Fise-admiraal

In fise-admiraal is in opperofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de marine; de ekwivalinte rang by de lânmacht, de maresjesee en de mariniers is luitenant-generaal, en de ekwivalinte rang by de loftmacht is luitenant-generaal of loftmaarskalk. De oansprektitel fan in fise-admiraal is "admiraal". De boppelizzende rang is admiraal (mar yn Nederlân luitenant-admiraal), en de ûnderlizzende rang is skout-by-nacht. De letterlike betsjutting fan 'fise-admiraal' is (krekt as by 'luitenant-admiraal') "plakferfanger fan 'e admiraal".

Yn 'e tiid fan 'e sylskippen wie de fise-admiraal dejinge dy't it befel fierde oer it foarste eskader fan 'e float, dat it earste mei de fijân yn gefjocht rekke. Yn 'e praktyk is by de Nederlânske marine de rang fan fise-admiraal tsjintwurdich de heechst helbere. De rang fan admiraal bestiet nammentlik formeel net mear en de rang fan luitenant-admiraal wurdt noch mar selden beklaaid (inkeld as de kommandant der striidkrêften ôfkomstich is út 'e marine.

Skematysk oersjoch

Oersjoch fan 'e fise-admiraalsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen:

lânmacht
en mariniers
marine loftmacht
luitenant-generaal fise-admiraal luitenant-generaal
of loftmaarskalk

Yn 'e Nederlânske kriichsmacht

(oansprektitels kursyf werjûn)

Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar)
NATO rang OF-8
Nl-landmacht-luitenant generaal.svg luitenant-generaal
generaal
Nl-marine-vloot-vice-admiraal.svg fise-admiraal
admiraal
(by it Korps Mariniers: luitenant-generaal)
Nl-luchtmacht-luitenant generaal.svg luitenant-generaal
generaal
Nl-marechausee-luitenant generaal.svg luitenant-generaal
generaal

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

13 maaie

13 maaie is de 133e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 134e). Der folgje noch 232 dagen oan 'e ein fan it jier ta.

1649

1649 is in gewoan jier dat begjint mei in freed. (Gregoriaanske kalinder foar 1649.)

1658

1658 is in gewoan jier dat begjint mei in tiisdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1658.)

1828

1828 is in skrikkeljier dat begjint mei in tiisdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1828.)

1891

1891 is in gewoan jier dat begjint mei in tongersdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1891.)

29 maart

29 maart is de 88e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 89e). Der folgje noch 277 dagen oan 'e ein fan it jier ta.

Admiraal

In admiraal is in opperofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de marine; de ekwivalinte rang by de lânmacht, de maresjesee en de mariniers is generaal, en by de loftmacht generaal of opperloftmaarskalk. Yn 'e Nederlânske kriichsmacht is rang fan admiraal (eins fan oarsprong admiraal-generaal, dat "algemien admiraal" betsjut) yn ûnbrûk rekke en ferfongen troch luitenant-admiraal. Yn 'e measte kriichsmachten dy't de rang fan admiraal hawwe, is it mei-iens ek de heechste marinerang, hoewol't guon in noch hegere rang kenne, lykas grutadmiraal of admiraal fan de float. It wurd 'admiraal' is in lienwurd út it Arabysk, en is ôflaat fan amir al-bahr, dat letterlik 'kommandant-op-see' betsjut.

As de term 'admiraal' sûnder fierdere tafoeging brûkt wurdt, giet it om wat wol oantsjut wurdt as in 'fjouwerstjerre-admiraal', dy't sa neamd wurdt om't de rangûnderskiedingstekens faak fjouwer stjerren omfetsje. Behalven de al neamde luitenant-admiraal, in typysk Nederlânske rang dy't ekwivalint is oan in 'folle' admiraal yn bûtenlânske marines, besteane der noch trije legere gradaasjes fan admiraals: fise-generaal (trije stjerren), skout-by-nacht (2 stjerren) en kommandeur (1 stjer). Yn guon marines komt fierders ek noch in ekstra gradaasje foar, de flottylje-admiraal, dy't tusken skout-by-nacht en de kommandeur yn stiet. Admiraals, luitenant-admiraals en fise-admiraals wurde oansprutsen mei "admiraal", wylst skouten-by-nacht oansprutsen wurde mei "skout-by-nacht" en kommandeurs mei "kommandeur". It skip fan in admiraal wurdt it flaggeskip fan in float neamd.

