Poëzy

Poëzy is in foarm fan literatuer dêr't de tekst wichtiger is as de ynhâld. Yn gedichten foegje de bou en de assosjaasjes by elts fan de wurden mear ta ta de betsjutting fan it wurk dan de betsjutting fan de wurden en sinnen. By de bou spylje lûd, rym en metrum mei, by de wurdassojaasjes wurdkar en byldspraak.

L I T E R Ê R E   S J E N R E S
In mooglike yndieling
– Taalsituaasje (monolooch, dialooch)
– Abstrakte ynhâld (al of net narratyf)
– Tematyk (reisferhaal, filosofysk,…)
– Styl (proaza, poëzij, symboalysk,…)
– Lêshâlding (hat te krijen mei de resepsje)
Yndieling neffens ferheljend proaza
Op basis fan lingte Op basis fan ynhâld
– Iendielich Aventoereroman
   – Koart ferhaal Science fiction
   – Novelle Westernroman
   – Roman Skriller
– Meardielich Autobiografy
   – Ferhalesyklus Fantastyske fertelling
   – Romansyklus Grizelferhaal
   – Fúljeton Ridderroman
   – Karelroman
   – Arthurleginde
Goatyske roman
Detektiveroman
Kollektive roman
Sentimintalistyske roman
Briefroman
Skelmeroman
Bildungsroman
Famyljeroman
Streekroman
Tendinsroman
Histoaryske roman
Psychologyske roman
Yndieling neffens poëzij
Epyk Lyryk
   – Epos
   – Roman yn fersen
Yndieling neffens drama (toaniel)
Trageedzje Mystearjespul
Komeedzje Passyspul
Klucht Mirakelspul
Tragikomeedzje Moraliteit
Yndieling neffens mingsjenres
– Mei muzyk: libretto, liettekst Harkspul
– Mei byld: Tekenteltsje Skript of senario foar film / tv
Net-ferheljend proaza
– Ynformatyf – Betogend
   – Artikel    – Essay
   – Ferslach    – Ferhanneling
   – Biografy    – Traktaat
   – Wurdboek    – Opinystik
   – Ensyklopedy    – Kollum
   – Hânboek    – Resinsje
   
– Persoanlik – Dialogen
   – Brief    – Fraachpetear
   – Memoires    – Enkête
   – Autobiografy    – Diskusjefoarum
   – Deiboek
   – Lochboek
   – Bloch
Sakrale teksten
Profetyske tekst
Gebed

Foarmen fan poëzy

Abe de Vries (skriuwer)

Abe de Vries (Winaam, 10 jannewaris 1965) is in Frysk dichter, esseeïst, literêr kritikus, sjoernalist, útjouwer, oersetter, fotograaf en ien fan de Fryske publike figueren dy't it kulturele en yntellektuele debat yn Fryslân liede.

Bernlef (skriuwer)

Bernlef, skûlnamme fan Hendrik Jan Marsman, (Sint-Pankras, 14 jannewaris 1937 - Amsterdam, 29 oktober 2012) wie in Nederlânsk skriuwer en dichter. Fan 2002 ôf publisearre er ûnder de skûlnamme J. Bernlef (mei in foarletter J.).

Blomlêzing

In blomlêzing of karlêzing is in literêre term foar in samling fan 'e moaiste en bêste stikken út 'e poëzij of proaza fan in beskaat literêr mêd. Synonimen binne antology (fan it Grykske anthologia), florilegium (Latyn foar "blomlêzing") en analekta (Gryksk foar "útlêzen stikken"). Yn it Nederlânsk kaam it wurd bloemlezing yn 'e achttjinde iuw yn 'e mode as letterlike oersetting fan it Grykske anthologia; foartiid brûkte men al wol de oantsjutting bloemkrans. Ut it Nederlânsk wei waard it Fryske 'blomlêzing' oernommen.

Blomlêzings besteane yn 'e regel út wurk fan mear as ien auteur, mar it is ek mooglik dat se út it oeuvre fan ien skriuwer gearstald binne. Se kinne wurk omfiemje út in beskate (literêre) perioade, fan in beskate literêre streaming of fan in beskaat sjenre. Ek kinne se tematysk fan aard wêze. Der wurdt ornaris keazen foar it bêste wurk fan in auteur, mei as beheining dat de smaak fan 'e gearstaller, de saneamde blomlêzer, fansels beskiedend is foar de gearstalling. Dêrfandinne dat blomlêzings in rol spylje by de foarming fan literêre kanons. By tematyske blomlêzings komt it trouwens ek faak foar dat skriuwers spesifyk frege wurde om dêrfoar in koart ferhaal of gedicht oan te leverjen. Yn sokke gefallen hoecht it fansels net om it bêste wurk fan 'e oangeande skriuwer te gean.

