Minút

In minút is fan âlds in underferdieling fan in oere, dat opdield wurdt in 60 parten. Hjoeddedei is de minút basearre op de sekonde. Hjirtroch is in minút no altyd likelang, útsein as der in skrikkelsekonde ynfoege wurdt.

In minút is gewoanlik 60 sekonden. 60 minuten binne in oere, 1.440 minuten binne in dei.

Sjoch ek

9 july

9 july is de 190e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 191e). Der folgje noch 175 dagen oan 'e ein fan it jier ta.

Apostrof (lêsteken)

De apostrof, it weilittingsteken of it ôfkapteken is in lêsteken yn de foarm fan in skrapke boppe oan de rigel (’).

De apostrof is net itselde as it klammerke.

Breedtegraad

De breedtegraad is tegearre mei de lingtegraad in geografyske posysjeoantsjutting yn bolkoördinaten. De breedtegraad fan in plak op Ierde is de hoeke dy't de ferbiningsline tusken dat plak en it middelpunt fan de Ierde mei it flak fan de evener makket. De breedtegraad farieart fan 0° oant 90°, mei de tafoeging NB (noarderbreedte, ten noarden fan de evener, op it noardlik healrûn) of SB (súderbreedte, ten suden fan de evener, op it súdlik healrûn). Ien graad (°) wurdt ûnderferdield yn 60 minuten ('), ien minút wurdt ûnderferdield yn 60 sekonden ("). Ien minút op in grutsirkel komt oerien mei in ôfstân fan ien seemyl of 1852 meter. In parallel of breedtesirkel is de line dy't alle punten ferbynt mei deselde geografyske breedte. Alle parallellen rinne lykstrekich oan elkoar. Ofsjoen fan de evener binne dit lytssirkels, wêrtroch de ôfstân fan in sekonde ôfnimt mei tanimmende breedte oant nul op de poalen.

De breedtebepaling kin dien wurde oan de hân fan de posysje en de beweging fan de stjerren oan de himel. De breedte kin op it noardlik healrûn ûnder mear bepaald wurde oan de hân fan de hichte fan de Poalstjer. Yn it ideale gefal stiet de Poalstjer op de Noardpoal yn it senit (op 90°, rjocht boppe de waarnimmer) en oan de evener oan de horizon (op 0°).

Wannear't krekter nei de plakbepaling sjoen wurdt, dan blykt dat de ôfbylding fan de ierde dy't brûkt wurdt in grutte rol spilet. De Ierde is net wier in bol, dat ôfhinklik fan de bol of ellipsoïde dy't wy as ôfbylding fan de ierde brûke, sille de waarden fan un plakbepaling oars útkomme. Men kin it dêrom eins net hawwe oer de lingte op de breedte. Yn Nederlân waard faak de lingte- en breedtegraad ten opsichte fan de ellipsoïde fan Bessel, en ek it ED50 referinsjesysteem brûkt. Tsjintwurdich wurdt hieltiten mear it WGS84 systeem brûkt. De lêste beide referinsjesystemen lizze yn Nederlân en Belgje yn it horizontale flak ûngefear 100 meter ferskood ten opsichte fan elkoar.

De Dongeradielen (gemaal)

De Dongeradielen is in gemaal yn Iezumasyl dat it wetter fan de de Suderie yn de Lauwersmar pompt.

It gemaal is oanlein yn 1931 troch it wetterskip De Polder fan East- en Westdongeradiel om de ôfwettering fan it poldergebiet te ferbetterjen. Yn deselde tiid is ek de slús fergrutte en fernijd. It gemaal pompt it wetter út de Suderie yn de skutkolk fan de slús.

It gemaal hat trije pompen dy't eltse minút meielkoar hast 1 miljoen liter wetter út de polder de Lauwersmar ynpompe kinne. Yn 1979 is it gemaal automatisearre. As it wetter op in bepaalde hichte stiet, begjinne de pompen automatysk te wurkjen.