Falklânoarloch

De Falklânoarloch wie yn 1982 in wapene konflikt tusken it Feriene Keninkryk en Argentynje. Ynset tusken april en juny 1982 wie de Falklâneilannen, troch Argentynje Islas Malvinas neamd, en Súd-Georgje mei de Súdlike Sandwicheilannen. De oanfal fan Argentynje op de Falklâneilannen wie in ferassing foar Grut-Brittanje. De Britten setten in tsjinoanfal yn en de eilannen bleaunen Britsk, wat ek de winsk fan de lokale befolking wie. Mei it ferlies fan Argentynje kaam de tiid fan de junta (militêre diktatuer) ta in ein en it lân krige in demokratysk bestjoer.

Generaal

In generaal is in opperofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers; de ekwivalinte rang by de marine is yn prinsipe admiraal. (Yn 'e Nederlânske kriichsmacht, dêr't de rang fan admiraal yn ûnbrûk rekke is, is it ekwivalint fan generaal by de marine eins luitenant-admiraal.) Guon lannen, wêrûnder Grut-Brittanje en ferskate oare lidsteaten fan it Britske Mienebêst, hawwe foar generaal by de loftmacht ynstee de rang opperloftmaarskalk (air chief marshal). Yn 'e measte legers dy't de rang fan generaal hawwe, is it mei-iens ek de heechste rang, hoewol't guon in noch hegere rang kenne, lykas maarskalk, fjildmaarskalk of generaal fan it leger ('fiifstjerregeneraal'). De term 'generaal' is eins in ôfkoarting fan it ferâldere kaptein-generaal, dat yn it begjin fan 'e santjinde iuw yn gebrûk wie, en wêrby't de tafoeging 'generaal' safolle betsjut as "algemien" (dus 'algemien kaptein').

As de term 'generaal' sûnder fierdere tafoeging brûkt wurdt, giet it om wat wol oantsjut wurdt as in 'fjouwerstjerregeneraal', dy't sa neamd wurdt om't de rangûnderskiedingstekens fjouwer stjerren omfetsje. Der besteane noch trije legere gradaasjes fan generaals: luitenant-generaal (trije stjerren), generaal-majoar (twa stjerren) en brigadegeneraal (ien stjer). Yn guon legers komt de brigadegeneraal net foar. It Dútske leger, oan 'e oare kant, hie oant 1945 noch in ekstra gradaasje, de kolonel-generaal (Generaloberst), dy't tusken generaal (mei fjouwer stjerren) en fjildmaarskalk yn stie. Alle gradaasjes fan generaals wurde oansprutsen mei "generaal".

Johan Binkes

Johan Willem Binkes (Boalsert, 13 maaie 1828 - De Haach, 29 maart 1891) wie in Nederlânsk fise-admiraal, kommandant fan de Seemacht yn Nederlânsk-Ynje en ridder en offisier yn de Militêre Willems-Oarder.

John Shakespeare

John Shakespeare (±1531 – 7 septimber 1601) wie de heit fan 'e ferneamde Ingelske toanielskriuwer en dichter William Shakespeare, en in foaroansteand boarger fan Stratford-upon-Avon, yn it greefskip Warwickshire, dêr't er ferskate iepenbiere amten ferfolle. Yn 'e achttjinde iuw doek der in dokumint op dêr't út bliek dat er nei alle gedachten temûk roomsk wie, wat yn 'e Elizabetaanske Tiid strang ferbean wie.

