Hebriuwsk

Hebriuwsk, tsjintwurdich ek wol Ivryt neamd, is de wichtichste taal fan it lân Israel. De taal is in Semityske taal, dêr't ek talen as Arabysk, Arameesk en Akkadysk by hearre. It Hebriuwsk wurdt fan rjochts nei links skreaun mei it Hebriuwske alfabet.

Hebriuwsk
algemien
oare namme(n) Ivryt
eigen namme עִבְרִית (Ivriet)
lânseigen yn Israel
tal sprekkers 8.500.000
skrift Hebriuwsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Afro-Aziatyske taal
dialekten gjin
taalstatus
offisjele status offisjele taal
taalkoades
ISO 639-1 he
ISO 639-2 heb
ISO 639-3 heb

Taalfazes

Yn de taal wurde twa wichtige fazes ûnderskiede, nammentlik it Klassike Hebriuwsk of Bibelsk Hebriuwsk en it Modern Hebriuwsk.

Frank-ruehl
Hebriuwsk alfabet

Klassike

It Klassike Hebriuwsk is de taal dêr't de Tenach yn skreaun is. It Alde Testamint dat basearre is op de Joodske Tenach, is it part fan de Bibel dat foar it begjin fan ús jiertelling datearret en is sawat alhiel opsteld yn it Hebriuwsk.

Taal fan de godstsjinst

As sprutsen taal hat it Hebriuwsk iuwen lang in 'deade taal' west, dat troch minsken net langer brûkt waard foar de kommunikaasje fan aldendei. Yn de joadske godstsjinst bleau de taal lykwols wol altyd yn gebrûk en ûnderwiisd.

Modern Hebriuwsk as sprutsen taal

De Hebriuwske taal waard op 'e nij in libbende taal by it ûntstean fan de steat Israel, doe't de troch Joden sprutsen talen lykas it Jiddysk en it Sefardysk ferfongen waarden. Dejinge dy't sjoen wurdt as de grutste pionier fan it moderne Hebriuwsk is Eliezer Ben Jehuda.

By it ta stân kommen fan Israel besocht de Joadske beweging it Hebriuwsk op 'e nij libben yn te blazen. Dat hâlde net allinnich yn dat de minsken leare moasten de taal aktyf te sprekken en te brûken, mar ek dat der nije wurden makke wurde moasten foar alderlei saken dy't der noch net wienen yn de tiid doe't de Tenach yn it Hebriuwsk skreaun waard en yn de tiid fan de rabbinen. Op dizze wize ûntstie de moderne foarm fan it Hebriuwsk, it Ivryt, Israelysk.[1]

Keppeling om utens

Ferwizing nei boarne

  1. Zuckermann, Ghil'ad (2003), Language Contact and Lexical Enrichment in Israeli Hebrew, Palgrave Macmillan (ISBN 9781403917232 / ISBN 978140338695).
1 Makkabeeërs

1 Makkabeeërs (Hebriuwsk: ספר מקבים א) is in deuterokanonyk of apokryf boek fan 'e Bibel. Gjin inkele streaming fan it joadendom erkent it as kanonyk, en it heart dus net ta de joadske Tenach (al wurdt it wol fan grut histoarysk belang achte). Wat it kristendom oanbelanget, wurdt 1 Makkabeeërs troch alle protestantske tsjerken as apokryf beskôge. Allinne de Anglikaanske Tsjerke lit it as regel ôfprintsje yn syn bibels, mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e bibels fan oare protestantske denominaasjes wurdt it soms (mar lang net altyd) ek wol werjûn as nuttige mar opsjonele taheakke oan it Alde Testamint. Dat is bgl. it gefal yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978, wêryn't it as sânde fan tolve apokrife bylagen tafoege is. De Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, rekkenet 1 Makkabeeërs wol deeglik ta de kanon. Yn roomske bibels makket it sadwaande gewoan ûnderdiel út fan it Alde Testamint, dêr’t it daliks folget op it boek Ester. Itselde is it gefal yn 'e kanons fan 'e eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse tsjerken.

