Ierdferskowing

In ierdferskowing is in barren wêrby gâns tûzenen tonnen oan grûn hommels yn beweging komme en (meastal) lâns in helling nei ûnderen falle of glydzje. In ierdferskowing is net itselde as in ierdskodding. In ierdferskowing kin lykwols wol feroarsake wurde troch in ierdskodding. As de ierdferkowing benammen út stien bestiet, wurdt ek wol sprutsen fan in rotslawine (of stienlawine).

In fulkaanútbarsting kin ek in ierdferskowing feroarsaakje. Hjirby kin in diel fan de fulkaanhelling ynstoartsje en nei ûnderen skowe.

In tredde mooglike oarsaak is fûle reinfal op in troch eroazje oantaaste hichte of berchhelling. Dêrtroch wurdt de grûn sa bot ynsieppe mei wetter dat hy syn gearhing ferliest en dan skowen giet. As de grûn mei wetter foar in stream fan modder soarget, sprekt men fan in modderstream.

Ierdferskowings kinne ferneatigjend wêze. Wannear't in doarp of stêd bedutsen wurdt troch in ierdferskowing is it omtrint wis dat der minsken omkomme. As men it optiid oankommen sjoen hat, kin der optiid evakuaasje plakfine. Meastal is dit lykwols net it gefal.

As troch in grutte ierdferskowing in diel fan in berch yn see glidet, of as der in ûnderseeske ierdferskowing plakfynt, kin ek in tsûnamy ûntstean. Deskundigen ferwachtsje dat in soartgelyk fenomeen him earder of letter oan de westkant fan it Kanaryske Eilân La Palma foardwaan sil. De tsûnamy, dy't folget soe sels de Amerikaanske eastkust oan de oare kant fan de Atlantyske Oseaan bedriigje kinne. It is lykwols goed mooglik dat dit pas oer hûnderten of sels tûzenen jierren barre sil. De ferskowing soe ek stadichoan barre kinne, sûnder dat in tsûnamy optredet.

BrienzUnwetter2005
Ierdferskowing yn Brienz yn 2005
1960-er jierren

De 1960-er jierren, ek oantsjut as de sechstiger jierren en de jierren ’60, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn dat desennium op 1 jannewaris 1961 en duorre it oant en mei 31 desimber 1970, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1960 oant en mei 31 desimber 1969. De 1960-er jierren wurde ek wol de Swinging Sixties neamd fanwegen it trochbrekken fan maatskiplike taboes yn dit desennium, benammen dy op it mêd fan rasisme, seksisme en seksualiteit, mar ek oangeande klean, muzyk en drugs. Kwestjes dy't dit desennium dominearren wiene de Kâlde Oarloch, mei as hichtepunten de Fjetnamoarloch, de Kubakrisis en de ûnderdrukking fan 'e Praachske Maityd, en fierders de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging yn 'e Feriene Steaten, de Kulturele Revolúsje yn Sina, de dekolonisaasje yn Afrika, studinteprotesten oer de hiele wrâld, de moarden op John F. Kennedy, Martin Luther King en Robert Kennedy, en de moannelâning fan Apollo 11.

1963

1963 is in gewoan jier dat begjint mei in tiisdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1963.)

Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1960-er jierren.

1970

1970 is in gewoan jier dat begjint mei in tongersdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1970.)

Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1970-er jierren.

1970-er jierren

De 1970-er jierren, ek oantsjut as de santiger jierren en de jierren ’70, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1971 en duorre it oant en mei 31 desimber 1980, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1970 oant en mei 31 desimber 1979. Yn dit desennium gie de Kâlde Oarloch troch, mar kaam der in ein oan 'e Fjetnamoarloch. De Feriene Steaten rekken yn opskuor troch it Watergate-skandaal, dêr't presidint Richard Nixon úteinlings troch twongen waard om ôf te treden. Yn it Midden-Easten waard frede sletten tusken Egypte en Israel, wylst by de Islamityske Revolúsje yn Iraan de sjah ôfset en ferdreaun waard. Yn Kambodja rjochten de Reade Kmer de Kambodjaanske Genoside oan. De wrâldekonomy rekke ûnderwilens, foar in part troch de Oaljekrisis fan 1973, yn 'e nederklits, mei oanboazjende wurkleazens ta gefolch.

