Mesolitikum

It Mesolitikum of de midden stientiid is in oantsjutting foar in kultuerperioade dy't oanfangt neidat de lêste iistiid einiget en ophâldt as in maatskippij fan jeie-en-sammelje oerstapt op lânbou en feefokkerij en tal fan nije technologyen ûntwikkelt of oernimt. Jeie, fiskje en sammelje wienen de middelen fan bestean foar de minsken yn de mesolityske kultueren, dy't trochstrings as nomaden libben; delsettingen wienen noch seldsum. Fynsten út dit tiidrek litte sjen dat stienbewurkingsstechniken hieltyd finer wurde en magysk-religieuske gebrûken mear yn swang kamen. De "Midden-Stientiid" is fral karakterisearjend foar de tuskenbeiden gebieten fan Jeropa.

It begjin en de ein fan it mesolitikum is net oeral itselde. De lânbou fersprate him stadich oer Jeropa, mar yn it Heine Easten folge de Neolityske revolúsje fluch op de ein fan de iistiid. Dêrom is it tiidrek fan it mesolitikum min te definiearjen.

Trijeperioadesysteem
Holo-
seen
Histoaryske Tiid
La Tène-tiidrek   Proto-
histoarje
Hallstatt-tiidrek
Izertiid
  Let  
Midden
Ier
Brûnstiid
Neolitikum Kopertiid  
Let Pre-
histoarje
Midden
Ier
Mesoli- tikum of
Epipaleo-
litikum
Let
Midden
Ier
Pleis-
toseen
Paleo- litisum Let
Midden
Ier
Stientiid

Sjoch ek

Bodmin Moor

Bodmin Moor (Kornysk: Goen Bren) is in sompich heide- weidlângebiet op in graniten ûndergrûn yn it noardeasten fan Cornwall, Ingelân, Feriene Keninkryk. It omfiemet 208 km², en datearret út it geologyske tiidrek Karboan.

Bodmin Moor is ien fan de fiif batoliten (stjurre magmakeamers) sompige kontreien yn Cornwall.De namme 'Bodmin Moor' wurdt noch net sa lang brûkt, earst mei de kartearring (Ordnance Survey) fan 1813 wurdt it gebiet sa neamd. Earder hjitte it fan Fowey Moor, neamd nei de rivier Fowey dy't op Bodmin Moor ûntstiet.

Dokkumer Wâlden

De Dokkumer Wâlden is in gebiet op in sânrech krekt súdlik fan Dokkum. Dy sânrech leit tusken de klaaigrûn oan de noardkant en in feangebiet oan de súdkant. It is in rûtfoarmich gebiet mei de noardpunt efkens besuden Dokkum, de sûdpunt by De Falom en fan east nei west tusken Driezum en Rinsumageast.

Yn de krite lizze de neikommende doarpen:

Broeksterwâld,

Damwâld,

De Falom,

Driezum,

Wâlterswâld.It doarp Rinsumageast wurdt meast net ta de Dokkumer Wâlden rekkene.

De Dokkumer Wâlden wurdt skaaimerke troch elzesingels dy't de freding foarmje fan de stikken lân. As hegere grûn hawwe de wâlden nei alle gedachten al ier bewenne west. Archeologyske fynsten út it Mesolitikum tsjutte op minsklike oanwêzigens yn de Dokkumer Wâlden mear as 4000 f.Kr.

De permaninte bewenning fan de Dokkumer Wâlden is begûn yn de 11e of 12e iuw. It gebiet wie doe noch heechfean en is út it klaaigebiet wei ûntgûn. Fan de klaairâne ôf is in opstrekkende ferkavelingsstruktuur opset nei it sûden ta. De bewenning lei dwers op dy ferkavelingsstruktuur; de rige lintdoarpen Ikkerwâld, Moarrewâld, Dantumawâld, Wâlterswâld en Driezum. De measte doarpen binne nei in skoftsje wer opskout nei it sûden, nei hegere grûn. Allinich Driezum bleau op itselde plak lizzen om't de sânrêch dêr in stik smeller wie. Wâlterswâld is ek wat in útsundering om't it twa bebouwingstreken hat, de noardelike rige bebouwing fan de achterwei en de nijere bebouwingsrige fan de foarwei, dy't yn it ferlingde leit fan de bebouwing fan de doarpen dy't no Damwâld foarmje.

