Hannel

Hannel of kommersje (fan it Latynske commercium fia it Midfrânske commerce) is de oerdracht fan eigendom fan dingen of tsjinsten fan 'e iene persoan of organisaasje oan 'e oare, yn ruil foar jild of foar oare dingen en/of tsjinsten. In systeem dat sokke oerdrachten tastiet of fasilitearret wurdt yn 'e ekonomy in merk neamd (net te betiizjen mei merk yn 'e sin fan in spesifike gearkomste foar it bedriuwen fan hannel). In hannelsproses tusken twa partijen wurdt bilaterale hannel neamd, wylst sa'n proses dêr't trije of mear partijen oan dielnimme, bekendstiet as multylaterale hannel. Immen dy't oan hannel docht is in keapman of hanneler, en produkten dy't ferhannele wurde, binne hannelswaar, keapwaar of negoasje. It politike systeem dat basearre is op frije hannel is it kapitalisme.

De oarspronklike foarm fan hannel wie ruilhannel, wêrby't guod en tsjinsten rjochtstreeks útwiksele waarden tsjin oar guod en oare tsjinsten. Dat systeem funksjonearre op guon plakken yn Jeropa oant djip yn 'e Midsiuwen en yn oare parten fan 'e wrâld noch folle langer. Yn 'e Aldheid begûn op guon plakken lykwols ien partij yn 'e hannel al ealmetalen (goud, sulver, brûns, koper) te brûken om foar it guod of de tsjinsten fan 'e oare partij te beteljen. De oare partij koe sokke ealmetalen dan letter brûke om der sels wer guod of tsjinten foar te keapjen. Fan gefolgen ûntstie der in proses fan keap en ferkeap, wêrby't de betelling troch de iene partij en it fertsjinjen troch de oare partij barde mei jild. De útfining fan jild (earst muntjild en letter ek papierjild, kredyt en digitaal jild) soarge foar in sterke ferienfâldiging fan it hannelsproses en dêrtroch ek foar in groei fan 'e wrâldwide hannel.

Wojciech Gerson - Gdańsk in the XVII century
Hannel in Danzig yn 'e santjinde iuw.

Hannel bestiet tanksij de spesjalisaasje en ferdieling fan arbeid, wêrby't de measte minsken har talizze op mar in lyts aspekt fan 'e produksje fan guod of tsjinsten, dat se lykwols brûke om hannel te driuwen foar oare dingen dêr't se ferlet fan hawwe. Sa besjoen docht frijwol eltsenien oan hannel: wurknimmers, bygelyks, 'ferkeapje' harren arbeid tsjin betelling fan lean, dat se dêrnei brûke om yn har eigen nedichheden te foarsjen. En eltsenien dy't wolris wat kocht hat yn 'e supermerk, hat dielnommen oan it hannelsproses. Op wrâldskaal bestiet hannel tusken ferskillende regio's om't sokke ferskillende regio's in (wier of inkeld oannommen) komparatyf foardiel hawwe by de produksje fan beskate dingen (lykas lânbouprodukten). Regearings fan lannen dy't datoangeande yn it neidiel binne, lizze faak ymportbeheinings op oan produkten út sokke regio's om 'e eigen produsinten tsjin 'e bûtenlânske konkurrinsje te beskermjen. It ôfskaffen fan sokke ymportbeheinings hjit frijhannel.

Der wurdt gauris ûnderskie makke tusken gruthannel en detailhannel. Yn 'e gruthannel wurde produkten ferkocht oan 'e detailhannel en/of oan yndustriële ûndernimmings, ynstellings of oare gruthannels, wylst de detailhannel him taleit op 'e ferkeap fan produkten oan yndividuële klanten. Dat lêste wurdt faak dien fanút in fêste lokaasje dy't in winkel, boetyk, kiosk of warehûs neamd wurdt. Oare foarmen fan detailhannel binne (ferpleatsbere) merkkreammen, postoarderbedriuwen (dy't de ferkeap fia in postaal systeem dogge) en webshops (dy't har produkten oer it ynternet ferkeapje).

MercadodeSanJuandeDios
In merk yn Meksiko.

Sjoch

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side.


17e iuw

De 17e iuw of santjinde iuw rûn fan 1 jannewaris 1601 oant 31 desimber 1700.

1996

1996 is in skrikkeljier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 1996.)

Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1990-er jierren.

