Molke

Molke is in floeistof ( in emulsy fan fetdrippen yn wetter)en wurdt troch froulike sûchdieren oanmakke foar harren jongen. De molke fan de frou (minske) wurdt tate neamd. Minsken drinken ek molke fan bisten, lykas fan kij en skiep. Molkeprodukten (meastentiids fan kij, skiep of geiten) binne tsiis, bûter, rjemme en waai. Molke bestiet út fetten, aaiwiten, sûker en sâlten. Meastenttids wurdt kowemolke brûkt as minsklike konsumpsje. Ien liter kowemolke wêget 1030 gram. Geitemolke en skieppemolke wurde minder brûkt as komolke. Yn Jeropa en Ruslân wurdt ek wol hynstemolke produsearre. Buffelmolke wurdt hast allinne brûkt foar de produksje fan tsiis. Eartiids waard ezelinnemolke ek wol brûkt yn pleats fan tate, omdat de gearstalling dêrmei noch wol oerienkomt. Yn it noarden fan Skandinaavje en Ruslân wurdt ek wol rindiermolke brûkt. Molke is in boarne fan kalsium dy't goed is foar sterke bonken

Milk glass
In glês molke

Ferwurking

Foar it better bewarjen fan molke wurdt raumolke yn'e molkfabryk bewurke middels in tal prosessen. Om molke langer hâldber te hâlden moatte de measte baktearjes deamakke wurde. Seane molke hat grif in oare smaak, dus moat der in lykwicht fûn wurde tusken hâldberheid en smaak.

  • pasteurisaasje (hjitsje op 72°)
  • sterilisaasje (hjitsje op 120°)
  • UHT-sterilisaasje (it hurd hjitsjen op Ultra Hege Timperatuer)
  • Baktofúzje, in soarte sintrifúzje om molke te suverjen fan baktearjes
  • siede (hjitsje oant de molke siedt, wurdt net yn it fabryk dien, mar boeren dy't harren

eigen molke brûke dogge dit meastal)


Ek it fet yn'e molke kin oanpast wurde.

  • folle molke, mei mear as 35 gram de liter, wêrfan gjin fet úthelle is. It persintaazje stiet

hjirfan dus ek net fêst. It hinget ek ôf fan it seizoen. It wurdt ek wol boerelânmolke neamd

  • healfolle molke, tusken de 15 en 18 gram de liter, wêrfan de helte fetten úthelle is.
  • meagere molke, minder as 0,3 gram de liter, wêrfan hast alle fetten úthelle binne.

Fan molke kinne ferskate suvelprodukten makke wurde, bygelyks jochert, fla, sûpe, bûter en tsiis.

Keppeling om utens

  • Wikiwurdboek-side - molke
20 oktober

20 oktober is de 293e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 294e). Der folgje noch 72 dagen oan 'e ein fan it jier ta.

Bûter

Bûter is in smarbere en almeast ytbere stof, op basis fan molke. Letter is besocht om bûter yn fabriken nei te meitsjen op basis fan oalje en fetten, dat wurdt margarine neamd. Letter waarden de begripen wolris troch elkoar brûkt en seinen in soad minsken bûter tsjin margarine. Om oan te tsjutten dat it om bûter op basis fan fette molke gie waard bûter dan ek wol as 'rjemmebûter' of 'boerebûter' oantsjutten. De persize soarte bûter wurdt oantsjut troch de grûnstof der yn de namme foar te setten. Foar rjemmebûter, bûter op basis fan rjemme, wurdt ornaris gewoan bûter sein.

Drabbelkoek

In Drabbelkoek is in rûne koek fan tarwemoal, bûter, molke en sûker. Sa'n koek wurdt makke troch slierten daai troch bûter te drabbeljen.

Drabbelkoeken wurde sûnt 1850 troch de firma Haga yn Snits bakt en yn bussen mei in ôfbyld fan in Fryske sjeas en de Snitser Wetterpoarte ferkocht.

Ek yn museumdoarp Allingawier wurde drabbelkoeken makke, dy't yn it kofjehûs ferkocht wurde.

