Rjûkjû-eilannen

De Rjûkjû-eilannen (Japansk: 琉球諸島, Ryūkyū-shotō; Okinawaansk: 琉球 of ルーチュー, Ruuchuu), yn it Japansk almeast de Súdwestlike Eilannen (南西諸島, Nansei-shotō) neamd, binne in keatling fan mear as hûndert Japanske fulkanyske eilannen dy't him fan 'e súdkust fan Kjûsjû, it súdlikste fan 'e Japanske haadeilannen, yn in wide bôge útstrekt yn 'e rjochting fan Taiwan. Dêrby foarmje dizze eilannen de skieding tusken de Eastsineeske See yn it westen en de Filipinensee yn it easten, dy't beide ûnderdiel útmeitsje fan 'e Stille Oseaan. De Rjûkjû-eilannen kin ûnderferdield wurde yn in stikmannich lytsere eilannegroepen, mei de Osûmy-eilannen as noardlikste en de Yaeyama-eilannen as súdlikste. De Daito-eilannen lizze fierder yn 'e Filipinensee op, wylst de Senkaku-eilannen, dêr't Sina en Taiwan ek oanspraak op meitsje, fierder yn 'e Eastsineeske See op lizze. It grutste eilân fan 'e hiele arsjipel is Okinawa.

Location of the Ryukyu Islands
De lizzing fan 'e Rjûkjû-eilannen.

Geografy

Algemien

De Rjûkjû-eilannen beslane mei-inoar in oerflak fan 4.542,1 km². It heechste punt op 'e eilannen is de berch de Miyanoura-dake, mei in hichte fan 1.936 m. As men de ôfhandige Daito- en Senkaku-eilannen net meirekkenet, besteane der binnen de Rjûkjû-eilannen twa grutte geologyske skiedings (oftewol gatten yn 'e eilannekeatling): de Tokarastrjitte yn it noarden, tusken de Tokara-eilannen en de Amamy-eilannen, en de Keramakleau yn it suden, tusken de Okinawa-eilannen en de Miyako-eilannen.

Eilannen

Fan noard nei súd (ynsafier't dat oanholden wurde kin) besteane de Rjûkjû-eilannen út 'e folgjende eilannegroepen en wichtichste eilannen:

  • de Satsûnaneilannen (薩南諸島, Satsunan-shotō)
    • de Osûmy-eilannen (大隅諸島, Ōsumi-shotō)
      • noardeastlike groep: Tanegashima, Yakushima, Kuchinoerabu en Mageshima
      • noardwestlike groep: Takeshima, Iojima en Kuroshima
    • de Tokara-eilannen (吐噶喇列島, Tokara-rettō): Kuchinoshima, Nakanoshima, Gajajima, Suwanosejima, Akusekijima, Tairajima, Kodakarajima en Takarajima
    • de Amamy-eilannen (奄美群島, Amami-guntō): Amami Ōshima, Kikaijima, Kakeromajima, Yoroshima, Ukeshima, Tokunoshima, Okinoerabujima en Yoronjima
  • de sintrale Rjûkjû-eilannen (琉球諸島, Ryūkyū-shotō)
    • de Okinawa-eilannen (沖縄諸島, Okinawa-shotō): Okinawa, Kumejima, Iheya, Izena, Aguni, Iejima en Iwo Tori Shima (Iōtorishima)
      • de Kerama-eilannen (慶良間諸島, Kerama-shotō): Tokashiki, Zamami, Aka en Geruma
    • de Sakisjima-eilannen (先島諸島, Sakishima-shotō)
      • de Miyako-eilannen (宮古列島, Miyako-rettō): Miyakojima, Ikemajima, Ogami, Irabu, Shimoji, Kurima, Minnajima en Tarama
      • de Yaeyama-eilannen (八重山列島, Yaeyama-rettō): Iriomote, Ishigaki, Taketomi, Kohama, Kuroshima, Aragusuku, Hatoma, Yubujima, Hateruma en Yonaguni
      • de Senkakû-eilannen (尖閣諸島, Senkaku-shotō) (hjir wurdt ek oanspraak op makke troch Sina en Taiwan): Uotsurijima, Kuba Jima, Taisho Jima, Kita Kojima en Minami Kojima
  • de Daito-eilannen (大東諸島, Daitō-shotō): Kita Daito, Minami Daito en Oki Daito
Yaeyama5247
It strân op 'e Yaeyama-eilannen.