List fan militêre rangen fan de Nederlânske kriichsmacht

Dit is in List fan militêre rangen fan de Nederlânske kriichsmacht. De Nederlânske Striidkrêften kenne ferskate rangen. Dy binne fêststeld by it Keninklik Beslút fan 20 juny 1956, wêryn't de folchoarder en ûnderlinge ferhâlding bepaald waard fan 'e "rangen en stannen by de see-, de lân- en de loftmacht". It oangeande Keninklik Beslút waard ûndertekene troch keninginne Juliana en de ministers fan Oarloch en Float Kees Staf en fan Justysje Julius Christian van Oven.

De ûnderskate ûnderdielen fan 'e Nederlânske kriichsmacht omfiemje, yn folchoarder fan ôfrinnende hichte, de rangen sa't dy yn 'e tabel hjirûnder werjûn binne. Dêrby steane de oansprektitels kursyf fermeld. De oantsjuttings OF-1 t/m OF-10 en OR-1 t/m OR-10 jouwe de hichte fan 'e rang yn NATO-ferbân oan. En oangeande de rangûnderskiedingstekens moat fernijd wurde dat dy by de Militêre Administraasje en de Kavalery net yn goud mar yn sulver droegen wurde by de rangen fan sersjant/wachtmaster oant en mei sersjant-majoar/opperwachtmaster. De korporaalsrangen wurde by dy ûnderdielen yn wyt droegen.

Luitenant-admiraal

In luitenant-admiraal is in opperofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan guon lannen, yn 't bysûnder Nederlân. Dizze rang komt foar by de Keninklike Marine, dêr't er de âldere rang fan admiraal frijwol hielendal ferfongen hat. Bûtenlânske marines kenne yn 'e regel wol de rang fan admiraal, mar net dy fan luitenant-admiraal. Yn 'e Nederlânske kriichsmacht is de luitenant-admiraal by de marine ekwivalint oan generaal by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers. De oansprektitel fan in luitenant-admiraal is "admiraal". De boppelizzende rang is admiraal, en de ûnderlizzende rang is fise-admiraal. De letterlike betsjutting fan 'luitenant-admiraal' is "plakferfanger fan 'e admiraal".

Hoewol't oant yn 'e santjinde iuw eltse Nederlânske admiraliteit (Fryslân, West-Fryslân, Amsterdam, Rotterdam en Seelân) noch in eigen luitenant-admiraal beneamde, is dizze rang no sa goed as útstoarn. Inkeld as de kommandant fan de striidkrêften ta de marine heart, wurdt de rang fan luitenant-admiraal noch beklaaid.

Luitenant-generaal

In luitenant-generaal is in opperofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers; de ekwivalinte rang by de marine is fise-admiraal. Guon lannen, wêrûnder Grut-Brittanje en ferskate oare lidsteaten fan it Britske Mienebêst, hawwe foar luitenant-generaal by de loftmacht ynstee de rang loftmaarskalk (air marshal). De oansprektitel fan in luitenant-generaal is "generaal". De boppelizzende rang is generaal, en de ûnderlizzende rang is generaal-majoar. In luitenant-generaal fiert it befel oer in legerkorps. De letterlike betsjutting fan 'luitenant-generaal' is "plakferfanger fan 'e generaal".

Maarskalk

In maarskalk of fjildmaarskalk is in opperofsier fan 'e heechste rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in beheind tal lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht en de maresjesee; de ekwivalinte rang by de marine is grutadmiraal of admiraal fan de float. It wurd 'maarskalk' komt oarspronklik fan it Aldfrankyske *marhscalc of *marhskalk, fan *marha ("hynder", ferlykje 'merje') en scalc of skalk ("jonge"). De oarspronklike etymology fan it wurd 'maarskalk' is dus "stâljonge".