Ealahuzen

Ealahuzen is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, oan de Fluezen. It doarp hat likernôch 330 ynwenners (2004). De basisskoalle fan it doarp hjit Us Nije Gea, krektas it doarpshûs.

Ealahuzen leit yn in lanlik gebiet. Om sa min mooglik lêst fan de sinne te hawwen binne in soad foarhuzen op it noardwesten rjochte. Der stiene ek wol liedlinebeammen foar it hûs.

Oant yn de 20e iuw ferwurken de boeren de eigen molke. Om 1910 hinne krige it doarp in koperatyf molkfabryk. Yn 1961 is dat sluten en letter ferboud ta sylskoalle, groepsakkomodaasje en restaurant.

Fee

Dizze side giet oer fee yn 'e sin fan domestisearre bisten. Foar it mytyske wêzen, sjoch: fee (mytysk wêzen).Fee is in oantsjutting dy't brûkt wurdt foar troch de minske domestisearre bisten yn 'e feehâlderijsektor fan 'e lânbou. Sokke bisten wurde holden en fokt om ekonomyske redens, bygelyks:

foar it fleis, dus om úteinlik slachte en opiten te wurden: slachtfee of fleisfee

foar de molke, om molken te wurden wêrnei't de molke bewurke wurdt ta suvelprodukten, lykas molke, sûpe, bûter, slachrjemme, tsiis, brij, yochert, ensfh.: melkfee

foar de aaien (allinnich by plomfee)

foar de wol of de pels, dêr't nei it skearen of de slacht klean fan makke wurde;

as lêst- of lûkdierLytsere bisten dy't yn 'e hûs holden wurde, foar selskip, bewekking of bestriding fan ûngedierte (lykas hûnen, katten, fretten, hamsters, kavia's, parkiten ensfh.) wurde ornaris net oantsjut as 'fee', mar as húsdieren yn 'e ingere sin.

Feehâlderij

Feehâlderij, ek wol feefokkerij (Nederlânsk: Veeteelt), is in tûke fan lânbou, dêr't fee by hâlden wurdt fanwege de molke, de aaien, it fleis of bûnt. Troch it fee selektyf te krusen op beskate eigenskippen kin de neiteam ferbettere wurde.

Yn de feehâlderij wurdt ûnderskied makke yn in grut tal tûken, te witten:

hynstefokkerij

pelsdierfokkerij

plomfeehâlderij

rindierhâlderij

hoarnfeehâlderij

bargemesterijEk kin ûnderskied makke wurde yn yntinsive en ekstinsive feefokkerij.

In nije tûke fan yntinsive feefokkerij is de (fiskkwekerij).

Frou

Dizze side giet oer persoanen fan it froulik geslacht. Foar in froulike houliks- of relaasjepartner, sjoch: frou (oarehelte).In frou is in minske fan it froulik geslacht. Yn it deistich spraakgebrûk wurdt de oantsjutting 'frou' lykwols útslutend brûkt foar in folwoeksen minske fan it froulik geslacht; ûnfolwoeksen froulju wurdt famkes of bern neamd. Oan 'e oare kant wurdt yn gearstallings as 'frouljus-wc' gjin ûnderskie nei âldens makke. It minske fan it tsjinstelde geslacht is in man.

Frouljusboarst

In frouljusboarst, ornaris gewoan boarst neamd, is in lichemsdiel dêr't eltse (sûne]] frou twa fan hat: har boarsten, dy't as funksje hawwe om troch molkklieren tatemolke ôf te skieden dy't as boarstfieding tsjinje kin foar in poppe. Boarsten binne in sekundêr geslachtskenmerk fan de frou, mar hawwe ek seksuele funksjes. It Latynske wurd foar boarst is mamma (meartal: mammae, de wittenskiplike namme foar de klasse sûchdieren is dan ek Mammalia), dizze term wurdt no noch brûkt yn de medyske wrâld.

