Peaske

Peaske is in feest op likernôch de earste ljochtmoanne nei it begjin fan de maitiid.

Sorbische Ostereier
Peaske-aaien
Easter eggs - straw decoration

Betsjutting

Matthias Grünewald Isenheimer Altar Auferstehung

Kristendom

Yn de kristlike tradysje is Peaske it wichtichste liturgyske feest. Mei Peaske wurde it lijen en de krúsdea fan Jezus betocht, en syn ferrizenis út de dea.

Joadendom

Alder is de joadske Peaske, dêr't de úttocht út Egypte mei fierd en betocht wurdt.

Sekulier

Ek it sekuliere peaskefeest hat tradysjes dy't weromgean op de weromkear út it tsjuster. Under oaren de dei fan it feest, de earste ljochtmoanne yn de maitiid, en de peaske-aaien symbolisearje it nije libben nei de tsjustere winter.

Datum

De kristlike Peaske falt altyd op de earste snein nei ljochtmoanne, wylst de joadske Peaske begjint mei de nacht fan de ljochtmoanne, dat der is meast in ferskil fan in pear dagen tusken dy twa. Ek de westerske en easterske kristenen hawwe faak ferskate Peaskedagen om't 21 maart yn de otterdokse, Juliaanske kalinder hast twa wiken letter falt as yn de Gregoriaanske kalinder.

De joadske Peaske falt altyd op 14 Nisan, om't de Joadske kalinder in moannekalinder is. De kristlike Peaske kin fan 22 maart oant 25 april falle. Foar de kommende jierren falt it op dizze datums:

Peaskefjoer

Yn guon parten fan Jeropa wurde mei Peaske in saneamd peaskefjoer oantstutsen. Dy fjoeren besteane út bulten mei snijhout dy't yn de jûn oanstutsen wurde.

1722

1722 is in gewoan jier dat begjint mei in tongersdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1722.)

1729

1729 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 1729.)

5 april

5 april is de 95e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 96e). Der folgje noch 270 dagen oan 'e ein fan it jier ta.

Aai

Aai (fieding), in dierlik produkt as fiedingsmiddel far minsken;

Aai (bist), in dierlik produkt dêr't neikommelingen út ûntstean, sjoch ek sygoate;

Aaisel, de froulike geslachtssel dy't nei gearranen mei de manlike siedsel útgroeit ta in nij organisme;

Aai (film), in Nederlânske film út 1987;

Aai fan Kolumbus, in útdrukking foar in simpele oplossing foar eat yngewikkelds;

Russysk aai, in foargerjocht basearre op aai (fieding);

Ferrassingsaai, snobbers- en boartersguod;

Peaske-aai, fersierd aai by de Peaskedagen

Fabergé-aai, in juwiel yn de foarm fan in peaske-aai;

aai, sêft streakje

Grutte Oseaan

De Grutte Oseaan, Stille Oseaan of Pasifyske Oseaan, eartiids Stille Súdsee neamd, is in wrâldsee dy't tusken East-Aazje, Noard- en Súd-Amearika en Austraalje leit. De oseaan grinzet yn it noarden oan de Noardlike Iissee en yn it suden oan de Súdlike Oseaan. De Stille Oseaan is de grutste oseaan op ierde. Dy beslacht in oerflak fan 165,2 miljoen km², koartsein 32% fan it ierdoerflak; mei de seeën om de Stille Oseaan hinne beslacht de wettermassa 35% fan it ierdoerflak.

Heidendom

It heidendom wurdt beskôge as it iere leauwen fan de minsken. It wurd is foaral in kristlik begryp en hâldt yn it ferearjen fan mear as ien god. Neffens de kristlike optyk wurde alle net-monoteïstyske godstsjinsten dy't net op de bibel basearre binne as heidensk beskôge.

Hjeldei

In hjeldei is in dei dy't neffens de tradysje of de wet beskôge wurdt as oars as oare dagen. Faak binne de minsken op sa'n dei frij fan har wurk en de bern frij fan skoalle. Hjeldagen binne ornaris bedoeld om it ien of oar te fieren (in feestdei) of te betinken (in tinkdei).