It doarp Broeksterwâld is untstien op de himrik fan Ikkerwâld, it stie foar't it de offisjele doarpstatus krige bekind as 'Broek ûnder Ikkerwâld'.

It doarp Damwâld is yn 1971 ûntstien troch it gearfoegjen fan de doarpen Ikkerwâld, Moarrewâld en Dantumawâld.

Epipaleolitikum

It epipaleolitikum is de namme dy't oan de mesolityske perioade jûn wurdt yn streken dêr't de jongste iistiid, it Weichselien, gjin grutte rol spile en de neolityske revolúsje folle earder begûn en geleidliker ferrûn as yn in noarden.

De epipaleolityske perioade wurdt tenminsten yn it Midden-Easten, Anatoalje en Syprus ûnderskieden fan it (noardlike) mesolitikum. It epipaleolitikum begjint, hoewol't der regionale ferskillen binne, ûngefear 10.000 jier lyn en einiget 2000 jier letter.

Krektas yn it mesolitikum wurde fynsten dominearre troch fjoerstienen ark en pylkpunten (mikroliten) dy't as pylk- of lanspunt oan in skacht fêstmakke waarden.

Gaelyske talen

De Gaelyske talen of Goidelyske talen foarmje in lytse taalgroep, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e gruttere Keltyske taalfamylje. Der binne hjoed oan 'e dei trije Gaelyske talen, ntl. it Iersk, it Skotsk-Gaelysk en it Manksk. Mei-inoar hiene dy trije talen yn 2011 158.000 memmetaalsprekkers.

Johannes Siebinga

Johannes Siebinga, better bekend as Dokter Siebinga, (Mearum, 9 maaie 1898 - De Pein, 25 febrewaris 1969) wie in hûsdokter dy't fral bekend waard troch syn wurk as amateur-archeolooch. Hy hie ek in soad doel oer fûgels (ornitolooch) en wie teffens psychologysk en filosofysk ûnderlein.

Kijfhoek

Kijfhoek is in buorskip en eardere gemeente yn de gemeente Zwijndrecht tichtby it ranzjearterrein Kijfhoek, ûngefear tusken Heerjansdam en Zwijndrecht yn.

Oarsprong fan religy by de minske

Oer de oarsprong fan religy by de minske, by homo sapiens, de moderne minske, is hast neat mei wissichheid te sizzen. De reden dêrfoar is, dat dat begjin yn ’e prehistoarje leit, it tiidrek dat foarôfgong oan it bestean fan skriftlike boarnen. Sadwaande is alles dat wy oer it ûntstean fan it ferskynsel godstsjinst witte, byinoar puzele út ’e summiere stikjes ynformaasje dy’t troch de jierren hinne mei archeologysk ûndersyk byinoar skrabe binne.

Paleolitikum

It Paleolitikum of de âlde stientiid (fan it âldgryksk: paleo = âld, lithos = stien) is it tiidrek fan it ûntstean en de evolúsje fan de earste minskeftigen en har materiele kultuer. Dizze perioade begjint mei it ûntstean fan de Homo habilis, sa'n twa en in heal miljoen jier lyn en einiget mei it begjin fan it mesolitikum, achttûzen jier lyn.

Skipswrak

In skipswrak is it oerskot fan in sonken skip dat net langer brûkt wurde kin. Skipswrakken lizze betiden by de kust lâns, en lizze meastentiids ûnder wetter.

