan it edikt fan Milaan yn it jier 313 makke hy foar altyd in ein oan de Kristenferfolgingen yn it Romeinske Ryk. Syn grutste died wie de stifting fan in nije haadstêd foar it ryk, op it plak fan de eardere Grykske stêd Byzantium, dy't hy de namme "Nova Roma" (Nij Rome) joech. De stêd krige letter de namme Konstantinopel, weromgripend nei en ôflaat fan de namme fan syn stifter.

It taheaksel "de Grutte" efter syn namme waard him jûn foar syn grutte bydragen oan it Kristendom.

Latyn

It Latyn (Latyn: lingua latīna) is in âlde (en no deade) taal út de grutte Yndo-Jeropeeske taalfamylje, dy't ta de Italjaanske tûke fan 'e stambeam beheart. It Latyn wie de taal fan de Romeinen en wie om de jiertelling hinne de wichtichste taal yn it Middellânske-Seegebiet.

List fan Romeinske keizers

De Romeinske keizers wienen de hearskers fan it Romeinske Ryk fan 27 f.Kr. oant, yn it westen, likernôch 476. Formeel wie harren funksje dy fan prinseps, mar dêrmei kombinearre wienen ferskate oare funksjes dy't harren byelkoar de macht fan in keizer joegen. Der wie lykwols ien ferskil mei dy funksje: Om't it erflike, keningsskip fan Rome ta grutte swierrichheden laat hie, wie dizze nije foarm fan de prinseps-funksje net erflik.

Ostrogoaten

De Ostrogoaten (Eastgoaten) foarmen mei de Fisigoaten de twa haadgroepen dêr't it (East-)Germaanske folk fan de Goaten harren yn splitste. Dy splitsing barde healwei de 3e iuw.

Rome (stêd)

Rome (Italjaansk: Roma) is de haadstêd fan Itaalje en tagelyk haadstêd fan de regio Latium en de provinsje mei deselde namme Rome. Yn de Aldheid wie Rome ek de haadstêd fan it Romeinske Ryk. Earder waard der leaud dat Romulus en Remus de stéd stifte hiene.

Troch Rome streame de rivieren de Tiber en de Aniene. De stêd is oarspronklik boud op sân heuvels: Palatyn, Aventyn, Capitolyn, Quirinaal, Viminaal, Esquilijn en Caelius.

Westromeinske Ryk

It Westromeinske ryk (yn it Latyn Imperium Romanum Pars Occidentalis) ûntstie yn 395, it jier dat it Romeinske Ryk foarfêst splitst waard yn in eastlik en in westlik part. Wylst it Eastromeinske Ryk oant 1453 in keizerryk bliuwe soe, kaam der yn 476 in ein oan it westlik part doe't de lêste keizer, Romulus Augustulus, troch Odoaker ôfsetten waard.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.