Keramyk

Keramyk is in materiaal dat gjin metaal en ek gjin polymear is. De keramyk is in materiaal dat foarme wurdt troch ferhjitting (yn bygelyks in ûne en soms ek druk, wêrby't minimaal twa gemyske eleminten oanwêzich binne. Ien dêrfan is non-metallysk en de oare mei sawol metallysk as net-metallysk wêze.

It wurdt komt fan it Gryske keramos, dat 'drinkfet' of 'ierdewurkfet' betsjut. It wurdt benammen brûkt om foarwerpen oan te tsjutten dy 't makke binne fan bakte klaai. Tradisjoneel binne keramiken dan ek op klaai (ofwol silikaten) basearre. Hjir binne in protte soarten fan en se wurde makke fan ferskate klaaisoarten, ferskate taslachstoffen en alderlei prosedees (bygelyks in oare oventemperatuer). Technyske keramiken brûke ek oare eleminten en wurde foar ferskate meganyske tapassings brûkt.

Deck 20050711
Keramiken faas

Soarten

Tradisjoneel

  • Ierdewurk wurdt bakt fan klaai, tusken 800 en 1250°C, wêrby't gjin sintering of ferglêzing optreedt.
  • Terrakotta is net-glazuere ierdewurk mar fan readbakkende klaai.
  • Stienguod of gres wurdt makke fan in kostbere klaaisoarte - gresklaai- dy't ôfbakt wurdt by hegere temperatueren (1200-1300°C); hjirby fersinteret de klaai, neidat keukensâlt of polke oan it bakproses tafoege is; it produkt is geskikt om floeistoffen yn te bewarjen.
  • Porselein, bakt fan in spesjale wite klaaisoarte, mingd mei kwarts en fjildspaat, bakt by 1200-1400°C, wêrby 't it gehiel ferglêzet. De basisgrûnstof is kaolien of pe-tuntse kommend út Sina.

Kaolien wurdt yn Europa fûn yn de streek fan Limoges en yn Spanje.

Technysk

  • Silisiumkarbide (SiC)
  • Boarnitride (BN)
  • Yttrium-barium-koperokside (YBaCuO)
  • Hydroksyapatyt (HA)
  • Silisiumokside (SiO)
  • β-trikalsiumfosfaat
  • Zirkoanium(IV)okside (ZrO2)

Keramykkeunstners

Ynfloedrike keramisten yn it Nederlânsk taalgebiet binne ûnder oare Chris Dagradi (1954), Johan van Loon (1934), Jan Snoeck (1927), Pieter Stockmans (1940) en Jan van der Vaart (1931-2000).

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Alie Kalverda

Alie Kalverda (Ljouwert, 1954) is in keunstner dy't yn Alkmaar wennet. Kalverda folge de oplieding Byldzjende foarming oan de no Nije akademy te Alkmaar. Ek waard se wurkmaster yn brûnsjitterij 'de Hooischuur'. Se makket al mear as tweintich jier keunst en jout der ek lessen yn. Tema's binne hast altyd de minske yn de dûns om it bestean en maatskiplike tema's.

Oant 2006 geat se har brûnzen bylden sels, meidat se dat troch lichaamlike beheinings net mear dwaan kin, is Alie oerstapt op it meitsjen fan wurken yn keramyk en keunststof. Dy wurde dan faak siselearre en patinearre.

As lid fan de "kunsttroup" binne der geregeldwei eksposysjes fan har wurk.

Asmara

Asmara is de haadstêd fan Eritreä. Mei in befolking fan likernôch 649.000 ynwenners (2009) is de stêd fierwei de grutste fan it lân. Asmara leit op in hichte fan 2400 meter. Tichtby de stêd leit it fleanfjild Asmara International Airport. In spoarline ferbynt de stêd mei de havenstêd Massawa.

Klean en tekstyl, bier, skuon en keramyk binne de wichtichste yndustriële produkten. Yn de stêd wurdt ek in protte fleis ferwurke.

Chris Fokma

Christiaan Willem (Chris) Fokma (It Oranjewâld, 27 maart 1927 - Charaix-Plouguer, 12 desimber 2012) is in Fryske byldhouwer en keramist.Fokma folge nei de hbs in jier de oplieding boukunde oan de universiteit yn Delft, mar stapte doe oer nei de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam.. Hy krige les fan Piet Esser.