Jacht (aktiviteit)

De jacht is de praktyk fan it sykjen nei of lokjen fan wylde bisten, mei de bedoeling om dy te deadzjen of te fangen. Soks kin dien wurde fanút in ferlet oan iten, om der oan te fertsjinjen, om troch wylde bisten oanrjochte skea of feroarsake oerlêst tsjin te gean, as bloedsport of as natoerbehearskingsmaatregel. Wannear't dit dien wurdt by fisken, hjit it gjin jacht, mar fiskerij. As it yllegaal dien wurdt, hjit it gjin jacht, mar streuperij.

Jacob Roggeveen

Jacob Roggeveen (Middelburch, jannewaris 1659 - dêre, 31 jannewaris 1729) wie in Nederlânske ûntdekkingsreizger dy't útstjoerd waard om it Súdlân te sykjen, mar tafallich Peaske-eilân ûntduts.

Foardat er syn ferneamde reis begûn wie er notaris fan Middelburch fan 30 maart 1683 ôf. Op 12 augustus 1690 promovearre er ta doktor yn de rjochten oan de Universiteit fan Hurderwyk en tusken 1707 en 1714 wie er Riedshear fan Justysje te Batavia.

Syn heit, Arent Roggeveen, wie in wiskundige mei in protte ferstân fan stjerrekunde, ierdrykskunde en de teory fan de seefeart. Hy hâlde him dwaande mei ûndersyk nei it Súdlân en krige op seker stuit sels in oktroai foar in ekspedysje fan de Westyndyske Kompanjy (WYK), mar it slagge soan Jacob úteinlik om de reis te meitsjen doe't er it jild garre hie.

Augustus 1721 sette er útein mei de ekspedysje, yn tsjinst fan de WYK. De float bestie út trije skippen: de Arend, de Thienhoven en de Afrikaansche Galey. Earst die er de Falklâneilannen oan, dy't er 'Belgia Australis' werneamde.

Hy sylde om Kaap Hoarn hinne de Grutte Oseaan op. Hy besocht de Juan Fernandez eilânnen en op 5 april 1722 (peaskesnein) ûntduts er Peaske-eilân. Dêr trof er 2000 oant 3000 bewenners oan. Fia de Tuamotu-Arsjipel, de Genoatskipseilannen en Samoa farde er nei Batavia (no Jakarta). Dêr waard er lykwols fêstset om't er it monopoalje fan de FEK trochbrutsen hawwe soe. De FEK waard letter twong om him frij te litten, syn skea te fergoedzjen en de bemanning har lean te beteljen. Yn 1723 kaam Roggeveen yn Nederlân werom.

Roggeveen publisearre letter diel 4 fan 's Werelds afgod.

Jacob Roggeveen hat twa kear troud west, mar hat gjin bern krigen.

Karnaval

Karnaval is in fan oarsprong roomsk feest dat fierd wurdt yn de trije dagen foarôfgeand oan Jiskewoansdei. Neffens de tradysje duorret it feest fan snein oant tiisdeitejûn - de Fêsteljûn. Om tolve oere nachts begjint de fêsteltiid fan 40 dagen en duorret oant Peaske.

Krúswei

De Krúswei (Latynsk: Via crucis of Via dolorosa) is in rige fan foarstellings, dy't de lijenswei fan Jezus fan ôf de feroardieling troch Pontius Pilatus oant de grêflizzing útbyldzje. In foarstelling wurdt in staasje neamd, dat is ôflaat fan it Latynske wurd statio dat "stilstean" betsjut , Meiïnoar binne der fjirtjin staasjes en somtiden is der in fyftjinde staasje tafoege om't it mei Kristus net einiget mei de dea mar mei de opstanning.

In krúswei is altiten te finen yn katolike tsjerken. It plak en de foarm fan in krúswei kint in grutte fariaasje, mar meastentiids binne de staasjes yn de foarm fan skilderijen of reliëfs oan de muorren of pylders oanbrocht. Yn katolike streken binne ek faak krúswegen op in tsjerkhôf te finen of op spesjale plakken, dy't dan yn in searje fan kapellen yn in lânskip liede nei in krúskapel.

It ûntstean fan de krúswei datearret fan de 15e en 16e iuw, doe't Fransiskaanske muontsen rigen fan foarstellings út it Hillige Lân yn Jeropa begûnen nei te bouwen. Oarspronklik wie der gjin uniformiteit yn de krúswei, guon krúswegen bestiene bygelyks út sân staasjes, oare krúswegen út wol tritich. Sa'n staasje waard dan ûnderbrocht yn in lyts bouwurkje op'e wei nei in tsjerke. Paus Klemens XII stelde it tal staasjes fêst op fjirtjin en tidens syn pontifaat waard in krúswei yn alle katolike tsjerken ferplicht.

