Ideology

Under ideology(fan it Frânske ideologie) wurdt ferstien alle ideeën oer de minsk, harren minsklike relaasjes en de ynrjochting fan de maatskippij. It begryp is betocht troch de Frânske ferljochtingsfilosoof Antoine Destutt de Tracy, dy't der de wittenskip fan ideeën mei bedoelde.

Ideologyen kinne in hiele wide betsjutting hawwe, mar ek spesifyk rjochte op in bepaald aspekt fan de maatskippij, bygelyks de polityk (ymperialisme of globalisme) of it ekonomysk stelsel (it kapitalisme).

Ien dy't as de grûnlizzer fan in ideology fungearret wurdt in ideolooch neamd.

Anargisme

It Anargisme is in politike streaming dy't as radikaal bekôge wurdt en ûntstien is út it sosjalisme. Karakteristyk foar it anargisme is dat it gjin inkele foarm fan gesach of macht erkend. It tinken dat hjir efter leit is dat eltse foarm fan gesach úteinlik ta machtsmisbrûk liede sil. Neffens dy ideology soenen minsken harsels bestjoere moatte middels lytse selsbestjoerende mienskippen dêr't elkenien gelyk is oan inoar. Yn Ruslân dêr't dizze wize foar it earst yn de 20e iuw foarm krige, waard soks sowjets neamd. Der wurde twa foarmen fan anargisme ûnderskieden: in gewelddiedige en in net gewelddiedige foarm; de gewelddiedige foarm is wol it meast ferneamd wurden. De net-gewelddiedige rjochting lei de klam op tsjinstwegering.

By de opkomst fan it sosjalisme wie it anargisme in frij sterke sydstreaming. Spoaren fynt men yn De Klok en Morgenrood. Doetiids krijt ek Lev Tolstoj in soad omtinken.

Antropology

Antropology is de stúdzje of lear fan de minske: oer alle minsken fan alle tiid en oer alle fasetten fan it minskdom. It sintrale konsept yn de antropology is kultuer. Oars sein: dat ús soarte de keunst ûntwikkele hat om ús wrâld yn symboalen te sjen en dat we dy symboalen sosjaal oanleare en trochjaan kinne én dat we de wrâld (en ússels) op grûn fan dy symboalen feroarje kinne.

Antropology wurdt troch de American Anthropological Association (AAA) yn fjouwer gebieten ûnderferdield. Yn Noard-Amearika krije antropology studinten dan ek yn al dizze fjilden ûnderwiis, wylst yn Jeropa foar alle dielgebieten in aparte oplieding bestiet.

De dielgebieten binne.

Biologyske antropology of antropobiology, dy’t de minske as biologysk organisme, it gedrach fan primaten, minsklike evolúsje en befolkingsgenetika bestudearret.

Linguïstyske antropology, dy’t de fariaasje yn taal troch de tiid en romte bestudearret en ek it sosjale gebrûk fan taal en de relaasje tusken taal en kultuer.

Archeology, dy’t de materiële oerbliuwsels fan minsklike maatskippij bestudearret.

Sosjale antropology of Kultuerele antropology is de wittenskip dy’t ûnder oaren it sosjale gedrach, de ekonomyske struktuer, en de ideology fan folken en befolkingsgroepen bestudearret.Dêrneist binne dêr ek noch oare dielgebieten te ûnderskieden:

Medyske antropology, dy’t syktes en genêswizen yn ferskillende kultueren bestudearret.

Politike antropology

Ekonomyske antropology

Wiisgearige antropology

Krimonogyske antropology, it ûntstean fan de minske mei as ûnderwerp misdied.

Religieuze antropology, de ferhâlding tusken de minske en it hegere.

Maritime antropology

Demokraten 66

Demokraten 66, Nederlânsk: Democraten 66, koartwei D66), is in progressyf-liberale partij yn Nederlân. De partij is yn 1966 oprjochte. Ynisjatyfnimmers wienen de sjoernalist Hans van Mierlo en it Amsterdamske VVD-riedslid Hans Gruijters. It wichtichste stânpunt wie it demokratisearjen fan de Nederlânske polityk. De partij die yn 1967 foar it earst mei oan de lanlike ferkiezings en kaam doe mei 7 sitten yn de Twadde Keamer. Dêrnei wienen de ferkiezingsresultaten nochal wikselfallich.