Neist frijsteande skulptueren, makke Fokma meerdere gevelreliëfs, meastentiids útfierd yn keramyk.

Hy wie neist keunstner ek learaar oan de Fryske keunstnijverheidsskoalle en om 1960 in tal jierren tekenlearaar oan de Ryks-HBS, beide yn Ljouwert. Begûn yn 1965 mei it ûntwikkeljen fan in eigen technyk troch it baarnen fan kleur yn glês yn elektryske ovens by hege temperatuer. Wie oant de opheffing yn 1965 bestjoerslid fan it Bûn fan Fryske Keunstners.

Cobi Doevendans

Adriana Jacoba Doevendans (Snits, 20 july 1946) is in byldzjend keunstner út Snits. Se makket gûasjes, oaljeferven, lito's en muorredekoraasjes. Underwerpen binne meast lânskippen yn neo-ekspresjonistyske styl. As byldhouster makke sy ek reliefs, útfierd yn chamotte en glazuere.

Hja wie learling fan de Akademy Minerva yn Grins en fan de Sommerakademy yn Salzburg. Krige lessen fan Corneille en Slavi Soucek en krige yn 1970 en 1972 prizen fan de stêd Salzburg foar non-figurative skilderkeunst en litografy. Stie earst sterk ûnder ynfloed fan de Kobra-beweging, mar wist troch yntegraasje fan feiten út de Pop-art en Actionpainting in hiel eigen sfear te skeppen. Wenne en wurke earst yn Snits, letter ferhuze se nei Grins. Sy joech dêr les oan ferskillende Grinzer middelbere ûnderwiisynstellings. Wie lid fan it Bûn fan Fryske Keunstners yn Ljouwert en wennet no wer yn Snits.

It wapen op Amicitia, it gevelreliëf oan de Groen van Prinstererskoalle en de Johannes Postskoalle yn Snits binne fan har hân. Skilderingen en peinjes fan har sitte ek yn de kolleksje fan it Frysk Skipfeart Museum.

Haachsk Gemeentemuseum

it Gemeentemuseum De Haach is in museum yn De Haach mei in grutte kolleksje moderne keunst.

It museum hat in museumwinkel mei in grut ferskaat oan boeken, keramyk, design en kadoartikelen. Foar bern en jongerein binne der diverse programma's beskikber. Fierders binne rûnleidingen foar groepen mei ferskate tema's mooglik.

Kanaryske Eilannen

De Kanaryske Eilannen (Spaansk: Las Islas Canarias) binne in kloft eilannen yn de Atlantyske Oseaan, dy by Spanje hearre, mar foar de kust fan de Westlike Sahara en Marokko lizze.

Keninklike Tichelaar Makkum

Keninklike Tichelaar Makkum is in ûndernimming dy’t fêstige is yn Makkum. It famyljebedriuw begûn mei de produksje fan bakstien (tichels), en letter yn ierdewurk en tegels. Tsjintwurdich is it bedriuw spesjalisearre yn ierdewurk. Sûnt 1890 docht it ambachtlike bedriuw it meast yn sierierdewurk.

Omdat it bedriuw hieltyd keramyk makke hat, wurdt de Keninklike Tichelaar Makkum beskôge as ien fan de âldste bedriuwen fan Nederlân. Guon boarnen sprekke wol fan it âldste bedriuw fan Nederlân.

Keramykmuseum Prinsessehof

Keramykmuseum Prinsessehof is in museum oan de Grutte Tsjerkestrjitte 11 yn Ljouwert. It museum sit yn in yn 1693 boud hearehûs mei de status fan ryksmonumint, eigentlik in lyts stedspaleis.

It museum waard yn 1917 fêstige yn de eardere stedspaleis fan prinsesse Marijke Muoi, Maria Louise fan Hessen Kassel, prinsesse fan Oranje Nassau. Doe krige de grutte kolleksje ierdewurk, tegels en porslein fan Nanne Ottema dêr in plak.

Keunstner

In keunstner (froulik: keunstneresse) is immen dy't syn kreative talinten brûkt om keunst te meitsjen. De term kin brûkt wurde foar elke keunstfoarm, lykas muzyk, literatuer en teater, mar referearret meast oan in yndividu dy't byldzjende keunst makket.

