Izertiid

De izertiid is in tiidrek yn 'e prehistoarje nei de brûnstiid.

De izertiid is de lêste perioade fan de prehistoarje. By guon kultueren hat de izertiid wat langer duorre as by oare kultueren, dat kin ek mei it plak te krijen ha.

Ornaris is it yn West-Jeropa sa dat er begjint om 800 foar Kr. oant de Romeinen om it begjin fan de jiertelling hinne har gebiet útwreiden oan de súdgrins fan Fryslân ta. Mear nei it súd-easten fan Jeropa en it Midden-Easten ta begjint de stientiid om 1200 foar Kr. hinne.

It leit yn 'e reden en de namme izertiid tsjut oan dat der in soad gebrûk makke waard fan izer ark en oare foarwerpen fan izer. Izer is op ferskâte mêden better as brûns:

  • it is hurder, dat it is gaadlik foar wapens en ark
  • it is ienfâldiger te bewurkjen
  • it is maklik te reparearjen
  • de grûnstof is op de meast plakken wol te finen
  • langere duorsumens fan it materiaal

It duorre hiel lang eardat de minsken fan doe wisten hoe't se metaal út erts krije koenen.

De foardielen soargen derfoar dat izer brûkt waard om wapens (benammen swurden) en ark te meitsjen. It brûns wurdt dan mear brûkt foar sieraden.

Trijeperioadesysteem
Holo-
seen
Histoaryske Tiid
La Tène-tiidrek   Proto-
histoarje
Hallstatt-tiidrek
Izertiid
  Let  
Midden
Ier
Brûnstiid
Neolitikum Kopertiid  
Let Pre-
histoarje
Midden
Ier
Mesoli- tikum of
Epipaleo-
litikum
Let
Midden
Ier
Pleis-
toseen
Paleo- litisum Let
Midden
Ier
Stientiid
Bile

In bile is in swier stik ark mei in sneed om te kappen en te kliuwen.

Fûstbilen hearre ta it âldst bekende ark en gean werom op de iere stientiid: de âldsten wurde rûsd op 2,5 miljoen jier. Se waarden makke troch splinters fan in stien ôf te slaan wêrtroch't in skerpe râne ûntstie. Sokke bilen koenen ek brûkt wurde as mes of skrabber. Ut de midden stientiid binne de earste bilen bekend dy't oan stâlen fêstmakke waarden. Dêrmei kin in gruttere krêft útoefene wurde dêr't de brûker mei in lichtere bile troch wurkje kin en minder gau wurch wurdt. De bilen út de nije stientiid wienen soms moai gled slipe stienen bilen fan fjoerstien of oare stiensoarten. Yn de kopertiid, oan de ein fan de nije stientiid waarden ek yn koperen getten bilen makke mei deselde flakke foarm as de stienen bilen. De bekende iismummy Ötzi hie sa'n bile, dêr't de kling fan foar 99% út koper bestie. Yn de brûnstiid gie men oer op brûns, dat duorsumer en makliker te jitten wie as koper, en waard de foarm fan de bile hieltiten fierder ferbettere. Dy bilen liken hieltiten minder op harren stienen foarrinders. De folgjende stap wie it smeien fan bilen fan izer en stiel.

Bilen wurde brûkt as ark foar it bewurkjen fan hout of as wapen en soms foar beide doeleinen tagelyk (lykas de bilen út de brûnstiid). In keukenbyltsje wurdt yn in soad húshâldingen brûkt foar bygelyks it lyts hakjen fan oanmak en it slachtsjen fan hinnen.

Foar it omkappen fan beammen binne swiere bilen mei lange stâlen wenst, foar it kappen fan grutte blokken brânhout lichtere bilen lykas bygelyks in kleaubile. Dan is der noch de dissel, in bile mei in fearnslach draaide bilekop dy't brûkt wurdt om bygelyks holtes út te hakken.

Bilen dy't as wapen ornearre binne binne meastentiids lichter, omdat by it gefjocht fluggens fan belang is. Bekende striidbilen út de skiednis binne de stienen hammerbilen út de nije stientiid, de francisca, in smytbile dy't troch de Franken brûkt waard, of de tomahawk fan de Noard-Amerikaanske yndianen.

