Rjochters

Rjochters, yn it oarspronklike Hebriuwsk: שופטים, Šofṭim (mooglik better bekend ûnder de Nederlânske namme Richteren), is it sânde boek yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach falt it ûnder de Neḇi'im Rišonim (de "Eardere Profeten"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel falt it ûnder de Skiednis. Rjochters beskriuwt de skiednis fan it iere Israel, doe't dat bestjoerd waard troch de saneamde rjochters. De wearde dy't it boek al of net yn histoarysk opsjoch hat, is noch altiten in striidpunt ûnder bibelwittenskippers, mei't Rjochters fan folle letter datearret as de foarfallen dy't deryn beskreaun steane. It wie lykwols ek net bedoeld as in sekuere skiedsskriuwing, mar as in teologysk traktaat dat oantsjutte moast dat de lieders fan 'e Israeliten op harren trou oan it ferbûn mei God ôfrekkene waarden (krekt as Jozua, 1 en 2 Samuël en 1 en 2 Keningen). De earste folsleine Fryske oersetting fan Rjochters stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

Rjochters
oarspr. titel שופטים ("Šofṭim")
auteur anonimus
taal Hebriuwsk
foarm non-fiksje, proaza
sjenre religiosa
skreaun 7e – 6e iuw f.Kr.
rige Alde Testamint
● foarich diel Jozua
● folgjend diel Ruth
bondel Bibel
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Rjochters
publikaasje 1943, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

Oarsprong

Neffens de tradysje dy't begûn is mei de gearstallers fan 'e Babyloanyske Talmoed (3de-5de iuw f.Kr.) soe Rjochters yn 'e tiid fan 'e deryn beskreaune rjochters optekene wêze, mar dat idee waard yn 'e bibelwittenskip al ier fansiden reage. Men is fan tinken dat it boek eins yn in iere ferzje gearstald is ûnder it regear fan 'e Judeeske kening Josjía, om 625 f.Kr. hinne, en pas nei de ein fan 'e Babyloanyske Ballingskip (538 f.Kr.) syn definitive foarm krigen hat.

Maarten van Heemskerck 024
Gideön tanket God foar it wûnder fan 'e dauwe (in fragmint fan in skilderij fan Maarten van Heemskerck).

Ynhâld

Yn Rjochters wurdt de skiednis fan it iere Israel beskreaun, fan 'e ferovering fan it lân troch de Israeliten ôf oan 'e ynstelling fan it keningskip ta. Yn dy snuorje (±1380-±1050 f.Kr.) waard Israel bestjoerd troch in hiele rige godlik ynspirearre rjochters. De ferhalen folgje in fêst stramyn: de Israeliten binne ûntrou oan God en de wetten en foarskriften dy't God harren steld hat, en fan gefolgen wurde se oerlevere yn 'e hannen fan harren fijannen; dêrop krije se berou en smeekje se God om genede, en dan stjoert God harren in foarfjochter (of "rjochter") dy't harren befrijt út 'e macht fan 'e fijân. Dêrop libje se wer yn frijheid en woltier, mar al rillegau ferfalle se wer ta ûntrou en begjint de hiele rûngong wer op 'e nij.

Der wurde yn it boek tolve rjochters neamd: seis "grutte rjochters" en seis "mindere rjochters". Guon bibelwittenskippers hawwe út 'e beskriuwings ôflaat dat de mindere rjochters eigentlike rjochtsprekkers wiene, wylst de grutte rjochters inkeld militêre lieders wiene, dy't har net mei rjochtspraak bemuoiden. De iennichste kears dat fernijd wurdt fan in grutte rjochter dy't rjochtsprekt, giet dat oer Deboara (4:4), dy't dochs al in útsûndering is om't hja de iennichste froulike rjochter is. Men tinkt trouwens dat it gjin tafal is dat it tal fan 'e rjochters gelyk is oan it tal fan 'e stammen fan Israel.