Ekologisme

Ekologisme is in politike streaming dy't de ekology as haadtema hat. De politike partijen wurde ek wol de griene partijen neamd. Neist ekologyske saken hâlde de griene partijen har ek dwaande mei alternative polityk en hawwe mei bepaalde dingen oerienkomsten mei it sosjalisme en feminisme.

De ideology ûntstie yn de santiger jierren fan de 20e iuw.

Foarbylden fan griene partijenYn Dútslân: Bündnis 90/Die Grünen

Yn Nederlân: GrienLofts

Faksisme

Faksisme is in politike streaming grûndearre op tige nasjonalistyske, autoritêre en ûnferdraachsume begjinsels.

Feminisme

Feminisme (fan it Frânske féminisme, dat komt fan it Latynske femina, "frou") is de beneaming foar alle maatskiplike e en politike krêften en organisaasjes dy't stribje foar de emansipaasje fan froulju en de lykweardige behanneling fan froulju mei manlju. Dizze gelikensens wurdt neistribbe op ekonomysk, polityk, sosjaal en persoanlyk nivo. Dêrby nimt it trochbrekken fan tradisjonele rolpatroanen in wichtich plak yn.

It feminisme bestiet út in grut ferskaat oan ferskillende streamings, dy't fierhinne gearwurkje en fuortbouwe op inoars wurk. Hoewol't se it der ornaris wol oer iens binne wat it doel (fan feminisme) is, hawwe se soms sterk tsjinstelde fisys oer hoe't dat doel berikt wurde moat. De feministyske beweging begûn om 1880 hinne en hie doe de ynfiering fan it frouljuskiesrjocht as earste doel. Dat waard yn 'e measte Westerske lannen omtrint 1920 berikt. Yn 'e sechtiger en santiger jierren fan de tweintichste iuw kaam der in nije feministyske beweging op dy't stried foar û.m. it rjocht op abortus.

In ferneamde manlike oanhinger fan it feminisme wie Friedrich Engels.

Islamisme

Islamisme is in politike ideology dy't ôflaat is fan de Islam.

Islamisme is in kontroversjele term wêrfan't de definysje ferskille kin. Islamisten wolle gjin skieding tusken tsjerke en steat. Belied mei net stridich wêze mei de Koran en de wet sil grûnfêste wêze op de sharia (Islamityske wet).

Yn de deistige spraak wurde de begripen „Islamisme“ en „Islam fûnemintalsime“ gauris foar itselde brûkt; doch binne it gjin synonimen.

Kommunisme

Kommunisme is in politike ideology wêrby ekonomy en produksje mandeguod binne fan de mienskip. De grûnslach fan it kommunisme stiet beskreaun yn it Kommunistysk Manifest fan Karl Marx.

Kommunitarisme

Kommunitarisme (Latyn: communio, "mienskip") is in samling fan filosofyen oer minske en mienskip. Kommunitarisme hâldt him dwaande mei de balâns tusken persoanlike rjochten en dy fan de mienskip, en de ynfloed fan de mienskip en kultuer op de minske.

De ideology ûntstie yn de lette 20e iuw.

Konservatisme

Konservatisme is in politike en sosjale streaming. It konservatisme hâldt him oan bewende/âlde ideeën en tastannen en is net foar yngripende feroaringen.

It begryp konservatisme is ôflaat fan it Latynske tiidwurd conservare, dat sawat as bewarje/yn stân hâlde betsjut. Lykwols kinne net alle definysjes fan konservatisme lykslein wurde.

It konservatisme is neist it liberalisme en sosjalisme ien fan de trije grutste politike streamingen, dy't yn de 18e en 19e iuw yn Jeropa ûntstean is.

Kristendemokrasy

Kristendemokrasy is in politike streaming dy't grûnfêste is op de Bibel en kristlike tradysje. It is mei it liberalisme en de sosjaaldemokrasy ien fan de grutste politike streamingen yn Jeropa. De namme waard foar it earst brûkt yn de Frânske Revolúsje.

Liberalisme

It Liberalisme is in polityk-maatskiplike streaming dêr't de frijheid fan it yndividu yn sintraal stiet. Dy streaming is ûntstien yn de 18e iuw en waard foar it earst yn praktyk brocht nei de demokratyske revolúsjes fan de 19e iuw yn Jeropa en Noard-Amearika.