Amsterdam

Dizze side giet oer de stêd Amsterdam, haadstêd fan Nederlân. Sjoch Amsterdam (betsjuttings) foar oare betsjuttings fan "Amsterdam".

Amsterdam is de haadstêd fan Nederlân.

Amsterdam is yn Nederlân de stêd mei it grutste tal ynwenners (838.338 op 1 april 2016). Yn tsjinstelling ta in soad oare lannen is de residinsje net yn de haadstêd fêstige. Faak wurdt der dêrom fan in kulturele haadstêd sprutsen, al is Amsterdam ek de twadde seehaven fan Nederlân, en hawwe in protte wichtige bedriuwen yn Amsterdam harren haadfêstigings. Fierders hat Amsterdam in tige florissante toerismesektor.

Bûdapest

Bûdapest of Boedapest (Hongaarsk: Budapest) is de haadstêd fan Hongarije. Yn de stêd wennet likernôch in fiifde part fan alle ynwenners fan it lân.

De stêd leit op beide iggen fan de rivier de Donau, en is in gearfoeging, út 1873, fan Bûda en Ald Bûda op de rjochter igge, en Pest op de lofterigge.

De stêd spilet in dominante rol yn it lân op ûngefear alle mêden (bestjoer, hannel, yndustry, ferkear, kultuer). Bûtendat is de stêd it wichtichste ferkearsknooppunt en (hieltiten mear) it kulturele hert fan Sintraal-Jeropa.

Feriene Eastyndyske Kompanjy

De Feriene Eastyndyske Kompanjy, FEK (Vereenigde Oostindische Compagnie, VOC) wie in bedriuw dat yn de 17e iuw en de 18e iuw (fan 1602 oant 1799) it Nederlânsk monopoalje op hannel mei East-Ynje hie. It wie opset foar it permanint finansierjen fan East-Ynjereizen, yn stee fan it finansierjen fan aparte reizen sa't dat oant dan ta dien waard. Hjirta waarden seis keamers oprjochte, yn fiif plakken en ien provinsje dy't hannel mei East-Ynje hienen. Dy keamers brochten kaptaal yn troch de útjefte fan oandielen. Mei dat kaptaal waarden de skippen finansiere, en letter ek alle fêstigings fan it bedriuw yn East-Ynje. Mei dy fêstigings waard de FEK ta in multynasjonaal bedriuw, net folle oars as hjoeddeiske multinasjonale bedriuwen.

De eartiids yn seefeart en hannel útblinkende Friezen hawwe net in grut oandiel hân yn de FEK (1621-1800). Se hienen oandielen, namen tsjinst op FEK-skippen en emigrearden soms nei Súdeast-Aazje.

Doe't yn 1602 ynskreaun wurde koe op de oandielen, skreau Fryslân mar foar sa'n F 8000.000 yn en krige ien fan de keamers. De Friezen wienen hjiroer fergrime. Se kearden har tsjin de Hollânske en Siuwske kapitalisten en de Hollânske hegemony (1603-1665). In eigen Fryske FEK bestie sûnt 1642, mar allinnich op papier. Fryske keaplju, dêrby stipe troch harren Steaten en steedhâlder Willem Freark hawwe omdochs besocht tusken de nei frijheid stribjende kolonisten en de monopolistyske bewâldhawwers fan de FEK in kyl te driuwen. Hollân ferwite de Friezen gebrek oan aksje by de oprjochting. Boppedat krigen se de rie de te keap oanbeane oandielen oer te nimmen.

Feriene Keninkryk

Dizze side giet oer it Feriene Keninkryk, dat faak Grut-Brittanje neamd wurdt. Foar it eilân, sjoch: Grut-Brittanje (eilân).

Dizze side giet oer it Feriene Keninkryk, dat faak Grut-Brittanje neamd wurdt. Foar oare betsjuttings, sjoch: Grut-Brittanje (betsjuttingsside).It Feriene Keninkryk, folút it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân en yn de folksmûle faak Grut-Brittanje of Ingelân neamd, is in lân yn West-Jeropa. De haadstêd is Londen en de keninginne fan de monargy is sûnt 1952 Elizabeth II.