mindere rjochters

● Sjamgar (Rjo. 3:31)
● Tola (Rjo. 10:1-2)
● Jaïr (Rjo. 10:3-5)
● Ibsan (Rjo. 12:8-10)
● Elon (Rjo. 12:11-12)
● Abdon (Rjo. 12:13-15)

grutte rjochters

● Otniël (Rjo. 3:7-11), dy't Kûsjan-Risjataïm, de kening fan Aram ferslacht en dêrmei 40 jier frede bringt
● Ehûd (Rjo. 3:12-30), dy't Israel befrijt út 'e macht fan kening Eglon fan Moäb, de Moäbiten ta in fazalfolk fan 'e Israeliten makket en dêrmei 80 jier frede bringt
● Deboara de profetesse (Rjo. 4 en 5), dy't mei har legeroanfierder Barak de Kanaänityske kening Jabin fan Chasor en dy syn legeroanfierder Sisera ferslacht en dêrmei 40 jier frede bringt
● Gideön (Rjo. 6-8), dy't de Midjaniten, de Amalekiten en de "stammen út it easten" (Arabieren?) ferslacht en dêrmei 40 jier frede bringt
● Jefta (Rjo. 11:1-12:7), dy't de Ammoniten ferslacht en dêrmei 6 jier frede bringt
Simson (Rjo. 13-16), dy't û.m. tûzen Filistinen deaslacht mei de kaakbonke fan in ezel. Letter wurdt er kriichsfinzen makke trochdat de Filistinen syn minneresse Delila twinge him te ferrieden, mar sels nei't se him de eagen útstutsen hawwe, wit er by wat hjoed de dei in selsmoardoanslach neamd wurde soe noch withoefolle fan 'e fijân te deadzjen

In wat frjemde ein yn 't byt is Abimêlek (Rjo. 9). Dat wie gjin rjochter, mar in tiran dy't himsels ta kening makke en syn eigen folk ûnderdrukte oant er by in opstân deadien waard troch in frou dy't him fan in stedsmuorre ôf in mûnestien op 'e plasse smiet. Fierdersoan is der dan noch in út twa dielen besteande epilooch mei ferhalen dêr't gjin rjochter oan te pas komt. Yn it ferhaal dat ornaris bekendstiet as Dan en de Godsbylden fan Micha (Rjo. 17 en 18) wurdt ferteld hoe't de stamme fan Dan syn grûngebiet yn it uterste noarden fan it lân Kanaän ferovere. It ferhaal Gibeä en de Levityske Byfrou ferhellet oer in oarloch tusken de stamme fan Benjamin en de oare Israeliten. Nettsjinsteande de pleatsing oan 'e ein fan it boek Rjochters kin út 'e kontekst fan dizze beide ferhalen opmakke wurde dat se eins frij ier yn it tiidrek fan 'e rjochters thúshearre.

Fryske oersetting

Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Rjochters 5:24-31 út. De earste folsleine útjefte fan Rjochters stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Rjochters waard dêrby dien troch dû. F.D. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch sawol Ulbe van Houten as Jacobus W. Zantema.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Alde Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering
1 en 2 Keningen

1 Keningen en 2 Keningen binne twa boeken fan 'e kristlike Bibel; yn it Alde Testamint falle se ûnder de Skiednis en as sadanich foarmje se it 11de en 12de bibelboek (fan 39). De opspjalting yn twa dielen is yn 'e lêste iuw(en) f.Kr. ûntstien by de oersetting fan 'e Hebriuwske tekst nei it Gryksk, en yn 'e Tenach, de joadske Bibel, bestiet dy dan ek net; dêr is Keningen, yn it oarspronklike Hebriuwsk: מלכים, Melaḵim, it 9de boek (fan 24) en falt it ûnder de Neḇi'im Rišonim (de "Eardere Profeten").

