Ibearysk Skiereilân

It Ibearysk Skiereilân is in skiereilân yn it súdwesten fan Jeropa. Andorra, Portugal, Spanje en it Britske oerseeske gebietsdiel Gibraltar lizze op it skiereilân.

It Iberysk Skiereilân wurdt begrinzge troch:

Iberian peninsula
Satellytbyld fan it Iberysk Skiereilân.

Talen

Yn dit gebiet wurde de neikommende talen sprutsen:

Azoaren

De Azoaren (Portugeesk: Açores) binne in kloft eilannen yn de Atlantyske Oseaan dy't op in ôfstân fan 1448 km fan it Ibearysk Skiereilân lizze en op goed 2000 km fan it Amearikaanske Kontinint. Dizze eilannekloft bestiet út njoggen bewenne eilannen. Tegearre mei Madeara foarme sy in selsstannige regio binnen de republyk Portugal. De Azoaren hawwen yn totaal in oerflak fan 2247 km² mei likernôch 250.000 ynwenners. It nasjonale parlemint setelt yn Horta op Faial. De grutste stêd, Ponta Delgada, leit op it eastlike eilân São Miguel.

Cowboy

In cowboy (of cowgirl, as it om in frou giet) is in feedriuwer dy't op syn hynder kij hoedet op feepleatsen (ranches) yn 'e westlike Feriene Steaten en de Kanadeeske provinsje Alberta, en dêropta faak noch in grutte hoemannichte oare putten opknapt. Histoarysk ûntjoech de Noardamerikaanske cowboy him út 'e âldere vaquero fan noardlik Meksiko, dy't wer tebekgie op in sels noch âldere tradysje út Spanje. Op it Ibearysk Skiereilân kinne de foarrinners fan 'e cowboys weromtrasearre wurde oant yn 'e Midsiuwen. Benammen ûnder de tiid fan it saneamde Wylde Westen, rûchwei de twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw, ûntwikkele de cowboy him ta legindarysk en ikoanysk figuer, dy't oan 'e widze fan it westernsjenre stie yn 'e literatuer, film en keunst.

Foarst

Foarst is in aadlike titel en in algemiene oantsjutting foar in monarch (lykas in kening), mar it is ek in spesifike oantsjutting foar in type regearjend monarch út 'e Dútsktalige lannen en East-Jeropa. De iennichste regearjende foarst dy't no noch bestiet is de foarst fan Lychtenstein. Fierders kin in foarst ek in net-dynastyk ealman út 'e Dútsktalige lannen wêze, dy't dus wol de titel fan foarst hat, mar net regearret. Yn beide spesifike betsjuttings komt 'foarst' yn 'e Dútsktalige lannen oerien mei de titel prins yn 'e Romaansktalige dielen fan Jeropa, lykas Frankryk, Itaalje en it Ibearysk Skiereilân. De froulike foarm fan 'foarst' is foarstinne, en it gebiet dêr't in foarst oer regearret, hjit in foarstedom.

Kastyljaansk Skiedingsberchtme

It Kastyljaansk Skiedingsberchtme (Spaansk en Portegeesk: Sistema Sintral) is in berchkeatling op it Ibearysk Skiereilân en spjaltet de Spaanske Heechflakte in twaen. It Kastyljaansk Skiedingsberchtme rint rûchwei fan east nei west oer sa'n 600 km, fanôf it Ibearyske Râneberchtme, by de súdlike grins fan de Spaanske regio Kastylje en Leön lâns, oant yn Portegal. Súd fan de berchketen leit it streamgebiet fan de rivier de Taach en noardlik dêrfan dat fan de rivier de Doero.

Kastylje

Dizze side giet oer de histoaryske regio Kastylje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Kastylje (betsjuttingsside).Kastylje (Spaansk: Castilla) is in Spaanske lânstreek en in earder keninkryk op it Ibearysk Skiereilân, wêrfan't de namme letterlik "Lân fan Kastielen" betsjut, wat ferwiist nei it grutte tal kastielen dat der yn 'e Iere Midsiuwen boud waard yn ferbân mei de Reconquista tsjin 'e Moaren. As histoaryske regio beslacht Kastylje yn ingere sin de lânstreken Ald-Kastylje (rûchwei benoarden Madrid) en Nij-Kastylje (rûchwei besuden Madrid), mei dêropta de regio Madrid sels. Yn 'e bredere sin omfiemet it de hjoeddeistige Spaanske autonome mienskippen Kastylje-La Mansja, Kastylje-Leön, Madrid, Kantaabrje en La Riocha.

