Galysje

Galysje (Spaansk: Galicia, Galysysk: Galicia of Galiza) is ien fan de 17 autonome mienskippen fan Spanje en waard as sadanich oprjochte yn 1981. It leit yn it uterste noardwesten fan it lân, en grinzet yn it suden oan Portegal, yn it westen oan de Atlantyske Oseaan, yn it noarden oan de Golf fan Biskaje en yn it easten oan de oare Spaanske regio’s Astuerje en Kastylje en Leön. Haadstêd is Santiago de Compostella, in stêd mei krekt gjin 100.000 ynwenners, grutste stêd fan de regio is lykwols Vigo en de grutste agglomeraasje A Coruña. Yn Galysje wurde twa offisjele talen sprutsen, it Galisysk en it Spaansk.

Galysje
Flagge Wapen
Flag of Galicia Escudo de Galicia
Lokaasje yn Spanje
Localización de Galicia
Algemien
Haadstêd Santiago de Compostela
Oerflakte 29.574
Befolking 2.762.198
Befolkingstichtens 93,78
Oare ynformaasje
Heechste punt {{{Heechste punt}}}
Provinsjes {{{provinsjes}}}

Geografy

Súdeast Galysje makket diel út fan in heechberchtme. Dêrfan binne de los Picos de Ancares (1826 m), de Cabeza de Manzaneda (1787m) en de Peña Trevinca yn de Serra de Queixa (2031m), de grutste piken. Yn Lugo lizze twa grutte natuergebieten, de Ancares en de Courel. It binnenlân wurdt foar in grut part foarme troch grutte boskgebieten. Alle jierren wurdt Galysje wol troffen troch swiere boskbrânen.

By Galysje heare ek de Cíes-eilanden, dy't foarme wurde troch de eilannen Faro, Monteagudo en it eilân fan San Martiño), de archipel fan Ons (foarme troch it eilân Ons en it eiland Onza), de arsjipel fan Sálvora (foarme troch de eilannen Sálvora, Vionta en Sagres), en oare eilannen as Cortegada, Arousa, Sisargas, en Malveiras. In oantal fan dizze eilannen binne beskerme natuergebieten.

Befolking

Galice horreo
In typyske Noard-Spaanske nôtskuorre.

Nettsjinsteande de hege emigraasjesifers fan de 20e iuw is Galysje ien fan de tichtst befolke gebieten fan Spanje. De heechste befolkingstichtens is te finen yn A Coruña (143 ynw./km2) en Pontevedra (207 ynw. /km2). It grutste part fan de befolking libbet op it plattelân, hoewol't de leaste desennia hieltyd mear minsken nei de stêden lutsen.

In grut deel fan de beropsbefolking is wurksum yn de primêre sektor: lânbou, feefokkerij, fiskerij en boskbou.

Bestjoerlike yndieling

Galysje bestiet út fjouwer provinsjes:

Provinsje Befolking Haadstêd Ynwenners
A Coruña 1.129.141 A Coruña 243.320
Lugo 356.595 Lugo 97.635
Ourense 338.671 Ourense 108.137
Pontevedra 943.117 Pontevedra 80.096
grutste stêd: Vigo 293.725
Totaal 2.762.198

Skiednis yn it koart

Santiago Comp 03a
Katedraal fan Santiago de Compostela

Galysje wie al betiid befolke, al sûnt it Paleoliticum wennen der minsken. Yn de 6e iuw f.Kr. kamen de Kelten nei it noardwestlike part fan Spanje dy't letter yn de 2e iuw f.Kr., troch de Romeinen ferslein wurde soene. Hiel Spanje makke diel út fan it Romeinske ryk en it soe mear as sân iuwen by hearre, oant yn de 5e iuw de ynvaazjes folgen fan Sueben, Fandalen en Fisigoaten. Nei de delgong fan it Romeinske ryk, hienen de Sueben in skoftlang in keninkryk yn Galysje oant sy yn 585 ferslein waarden troch de Fisigoaten ûnder lieding fan kening Leovigild en diel útmakken fan it Fisigoatyske ryk.

It Fisigoatyske ryk waard yn de 8e iuw ferneatige en oermastere troch de Moaren. Allinnich it noarden dêr't ek Galysje ta hearde koe ûnôfhinklik bliuwe. Fan de 9e iuw oant de 11e iuw foelen de Wytsingen de Noardwestkust fan Spanje oan.

It Keninkryk Galysje ûntstie tidens de Rekonkwista. It waard ferskate kearen by oare Spaanske keninkriken lutsen, oant de ienwurding fan Spanje.

It feodale systeem en de tsjerklike hiërargy soarge derfoar dat de lêste iuwen, neffens oare Spaanske provinsjes, Galysje hieltyd fierder efter reitsje soe op ekonomysk gebiet.

 
autonome mienskippen fan Spanje
Flagge fan Spanje
Andalûsje - Aragon - Astuerje - Baleären - Baskelân - Ekstremadoera - Falinsia - Galysje - Kanaryske Eilannen - Kantaabrje - Kastylje en Leön - Kastylje-La Mansja - Kataloanje - Madrid - Moersia - Navarra - La Riocha - Seûta - Melilla
1065

1065 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Juliaanske kalinder foar 1065.)