Húsdier

In húsdier (of hûsdier) is in bist dat domestisearre is en dat troch de minske ûnderholden en fersoarge wurdt. Der binne ferskate soarten húsdieren:

Fee: bisten dy't holden wurde fanwegen harren wearde yn 'e lânbou, foar fleis, wol of molke. Hjirta hearre kij, bargen, skiep, geiten en plomfee as hinnen, einen, guozzen en kalkoenen, mar ek wol kamielen, alpaka's, strúsfûgels, kangoeroe's en oare eksoatyske bisten.

Hobbydieren: bisten dy't eins ta de kategoryen wurkdieren en fee hearre, mar dy't inkeld holden wurde út leafhawwerij: hynders, ponnys, geiten, sierfûgels, ensfh.

Proefdieren of laboratoariumdieren: bisten dy't yn laboratoaria holden wurde om bisteproeven op te dwaan: fral rotten, mûzen en kninen, mar ek wol oare bisten, oan minskapen ta.

Selskipdieren: bisten dy't oarspronklik faak domestisearre binne foar in beskaat doel, mar dy't tsjintwurdich benammentlik holden wurde om it selskip dat se har eigners biede. Foarbylden út dizze kategory, dy't faak it earste is dêr't men by it hearren fan it wurd "húsdier" oan tinkt, binne yn it foarste plak de hûn en de kat, dy't foarhinne holden waarden foar befeiliging en om beskate wurksumheden te ferrjochtsjen (hûn) en foar ûngediertebestriding (kat). Oare foarbylden binne nuete kninen, rotten en mûzen, goudhamsters, kavia's, fretten, parkiten, kanaarjes, pappegaaien, goudfisken, ensfh.

Wedstryddieren: bisten dy't holden wurde om sport mei te bedriuwen. Dit binne fral hynders en postdowen, mar ek wol kamielen en oare bisten.

Wurkdieren: bisten dy't holden wurde om beskate wurksumheden foar harren eigners te ferrjochtsjen, lykas hynders, mûldieren, ezels, kamielen, lama's, wurkhûnen, hardershûnen, ensfh. Foarhinne ek katten, fretten en postdowen. In ûnderdiel fan dizze kategory binne de lêstdieren, dy't lêsten tôgje dy't foar minsken te swier of te bombidich binne om (fier) te dragen.De húsdieren dy't it meast foarkomme, hearre noch altyd ta de kategory fee. Sokke bisten wurde yn 'e Westerske wrâld tsjintwurdich lykwols allinne mar yn grutte kloften holden troch in lyts persintaazje fan 'e minsklike befolking. De húsdieren mei de grutste geografyske fersprieding binne sûnder mis de hûn en de kat. Yn Nederlân waarden yn 2009 2,1 miljoen hûnen en 3,6 miljoen katten holden. Wittenskiplik ûndersyk hat oantoand dat it hâlden fan in húsdier befoarderlik is foar minsklike geastlike sûnens; gefoelens fan eangstme, iensumens en depresje nimme yn 'e regel ôf as immen in húsdier hat of nimt.

Jelsum

Jelsum is in doarp yn de gemeente Ljouwert, súd fan Stiens. It doarp hat likernôch 230 ynwenners (2004).

Ko

In ko (meartal: kij), kobist of hoarnbist (Bos taurus) is in sûchdier dat yn Nederlân foaral foar de produksje fan molke hâlden en yn it twadde plak foar de produksje fan fleis hâlden wurdt. In frouljus kobist is in ko, it manlik kobist is in bolle.

In molkko jout sa'n 25 liter molke deis. In ko wurdt likernôch 315 dagen yn it jier molken. Dit komt del op in trochsnee produksje fan 7875 liter molke de ko yn't jier. Guon kij meitsje yn harren libben wol 100.000 liter molke.

