Fiksje

Fiksje is de foarm fan lykfol hokker wurk dat yn syn gehiel of foar in part ynformaasje oerbringt oer foarfallen dy't net echt binne, mar ynstee optocht en oan 'e fantasij fan 'e auteur ûntspruten binne. Hoewol't de term "fiksje" by útstek fan tapassing is op romans, novelles en koarte ferhalen, kin it ek ferwize nei poëzij en toanielfoarmen, ynkl. musicals, opera, ballet, film en tillefyzje. It tsjinstelde fan fiksje is non-fiksje, dat útslutend giet oer feitlike foarfallen (of alteast foarfallen wêrfan't oannommen wurdt dat it feitlike foarfallen binne).

L I T E R Ê R E   S J E N R E S
In mooglike yndieling
– Taalsituaasje (monolooch, dialooch)
– Abstrakte ynhâld (al of net narratyf)
– Tematyk (reisferhaal, filosofysk,…)
– Styl (proaza, poëzij, symboalysk,…)
– Lêshâlding (hat te krijen mei de resepsje)
Yndieling neffens ferheljend proaza
Op basis fan lingte Op basis fan ynhâld
– Iendielich Aventoereroman
   – Koart ferhaal Science fiction
   – Novelle Westernroman
   – Roman Skriller
– Meardielich Autobiografy
   – Ferhalesyklus Fantastyske fertelling
   – Romansyklus Grizelferhaal
   – Fúljeton Ridderroman
   – Karelroman
   – Arthurleginde
Goatyske roman
Detektiveroman
Kollektive roman
Sentimintalistyske roman
Briefroman
Skelmeroman
Bildungsroman
Famyljeroman
Streekroman
Tendinsroman
Histoaryske roman
Psychologyske roman
Yndieling neffens poëzij
Epyk Lyryk
   – Epos
   – Roman yn fersen
Yndieling neffens drama (toaniel)
Trageedzje Mystearjespul
Komeedzje Passyspul
Klucht Mirakelspul
Tragikomeedzje Moraliteit
Yndieling neffens mingsjenres
– Mei muzyk: libretto, liettekst Harkspul
– Mei byld: Tekenteltsje Skript of senario foar film / tv
Net-ferheljend proaza
– Ynformatyf – Betogend
   – Artikel    – Essay
   – Ferslach    – Ferhanneling
   – Biografy    – Traktaat
   – Wurdboek    – Opinystik
   – Ensyklopedy    – Kollum
   – Hânboek    – Resinsje
   
– Persoanlik – Dialogen
   – Brief    – Fraachpetear
   – Memoires    – Enkête
   – Autobiografy    – Diskusjefoarum
   – Deiboek
   – Lochboek
   – Bloch
Sakrale teksten
Profetyske tekst
Gebed

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.


Biografy

In biografy (Gryksk: βιος, 'libben') is libbensbeskriuwing fan in persoan, dy’t meast ek publisearre wurdt. De skriuwer fan in biografy is in biograaf.

De term wurdt meast brûkt foar non-fiksje, dat wol sizze in wurk dat immens wiere libben besiket te beskriuwen. Meast giet it om in ferneamd persoan. Foar de Renêssânse wie in biografy meast in opneamen fan immen’s prestaasjes sûnder krityske noaten. Dêrnei wurdt mear stribbe nei objektivens en komme ek negative aspekten fan de persoan op it aljemint.

In biografy is wol ferheljend en wol sa in better ynsicht jaan op de persoalikheid en karakter fan de beskreaune persoan as at in drûge opsomming fan feiten dwaan soe. In biografy fan in hillige hjit in hilligelibben of hagiografy. In koarte biografy fan immen dy't koartlyn ferstoarn is, wurdt in nekrology neamd. Dy term wurdt ek wol brûkt at de skriuwer syn ûnderwerp net kritysk genôch behannelet. As de skriuwer fan in biografy ek it ûnderwerp fan de biografy is, wurdt fan in autobiografy sprutsen.

Essay

In essay is in beskôgjende proazatekst of in artikel yn in krante of tydskrift, wêr't de skriuwer yn op in wittenskiplik ferantwurde wize syn persoanlike fyzje jout op hjoeddeiske ferskynsels, problemen of ûntwikkelingen. Yn it Ingelsk ferwiist de term mear yn it algemien nei in opstel of riddenearring. De Fryske betsjutting komt lykwols fan it Frânske 'essai', wat soksawats betsjut as probearsel. Tsjintwurdich wurdt it wurd ek wol brûkt yn de Ingelske betsjutting, mar it giet yn prinsipe om twa ferskillende kategoryen. De skepper fan dit literêre sjenre wie Michel de Montaigne (1533-1592) dy't yn 1580 syn 'Essais' publisearre.