Bestjoer

Bestjoerlik binne de Rjûkjû-eilannen ferdield oer twa Japanske prefektueren. De noardlike Osûmy-, Tokara- en Amamy-eilannen falle ûnder Kagoshima, wylst de súdlike Rjûkjû-eilannen mei-inoar de prefektuer Okinawa foarmje.

Klimaat

De Rjûkjû-eilannen hawwe in subtropysk klimaat mei mylde winters en hjitte simmers. De delslachsifers binne tige heech, mei fanwegen in lang oanhâldende wiete moesson en ferskate tyfoanen jiers. Besuden de Tokarastrjitte wurde de eilannen karakterisearre troch koraalriffen.

Demografy

De Rjûkjû-eilannen hiene neffens gegevens út 2005 in ynwennertal fan rom 1.550.000 minsken, wat in befolkingstichtens opsmiet fan 333,9 minsken de km². Etnysk sjoen binne de bewenners fan 'e beide noardlikste eilannegroepen, de Osûmy- en Tokara-eilannen, Japanners, dy't in fariant fan it Japanske Kagoshima-dialekt sprekke.

De súdlike Rjûkjû-eilannen wurde lykwols bewenne troch etnyske Rjûkjûanen, in lânseigen folk en etnyske minderheid yn Japan. Hja sprekke de Rjûkjûaanske talen (wêrfan't it Okinawaansk de grutste en wichtichste is), dy't nau besibbe binne oan it Japansk, mar dêr al hiel lang net mear ûnderling fersteanber mei binne. Boppedat hawwe de Rjûkjûanen ek in dúdlik eigen kulturele identiteit, en in eigen skiednis mei in ûnôfhinklik keninkryk dat pas yn 1879 troch Japan anneksearre waard. (Dêrby moat trouwens opmurken wurde dat de term "Rjûkjûanen" in namme is dy't fan bûtenôf oan 'e bewenners fan 'e eilannen jûn is; sels neame se har etnyske groep yn 'e regel nei it eilân dêr't se wei komme.)

Asahi-machi Naha Okinawa01s3s4410
Naha, de haadstêd fan Okinawa.

De ôfhandige Daito-eilannen, ta einbeslút, wiene lang ûnbewenne, mar waarden oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw kolonisearre troch folk fan 'e Izû-eilannen, besuden Tokio, en sadwaande sprekke de bewenners fan 'e Daito-eilannen in fariant fan it Japanske Hachijo-dialekt fan 'e Japanske eastkust.

Skiednis

It âlde Japan seach de eilannen besuden de Japanske arsjipel as syn natuerlike domein, en boppedat hie it der ideologyske en strategyske belangen. Japan hie ntl. de Sineeske filosofy fan it keizerskip op himsels tapast, en yn dat systeem wie der behoefte oan "barbaren" dy't opseagen nei it "glorieuze" bewâld fan 'e keizer. Op it fêstelân wie der foar de Sinezen gjin tekoart oan folken dy't dy rol ferfolje koene, mar yn Japan waarden de befolking fan 'e bûtengebieten en minderheden as de Rjûkjûanen en de Ainû dêrfoar brûkt. Fierders leine de Rjûkjû-eilannen midden op ien fan 'e trije wichtichste rûtes fan Japan nei Sina, dy't fral ûnder de Sineeske Tang-dynasty (630-840) in protte brûkt waard.