Yn 'e militêre rangoarder stiet in maarskalk boppe in generaal, en fiert er yn prinsipe it befel oer legergroepen dêr't ferskate legers yn gearbrocht binne. Dêrmei is it de heechste rang dy't der bestiet, hoewol't de rang fan maarskalk yn 'e measte kriichsmachten fan 'e wrâld net foarkomt, sadat de rang fan generaal ornaris it heechst is. De Nederlânske kriichsmacht ken bgl. gjin maarskalksrang mear; de lêste Nederlânske fjildmaarskalk wie prins Freark, de soan fan kening Willem I, yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw.

Maarskalken komme hjoed oan 'e dei noch foar yn 'e legers fan Bolivia, Brazylje, Fenezuëla, Finlân, Frankryk, Grut-Brittanje, Itaalje, Nij-Seelân (allinnich by de loftmacht), Paraguay, Perû, Poalen, Roemeenje, Ruslân en Turkije. Yn 'e Britske striidkrêften komt by de lânmacht de fjildmaarskalk (field marshal) foar en by de loftmacht de maarskalk. Histoarysk hiene ek de legers fan Dútslân oant 1945 (Generalfeldmarschall), de DDR, Eastenryk-Hongarije (Feldmarschall en Feldmarschalleutnant), Joegoslaavje en de Sovjet-Uny de rang fan maarskalk.

Militêre rangen dy't ekwivalint binne mei dy fan maarskalk komme ek yn guon legers foar, mei as bekendste foarbyld de (tige seldsume) generaal fan it leger ('fiifstjerregeneraal') yn 'e Amerikaanske kriichsmacht. Oare lannen mei ferlykbere rangen binne Egypte en ferskate oare Arabyske lannen (mušir), Fjetnam (nguyên soái of thống chế), Grikelân (stratarches), Iran (artešbod), Japan (gensui), Kroaasje (vrhovnik), Noard- en Súd-Koreä (wonsu), Sina (yuan shuai) en Tailân (chom phon).

Militêre rang

In militêre rang tsjinnet yn in militêre organisaasje ta oantsjutting fan it nivo dat in persoan beset yn it ramt fan 'e hierargyske opbou fan sa'n organisaasje. Dêrmei definiëarret sa'n rang de ûnderlinge relaasje fan leden fan deselde militêre organisaasje. It systeem fan rangen wurdt de kommandostruktuer neamd. By sokke organisaasjes giet it almeast om 'e kriichsmacht, mar ek de plysje en feilichheidstsjinsten hawwe sa'n selde stelsel fan rangen. Yn 'e regel drage de leden fan sokke organisaasjes unifoarmen dêr't harren rang op oanjûn wurdt mei beskate emblemen dy't foar dat doel ûntwurpen binne, en meastal tafoege wurde oan 'e epauletten, de mouwen en/of de kraach.

Skout-by-nacht

In skout-by-nacht is in opperofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de marine; de ekwivalinte rang by de lânmacht, de maresjesee en de mariniers is generaal-majoar, en de ekwivalinte rang by de loftmacht is generaal-majoar of fise-loftmaarskalk. De boppelizzende rang is fise-admiraal, en de ûnderlizzende rang is kommandeur. De oansprektitel fan in skout-by-nacht is "skout-by-nacht".

Yn 'e marines fan 'e measte lannen hjit de skout-by-nacht oars; sa hat de Belgyske marine de difyzje-admiraal en de Angelsaksyske lannen de rear admiral (letterlik "efteradmiraal" of "admiraal fan 'e efterhoede"). Sawol de beneaming 'skout-by-nacht' as it Ingelske rear admiral is ûntliend oan it gebrûk út earder tiid dat de skout-by-nacht tafersjoch hold oer de float as de admiraal ôfwêzich wie of sliepte. Nachts ûntstieken alle skippen in lampe dy't se oan 'e efterstjûne hongen; de skout-by-nacht fear dan efter de float oan sadat er alle lampen yn 'e rekken hâlde koe.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.