1 Makkabeeërs is in histoarysk ferslach oer de Makkabeeske Opstân (167-160 f.Kr.) en de dêropfolgjende jierren fan Joadsk selsbestjoer yn Palestina, oant de troansbestiging fan Jehannes Hyrkanus I yn 134 f.Kr. It boek is skreaun troch in anonime skriuwer yn it lêst fan 'e twadde iuw f.Kr. 1 Makkabeeërs wie oarspronklik sûnder mis skreaun yn it Hebriuwsk (dat kin sjoen wurde oan beskate Hebriuwske lienwurden yn 'e tekst), mar is inkeld oerlevere yn in tal Aldgrykske ferzjes, wêrfan't dy dy't yn 'e Septuaginta stiet de wichtichste is.

Arabysk

It Arabyske is in taal út de Afro-Aziatyske taalfamylje. Krekt as it Hebriuwsk en it Arameesk heart it dêrbinnen by de Semityske talen. It wurdt praat yn in grut diel fan it Heine Easten en oan de noardkust fan Afrika, yn likernôch 22 lannen.

Azarja (liet)

Azarja, yn it Hebriuwsk: אזריה, Azaryah, ek wol it Liet fan Azarja of It Gebed fan Azarja en de Lofsang fan 'e Trije Jongfeinten neamd, is in apokrife tafoeging oan Daniël, in boek fan sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach en yn it Alde Testamint fan 'e Bibel sa't dat yn gebrûk is ûnder de protestantske denominaasjes is allinnich de tekst fan Daniël werjûn neffens it Hebriuwsktalige orizjineel, dus sûnder Azarja of de oare Taheakken op it Boek Daniël (Suzanne en Bel en de Draak). De Anglikaanske Tsjerke lit Azarja ôfprintsje yn syn bibels, mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, heart Azarja wol ta de kanon en foarmet it gewoan in passaazje yn it boek Daniël (ynpast tusken Dan. 3:23 en 3:24). En yn 'e eastersk-otterdokse tsjerken, dy't de gearstalling fan 'e Septuaginta, de iere Grykske bibeloersetting, oanhâlde, is dat krekt-en-gelyk. Yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978 wurdt Azarja mei de oare beide tafoegings oan Daniël fermeld by de apokrife boeken as in taheakke by it Alde Testamint.

Azarja omfettet it gebed fan 'e Joadske balling Azarja, in koarte oergong fan proaza en de lofsang fan him en syn beide maten Chananja en Misjael. Azarja is oerlevere yn it Gryksk, it Latyn en it Syrysk, mar net yn it Hebriuwsk, noch wurdt dernei ferwiisd yn lykfol hokker oerlevere Hebriuwske tekst. De oarsprong fan 'e tekst is sadwaande obskuer, en it is ûndúdlik oft der wol ea in Hebriuwske ferzje fan bestien hat, al hawwe frijwat hjoeddeiske bibelwittenskippers en taalhistoarisy op grûn fan tekstûndersyk fêststeld dat der nei alle gedachten oarspronklik al in ferzje yn in Semityske taal (Hebriuwsk of Arameesk lykje it meast foar de hân te lizzen) bestien hat, dêr't oerlevere farianten op basearre binne. In datearring fan 'e tekst is ek problematysk, mar de measte saakkundigen tinke oan de earste of twadde iuw f.Kr.

Bibel

De Bibel is de gongbere namme foar in kanonike samling teksten dy't yn ûnderskate gearstallings as hillich beskôge wurdt troch de joadske en kristlike godstsjinsten. Ferskillende religieuze groepen beflappe ferskillende boeken yn harren kanons of foegje ekstra materiaal ta oan 'e kanonike teksten. Yn 'e westerske wrâld (en dêrmei dus ek yn Fryslân) sil mei "de Bibel" ornaris de algemiene kristlike kanon fan 66 boeken bedoeld wurde, mar de kanon fan 'e Etiopysk-Otterdokse Tsjerke beslacht 88 boeken, wylst de joadske Bibel, de Tenach, mar 24 boeken hat en inkeld it earste diel fan 'e kristlike Bibel omfettet, it saneamde Alde Testamint, dat oarspronklik skreaun wie yn it Hebriuwsk, mei beskate passaazjes yn it Arameesk. It twadde diel fan 'e kristlike bibel, it Nije Testamint, is in lettere tafoeging en wie oarspronklik skreaun yn it Gryksk.