In hjoeddeisk (2007) keunstner spesjalisearret him gauris yn in spesifyk medium. Yn it gefal fan byldzjende keunst kin dat wêze:

Skilderkeunst

Byldhoukeunst

Grafyk

Keramyk

Performance

Fluxus

Mail art

Konseptuele keunst

Glêsblaaskeunst

Klaai

Klaai is in klastysk sedimintêr stiente, dat benammen bestiet út lutum, grûnpartsjes lytser as 2µm.

As de grûn foar mear as 25% bestiet út lutumpartsjes kin der sprutsen wurde fan klaai. By 25% oant 35% lutum is it lichte klaai, by 35% oant 50% is it matich swiere klaai en by mear as 50% wurdt sprutsen fan swiere klaai.

Klaai bestiet út klaaimineralen, wêrfan in soad ferskate soarten besteane. Klaaigrûnen litte, yn fergelyk mei sân, mar min wetter troch. Yn drûge tiden hâlde se in soad wetter lang fêst, mar yn wiete tiden komme in soart gewaaksen om omdat se fersûpe. Ek hawwe klaaigrûnen minder lêst fan útspieling as sângrûnen. Hjirtroch hâlde se better fiedselstoffen foar planten fêst en binne se oer it algemiene fiedselryk. Besikingen om yn it ramt fan natoerbehear klaaigrûnen te ferskraaljen binne net slagge.

Klaai komt yn Nederlân benammen foar yn de kuststreken (seeklaai) en by de rivieren del (rivierklaai) en mear it lân yn op hegere parten komme beekklaai en liem foar. Klaaigrûnen dy’t ûntwettere wurde, komme leger te lizzen, trochdat it wetter dat soarge foar mear romte tusken de klaaipartsjes ferdwûn binne en de klaaipartsjes tichter op elkoar komme te lizzen. Dit ferskynsel wurdt ynklinken neamd. Ynklinking is ien fan de oarsaken fan boaiemsakjen.

Kraantsjekanne

In kraantsjekanne is in kofjekanne op trije poatsjes mei in kraantsje der oan. Der waard ek wol tee yn setten. De kanne ûntwikkele him yn de 17e iuw. Der besteane kannen fan sulver, messing, tin en ek wol fan keramyk.

Earst hiene de kannen de foarm fan in kegel of par, mar yn it twadde kwart fan de 18e iuw rekke de faasfoarm yn de moade troch de hofstyl fan Loadewyk XIV.

Der besteane ek kannen mei mear as ien kraantsje. Faak waarden dy brûkt yn kafees.

Yn it Frysk Museum steane ek sulveren kraantsjekannen.

List fan musea yn de provinsje Fryslân

Op de List fan 135 Fryske Musea steane lytse en grutte museums, mar ek permaninte histoarsyke tentoanstellings :

MR=Museumregister

Petrus Griepink

Petrus Griepink (Amsterdam, 21 july 1947) is in autodidaktysk byldzjend keunstner út Badhoevedorp.

Syn wurk bestiet út skilderingen, fotografy, brûns en keramyk.

Griepink hat in oplieding as meubelmakker en fotograaf. Hy folge kursussen en workshops by Henk Wolvers, Natascha Zaludova, Netty Janssens en Ninni Tervoort. Sûnt 2007 hat er him talein op it meitsjen fan keramyk.

Faak makket er in basisûntwerp en wurket dat op ferskate wizes út ta in searje. Sa ûntstiene ek de searjes Portretfûgels, Gedachtefûgels en Gedachtespinsels.

Wurken fan him binne op ôfspraak te sjen yn syn atelier.

Pierre-Auguste Renoir

Pierre-Auguste Renoir (Limoges, 25 febrewaris 1841 - Cagnes-sur-Mer, 3 desimber 1919) wie in Frânsk ympressionistysk skilder.

As kleanmakkerssoan wurke Renoir op syn trettjinde as learling-skilder. Hy skildere blommen op keramyk. Doe't dat proses automatisearre waard moast er oerstappe op oar wurk. Renoir skildere benammen skilderijen fan froulju en portretten.

Renoir waard begroeven yn Essoyes, neist Aline. Syn beide jongste soannen lizze dêr ek. Syn lêste hûs yn Cagnes in (Súd-Frankryk), yn de neite fan Nice, is no it Renoir Museum en is (nei restauraasje) te besichtigjen. It hûs hat in grutte tún mei oliifbeammen.

San Marino

San Marino is in lân in Súd-Jeropa. De haadstêd is ek San Marino en de twa Capitani Regenti fan de republyk binne sûnt 2014 Valeria Ciavatta en Luca Beccari.