Op Goed Freed, tidens it fêstjen, wurdt yn tsjerken de krúswei bidden. YHn in prosesje geane leauwenden by de ferskate foarstellings lâns om te sjongen of te bidden. By elts fan de fjirtjin foarstellings wurdt stilstien om it lijen fan Kristus te betinken. De krúswei kin ek yndividueel yn stil gebed belibbe wurde.

Peaske-eilân

Peaske-eilân (Spaansk: Isla de Pascua, ek Rapa Nui neamd) is in Polynezysk eilân yn de Grutte Oseaan, dat steatkundich by Sily heart en in provinsje fan dat lân is. De haadstêd op it eilân Hanga Roa.

Peaskefjoer

In peaskefjoer, as peaskfjoer, is in tradysje dy't yn in part fan Jeropa op earste en twadde Peaskedei plakfynt. Net oeral wurde de peaskefjoeren op ien fan de peaskedagen oanstutsen. Yn parten fan Jeropa wurde de bulten al op de sneon foar Peaske oanstutsen, op Stille Sneon. By de tradysje wurde peaskebulten yn de brân stutsen. Foar dizze bulten wurdt in hiel soad hout ynsammele, dêr't de bult wol inkele tsientallen meters heech troch wurde kin.

Op de bulten komme meastentiids in protte minsken út de mienskip ôf. Om de bulten hinne kinne hapkes iten wurde en wurdt der bier dronken. Ek it meitsjen fan muzyk komt in protte foar by de peaskefjoeren.

Pinkster

Pinkster (fan it Grykske Πεντεκοστη, Pentekostè) is in kristlike hjeldei dêr't de útstoarting fan de Hillige Geast op betocht wurdt en dêr't it begjin fan de kristlike tsjerke op fierd wurdt. It eigentlike Pinksterfeest wurdt yn it Frysk ornaris oantsjutten as Pinkstersnein.

Polyneezje

Polyneezje (soad eilannen) is ien fan de trije grutte eilânnekloften yn de Grutte Oseaan dy't mei inoar Oseaanje foarmje. Rûchwei foarmet it in trijehoek mei Nij-Seelân, Hawaï en Peaske-eilân as hoekpunten. It totale lân oerflakte is om-ende-by 294.000 km² op in oerflaktewetter fan mear as 50 miljoen km². Yn totaal binne der mear as 1000 eilannen dy't by Polyneezje hearre.

Sily

Sily (Spaansk: Chile), offisjeel de Republyk Sily (Spaansk: República de Chile) is in lân yn Súd-Amearika. De haadstêd is Santiago, it parlemint sit yn Valparaíso.

Spaansk

Spaansk (Spaansk: español) of Kastiliäansk (castellano) is in Romaanske taal en is ien fan de meast sprutsen talen op 'e wrâld. Hjoed de dei is it Spaansk de offisjele taal fan Spanje, de measte Súd-Amearikaanske lannen en ekwatoriaal Guinee. Spaansk is ek ien fan de seis offisjele talen fan de Feriene Naasjes.

Meksiko is it grutste Spaansktalige lân en it is de grutste twadde taal yn 'e Feriene Steaten fan Amearika.

Tongersdei

Tongersdei is neffens de Gregoriaanske kalinder de fiifde dei fan de wike. De tongersdei is ferneamd nei de Germaanske god Tonger en folget op de woansdei.

Himelfeartsdei falt elk jier op de seisde tongersdei nei Peaske. Telt men fan de Earste Peaskedei ôf, dan is dat de fjirtichste dei. Earste Pinksterdei is dan de fyftichste dei.

De tongersdei foar Peaske hjir Wite Tongersdei.

De earste tongersdei fan in jier sit yn wike 1 fan dat jier.

