Midden-Easten

It Midden-Easten (Heine Easten) is in histoaryske en politike regio dêr't de grinzen min oan te jaan binne. Ornaris giet it om de neikommende lannen:

OttomanEmpireIn1683
Binnen de grinzen fan it Ottomaanske Ryk foel in grut part fan it Heine Easten; de Ottomanen hawwe de posysje fan de Islam yn it gebiet bot fersterke.
Middle East geographic
Geografyske kaart fan it Midden-Easten

Geografy

It Heine Easten leit op it plak dêr't trije tektoanyske platen gearkomme, te witten de Afrikaanske plaat, de Arabyske plaat en de Euraazjatyske plaat. De berchten yn de regio binne meastentiids ûntstien troch twa platen dy't tsjin mekoar skowe. Benammen yn Turkije en Iran binne der faak ierdskoddings. Alhoewol't der net in soad rein yn de regio falt lizze der aardich wat seeën om it gebiet hinne, te witten de Yndyske Oseaan, Kaspyske See, Reade See, Midlânske See en Swarte See. De wichtichste grûnstof fan it Heine Easten is oalje.

Religy

It Joadendom, Kristendom en de Islam hawwe harren woartels yn it Heine Easten. De Kristenen skieden har mei de berte fan Jezus Kristus ôf fan it Joadendom. De Islam ûntstie yn de 7e iuw en waard al gau it grutste leauwen fan it Heine Easten. Mei de krústochten fan de 12e oant en mei de 14e iuw fochten Jeropeeske kristlike ridders tsjin Islamityske legers mei as doel de befrijing fan it Hillige Lân.

Term

De term Heine Easten is ûntstien doe't yn 1894-1895 yn it Easten tagelyk twa konfliktgebieten wienen. It iene wie de Sineesk-Japanske Oarloch, it Fiere Easten, it oare wie dat mei de Hamidyske Slachting de Armeenske Folkemoard begûn, it Heine Easten.

Arabysk Skiereilân

It Arabysk Skiereilân of Araabje (Ar. al-jazira; "it eilân" of Jazirat al-Arab; "eilân fan de Arabieren", Turksk: Arabistan) is in gebiet yn Aazje, fuort ten easten fan Afrika. It wurdt begrinzge troch de Reade See, de Golf fan Aden, de Yndyske Oseaan, de Arabyske See, de Golf fan Oman en de Perzyske Golf.

It skiereilân omfet de neifolgjende lannen: Saûdy-Araabje, Jemen, Oman, Katar, Koeweit en de Feriene Arabyske Emiraten. Oan de noardrâne lizze Jordaanje en Irak.

Arameesk

It Arameesk is in West-Semityske taal dy't tsjintwurdich noch mar amperoan praten wurdt. Allinnich yn Syrje by Damaskus en noch in pear doarpkes Ma`loula, Jabadin en Bakha wurdt it sprutsen en earne oars yn it Midden-Easten, ûnder oare troch Arameeske kristenen. Ek yn de Feriene Steaten en Israel wurdt de taal sprutsen troch ymmigranten út Irak, Iran, Turkije en Syrje.

It Arameesk waard eartiids troch in folle gruttere populaasje brûkt. It wie de taal fan de Aramejers. Yn de tiid fan de Assyryske Ryk ferkrong dizze taal stadichoan it Akkadysk en soe úteinlik de fiertaal wurde fan it Perzyske Ryk. Sadwaande waard it oer in grut part fan it Midden-Easten ferspraat, ûnder oare nei Palestina en Jordaanje. In oantal passaazjes fan it Alde Testamint of de Tenach is yn dizze taal skreaun, ynstee fan it Hebriuwsk. It moderne Hebriuwsk sit grôtfol mei wurden útdrukkings út it Arameesk.

Nei tûzenen jierren driicht de taal yn distiid te ferdwinen troch de flecht fan de Arameesktaligen út harren wengebieten yn it Midden-Easten nei almeast westerske diasporalannen, dêr't it Arameesk ûnder druk stiet fan de dominante kulturen, en allyksa troch de Arabyske taal en kultuer yn har wengebieten.

De rabbynske skriften binne it meastepart skreaun yn it Arameesk, hoewol't it Hebriuwsk de taal is foar de joadske liturgy en rituelen. Jezus Kristus spruts nei alle gedachten tsjin syn taharkers yn it Arameesk.

Egypte

Egypte is in lân yn Noardeast-Afrika, wêrfan it skiereilân Sinai part is fan Súdwest-Aazje. De haadstêd is Kaïro en de presidint fan de it lân is sûnt juny 2012 Mohamed Morsi.

Feriene Arabyske Emiraten

De Feriene Arabyske Emiraten is in lân yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Abû Daby en de presidint fan de federaasje is sûnt 2004 Sjeik Khalifa bin Zayed Al Nahayan.

Irak

Irak is in lân yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Bagdad en de presidint fan de republyk is sûnt 2005 Jalal Talabani.

Irak wurdt begrinze troch:

Turkije yn it noarden;

Iran yn it easten;

Koeweit en de Perzyske Golf yn it súdeasten;

Saûdy-Araabje yn it suden;

Jordaanje en Syrje yn it westen.