Om de frijheid fan it yndividu te garandearjen moat de oerheid him sa min mooglik dwaande hâlde mei yngripen yn de ekonomy en mei it maatskiplik libben fan de boarger. Dêrmei stiet it liberalisme streekrjocht tsjinoer it sosjalisme. In wichtich punt fan it liberalisme is de skieding fan tsjerke en steat; dêrby is it liberalisme wol wer foarstanner fan de frijheid yn godstsjinst. Ek wolle de liberalen dat de steatsynrjochting fêstlein wurdt yn de grûnwet dêr't ek alle grûnrjochten fan de boarger yn stean moatte.

Yn it liberalisme fan tsjintwurdich binne ferskate streamings te ûnderskieden, dy rinne útinoar fan klassyk-liberalisme oant progressyf- of sosjaal-liberalisme.

De VVD en D66 binne yn Nederlân politike partijen dy't ideologysk sjoen by it liberalisme hearre.

Marksisme

It marksisme is ien fan de belangrykste streamingen yn it sosjalisme en kommunisme. It is in samling fan ideeën en teoryen dy't skreaun binne troch Karl Marx en Friedrich Engels yn de 19e iuw. Ekonomyske en maatskiplike fragen en de ynfloed dêrfan yn de filosofy en polityk waarden troch Marx en Engels wittenskiplik ûndersocht. Doel fan it marksisme is in maatskiplike feroaring. Yn 'e rin fan de tiid kamen der op oare wittenskiplike mêden ek marksistyske teoryen sa as yn de filosofy, sosjology en literatuer.

Nasjonaalsosjalisme

It Nasjonaalsosjalisme is in oan it fasisme besibbe politike streaming, dêr't de ideology fan om 1918 yn de Weimarrepublyk (Dútslân) ûntstie. Ornaris ferwiist it wurd nei de ideology fan de Dútske diktatuer fan 1933 oant en mei 1945 (it Tredde Ryk). Sûnt 1945 is it yn Dútslân en oare lannen ferbean, mar der binne noch altyd lytse radikale groepen dy't dizze ideology oanhingje (neonazi's).

De ideology fan it nasjonaalsosjalisme is radikaal antysemitysk, antykommunistysk en antydemokratysk. It hat mear rasistyske eleminten wêrby't it eigen ras superieur is oan oaren.

Nasjonalisme

It nasjonalisme is in politike ideology, dêr't de eigen identiteit fan in folk as de kultuer, taal en skiednis yn ferhearlike wurdt en de ienheid fan it lân foarop stiet. As politike streaming hat it in grutte ynfloed hân op de wrâldskiednis en de foarming fan steaten.

Nazy

In nazy is on oanhinger fan it nasjonaalsosjalisme. It nasjonaalsosjalisme is de namme fan de ideology wêrop tusken 1933 en 1945 de Dútse diktatuer basearre wie. De grûnlizzer fan it nasjonaalsosjalisme wie de destiidske Dútse agitator en letter diktator Adolf Hitler, dy't ek oan it haad stie fan de Nasjonaalsosjalistyske Dútse Arbeiderspartij (NSDAP).

De term wurdt faak pejoratyf brûkt.

Rasisme

Rasisme is de sammelnamme foar alle opfettings dy't oan it begryp 'ras' in trochslachjaande betsjutting takenne by it fêststellen of ûnderstellen fan karaktereigenskippen, fysike kapasiteiten en geastlike fermogens.

Sosjalisme

It Sosjalisme is in polityk-maatskiplike streaming, dy't útgiet fan gelikens, sosjale rjochtfeardigens en solidariteit fan minsken. It klassike sosjalisme wol troch sterk yngripen fan de oerheid sosjale en maatskiplike problemen op lossen. Dêrmei stiet it streekrjocht tsjinoer it liberalisme dat problemen foaral oplosse wol troch de frije merkwurking. It sosjalisme is ûntstien yn de 19e iuw en Karl Marx wurdt sjoen as de wichtichste grûnlizzer hjirfan. Ut it sosjalisme hawwe ferskate fariaasjes op it sosjalisme harren ûntwikkele.

Sosjaal-demokrasy

Kommunisme

Anargisme

Sovjet-Uny

De Sovjet-Uny waard opgerjochte yn 1922, nei de Russyske revolúsje. De offisjele namme wie Uny fan Sosjalistyske Sovjetrepubliken , ôfkoarte as USSR, yn it Russysk en mei Syrillysk alfabet wie dat СССР (sprek út as SSSR). Yn 1991 waard de uny ûntbûn en krigen alle 15 republiken fan'e âlde Sovjet-Uny ûnôhinkelikens.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.