1 Keningen ferhellet fan it libben fan 'e keningen fan Israel en Juda fan Salomo oant en mei Achab; 2 Keningen behannelet alle fierdere keningen fan 'e beide lannen en einiget mei de ferwuostging fan Israel troch de Alde Assyriërs en Juda troch de Babyloaniërs. De boeken beslane dêrmei it tiidrek fan 970 oant 586 f.Kr., oftewol krapoan 400 jier. De measte moderne bibelwittenskippers pleatse fraachtekens by de histoaryske wearde fan 'e beide boeken, mei't se net bedoeld binne as in sekuere skiedsskriuwing, mar as in teologysk traktaat dat oantsjutte moast dat de lieders fan 'e Israeliten op harren trou oan it ferbûn mei God ôfrekkene waarden (krekt as Jozua, Rjochters en 1 en 2 Samuël). De earste folsleine Fryske oersetting fan 1 Keningen en 2 Keningen stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

1 en 2 Samuël

1 Samuël en 2 Samuël binne twa boeken fan 'e kristlike Bibel; yn it Alde Testamint falle se ûnder de Skiednis en as sadanich foarmje se it 9de en 10de bibelboek (fan 39). De opspjalting yn twa dielen is yn 'e lêste iuw(en) f.Kr. ûntstien by de oersetting fan 'e Hebriuwske tekst nei it Gryksk, en yn 'e Tenach, de joadske Bibel, bestiet dy dan ek net; dêr is Samuël, yn it oarspronklike Hebriuwsk: שמואל, Šmu'el, it 8ste boek (fan 24) en falt it ûnder de Neḇi'im Rišonim (de "Eardere Profeten"). 1 Samuël ferhellet oer it libben fan 'e profeet Samuël, it keningskip fan Saul en dy syn striid om 'e troan mei David, wylst 2 Samuël it keningskip fan David beskriuwt. De measte moderne bibelwittenskippers pleatse fraachtekens by de histoaryske wearde fan 'e beide boeken, mei't se net bedoeld binne as in sekuere skiedsskriuwing, mar as in teologysk traktaat dat oantsjutte moast dat de lieders fan 'e Israeliten op harren trou oan it ferbûn mei God ôfrekkene waarden (krekt as Jozua, Rjochters en 1 en 2 Keningen). De earste folsleine Fryske oersetting fan 1 Samuël en 2 Samuël stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

Alde Testamint

It Alde Testamint (Latyn: Vetus Testamentum) is de oantsjutting foar in samling religieuze geskriften dy't it earste part fan 'e Bibel foarmje, it hillige boek fan it kristendom en it joadendom. Hoewol't it rûchwei oerienkomt mei de Tenach, de joadske bibel, wurdt de namme "Alde Testamint" inkeld yn 'e kristlike kontekst brûkt, om it te ûnderskieden fan it lettere Nije Testamint. De oarspronklike tekst fan it Alde Testamint wie skreaun yn it Hebriuwsk, útsein guon passaazjes yn 'e boeken Ezra, Jeremia en Daniël, dy't yn it Arameesk wiene. De earste Fryske oersetting fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, kaam út yn 1943.

Bibel

De Bibel is de gongbere namme foar in kanonike samling teksten dy't yn ûnderskate gearstallings as hillich beskôge wurdt troch de joadske en kristlike godstsjinsten. Ferskillende religieuze groepen beflappe ferskillende boeken yn harren kanons of foegje ekstra materiaal ta oan 'e kanonike teksten. Yn 'e westerske wrâld (en dêrmei dus ek yn Fryslân) sil mei "de Bibel" ornaris de algemiene kristlike kanon fan 66 boeken bedoeld wurde, mar de kanon fan 'e Etiopysk-Otterdokse Tsjerke beslacht 88 boeken, wylst de joadske Bibel, de Tenach, mar 24 boeken hat en inkeld it earste diel fan 'e kristlike Bibel omfettet, it saneamde Alde Testamint, dat oarspronklik skreaun wie yn it Hebriuwsk, mei beskate passaazjes yn it Arameesk. It twadde diel fan 'e kristlike bibel, it Nije Testamint, is in lettere tafoeging en wie oarspronklik skreaun yn it Gryksk.

