ISBN

It ISBN, in ôfkoarting dy't stiet foar International Standard Book Number ("Ynternasjonaal Standertboeknûmer"), is in unike koade dy't oan suver alle boekútjeften meijûn wurdt, mei as doel om 'e transaksjes yn it boekebedriuw makliker en dúdliker te meitsjen. Sa kin men oan 'e hân fan dit nûmer bgl. makliker boeken opfreegje, en kin der yn prinsipe gjin fersin mear foarkomme tusken twa boeken mei deselde of frijwol deselde titel.

EAN-13-ISBN-13
ISBN yn tekst en streekjeskoade

Keppelings om utens

Buorskip

Dizze side giet oer it bewenne plak bûten de beboude kom. Foar buorskip yn 'e sin fan 'e ûnderlinge ferhâlding tusken buorlju, sjoch: buorlju.In buorskip is in lytse delsetting dy't gjin doarp is (dus gjin blauwe kombuorden hat) en dêr't mar in stikmannich huzen byinoar steane. Is de bebouwing fan in buorskip mear konsintrearre ta in soarte fan buorren, dan sprekt men fan in útbuorren. Under de beneaming fan 'buorskip' kin ek ferstien wurde: de mienskip dy't yn in buorskip wennet en/of wurket, ynsafier't der sprake is in beskate maatskiplike gearhing. Yn 'e regel hat in buorskip gjin tsjerke en likemin oare foarsjennings, lykas winkels, in doarpshûs of in kafee. In buorskip hat gjin eigen gebiet, mar leit yn 'e himrik fan in doarp út 'e omkriten (of soms op 'e grins fan twa of trije himrikken).

Fan oarsprong wie in buorskip in útbuorren dêr't àl beskate mienskiplike foarsjennings wiene, hoewol't men dy no amper mear as sadanich weromkenne soe. It wurd 'buorskip' joech oan dat de stimhawwende pleatsen sokke foarsjennings, lykas diken, it wetterskip en faak in mienskar, mei-inoar regele hiene. Buorskippen hiene troch de tiid hinne in útinoarrinnende juridyske status, mar tsjintwurdich gjin inkele mear, of it moat wêze dat de gemeenteried fan 'e gemeente dêr't de oangeande buorskip yn leit, oars beslist, bygelyks fanwegen in ûnfeilige ferkearssitewaasje.

De Haach

De Haach (Nederlânsk: Den Haag, foarhinne: 's-Gravenhage) is in stêd en gemeente yn de provinsje Súd-Hollân, dêr't it de haadstêd fan is. De gemeente hie op 1 jannewaris 2005 468.421 ynwenners en hat in gebiet fan 85,65 km2 (lân). Nei grutte is De Haach de tredde stêd fan Nederlân (efter Amsterdam en Rotterdam), en de stêd is foaral wichtich as machtssintrum; de keninginne, de ministerrie en de Steaten-Generaal (Earste en Twadde Keamer) hawwe hjir har residinsje.

Dútsk

It Dútsk (Heechdútsk) heart ta de West-Germaanske tûke fan de Germaanske talen. Dútsk wurdt praat yn Dútslân, Eastenryk, Lychtenstein, Lúksemboarch, Switserlân, East-Belgje en Súd-Tirol. Dêrneist is it in minderheidstaal yn dielen fan ûnder oaren East-Europa en Súd-Amearika.

East-Fryslân

East-Fryslân (Eastfrysk: Ōstfräisland) is in gebiet yn it noardwesten fan de dielsteat Nedersaksen; it gebiet tusken de Iems en de Jade. Histoarysk wie it gebiet ûnderdiel fan de sân seelannen. Yn de regionale media wurdt neist it begryp East-Fryslân ek Eastfryske Skiereilân brûkt.

