Karspel

Karspel of kerspel (Aldfrysk: zerskspel, zerkspul, ziurkspil) is de midsiuwske namme foar parochy, tsjerkedoarp of tsjerkegemeente.

It karspel as gebiet fan in parochy of tsjerklike gemeente wie fanâlds part fan de tsjerklike organisaasje fan in bisdom. De grinzen datearje faak út de 11e of 12e iuw. Fanwege befolkingsgroei en ûntginning fan woaste grûn of spjalting waarden dy grinzen wizige. Nei de reformaasje kaam it by de protestants wurden parochys ek ta grinsferoarings. Omdat de grinzen fan in karspel meast deselde wienen as dy fan it richteramt of skoutambt wurdt it wurd karspel ek wolris as synonym dêrfoar brûkt.

Fan de 16e iuw ôf waard it begryp karspel hieltyd mear brûkt om de bestjoerlike ienheid oan te tsjutten dy't nei de Bataafske Revolúsje 1795 de boargerlike gemeente foarmje soe. Somtiids binne by de foarming fan de gemeenten karspels gearfoege ta ien gemeente.

Yn geografyske nammen komt karspel faak foar. Bygelyks wie it gebiet om de stêd Swol hinne oant 1967 in selstannige gemeente ûnder de namme Swollerkerspel en bestie oant 1966 besuden Weesp de gemeente Weesperkarspel.

Ek de nammen fan de gemeentes Achtkarspelen (de acht tsjerkedoarpen dy't ta it Bisdom Munster hearden) en Harenkarspel (Noard-Hollân) en in tal Noard-Hollânske plakken ferwize noch nei de tsjerklike skiednis. Soms falt in karspel ûnder de parochy fan in plak mar leit it yn in oare gemeente.

Streekoantsjuttingen foar it gebiet dat gearfoel mei it karspel of dat it nivo boppe of ûnder it kerspel foarme, binne ûnder oaren:

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedia nl:, Kerspel

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, kerspel.

Chapelton (Jamaika)

Chapelton is in merkstedsje yn Clarendon Parish, Jamaika en it eardere haadplak fan dat karspel.

De namme soe in ferkoarting wêze fan 'Chapel Town'.

Ik plak hat in plysjeburo, in middelbere skoalle en de Sint Paulus, in anglikaanske tsjerke dy't goed 300 jier lyn stichte waard.

Dorchester (Oxfordshire)

Dorchester-on-Thames is in plak en civil parish yn it distrikt Súd Oxfordshire, yn it Ingelske greefskip Oxfordshire. Dorchester leit sa'n 3 km noardwestlik fan Wallingford en 8 km súdeast fan Oxford. Nettsjinsteande de namme leit Dorchester net oan de Teems, mar sa'n 500 meter dêr fan ôf.

Ekslo

Ekslo (Drintsk: Eksel, Nederlânsk: Exloo) is in doarp yn Drinte, gemeente Borger-Odoorn, op de Hondsrug. Ekslo telde (neffens ynformaasje fan de gemeente Borger-Odoorn) op 1 jannewaris 2007 1767 ynwennners (869 manlju en 898 froulju). Yn it doarp stiet it gemeentehûs fan de gemeente, hoewol't it net it grutste plak is.

Ekslo is in karakteristyk esdoarp op de Drintske sângrûnen, wyls útwreide mei inkele nijbouwiken, dat tsjintwurdich in soad toeristen lûkt. Inkele attraksjes binne Kabouterlân, in bernebistepark, en it Kultuerhistoarysk Museum Bebinghehoes. Dêrneist wurde troch de Feriening Doarpsbelangen Ekslo meardere aktiviteiten op tou setten. De twa belangrykste binne it Skieppeskeardersfeest mei in Nederlânsk kampioenskip ambachtlik skieppeskearen, en it Festival fan Alde Ambachten.

It doarp hat meardere foarsjennings, wêrûnder in iepenbiere basisskoalle, sportfjilden, in maneezje, in swimbad, in VVV-kantoar, in supermerk en ferskate winkels en hoarekagelegenheden. Yn de buert fan it doarp leit bungalowpark de Hunzebergen.

It lânskip om Ekslo hinne wurdt kenmerke troch essen, bosken (Boswachterijen Ekslo en Odoorn, Hunzebos), heide (Molenveld) en fean (Zoersche Landen).