Koartsein fertelt de Bibel it ferhaal fan 'e skiednis fan 'e wrâld en de minske, hoe't dy troch de iene God skepen binne en hoe't it dermei ôfrinne sil oan 'e ein fan 'e tiden. Hoewol't it eins in samling fan losse geskriften is dy't oanwiisber skreaun binne troch in ferskaat oan skriuwers (likernôch fjirtich), oer in perioade fan om-ende-by de tûzen jier, beskôget in grut part fan 'e joadske en kristlike leauwenden de Bibel dochs as "it Wurd fan God"; sy hâlde út dat de skriuwers de wurden dy't se delskreaune fan God krigen hawwe moatte troch de wei fan godlike ynspiraasje.

De âldste oerlibjende folsleine kristlike Bibels binne Gryksktalige manuskripten út 'e fjirde iuw. It âldste hanskrift fan 'e joadske Tenach, yn it Hebriuwsk en it Arameesk, datearret út 'e tsiende iuw. De Bibel is it meast ferkochte boek yn 'e wrâld, mei in jierlikse ferkeap fan 25 miljoen eksimplaren. It is ek it meast oersette boek en hat troch de iuwen hinne in grutte ynfloed hân op 'e Westerske kultuer en op 'e talen fan joadske en kristlike folken. De earste folsleine Fryske bibeloersetting, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, ferskynde yn 1943.

Earste Brief oan de Korintiërs

It Earste Brief oan de Korintiërs, yn it oarspronklike Gryksk: Α' Επιστολή προς Κορινθιους, Alfa Epistoli pros Korinthious, ek wol koartwei 1 Korintiërs neamd, is it sânde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de twadde fan 'e brieven, en heart ta de Brieven fan Paulus. Dat de apostel Paulus dit brief skreaun hat, is frijwol ûnbekreaud, al neamt er sels yn 'e ynlieding "ús broer Sostenes" as mei-skriuwer. 1 Korintiërs waard skreaun yn 'e stêd Efeze, oan 'e westkust fan Lyts-Aazje, dêr't Paulus likernôch trije jier tahold nei't er yn it Grykske Korinte in kristlike gemeente stifte hie (sjoch: Hannelingen 18:1-17). De bedoeling dy't er dermei hie, wie om 'e Korintyske kristenen op it rjochte paad te hâlden. De measte bibelwittenskippers en teologen datearje it brief yn 'e jierren 53-57. 1 Korintiërs is mei it Brief oan de Romeinen ien fan 'e Brieven fan Paulus dy't de grutste ynfloed útoefene hat op 'e kristlike teology, mei útspraken as: "as ik de leafde net hie, wie ik neat" (1 Kor. 13:2) en "doe't ik in lyts bern wie, prate ik as in bern, tocht ik as in bern, riddenearre ik as in bern. No't ik in man wurden bin, haw ik it bernlike oan 'e kant dien" (1 Kor. 13:11). De earste folsleine Fryske oersetting fan 1 Korintiërs stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.

Ferkiezing

In ferkiezing is in formeel beslútfoarmingsproses troch in stimming, werby't de stimberjochtige leden fan in befolking (it elektoraat) kieze wa't fan in stikmannich kandidaten in beskate publike funksje útoefenje mei. Ferkiezings binne al sûnt de santjinde iuw it gebrûklike meganisme dêr't yn 'e Westerske wrâld represintative demokrasyen troch funksjonearje. Ferkiezings hearre frij en earlik te wêzen, mar binne dat net altyd. Sa kin der sprake wêze fan it yn 'e pine setten of alhiel útsluten fan 'e opposysje, fan yntimidaasje fan of geweld tsjin 'e kiezers, of fan geknoei mei de útslach, in ferskynsel dat stimbusfraude of ferkiezingsfraude neamd wurdt. De tûke fan 'e wittenskip dy't ferkiezings, de útkomsten fan ferkiezings en oare statistiken oangeande ferkiezings bestudearret, is de psefology.