2006

2006 is in gewoan jier dat begjint mei in snein. (Gregoriaanske kalinder foar 2006.)

Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2000-er jierren.

Conspirator (roman)

Conspirator is it tsiende diel fan 'e Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Gearspanner". It is in science fiction-roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Conspirator ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn 2009, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Todd Lockwood. Krekt as de oare dielen fan 'e Foreigner-rige wie Conspirator tige súksesfol en krige it loovjende kritiken fan 'e resinsinten.

Etna (fulkaan)

De Etna (Italjaansk: Etna en ek Mongibello) is in fulkaan oan de eastkant fan it Italjaanske eilân Sisylje, yn de provinsje Katania dy't noch altyd fan foarm feroaret troch it tsjininoar oanskowen fan twa platen fan de ierdkoarste. Dêrtroch dûkt de Afrikaanske plaat ûnder de Jeraziatyske plaat. De Etna is mei sa'n 3323 m. de op ien nei heechste en de meast aktive fulkaan fan Jeropa. Op 21 juny 2013 hat de UNESCO de Etna yn de Wrâlderfgoedlist opnaam.

Fraser Canyon

De Fraser Canyon is in grutte kleau yn it súdlike part fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. De kleau waard yn it Mioseen troch de rivier de Fraser útsnien yn it Fraserplato, in diel fan it Ynlânsk Plato. Fia de Fraser Canyon sakket de rivier troch smelle rotsingten ôf nei de Fraserdelling, yn it leechlân oan 'e kust. De eastkant fan 'e kleau wurdt foarme troch de Cascades, wylst oan 'e westkant de Lillooet-bergen oprize, dy't ûnderdiel útmeitsje fan it Kustberchtme. De Fraser Canyon is fan it grutste belang foar de ferbining fan súdlik Britsk-Kolumbia mei de rest fan Kanada, mei't troch de kleau twa spoarlinen en in wichtige autosnelwei rinne. De kleau is ferneamd nei de Britske ûntdekkingsreizger Simon Fraser, dy't de krite yn 1808 ferkende.

Gros Ventre (rivier)

De rivier de Gros Ventre (útspr.: [ɡɹou vɑ:nt] of [ɡɹou vɔ:nt]) is in rom 120 km lange sydstream fan 'e rivier de Snake, yn it westen fan 'e Amerikaanske steat Wyoming. De namme is ôflaat fan 'e Gro Wânt-Yndianen (Ingelsk: Gros Ventre), wa har namme oft yn it Frânsk "grutbuken" of "rûnbuken" betsjut.

De rivier de Gros Ventre ûntspringt yn 'e Gros Ventre-wyldernis yn westlik Wyoming en floeit gear mei de Snake yn 'e Jackson Hole-delling. De Gros Ventre stiet oer syn hiele lingte bekend as in treflik plak foar angeljen, benammen nei forel. De rivierseigen forel is sa'n 30 oant 40 sm lang, mei útsjitters fan wol 50 sm.

Yn 1925 waard de rivier troch de massive Gros Ventre-ierdferskowing ôfdame, mei as gefolch dat der in mar, it Lower Slide Lake, foarme waard. Twa jier letter, yn 1927, beswiek dy natuerlike wetterkearing ûnder it gewicht fan it gearrûne wetter, mei rampsillige gefolgen foar it stedsje Kelly, dat streamôf lei en der doe alhiel ûnder strûpte.

Hawaï (eilân)

Hawaï (Ingelsk: Hawaii, útspr.: [hə'wɑ:i:], likernôch: "huh-ûaa-ii"; Hawaïaansk: Hawai‘i, útspr.: [hə'vaiʔi], likernôch "huh-vai-y") is it grutste eilân fan 'e Hawaï-arsjipel, in eilannegroep yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan dy't nei dit eilân ferneamd is. Teffens is it it grutste eilân fan 'e Amerikaanske steat Hawaï, dy't nei de arsjipel ferneamd is. Mei in oerflak fan 10.432,5 km² is Hawaï grutter as alle oare Hawaï-eilannen mei-inoar. Feitliks is it nei de beide haadeilannen fan Nij-Seelân it grutste eilân fan hiele Polyneezje. Dêrfandinne stiet Hawaï ek wol bekend as the Big Island ("it Grutte Eilân"), in namme dy't faak brûkt wurdt om betizing mei de arsjipel of de steat foar te kommen. De grutste stêd op it eilân is Hilo, dat teffens it bestjoerssintrum is.