Frysk

It Frysk is de lânseigen taal dy't fan âlds sprutsen wurdt troch de Westerlauwerske Friezen, yn it gebiet dat no rûchwei omfieme wurdt troch de Nederlânske provinsje Fryslân. It hat dêr in offisjele status gelyk oan dy fan it Nederlânsk. It Frysk heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen, en foarmet dêrbinnen de Fryske taalgroep mei it yn Dútslân sprutsen Noardfrysk en Sealterfrysk. Yn akademyske fermiddens wurdt it Frysk faak fan Westerlauwersk Frysk neamd, om it fan 'e oare Fryske talen te ûnderskieden. Yn it bûtenlân sprekt men ornaris fan "Westfrysk", mar yn Nederlân is dat de oantsjutting foar in Hollânsk dialekt mei in Frysk substraat, út 'e Kop fan Noard-Hollân.

Mei sa'n 600.000 sprekkers is it Frysk fierwei de grutste fan 'e trije Fryske talen, en foarmet it in middenmoater as men nei alle Jeropeeske talen sjocht. Histoarysk is it Frysk fuortkommen út it Aldfrysk, dat him fia it Midfrysk ta it Nijfrysk ûntwikkele hat. It moderne Frysk falt útinoar yn in fjouwertal grutte dialekten dy't lykwols mar sa'n bytsje ferskille dat men suver better fan taalfarianten sprekke kin. Dêrnjonken besteane ek noch fjouwer lytse, sterk ôfwikende en tsjintwurdich slim yn har fuortbestean bedrige dialekten, dy't sprutsen wurde op 'e Waadeilannen en yn it lang tige isolearre havenstedsje Hylpen dy't wat yn archaiser dialect is as de oare dialecten fan Fryslan. De Fryske standerttaal is lykwols fierhinne basearre op 'e beide grutte dialekten fan it Klaaifrysk en it Wâldfrysk. Op 't heden wurdt it Frysk op almar mear maatskiplike terreinen brûkt, en nettsjinsteande ûnheilsprofeten dy't al withoelang om it hoartsje it tsjindiel foarsizze, liket it der net op dat it foarearst útstjerre sil.

Haarlim

Haarlim (Nederlânsk en offisjeel: Haarlem) is in stêd en gemeente yn de regio Súd-Kinmerlân en de haadstêd fan de Nederlânske provinsje Noard-Hollân. Yn 2009 wennen der likernôch 148.000 minsken yn de gemeente en is dêrmei de twadgrutste stêd fan Noard-Hollân nei Amsterdam. De stêd leit oan de rivier de Spaarne.

Hebriuwsk

Hebriuwsk, tsjintwurdich ek wol Ivryt neamd, is de wichtichste taal fan it lân Israel. De taal is in Semityske taal, dêr't ek talen as Arabysk, Arameesk en Akkadysk by hearre. It Hebriuwsk wurdt fan rjochts nei links skreaun mei it Hebriuwske alfabet.

Italjaansk

Italjaansk is in Romaanske taal dy't oeral op de wrâld troch om-ende-by 65 miljoen minsken sprutsen wurdt. It is de offisjele taal fan Itaalje, San Marino, Fatikaanstêd en yn parten fan Switserlân. Yn de taal binne in soad dialekten te ûnderskieden.

Karel F. Gildemacher

Karel F. Gildemacher (folút: Karel Ferdinand Gildemacher; Snits, 1946) is in Frysk publisist op it mêd fan taalhistoarje, kultuerhistoarje en nammekunde.

Gildemacher wie learaar Frysk, direkteur fan Instituut Onderwijs CHN en ferbûn oan de Fryske Akademy as nammekundige. Hy is yn 1993 promovearre op in dissertaasje oer Fryske wetternammen. Hy siet ek yn de redaksje fan de Nieuwe Encyclopedie van Fryslân. De lêste jierren skriuwt er kollumns yn de Ljouwerter Krante.

Katedraal

In katedraal of dom is de tsjerke dêr't in biskop syn sit hat. De beneaming komt fan "ecclesia cathedralis", dat tsjerke fan de sit betsjut. Dy sit is letterlik de sit fan de biskop, dy't oan de sydkant fan it prysterkoar fan de tsjerke opstelt stiet. De sit hiet yn it Latyn "cathedra".