It gebiet dat troch it gemaal drûchhâlden wurdt leit tusken de Waadsee, Holwerter Feart, Dokkumer Ie, Dokkumer Djip en de Lauwersmar. Dit gebiet komt gruttendiels oerien mei de hiele gemeente Dongeradiel.

Yn 2017 wie de technyske en boukundige renovaasje, dy't in pear jier duorre hie, ree. Dêrby is rekken holden mei de kultuerhistoaryske wearde fan dit ryksmonumint. De Nederlandse Gemalen Stichting (NSG) wie dêr sa oer te sprekken dat Wetterskip Fryslân de Gemalenpluim 2017 tawiisd krige.

Fierljeppen

Fierljeppen is in machtsport dy't fral yn Fryslân, mar ek in Utert en Grinslân, in soad dien wurdt. Mei in pols moat sa fier mooglik oer it wetter hinne sprongen wurde.

Fuotbal op de Olympyske Simmerspullen 1936

De Olympyske Simmerspullen 1936, ek wol de XIe Olympiade neamd, waarden yn 1936 yn Berlyn, Dútslân hâlden. De finale fan it fuotbal waard hâlden yn it Olympiastadion Berlyn. Nei ôfwêzichheid tidens de Spullen fan 1932, stie it fuotbal yn 1936 wer op it programma.

Hynstekrêft

De hynstekrêft, hoarsepiid (hk, Nederlânsk symboal 'pk', ek meast yn Fryslân brûkt) is in âlde ienheid fan arbeidsfermogen, dêr't it gebrûk fan sûnt 1978 - by de ynfiering fan it SI-stelsel - wetlik net mear tastien is. It wie it arbeidsfermogen dat in trochsneed hynder oer in lang skoft tiid leverje koe. De oantsjutting hynstekrêft is betizend, want it is net in ienheid fan krêft mar fan fermogen. De Ingelske namme horsepower (symboal HP) jout dy betizing net.

De hynstekrêft hat gjin ynternasjonaal symboal.

J.L. Hooglandgemaal

It J.L. Hooglandgemaal is in elektrysk gemaal yn Starum dat ree kaam yn 1966. It bouwurk mei in bûgd tek is fan de arsjitekt P. de Vries en is neamd nei J.L. Hoogland, deputearre fan Wettersteatsoangelegenheden.

Yn de hal stean fjouwer skroefpompen. It gemaal lost it wetter út de Fryske boezem wei op de Iselmar. It naam de taak oer fan it oare gemaal yn Fryslân dat wetter lost op de Iselmar, it yr. D.F. Woudagemaal op De Lemmer. Dy hoecht allinnich mar by tige hege wetterstannen by te springen. De ôffierkapasiteit fan it J.L. Hooglandgemaal is mei 6.000 m3 yn 'e minút oardel kear grutter as dy fan it Woudagemaal. Op 10 maaie 1967 waard it gemaal offisjeel iepene. It leit besuden de Johan Frisoslûs.

Maria Sterk

Maria Sterk (Hallum, 5 juny 1979) is in Fryske maratonrydster.

Yn 2005 einige se as tredde yn de Essent Cup en op 11 febrewaris foel se it wrâld-oererekord foar froulju oan dat doe noch yn hannen wie fan Lian van Tol mei 34.507,30 meter. It rekord fan Van Tol wie 34.507,30 meter. Op 30 maart 2005 bruts se dat rekord op Thialf op It Hearrenfean en mei in ôfstân fan 36.441,26 meter. By dat besykjen it rekord te brekken harke se nei muzyk fan Anastacia, Anouk en Tina Turner om hat te stimulearjen. Begjinnend mei rûntsjes fan 37 sekonden naam se in foarsprong fan in minút op it âlde rekord foardat se oan rûntsjes fan 40 sekonden begûn. Op de einstreek wie har gemiddelde rondetiid 39,5 sekonden, wat genôch wie om it rekord te brekken en te bringen op in ôfstân fan 36.441,26 meter.