Koartsein fertelt de Bibel it ferhaal fan 'e skiednis fan 'e wrâld en de minske, hoe't dy troch de iene God skepen binne en hoe't it dermei ôfrinne sil oan 'e ein fan 'e tiden. Hoewol't it eins in samling fan losse geskriften is dy't oanwiisber skreaun binne troch in ferskaat oan skriuwers (likernôch fjirtich), oer in perioade fan om-ende-by de tûzen jier, beskôget in grut part fan 'e joadske en kristlike leauwenden de Bibel dochs as "it Wurd fan God"; sy hâlde út dat de skriuwers de wurden dy't se delskreaune fan God krigen hawwe moatte troch de wei fan godlike ynspiraasje.

De âldste oerlibjende folsleine kristlike Bibels binne Gryksktalige manuskripten út 'e fjirde iuw. It âldste hanskrift fan 'e joadske Tenach, yn it Hebriuwsk en it Arameesk, datearret út 'e tsiende iuw. De Bibel is it meast ferkochte boek yn 'e wrâld, mei in jierlikse ferkeap fan 25 miljoen eksimplaren. It is ek it meast oersette boek en hat troch de iuwen hinne in grutte ynfloed hân op 'e Westerske kultuer en op 'e talen fan joadske en kristlike folken. De earste folsleine Fryske bibeloersetting, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, ferskynde yn 1943.

Brief fan Jeremia

It Brief fan Jeremia, yn it Hebriuwsk: איגרת ירמיהו, is in deuterokanonyk of apokryf boek fan 'e Bibel, besteande út ien inkeld haadstik fan 72 fersen mei in opskrift foarôfgeande oan fers 1. Gjin inkele streaming fan it joadendom erkent it as kanonyk, en it heart dus net ta de joadske Tenach. Wat it kristendom oanbelanget, wurdt it Brief fan Jeremia troch alle protestantske tsjerken as apokryf beskôge. Allinne de Anglikaanske Tsjerke lit it as regel ôfprintsje yn syn bibels (as haadstik 6 fan it boek Barûch), mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e bibels fan oare protestantske denominaasjes wurdt it soms (mar lang net altyd) ek wol werjûn as nuttige mar opsjonele taheakke oan it Alde Testamint. Dat is bgl. it gefal yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978, wêryn't it as sechsde fan tolve apokrife bylagen tafoege is.

De Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, rekkenet it Brief fan Jeremia wol deeglik ta de kanon. Yn roomske bibels makket it sadwaande gewoan ûnderdiel út fan it Alde Testamint, as haadstik 6 fan it boek Barûch, dat tusken Kleilieten en Ezechiël yn stiet. Itselde is it gefal yn 'e kanons fan 'e measte eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse tsjerken, al wurdt it dêr as apart bibelboek tafoege. Yn 'e bibel fan 'e Koptyske en de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke binne Jeremia, Kleilieten, Barûch en it Brief fan Jeremia gearboske ta ien boek ûnder de titel Jeremia.

Evangeelje fan de Nazareners

It Evangeelje fan de Nazareners of it Evangeelje fan de Nazoreeërs wie in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is ien fan 'e joadsk-kristlike evangeeljes, wêrfan't de oarspronklike namme ûnbekend is, mar dat nei gedachten yn gebrûk wie by de sekte fan 'e Nazareners of Nazoreeërs.

De datearring fan dit geskrift is ûnwis, mar om't Klemins fan Aleksandrië der yn it lêste fearn fan 'e twadde iuw nei ferwiist, moat it yn alle gefallen fan foàr dy tiid wêze. De oarspronklike taal fan it Evangeelje fan de Nazareners wie it Hebriuwsk. It is inkeld oerlevere yn 'e foarm fan 36 sitaten yn oare wurken; dêrfan binne der 23 ôfkomstich út 'e geskriften fan 'e tsjerkfaar Hieronymus fan Stridon, wylst de oare 13 út Midsiuwske boarnen komme.

Ut dy sitaten komt û.o. de grutte gelikenis fan it Evangeelje fan de Nazareners en it kanonike Evangeelje fan Mattéus nei foarren. Guon saakkundigen wolle datoangeande hawwe dat Mattéus foar in part op it Evangeelje fan de Nazareners basearre wie, al is de mearderheid fan tinken dat it krekt oarsom west hawwe moat.