Yn de Eastersk-otterdoksy wurdt in katedraal oantsjut mei katolikon.

Ljouwerter Krante

De Ljouwerter Krante (Leeuwarder Courant; gauris ôfkoarte ta LC) waard oprjochte yn 1752 en is dêrmei de âldste ûnder deselde namme ferskinende krante fan Nederlân. It is no noch altyd de grutste krante fan Fryslân mei (yn 2012 in oplaach fan goed 72.000. De Ljouwerter Krante wurdt útjûn troch de NDC Mediagroep. Op it stuit wurdt de haadredaksje foarme troch Hans Snijder en Bert de Jong.

De ynwenners fan de provinsje Fryslân hawwe de kar út twa regionale deiblêden, oars as yn de measte oare provinsjes fan Nederlân. It oare regionale deiblêd yn Fryslân is it Frysk Deiblêd.

Nederlânsk

It Nederlânsk (Nederlânsk: Nederlands) is in Westgermaanske taal dy't fan âlds sprutsen wurdt yn Nederlân, noardlik Belgje (Flaanderen) en lytsere oangrinzgjende dielen fan Frankryk en Dútslân. It wurdt ek sprutsen yn Suriname, op 'e Nederlânske Antillen en op oare plakken yn 'e wrâld. It Afrikaansk, út Súdlik Afrika, is in dochtertaal fan it Nederlânsk. Yn totaal binne der sa'n 19 miljoen minsken op 'e wrâld dy't it Nederlânsk as memmetaal sprekke. Fan oarsprong is dizze taal nau besibbe mei it Dútsk, mar troch de iuwen hinne is der ferwiding ûntstien. Oare nau besibbe talen binne it Nedersaksysk en it Limburchsk, dat minderheidstalen yn Nederlân binne dy't as sadanich offisjeel erkenning genietsje ûnder it Jeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen. It Westerlauwersk Frysk is fan oarsprong minder nau oan it Nederlânsk besibbe, mar troch iuwenlange beynfloeding fan it Frysk troch it Nederlânsk groeie de beide talen hieltyd fierder nei inoar ta.

Nederlânsk-Ynje

Nederlânsk-Ynje, ek bekend ûnder de nammen Nederlânsk East-Ynje, East-Ynje of Ynje, wie fan 1816 oant 1949 in Nederlânske koloanje dy't it gebiet besloech dat no Yndoneezje hjit. De haadstêd wie Batavia, it hie in oerflakte fan 1.919.440 km²

en yn 1930 hie it 60,7 miljoen ynwenners.

De Nederlânske oanwêzichheid yn Ynje datearret fan ein 16e iuw, koart foar de oprjochting fan de VOC, dy't ûnder mear op Java en yn de Molukken in oantal eilannen, stêden en gebieten besiet. Nei de opheffing fan de VOC yn 1798 gienen dy op de doetiidske Bataafske Republyk oer. Nei 1800 waarden de gebieten offisjeel Nederlânsk-Ynje. Dizze namme komme wy lykwols yn de stikken fan de VOC yn de jierren 1620-1622 al tsjin as 'Nederlandsch-India'. Oant yn de tweintichste iuw wie it besit fan koloanjes foar West-Europese lannen sa goed as algemien akseptearre, net allinnich út ekonomyske oerwegings; ek nasjonaal prestiizje spile mei, neist kulturele en godstsjinstige sindingsdrang.

Nije Testamint

It Nije Testamint (Latyn: Novum Testamentum; Gryksk: Ἡ Καινὴ Διαθήκη, Hē Kainḕ Dhiathḗkē), inkeld ek wol it "Nije Ferbûn" neamd, is de oantsjutting foar in samling religieuze geskriften dy't nei it Alde Testamint it twadde part fan 'e Bibel foarmje. Hoewol't de Bibel it hillige boek is fan sawol it joadendom as it kristendom, wurdt it Nije Testamint útslutend erkend troch de kristenen, dy't der op syn minsten likefolle wearde oan hechtsje as oan it Alde Testamint. De feitlike datearring fan 'e geskriften is dreech, mar algemien wurdt oannomd dat se yn 'e 1e en/of de 2e iuw nei Kristus ûntstien binne, mar net letter as om it jier 150 hinne. De oarspronklike tekst fan it Alde Testamint wie skreaun yn it Koine-Gryksk, dat de miene sprake wie yn it eastlik bekken fan 'e Middellânske See fan 'e feroverings fan Aleksander de Grutte ôf oant de oergong nei it Byzantynsk-Gryksk oan it begjin fan 'e sânde iuw. De earste Fryske oersetting, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, kaam út yn 1933, tsien jier foar't der in folsleine Fryske bibeloersetting reekaam.