It Keninkryk Kastylje ûntstie oarspronklik út it Keninkryk Leön, dat sels wer út it Keninkryk Astuerje fuortkommen wie. It eastlike part fan it Keninkryk Leön, it Greefskip Kastylje (de krite om Burgos hinne), krige yn 931 ûnder greve Fernán González autonomy. Yn 1037 waard it foar it ferheft ta de status fan in keninkryk, en yn 1065 waard it ûnder kening Sancho II in ûnôfhinklik lân.

Neitiid bestie der tusken 1072 en 1157 in personele uny tusken de keninkriken Kastylje en Leön, en yn 1230 krige de bân tusken de beide lannen ûnder it regear fan kening Ferdinand III in permanint karakter doe't se beide opgiene yn in nij steatsferbân, dat de namme krige fan de Kroan fan Kastylje. Dat ryk wreide him troch de ferovering fan Moarske gebieten almar fierder nei it suden ta út. De Kroan fan Kastylje waard oan 'e ein fan 'e fyftjinde iuw ferbûn mei de Kroan fan Aragon, dy't de eastkust fan it Ibearysk Skiereilân besloech, troch it houlik tusken keninginne Isabella I fan Kastylje mei kening Ferdinand II fan Aragon. Yn 1516, doe't harren bernsbern Karel V kening fan sawol Kastylje as Aragon waard, kamen dy beide lannen byinoar te hearren. Dat wurdt as de stifting fan Spanje beskôge. Lykwols soe it noch oant de ein fan 'e Spaanske Súksesjeoarloch, yn 1715, duorje, ear't alle regearingsynstânsjes fan 'e beide keninkriken ek wier feriene waarden.

Kelten

Mei Kelten wurdt in samling folken en stammen oantsjutten dy't yn it millennium foar it begjin fan ús jiertelling en de iuwen dêrnei in Keltyske taal sprutsen. It is benammen in linguïstyk begryp.

De foarâlden fan dat folk fersprate harren fanút in kerngebiet yn Sintraal-Jeropa (it hjoeddeistige Súd- Dútslân en Eastenryk) yn westlike en eastlike rjochting. Om it begjin fan ús jiertelling befolke Keltyske stammen de Britske Eilannen, Frankryk, it Ibearysk Skiereilân en parten fan Midden-Jeropa en de Balkan. Fan komôf wie it in Yndogermaanske ras, ôfkomstich út it suden fan Sintraal- Aazje.

De Keltyske taal heart by de Yndo-Jeropeeske talen. Troch de ynfloeden fan bûtenôf hie de Keltyske beskaving in heterogeen karakter.

Kenmerkjend foar de opelkoar folgjende Keltyske kultueren binne de Hallstatt-kultuer, de La Tène-perioade folge troch de Gallo-Romeinske perioade (sjoch op it kaartsje hjirneist).

Keltyske talen

De Keltyske talen foarmje in taalfamylje, besteande út 6 libbene en in stikmannich útstoarne talen, dy't allegear fuortkomme út ien en deselde oertaal, it Proto-Keltysk. Se meitsje ûnderdiel út fan 'e gruttere Yndo-Jeropeeske taalfamylje, en wurde sprutsen op 'e Britske Eilannen en op it Frânske skiereilân Bretanje. Yn 'e moderne tiid hawwe ferkaten fan dizze talen har troch emigraasje oant bûten Jeropa ferspraat (te witten: nei Kanada en Argentynje). De libbene Keltyske talen falle útinoar yn 'e Brytoanyske en de Gaelyske taalgroepen. Mei-inoar hawwe alle seis Keltyske talen mar 820.000 memmetaalsprekkers. De grutsten fan 'e seis talen binne it Welsk, it Bretonsk en it Iersk.

Keninkryk Kastylje

It Keninkryk Kastylje (Spaansk: Reino de Castilla; Latyn: Regnum Castellae) wie yn 'e Midsiuwen in grut en machtich lân op it Ibearysk Skiereilân. De namme bestjutte letterlik "Lân fan Kastielen", en wie ûntliend oan it feit dat der sa'n protte kastielen yn it gebiet oanlein wiene. Kastylje ûntjoech him út in eastlik greefskip fan it âldere Keninkryk Leön, dat yn 1065 in selsstannich keninkryk waard. Neitiid diene ferskate Kastyljaanske keningen efterinoar oansjenlike feroverings yn it suden, yn it ramt fan 'e Reconquista tsjin 'e islamityske Moaren. Tusken 1072 en 1157 bestie der in personele uny tusken Kastylje en Leön, en yn 1230 krige de bân tusken de beide lannen in permanint karakter en giene de beide keninkriken op yn in nij steatsferbân, dat de namme krige fan de Kroan fan Kastylje.