In ko kin yn prinsipe sa'n 20 jier âld wurde. Tsjintwurdich wurdt in ko lykwols yn 'e regel mar 8 oant 15 jier. In wyfke wurdt gewoan in ko neamd, in mantsje in bolle en in jong in keal. In froulik wurdt oantsjut as in kokeal, en in manlik keal as in boltsje. In heal folgroeid eksimplaar is in hokkeling (faak mei in hollanistyske ynterferinsje in pink neamd). It jongjen fan in In ko hjit kealjen. In ko dy't foar de earste kear kealle hat, is in rier (Nederlânsk: vaars). In ko dy't foar de twadde kear kealle hat is in twinter of twinterrier, en ien dy't foar de trêde kear kealle hat, is in trinter of trinterrier.

Merknamme

In merknamme is de namme fan merkprodukt. Yn supermerken wurdt ûnderskied makke tusken A-merken en hûsmerken. Hûsmerken binne meast goedkeaper as A-merken troch minder djoere ferpakkings- en reklamekosten. De measte konsuminten witte net krekt wêr't de produkten wei komme. Soms komme húsmerken fan winkels út itselde fabryk as de A-merken. Soks hoecht lykwols net te betsjutten dat beide produkten dan itselde binne. De VARA hat nei in oprop yn Kassa in side makke wêrop de ôfkomst fan in tal hûsmerken te sjen is. In seleksje fan de reaksjes:

Bakken: Albert Heijn / Bolletje = Bolletje

Bier: Schultenbrau(Aldi) / Euroshopper / Hollandia = Bavaria

Fla: Mellinde / Super De Boer / Campina = Campina

Gloeilampe: Albert Heijn / Philips = Philips

Húskepapier: Solo / Floralis / Edet = SCA

Kofje: Kanis en Gunnik / Douwe Egberts = Douwe Egberts

Kroketten: Mora / Albert Heijn = Mora

Molke: Super de Boer / Albert Heijn / Mellinde / Campina = Campina

Slachrjemme: Euroshopper(AH) / Campina = Campina

Sûker: Euroshopper(AH) / Giro(Aldi) / Van Gilse = Suiker Unie

Toskepoetsersguod: Hema / Albert Heijn = Prodent

Molkfabryk

Yn in molkfabryk of, mei in wat bredere beneaming, in suvelfabryk, wurdt molke fan de buorkerij ferarbeide ta suvel. In molkfabryk wurdt ek wol bûterfabryk neamd.

Molktaper

In molktaper of in molkesutelder wie ien dy't de doarren lâns gie mei molke en suvelprodukten, en dy't soms ek in winkel mei dy produkten hie. Hy gong moarnsier om fiif oere nei de boeren om de swiete molke op te heljen. Dat die er (op plakken) sân dagen yn 'e wike sadat de minsken ek sneins farske produkten hiene, want gjin hie in kuolkast.

Suvel

Suvel is de oerkoepeljende oantsjutting foar itensprodukten dy't makke binne fan rauwe molke. Dat is in natuerlike floeistof dy't ôfjûn wurdt troch de molkklieren fan sûchdieren. Minsken brûke rauwe molke, almeast fan oare bisten as kij, skiep, geiten, wetterbuffels, jaks, hynders en kamielen, om der (bewurke) molke, bûter, tsiis, konsumpsje-iis, yochert, ensfh. fan te berêden. Yn 'e Fryske kontekst giet it dêrby benammen om molke fan kij. Foarhinne waarden dêrút suvelprodukten produsearre yn 'e molkenkelders fan 'e boerepleatsen, mar sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw wurdt de molke by de boeren ophelle om yn molkfabriken of suvelfabriken ferwurke te wurden.

Sûchdieren

De sûchdieren (Latynske namme: Mammalia) foarmje in klasse fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata), de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata) en de boppeklasse fan 'e fjouwerpoatigen (Tetrapoda). Dêrbinnen wurde se beskôge as de iennichste oerlibjende groep fan 'e synapsiden (Synapsida). Ta de sûchdieren heart ek de minske. De tûke fan 'e soölogy dy't him taleit op 'e stúdzje fan sûchdieren hjit mammalogy.