By ferkiezings wurde faak, en yn Nederlân allinnich mar, leden fan 'e wetjaande macht keazen, te witten it lanlike parlemint, Provinsjale Steaten, de gemeenterieden en de wetterskippen. Yn in protte oare lannen wurde ek leden fan 'e útfierende macht keazen, lykas de presidint, gûverneurs fan ûnderskate lânsdielen en boargemasters. Yn 'e Feriene Steaten wurde ek leden fan 'e rjochterlike macht (rjochters) by ferkiezings keazen, en teffens oare gesachsdragers, lykas ofsieren fan Justysje en sheriffs. Fierders wurde ferkiezings ek in protte holden binnen organisaasjes, fan pleatslike ferienings oant mondiale stiftings en (yn 'e bestjoersried fan) grutte ûndernimmings. Ek by talintejachten, skientmewedstriden en eveneminten as it Eurofyzjesongfestival wurdt de winner (faak) troch in soarte fan ferkiezing bepaald.

It ferskynsel 'ferkiezings' giet werom op it Atene út 'e Klassike Aldheid, dat regearre waard troch in systeem fan direkte demokrasy, wêrby't de stimberjochtige boargers oer elts ûnderwerp stimden. Sokke ûnderwerprelatearre ferkiezings wurde ek tsjintwurdich noch wol holden, mar wurde no yn 'e regel referinda neamd. Om't yn moderne lannen mei harren befolking fan miljoenen minsken direkte demokrasy meastal as ûnwurkber beskôge wurdt, meitsje demokratyske lannen tsjintwurdich gebrûk fan represintative demokrasy, wêrby't de boargers lju kieze dy't harren yn it parlemint fertsjintwurdigje, de saneamd 'folksfertsjintwurdigers'.

By direkte ferkiezings wurde sokke folksfertsjintwurdigers rjochtstreeks troch it elektoraat keazen. By yndirekte ferkiezings (miskien better bekend ûnder de Nederlânske term getrapte verkiezingen) kiest men folksfertsjintwurdigers dy't dan op har beurt wer oare folksfertsjintwurdigers kieze. Sa giet it bgl. om en ta by it kiezen fan 'e leden fan 'e Earste Keamer fan 'e Nederlânske Steaten-Generaal: it elektoraat kiest de leden fan 'e Provinsjale Steaten, en de leden fan 'e Provinsjale Steaten kieze dêrnei de leden fan 'e Earste Keamer.

Friezen

De Friezen binne in folk oan de súdeastlike igge fan de Noardsee. Yn Nederlân en Dútslân binne de Friezen as nasjonale minderheid erkend. De Fryske talen binne besibbe oan it Ingelsk en foarmet dêrmei de Noardwestgermaanske taalgroep.

Jozua (bibelboek)

Jozua, yn it oarspronklike Hebriuwsk: יהושע, Yehošua, is it sechsde boek yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach falt it ûnder de Neḇi'im Rišonim (de "Eardere Profeten"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel falt it ûnder de Skiednis. Jozua beskriuwt hoe't de Israeliten einlings it Unthjitten Lân fan Kanaän berikke en feroverje, en harren dêre nei wenjen sette. Frijwol alle bibelwittenskippers binne it deroer iens dat it boek yn histoarysk opsjoch net botte weardefol is, mei't it fan folle letter datearret as de foarfallen dy't deryn beskreaun binne. It wie lykwols ek net bedoeld as in sekuere skiedsskriuwing, mar as in teologysk traktaat dat oantsjutte moast dat de lieders fan 'e Israeliten op harren trou oan it ferbûn mei God ôfrekkene waarden (krekt as Rjochters, 1 en 2 Samuël en 1 en 2 Keningen). De earste folsleine Fryske oersetting fan Jozua stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

Nederlân

Nederlân (Nederland) is in lân yn Jeropa, mei 16.730.632 ynwenners yn 2012, en mei in oerflak fan 41.526 km² (wêrfan 7.644,94 km² wetter). De haadstêd is Amsterdam en de kening fan de monargy is sûnt 2013 kening Willem-Alexander.