Heechliet

It Heechliet, yn it oarspronklike Hebriuwsk: שִׁיר הַשׁשִׁירִים, Šīr HaŠīrīm ("Liet der Lieten"), is in boek fan lyryske poëzij yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach is it Heechliet it 19de boek (fan 24) en falt it ûnder de Ḵeṯuḇim (de "Geskriften"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel is it (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) it 22ste boek (fan 39) en heart it ta de Poëzij en Wiisheid. It is ien fan 'e koartste boeken fan 'e Bibel, mei mar 117 fersen, en befettet mar ien ferwizing nei God. Likegoed wurdt it gauris ynterpretearre as in likenis fan 'e relaasje tusken God en it folk fan Israel, of, wat it kristendom oanbelanget, as in likenis tusken Jezus Kristus of de tsjerke en de minsklike siel. Neffens de Asjkenazyske tradysje wurdt it yn syn gehiel foarlêzen op 'e sabbat dy't falt yn 'e tuskenlizzende dagen fan it joadske feest Pêsach; neffens de Sefardyske gewoante wurdt it eltse freedtejûn foarlêzen. De earste folsleine Fryske oersetting fan it Heechliet stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

Hân

De hân (medyske Latynske term: manus, meartal manūs) is in kompleks mearfingerich lichemsdiel, dat troch de pols ferbûn is mei de ûnderearm en geskikt is om dingen mei beet te pakken en fêst te hâlden.

Jezus Sirach

Jezus Sirach, yn it Hebriuwsk: יהושע בן סירעכ, Yěhošua ben Siraḵ, ek wol bekend as de Wysheid fan Jezus Sirach, is in deuterokanonyk of apokryf boek fan 'e Bibel. Gjin inkele streaming fan it joadendom erkent it as kanonyk, en it heart dus net ta de joadske Tenach, al wurdt der yn 'e Talmoed gauris nei ferwiisd. Wat it kristendom oanbelanget, wurdt Jezus Sirach troch alle protestantske tsjerken as apokryf beskôge. Allinne de Anglikaanske Tsjerke lit it as regel ôfprintsje yn syn bibels, mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e bibels fan oare protestantske denominaasjes wurdt it soms (mar lang net altyd) ek wol werjûn as nuttige mar opsjonele taheakke oan it Alde Testamint. Dat is bgl. it gefal yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978, wêryn't it as fjirde fan tolve apokrife bylagen tafoege is.

De Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, rekkenet Jezus Sirach wol deeglik ta de kanon. Yn roomske bibels makket it sadwaande gewoan ûnderdiel út fan it Alde Testamint, en folget it mei de Wysheid fan Salomo, in oar deuterokanonyk boek, op it Heechliet. Itselde is it gefal yn 'e kanons fan 'e eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse tsjerken (lykas de Gryksk-Otterdokse, de Russysk-Otterdokse, de Georgysk-Otterdokse, de Armeensk-Otterdokse, de Syrysk-Otterdokse, de Etiopysk-Otterdokse en de Koptyske Tsjerke).

Jezus Sirach is in boek fan dichterlike wiisheid, dat yn it earste fearn fan 'e twadde iuw f.Kr. te Jeruzalim skreaun waard troch de Joadske klerk Jozua ben Sirach. De oarspronklike tekst wie frijwol wis yn it Hebriuwsk steld, mar is net bewarre bleaun. Wol binne der ferskate lettere Hebriuwsktalige ferzjes oerlevere. Neitiid waard it oerset yn it Gryksk troch de pakesizzer fan 'e skriuwer, dy't teffens in prolooch tafoege dêr't er yn fernijt dat er yn 132 f.Kr. nei Egypte ta ferfearn is.

