Geografyske koördinaten

Geografyske koördinaten binne koördinaten wêrmei't in plak op de ierde fêstlein wurdt. De ierde is geografysk ferparte troch meridianen en breedtesirkels (lykas de evener).

De easter- of westerlingte fan in plak is de hoeke tusken de meridiaan fan dat plak en de meridiaan fan Greenwich yn Ingelân. De noarder- of suderbreedte is de ôfstân yn graden oant de evener, by de meridiaan del mjitten.

WorldMapLongLat-eq-circles-tropics-non
Kaart fan de ierde mei de meridianen en de breedtesirkels.
Drinte

Drinte (Nederlânsk: Drenthe) is in provinsje fan Nederlân, en waard as sadanich oprjochte yn 1814. It hat 646.092 ynwenners (augustus 2015), en in oerflak fan 2680,37 km².

Flevolân

Flevolân (Nederlânsk: Flevoland) is in provinsje fan Nederlân en waard as sadanich oprjochte yn 1986. It hat in oerflak fan 1.419 km².

Gelderlân

Gelderlân (Nederlânsk: Gelderland) is in provinsje fan Nederlân, en bestiet as sadanich sûnt 1814. It hat 1.970.865 ynwenners (1 jannewaris 2005), en in oerflak fan 5340,41 km².

De provinsje leit tusken yn it suden Limburch en Noard-Brabân, yn it westen Súd-Hollân en Utert, yn it noarden Flevolân en Oerisel, en yn it easten Dútslân. De haadstêd is Arnhim. De grutste stêd is Nijmegen. De lytsere stêden: Apeldoarn, Sutfen, Hurderwyk, Tiel en Doetinchem.

Laytonville Rancheria

De Laytonville Rancheria (Ingelsk: Laytonville Rancheria) is it Yndianereservaat fan 'e federaal erkende Kato Yndianestamme fan de Laytonville Rancheria (Cahto Indian Tribe of the Laytonville Rancheria) yn Mendocino County, yn it noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Dat reservaat, dat soms ek wol de Kato Rancheria (Cahto Rancheria) neamd wurdt, hat de foarm fan in rancheria. It haadplak is it doarp Laytonville, dat bûten it eigentlike reservaat leit.

Limburch (Nederlân)

Limburch (Nederlânsk: Limburg, Limburchsk: Limbörg) is in provinsje fan Nederlân mei in oerflak fan 2070,04 km². As provinsje ûntstie Limburch yn 1866 út it Hartochdom Limburch (in lidsteat fan it Dúsk Bûn), dat sels yn 1839 ûntstien wie by de dieling fan Limburch.

Yn Limburch leit de Faalserberch, it heechste punt fan Nederlân, 321,5 meter boppe NAP.

Noard-Brabân

Noard-Brabân (Nederlânsk: Noord-Brabant) is in provinsje fan Nederlân, dy't as sadanich bestiet sûnt 1814. It hat 2.470.184 ynwenners (septimber 2012) en in oerflak fan 5189,06 km². De haadstêd fan de provinsje is 's-Hertogenbosch, mar it grutste plak is Eindhoven.

Oerisel

Oerisel (Nederlânsk: Overijssel) is in provinsje fan Nederlân, dy't as sadanich bestiet sûnt 1814. It hat 1.138.571 ynwenners (30 septimber 2012), en in oerflak fan 3531,13 km².

Oerisel leit tusken yn it suden en súdwesten Gelderlân, yn it westen Flevolân, yn it noarden Fryslân en Drinte en yn it easten Dútslân. De haadstêd is Swol. De grutste stêd is Ynskedee. Njonken Nederlânsk wurde yn Oerisel Nedersaksyske dialekten sprutsen.

Round Valley Yndianereservaat

It Round Valley Yndianereservaat (Ingelsk: Round Valley Indian Reservation) is it Yndianereservaat fan 'e federaal erkende Round Valley Yndianestammen (Round Valley Indian Tribes) yn Mendocino County, yn it noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Yn dit reservaat wenje sûnt de twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw in stikmannich ûnderskate Yndiaanske etnyske groepen gear. It haadplak is it doarp Covelo, dat bûten it eigentlike reservaat leit.

Seelân

Seelân (Nederlânsk: Zeeland) is in provinsje fan Nederlân, dy't as sadanich bestiet sûnt 1814. It hat 381.202 ynwenners (30 septimber 2012), en in oerflak fan 3404,03 km².