Tradysje

In tradysje (fan it Latynske tradere, "trochjaan", fia it Frânske tradition) is in oertsjûging of in foarm fan hâlden en dragen dy't fan symboalyske betsjutting is of in spesjale bedoeling hat, en dy't troch minsken binnen in maatskiplike of kulturele kontekst fan âlder op âlder trochjûn wurdt. Tradysjes kinne dêrom ek omskreaun wurde as ferstienne gewoanten of wizânsjes dy't ûnderdiel útmeitsje fan 'e ymmateriële kultuer, en utere wurde troch folkloare. Faak falle tradysjes gear mei in beskate tiid fan it jier. Se hawwe ek gauris te krijen mei leauwe, al is it mar sydlings of fan (fergetten) oarsprong. Foarbylden fan tradysjes binne bygelyks yn Nederlân it Sinteklaasfeest, it by de doarren lâns gean fan om snobbersguod biddeljende bern op Sint Marten, en it oanbieden fan in poppebak as der in poppe berne is. Regionaal kin men tinke oan kloatsjitten en it stoken fan Peaskefjurren mei Peaske. Yn Fryslân binne foarbylden fan tradysjes it aaisykjen, fierljeppen, keatsen en it dragen fan earizers as ûnderdiel fan 'e Fryske dracht fan froulju. In foarbyld fan in pleatslike tradysje is it Sint-Pitersfeest yn Grou, en in foarbyld fan in wrâldwide tradysje is it yn 'e hûs heljen fan in krystbeam as ûnderdiel fan it Krystfeest. Soms wurde tradysjes wittens en mienens kreëarre om in nasjonale identiteit te skoarjen en sa de ienheid fan in (nij) lân te befoarderjen. Dat ferskynsel is troch de antropologen Eric Hobsbawm en Terence Ranger oantsjutten as in 'útfûne tradysje'.

De funksje fan in tradysje is it yn stân hâlden fan 'e stabiliteit fan in maatskippij of kultuer. Yn dat ramt wurde tradysjes ornaris as weardefol beskôge, en eat dat it wurdich is om te behâlden. Se foarmje lykwols ek in type fan konservatisme, dat in remjende wurking op 'e foarútgong hawwe kin, temear om't tradysjes faak boppe alle krityk ferheft binne. De oanhingers fan tradysjes nimme it jin sadwaande meastal net yn tank ôf as harren tradysjes dochs bekritisearre wurde. Boppedat binne net alle tradysjes goedaardich; sa is yn Nederlân bgl. de ûntgriening fan earstejiers studinten troch harren studinteferienings tradisjoneel. Troch de jierren hinne binne dêr withoefolle 'grientsjes' by ferwûne rekke, en binne der sels ferskate deaden fallen. En yn dielen fan Spanje en Frankryk wurde bollegefjochten as in tradysje sjoen, wêrby't bollen troch saneamde toreadors op ûnmeilydsume wize ôfslachte wurde.

De oantsjutting 'tradysje' wurdt ek wol brûkt om te ferwizen nei de mûnlinge oerlevering, almeast yn in formulearring as "de tradysje wol hawwe dat..." of "neffens de tradysje..." Dat is foar de lêzer in teken dat wat folget net ûnderstipe wurdt troch wittenskiplik of dokumintêr bewiis en dêrom net wier hoecht te wêzen. Sa kin men bgl. lêze: "Neffens de tradysje is Homêros berne op it eilân Chios, mar oare plakken hawwe der ek oanspraak op makke it berteplak fan 'e grutte dichter te wêzen."

As eigenskipswurd, tradisjoneel, kin it idee fan 'e tradysje oan alderhanne dingen taheakke wurde, mei de betsjutting "sa't it foarhinne wie". It tradisjonele roomsk-katolisisme is dus it roomsk-katolike leauwe fan eardere tiden, dat folle stranger yn 'e lear wie as dat it hjoed de dei is. It konsept 'tradysje' wurdt soms ek politisearre ta it tradisjonalisme. Dat is in politike streaming dy't fêsthâlde wol oan of werokeare wol nei de sitewaasje út eardere tiid. Sa'n ideology is benammen oanloklik foar lju dy't har oankantsje wolle tsjin tradysjeferlies. Dat is in ferskynsel dat altyd al bestien hat, mei't net alle tradysjes altyd goed trochjûn waarden oan 'e folgjende generaasje of om't der meitiid gewoan minder oandacht foar in beskate tradysje kaam. Tsjintwurdich wurdt sok 'normaal' tradysjeferlies lykwols oanboaze troch faktoaren as yndustrialisaasje, globalisaasje en assimilaasje en marginalisaasje fan kulturele groepen.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.