De Montaigne waard earst neifolge troch Francis Bacon (Essays, 1597). Letter kaam it essay ta bloei yn Dútslân, Frankryk en wer letter yn de Feriene Steaten.

Fryske essayisten wienen ûnder oaren Fokke Sierksma, Bauke de Jong, Anne Wadman, Atte Jongstra en Lolle Nauta.

Yn Nederlân wienen ûnder oaren Conrad Busken Huet, Albert Verwey, Menno ter Braak, Simon Vestdijk, Karel van het Reve, W. F. Hermans en Hugo Brandt Corstius essayisten fan belang.

Fantasy (sjenre)

Fantasy is in sjenre yn 'e literatuer, op 'e tillefyzje en yn films dat yn 'e regel gebrûk makket fan tsjoenderij en oare boppenatuerlike ferskynsels as primêr ûnderdiel fan 'e plot of as motyf of eftergrûn. It kin dêrmei fierhinne as in moderne fuortsetting beskôge wurde fan 'e myten en de mearkes út it ferline. In grut diel fan 'e moderne literêre wurken dy't ta dit sjenre hearre, spylje har ôf yn optochte wrâlden dêr't tsjoenderij de noarm is, al binne der ek withoefolle fantasywurken dy't in oanpaste ferzje fan ús eigen wrâld beskriuwe. Fantasy kin ûnderskaat wurde fan it besibbe sjenre fan 'e science fiction trochdat der gjin wittenskiplike ûnderbouwing plakfynt fan 'e ferhaaleleminten dy't ôfwike fan 'e wurklikheid. Der is lykwols frijwat oerlaping tusken de beide sjenres, dy't sadwaande ek wol gearfoege wurde ûnder de namme spekulative fiksje.

Ferhaal

Dizze side giet oer it ferhaal yn 'e sin fan in fertelling. Foar it literêre sjenre, sjoch: koart ferhaal.In ferhaal, fertelling of teltsje is in rige mei-inoar yn ferbân steande foarfallen dy't wierbard of fiktyf fan aard binne, en dy't ornaris werjûn wurde as in opienfolging fan sprutsen of skreaune wurden en/of stille of bewegende bylden. De eigenskipswurdlike foarm fan 'ferhaal' is ferheljend. In ferhaal kin in stikmannich foarmen oannimme, dy't allegear beflapt wurde kinne yn 'e kategoryen fiksje en non-fiksje, wêrby't fiksje dan fierder útinoar falt yn proaza en poëzij. De ferminging fan fiksje en non-fiksje wurdt faction neamd.

Foarbylden fan non-fiksje binne autobiografyen, biografyen, taspraken, sjoernalistyk, skiedskriuwing en wittenskiplike boeken en artikels. By fiksje kin men op it mêd fan proaza tinke oan folksferhalen (anekdoates, leginden, mearkes, myten, moppen en sêgen) en literatuer (koarte ferhalen, novelles en romans), en op it mêd fan poëzij oan epyk en lyryk. De literatuer kin fierders ek opdield wurde yn ferskate sjenres, lykas chicklit, detektives, fantasy, horror, mainstream, romantyk, science fiction, thrillers en westerns.

Mûnlinge oerlevering wie de ierste metoade fan it fertellen en trochjaan fan ferhalen. Yn 'e jonkheid wurde by minsken ferhalen op didaktyske wize brûkt om harren it juste hâlden en dragen, kultuerhistoarysk besef en noarmen en wearden by te bringen. In sterk ferhaal is in teltsje dêr't tige ûnwierskynlike dingen yn barre. In ferhaal kin ek ûnderdiel útmeitsje fan in oar, grutter ferhaal. As it benammen om it ferhaal yn it ferhaal giet, wurdt it ferhaal dêr't dat yn nestele is, it ramtferhaal neamd.