Iepenbiering fan Abraham

De Iepenbiering fan Abraham is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e aartsfaar Abraham, dat fan joadske oarsprong is en yn 'e regel datearre wurdt tusken 70 en 150 (n.Kr.). It is inkeld oerlevere yn seis Aldtsjerkeslavyske manuskripten, al moat it oarspronklike frijwol wis yn it Hebriuwsk steld west hawwe. It soe wêze kinne dat it earst út it Hebriuwsk nei it Gryksk oerset is, en dêrnei fan it Gryksk nei it Aldtsjerkeslavysk, mar dat is net mei wissichheid te sizzen, mei't sawol it Hebriuwske orizjineel as de eventuële Grykske tuskenlizzende fertaling ferlern gien is. De Iepenbiering fan Abraham is opmerklik om't it it joadendom en alle oare godstsjinsten foarsteld as folslein oaninoar tsjinsteld, en fanwegen it sterke ikonoklasme dat derút sprekt.

Israel

Israel (Hebriuwsk: מדינת ישראל "Medinat Jisra'el", Arabysk: دولة إسرائيل "Daulat Isrā'īl") is in lan yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Jeruzalem en de president fan de republyk is sûnt 2014 Reuven Rivlin.

Jehannes de Doper

Jehannes de Doper wie in Kristlike profeet dy't om-ende-by 30 n.Kr. libbe en yn Judeä preke.

Hy ferkundige it boadskip dat elkenien troch de doop ferlost wurde sil fan alle sûnden. Jehannes liede in tige sober bestean yn de woastyn. Hy klaaide him yn in kameelhierren mantel en fiede him mei sprinkhoannen en wylde huning. Op oarder fan Herodes Antipas, de Joadske kening soed er ûnthalze wurde. Tradisjoneel wurdt dat witen oan de kueren fan syn dochter Salomé.

Neffens it grutste part fan it iere kristendom wie Jehannes de paadslochter fan Jezus. Oaren, lykas de Mandeeërs seagen him lykwols as de lêste profeet.

Jezus (tradisjoneel-kristlik)

Jezus fan Nazaret, yn it algemien bekend as Jezus Kristus wie de sintrale persoan yn it Kristendom, dêr't "Kristus" ôflaat is. Hy wie ek in wichtich persoan yn ferskate oare leauwen. "Kristus" komt fan it Grykske Χριστός (Christós), dat "salvling" betsjut, en besibbe is oan it fan it Hebriuwsk ôflate Messias. De namme "Jezus" komt fan it Grykske Ίησους (Iesoûs), dat in hellenisearring fan it Hebriuwsk-Arameeske ישוע (Jesjûa of Jesjû) is, en dat "JHWH" betsjut.

Oft der in histoaryske Jezus bestien hat, dêr ferskille de mienings fan skiedkundigen oer.

Neffens it kristendom is Jezus Kristus de Soan fan God, de Ferlosser en part fan de Godlike Trije-ienheid; de rêder fan alle minsken. Syn komst waard yn it Alde Testamint fan de Bibel foarsein en hy soe út de dea wei wer opstean.

Jezus sels hat gjin skreaune wurk efterlitten, en de ferneamdste beskriuwings fan syn libben binne de fjouwer kanonike evangeeljes fan Mattéus, Markus, Lukas en Jehannes en in tal apokrive boeken.

Yn de Islaam wurdt Jezus (Isa) as ien fan God syn leafste en wichtichste profeten beskôge, allyk as in bringer fan hillige skriften, in wûnderwurker en de Messias. Moslims leauwe lykwols net sa lykas kristenen yn it krusigjen en de godlikens fan Jezus, mar leauwe dat it krusigjen in godlike drôch wie en dat er mei lea opnaam waard yn de himel. De measte moslims leauwe wol dat er weromkomme sil nei de ierde.

