Konfusius

Konfusius (孔夫子, letterlik oerset: Hear Kong) (neffens de oerlevering 551 f.Kr. - 479 f.Kr.) is de ferneamdste Sjineeske wiisgear. Syn ynfloed op de Sineeske beskaving kin net ûnderskatten wurde en is ek wiid ferspraat oer Japan, Korea en Fietnam.

Konfusius wie yn sosjaal tinker en lei de klam fral op persoanlike moraliteit en de moraliteit fan de regearing, as wol op de korrektens fan sosjale ferhâldingen, gerjochtichheid en oprjochtheid. Syn tinken hat him ûntwikkele ta in filosofystelsel dy't bekend stiet as it konfusianisme.

Confucius 02
Konfusius
Ezra Pound

Ezra Pound (folút: Ezra Weston Loomis Pound; Hailey (Idaho), 30 oktober 1885 – Feneesje, 1 novimber 1972) wie in Amerikaansk dichter, essayist, oersetter (û.m. út it Sineesk en it Japansk), skriuwer, komponist en literêr en sosjaal kritikus, dy't ien fan 'e grûnlizzers wie fan 'e modernistyske beweging en oan 'e widze stie fan it imazjisme. Fan syn wurken binne it bekendst Ripostes, út 1912, en The Cantos, in ûnbidich en ûnfoltôge epos besteande út 120 dielen dêr't er fan 1917 oant syn dea oan wurke. Pound ferliet al ier syn heitelân en brocht it hichtepunt fan syn rom troch yn Londen en Parys, dêr't er njonken syn eigen skriuwen ek behelle rekke yn it foarmjen fan sawol wurken as karriêres fan tiidgenoaten lykas T.S. Eliot, James Joyce en Ernest Hemingway.

Troch de slachtings yn 'e Earste Wrâldoarloch, dêr't er Grut-Brittanje en it ynternasjonale kapitalisme ferantwurdlik foar achte, ferlear er it fertrouwen yn 'e demokrasy as steatsfoarm. Hy ferfear nei Itaalje, dêr't er ta ôfgriis fan syn freonen it faksisme fan Benito Mussolini omearme. Yn 'e tritiger en fjirtiger jierren wie en bleau er in fûleindich oanhinger Mussolini; hy spriek syn stipe út foar Adolf Hitler en hie gedoente mei Oswald Mosley, de lieder fan 'e Britske faksisten. Under de Twadde Wrâldoarloch hold er mear as hûndert radiotaspraken wêryn't er de Feriene Steaten fel bekritisearre. Fan gefolgen waard er yn 1945 troch it Amerikaanske leger yn Itaalje oppakt foar lânferrie. Moannenlang waard er finzen holden en troch de manear wêrop't er in part fan dy tiid behannele waard, krige er geastlike problemen. Mei't fêststeld waard dat er net sûnernôch wie om berjochte te wurden, waard er mear as trettjin jier lang opsletten yn in psychiatrysk sikehûs yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington. Nei't er yn 1958 frijlitten wie, kearde er werom nei Itaalje, dêr't er oan syn dea ta bleau. Fanwegen syn politike opfettings is syn wurk noch altiten tige kontroversjeel, al bestiet der ûnder hjoeddeiske kritisy in konsensus dat er in grut dichter wie.

Filosoof

In filosoof of wiisgear is immen dy’t filosofy studearet of dat al dien hat. It wurd komt ut it Gryksk en it betsjut ‘immen dy’t fan wiisheid hâld’.

Sûnt de 7e iuw f.Kr. wiene der sawol yn’e Westerske wrâld as yn it Easten filosofen, lykas Tales fan Milete en Pytagoras) en yn it easten bygelyks Gautama Boeddha en Konfusius) "filosofen" yn de betsjutting dy't men der tsjintwurdich oan jout.

Opfallend is wol dat de measte filosofen út it ferline manlju wienen. Der binne yn de resinte skiednis lykwols ek froulju beropsmjittich aktyf as filosoof, bygelyks Hannah Arendt, Luce Irigaray, Donna Haraway en Judith Butler.

Gûam

Gûam (Tsjamorro: Guåhan) is in Oseanysk eilân, ûnderdiel fan de regio Mikroneezje. It eilân foarmet in ôfsûnderlik territoarium fan de Feriene Steaten en is net ûnôfhinklik. De haadstêd is Hagåtña.

Guam leit yn de Grutte Oseaan benoarden de Karolinen en besuden de Noardlike Marianen. It is it súdlikste eilân fan de Marianen. Op Gûam wurdt it Tsjamorro sprutsen en wat minder ek it Ingelsk.

Gûam ûntfangt de measte toeristen fan alle eilannen yn Mikroneezje.

Konfusianisme

It konfusianisme is in Sineesk etysk en filosofysk systeem, dat de lear fan Konfusius (551 – 479 f.Kr.) folget. It konfusianisme hat grutte ynfloed hân op de skiednis en de kulltuer fan East-Aziatyske lannen oant yn de 21ste iuw. Troch de skiednis fan it Sineeske keizerryk hinne wie it konfusianisme de offisjele ideology en hie dêrtroch grutte ynfloed op de befolking.

Yn lanne en gebieten mei in protte Han-Sinezen, útsein yn de Folksrepublyk Sina, besteane der in soad konfusianistyske basisskoallen en konfusianistyske skoallen foar it foarset ûnderwiis.

Skiednis fan Sina

De skiednis fan Sina is hiel bot beynfloede troch de geografyske lizzing fan it lân. As in grutte oaze is it lân fan alle kanten omsletten troch natuerlike grinzen. Ten easten en ten suden leit de Grutte Oseaan, oan de westkant de Tibetaanske heechflakte, en yn it noarden oer in lingte fan 1600 km de Gobywoastyn. Der binne wol tagongswegen, mar relatyf sjoen leit Sina frij isolearre fan ynfloeden fan bûten ôf. Lykwols is it ien fan de plakken op ierde dêr't de sivilisaasje útein sette.

Wrâlderfgoedlist

De Wrâlderfgoedlist is in list mei Wrâlderfgoed gearstald troch de kommisje foar it wrâlderfgoed fan de UNESCO.

It materieel wrâlderfgoed bestiet sûnt de 34e sessy fan de Kommisje (2010) út 911 wrâlderfgoed, dêr't 180 fan natuererfgoed (N) is, 704 kultuererfgoed (C) en 27 in kombinaasje fan beide: mingd erfgoed, (C|N). Der stean 34 wrâlderfgoederen op de list fan bedrige wrâlderfgoed, omdat se as wrâlderfgoed gefaarlik binne in yn harren wearde oantaast te wurden troch bygelyks bebouwing, ûntbosking, oarloch, en soksawat. De 911 wrâlderfgoederen lizze ferspraat oer 151 lannen. De Wrâlderfgoedkonvinsje is troch 187 fan de 193 by UNESCO oansletten lannen ratifisearre.

Neist it 911 fêste wrâlderfgoed hat de UNESCO ek 193 dokuminten en argiven oanmerke foar kultuererfgoed; sy steane op de wrâlderfgoedlist foar dokuminten.

It net-materiële wrâlderfgoed wurdt troch UNESCO opnomd yn in aparte list fan Masterwurken fan it Orale en Ymmateriële Erfgoed fan de Minskheid.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.