Maria Sterk waard twadde yn de Greenery Seisdeiske fan 2006. Se koe gjin wedstryd winne, mar einige as twadde yn twa wedstriden en garre genôch punten om twadde te wurden efter Daniëlle Bekkering, mar foar Elma de Vries. It slagge har boppedat om earste en twa tredde plakken te heljen yn de Essent Cup 2006-2007. Se waard tredde efter Bekkering en De Vries.

Nôtmole

In nôtmole is in mole wêrmei't út nôt moal meald wurdt. Eartiids wienen der saneamde banmoles of twangmoles dêr't men ferplichte wie it nôt meale te litten.

Al yn de âldheid mealden minsken harren nôt; yn it earstoan mei twa oer elkoar wriuwende stiennen, letter mei rûndraaiende hânmoles of kwearns, wer letter mei wettermoles of wynmoles.

It binne de beide molestiennen dy't yn de nôtmole it eigentlike mealwurk dogge.

De ûnderste stien, de lizzer, sit fêst oan de flier fan de stiensouder, mei dêrboppe mei in lytse tuskenromte de loper (de mealstien dy't draaie kin).

Dêr tuskenyn falt it nôt troch it kropgat yn de draaiende loper op de lizzer.

De ôfstân tusken de twa stiennen is troch de moolner sekuer yn te stellen troch in spesjaal meganisme, dat it 'hynder' neamd wurdt. Mei de lichtstôk wurde troch de moolner 2 of 3 balken troch hefboomwurking op of del litten, wêrtroch't de loper heger of leger komt te stean. Om it wurk fan de moolner te ferlichtsjen is yn in soad moles in regulateur makke, dy't mei middelpuntwikende krêft middels gewichten oandreaun wurdt en sa meihelpt de loper op de goede hichte ten opsichte fan de lizzer draaie te litten.

De hichte fan de ôfstelling hinget ûnder oare ôf fan de oandriuwkrêft, fan it te mealen produkt en de winske finens fan it moal. De bêste mealsnelheid wurdt by in wynmole berikt as it wjukkekrús 60 einen (wjukken) yn de minút rûndraait.

Troch skerpsel (groeven) yn de stiennen wurdt it nôt nei de bûtenside fan de stiennen dreaun en dêrtroch meald.

It te mealen nôt wurdt earst yn it kaar boppe-op de mealkûp of mealstoel stoarten. Troch in útstreamiepening, dy't iepen of tichtsetten wurde kin, komt it nôt yn de skoddebak.

Dy bak wurdt troch in stienspil hinne-ende-wer beweegd, wêrtroch't it nôt dosearre yn it kropgat falt.

Yn de houten stienkûp wurdt it moal, troch in oan de loper fêstmakke oanjager meinomd oant it it gat fan de mealring passeart om dêrnei yn de moalpiip te fallen. Dêrnei wurdt it op de moalsouder opfong yn de mealbak, dêr't in moalsek ûnder hinget (sjoch foto hjirûnder).

Pelmole

In pelmûne is in type mole wêryn eartiids garst ta grôt en letter rys peld waard. In pelmûne kin pas wurkje by op syn minst in wynkrêft fan 6 Bft. De earste pelmûne waard yn Nederlân boud yn 1639. De bloeitiid fan de pelmûne wie om 1750 hinne.

Sekonde

In sekonde is fan âlds in twadde ûnderferdieling fan in oere, dêr't in minút fierder troch opdield wurdt yn wer 60 parten. De namme komt fan it Latynske wurd foar twadde.

De SI sekonde hat no, yn stee fan in astronomyske, in natuerkundige definysje krigen. Hjirtroch is der út en troch ferlet fan it ynfoegjen fan in skrikkelsekonde, om de standerttiid oan te passsen oan de astronomyske tiid.

60 sekonden foarmje gewoanwei in minút, 3.600 sekonden in oere en 86.400 sekonden in dei.