In bysûnder gefal is de bile dy't yn de Midsiuwen en dêrnei troch skerprjochters brûkt waard, om minsken te ûnthalzjen.

Bonkwert

Bonkwert is in buorskip yn de gemeente De Waadhoeke.

Bonkwert leit oan de N359, net fier fan Doniastate.

De namme komt ek foar as Bunckwert, Bunkerte en Buynckwert. De namme komt foar it earst foar as Buurckwert yn 1487. Dit is nei alle gedachten in ferkearde stavering fan 'Buunckwert' want yn 1530 wurdt is skreaun as 'Buynckwert' en yn 1532 as 'Bunckwert'. Werd slacht op terp (werd of wierde (lânfoarm)). Dizze terp waard al bewenne yn de lette Izertiid (om 250 foar Kristus). Wêr 't Bonk of Buunck op slacht is ûnbekend. Mooglik hat it te krijen mei de persoansnamme 'Bonika'; "de lytse strider dy't deazje kin".

Brûnstiid

De brûnstiid is it tiidrek tusken (sa. 3000 oant 800 f.Kr.) en dat folget op it Neolitikum. Der wurdt ek wol ûnderskied makke mei de kopertiid, dat noch tusken it neolitikum en de brûnstiid leit. Mar meastal wurdt dat tiidrek rekkene ta de nije stientiid. Yn Nederlân binne net folle koperfynsten dien. Inkeld op de Feluwe is wat fûn, lykwols wienen dat útsonderings. Nei de brûnstiid komt it tiidrek fan de Izertiid.

Yn de rin fan de tiid ferfong brûns stadichoan fjoerstien as wichtigste materiaal foar ark en wapens en waard ek brûkt foar sieraden. De earste foarwerpen fan brûns wienen benammen bilen, en ek inkelde dolken, spearpunten en sieraden lykas earmbannen. Brûns kaam stadichoan hieltyd faker foar, en ek kamen der mear soarten metalen foarwerpen yn gebrûk.

Yn guon streken fûn brûns net tagelyk yngong en de krekte datearring fan de brûnstiid kin dêrom per lân of sels per streek ferskille. Sa wie, neffens de fynsten, folle mear sprake fan brûnsjitten yn Drinte as yn de rest fan Nederlân. In mooglike reden hjirfoar is miskien de pan-Jeropeeske hannelswei dy't oer de Drintse heuvelrêch rûn nei de barnstienrike Eastseekust.

De kennis om metalen te bewurkjen, ynklusyf brûns moat yn it Midden-Easten ûntstien wêze. Dêr waard brûns sûnt sa. 3000 f.Kr. brûkt. Dizze kennis hat him stadichoan ferspraat oer it Jeropeeske kontinint en berikte ek ús lân.

Guon fan âlds bekende ferhalen, lykas de Ilias, de Odyssee, parten fan de Bibel en it Gilgamesjepos spylje har ôf yn de brûnstiid.

Gododdinen

De Gododdinen (Gododdin) wienen Britsk folk fan noardeast Brittanje (noardeast Ingelân en súdeast Skotlân) yn de sub-Romeinske tiid, yn it gebiet dat bekend is as Hen Ogledd of 'it Alde Noarden'. Hja binne it ûnderwerp fan it 6e iuwske Welske gedicht Y Gododdin, dat de Slach fan Catraeth betinkt en taskreaun wurdt oan Aneirin.

De namme Gododdin is de moderne Welske foarm, fia it Ald Welske Guotodin ôflaat fan it Britonske wurd Votadini, dat foar komt yn Grykske teksten út de Romeinske tiid.