Tsiis

Tsiis is iten makke fan molke. By it meitsjen fan tsiis wurde de fêste stoffen yn de molke (aaiwiten, fetten en mineralen) skieden fan it focht. Der wurdt strjemsel, soersel en sâlt oan de tsiis tafoege by it tameitsjen. Tsiis hat, neist de haadbesândielen fet en aaiwyt fan bisten, in protte kalsium en fitamine A, B en D.

Tsjûkemar

De Tsjûkemar is de grutste mar fan Fryslân. It leit yn de Súdwesthoeke, yn de gemeente De Fryske Marren. De mar lei eartiids op de grins fan de gemeenten Lemsterlân en Skarsterlân. It meast westlike diel fan de mar wurdt trochsnien troch de sneldyk A6. De mar hat in oerflak fan 22 km².

Underhanneling

In ûnderhanneling is in dialooch tusken twa of mear persoanen of partijen om in oerienkomst, kontrakt of ferdrach te berikken. Sa'n oerienkomst kin foar alle belutsenen optimaal wêze, mar it is ek mooglik dat ien persoan of partij oan it langste ein lûkt, of guon fan 'e persoanen of partijen. Meastal wurdt hjirby sprutsen fan ûnderhannelings yn 'e meartalsfoarm. Underhannelings binne bedoeld om in kompromis, of alteast oerienstimming, te berikken op punten dêr't ferskil fan ynsjoch of ferskil fan miening bestiet. Men docht soks ornaris troch in begjinpunt te formulearjen, in saneamde ûnderhannelingsposysje, en yn 'e rin fan it oerlis stadichoan lytse konsesjes te dwaan yn 'e rjochting fan 'e ûnderhannelingsposysje fan 'e tsjinpartij(en). Om foar alle belutsenen in optimale útkomst te bewurkmasterjen, soene de partijen inoar úteinlik 'yn 'e midden' tusken de ûnderhannelingsposysjes moetsje moatte.

Yn 'e praktyk rint it lykwols net altyd sa, mei't it gauris foarkomt dat ien of mear fan 'e partijen in sterkere ûnderhannelingsposysje hawwe as de oare(n). In klassyk foarbyld dêrfan binne ûnderhannelings oan 'e ein fan in oarloch, wêrby't de oerwinners mear yn 'e molke te krommeljen hawwe as de ferliezers. Soks kin lykwols liede ta in brike útkomst dy't de ferhâldings foar langere tiid yn negative sin beynfloedzje kin. Sa waard Dútslân, de ferliezende partij yn 'e Earste Wrâldoarloch, by de ûnderhannelings dy't laten ta it Ferdrach fan Versailles, troch de oerwinners (benammen op ynstigaasje fan Frankryk en Belgje) tige swiere strafmaatregels oplein. Histoarisy ornearje dat dat ien fan wichtichste oanliedings wie foar de opkomst fan it nazisme yn Dútslân, dat meitiid wer ta de Twadde Wrâldoarloch late.

Foar ûnderhannelings moat der meiwurking fan alle partijen wêze; sûnder meiwurking liede ûnderhannelings nearne ta. Yn dat ramt is it fan grut belang dat der in mjitte fan fertrouwen tusken de partijen bestiet. Faak kinne ûnderhannelings makliker makke wurde troch de ynset fan in midsman, dy't tusken de ûnderskate partijen bemiddelet. Yn 'e ynternasjonale betrekkings foarmje ûnderhannelings ien fan 'e wichtichste ûnderdielen fan 'e diplomasy. Mar ûnderhannelings fine ek plak yn 'e sakewrâld, hannel ('hantsjebakken'), detailhannel ('ôftingjen'), yn 'e nasjonale, regionale en lokale polityk, tusken de ferskillende ynstânsjes fan ien en deselde oerheid, en ek yn it deistich libben fan eltsenien, as ûnderdiel fan it arbeidsproses, it houlik (en skieding), de opfieding, ensfh. De tûke fan 'e wittenskip dy't ûnderhannelings bestudearret, wurdt de ûnderhannelingsteory neamd. Lju dy't foar ûnderhanneljen trochleard hawwe, binne û.o. diplomaten en gizelingsûnderhannelers.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.