Sûnt 2005 wurdt der by Ekslo boud oan in saneamd LOFAR. Dit is in nij type radioteleskoop dy't úteinlik bestean sil út sa'n 25.000 lytse antennes yn Nederlân en Dútslân. By Ekslo is al in testfjild.

Fisfliet

Fisfliet (Nederlânsk en offisjeel: Visvliet) is in doarp yn de gemeente Súdhorn, provinsje Grinslân (Nederlân). It doarp hat 367 ynwenners (1 jannewaris 2008).

Grifformearde tsjerke fan Gerkeskleaster-Strobos

De Grifformearde Tsjerke fan Gerkeskleaster-Strobos oan de Fryske Streek is ien fan de twa tsjerken yn Gerkeskleaster dy't de Protestanske Tsjerke yn Nederlân yn it doarp ryk is. De oare tsjerke is de herfoarme tsjerke noardlik fan Gerkeskleaster.

Grypskerk

Grypskerk (Nederlânsk en offisjeel: Grijpskerk; Grinslânsk: Gruupskerk) is in doarp yn Grinslân. It leit oan it Van Starkenborghkanaal. De ynwenners hiene eartiids de bynamme Smaalruggen. Yn 2008 wennen der 2.809 minsken.

Milston

Milston is in civil parish yn Wiltshire. It leit op sa'n 20 kilometer benoarden Salisbury en wurdt fan it oanswettende Durrington skieden troch de rivier de Avon. De namme is fan Angelsaksysk komôf en bestjut "pleats/delsetting yn de midden". De karspel bestiet út twa útbuorrens: Milston en Brigmerston, plus in stikmannich pleatsen op de Salisbury Plain. It buorskip Milston hat in lytse Saksyske kapel wijd oan Marije.

Nasjonaal Lânskip Middag-Humsterlân

Middag-Humsterlân is de namme fan in Nasjonaal Lânskip yn de provinsje Grinslân. It bestiet út de streken Middag en Humsterlân.

Sûnt 2005 hat it de status Nasjonaal Lânskip en is foardroegen foar de list fan wrâlderfgoed fan de Unesco.

Noardwestik fan de stêd Grins lizze de eardere eilannen út de midsiuwen Middag en Humsterlân. Bewenning wie hjir earder mooglik op terpen (of wierden). Dizze terpen binne archeologysk ynteressant en yn goede steat. Tusken de eilannen lizze tichtslike waadprielen dy't noch altiten werom te finen binne yn de bûgde foarmen fan de sleatten en perselen.

Middag komt fan Midage of mid each; it betsjutte middelste eilân. Humsterlân komt fan Hugmerchi of karspel, dat is in (tsjerklike) gemeente mei in eigen rjochtspraak.

Portesham

Portesham is in plak en civil parish yn it distrikt West-Dorset, yn it Ingelske greefskip Dorset. It leit sa'n 10 noardwest fan Weymouth, 10 km súdwestlik fan it haadplak Dorchester en 2 km benoardeasten de saneamde Jurassic Coast (Wrâlderfgoed) oan Chesil Beach. It karspel frijwat grut, mei ferskate bûten doarpkes, buorskippen en eartydske bûtenpleatsen (manors). By de folkstelling fan 2011 wennen dêr 685 minsken, ferdield oer 316 húshâlings en stiene der 342 wenten.

Westervelde

Westervelde is in doarpke sa'n 1,5 km súdwestlik fan Noarch, yn de gemeente Noardenfjild yn Drinte. Op 1 jannewaris 2008 wennen der 158 minsken.

Ålâneilannen

De Ålâneilannen foarmje in arsjipel yn de Baltyske See. De eilannen lizze oan de yngong fan de Botnyske Golf en foarmje in autonoom, demilitarisearre, ientalige Sweedske regio fan Finlân. De arsjipel foarmet de lytste regio fan Finlân, mei mar 0,49% fan it oerflak fan it lân en mar 0,50% fan de Finske populaasje.

Ålân omfiemet it Fasta Åland (it Haadeilân, mei 90% fan de ynwenners fan Ålân), en in arsjipel besteande ut likernôch 6.700 skearen en eilannen. Fasta Åland is skieden fan de kust fan Sweden troch 38 kilometer iepen wetter nei it westen ta. Yn it easten leit de Ålânarsjipel tsjin de Finske Skearesee oan. Ålâns ienige lângrins leit op de ûnbewenne skear Märket, dy't dield wurdt mei Sweden.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.