Jezus Sirach

Jezus Sirach, yn it Hebriuwsk: יהושע בן סירעכ, Yěhošua ben Siraḵ, ek wol bekend as de Wysheid fan Jezus Sirach, is in deuterokanonyk of apokryf boek fan 'e Bibel. Gjin inkele streaming fan it joadendom erkent it as kanonyk, en it heart dus net ta de joadske Tenach, al wurdt der yn 'e Talmoed gauris nei ferwiisd. Wat it kristendom oanbelanget, wurdt Jezus Sirach troch alle protestantske tsjerken as apokryf beskôge. Allinne de Anglikaanske Tsjerke lit it as regel ôfprintsje yn syn bibels, mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e bibels fan oare protestantske denominaasjes wurdt it soms (mar lang net altyd) ek wol werjûn as nuttige mar opsjonele taheakke oan it Alde Testamint. Dat is bgl. it gefal yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978, wêryn't it as fjirde fan tolve apokrife bylagen tafoege is.

De Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, rekkenet Jezus Sirach wol deeglik ta de kanon. Yn roomske bibels makket it sadwaande gewoan ûnderdiel út fan it Alde Testamint, en folget it mei de Wysheid fan Salomo, in oar deuterokanonyk boek, op it Heechliet. Itselde is it gefal yn 'e kanons fan 'e eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse tsjerken (lykas de Gryksk-Otterdokse, de Russysk-Otterdokse, de Georgysk-Otterdokse, de Armeensk-Otterdokse, de Syrysk-Otterdokse, de Etiopysk-Otterdokse en de Koptyske Tsjerke).

Jezus Sirach is in boek fan dichterlike wiisheid, dat yn it earste fearn fan 'e twadde iuw f.Kr. te Jeruzalim skreaun waard troch de Joadske klerk Jozua ben Sirach. De oarspronklike tekst wie frijwol wis yn it Hebriuwsk steld, mar is net bewarre bleaun. Wol binne der ferskate lettere Hebriuwsktalige ferzjes oerlevere. Neitiid waard it oerset yn it Gryksk troch de pakesizzer fan 'e skriuwer, dy't teffens in prolooch tafoege dêr't er yn fernijt dat er yn 132 f.Kr. nei Egypte ta ferfearn is.

Joadendom

It Joadendom is de godstsjinst fan it Joadske folk.

It Joadendom is in monoteïstyske godstsjinst. De Joaden leauwe dat er mar ien god is dy't alles makke hat, en dêr't alle wêzens ûnderhearrich oan binne. It is de âldste noch besteande monoteïstyske godstsjinst, en de twa grutte monotheïstyske godstsjinsten, it Kristendom en de Islam, binne fan it Joadendom ôflaat.

Yn de Joadske godstsjinst nimt syn hillige boek de Tenach, dat oerienkomt mei wat yn it Kristendom it Alde Testamint neamd wurdt, in wichtich plak yn. Mei útsondering fan inkele passaazjes yn it Arameesk, is it skreaun yn it Hebriuwsk. De Tenach wurdt troch de Joaden sjoen as in iepenbiering fan God.

Jubileeën

Jubileeën, yn it oarspronklike Hebriuwsk: יובלים, Yōbelīm, inkeld ek wol Lyts Genesis (Leptogenesis) neamd, is in âlde joadske religieuze tekst, dy't troch frijwol alle joadske streamings, alle kristlike tsjerken fan protestantske, roomsk-katolike en eastersk-otterdokse synjatuer en ek troch de measte oriïntaalsk-otterdokse denominaasjes as apokryf en pseudepigrafysk beskôge wurdt. Allinnich de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke en de dêrfan ôfspjalte groepen (lykas de Etiopysk-Katolike Tsjerke en de Eritreesk-Otterdokse Tsjerke) erkenne Jubileeën as ûnderdiel fan 'e kanon, ûnder de titel መጽሐፈ ኩፋሌ, Mäṣ'ḥäfä Kūfālē, dat Ge'ez (de tsjerketaal fan Etioopje, ferlykber mei it Latyn) is foar "it Boek fan de Dieling". Yn 'e Etiopysk-otterdokse kanon wurdt dizze tekst yn it Alde Testamint fan 'e Bibel pleatst, fuort nei it boek 2 Kroniken. Ek de Falasja's, de joadske minderheid fan Etioopje (dy't hjoed de dei suver folslein yn Israel libbet), beskôgje Jubileeën as kanonyk. Op grûn fan twa fragminten (4Qm16Jub en 4Qm17Jub) dy't middenmank de Deade-Seerôlen te Qumran fûn binne, giet men derfan út dat de tekst oarspronklik yn it Hebriuwsk skreaun is troch in anonime skriuwer, dy't healwei de twadde iuw f.Kr. wurke.