Sadwaande feroveren de Japanners al ier de noardlike Osûmy- en Tokara-eilannen, en letter ek de Amamy-eilannen, mar de oanfierlinen wiene blykber te lang (of it animo te lyts) om ek de súdlikere Rjûkjû-eilannen yn te nimmen. Yn 1429 ferienen de ûnderskate minysteatsjes yn 'e Okinawa-eilannen har ta it keninkryk Rjûkjû, dat de Miyako- en Yaeyama-eilannen ferovere en op syn hichtepunt ek oer de Amamy-eilannen hearske. Fan âlds wiene de Rjûkjûanen skatplichtich oan 'e Sineeske keizers.

Flag of Ryukyu
De flagge fan it keninkryk Rjûkjû, (oant 1875).

Yn 1609 foel Shimazu Tadatsune, de Japanske hear fan Satsuma, Rjûkjû binnen mei in float fan trettjin oarlochsjonken en 2.500 samûrai's. Dat leger state net op in soad wjerstân fan Rjûkjûaanske kant, mei't der op 'e eilannen mar kwealk krigers wiene en kening Shō Nei syn folk oprôp om har net te fersetten, mar ynstee it kostbere libben derôf te rêden troch de Japanners út 'e wei te gean (in ynstelling dy't yn 'e krigerskultuer fan Japan hoegenamt net begrepen waard). Neitiid betellen de keningen fan Rjûkjû skatting oan 'e Japanske sjogûn èn oan 'e Sineeske keizer. De skatplichtige relaasje fan 'e eilannen mei de Sineeske Tsjing-dynasty waarden yn 1655 sels formeel bekrêftige troch it sjogûnaat. Pas yn 1874 waard de bân mei Sina troch Rjûkjû iensidich beëinige.

Underwilens hie Japan doe twa jier earder de Rjûkjû-eilannen al ûnder it tafersjoch fan it Ministearje fan Bûtenlânske Saken pleatst. It wie in faai teken doe't dy ferantwurdlikheid yn 1875 oerhevele waard fan it departemint fan Bûtenlânske Saken nei dat fan Binnenlânske Saken. Yn 1879 kundige it Japanske regear úteinlik de anneksaasje fan Rjûkjû ôf. De eilannen dy't ta it keninkryk heard hiene, foarmen fan dy tiid ôf de prefektuer Okinawa, en de lêste Rjûkjûaanske kening waard twongen om yn ballingskip te gean yn Tokio, dêr't de Japanners him yn 'e rekken hâlde koene. By de Frede fan Shimonoseki, wêrmei't yn 1895 de Earste Sineesk-Japanske Oarloch beëinige waard, joech Sina formeel alle oanspraken op 'e Rjûkjû-eilannen op.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard der op 'e Rjûkjû-eilannen, en fral op Okinawa, fûleindich fochten. Fan oktober 1944 ôf waarden de eilannen bombardearre troch de Alliëarden. Op 1 april 1945 fierden de Amerikanen in lâning út op Okinawa, dêr't de Japanske troepen oan 'e dea ta trochfochten. Pas op 22 juny, nei 82 dagen fan oanhâldende striid, wisten de Amerikanen it eilân folslein te feroverjen. Tsjin dy tiid wiene 13.000 Amerikanen en neffens guon skatting sa'n 250.000 Japanners omkommen. In grut diel fan 'e Japanske deaden bestie út boargerslachtoffers, en der binne skriklike ferhalen oer massale selsdeadings, wêrby't memmen mei har bern yn 'e earms fan 'e kliffen sprongen, de dea temjitte, as de Amerikanen nei-oan kamen. De Japanske militêre lieding op Okinawa die seppuku (in foarm fan rituële selsmoard wêrby't men jinsels in dagge yn 'e búk stjit), mar it ûndergrûnske haadkertier fan 'e Japanske marine op it eilân, dêr't 4.000 marine-ofsieren en -manskippen harsels ombrochten, wie sa goed ferburgen dat de Amerikanen pas trije wiken letter troch de lykstank de yngong fûnen. De Okinawa-kampanje hie grutte ynfloed op it Amerikaanske beslút om mar net oan 'e ynfaazje fan 'e Japanske haadeilannen te begjinnen, mar ynstee atoombommen op Hiroshima en Nagasaki te smiten.