De wize dêr't in ferhaal op ferteld wurdt, hjit it fertelperspektyf. As dat yn 'e earste persoan inkeltal ("ik") stiet, sprekt men fan it ik-perspektyf. As it yn 'e trêde persoan inkeltal ("hy" of "sy") stiet, is it in personeel perspektyf. Fierders bestiet ek it auktorieel perspektyf, wêrby't gebrûk makke wurdt fan in alwittende ferteller dy't sels bûten it ferhaal stiet. De tûke fan 'e wittenskip dy't him dwaande hâldt mei ûndersyk nei ferhalen is de narratology.

Film

Dizze side giet oer film (sinematografy). Foar oare betsjuttings, sjoch: film (betsjuttingsside).

In film, ek wol in rôlprint of in fideo neamd, is in rige stilsteande bylden, dy't, as se tige fluch efterinoar op in byldskerm sjen litten wurde, de yllúzje fan beweging wekket. Troch de faasje wêrmei't de bylden inoar opfolgje en de neiwurking fan elts byld op it netflues fan it each, liket it dan wol as foarmje de bylden ien floeiende en trochgeande beweging. Faak is der ek lûd by de bylden tafoege, wat dy yllúzje noch fierder fuortsterket. Films binne der yn alle mjitten en foarmen, fan koarte stikjes fan in pear sekonden om ien inkeld barren fêst te lizzen, oant ferslaggen fan eveneminten as de Alvestêdetocht, dy't wol tolve oeren duorje kinne. Langere films besteane almeast út trije dielen: de begjintitels, de eigentlike film en de ôftiteling of eintitels.

Der besteane ferskate hjoeddeistige en âldere techniken foar it dragen fan sokke bylden; tsjintwurdich giet it ornaris om in kompjûterbestân. Fertoaning fan films bart bygelyks op in elektroanysk skerm of troch projeksje op lykfol hokker wite eftergrûn, it saneamde "wite doek" (in oantsjutting dy't ek wol foar it hiele begryp 'film' brûkt wurdt). Oarspronklik wie de fertoaning sa omslachtich dat dy inkeld yn bioskopen plakfûn, mar hjoed oan 'e dei kin men films gewoan thús sjen, op 'e tillefyzje, op dvd of fia it ynternet op kompjûter of smartphone. De ynhâld fan in film is faak in ferhaal of in oare foarm fan fiksje, mar kin ek non-fiksje wêze; yn dat lêste gefal wurdt de film in dokumintêre neamd. Film wurdt ek as in keunstfoarm beskôge, dy't filmkeunst of sinematografy (faak ferkoarte ta sinema) hjit.

Haadrol

In haadrol is de rol fan it personaazje dat de grutste bydrage leveret oan 'e plot yn in wurk fan fiksje, lykas in mearke, koart ferhaal, stripferhaal, novelle, roman, toanielstik, musical, opera, operette, film, tekenfilm, tillefyzjesearje, fideospultsje of kompjûterspultsje. Sels beskate gedichten en reklamespotsjes omfetsje in haadrol. It tsjinstelde fan in haadrol is in byrol. In titelrol is faak ek de haadrol, lykas yn it toanielstik Hamlet of de tillefyzjesearje Magnum, P.I., mar net altyd, lykas yn 'e roman The Last of the Mohicans.

As it poer om it personaazje giet, wurdt ek wol sprutsen fan in haadpersoan, in haadpersonaazje of in haadfiguer. Op it mêd fan it aktearjen neamt men de akteur dy't de haadrol hat, de haadrolspiler (froulike foarm: haadrolspylster). As der twa of mear haadrolspilers binne, neamt men dy inoars tsjinspilers. Yn 'e narratology wurdt almeast de oantsjutting protagonist brûkt om nei it haadpersonaazje te ferwizen. It komt faak foar dat der mear as ien haadrol yn in fiksjewurk sit. Sa hat men gauris in manlike en in froulike haadrol of protagonist, en ek komt it geregeldwei foar dat de haadrollen weilein binne foar in 'held' (de protagonist) en in 'smjunt' (de antagonist).

In skaaimerk fan haadrollen is faak dat sokke personaazjes de measte tekst hawwe yn in fiksjewurk (útsein fansels yn stomme films). Mar dat giet lang net altyd op. Arnold Schwarzenegger (as cyborg yn The Terminator), Dustin Hoffman (as de autistyske Raymond yn Rain Man) en Rowan Atkinson (as de swijsume Mr. Bean) hawwe bygelyks krúsjale haadrollen út harren karriêre spile wêrby't se mar kwealk in stom wurd seine. De bêste fertolkings fan haadrollen wurde by in protte prizen op it mêd fan toaniel, film en tillefyzje bekroane mei oerwinnings yn 'e kategoryen 'bêste akteur' of 'bêste aktrise'. Dat is bygelyks sa by de Oscars, Emmys, Tonys, BAFTA's, Gouden Keallen, ensfh.