Kleilieten

De Kleilieten, yn it oarspronklike Hebriuwsk: איכה, Ēiḵāh ("Hoe't"), foarmje in boek fan dichterlike rousangen yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach is it it 20ste boek (fan 24) en falt it ûnder de Ḵeṯuḇim (de "Geskriften"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel is it (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) it 25ste boek (fan 39) en heart it ta de Grutte Profeten (fanwegen de eardere oertsjûging dat it skreaun is troch de profeet Jeremia). De Kleilieten beklage de fal fan Jeruzalim en de ferwuostging fan 'e Timpel yn 586 f.Kr. troch de Babyloaniërs ûnder kening Nebûkadnêzar II. Neffens de joadske tradysje wurde de Kleilieten foarlêzen op Tisha B'Av ("de Njoggende fan Av"), de fertrietlikste dei fan 'e joadske kalinder, wannear't de ferwuostging fan sawol de Earste as de Twadde Timpel berouwe wurdt. De earste folsleine Fryske oersetting derfan stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

Liet

In liet, sang of ferske is in muzikale foarm wêrby't tekst, de saneamde liettekst, op muzyk ferklonken wurdt, faak foarmjûn yn ferskate kûpletten mei in refrein. Yn 'e kûpletten wurdt nije ynformaasje jûn, en de kûpletten ferskille dan ek ûnderling op it mêd fan tekst. It refrein hat in fêste tekst, dy't tusken de kûpletten troch hieltyd werhelle wurdt.

Lieten foar it Sabbatsoffer

De Lieten foar it Sabbatsoffer, ek wol bekend ûnder de namme fan 'e Liturgy fan de Ingels, is in rige fan trettjin algemien as apokryf beskôge religieuze lieten, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel, ien foar elkmis fan 'e trettjin sabbatten fan 'e joadske kalinder. Se binne fragmintarysk oerlevere yn njoggen manuskripten dy't ûnderdiel útmakken fan 'e Deade-Seerôlen en dy't fûn binne te Qumran (4Q400-4Q407 en 11Q17). In oare kopy is ûntdutsen te Masada. De Lieten foar it Sabbatsoffer binne dreech te datearjen, mar tocht wurdt oan likernôch 100 f.Kr. Hoewol't de boekrôlen dy't te Qumran fûn binne ornaris assosjearre wurde mei guon joadske sekten, lykas de essenen, lykje de Lieten foar it Sabbatsoffer gjin sektaryske ynhâld te hawwen. Boppedat bewiist it eksimplaar dat te Masada fûn is, dat dizze tekst ek yn oare mienskippen brûkt waard.

Literatuer

It wurd Literatuer wurdt foar ferskate begrypen brûkt. Fral mei de ôflieding "literêr" betsjut it it skriuwen as keunstfoarm en alle keunst, alle boeken, dy't dêrtroch makke wurdt. Dit is ta ûnderskied mei lektuer, it skriuwen allinnich om it ferhaal oer te bringen. Hjir oan besibbe binne de betsjutting fan alle skreaune tekst yn in beheind gebiet, lykas fakliteratuer, en de betsjutting fan alle teksten, skreaun en sprutsen, yn in taal.

It wurd "Literatuer" is in lettere ôflieding fan it Latynske littera, de „boekstêf“. It meartal litterae betsjutte dêrneist sawat as „it skreaune, „dokuminten“, „brieven“, „wittenskip(pen)“. Yn it Frânsk en Ingelsk bleau fan de wurden lettres en letters de wurdbetsjutting „wittenskippen“ bestean.

Oaden (Bibel)

De Oaden, yn it oarspronklike Gryksk: Ώδαὶ, Odai, foarmje in tekst dy't yn 'e tsjerken fan it eastersk-otterdokse kristendom ta de kanon fan it Alde Testamint fan 'e Bibel rekkene wurdt, en dy't dêr in ûnderdiel útmakket fan of taheakke is oan it boek fan 'e Psalmen. Yn alle oare kristlike denominaasjes en it joadendom wurdt dizze tekst as apokryf beskôge. De âldst oerlevere ferzje fan 'e Oaden stiet yn 'e Codex Alexandrinus, in fiifde-iuwsk eksimplaar fan 'e Septuaginta. De ûnderskate "oaden" binne eins gebedens en hymnen, dy't sawol op it Alde as op it Nije Testamint slane. De earste njoggen foarmje de grûnslach foar de kanon dy't yn eastersk-otterdokse tsjerken songen wurdt ûnder de metten en by guon oare tsjinsten.