Kroan fan Kastylje

De Kroan fan Kastylje (Kastyljaansk: Corona de Castilla; Leöneesk: Cornoa de Castiella; Galisysk: Coroa de Castela; Astuerysk: Cornoa de Castiella; Baskysk: Gaztelako Koroa; Latyn: Corona Castellae) wie in machtige Midsiuwske steat op it Ibearysk Skiereilân, dy't yn 1230 foarme waard út 'e fúzje fan ferskate lytsere keninkriken. Yn 1516 gie dit ryk in personele uny oan mei ferskate oare keninkriken, en sûnt dy tiid waard der ornaris sprutsen fan it Keninkryk Spanje. It duorre lykwols noch oant 1715 ear't der in steatsherfoarming trochfierd waard wêrby't de Kroan fan Kastylje ek wier yn Spanje opgie. Yn 'e regel wurdt de Kroan fan Kastylje koartwei oantsjut as 'Kastylje', wat lykwols betizing opsmyt mei it eardere Keninkryk Kastylje, dêr't de Kroan fan Kastylje syn namme oan ûntliende. Tsjin 1516 besloech de Kroan fan Kastylje in oerflak fan likernôch 380.000 km² op it Ibearysk Skiereilân, en hie it in befolking fan sa'n 4,5 miljoen minsken.

Madrid (stêd)

Madrid is de haadstêd en grutste stêd fan Spanje. De stêd leit yn de midden fan it lân, op de Spaanske Heechflakte. It is de op twa nei grutste stêd fan de Jeropeeske Uny en jildt as in offisjele wrâldstêd. Madrid is ek de haadstêd fan de Spaanske regio mei deselde namme Madrid.

Troch de sintrale lizzing fan de stêd, de skiednis, politike en finansjele funksjes wurdt Madrid beskôge as de wichtichste stêd fan it Ibearysk Skiereilân. De stêd hat in ynwennertal fan 3.228.359 en mei de stêdekloft derom hinne wenje der mear as 6 miljoen minsken. De ynwenners fan de stêd wurde yn it Spaansk “Madrileños” neamd. Nettsjinsteande it feit dat de stêd as in wrâldstêd sjoen wurde kin en in tige drok ferkearsnet hat, hawwe de measte wiken fan de stêd harren oarspronklike sfear diels behâlde kind.

Wichtige nijsgjirrichheden yn Madrid binne it Palacio Real, oftewol it keninklik Paleis, it Retiropark, it archeologysk museum, en trije ynternasjonaal ferneamde keunstmusea: it Museo del Prado, it Museo Nacional Centro de Arte Reina Sofía en it Museo Thyssen-Bornemisza. De hjoeddeiske boargemaster fan de stêd is Manuela Carmena fan de politike partij Ahora Madrid.

Prins

In prins is in aadlike titel dy't ferskillende betsjuttings hat. It froulike ekwivalint is in prinsesse. It wurd komt, fia it Frânske prince fan it Latynske princeps, dat in gearstalling is fan primus, "earst(e)", en capio, "gripe", mei de betsjutting fan "haadman" of "hearsker".

Der besteane ferskate soarten prinsen:

De prins (prinsesse) as regearjend monarch. Dit soarte fan prinsen stiet oan it haad fan in prinsdom, lykas foarhinne it prinsdom Oranje, dêr't it Nederlânske keningshûs syn famyljenamme (Oranje-Nassau) oan ûntliend. Hjoeddeistige foarbylden fan sokke prinsdommen binne Monako en Andorra. Foarhinne wiene der folle mear, benammen yn Itaalje. Yn it Dútsktalige gebiet waarden sokke prinsen foarst (Fürst) neamd, en sadwaande is it foarstedom Lychtenstein dan ek ekwivalint oan in prinsdom.