Histoaryske roman

In Histoaryske roman is in yn it ferline situearre ferhaal oer histoaryske of optochte persoanaazjes. It sjenre ûntstie yn de 19e iuw en is tige ferbûn mei it opkommen fan de Romantyk. Ien fan de skaaimerken fan dizze streaming is de tanommen niget foar skiednis. It wie net langer sa dat de histoaryske belangstelling him beheinde ta de Aldheid, want der kaam no ek omtinken foar de Midsiuwen dy't eartiids as barbaarsk sjoen waarden. Dêrneist brocht it opkommen fan de Nasjonale Ienheidssteat ek in proses fan nasjonaal bewustwêzen op gong mei tagelyk in tanimmende belangstelling foar it eigen ferline. Sir Walter Scott wurdt as grûnlizzer fan it sjenre beskôge. Hy lei as earste it ferbân tusken dwaan en tinken fan personaazjes en de tiid wêryn't hja libben.

Koart ferhaal

In koart ferhaal is in koart literêr wurk, ornaris skreaun yn proazafoarm. It ûntstie yn 'e santjinde iuw út eardere mûnlinge ferheljende tradysjes en is sûnt útgroeid ta sa'n breed skala en sa'n grut ferskaat, dat men it tsjintwurdich net mear maklik yn syn gehiel typearje kin. Koarte ferhalen meitsje gebrûk fan deselde literêre techniken as oare foarmen fan fiksje; se brûke dy techniken folle mear as in anekdoate, mar minder as in novelle en folle minder as in roman. Der is gjin fêststelde lingte foar koarte ferhalen, al wurdt troch in protte literatuerprizen de grins fan maksimaal 7.500 wurden oanholden. Koarte ferhalen wurde hast nea as op harsels steand wurk útjûn, mar nammenste mear yn samlingen fan in stikmannich byinoar hearrende ferhalen. As sa'n samling gearstald is út ferhalen fan deselde skriuwer, dan sprekt men fan in ferhalebondel; befettet er ferhalen fan ferskillende skriuwers, dan wurdt it in blomlêzing neamd.

Literatuer

It wurd Literatuer wurdt foar ferskate begrypen brûkt. Fral mei de ôflieding "literêr" betsjut it it skriuwen as keunstfoarm en alle keunst, alle boeken, dy't dêrtroch makke wurdt. Dit is ta ûnderskied mei lektuer, it skriuwen allinnich om it ferhaal oer te bringen. Hjir oan besibbe binne de betsjutting fan alle skreaune tekst yn in beheind gebiet, lykas fakliteratuer, en de betsjutting fan alle teksten, skreaun en sprutsen, yn in taal.

It wurd "Literatuer" is in lettere ôflieding fan it Latynske littera, de „boekstêf“. It meartal litterae betsjutte dêrneist sawat as „it skreaune, „dokuminten“, „brieven“, „wittenskip(pen)“. Yn it Frânsk en Ingelsk bleau fan de wurden lettres en letters de wurdbetsjutting „wittenskippen“ bestean.

Non-fiksje

Non-fiksje is ien fan 'e beide haadferdielings fan proaza, en it tsjinstelde fan fiksje, sa't al yn 'e term besletten leit. Non-fiksje bestiet út ferslaggen dy't útslutend basearre binne op feitlike foarfallen. Sokke beskriuwings en bewearings kinne lykwols ûnwier wêze, benammen op punten dêr't ynformaasje ûntbrekt en dêr't de auteur oannames meitsje moat, of op punten dêr't de auteur betrouwe moat op âldere boarnen dy't mooglik net sekuer binne. Soks komt bygelyks gauris foar yn 'e skiedkunde, wêrby't men faak lang net alles mear persiis neigean kin. Ek komt it foar dat de auteur ienfâldichwei de mienings of leauwensoertsjûgings fan trêden trochjout, bygelyks as it oer mytology of religy giet. Non-fiksje hoecht tsjintwurdich net mear needsaaklikerwize út skreaune tekst te bestean, mei't men likegoed gebrûk meitsje kin fan media as tillefyzje en film.