1936

1936 is in skrikkeljier dat begjint mei in woansdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1936.)

Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1930-er jierren.

24 desimber

24 desimber is de 358e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 359e). Der folgje noch 7 dagen oan 'e ein fan it jier ta.

24 desimber is Krystjûn, de deis (jûns) foarôfgeande oan it krystfeest

925

925 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Juliaanske kalinder foar 925.)

926

926 is in gewoan jier dat begjint mei in snein. (Juliaanske kalinder foar 926.)

Aragon

Aragon (Spaansk: Aragón) is ien fan de 19 selsstannige Spaanske regio's, en bestiet sûnt 1982. De haadstêd is Saragossa.

Astuerje

It Prinsdom Astuerje (Spaansk: Principado de Asturias, Astuerysk: Principáu d'Asturies) is ien fan de 17 selsstannige regio’s fan Spanje en leit yn it noardwesten fan it lân. Astuerje, dat yn syn hjoeddeiske foarm oprjochte waard yn 1982, is sawol in selsstannige regio as in provinsje.

Baleären

De Baleären (Katalaansk: Illes Balears, of gewoan Les Illes, Spaansk: Islas Baleares of Baleares) is in groep eilannen yn de Middellânske See, eastlik fan Spanje. It is ien fan de 17 selsstannige autonome mienskippen fan Spanje (sûnt 1983) en is ek provinsje. Haadstêd fan de Baleären is Palma de Mallorca.

De Baleären bestean út seis eilannen, wêrfan Majorka, Minorka, Ibytsa en Formenteara de grutste binne. De lytsere eilannen binne de Cabrera-eilannen en Dragonera, dy't beide ûnder Majorka falle. Ibytsa en Formenteara, dy't de westlike Baleären foarmje, wurde tegearre de Pityusen of Pynbeameilannen neamd.

Ferdinand III fan Kastylje

Ferdinand III ek wol El Santo (de hillige), (1199 of 1201 – 30 maaie, 1252) wie kening fan Kastylje (1217–1252) en Leon (1230–1252). Yn 1231, ferienige hy Kastylje en Leon definityf. Yn it ferline wiene dizze keninkriken al ris faker feriene, mar letter wer útelkoar fallen.

Ferdinand wie in grut part fan syn regear dwaande mei it fjochtsjen tsjin de Moaren. Hy oerweldige de stêden Córdoba yn 1236, Jaén yn 1246, and Sevilla yn 1248, en hy besette Murcia yn 1243, wêrtroch hast hiel Spanje op de Moaren werompakt wie. Allinnich Granada wie doe noch yn hannen fan de Moaren.

Filips de Skiene

Filips de Skiene, yn Spanje Filips I fan Kastylje neamd (Brugge, 22 july 1478 - Burgos, 25 septimber 1506), wie de soan fan Maksimiliaan fan Eastenryk en fan Marije fan Boergonje.

Filips erfde fan syn heit it grutste part fan it Hartochdom Boergonje en fan syn mem de Boergondyske Nederlannen (as Filips IV), en siet koart op de troan fan de Kroan fan Kastylje omdat er boaske wie oan keninginne Joanna fan Kastylje, dy't ek erfgenamt fan de Kroan fan Aragon wie. Filips wie de earste Habsburchske moarch yn Spanje. Hy erfde nea de fierdere gebieten dêr't syn heit oer hearske en waard ek gjin Keizer fan it Hillige Roomske Ryk omdat er earder as syn heit stoar, mar syn soan keizer Karel V slagge it om de Habsburchske, Boergondyske, Kastyljaanske en Aragoneeske besittingen te ferienigjen.

Jehanna de Sljochtsinnige

Jehanna de Sljochtsinnige, (Spaansk: Juana la Loca) (Toledo, 6 novimber 1479 - Tordesillas, 12 april 1555), wie in dochter fan de katolike keningen Ferdinand II fan Aragón en Isabella I fan Kastylje en in âldere suster fan Katarina fan Aragon. Sy wie mem fan twa keizers en fjouwer keninginnen.

Jehanna wie de earste regearjende keninginne oer sawol de Kroan fan Kastylje (1504–55) en de Kroan fan Aragon (1516–55), in uny dy't resultearre yn it moderne Spanje. Neist de keninkriken fan Spanje, hearske sy ek oer Sardynje, Sisylje en Napels yn Itaalje; fierders oer de Spaanske koloniale besittingen yn Amearika; wie sy Grevinne fan Boergonje en de Boergondyske Nederlannen. Sy wie de lêste foarstinne fan it Hûs fan Trastamara en mei har houlik mei Filips de Skiene begûn it hearskjen fan de Habsburgers oer Spanje. It grutstepart fan har lange regear stie sy ûnder it regintskip fan of har man, of heit en soan, en waard lange tiid fêsthâlden in in nonnekleaster fanwege har (ûnderstelde) geastlike sykte.