Preker (bibelboek)

Preker, yn it oarspronklike Hebriuwsk: קהלת, Qoheleṯ ("Sammelder"), is in boek fan dichterlike wiisheid yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach is Preker it 18de boek (fan 24) en falt it ûnder de Ḵeṯuḇim (de "Geskriften"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel is it (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) it 21ste boek (fan 39) en heart it ta de Poëzij en Wiisheid. Hoewol't de preker himsels yn Pr. 1:1 foarstelt as "De Preker, soan fan David, kening te Jeruzalim", dêrmei ymplisearjend dat er Salomo is (of sa binne dy wurden alteast altyd útlein), is it boek Preker feitliks it wurk fan in anonime skriuwer, en datearret it nei alle gedachten út it lêste part fan 'e trêde iuw f.Kr. De earste folsleine Fryske oersetting fan Preker stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

Psalmen

De Psalmen, yn it oarspronklike Hebriuwsk: תְהִלִּים, Ṯehillīm, foarmje in boek fan lyryske lieten yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach binne de Psalmen it 15de boek (fan 24) en falle se ûnder de Ḵeṯuḇim (de "Geskriften"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) binne se it 19de boek (fan 39) en hearre se ta de Poëzij en Wiisheid. It wurd "Psalmen" komt fan it Grykske Ψαλμοί, Psalmoi, dat "lieremuzyk" of "gesangen foar by de harpe" betsjut. Ornaris binne der 150 psalmen, dy't ferskate foarmen hawwe kinne, lykas hymnen, kleilieten, tanklieten en wiisheidslieten. De earste Fryske oersetting fan it folsleine bibelboek Psalmen, fan dû. Geart Aeilco Wumkes, kaam yn 1937 út.

Psalmen fan Salomo

De Psalmen fan Salomo is de oantsjutting foar in groep fan achttjin apokrife psalmen (religieuze hymnen of gedichten) dy't gjin ûnderdiel útmeitsje fan 'e bibelske Psalmen. Sterker noch, se hearre ta gjin inkele kanon, noch wurde se troch lykfol hokker kristlike of joadske streaming erkend as kanonyk. Lykwols wurde se, yn 'e foarm fan in apokrife taheakke, wol ôfprinte yn guon moderne edysjes fan 'e Septuaginta en de Peshitta. De santjinde fan 'e achttjin Psalmen fan Salomo is de bibelske Psalm 72 net wanlyk; mei't Psalm 72 oan 'e Israelityske kening Salomo taskreaun wurdt, is dat miskien de reden dat de Psalmen fan Salomo harren namme krigen hawwe. In oare teory is dat dizze psalmen yn sa'n heech oansjen stiene dat de namme fan Salomo dermei ferbûn waard om se foar de ferjitnis te behoedzjen.

De Psalmen fan Salomo waard nei ferwiisd yn ier-kristlike teksten, mar men naam oan dat se ferlern gien wiene, oant der yn 'e santjinde iuw in Gryksk manuskript fan fûn waard. Sûnt binne der noch sân oare hânskriften fan 'e Psalmen fan Salomo boppe wetter kommen, allegearre skreaun yn it Gryksk en datearjend fan 'e alfde oant de fyftjinde iuw. It binne nei alle gedachten oersettings fan in ferlern gien Hebriuwsk of Arameesk orizjineel út 'e earste of twadde iuw f.Kr. Hoewol't se no ien samling foarmje, bestiene se oarspronklik los faninoar, en binne se skreaun troch ferskillende dichters yn ferskillende perioaden.

Yn polityk opsjoch binne de Psalmen fan Salomo anty-Makkabeesk, en guon fan 'e psalmen litte dúdlik blike har bewust te wêzen fan 'e Romeinske ferovering fan Jeruzalim troch Pompejus, yn 63 f.Kr. Dêrby wurdt dy Romeinske generaal yn oerdrachtlike sin útbylde as in draak dy't troch God stjoerd is om 'e Makkabeeërs (de doetiidske lânseigen dynasty fan Judeä) te straffen. Guon fan 'e psalmen ferkundigje ek in messianistysk boadskip (sij it yn 'e joadske sin, wêrby't it dúdlik giet om in troch God stjoerd en ûnderstipe minske ynstee fan it kristlike byld fan 'e Soan fan God). Mar foar it meastepart hawwe de Psalmen fan Salomo minder mei de widere wrâld fan dwaan, as dat se har beheine ta it yndividuële hâlden en dragen fan 'e leauwende, en dêrby drage se út dat boete dwaan foar ûnbedoelde sûnden in effektive manear is om Gods tagedienens werom te winnen.