Busena Resort11n4272
Kaap Busena, op Okinawa.

Nei de oarloch hold Okinawa noch lang in Amerikaanske besetting. Dy waard yn 1952 formalisearre by it Ferdrach fan San Fransisko, dat in ein makke oan 'e oarloch tusken de westlike Alliëarden en Japan. Pas yn 1972 waarden Okinawa en de eilannen besuden 29° noarderbreedte troch de Feriene Steaten weromjûn oan Japan. Sûnt binne de spannings tusken de súdlike Rjûkjû-eilannen en it sintrale regear yn Tokio almar fierder oprûn. De Rjûkjûanen fiele har diskriminearre en negearre, en har etnyske identiteit wurdt troch Japan ûntkend (mei't it offisjele stânpunt is dat de Rjûkjûanen gewoan etnyske Japanners binne). Sadwaande hat him op 'e súdlike Rjûkjû-eilannen in sterke ûnôfhinklikheidsbeweging ûntjûn.

As katalysator wurket dêrby de oanwêzichheid fan 'e grutte Amerikaanske militêre bases op Okinawa, mei spesjale privileezjes foar de dêr legere Amerikaanske troepen. Yn 1995 kaam de ûnfrede fan 'e Okinawanen oer de status fan harren eilân, dy't neffens har feitlik delkomt op dy fan in Amerikaanske koloanje, ta útbarsting troch de ferkrêfting fan in tolvejierrich famke troch trije Amerikaanske mariniers. Hoewol't de dieders neitiid yn 'e Feriene Steaten feroardiele waarden ta 6½ oant 7 jier finzenisstraf, waard dat fûnis troch de Okinawaanske befolking as fierstente leech beskôge en late it ta in nije weach fan opskuor. Neitiid hawwe ferskate soartgelikense foarfallen ta nije rebûlje op it eilân laat. Dêrby rjochte de lulkens fan 'e eilanners him net inkeld op 'e Amerikanen, mar fral ek op it Japanske regear, dat har foar harren gefoel allegeduerigen oan it koartste ein lûke lit.

Sûnt 2010 is it âlde konflikt tusken Sina en Japan oer de sizzenskip op 'e Rjûkjû-eilannen nij libben ynblaasd, om't beide lannen (en ek Taiwan) oanspraak meitsje op 'e ûnbewenne Senkakû-eilannen. De reden dêrfoar is uteraard ekonomysk, mei't der by dy eilannen nei alle gedachten grutte foarrieden oalje en gas yn 'e grûn sitte.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.


1940-er jierren

De 1940-er jierren, ek oantsjut as de fjirtiger jierren en de jierren ’40, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1941 en duorre it oant en mei 31 desimber 1950, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1940 oant en mei 31 desimber 1949. De earste helte fan dit desennium waard dominearre troch de Twadde Wrâldoarloch, wêryn't nazy-Dútslân, Japan en harren bûnsgenoaten út wiene op wrâldhearskippij. Nei fiif jier oarloch wisten de Alliëarden, ûnder oanfiering fan 'e Feriene Steaten en de Sovjet-Uny, de Dútsers en Japanners einlings te ferslaan. Neitiid ûntstie der in nij wrâldomfiemjend konflikt doe't de kapitalistyske Feriene Steaten en de kommunistyske Sovjet-Uny deilis rekken yn 'e saneamde Kâlde Oarloch, dy't mear as fjirtich jier duorje soe. Underwilens wie benammen Jeropa troch de ferwuostgings yn it ramt fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn in ekonomyske krisis stoart. Yn 'e twadde helte fan 'e fjirtiger jierren waard in begjin makke mei de weropbou, dy't ek yn 'e 1950-er jierren noch hast tsien jier trochgean soe. Oare wichtige ûntwikkelings yn 'e 1940-er jierren wiene de ferbettering fan ynternasjonale gearwurking troch de oprjochting fan 'e Feriene Naasjes, de dekolonisaasje fan dielen fan Aazje en it begjin fan it konflikt tusken Israel en de Arabieren yn it Midden-Easten.