De grutste eilânsteat fan Jeropa is in uny mei fjouwer lannen: Ingelân, Skotlân, Wales en Noard-Ierlân. It regear sit yn Londen. Dêrûnder falle de dekonsintrearre regearen fan Edinboarch (Skotlân), Cardiff (Wales) en Belfast (Noard-Ierlân). De Kanaaleilannen en it eilân Man binne Britsk kroanbesit, mar falle net ûnder it regear yn Londen. Dêrneist hat it Feriene Keninkryk noch fjirtjin oerseeske gebieten.

Frankryk

Frankryk, offisjeel de Frânske Republyk, is in lân yn West-Jeropa. De haadstêd is Parys.

Frankryk is lid fan de Feriene Naasjes (1945), mei in permaninte sit yn de Feiligensrie. It lân is ek lid fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949), de Rie fan Jeropa (1949) en de Jeropeeske Uny (1957). It is ien fan de dielnimmers oan de Jeropeeske Monetêre Uny en hat 1 jannewaris 2002 de Frânske frank as munt ynruile foar de Euro.

Yn Jeropa heart ek it eilân Korsika by Frankryk, en fierder binne der noch oerseeske departeminten en oerseeske gebieten yn oare wrâlddielen.

Fryske stêden

Der binne fan âlds alve Fryske stêden yn Westerlauwersk Fryslân. De measte dêrfan binne ûntstien, net troch't se stêdsrjochten fan in hear krigen, mar trochdat it omlizzende lân harren as stêden erkend hat. Meidat de measte hannel earder mei it westen plakfûn en dêr ek de bêste ferbiningen mei see wiene, lizze de meeste stêden yn it westen fan de provinsje; mar twa lizze eastlik fan de eardere Middelsee.

Goud

Goud is in skiekundich elemint mei symboal Au en atoomnûmer 79. It is in giel metallic oergongsmetaal. It is al sûnt de streamkultueren (Heine Easten fan 3500 f.Kr. oant 800 f.Kr.) tige wurdearre en is roastfrij, dêrom wurdt goud soms "de kening fan de metalen" neamd.

Hânze

De Hânze wie in fan oarsprong Dútsk bûn fan hannelsstêden, letter útwreide mei stêden yn de omlizzende lannen, mei as doel ûnderlinge beskerming te bieden by de hannel yn bûtenlânske gebieten. De Hânze wie aktyf fan de 12e iuw oant de 17e iuw; op it hichtepunt wie it in bûn fan likernôch 200 stêden.

Keapman

In keapman (meartal: keaplju; as froulike foarm wurdt soms keapfrou brûkt) is in persoan dy't keapwaar opkeapet en dêrnei trochferkeapet mei as doel om dêrby winst te meitsjen. Dêrby fungearret er yn 'e regel as tuskenpersoan tusken de produsint en de konsumint, hoewol't it ek wêze kin dat dêr ek noch ien of mear oare keaplju tuskenyn sitte. It belang fan keaplju is dat se keapwaar faak opkeapje op ien plak (bgl, om it foarbyld fan 'e VOC te brûken, yn Nederlânsk-Ynje) en it wer ferkeapje op in oar plak (yn it gefal fan dit foarbyld Nederlân). Mar de ôfstân hoecht fansels net sa grut te wêzen; foarhinne bestiene yn Fryslân bgl. bûterkeaplju, dy't by de boeren bûter opkochten en it yn 'e stêd (of yn gruttere doarpen) wer ferkochten oan 'e boargers. Ek is it mooglik dat keaplju op ien en itselde plak fungearje as tuskenpersoan tusken de produsint en de konsumint, sadat de produsint him net ek ta hoecht te lizzen op ferkeap. Ut dit soarte fan hannel (of mei in âld wurd keappenskip, útspr.: "kjeppenskip") is de moderne detailhannel ûntstien, en winkellju, dy't tsjintwurdich yn 'e regel net mear as keaplju sjoen wurde, wiene dat fan âlds wol. In winkelman is dan goed en wol beskôge ek neat oars as in sedintêre keapman, yn tsjinstelling ta de omreizgjende kreammers en sutelders fan eartiids of de hjoeddeistige merkkeaplju.

Kelten

Mei Kelten wurdt in samling folken en stammen oantsjutten dy't yn it millennium foar it begjin fan ús jiertelling en de iuwen dêrnei in Keltyske taal sprutsen. It is benammen in linguïstyk begryp.