Grêfhichte

In grêfhichte, grêfheuvel of tumulus (of cairn: folslein út stiennen oplutsen) is in hichte út de Aldheid dêr't deaden harren lêste rêstplak krigen. Tumulus is de Romeinske namme foar in grêfhichte, dy't oplutsen waard boppe it kremaasjegrêf fan in pommerant. Yn de twadde iuw nei Kristus waarden mear as 150 tumuli oprjochte by Romeinske heirbanen del, yn de Civitas Tungrorum. In goed foarbyld dêrfan binne de Drie Tommen en de tumuli fan Tienen yn Flaamsk-Brabân, dy't by de opgraving fan 1894 wichtige keunstskatten oerjoegen.

Grêfhichten komme oaral yn de wrâld foar.

Hallstatt-kultuer

De Hallstattkultuer is in prehistoaryske kultuer út de iere izertiid (1e helte 1e millennium f.Kr.), neamd nei it plak Hallstatt yn it Eastenrykske Salzkammergut, dêr't yn 1846 in grut grêffjild fûn waard mei in protte grêfjeften. Letter waarden ek op in soad oare plakken, fan Roemeenje oant Ingelân en yn Súd-Jeropa, oerbliuwsels fan dizze kultuer opgroeven. Karakterisearjend foar de kultuer is it brûzen skûtelwurk, meastentiids fersierd mei relyf of losse skulptueren.

La Tène-tiidrek

It La Tène-tiidrek (5e-1e iuw f.Kr.) is in tiidrek yn de izertiid. De metaalbewurkingstechniken út it La Tène-tiidrek hawwe har ûntjûn út de Hallstatt-kultuer en kin dêrom fuort as opfolger fan de Hallstatt-kultuer sjoen wurde. De fynsten litte ek mediterraanske ynfloeden sjen.

It tiidrek is neamd nei it archeologyske fynplak fan La Tène, oan de noardkant fan de Mar fan Neuschâtel yn Switserlân, dêr't in grutte fynst dien waard troch de fisker Hansli Kopp yn 1857.

It La Tène-tiidrek dat mei it tiidrek fan de Kelten yn ferbân brocht wurdt begjint om 450 f.Kr. en duorret oant de Romeinske tiid yn de 1e iuw f.Kr.

Lindowman

De Lindownan, ek ferneamd as Lindow II en (gekjeiend) as Pete Marsh ('Piter Sompe'), is in bewarre feanlyk fan in man dy't fûn waard yn in feansompe yn Lindow Moss ûnder Wilmslow yn Cheshire, Noardwest Ingelân. It lichem waard fûn op 1 augustus 1984 by kommersjele turfwinning. De Lindowman is net it iennichste lyk dat dêr fûn waard; in jier earder wie dêr al de Lindowfrou ûntdutsen neist oare oerbliuwsels fan lichems. De fynst dy't omskreaun waard as "ien fan de meast wichtige archeologyske fynsten fan de jierren '80", feroarsake frijwat opskuor yn de media. De fynst soarge foar fierdere stúdzjes fan feanliken yn Grut-Brittanje, dy't oant dan ta, fergelike mei dy op oare plakken yn Jeropa, net folle omtinken fan de wittenskip krige hienen.

Op it stuit dat er dea gie wie de Lindowman sûn en yn syn mids-tweintiger jierren. Syn sosjale status sil heech west hawwe, want syn lichem hat gjin ferskynsels dy't tsjutte op dreech en swier wurk. De reden fan syn dea is striderij oer. Hy is mei geweld deadien, faaks ritueel offere of eksekusjearre. Nei in lêste miel fan rustere bôle is de Lindowman wurge, op de holle slein en de kiel trochsnien. De âlderdom fan it lyk koe mei muoite rûsd wurde, mar der wurdt tocht dat de man, mei it antlit nei ûnderen, tusken 2 f.Kr. oant 119 nei Kr. yn it Lindow Moss lein is, dat of yn de Britske izertiid of yn it Britsk-Romeinske tiidrek.

It lyk wurdt friesdrûge bewarre yn it Britsk Museum, dêr't it permanint útstald leit. Ut en troch wurdt it oan oare museums útliend, sa as it Manchester Museum.

Neolitikum

It Neolitkum of jonge stientiid is in tiidrek út de skiednis fan de minskheid dat typearre wurdt troch technyske en sosjale feroarings. Der is sprake fan in oergong fan jeien en sammeljen nei lânbou en it hoedzjen fan keppels fee. It tiidrek einiget mei de ûntdekking fan de metaalbewurking (koper, letter brûns), wêrnei de brûnstiid begjint.