De prins (prinsesse) as net-dynastyk ealman. By dit soarte fan prinsen is 'prins' in erflik oerdraachbere famyljetitel, ferlykber mei hartoch, greve of markys. Sokke prinsen komme en kamen benammen foar yn Frankryk, Itaalje en op it Ibearysk Skiereilân, om't ek dizze foarm fan prinsen yn it Dútske taalgebiet foarst neamd waard. Foarbylden fan dit soarte fan prinsen binne de Frânske prinsen fan Condé en Sedan, of om in spesifyk gefal te neamen, Ruy Gómez de Silva, prins fan Éboli, ien fan 'e machtichste Spaanske eallju út 'e sechstjinde iuw.

De prins fan it bloed (prinsesse fan it bloed). Sokke prinsen binne de soannen fan keningen of keizers, hoewol't yn guon lannen (Eastenryk, Ruslân) dêrfoar net de titel prins brûkt waard, mar aartshartoch.

De kroanprins (kroanprinsesse) is de prins fan it bloed yn in beskaat lân dy't erfgenamt fan 'e troan is. Yn 'e regel giet it dêrby om 'e âldste soan (of dochter) fan 'e regearjende monarch, mar it kin ek in jonger bern of in broer (of suster) wêze.

De erfprins (erfprinsesse) is in oare beneaming foar in erfgenamt fan 'e troan. Yn 'e regel wurdt mei de titel 'erfprins' of 'erfprinsesse' it âldste bern fan 'e kroanprins oantsjut.

De prins-gemaal is yn guon lannen (lykas Nederlân) de titel fan 'e oarehelte fan 'e regearjende keninginne. Om't it fan âlds ornaris de kening wie dy't regearre, soe in keningstitel yn dit gefal ta betizing liede kinne, en sadwaande wurdt de titel prins-gemaal brûkt om oan te jaan dat it de keninginne is dy't regearret. Oarsom wurdt de oarehelte fan in regearjend kening nea in 'prinsesse-gemalinne' neamd, mar gewoan in 'keninginne'. Foarbylden wiene prins Claus en prins Bernhard.

De prinsbiskop wie foarhinne in roomsk biskop of aartsbiskop dy't njonken syn tsjerklike funksje ek wrâldsk bestjoer útoefene oer in beskaat gebiet. Foarbylden dêrfan wiene de prinsbiskoppen fan Luik, Keulen en Trier. Bernard fan Galen, better bekend as 'Bommebearend', dy't yn 1672 de noardlike Nederlannen binnenfoel, wie de prinsbiskop fan Meunster.

Pyreneeën

De Pyreneeën (Frânsk: Pyrénées, Spaansk: Pirineos, Katalaansk: Pirineus) is in berchte dat de grins foarmet tusken Spanje en Frankryk. It berchte strekt him út oer likernôch 430 kilometer, fan de Atlantyske Oseaan oant de Middellânske See.

It dwerchsteatsje Andorra leit folslein yn de Pyreneeën.

De heechste berch is de Aneto (3404 meter), yn it uterste noardeasten fan it Spaanske Arragon.

De Pyreneeën binne ûntstien troch de botsing fan it Ibearysk skiereilân mei it Jeropeeske kontinint, by de Alpefoarming, fan tsjintwurdich sa'n 50 miljoen jier lyn.

Reconquista

Dizze side giet oer de Reconquista fan it Ibearysk Skiereilân yn 'e Midsiuwen. Foar oare betsjuttings, sjoch: Reconquista (betsjuttingsside).De Reconquista (Spaansk/Portegeesk foar Werovering; Arabysk: الاسترداد al-ʼIstirdād) wie in perioade fan ûngefear 800 jier yn de Midsiuwen wêryn't it in pear kristlike keninkriken op it Ibearysk Skiereilân slagge om de moslims fan it skiereilân te ferdriuwen.

De islamityske oerweldiging fan it Fisigoatyske keninkryk yn de 8e iuw brocht it skiereilân foar it grutste part ûnder islamitysk hearskippij, útsein it uterste noarden, Galysje, Astuerje, Kantaabrje en Baskenlân. Nei iuwen fan oarloggen wie yn de 13e iuw allinnich noch it Keninkryk Granada oer dat yn 1492 ferovere waard, wêrmei't it Ibearysk Skiereilân wer hielendal yn kristlike hannen wie.

Der bestiet ek in Latynsk-Amerikaanske Reconquista dy't him om it jier 1810 ôfspile yn Fenezuela, Kolombia en Meksiko.