Keninkryk Leön

It keninkryk Leön wie in midiuwsk kristlik foarstedom, dat yn it noardwesten fan it Ibearysk Skiereilân leit. It kaam wei út it keninkryk Astuerje, wie it grutste part fan syn bestean feriene mei it keninkryk Galysje (it gehiel wurdt dêrom ek wol Leön-Galysje of Galysje-Leön neamd) en brocht it keninkryk Kastylje fuort, dêr't it yn 1230 (definityf yn 1301) mei feriene waard yn de Kroan fan Kastylje. Yn de 11e iuw skiede it keninkryk Portegal him ôf, dêr't de bannen yn 1835 definityf mei ferbrutsen waarden.

Kwaden

De Kwaden (of Latyn Quadi) wie in nomadyske Germaanske stam dy't yn de earste iuwen nei Kristus rôverstochten holden troch it tsjintwurdige Súd-Dútslân, West-Tsjechje en Eastenryk. Sy wienen in part fan it gruttere losse stamferbân fan de Sueben, dêr't ek de Markomannen ta hearden. Tegearre lutsen sy in ferwoastend spoar troch de Balkan.

Om 150 hinne slagget de Romeinske keizer Antoninus Pius dêryn de Kwaden oan him te binen troch in kening oer harren te beneamen dy't loyaal wie oan Rome. Lykwols soe dy loyaliteit net lang duorje. Yn 166 foel in alliânsje fan Kwaden, Markomannen en Sarmaten it Romeinske Ryk yn. Dizze kriich - dy't bekend stiet as de Markomannenoarloch - wie in tige serieuze bedriging foar Rome sadat keizer Markus Aurelius him nei it front ta sette om de legers oan te fieren.

De neikommende iuwen bleaune de Kwaden in oanhâldende boarne fan argewaasje foar de Romeinen en lutsen sy wol gauris de grinzen oer. Yn de rin fan 4e iuw wienen der faak gefjochten tusken de Romeinske legers en in ferbûn fan Kwaden, Sarmaten en Goaten. Yn 375 koe keizer Falentinianus I harren lykwols foar fêst ferslaan. In grut part fan de Kwaden gong doe op yn it folk fan de Fandalen en soe letter mei ferfarre nei Galysje op it Iberyske skiereilân. It oare part fan de Kwaden gong op yn it folk fan de Langobarden. Hjirmei kaam in ein oan de politike, militêre en kulturele ienheid fan de Kwaden.

List fan keningen fan de Suëven

Dit is in list fan keningen fan de Suëven.

Poalen

Poalen is in lân yn Midden-Europa. De haadstêd is Warsjau en de presidint fan de republyk waard yn 2015 Andrzej Duda.

Reconquista

Dizze side giet oer de Reconquista fan it Ibearysk Skiereilân yn 'e Midsiuwen. Foar oare betsjuttings, sjoch: Reconquista (betsjuttingsside).De Reconquista (Spaansk/Portegeesk foar Werovering; Arabysk: الاسترداد al-ʼIstirdād) wie in perioade fan ûngefear 800 jier yn de Midsiuwen wêryn't it in pear kristlike keninkriken op it Ibearysk Skiereilân slagge om de moslims fan it skiereilân te ferdriuwen.

De islamityske oerweldiging fan it Fisigoatyske keninkryk yn de 8e iuw brocht it skiereilân foar it grutste part ûnder islamitysk hearskippij, útsein it uterste noarden, Galysje, Astuerje, Kantaabrje en Baskenlân. Nei iuwen fan oarloggen wie yn de 13e iuw allinnich noch it Keninkryk Granada oer dat yn 1492 ferovere waard, wêrmei't it Ibearysk Skiereilân wer hielendal yn kristlike hannen wie.

Der bestiet ek in Latynsk-Amerikaanske Reconquista dy't him om it jier 1810 ôfspile yn Fenezuela, Kolombia en Meksiko.

Santiago de Compostela

Santiago de Compostela (letterlik oerset: Sint Jabik fan Kompostela ) is de haadstêd fan Galysje (Spanje). As gemeente hat Santiago de Compostela 92.298 ynwenners (2004).

Spanje

Spanje is in lân yn Súdwest-Jeropa op it Ibearysk Skiereilân. De haadstêd is Madrid. It lân is in monargy mei Felipe VI sûnt 2014 as kening.

Suëven

De Suëven of Suëben (Latynsk: Suebi) wie in West-Germaansk folk dat sawat oan it begjin fan de jiertelling by de Eastsee (Mare Suebicum yn it Latyn) wenne hat. Neffens guon is de namme foar Sweden fan dy namme ôflaat en is it oannimlik dat it stamferbân út ferskeidene stammen bestie, dêrûnder de Kwaden, de Markomannen, de Allemannen, de Hermunduren, de Langobarden en de Semnoanen. Yn de 5e iuw en 6e iuw hienen sy in keninkryk yn Spanje.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.