Senario

In senario of in skript (Ingelske fariant screenplay) is in skriftlik wurk makke troch in senarioskriuwer, mei dêryn de ferhaallinen dêr't films, tillefyzjesearjes en oare tillefyzjeprogramma's, strips en fideospultsjes op basearre binne. In senario kin in oarspronklik (folslein nij) wurk wêze, mar it kin ek ûntliend wêze oan in al besteand wurk (lykas oan in roman dy't ferfilme wurde sil). In senario is sa gearstald dat de tekst op ien side likernôch oerienkomt mei it tiidsferrin fan ien minút op it skerm. De ynhâld bestiet hast folslein út dialooch. Yn in saneamd shooting script, dat ek wurklik brûkt wurdt om in film of programma neffens op te nimmen, binne de sênes nûmere, en wurde bykommende oanwizings jûn foar de rezjy. Yn in spec script (dat in wurk is dat in senarioskriuwer op eigen manneboet produsearre hat, sûnder dêr opdracht ta krigen te hawwen) of in kladskript binne de sênes nèt nûmere en binne de rezjyoanwizings ta it minimum beheind. Yn 'e Feriene Steaten moat ferplichte mei US Letter-papierformaat, de font Courier en lettergrutte 12 wurke wurde. Yn Jeropa wurdt A4-papier brûkt en is der gjin ferplichte font of lettergrutte. De dialooch is op it papier sintrearre, en de nammen fan 'e personaazjes wurde mei haadletters foar harren tekst skreaun.

Sportpark Noard

Sportpark Noard wie tusken 1928 en 1994 it stadion fan fuotbalklub SK Hearrenfean. It stadion stie oan de J.H. Kruisstrjitte, tsjin oer sikehûs de Tsjongerskâns. Yn 1985 waard de namme fan it stadion, koart nei de dea fan Abe Lenstra, feroare yn it ‘Abe Lenstra stadion’. It nije stadion, dêr't It Hearrenfean sûnt 1994 yn spilet, hat dizze namme ek krigen.

Sportpark Noard joech op it hichtepunt plak oan sa'n 15.000 taskôgers. Mar yn de perioade fan it ‘Gouden Hearrenfean’, jierren ’40 en begjin jierren ’50, sieten dêr somtiids wol it mearfâld fan yn it stadion. Mei pakken strie waarden dan ekstra tribunes makke.

Neidat it Hearrenfean it kompleks ferlitten hie foar it nije stadion waard it sportpark ôfbrutsen. Parten dêrfan binne skipe nei Suriname dêr't it jierrenlang op de kaaien fan Paramaribo lein hat. Hjoed de dei leit op it plak in parkearplak en in part fan in wenwyk.

Der is ien kear in ynterlân fan it Nederlânske fuotbalalvetal spile yn Sportpark Noard. Nederlân spile doe in freonskiplike wedstriid tsjin Bulgarije. Dy ynterlân hie plak op 4 septimber 1985, twa dagen nei de dea fan Abe Lenstra op 64-jierrige leeftyd. Lenstra soe earegast wêze by it barren, mar ferstoarn op 2 septimber. Foar de wedstriid waard foar Lenstra ien minút stilte beächte.

Swarte Herne (gemaal)

Swarte Herne is in gemaal by Swarte Harne, op It Bilt. Yn gebrûk sûnt novimber 1972. Kapasiteit 700 m³ yn de minút. Bemealt It Bilt dat in oerflakte fan 8240 ha. hat.

Tiid

Tiid is de folchoarder fan foarfallen, mjitten yn it tal fan kearen dat in regelmjittich foarfal werhelle wurdt. Sa is de standert grutheid fan tiid de sekonde.

Turksk

Turksk (Türkçe) is ien fan de Turkske talen en de offisjele taal yn Turkije. It Turksk is ek ien fan de offisjele talen fan Syprus en inkele gemeenten fan Masedoanje. Der binne sa'n 81 miljoen Turksk-sprekkers. Bûten Turkije wurdt de taal sprutsen troch Turkse minderheden yn lannen fan de Balkan en de Kaukasus lykas Irak, Grikelân, Bulgarije, Kosovo, Bosnje, Syrje, Roemeenje, Moldaavje en Azerbeidzjan. Turksk wurdt ek sprutsen troch in soad ymmigranten yn oare lannen, lykas Nederlân, Belgje en Dútslân. It is in agglutinearjende taal mei fokaalharmony. Tige faak wurdt it Turksk as foarbyld neamd as der sprutsen wurdt oer agglutinearjende talen.