Tarsus (stêd)

Tarsus (Gryksk Tarsos) is in stêd yn it suden fan Turkije. De stêd leit yn de provinsje Mersin op 20 km fan de kust fan de Middellânske See.

Tarsus hat in skiednis fan mear as 2000 jier. Yn it ferline wie it de haadstêd fan de Romeinske provinsje Silysje. Markus Antonius moete dêr foar it earst Kleopatra. De apostel Paulus waard berne yn Tarsus. De profeet Danjel soe dêr begroeven wêze.

Tarsus hat in lange hannelsskiednis en is distiid ek noch in kommersjeel sintrum fan belang foar de ferwurking fan de produkten fan de fruchtbere heechflakte fan Çukurova. De yndustry fan Tarsus makket lânboumasines, reserve-ûnderdielen, tekstyl, bakstien en keramyk.

Trachterbekerkultuer

De trachterbekerkultuer is in prehistoaryske kultuer dy't om-ende-by 3400 f.Kr. yn Jeropa opsetten kaam en oant en mei 2900 f.Kr. yn swang bliuwe soe. De kultuer krige har namme troch de typyske ierden bekers mei trachterfoarmige hals dy't fan dat folk fûn binne. Sy yntrodusearren de lânbou yn Jeropa, wienen kundige stienbewurkers en op guon plakke hawwe sy mysterieuze bousels efterlitten lykas de Hunebêden.

Wilhelmina Frijters van Stralen

Wilhelmina (Willemien) Frijters van Stralen (14 febrewaris 1948) is in byldzjend keunstneresse út it Noard-Hollânske Beets. Se slagge yn 1969 foar de jûnsoplieding fan de Frije Tekenakademy yn Amsterdam. Dêrnei folge se lessen by oare byldzjende keunstners as Fokje Schilstra (keramyk), Ton van Kesteren, (litografy) en Saskia Wielhouwer (portret en model tekenjen/skilderjen).

Minsken spylje in grutte rol yn har wurk. Se hat meastentiids foarôf wol in byld yn de holle wat der op it doek komme moat. Se wurket op linnen doeken mei oaljeferve en akryl.

Op papier makket se pinnetekeningen, mei losse pigmenten, en skriuwt der dan lytse koarte teksten by. Eksposysjes fan har wurk wienen yn Beets, Oosthuizen, Alkmar en Hoorn.

Yme Kuiper (heechlearaar)

Yme Berend Kuiper (It Hearrenfean, 1949) is sosjolooch en kultureel antropolooch. Yn 2006 waard er beneamd as bysûnder heechlearaar Religjeuze en Histoaryske Antropology by de Fakulteit fan de Godgeleardheid en Godstsjinstwittenskip fan de Ryksuniversiteit Grins.

Studearre sosjology en filosofy (1968-1972), Kulturele Antropology (1972-1976) en promovearre yn 1993 cum laude oan de Fakulteit fan de Letteren fan de RUG op Adel in Friesland 1780-1880. Dit wurk waard twa kear bekroand mei in wittenskiplike priis: de Eismapriis en de Joast Halbertsmapriis. As redaksjelid belutsen by ûnder oare Virtus (jierboek foar de adelsskiednis) en Doopsgezinde Bijdragen.

Oare funksjesYme Kuiper wie foarsitter fan it Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer. Lid Ried fan Tafersjoch Nasjonaal Keramyk Museum It Prinsessehof, Frysk Museum yn Ljouwert; Foarsitter Stichting De Grutte Súdwesthoek; Sekretaris-ponghâlder fan de Stichting Theo van Baaren; Lid fan it Bestjoer fan Studium Generale, RUG en lid fan Wessel Ganzevoort Fûns.

PublikaasjesKuiper publisearret neist it eigen fakgebiet ek oer in grut ferskaat oan ûnderwerpen, fan sportskiednis (De magie van Abe Lenstra) oant literatuer (Louis Couperus en W.F. Hermans).

Wurket yn 2009 oan wurken oer religieuze elitefoarming yn Nederlân en Europa yn de tweintichste iuw en fan Harnzer mennisten yn de santjinde en achttjinde iuw. De meast resinte publikaasjes geane oer de Nederlânske bûtenpleatskultuer.

Fuotballe yn syn jeugd op profesjoneel nivo foar Sportklup It Hearrenfean.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.