De foarâlden fan dat folk fersprate harren fanút in kerngebiet yn Sintraal-Jeropa (it hjoeddeistige Súd- Dútslân en Eastenryk) yn westlike en eastlike rjochting. Om it begjin fan ús jiertelling befolke Keltyske stammen de Britske Eilannen, Frankryk, it Ibearysk Skiereilân en parten fan Midden-Jeropa en de Balkan. Fan komôf wie it in Yndogermaanske ras, ôfkomstich út it suden fan Sintraal- Aazje.

De Keltyske taal heart by de Yndo-Jeropeeske talen. Troch de ynfloeden fan bûtenôf hie de Keltyske beskaving in heterogeen karakter.

Kenmerkjend foar de opelkoar folgjende Keltyske kultueren binne de Hallstatt-kultuer, de La Tène-perioade folge troch de Gallo-Romeinske perioade (sjoch op it kaartsje hjirneist).

Kollum

Kollum is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Oant de gemeentlike weryndieling fan 2019 wie Kollum it haadplak fan de gemeente Kollumerlân. It is in flekke mei in lytsstêdlik karakter en in ynwennertal fan likernôch 5.500 ynwenners.

Kollum is yn de betide midsiuwen ûntstien op de râne fan in sânplato. It leit yn de Fryske Wâlden. Dizze wâldstreek rint fan Drachten oant Dokkum. It hie eartids middels de Dwarsryd in iepen ferbining mei see dy't letter troch bediking ferlern gien is.

Mei't Kollum op in krusing fan wegen lei, koe it him yn de 17e en 18e iuw dochs ûntwikkelje ta in sintrumplak, mei lytsstêdske alluere, dêr't de hannel en skipfeart bloeiden. De oanlis fan de Strobosser Trekfeart yn de midden fan de 17e iuw hat dêr ta bydroegen.

Monumintesoarch omskriuwt it haadplak fan Kollumerlân as in weidoarp. De haadwei, de Foarstrjitte, is de trochgeande wei yn it sintrum fan Kollum. De Foarstrjitte kruset de Sylsterryd. Dizze krússtruktuer is yn de Midsiuwen ûntstien en hat him yn de rin fan de skiednis bestindige. Kollum hat in beskerme doarpsgesicht.

De hannel en skipfeart soargen der foar dat him yn Kollum in soarte fan stedsfrysk ûntwikkele, it Kollumersk.

As flekke beskikte Kollum eartiids oer in rjochthûs.

Koloanje

Dizze side giet oer it steatkundige begryp 'koloanje'. Foar oare betsjuttings, sjoch: koloanje (betsjuttingsside).In koloanje (fan it Latynske colonia) is yn 'e polityk en de skiednis in gebiet dat ûnder it direkt polityk bestjoer stiet fan in steat dy't ornaris op oansjenlike geografyske ôfstân leit. In koloanje ûnderskiedt him fan it memmelân faak troch dy ôfstân, mar benammen troch it feit dat it in gebiet is dat troch it memmelân eksploitearre wurdt foar syn natuerlike helpboarnen, lykas grûnstoffen of lânbougrûn. As in lân mear as ien koloanje hat, kin sprutsen wurde fan in koloniaal ryk. It stribjen nei de fêstiging fan koloanjes hjit kolonialisme; it proses fan it stiftsjen fan in koloanje hjit kolonisaasje.

New York (stêd)

De stêd New York, of New York City (offisjeel City of New York), en byneamd The Big Apple, is de grutste stêd fan de Feriene Steaten fan Amearika en leit yn de steat New York. De stêd is in sintrum fan ynternasjonale hannel, polityk, kommunikaasje, muzyk, moade en kultuer. Mei in grut tal goede museums, galeryen, poadia, media, ynternasjonale koöperaasjes en gruthannels is New York, njonken, Londen, Parys en Tokio, ien fan de fjouwer wichtichste stêden op 'e wrâld.

Snits (gemeente)

Dizze side giet oer de eardere gemeente Snits. Foar de stêd, sjoch: Snits.Snits (Nederlânsk en offisjeel: Sneek) is in eardere gemeente 'e Súdwesthoeke fan Fryslân, dy't bestie út 'e stêd Snits mei syn klokslach en (sûnt de gemeentlike weryndieling fan 1984) trije doarpen, te witten: Ysbrechtum, Loaiïngea en Offenwier. De gemeente hie op 1 jannewaris 2010 in befolking fan 33.427 minsken, en besloech in oerflak fan 34,03 km², wêrfan 3,4 km² oerflaktewetter. Snits krige yn 1292 stedsrjochten, wat beskôge wurde kin as it bejin fan it gemeentlik bestjoer. Op 1 jannewaris 2011 fúzjearre de gemeente Snits mei de gemeenten Boalsert, Nijefurd, Wymbritseradiel en Wûnseradiel ta de nije gemeente Súdwest-Fryslân, wêrfan't de stêd Snits it haadplak waard.