1945

1945 is in gewoan jier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 1945.)

Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1940-er jierren.

Death Masks

Death Masks is in roman fan it fantasysjenre skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel is in wurdboarterij mei twa bestjuttings: "Deademaskers" en "De Dea Maskearret". It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it fyfde diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op Summer Knight. Yn Death Masks wurdt Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, troch de Roomsk-Katolike Tsjerke frege om it stellen Lykklaad fan Turyn werom te finen. Dat liket in frij ienfâldige opdracht te wêzen, mar Harry rekket troch syn ûndersyk behelle yn in kat-en-mûsspul mei de dieven, de maffia en in groep fallen ingels dy't nearne foar tebek skrilje, wylst er tagelyk ek noch twongen wurdt om it yn in duël op te nimmen tsjin in fampier. It boek waard yn 2003 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books. Yn 2006 waard Death Masks troch de Science Fiction Book Club werpublisearre yn 'e omnibusedysje Wizard for Hire, yn 'e mande mei Summer Knight, it fjirde diel fan The Dresden Files.

Everswyn

It everswyn (Latynske namme: Sus scrofa), ek wol bekend as de ever of evert, it wylde swyn of de wylde baarch, is in sûchdier it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla) en de famylje fan 'e bargen (Suidae). It is lânseigen yn hast hiel Jeropa, it grutste part fan Aazje en dielen fan Noard-Afrika, mar komt no ek as eksoat yn oare gebieten foar, lykas de Amearika's en Australaazje. It everswyn is dêr faak ferantwurdlik foar frijwat ekologyske skea oan 'e lânseigen floara en fauna. Us domestisearre baarch stammet fan it everswyn ôf en plantet him der noch altyd sûnder swierrichheden mei fuort.

Gerald Ford

Gerald Ford (folút: Gerald Rudolph Ford jr.; ropnamme: Jerry), berne as: Leslie Lynch King jr. (Omaha (Nebraska), 14 july 1913 – Rancho Mirage (Kalifornje), 26 desimber 2006), wie in Amerikaansk jurist en politikus fan 'e Republikeinske Partij. Hy wie fan 1974 oant 1977 de 38ste presidint fan 'e Feriene Steaten, nei't syn foargonger Richard Nixon fanwegen it Watergate-skandaal ôftrede moatten hie. Foartiid wied er fan 1973 oant 1974 fise-presidint ûnder Nixon, nei't syn foargonger yn dat amt, Spiro Agnew, ôftrede moatten hie op beskuldigings fan belestingfraude en omkeaping. Sadwaande is Ford oant no ta de iennichste Amerikaanske presidint dy't noch as presidintskandidaat, noch as fise-presidintskandidaat keazen is troch it Electoral College (kolleezje fan kiesmannen).

Griisbealchiikhoarntsje

It griisbealchiikhoarntsje (Latynske namme: Callosciurus caniceps) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e pronkiikhoarntsjes (Callosciurus), dat oarspronklik út Súdeast-Aazje komt. It griisbealchiikhoarntsje waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1842, troch de Ingelske soölooch John Edward Gray.

Japanske namme

In Japanske namme is de namme fan persoanen yn Japan en fan lju fan etnysk Japansk komôf om utens. Oant fier yn 'e njoggentjinde iuw hiene de measte Japanners allinne mar in foarnamme. Pas nei de Meiji-restauraasje fan 1868 waarden troch it sljochtwei folk ek famyljenammen oannommen. Tsjintwurdich bestiet de Japanske namme yn 'e regel út ien famyljenamme en ien foarnamme, wêrby't de famyljenamme nei Eastaziatysk gebrûk foàr de foarnamme pleatst wurdt. Oars as bygelyks Sinezen, dy't frijwol altyd oan dy nammefolchoarder fêsthâlde, passe Japanners yn it bûtenlân (of yn kommunikaasje mei it bûtenlân) harren namme oan 'e Westerske nammefolchoarder oan, sadat dan de foarnamme foàr de famyljenamme komt te stean. Dat wurdt dien om misferstannen foar te kommen. In bekende Japanse as Yoko Ono (sa't se yn it Westen bekend stiet), hjit dus yn korrekt Japansk eins Ono Yoko.