Nije Fryske Bibeloersetting

De Nije Fryske Bibeloersetting is in bibeloersetting nei it Frysk ta, dy't yn 1978 útkaam.

Presidint fan de Feriene Steaten

De Presidint fan de Feriene Steaten fan Amearika is it haad fan de útfierende macht fan de Feriene Steaten. Syn offisjele wurkstee en wenstee is it Wite Hûs yn Washington. De Presidint is opperbefelhawwer fan lânmacht en marine, de loftmacht bestie noch net doe't de taken fan de Amerikaanske presidint fêstlein waarden yn de grûnwet fan 1789.

It foech dat de presidint hat neffens de grûnwet fan 1789:

It meitsjen fan in wet troch útstel fan it Amerikaansk Kongres

Ynstellen fan advyskommisjes

It ferlienen fan graasjeMei goedkar fan de Amerikaanske Senaat kin de presidint:

Ferdraggen meitsje

Ambassadeuren foar de Feriene Steaten kieze

Rjochters beneame

Rjochter

In rjochter is immen dy't him dwaande hâldt mei rjocht sprekken yn skelen en makket part út fan de rjochterlike macht. De rjochter felt in oardiel oer de gefallen dy't oan him foarlein wurde. Yn alle gefallen wurdt it oardiel fan in rjochter folge.

Yn de measte lannen wurdt ûnderskied makke tusken sittende en steande magistratuer. Rjochters hearre by de sittende magistratuer. Yn heger berop en by de Hege Ried wurdt in rjochter riedshear neamd.

Rjochterlike macht

De rjochterlike macht is yn in rjochtsteat de macht dêr't de rjochtspraak oan opdroegen is. De oare machten binne de wetjouwende macht en de útfierende macht. In skaaimerk fan in rjochtsteat is de skieding fan de trije machten. Dat is om yn te stean foar ûnôfhinklikens fan de rjochterlike macht.

De Nederlânske rjochterlike macht bestiet út:

rjochters (rjochtbanken, mei de ôfdielings: strafrjocht, sifylrjocht, bestjoersrjocht en de sektor kanton)

riedshearen (gerjochtshôven en Hege Rie fan de Nederlannen)

ofsieren van justysje, dy't tegearre it Iepenbier Ministearje foarmje.De rjochters krije op 'e sitting bystân fan in griffier en it administrative wurk wurdt dien troch de griffy. Om syn ûnôfhinklikens wurdt in rjochter foar it libben beneamd.

Us rjochterlike organisaasje is ûntstien yn de Frânske tiid doe't Nederlân in part fan Frankryk wie en is foar in grut part ûntliend oan it Frânske rjocht.

Rjochtsaak

In rjochtsaak, pleit of proses is de behanneling fan in skeel tusken twa of mear partijen troch in rjochtbank of in gerjochtshôf. De partijen kinne dêrby sawol natuerlike persoanen wêze (d.w.s. minsken) as rjochtspersoanen (juridyske konstruksjes dy't troch minsken oandreaun wurde, lykas ferienings, stiftings, bedriuwen of de steat). Benammen yn it strafrjocht wurdt de partij dy't earne fan beskuldige wurdt, de beklage neamd, wylst de oare partij it Iepenbier Ministearje (of de iepenbier oanklager) is, fertsjintwurdige troch in ofsier fan justysje. It gehiel oan wet- en regeljouwing dat foarskriuwt hoe't rjochtsaken fierd wurde moattte en wêr't se oan foldwaan moatte, wurdt it prosesrjocht neamd.

