Oto (keizer)

Markus Salvius Oto (Ferentinum, 28 april 32 - Brixellum, 16 april 69) wie Romeinsk keizer fan 15 jannewaris oant 17 april 69.

Oth001
Buste fan keizer Oto

Skiednis

Oto wie earder, yn de jierren 50, befreone west mei keizer Nearo. Hy rekke lykwols út de graasje doe't Nearo belangstelling krige foar syn frou Poppaea Sabina en Nearo him fuortpromovearre nei Lusitania (Portugal) om dêr gûverneur te wurden. Poppaea bleau efter en Nearo makke har ta syn matresse, letter as twadde frou.

Doe't yn 68 de opstân útbruts tsjin Nearo, wie Oto noch hieltyd yn Lusitania. Tegearre mei de gûverneur fan de oanswettende provinsje Hispania Tarraconensis (Súd-Spanje), Galba sette er him ôf tsjin de keizer. Boppedat tocht Oto troch in alliânsje oan te gean mei Galba in grutte kâns te meitsjen om sels keizer te wurden. Sy hienen de ôfspraak makke dat as Galba, ienkear keizer wurden wie, him as opfolger adoptearje soe, wat de leeftyd fan de 70-jierrige Galba sjoen, nei alle gedachten net iens sa lang hoegde te duorjen om it keizerskip te bemachtigjen.

Nearo die himsels te koart op 9 juny 68 en Galba waard de nije keizer. Lykwols bruts op 1 jannewaris 69 in opstân út, troch de legioenen ûnder it kommando fan Fitellius dy't ôf setten nei de haadstêd fan it Romeinske Ryk, Rome. Doe't it nijs Galba berikte, rôp de keizer hastich Piso as syn opfolger út. Oto fielde him sa besoademitere dat er besleat om in kûp te pliigjen en Galba fermoardzje te litten. Foar in protte jild kocht er de Praetoriaanske garde om en op 15 jannewaris waard Galba troch syn eigen liifwacht fermoarde. Op de moarderij waarden ek Piso en in grut tal oare minsken deade. De senaat hie net folle kar en moast Oto as de nije keizer erkenne.

Oto krige de stipe fan it leger yn Afrika en dat yn it easten, troch de kommandanten bonussen en herfoarmingen yn it foarútsjoch te stellen. Nettsjinsteande dy grutte oermacht waard Oto lykwols hiel bot bedrige troch it oankommende leger fan Fitellius. Syn eigen legers befûnen har benammen yn Afrika, Egypte, oan de Eufraat en de Donau en soenen net op tiid komme kinne om de sân opstannige legioenen tsjin te hâlden. Yn alle gauwens socht Oto nei fersterkings. Trije legioenen út de Balkan hastigen har nei Rome mar koenen nea op tiid komme. Yn panyk waarden legers ymprovisearre en waarden sels 2000 gladiatoren ynsetten.

Nei in tal skermutselingen fûn op 14 april 69 de grutte slach plak. Dizze slach stiet bekend as de earste slach by Bedriakum. It leger fan Oto waard ynmakke en goed 40.000 soldaten sneuvelen yn de striid. Oanslein troch de nederlaach die Oto himsels te koart.

Keppelingen om utens

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.