Rjûkjûaanske mûs

De Rjûkjûaanske mûs (Latynske namme: Mus caroli) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte mûzen (Mus), dat ferneamd is nei de Súdjapanske Rjûkjû-eilannen. Nettsjinsteande dat libbet er ek yn Taiwan, Súd-Sina en Súdeast-Aazje (Fjetnam, Laos, Kambodja, Tailân en sintraal Birma). Fierders komt er ek foar op it skiereilân Malakka, yn Maleizje, en op 'e eilannen Sumatra, Java, Madoera en Floares, yn Yndoneezje, mar dêr is er nei alle gedachten in troch de minske yntrodusearre eksoat, al waard dy ûnderstelling yn 2003 yn in ûndersyk troch guon Japanske wittenskippers ûntstriden.

Sineeske karakters

Sineeske karakters (tradisjoneel Sineesk: 漢字; ferienfâldige Sineesk: 汉字; pinyin-transliteraasje: hànzì; útspr.: [xanʦɻ̩], likernôch: "chantsuh"; betsjutting: "Han-karakters") binne in skrift besteande út logogrammen, dat ûntwikkele is foar it fêstlizzen fan skreaun Sineesk. Dêrnjonken is it oanpast oan it skriuwen fan ferskate oare Aziatyske talen. Sa foarmje Sineeske karakters ûnder de namme kanji noch altyd in krúsjaal ûnderdiel fan it skriuwsysteem fan it Japansk en de Rjûkjûaanske talen, wylst se ûnder de namme hanja út en troch ek noch brûkt wurde foar it skriuwen fan it Koreaansk. Ek wurde se (ûnder de namme sawndip) brûkt foar it skriuwen fan it Sjûang, in grutte minderheidstaal út súdlik Sina, en foarhinne wiene se ûnder de namme chữ nôm ek yn gebrûk foar it skriuwen fan it Fjetnameesk.

Fan oarsprong wiene Sineeske karakters in byldskrift, ferlykber mei de Egyptyske hieroglifen, hoewol't dat foar de moderne Sineeske karakters net mear alhiel wier is. Sineeske karakters foarmje it âldste, oan ien wei troch yn gebrûk bleaune skrift fan 'e wrâld. Der besteane tsjintwurdich twa foarmen fan: tradisjoneel Sineesk (yn gebrûk yn Taiwan, Hongkong en Makau) en ferienfâldige Sineesk (yn gebrûk yn Sina, Singapoer en Maleizje). Troch histoaryske fersprieding oer de hiele Sinosfear (it gebiet fan ynfloed fan Sina), dy't laat hat ta it wiidfersprate hjoeddeistige gebrûk fan it skrift, binne Sineeske karakters op 't heden ien fan 'e meast brûkte skriften fan 'e wrâld.

The Dresden Files (romansearje)

The Dresden Files is in fantasy-romansearje fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer Jim Butcher, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. De titel betsjut: "De Dresden-dossiers". De rige, dy't yn it ik-perspektyf skreaun is, giet oer de ûndersiken yn 'e wrâld fan it boppenatuerlike troch de tsjoender en privee-detektive Harry Dresden út Chicago. De earste roman, Storm Front, waard yn 2000 publisearre by de Amerikaanske útjouwerij Roc Books, dat de oarspronklike útjouwer fan 'e rige is. Anno 2019 bestie de searje út fyftjin romans en trije ferhalebondels. Dielen fan 'e rige binne adaptearre ta grafyske romans, en yn 2007 waard op basis fan 'e earste romans in tillefyzjesearje makke, dy't ek The Dresden Files hiet.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.