Masoreten

De Masoreten (Hebriuwsk: בעלי המסורה, ba'alei hamasorah) wiene in groep fan almeast karaïtyske joadske skriftlearden dy't wurksum wiene fan 'e sânde oant de tsiende iuw en benammentlik yn 'e Palestynske stêden Tibearias en Jeruzalim taholden, mar ek wol yn Mesopotaamje. Eltse groep stalde in systeem yn 'e foarm fan diakrityske tekens gear dat helpe moast by de útspraak, de grammatika, de opdieling yn fersen en haadstikken en it foardragen fan 'e Tenach, de joadske Bibel (dy't skreaun is yn it Hebriuwsk alfabet, dat gjin fokalen werjout). Dêrby wûn it systeem fan 'e Ben Asher-famylje it úteinlik fan dat fan 'e konkurrearjende Ben Naftali-famylje. Harren ferzje fan 'e Tenach, dy't de Masoretyske Tekst neamd wurdt, is noch altiten de meast gesachhawwende foarm fan 'e joadske Bibel.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.

Bibel

De Bibel is de gongbere namme foar in kanonike samling teksten dy't yn ûnderskate gearstallings as hillich beskôge wurdt troch de joadske en kristlike godstsjinsten. Ferskillende religieuze groepen beflappe ferskillende boeken yn harren kanons of foegje ekstra materiaal ta oan 'e kanonike teksten. Yn 'e westerske wrâld (en dêrmei dus ek yn Fryslân) sil mei "de Bibel" ornaris de algemiene kristlike kanon fan 66 boeken bedoeld wurde, mar de kanon fan 'e Etiopysk-Otterdokse Tsjerke beslacht 88 boeken, wylst de joadske Bibel, de Tenach, mar 24 boeken hat en inkeld it earste diel fan 'e kristlike Bibel omfettet, it saneamde Alde Testamint, dat oarspronklik skreaun wie yn it Hebriuwsk, mei beskate passaazjes yn it Arameesk. It twadde diel fan 'e kristlike bibel, it Nije Testamint, is in lettere tafoeging en wie oarspronklik skreaun yn it Gryksk.

Koartsein fertelt de Bibel it ferhaal fan 'e skiednis fan 'e wrâld en de minske, hoe't dy troch de iene God skepen binne en hoe't it dermei ôfrinne sil oan 'e ein fan 'e tiden. Hoewol't it eins in samling fan losse geskriften is dy't oanwiisber skreaun binne troch in ferskaat oan skriuwers (likernôch fjirtich), oer in perioade fan om-ende-by de tûzen jier, beskôget in grut part fan 'e joadske en kristlike leauwenden de Bibel dochs as "it Wurd fan God"; sy hâlde út dat de skriuwers de wurden dy't se delskreaune fan God krigen hawwe moatte troch de wei fan godlike ynspiraasje.

De âldste oerlibjende folsleine kristlike Bibels binne Gryksktalige manuskripten út 'e fjirde iuw. It âldste hanskrift fan 'e joadske Tenach, yn it Hebriuwsk en it Arameesk, datearret út 'e tsiende iuw. De Bibel is it meast ferkochte boek yn 'e wrâld, mei in jierlikse ferkeap fan 25 miljoen eksimplaren. It is ek it meast oersette boek en hat troch de iuwen hinne in grutte ynfloed hân op 'e Westerske kultuer en op 'e talen fan joadske en kristlike folken. De earste folsleine Fryske bibeloersetting, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, ferskynde yn 1943.

Masoretyske Tekst

De Masoretyske Tekst (gauris ôfkoarte ta MT of 𝕸), is de gesachhawwende Hebriuwske tekst fan 'e Tenach, de joadske Bibel. De Masoretyske Tekst bepaalt net allinne de kanon fan 'e Tenach, mar ek de krekte tekst, op in letter-foar-letterbasis, mei de fokalisaasje en it gebrûk fan diakrityske tekens ynbegrepen.

De Masoretyske Tekst is benammentlik kopiëarre, redigearre en ferspraat troch in groep joadske skriftlearden dy't bekendsteane as de Masoreten, en dy't wurksum wiene fan 'e sânde oant de tsiende iuw. It âldste noch besteande, sij it ûnfolslein oerlevere manuskript fan 'e Masoretyske Tekst is de saneamde Aleppokodeks, út 'e tsiende iuw. It Hebriuwske wurdt mesorah (מסורה of מסורת) ferwiist nei it oerleverjen fan in mûnlinge tradysje, mar yn it ferbân fan 'e Masoretyske Tekst wurde der de diakrityske tekens mei bedoeld, wêrmei't de Masoreten foar it earst sekuer dúdlik makke hawwe hoe't de taal fan 'e Hebriuwske Bibel (dy't ommers skreaun is yn it Hebriuwske alfabet, dat gjin fokalen werjout) persiis útsprutsen wurde moat.

De Masoretyske Tekst wurdt rûnom brûkt as de basis foar oersettings fan it kristlike Alde Testamint yn protestantske bibels, en sûnt 1943 ek foar guon roomske bibels, hoewol't de eastersk-otterdokse tsjerken foar dat doel fêsthâlde oan it gebrûk fan 'e Septuaginta, mei't hja dy as godlik ynspirearre beskôgje. Nei't yn 'e fyftiger jierren de Deade-Seerôlen ûntdutsen waarden, hat bliken dien dat de Masoretyske Tekst op guon plakken frijwol identyk is oan 'e Tenach fan 200 f.Kr., mar dat er op oare plakken gâns ôfwykt.

Tiberias

Tiberias (Hebriuwsk: טְבֶרְיָה, Arabysk: طبرية‎) is in stêd yn noard-Israel mei sa'n 41.300 ynwenners. Sa'n 98.3% is joadsk.

De stêd leit oan de westigge fan de Mar fan Tiberias en is om it jier 20 hinne stifte. Tiberias is mei Jeruzalem, Hebron en Safed ien fan de fjouwer hillige stêden foar joaden fan Israel.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.