Opsterlân

Opsterlân (Opsterland) is in gemeente yn it easten fan Fryslân, mei in oerflak fan 227,64 km², wêrfan 3 km² wetter. Op 31 desimber 2018 hie dizze gemeente 29.689 ynwenners. It haadplak fan Opsterlân is Beetstersweach, en de oare plakken yn de gemeente binne: Bakkefean, Fryske Peallen, De Gordyk, De Himrik, Jonkerslân, Langsweagen, Lippenhuzen, Lúkswâld, Nij Beets, Oerterp, Olterterp, Sigerswâld, Terwispel, De Tynje en Wynjewâld.

Ryksuniversiteit Grins

De Ryksuniversiteit Grins (RUG) is yn 1614 oprjochte. Dêrmei hat Grins nei de Universiteit fan Leie de twadâldste noch besteande universiteit fan Nederlân. De universiteit hat 479 heechleararen en biedt 49 bacheloropliedings en 146 masteropliedings oan.

Smellingerlân

Smellingerlân (Nederlânsk en offisjeel: Smallingerland) is in gemeente yn it easten fan Fryslân. Op 31 desimber 2018 hie dizze gemeente 55.932 ynwenners. Smellingerlân hat in oerflak fan 126,17 km², wêrfan 7,93 km² wetter.

Snits

Dizze side giet oer de stêd Snits. Foar de eardere gemeente, sjoch: Snits (gemeente).Snits is in stêd yn it noardeasten fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Mei sa'n 33.000 ynwenners is it it grutste plak fan dy gemeente en hat it in sintrumfunksje foar de Súdwesthoeke fan 'e provinsje Fryslân. Snits leit tichteby de Snitser Mar en is ûnder mear bekend om syn âlde binnenstêd mei de Snitser Wetterpoarte. As ien fan de alve Fryske stêden yn Westerlauwersk Fryslân is Snits ek ûnderdiel fan de Alvestêdetocht. Dêrneist is de stêd bekend om de wettersport en de Snitswike. Yn 'e Saksetiid wie Snits fan augustus 1498 oant en mei maart 1500 de haadstêd fan ' Hearlikheid Fryslân. Oant 2011 wie Snits in selsstannige gemeente.

Utert (stêd)

Utert (Nederlânsk en offisjeel: Utrecht, yn it lokale dialekt: Utreg of Utereg) is de haadstêd fan de provinsje Utert en de fjirde stêd fan Nederlân (335.089 ynwenners per 1 maart 2015, bron: CBS).

Utert is ien fan de stêden fan de Rânestêd.

De stêd leit sintraal yn Nederlân op in knooppunt fan dyk, spoar en wetter, dêrtroch fine der in soad beurzen en konferinsjes plak.

Yn de stêd húsmanje ûnder oaren de grutste universiteit fan Nederlân, it haadkantoar fan de Nederlânske Spoarwegen en de Jierbeurs. Utert is ek de sit fan in âld-Katolike en fan in roomsk-Katolike aartsbiskop.

It is ien fan de âldste stêden fan Nederlân mei in belangryk histoarysk sintrum, mar ek mei moderne bouwurken sa as Hoog-Catharijne dêr't mieningen hiel wat negativer oer binne. Troch de Domtoer, symboal fan de stêd en mei 112,32 meter de heechste tsjerketoer fan Nederlân, wurdt de stêd ek wol de Domstêd neamd.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.