Judit (bibelboek)

Judit, yn it Hebriuwsk: יְהוּדִית, Yehūḏīṯ (in frouljusnamme dy't "priizge" of "joadinne" betsjut; de froulike foarm fan "Juda"), is in deuterokanonyk of apokryf boek fan 'e Bibel. Gjin inkele streaming fan it joadendom erkent it as kanonyk, en it heart dus net ta de joadske Tenach. Wat it kristendom oanbelanget, wurdt Judit troch alle protestantske tsjerken as apokryf beskôge. Allinne de Anglikaanske Tsjerke lit it as regel ôfprintsje yn syn bibels, mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e bibels fan oare protestantske denominaasjes wurdt it soms (mar lang net altyd) ek wol werjûn as nuttige mar opsjonele taheakke oan it Alde Testamint. Dat is bgl. it gefal yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978, wêryn't it as earste fan tolve apokrife bylagen tafoege is.

De Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, rekkenet Judit wol deeglik ta de kanon en dêr makket it sadwaande gewoan ûnderdiel út fan it Alde Testamint, en stiet it folgjend op Tobit, in oar apokryf boek, tusken de kanonike boeken fan Nehemia en de Psalmen yn. Itselde is it gefal yn 'e kanons fan 'e eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse tsjerken (lykas de Gryksk-Otterdokse, de Russysk-Otterdokse, de Georgysk-Otterdokse, de Armeensk-Otterdokse, de Syrysk-Otterdokse, de Etiopysk-Otterdokse en de Koptyske Tsjerke).

Judit fertelt it ferhaal fan 'e joadske widdo mei deselde namme, dy't har stêd rêdt fan 'e fijân troch de fijannige legeroerste de holle ôf te houwen. De bedoeling fan it ferhaal is om oan te tsjutten dat tsjin God nimmen op kin: mei ien frou kin er noch in hiele leger ferslaan. Judit wie oarspronklik mooglik skreaun yn it Hebriuwsk of it Arameesk, mar is inkeld oerlevere yn in net al te bêste Grykske oersetting yn 'e Septuaginta. Alle bekende Hebriuwsktalige ferzjes datearje út 'e Midsiuwen of noch letter. It ferhaal befet in grut tal anagronismen, dy't de measte moderne bibelwittenskippers en teologen derfan oertsjûge hawwe dat it hjir giet om in net-histoaryske fertelling, sadat Judit mooglik it bêste sjoen wurde kin as in likenis of miskien as ien fan 'e earste histoaryske romans, dy't mooglik datearje kinne soe út 'e twadde iuw f.Kr.

Marije (mem fan Jezus)

Marije (fan Gryksk Μαρία), Mirjam (fan Hebriuwsk מרים) of Maryam (fan Arabysk مريم) is yn it Nije Testamint en yn de Koran de mem fan Jezus. Neffens de kristlike tradysje is hja de dochter fan Joachim en Anna; yn de Koran wurdt melding makke fan Imraan as har heit. Foar katoliken is hja de wichtichste hillige. Yn de Roomsk-katolike Tsjerke en Eastersk-ortodokse Tsjerke hat Marije as Mem fan God in wichtige rol yn it leauwenslibben. Yn de otterdokse tsjerke is de wenstige útdrukking foar Marije Memme Gods en net Marije. Der is binnen de teology sels in folsleine dissipline dy't him spesjaal op har rjochtet: de mariology. Ferskate liturgyske feesten en heechfeesten wurde ta eare fan har fierd.

Paulus (apostel)

Paulus (Tarsus, 5 – Rome, 67) wie ien fan de earste lieders fan de kristenen, en is de skriuwer fan it grutste part fan de boeken fan it Nije Testamint.