Starum

Dizze side giet oer de stêd Starum. Foar de eardere gemeente, sjoch: Starum (gemeente).Starum (Stavoren), is in stêd yn de gemeente Súdwest-Fryslân, mei 996 ynwenners (1 jannewaris 2003). Oant 2011 lei Starum yn de eardere gemeente Nijefurd. De stêd leit op de súdwestpunt fan Fryslân, oan trije kanten beheind troch it wetter fan de Iselmar.

Stêd

In stêd is in foarm fan bewenning dêr't in grut tal fan huzen ticht byelkoar stiet en in grut tal fan mienskiplike foarsjennings beskikber is foar de eigen ynwenners en foar de ynwenners fan plakken yn de omkriten.

Yn de midsiuwen wie it skaaimerk fan in stêd de stêdsrjochten, it rjocht op in eigen bestjoer, in eigen wetjouwing en in eigen rjochtspraak. De measte stêden krigen dy rjochten, as ien stêdsrjocht of by ienen, fan in hear oer it gebiet. Foar Nederlân wie dy hear de Kening fan it Dútske Ryk, mar dy hie dat rjocht ek oan oaren jûn.

Stêden koenen lykwols ek oarrewei stêdsrjochten krije. Fan plakken dy't út in eardere stêd groeid wienen, lykas fral yn Súd-Europa eardere Romeinske stêden, waard oannaam dat dy hieltiid noch stêd wienen en stêdsrjocht hienen. En ek wie it mooglik dat in stêd ûntstie om't it lân deromhinne in plak as stêd beskôge. Dit is bygelyks yn Fryslân bard, dêr't de ynfloed fan de kening net grut wie. Stêden hienen faak in stêdsgrêft, stêdswâlen en stêdspoarten. Yn 1851 waard yn Nederlân it ferskil tusken stêden en oare ienheden yn de tredde laach fan bestjoer weimakke troch de Gemeentewet.

Oan de ein fan de 19e iuw begûnen, njonken de stêd sels, ek de plakken yn de omkriten fan de stêd te groeien, en skaaimerken fan stêdsbebouwing oan te nimmen, wylst se foar de foarsjennings rjochte bleaunen op de stêd. Somtiden waarden dy part fan de stêd sels, somtiden waarden dy ta foarstêden. In foarstêd dy't meast eigen wurkgelegenheid en eigen foarsjennings hat en hast allinnich foar kulturele foarsjennings op de oarspronklike stêd rjochte is, hjit in satellytstêd, wylst in foarstêd dy't hast allinnich mar troch op-en-del-reizgers bewenne wurdt in sliepstêd is.

Foar grutte stêden is yn de 20e iuw it gehiel fan stêd en foarstêden sa grut wurden dat it sintrum de ferkearsdruk net mear oan kin. Hjirtroch ferskoot de yndustry nei de bûtenkant fan de stêd. Ek de hannel ferskoot nei bûten, wylst yn de binnenstêd de klam op tjinstferliening en kultuer komt.

Sweden

Sweden, offisjeel it Keninkryk Sweden (Sweedsk: Konungariket Sverige), is in Skandinavysk lân yn Noard-Jeropa. Sweden grinzget oan Finlân en Noarwegen en is troch de Sontbrêge ferbûn mei Denemark. Wat oerflak oanbelanget is Sweden it fyfde grutste lân yn Jeropa. It hat likernôch 10,1 miljoen ynwenners en de haadstêd is Stokholm.

Sweden is in konstitúsjonele monargy mei in parlemintêre demokrasy. It is sûnt 1946 lid fan de Feriene Naasjes en sûnt 1995 fan de Jeropeeske Uny. Tegearre mei de oare Skandinavyske lannen foarmet Sweden de Noardske Ried. It is yn tsjinstelling ta Denemark en Noarwegen lykwols net lid fan de NAFO.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.