Bibelwittenskippers en teologen hawwe besocht om 'e Psalmen fan Salomo yn ferbân te bringen mei sawol de essenen fan Qumran, dy't harsels ôfkearden fan wat hja seagen as in kweade wrâld, as de fariseeërs, in faksje fan 'e joadske skriftlearden dy't him ôfsette tsjin 'e sadduseeërs, dy't krekt oanhingers fan 'e Makkabeeërs wiene.

Shakespeariaanske poëzij

De Shakespeariaanske poëzij is it dichtwurk fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare, dat datearret fan 'e ein fan 'e sechstjinde en it begjin fan 'e santjinde iuw. Yn it foarste plak hearre dêrta syn Sonnetten, mar dêrnjonken binne der ek noch wat losse gedichten. Twa fan 'e sonnetten en trije gedichten dy't oan 'e komeedzje Leafde's Lêst Net Leanne ûntliend wiene, waarden yn 1599 sûnder Shakespeare syn tastimming publisearre yn 'e samling De Hertstochtlike Pylger (The Passionate Pilgrim). Fan 'e rest fan 'e gedichten yn dy bondel kin fan in diel mei wissichheid sein wurde dat se it wurk fan oare skriuwers binne, mar fan guon is de auteur ûnbekend; dy soene mooglik fan Shakespeare wêze kinne. Ek wurde der noch guon oare, losse gedichten oan 'e man taskreaun; krekt as in grut part fan De Hertstochtlike Pylger hearre dy ta de Shakespeariaanske apokrifa.

Sonnet 18

Sonnet 18 of Shall I compare thee to a summer's day? is ien fan de bekendste fan de 154 Sonnetten fan William Shakespeare. It tema is de fergonklikens fan ierdske moaiens en de ivichheid fan de poëzy. Hjoeddedei wurdt jamk te praat brocht dat it oarspronklike ûnderwerp fan it gedicht, Shakespeares leafste, foar wa't it gedicht skreaun is, in man wie, wylst mannichien it sonnet brûkt ta it beskriuwen fan in frou.

Spreuken

De Spreuken, yn it oarspronklike Hebriuwsk: מִשְלֵי, Mišlei, foarmje in boek fan dichterlike wiisheid yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach binne de Spreuken it 17de boek (fan 24) en falle se ûnder de Ḵeṯuḇim (Geskriften); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) binne se it 20ste boek (fan 39) en falle se ûnder de Poëzij en Wiisheid. De earste folsleine Fryske oersetting fan Spreuken stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

Titel (namme)

In titel (fan titulaire, de eigenskipswurdlike foarm fan it Frânsk titre) of opskrift is de namme fan makke wurk, yn 'e regel op it mêd fan 'e literatuer, skiene keunsten, muzyk, film of tillefyzje, lykas in boek, ferhaal, haadstik, gedicht, spylfilm, tillefyzjeprogramma, fideo- of kompjûterspultsje, liet, album, of lykfol hokker oar publisearre wurk ek. Men brûkt in titel yn it foarste plak om in wurk mei te identifisearjen, mar men kin der ek in minimale gearfetting fan 'e ynhâld mei jaan en besykje om 'e belangstelling fan sjoggers en mooglike keapers te wekjen. Fierders is it mooglik om it wurk mei de titel drekt al yn in beskate kontekst te pleatsen; sa tinkt tsjintwurdich bygelyks eltsenien by in titel dêr't it wurd Star diel fan útmakket, oan science fiction (Star Trek, Star Wars, ensfh.).

Titels wurde yn 'e regel keazen troch de mekker (auteur, keunstner, komponist of regisseur), hoewol't yn 'e literatuer faak de útjouwer meibeslist, en yn 'e film-, tillefyzje- en muzykyndustry de produsint. Salang't in wurk noch net ôf, of alteast net publisearre is, kin dernei ferwiisd wurde ûnder in foarriedige wurktitel. Sokke wurktitels kinne by de publikaasje oanholden wurde, mar meastal wurde se ferfongen troch in nije, folslein oare titel. As yn 'e titel de namme fan in personaazje út it wurk neamd wurdt, sprekt men fan de titelrol (dat hoecht net deselde te wêzen as de haadrol). Yn 'e útjouwerijbrâns is it wenst om 'e titel ôf te printsjen op 'e foarside fan in boek, mar ek op it skutblêd en yn 'e lingterjochting op 'e rêch fan 'e omslach. Op cd's en dvd's stiet de titel op 'e foarkant en op 'e rêch.