Inheritor (roman fan C.J. Cherryh)

Inheritor is it trêde diel fan 'e Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Erfgenamt". It is in science fiction-roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Inheritor ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn 1996, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Dorian Vallejo. Inheritor wie, krektlyk as Foreigner en Invader, de beide foargeande dielen yn 'e searje, tige súksesfol.

Klif

In klif is yn 'e geografy en de geology in fertikaal of hast fertikaal rotsferhef. Sokke lânskipseleminten wurde yn 'e regel foarme troch eroazjeprosessen en ferwaring. Kliffen komme benammen in protte foar yn berchtmen, oan kusten en by de iggen fan rivieren lâns. Ornaris besteane kliffen út rotstypes dy't bestindich binne foar eroazje en ferwaring, en dêrtroch bleatlein wurde as oarsoartige stienten fuort-erodearje. Ofsettingsstienten dy't faak kliffen foarmje, binne sânstien, kalkstien, krytstiente en dolomyt. Ek stjurringsstienten, lykas granyt en basalt, foarmje faak kliffen.

In eskarpemint is in soarte fan klif dat net foarme wurdt troch eroazje of ferwaring, mar troch de bewegings fan 'e tektoanyske platen byinoar lâns by in brekline. Ek kin sa'n soarte klif ûntstean troch in ierdferskowing. Net inkeld eskarpeminten, mar ek oare kliffen hawwe faak in bulte stienslach ûnderoan lizzen, mei't se yn 'e regel stadichoan fierder ôfkealje. Yn drûge gebieten of by hege kliffen kin sa'n bulte stienslach derút sjen as in keale púnheap, mar yn fochtiger kriten giet de stienslach faak beskûl ûnder in bedekking fan ierde en plantegroei. In protte kliffen geane mank mei wetterfallen en/of holten of ûndjippe grotten.

Modderstream

In modderstream is it fluchste type fan in nei ûnderen streamjende floeibere massa. It is te ferlykjen mei púnstreamen en lahars. It kin in gong berikke fan 80 km/u.

Modderstreamen ferskille fan púnstreamen en lahars troch:

har wetterynhâld (fan liemeftige modder oant omtrint floeibere modder)

it materjaal (wiete grûn, sânige sediminten en/of slib, smoargens, rotspún, fulkanyske jiske, lytse planten en sels beammen)

lingte, totale massa en faasje

Natoerramp

In natoerramp of natuerramp is in grutskalige ramp dy't feroarsake wurdt troch de natuerlike prosessen fan 'e Ierde. Sa'n barren hat jammerdearlike gefolgen foar alle libbene wêzens, wêrûnder minsken, dy't yn in troffen gebiet tahâlde. It kin resultearje yn (in protte) deaden en ferwûnen, en soarget ornaris foar in soad materiële skea, dy't net selden pas nei jierren hielendal wer bymakke is. De materiële skea soarget op syn beurt foar ekonomyske skea, mei't men meastal gjin jild fertsjinje kin salang't alteast in diel fan 'e materiële skea net ferholpen is. As sa'n selde jammerdearlik barren plakfynt yn in gebiet dêr't (frijwol) nimmen wennet, sil it net gau in natoerramp neamt wurde, fanwegen it simpele feit dat as kritearium foar in natoerramp yn it foarste plak jildt dat der in protte minsken troch troffen wêze moatte.

Natoerrampen kinne yndield wurde yn twa kategoryen. Natoerrampen troch eksogene krêften wurde feroarsake troch natoerferskynsels yn 'e atmosfear. Dêrby kin men tinke oan in orkaan, in tornado, in oerstreaming, in drûchte, in hjitteweach of in natoerbrân (dy't ûntstiet troch in wjerljochtynslach of troch drûchte). Natoerrampen troch endogene krêften komme fanút de Ierde sels. Dêrby kin men tinke oan in ierdbeving, in ierdferskowing, in fulkaanútbarsting, in berchstoarting, in lahar (dreklawine), in lawine, in rotslawine of in tsûnamy. Guon seldsume natoerrampen, lykas meteoarynslaggen en sinneflammen, litte har min kategorisearje.