Strân

Dizze side giet oer strân yn 'e sin fan 'e sânige kuststripe. Foar oare betsjuttings, sjoch: strân (betsjuttingsside).In strân is in stripe lân mei in bytsje of gjin fegetaasje by in wetter (in see, oseaan of in mar) lâns. In strân rint nei de see ta ôf en giet oer yn de seeboaiem.

Meastentiids bestiet in strân út benammen sân ('sânstrân'), soms út benammen keizels ('keizelstrân') of skulpen ('skulpestrân'). Guon strannen besteane út fulkanysk sân en binne swart fan kleur. In strân is in bytsje of net begroeid, hoewol't op rêstige strannen, lykas op it eilân Skiermûntseach en by Nieuwvliet yn Siuwsk-Flaanderen der lokaal wol wat sâltplanten groeie, en wat helmgers. Soms wurde ek mooglike oanwêzige dunen ta it strân rekkene. In kuststripe dy't út fêster materiaal bestiet, lykas rotsen, of dy't begroeid is, wurdt faak ouwer neamd.

In strân by in see of oseaan lâns, rint (diels) ûnder wetter as it floed is. Meastal bliuwt in grut stik strân drûch, mar by útsûnderlike omstannichheden (springfloed ), oanlannige wyn) kin it heule strân ûnderstrûpe. De boppegrins fan it strân (dêr't de begroeiïng begjint) jout dus ek oan hoe fier it wetter komme kin.

Op in strân oan in see of oseaan fynt men oer it generaal seewier, skulpen en kwallen. Ek spiele in soad oare dingen oan, lykas wrekhout, ôffal, dingen dy't fan skippen ôffallen binne. Strânjutters sykje om weardefolle dingen dy't op it strân te finen binne. Earder ( Midsiuwen) bestie it strânrjocht: it rjocht fan de lânhear of de lokale befolking op alles wat op it strân oanspielde. Tsjintwurdich bliuwt yn de measte westerske lannen dat wat oanspielt fan de rjochthawwende (meast de eigener).

In strân wurdt faak brûkt as rekreaasjegebiet, benammen by't simmer. Der kin dan sinnebaaid, yn de see swommen, sânkastielen boud wurde en folle mear. Sylweinride en strânfollybal binne typyske strânsporten. Hjerstmis wurdt it strân brûkt om út te waaien.

Om derfoar te soargjen dat alle aktiviteiten op it strân feilich ferrinne stelle strângemeenten faak frijwillige rêdingsbrigades of betelle strânwachten oan om tafersjoch te hâlden. Dy helpferlieners hâlde net allinnich tafersjoch en dogge EHBO, se binne ek altiten oan te sprekken op foarljochting en helpe bern dy't harren âlden kwytrekke binne en oarsom. In strân dat foldocht oan bepaalde kritearia oangeande it miljeu en feilichheid kinne in Blauwe Flagge hawwe.

Omdat der simmerdeis faak ferkearsopstoppingen op de rûtes nei it strân ta binne, lizze guon stêden as Amersfoart en Amsterdam sûnt in pear jier tydlike stêdsstrannen oan.

In strân mei in azuerblauwe see, wyt sân en palmbeammen wurdt ek wol in Bountystrân neamd.

Lokaasje-oantsjuttingFoar in lokaasje-oantsjutting op in Nederlânsk strân binne der as systemen:

geografyske koördinaten

kilometerpeallen: in iendiminsjonaal systeem (ôfstân lâns de kust fan it nulpunt ôf), tanimmend nei it suden. Sa is bygelyks de lokaasje fan de Scheveningske pier yn dit systeem 99,45.

ôfstân en rjochting t.o.f. in tichtbylizzend referinsjepunt, faak in strânopgong

Súd-Hollân

Súd-Hollân (Nederlânsk: Zuid-Holland) is in provinsje fan Nederlân, dy't as sadanich bestiet sûnt de âlde Provinsje Hollân yn 1840 midstwa spjalten waard. It hat 3.560.205 ynwenners (30 septimber 2012) en in oerflak fan 3418,50 km².

Utert (provinsje)

Utert (Nederlânsk: Utrecht) is in provinsje fan Nederlân, dy't as sadanich bestiet sûnt 1814. It hat 1.243.161 ynwenners (2012), en in oerflak fan 1535,85 km².

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.