Iran

Iran of Iraan, sûnt 1979 offisjeel de Islamityske Republyk Iran, is in lân yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Teheran, de Rahbar fan de Islamityske republyk is sûnt 1989 Ali Khamenei en presidint is Hassan Rohani sûnt 3 augustus 2013.

Israel

Israel (Hebriuwsk: מדינת ישראל "Medinat Jisra'el", Arabysk: دولة إسرائيل "Daulat Isrā'īl") is in lan yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Jeruzalem en de president fan de republyk is sûnt 2014 Reuven Rivlin.

Jemen

Jemen, sûnt 1990 de Republyk Jemen, is in lân yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Sana'a en de presidint fan de republyk is sûnt 1990 Ali Abdullah Saleh. It is in oaljeprodusearend lân en ûnderdiel fan de Arabyske Liga.

Jordaanje

Jordaanje, offisjeel it Hasjemityske Keninkryk Jordaanje, is in lan yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Amman en de kening fan de monargy is sûnt 1999 Abdullah II.

Katar

Katar, offisjeel de Steat Katar, is in lan yn Súdwest-Aazje. It lân is in emiraat, en de emir is sûnt 1995 Hamad bin Khalifa Al Thani. De haadstêd fan Katar is Doha.

Koeweit

Koeweit is in lân yn Midden-Easten. De haadstêd is ek Koeweit en de emir fan de monargy is sûnt 2006 Sabah Al-Ahmad Al-Jaber Al-Sabah.

Koeweit wurdt begrinzge troch:

de Perzyske Golf yn it easten;

Saûdy-Araabje yn it súdwesten;

Irak yn it noardwesten.

Libanon

Libanon is in lân yn it Heine Easten. De haadstêd is Beiroet en de presidint fan de republyk is sûnt 1998 Émile Lahoud.

Libanons' lizzing op it krúspunt fan it Middelânske Seegebiet en it Arabyske efterlân hat soarge foar in rike skiednis en in kulturele identiteit dat him ûnderskiedet troch religieuze en etnyske ferskeidenheid.

Lânbou

De Lânbou ek wol agrikultuer neamd, hâldt yn de produksje fan fiedsel troch de ferbouw fan planten en it hoedzjen fan bisten. Lânbou is de praktyk, lânboukunde is de stúdzje dy't de lânbou as ûnderwerp hat.

Njonken iten produsearret de lânbou ek saken as sierplanten, bûnt, lear, biodisel, tried, medisinen en drugs.

Noard-Afrika

Noard-Afrika is it part fan it Afrikaanske wrâlddiel dat noardlik fan de Sahara leit. Yn dat gebiet lizze de lannen Marokko, Algerije, Tuneezje, Lybje en Egypte.

It gebiet fan de Afrikaanske noardkust waard eartiids troch Jeropeanen Barbarije neamd, nei it Berberfolk dat dêr libbet. De offisjele namme foar in grut part fan de oarspronklike bewenners fan Noard-Afrika is Imazighen.

De lannen fan dit part fan it kontinint, útsein Etioopje en Eritreä) wurde ta de MENA (in akronym foar Middle East and North Africa, Midden-Easten en Noard-Afrika) rekkene en binne lid fan de Arabyske Liga.

Osmaanske Ryk

It Osmaanske Ryk (ek wol: Ottomaanske Ryk, Turksk: Osmanlı İmparatorluğu) is it Turkske Ryk dat fan 1299 oant 1922 bestie. Yn 1683 omfieme it Osmaanske Ryk it Turkije fan no, de lannen om de Swarte See hinne, de Balkan, Noard-Afrika en parten fan it Midden-Easten. It Ryk is ferneamd nei de stifter fan de dynasty fan de Osmanen.

Palestina

Palestina is de eardere namme fan it gebiet dat yn Foar-Aazje lei, tusken Syrje en Egypte. No komt it sa goed as oerien mei it lân oan de Middellânske See.

Palestina hat yn de rin fan de skiednis yn hannen fan in soad frjemde machten west, it langste yn hannen fan de Turken. Tusken 1920 - 1929 gienen der in soad Joaden hinne. Nei de Twadde Wrâldoarloch woenen de Joaden dat harren lân in ûnôfhinklik Palestina. Yn 1947 stelden de Feriene Naasjes foar om Palestina op te dielen yn in Joadsk en in Arabysk diel. Yn 1948 waard Palestina opdield yn Israël en en de Arabyske steat Jordaanje.

Saûdy-Araabje

Saûdy-Araabje is in lân yn it Midden-Easten. De haadstêd is Riyad.

Syrje

Syrje, sûnt 1961 offisjeel de Syryske Arabyske Republyk, is in lân yn West-Aazje. De haadstêd is Damaskus en de presidint fan de republyk is sûnt july 2000 Bashar al-Assad.

Turkije

Turkije is in lân yn Súdeast-Jeropa. De haadstêd is Ankara en de president fan de republyk is sûnt 2007 Abdûllah Gül. Turkije ûntstie nei de fal fan it Osmaanske Ryk. Steatsman Mustafa Kemal Atatürk hat Turkije op ferskillende mêden herfoarme en it lân neffens oare Europeeske steaten modernisearre. Sûnt 3 oktober 2005 is Turkije kandidaatlidsteat fan de Jeropeeske Uny. Turkije is ûnder oare lid fan de Rie fan Jeropa, NAFO en de Feriene Naasjes.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.