Gemeente (bestjoer)

In gemeente is in groep fan wenkearnen (doarpen, stêden) mei it byhearrende gebiet dy't mei elkoar bestjoerd wurde troch in polityk apparaat. De gemeente is yn de measte lannen de ûnderste laach út de politike bestjoersstruktuer. De lagen boppe de gemeente binne: yn Nederlân de provinsje en de ryksoerheid. Twa gemeenten hawwe dielgemeenten of stedsdielen, dêr't de gemeente yn opdield is. Dit komt foar yn Amsterdam en Rotterdam.

Bestjoer

It deistich bestjoer fan de gemeente wurdt dien troch boargemaster en wethâlders; de gemeenterie hat it bestjoer oer langere tiid. As wurkplak hawwe dizze organen it gemeentehûs, dat meast in it grutste of âldste plak fan de gemeente stiet. Dat plak wurdt dan beskôge as it haadplak fan de gemeente. As it haadplak in stêd is dy't it grutste part fan de gemeente, in stedsgemeente, foarmet, dan wurdt sprutsen fan in stedshûs.

Skiednis

Oant 1851 wie de tredde laach fan bestjoer yn Nederlân opboud út stêden, gritenijen, ambachten en noch oare ienheden. Dat jier waard de Gemeentewet oannaam dy't de histoaryske ferskillen yn de tredde laach fan bestjoer weimakke.

Sjoch ek

Gemeente

"Gemeente" hat yn de Wikipedy ferskate betsjuttings:

gemeente (bestjoer), in bestjoerlike ienheid, trochstrings de leechste bestjoerlike ienheid yn in lân,

gemeente (tsjerke), pleatslike leauwensmienskip eventueel oansluten by in tsjerkegenoatskip,

kadastrale gemeente, in administrative oantsjutting by de kadastrale oantsjutting.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.