Yn it Nederlânske rjochtssysteem docht ien rjochter of in panel fan rjochters in útspraak yn in rjochtsaak; sa'n útspraak wurdt yn it sivyl rjocht en it strafrjocht it fûnis neamd. In protte oare lannen hawwe in sjuerysysteem, wêrby't beskate priveeboargers ynlotte en oproppen wurde om plak te nimmen yn in panel fan yn 'e regel in stik as tolve persoanen. Dizze sjuery, dy't yn namme bestiet út de gelikensen fan 'e beklage, docht dan in útspraak, dy't de rjochter neitiid ornaris bekrêftiget mei in fûnis. Yn guon lannen en/of yn guon gefallen is it lykwols mooglik dat de rjochter de útspraak fan 'e sjuery njonken him delleit as dy neffens him net oerienkomt mei de wet. Soks komt lykwols mar tige selden foar.

Nei in skriftlike tarieding wêryn't de partijen offisjele dokuminten útwikselje kinne dy't betrekking hawwe op 'e rjochtsaak, folget de eigentlike rjochtsitting, wêrby't de partijen inoar moetsje yn oanwêzichheid fan 'e rjochter. Sa'n rjochtsitting fynt yn 'e rjochtseal plak. Bûten it strafrjocht is it mooglik dat der foarôfgeande oan in rjochtsitting noch in oare moeting plakfynt yn 'e foarm fan in mediation of in bemiddeling. Ek is it mooglik dat in rjochter daliks útspraak docht, sûnder dat der in rjochtsitting holden wurdt. Dat kin bygelyks aa daliks al dúdlik is dat der oan beskate formele easken foar in proses net foldien is, as der saneamde foarmflaters makke binne.

Rjochtsaken fine faak plak yn ferskate sittings. Soms docht de rjochter earst in útspraak ûnder foarbehâld om te sjen oft dy in oplossing biedt; sa kin hy of sy de partijen oarderje om mei-inoar om 'e tafel te gean en te besykjen om it skeel út te praten. Dat hjit in foarriedige foarsjenning. De definitive útspraak fynt dan plak yn in boaiemproseduere. Utspraken dy't fuortkomme út rjochtsaken hearre neitiid ta de saneamde jurispredinsje, in rjochtsboarne mei in wichtige funksje oangeande de ynterpretaasje fan wetlike termen dy't op ferskate wize útlein wurde kinne. Rjochters yn lettere rjochtsaken sille har datoangeande yn 'e jurispredinsje ferdjipje om te sjen wat harren amtsgenoaten yn eardere saken oer inselde ûnderwerp besletten hawwe.

Ruth (bibelboek)

Ruth, yn it oarspronklike Hebriuwsk: רוּת, Ruṯ, is in boek yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach falt it ûnder de Ḵeṯuḇim, de Geskriften, en is it it 14de boek (fan 24); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel falt it ûnder de Skiednis en is it (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) it 8ste boek (fan 39). Yn Ruth wurdt it ferhaal fan 'e jonge Moäbityske widdo mei deselde namme ferteld, dy't har skoanmem folget werom nei it lân Israel om dêr yn 'e fremdte ta te hâlden. De earste folsleine Fryske oersetting fan Ruth, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Adzer H. de Vries, kaam yn 1915 út.

Skepen

In skepen wie ûnder it Fryske rjocht belêste mei de rjochtspraak.

Yn it earstoan is de skepen allinnich tsjûge by it Seend- en merkerjocht (fan de lêste komme de stedsrjochten) en is dan lyk oan de atta en tolva. De skepens blike letter de hiele rjochtspraak te fersoargjen en foarmje mei de riedslju de 'Riucht ende Reed'. Fan 1806 - 1811 is Skepen de rjochtstitel fan de rjochters yn Ljouwert, Snits en Harns.