Reconquista (betsjuttingsside)

"Reconquista" hat yn de Wikipedy ferskate betsjuttings:

Reconquista, de kristlike werovering fan it Ibearysk Skiereilân op de moslims

Rekila

Rekila (Spaansk: Requila) (? - 448), wie kening fan de Suëven. Hy hearske fan 438 oant syn dea oer de Suëven yn Gallaecia, de noardwestlike hoeke fan it Ibearysk Skiereilân.

Ridderroman

In ridderroman is in literêr sjenre dat de berime aventoeren fan Midsiuwske ridders omfiemet. Syn oarsprong fûn dit sjenre yn 'e Aldfrânske chansons de geste (letterlik: "lieten fan [helde]dieden"), wêrfan't it bekendste foarbyld it Chanson de Roland of it Roelantsliet, is. Mar ridderromans waarden al rillegau oernommen troch oarstalige skriuwers, yn 't earstoan benammen op 'e Britske Eilannen, dêr't de Arthurleginde of Arthurroman, in subsjenre fan 'e ridderroman, ûntstie (bgl. Sir Gawayne and the Grene Knyght). Ek yn oare talen fûn de ridderroman yngong, gauris sawol yn 'e oarspronklike ferzje as yn 'e foarm fan Arthurleginden. Sa ken it Nederlânsk taalgebiet in ferskaat oan Arthurleginden (lykas Ferguut, Moriaen en De Roman van Walewein), mar ek oare ridderromans, lyks Karel ende Elegast, dat in saneamde Karelroman of Frankyske roman is. Njonken Arthurlegindes en Karelromans binne der dan ek noch klassike romans, dy't oer de Klassike Aldheid geane, sa't dy yn it Midnederlânsk oerset binne troch Jakob fan Maerlant, en saneamde easterske romans, dy't yn it Midden-Easten spylje, lykas Floris ende Blancefloer.

Ridderromans binne gjin romans yn 'e moderne sin fan it wurd, mar lange, op rym sette ferhalen yn 'e folkstaal út in tiid dat de hegerein (dêr't eins in elk dy't doe skriuwe koe ta hearde) oer it algemien noch it Latyn brûkte om him yn út te drukken. De stof fan sa'n ridderroman is gauris fertaald en bewurke fan in oarstalich orizjineel (copyright bestie yn 'e Midsiuwen noch net). De ferhalen waarden foardroegen oan 'e aadlike hôven fan West-Jeropa, en wiene tige populêr. Letter, om 'e ein fan 'e fyftjinde iuw hinne, ûntstiene der op it Ibearysk Skiereilân de earste echte ridderromans yn 'e moderne sin fan it wurd, dêr't Tirant lo Blanc (1499) en de ferneamde parody Don Quichot (1605) de bekendste fan binne.

Skors

De skors of beamskors is de bûtenste laach fan 'e stâlen en stammen fan houtplanten, en it ôfstoarne, bûtenste part fan 'e bast. Skors bestiet út koark. De wanden fan 'e sellen derfan binne ûntrochlittend wurden troch de ôfsetting yn 'e selwand fan suberine, dat sterk op lignine liket. Dêrtroch fungearret de skors as in soartemint hûd foar de plant, dy't beskerming biedt tsjin alderhanne ynfloeden fan bûtenôf, lykas skimmels, baktearjes en skansearrings.

De bekendste skorsfoarm is dy fan 'e koarkiik (Quercus suber), in beam út 'e famylje fan 'e bûkeftigen (Fagaceae), dy't yn it Middellânske-Seegebiet groeit, fral op it Ibearysk Skiereilân. Om 'e tsien jier is dêrfan de skors oangroeid ta in rispbere laach, dêr't koarken fan makke wurde foar de ôfsluting fan û.o. wynflessen.

Spanje

Spanje is in lân yn Súdwest-Jeropa op it Ibearysk Skiereilân. De haadstêd is Madrid. It lân is in monargy mei Felipe VI sûnt 2014 as kening.

Tarik ibn Ziyad

Tarik ibn Ziyad (Arabysk:طارق بن زياد; sekuerdere transliteraasje: Ṭāriq ibn Ziyād; 670-720) wie de Moarske legerlieder dy't mei goed 7000 man yn 711 de letter nei him ferneamde Strjitte fan Gibraltar oerstuts om it Ibearysk Skiereilân te oermasteren, dêr't de Fisigoaten nei de tebekgong fan it Romeinske Ryk it al inkelde iuwen foar it sizzen hienen.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.