Skotlân

Skotlân (Ingelsk: Scotland, útspr.: ['skɒtlənd]; Skotsk: Scotland, útspr.: ['skɔtɫənd]; Skotsk-Gaelysk: Alba, útspr.: ['al̪ˠapə]) is in dielútmeitsjend lân (constituent country) fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân. It hat sûnt 1999 in beheinde foarm fan selsbestjoer, mei in eigen parlemint en in eigen regear. It gebiet bestiet út 'e noardlike ein fan it eilân Grut-Brittanje, ynkl. in grut tal lytsere eilantsjes foar de westkust (de Hebriden) en yn 'e Noardsee (de Orkney- en de Sjetlâneilannen). Neffens in skatting út 2013 hie Skotlân doe 5.328.000 ynwenners.

Fan 'e Iere Midsiuwen ôf wie Skotlân in ûnôfhinklik keninkryk, it Keninkryk Skotlân, dat gauris yn oarloch wie mei Ingelân, dêr't it yn it suden oan grinzget. Nei't kening Jakobus VI fan Skotlân yn 1603 as Jakobus I op 'e Ingelske troan kaam, waarden de beide lannen lykwols yn in personele uny mei-inoar ferbûn. Dy bân waard yn 1707 omset yn in politike uny, wêrby't Skotlân syn selsstannigens en selsbestjoer ferlear en ûnderdiel waard fan Grut-Brittanje, dat út 'e Ingelske haadstêd Londen wei regearre waard.

Nei ferskate mislearre opstannen yn 'e santjinde en achttjinde iuw wiene de Skotten twongen om har ûnder it Britske bewâld del te jaan, mar sûnt de ein fan 'e tweintichste iuw is der yn it lân in sterke ûnôfhinklikheidsbeweging ûntstien, dy't oanfierd wurdt troch de nasjonalistyske partij SNP. Yn 2014 waard foar it earst in referindum oer ûnôfhinklikheid holden, wêrby't 45% fan 'e Skotten foar stimde.

Stientiid

De stientiid is in tiidrek yn 'e prehistoarje dêr't de minsken fan doe ark fan stien makken (oan 'e ein fan de stientiid waarden foar it earst sieraden fan metaal makke). It leit yn 'e reden dat der doe ek al hout bewurke waard mar dêr is net folle fan bewarre bleaun. Yn Dútslân waarden lykwols yn 1994 by it plak Schöningen houten spearen fûn fan likernôch 350.000 jier lyn.

It is net altiten mei wissichheid fêst te stellen wannear't de stientiid ôfrûn is: foar guon lytse folken op Borneo en Nij-Guinea is er noch mar krekt ôfrûn.

Meast wurdt de stientiid ûnderskieden yn trije tiidrekken:

it paleolitikum hat it langst duorre, fan ûngefear 2,5 miljoen jier lyn oant de ein fan de lêste iistiid, likernôch 10.000 jier lyn;

mei it mesolitikum wurde de kultueren fan de jager-samlers nei de ein fan de lêste iistiid oantsjut;

mei it neolitikum wurdt de kultuer oantsjut dêr't de lanbou meast fan belang wie.Oan 'e ein fan de stientiid waard út en troch al ark fan koper makke, archeologen brûke dêrfoar it begryp kopertiid of galkolitikum, dêrnei komt de brûnstiid en de izertiid. It is mooglik dat yn Mesopotaamje en yn it Alde Egypte it skrift wilens de brûnstiid al syn gerak krige, fan datoangeande wie de prehistoarje dêr al foarby en wurdt dêr dan praat fan de izertiid.

De datearring en krekte tiid dat de stientiid duorre hat is noch ûnwis omdat der noch fûleindich praat wurdt wat de betingsten wêze moatte om net of wol fan in stientiid te praten. De âlde stientiid begjint rûchwei 2,5 miljoen jier lyn yn Afrika, doe't dêr it earste ark fan stien makke waard.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.