Psalmen 152-155

De Psalmen 152-155 binne fjouwer apokrife psalmen dy't yn 'e iere Syryske bibeloersetting, de Peshitta, steane en mei dêrom troch de Syrysk-Otterdokse Tsjerke ta de kanon rekkene wurde. Twa derfan, Psalm 154 en Psalm 155, binne ek oerlevere yn it Hebriuwsk yn 'e Deade-Seerôlen. Yn 'e mande mei Psalm 151 wurde de Psalmen 152-155 ek wol de Fiif Apokrife Psalmen fan David neamd (mei't se taskreaun wurde oan 'e Israelityske kening David). Psalm 155 is oerset yn it Frysk.

Tenach

De Tenach, yn it Hebriuwsk: תַּנַ"ךְ, Ṯěnaḵ, is de joadske Bibel, besteande út wat de kristenen it Alde Testamint neame, sij it mei in radikaal oare yndieling en oardering fan 'e ûnderskate boeken. Om dat ferskil oan te jaan, wurdt der (troch kristenen) ek wol de oantsjutting "Hebriuwske Bibel" foar brûkt. De namme "Tenach" is in akronym fan 'e trije tradisjonele ûnderferdielings fan 'e joadske Bibel: de Torah ("Leare" of "Wet"), de Neḇi'im ("Profeten") en de Ḵeṯuḇim ("Geskriften"), dêrfandinne: TeNaCh (Om't yn it Hebriuwsk gjin lûden skreaun wurde, hawwe de 'e' en de 'a' hjir gjin betsjutting). De Tenach wurdt ek wol oantsjut as de Masoretyske Tekst of de Miqra ("Wat Lêzen Wurdt").

Tobit (bibelboek)

Tobit, yn it Hebriuwsk: טובי, Ṭovi (helenisearre en latinisearre ta Tobias), is in deuterokanonyk of apokryf boek fan 'e Bibel. Gjin inkele streaming fan it joadendom erkent it as kanonyk, en it heart dus net ta de joadske Tenach. Wat it kristendom oanbelanget, wurdt Tobit troch alle protestantske tsjerken as apokryf beskôge. Allinne de Anglikaanske Tsjerke lit it as regel ôfprintsje yn syn bibels, mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e bibels fan oare protestantske denominaasjes wurdt it soms (mar lang net altyd) ek wol werjûn as nuttige mar opsjonele taheakke oan it Alde Testamint. Dat is bgl. it gefal yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978, wêryn't it as trêde fan tolve apokrife bylagen tafoege is.

De Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, rekkenet Tobit wol deeglik ta de kanon, sa't yn 397 fêstlein is troch it Konsylje fan Kartago, en nochris befêstige yn 1546, troch it Konsylje fan Trinte. Yn roomske bibels makket Tobit sadwaande gewoan ûnderdiel út fan it Alde Testamint, en folget it daliks op Nehemia. Itselde is it gefal yn 'e kanons fan 'e eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse tsjerken (lykas de Gryksk-Otterdokse, de Russysk-Otterdokse, de Georgysk-Otterdokse, de Armeensk-Otterdokse, de Syrysk-Otterdokse, de Etiopysk-Otterdokse en de Koptyske Tsjerke).

Tobit is in novelle dy't it libben fan 'e fromme joad Tobit beskriuwt. De tekst is inkeld oerlevere yn twa Aldgrykske foarmen út ûnderskate ferzjes fan 'e Septuaginta: in koarteren, dy't wol Gryksk I neamd wurdt, en dy't û.o. fûn wurde kin yn 'e Codex Vaticanus, de Codex Alexandrinus en de Codex Venetus, en Gryksk II, dy't 1700 wurden langer is, en dy't yn 'e Codex Sinaiticus stiet. Hoewol't it ferhaal spilet yn 'e achste iuw f.Kr., en de tradysje hawwe wol dat it ek yn dy tiid skreaun is, giet men der no fanút dat Tobit it wurk is fan in anonime auteur út 'e twadde iuw f.Kr., en dat de oarspronklike tekst yn it Arameesk steld wie. Yn 1952 waarden yn Grot IV te Qumran, mank de Deade-Seerôlen, fjouwer fragmintaryske ferzjes fan Tobit yn it Arameesk en ien yn it Hebriuwsk fûn. Dy lykje benammen oerien te kommen mei de langere Gryksk II-foarm. Fan 1966 ôf binne sadwaande de measte oersettings fan Tobit op dy langere ferzje basearre.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.