Webcamgirl

In webcamgirl (soms ferkoarte ta camgirl) is in neakenmodel dat wurket fia live-bylden dy't opnommen wurde mei in webcam en oer it ynternet ferstjoerd wurde. Om't der ek wol manlju binne dy't dit wurk dogge (hoewol't dat mar in lytse minderheid is) wurdt ek wol sprutsen fan it geslachtsneutrale webcam-model. It wurk fan webcamgirls bestiet út it opfieren fan stripteases en/of it ferrjochtsjen fan seksuële hannelings by harsels yn opdracht, yn oerlis of elts gefal yn kontakt mei lju dy't de bylden fia it ynternet besjogge. Dat kinne se dwaan yn ruil foar guod of oandacht, mar meastal is der sprake fan in finansjele transaksje. Der is lykwols gjin sprake fan prostitúsje yn tradisjonele sin fan dat wurd, om't der gjin fysyk kontakt plakfynt.

Webcamgirls wurkje gauris foar in fêste priis dy't per minút rekkene wurdt, mar dêrnjonken kinne se ek ynkomsten út oare boarnen krije, bgl. as se harren sjoggers oanmoedigje om dingen (meastal seksboartersguod of sokssawat) te keapjen fan beskate webwinkels, of as harren sjoggers oanfiterje om lid te wurden fan beskate pornografyske betelwebsiden. It lean dat webcamgirls foar sok wurk krije, ferskilt per webside, mar bestiet yn 'e regel út in fêst bedrach, dat soms in bounty ("preemje") neamd wurdt, en dat basearre is op in persintaazje fan bruto-útjeften fan eltse nije klant dy't him by sa'n betelsite oanmeldt.

Guon bekende webcamgirls binne:

Jasmine Aloha

Diamond Jackson

Kendra Lust

Shyla Stylez

Daisy Summers

Ynternasjonaal Systeem fan Ienheden

It SI-stelsel is it op 11 oktober 1960 ynfierde Internationale Stelsel fan Ienheden (Frans: Système international d’Unités (SI)). De standert wurdt beheard troch it Bureau international des poids et mesures te Sèvres, Frankryk. Frankryk wie ek it earste lân dat dit systeem (doe noch nasjonaal) ynfierde op 10 desimber 1799.

Eltse natuerkundige of gemyske grutheid kin útdrukt wurde yn ienheden (bygelyks: ôfstân yn in meter en tiid yn sekonden).

It SI is bedoeld om ynternasjonaal maklik gegevens útwikselje te kinnen. Oarspronklik hiene in protte lannen ferskillende maatstelsels. De Britten en de Amerikanen brûke noch faak net-SI-ienheden, lykas pûn (foar massa), inch, foot, yard en mile (foar lingte of ôfstân). Ek yn Libearia en Myanmar (it eardere Birma) wurde dizze ienheden nog algemien brûkt. Dy sahjitten ymperiale ienheden binne ek wenstich by it mjitten fan de diameter of diagonaal fan in oantal dingen as fytstsjillen (ferâldere), trommels, kompjûtermonitors, de ôfmjittings fan oare kompjûterûnderdieleen, it raster fan printplaten of de resolúsje fan bygelyks printers.Neist it ymperiale stelsel binne der ek net-SI-ienheden dy't wol goedkard binne foar gebrûk yn de mande mei SI-ienheden. Foarbylden hjirfan binne de liter (foar ynhâld), oere en minút foar tiid en graden Celsius foar temperatuer (de SI-ienheden foar dizze grutheden binne respektivelik kubike meter foar ynhâld, sekonde foar tiid, kelvin foar temperatuer en joule foar enerzjy). Ek hjirfan ôflate ienheden (as de kilowattoere dy't in soad brûkt wurdt as ienheid fan enerzjy by elektrisiteitsleverânsje) binne gjin SI-ienheden, mar wol tastien.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.