Suzanne (bibelsk ferhaal)

Suzanne, yn it Hebriuwsk: שׁוֹשַנָה, Šōšannāh (eins in frouljusnamme dy't fan "leelje" betsjut) en yn it Gryksk: Σουσαννα, Sousanna, is in omstriden tafoeging oan Daniël, in boek dat diel útmakket fan sawol de joadske as de kristlike Bibel. Suzanne fertelt it ferhaal fan 'e frou mei deselde namme, dy't troch twa âldere rjochters ferge wurdt om seksuële omgong mei harren te hawwen, mar wegeret, en krekt op 'e tiid rêden wurdt. De bedoeling fan it ferhaal is om oan te tsjutten dat God ûnskuldigen bystiet dy't trou bliuwe oan syn geboaden. Suzanne is inkeld oerlevere yn it Gryksk.

Taheakken op it Boek Daniël

De Taheakken op it Boek Daniël binne trije lettere tafoegings oan Daniël, dat in boek is fan sawol de joadske as de kristlike Bibel. Fan dy trije tafoegings, te witten Azarja (of it Liet fan Azarja), Suzanne en Bel en de Draak, binne de lêste beide inkeld yn it Gryksk oerlevere en net ien fan trijen steane se yn 'e joadske Tenach. Likemin meitsje se diel út fan it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel sa't dat yn 'e bibels gearstald is dy't yn gebrûk binne by de protestantske denominaasjes, mei't de protestanten se apokryf achtsje (al lit de Anglikaanske Tsjerke se yn syn bibels wol ôfprintsje, mar inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, hearre dizze tafoegings wol ta de kanon en meitsje se gewoan ûnderdiel út fan it boek Daniël. En yn 'e eastersk-otterdokse tsjerken, dy't de gearstalling fan 'e Septuaginta, de iere Grykske bibeloersetting, oanhâlde, is dat krekt-en-gelyk. Yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978 wurde de Taheakken op it Boek Daniël fermeld by de apokrife boeken as in bylaach by it Alde Testamint.

Azarja, dat yn bibels dy't it as kanonyk beskôgje in passaazje yn Daniël 3 foarmet (folgjend op Daniël 3:23), omfettet it gebed fan 'e Joadske balling Azarja, in koarte oergong fan proaza en de lofsang fan him en syn beide maten Chananja en Misjael. Suzanne, dat as ûnderdiel fan 'e kanon as haadstik 13 efter it boek Daniël oan plakt wurdt, fertelt it ferhaal fan 'e frou mei deselde namme, dy't troch twa âldere rjochters ferge wurdt om seksuële omgong mei harren te hawwen, mar wegeret, en krekt op 'e tiid rêden wurdt. En Bel en de Draak, ta ein beslút, dat yn roomske en easters-otterdokse bibels as haadstik 14 fan it boek Daniël op Suzanne folget, is opboud út trije ûnderskate ferhalen, twa dêr't Daniël de ôfgoadetsjinst fan 'e Babyloaniërs yn bestriidt en in trêden wêryn't Daniël yn 'e liuwekûle smiten wurdt, en rêden wurdt mei help fan 'e profeet Habakuk.

Ynternasjonaal Gerjochtshof

It Ynternasjonaal Gerjochtshof (as Ynternasjonaal Hof fan Justysje) is it wichtichste rjochtlik orgaan yn de Feriene Naasjes. It hof bestiet út 15 rjochters dy't keazen wurde troch de Algemiene Fergadering en de Feilichheidsried. It Ynternasjonaal Gerjochtshof is festige yn De Haach en húsmannet yn it Fredespaleis. Neist it Ynternasjonaal gerjochtshof binne yn De Haach noch in stikmannich ynternasjonale hoven festige: it Ynternasjonaal Strafhof, it Joegoslaavje-tribunaal, it Iran-VS Claims Tribunaal en it Permanint Hof fan Arbitraazje.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.