Yn beskate sin is it tsjinstelde fan in natoerramp in kultuerramp, dy't feroarsake wurdt troch minsklik hanneljen. Men kin dan tinke oan in fleanramp, in treinramp of in miljeuramp. Dêrby moat wol oantekene wurde dat it ûnderskie tusken in natoerramp en in kultuerramp stadichoan hieltyd dreger te meitsjen falt, om't de opwaarming fan de Ierde, dy't teminsten foar in grut part it gefolch is fan minsklik hanneljen, oerstreamings, ekstreme drûchten en almar swierdere orkanen feroarsaket.

Pertsjerksky Himelfeart-kleaster

It Petsjersky Himelfeart-kleaster (Russysk: Печёрский Вознесенский монастырь) is in kleaster yn Nizjny Novgorod, Ruslân. It is it wichtichste kleaster fan it otterdokske bisdom Nizjny Novogorod en de sit fan de biskop. It waard yn 1330 stifte troch de hillige Dionysius fan Soezdal.

Podemos

Podemos (Spaansk foar “wy kinne [it]”) is in Spaanske politike partij.

Pretender (roman)

Pretender is it achtste diel fan 'e Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Pretendint". It is in science fiction-roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Pretender ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn 2006, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Donato Giancola. Krekt as de oare dielen fan 'e Foreigner-rige wie Pretender tige súksesfol en krige it loovjende kritiken fan 'e resinsinten.

Ramp

In ramp of katastrôfe (fan it Frânske catastrofe, mei deselde betsjutting) is in barren wêrby't in earnstige fersteuring fan it iepenbiere libben en de maatskiplike feilichheid ûntstiet en it libben en/of de sûnens fan in protte minsken, it miljeu en/of wichtige materiële belangen slim bedrige wurde of skansearre reitsje. Der is dan ferlet fan in koördinearre ynset troch ynstânsjes en organisaasjes fan ferskate dissiplines om 'e driging wei te nimmen of de skealike gefolgen te beheinen. In ramp kin ek liede ta it ûntstean fan in langer duorjende krisis. Persoanen kinne by in ramp belutsen reitsje yn in stikmannich hoedanichheden, te witten: as slachtoffer, neibesteande, dupearre, helpferliener of politikus/bestjoerder. Guon lju dy't net by in ramp belutsen binne, fiele de net te ûnderdrukken oanstriid om mei eigen eagen de gefolgen fan in ramp te besjen; dat oer it algemien negatyf beskôge ferskynsel wurdt ramptoerisme neamd.

Rampen kinne yndield wurde yn in stikmannich kategoryen. Yn it foarste plak is er de natoerramp: in ramp feroarsake troch natoerferskynsels, lykas: in berchstoarting, drûchte, fulkaanútbarsting, hjitteweach, ierdbeving, ierdferskowing, lahar (dreklawine), lawine, meteoarynslach, natoerbrân (lykas in boskbrân), oerstreaming, orkaan/tyfoan/sykloan, rotslawine, sinneflam, tornado/wynhoas of tsûnamy. Fierders binne der saneamde antropogene rampen (ek wol bekend ûnder de Ingelske oantsjutting man-made disasters), dy't ûntsteane as gefolch fan minsklike oanwêzigens of minsklik hâlden en dragen. Dan moat men tinke oan in epidemy, fleanramp, humanitêre ramp (lykas oarloch, hongersneed of genoside), kearnramp, miljeuramp, skipsramp of treinramp. Ta einbeslút is der noch de kultuerramp. Dat is in ramp wêrby'tde kontinuïteit fan in kultuer slim oantaast wurdt, of wêrby't in protte en/of wichtige aspekten fan in beskaving ferlern geane. Men moat dan tinke oan dingen as de ferneatiging fan de Boeda's fan Bamyan troch Taliban yn Afganistan yn 2001.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.