By guon wurken wurdt de (meastal koartere titel) oanfolle mei in (meastal langere en mear omskriuwende) ûndertitel. Titel en ûndertitel wurde dan faninoar skaat troch in dûbele punt (:) of in lizzend streekje (–), en yn it ferline ek wol troch it "of". In foarbyld is it boek: Rites of Peace: The Fall of Napoleon and the Congress of Vienna, fan 'e Britske histoarikus Adam Zamoyski. Dêrby is de titel Rites of Peace ("Fredesrituëlen"), dat net in protte oer de ynhâld fan it boek seit, mar dochs moai klinkt. De omskriuwing fan 'e ynhâld folget yn 'e ûndertitel: The Fall of Napoleon and the Congress of Vienna ("De Fal fan Napoleon en it Kongres fan Wenen), wat de lêzer ferteld dat it giet oer de ein fan it bewâld fan Napoleon Bonaparte en de fredesbesprekkings yn 'e Eastenrykske haadstêd Wenen oan 'e ein fan 'e Napoleontyske Oarloggen.

Wysheid fan Salomo

De Wysheid fan Salomo, yn it Gryksk: Σοϕια Σολομωντος, Sofia Solomontos, en yn it Hebriuwsk: חכמת שלמה, Ḥoḵma ṯaŠělōmō, is in deuterokanonyk of apokryf boek fan 'e Bibel, dat ek wol koartwei oantsjut wurdt as Wysheid, en dat net betize wurde moat mei de Wysheid fan Jezus Sirach, wat in hiel oar boek is. Gjin inkele streaming fan it joadendom erkent it as kanonyk, en it heart dus net ta de joadske Tenach. Wat it kristendom oanbelanget, wurdt de Wysheid fan Salomo troch alle protestantske tsjerken as apokryf beskôge. Allinne de Anglikaanske Tsjerke lit it as regel ôfprintsje yn syn bibels, mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e bibels fan oare protestantske denominaasjes wurdt it soms (mar lang net altyd) ek wol werjûn as nuttige mar opsjonele taheakke oan it Alde Testamint. Dat is bgl. it gefal yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978, wêryn't it as twadde fan tolve apokrife bylagen tafoege is.

De Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, rekkenet de Wysheid fan Salomo wol deeglik ta de kanon en dêr makket it sadwaande gewoan ûnderdiel út fan it Alde Testamint, en folget it daliks op it Heechliet. Itselde is it gefal yn 'e kanons fan 'e eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse tsjerken (lykas de Gryksk-Otterdokse, de Russysk-Otterdokse, de Georgysk-Otterdokse, de Armeensk-Otterdokse, de Syrysk-Otterdokse, de Etiopysk-Otterdokse en de Koptyske Tsjerke).

De Wysheid fan Salomo is in boek fan dichterlike wiisheid, dat nei alle gedachten oarspronklik skreaun is yn it Aldgryksk, sij it yn in styl dy't basearre wie op Hebriuwsktalige poëzij. Hoewol't nearne yn 'e tekst de skriuwer neamd wurdt, waard it tradisjoneel taskreaun oan 'e Israelityske kening Salomo, fanwegen de wurden: "Jo hawwe my hjitten in timpel te bouwen op 'e hillige berch" (Wysh. 9:8), dy't dúdlik ferwize nei Salomo. Lykwols wie de iere Tsjerke him der yn beskate mjitte al bewust fan Salomo net wurklik de skriuwer wie, en de moderne bibelwittenskip fersmyt dizze tradisjonele taskriuwing alhielendal. Men leaut dat it boek út 'e twadde of earste iuw f.Kr. stammet (yn 'e ynlieding ta it boek dy't de Nije Fryske Bibeloersetting jout, wurdt it jiertal 50 f.Kr. neamd), en skreaun wie troch in anonime auteur dy't mei sin gebrûk makke fan 'e literêre fiksje dat syn tekst fan 'e hân fan kening Salomo wie.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.