It Neolitkum is op meardere plakken yn de wrâld om-ende-by deselde tiid en ûnôfhinklik fan inoar ûntstien en hat har dêrnei oer de hiele wrâld ferspraat. De foarnaamste fernijingen wienen: it gebrûk fan ark fan glânzge stien, keramysk diggelguod (bakte potten), de ûntdekking fan de metaalbewurking (koper), it tsjil en it skrift.

De âldste koperfynsten binne fan ± 5000 f.Kr. yn Anatoalje (Turkije). Dêrom wurdt it lêste part fan de jonge stientiid ek wol de kopertiid neamd.

Oomram

Oomram (Dútsk en Deensk: Amrum) is in Frysk eilân. It leit súdlik fan Söl en westlik fan Feer. Op Oomram wurd in dialekt fan it

Noardfrysk sprutsen, dat Öömrang neamd wurdt. It eilân hat likernôch 2.300 ynwenners en hat in oerflak fan rûm 20 kante kilometer.

Paleolitikum

It Paleolitikum of de âlde stientiid (fan it âldgryksk: paleo = âld, lithos = stien) is it tiidrek fan it ûntstean en de evolúsje fan de earste minskeftigen en har materiele kultuer. Dizze perioade begjint mei it ûntstean fan de Homo habilis, sa'n twa en in heal miljoen jier lyn en einiget mei it begjin fan it mesolitikum, achttûzen jier lyn.

Pear fan Weardinge

It Pear fan Weardinge binne twa feanliken dy't op 29 juny 1904 troch feanarbeider Hilbrand Gringhuis fûn binne yn it Weardingerfean by Weardinge yn Drinte. De feanliken lizze no yn it Drintsk Museum yn Assen.

Nei de fynst waarden de lichems oerbrocht nei it lykhûs op it begraafplak fan Nij-Weardinge; de liken waarden oprôle en yn in kistke stoppe.

Earst waard der fan útgien dat it om in man en in frou gie, mar resint DNA-ûndersyk hat útwiisd dat it om twa manlju giet mei elk in oare mem. Yn it earstoan stie de fynst dan ek wol bekend as pear fan Weardinge en yn de folksmûle ek wol as it pear Feanstra.

De feanliken datearje út de lette izertiid. De deadsoarsaak fan it rjochter feanlyk is mooglik in messtek yn't boarst. Hast alle bonken binne fergien. Wol binne in tal yngewanten bewarre bleaun. Dat komt troch de soeren dy't yn it fean sieten.

Pleistoseen

It Pleistoseen (foarhinne ek wol diluvium neamd) is in tiidrek yn de skiednis fan de ierde tusken 1,64 miljoen jier en 10.000 jier ferlyn. Dat tiidsrek makket diel út fan it Senozoïkum en is de tiid fan de grutte iistiden. Grutte parten fan de ierde gongen doe skûl ûnder in tsjok pak iis. It is noch net hielendal dúdlik hoe't de iistiden ûntstien binne.

De geologen hawwe op it noardlik healrûn oanwizings fûn fan fjouwer iistiiden, allegearre yn it Pleistosene tiidsrek. De lêste duorre oant likernôch 8000 f.Kr., wat noch net sa hiel lang lyn is. De tiid dêrnei wurdt it Holoseen neamd.

Tidens it Pleistoseen ferskynt ek de minske op ierde.

Skipswrak

In skipswrak is it oerskot fan in sonken skip dat net langer brûkt wurde kin. Skipswrakken lizze betiden by de kust lâns, en lizze meastentiids ûnder wetter.

Stientiid

De stientiid is in tiidrek yn 'e prehistoarje dêr't de minsken fan doe ark fan stien makken (oan 'e ein fan de stientiid waarden foar it earst sieraden fan metaal makke). It leit yn 'e reden dat der doe ek al hout bewurke waard mar dêr is net folle fan bewarre bleaun. Yn Dútslân waarden lykwols yn 1994 by it plak Schöningen houten spearen fûn fan likernôch 350.000 jier lyn.

It is net altiten mei wissichheid fêst te stellen wannear't de stientiid ôfrûn is: foar guon lytse folken op Borneo en Nij-Guinea is er noch mar krekt ôfrûn.

Meast wurdt de stientiid ûnderskieden yn trije tiidrekken:

it paleolitikum hat it langst duorre, fan ûngefear 2,5 miljoen jier lyn oant de ein fan de lêste iistiid, likernôch 10.000 jier lyn;

mei it mesolitikum wurde de kultueren fan de jager-samlers nei de ein fan de lêste iistiid oantsjut;

mei it neolitikum wurdt de kultuer oantsjut dêr't de lanbou meast fan belang wie.Oan 'e ein fan de stientiid waard út en troch al ark fan koper makke, archeologen brûke dêrfoar it begryp kopertiid of galkolitikum, dêrnei komt de brûnstiid en de izertiid. It is mooglik dat yn Mesopotaamje en yn it Alde Egypte it skrift wilens de brûnstiid al syn gerak krige, fan datoangeande wie de prehistoarje dêr al foarby en wurdt dêr dan praat fan de izertiid.

De datearring en krekte tiid dat de stientiid duorre hat is noch ûnwis omdat der noch fûleindich praat wurdt wat de betingsten wêze moatte om net of wol fan in stientiid te praten. De âlde stientiid begjint rûchwei 2,5 miljoen jier lyn yn Afrika, doe't dêr it earste ark fan stien makke waard.

Trijeperioadesysteem

It trijeperioadesysteem waard tusken 1820 en 1830 betocht troch Christian Jürgensen Thomsen en yn 1836 (anonym) publisearre. It wie de earste kear dat besocht waard om de prehistoaryske fynsten systematysk te oarderjen troch se op te dielen yn trije haadperioades: de izertiid, brûnstiid en stientiid, op basis fan de ûnderstelling dat minsken gjin stienen ark brûke soene as se brûnzen hiene, en dat se gjin brûnzen ark brûke soene as se izeren ark hiene. Dizze ûnderstelling betsjutte dat de progresje kronologysk ferklearre wurde koe. Mar ek Johann Friedrich Danneil publisearre dat jier in Allgemeinbericht wêryn't hy ek in trijedieling fan de prehistoarje útstelde. Dit late ta fûle strideraasje tusken Dútske en Deenske gelearden, dy't lykwols benammen politike motiven hienen. Ien en oar kulminearre net tafallich yn de Deensk-Dútske Oarloch fan 1864.

Voorburg (Súd-Hollân)

Voorburg is in stêd en eardere gemeente yn Súd-Hollân dy't op 1 jannewaris 2002 fusearre mei Leidschendam ta de hjoeddeiske gemeente Leidschendam-Voorburg. Voorburg leit oan it Ryn-Schiekanaal (ek wol Vliet neamd) en grinzet oan De Haach, Rijswijk en (binnen de eigen gemeente) oan Leidschendam. Hoewol't Voorburg hielendal fêstgroeid is oan De Haach hat it in âlde doarpskearn en in eigen skiednis. Voorburg is hielendal ferstêdlike. Binnen de gruttere gemeente Leidschendam-Voorburg binne noch wol lanlike gebieten.

Voorburg leit op in âlde dunerige of strânwâl dy't bylâns de Noardseekust rint en dêr't al sûnt ± 2700 f.Kr. minsken wenje, sa blykt út argeologyske fynsten. Bewenning is ek oantoand yn de Brûnstiid en de Lette Izertiid, de perioade foar en fan de Romeinske oerhearsking. Yn 1988 waard de twatûzenjierrige histoarje fan Voorburg fierd.

Weesp

Weesp is in stêd en gemeente yn de provinsje Noard-Hollân. De gemeente hat 18.362 ynwenners (2015) en in oerflakte fan 21,88 km² (wêrfan 1,21 km² wetter). Oare kearnen binne De Horn en Uitermeer.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.