Oerlevering

In oerlevering is in ferhaal dêr't yn ferhelle wurdt oer wat eartiids bard is, mar dêr't fan sein wurdt dat it histoarysk besjoen net kloppet. Faak sit er wol in kearn fan wierheid yn it ferhaal en is benammen de ferteller dêrfan oertsjûge. In protte sêgen en legindes binne oerleverings.

Personaazje

In personaazje is in fiktive persoan yn in wurk fan fiksje, lykas in mearke, gedicht, koart ferhaal, stripferhaal, novelle, roman, toanielstik, musical, opera, operette, harkspul, film, tekenfilm, tillefyzjesearje, rollespul, fideospultsje of kompjûterspultsje. De term komt fan it Frânske personage ("persoanlikheid"), mar giet oarspronklik werom op it Latynske persona ("masker"), mei't it yn 'e Klassike Aldheid wizânsje wie dat akteurs maskers droegen. Personaazjes ûndergeane en/of feroarsaakje de foarfallen yn sokke fiksjewurken. Yn strips sprekt men ynstee meastal fan in stripfiguer, en yn tekenfilms neamt men in persoanaazje faak in tekenfilmfiguer. Yn rollespullen en fideo- en kompjûterspultsjes makket men njonken 'personaazje' ek faak gebrûk fan 'e Ingelske term character.

Publisist

In publisist is de auteur fan ien of mear publisearre wurken (itsij yn boekfoarm, itsij yn 'e foarm fan artikels yn kranten en tydskriften), wêrby't it yn 'e regel om non-fiksje giet. In essayist is bygelyks in publisist (mar net eltse publisist is in essayist). It ferskil mei in skriuwer, is dat men by dy oantsjutting ornaris oan fiksje tinkt. Yn 'e Angelsaksyske lannen hat in publicist trouwens mear wei fan in p.r.-meiwurker.

Romantyk (leafde)

Romantyk is it oangename gefoel dat men ûnderfine kin troch de emosjonele oantrekking ta in oare persoan. Sa'n gefoel giet yn 'e regel mank mei leafde en faak ek mei erotyk. Yn 'e kontekst fan in romantyske leafdesrelaasje wurdt it begryp romantyk ornaris brûkt foar de eigentlike útdrukkingsfoarm(en) fan jins romantyske gefoelens, of foar jins djippe en sterke emosjonele winsk om mei in oare persoan in yntime relaasje oan te gean.

Science fiction

Science fiction (SF) is in sjenre dat benammen foarkomt yn literatuer en film. Letterlik oersetten yn it Frysk betsjut de term "wittenskiplike betinksel" en dêrmei is it eartiids ek begûn, nammentlik as in besykjen om yn 'e takomst foarút te sjen troch natuerwittenskiplike ûntdekkings te ekstrapolearjen en dat by de minske ûnder de oandacht te bringen.

Ien fan 'e earste science fiction-skriuwers yn de moderne sin wie Jules Verne. Ynearsten lei de klam hiel bot op nije ynsjoggen en ûntdekkings, grutte technologyske ûndernimmings en wûnderlike útfinings; letter kaam in tiidrek dêr't "aliens" (yntelliginte bûtenierdske wêzens) yn 'e belangstelling stiene.

Yn 'e science fiction is faak in tendins waar te nimmen om oare mooglike maatskippijen te beskriuwen, dêr't de skriuwer foar himsels de frijheid nimt troch oare yntelliginte soarten of oare planten sà del te setten en de dingen sà yn te rjochtsjen dat it risseltaat plausibel is. Goede science fiction is meastentiids konsistint, it ferhaal stekt logysk yninoar.

Yn 'e film is de science fiction noch grutdiels stykjen bleaun yn dingen dy't yn 'e SF-literatuer fan de jierren fjirtich en fyftich gongber wie, de saneamde 'space opera', karakterisearre troch flugge romteskippen, in protte bûtenierdske wêzens mei gauris minne bedoelings, laserkanonnen en romteslaggen. Letter kamen dêr de tiidreizgjen (nei de takomst of it ferline) by. Fral de special effects, mooglik makke troch avansearre kompjûtertechnologyën, joegen de regisseurs fan 'e SF-films net eardere kende mooglikheden harren films 'oan te klaaien'. Dêrby wurdt de elemintêre fysika almeast fergetten: fijannige romteskippen tongeren yn 'Star Wars' foarby nettsjinsteande it loftliddige tusken de skippen dêr't gjin lûd te hearren wêze kin.

Yn 'e tsjintwurdige literatuer is der ek grutte oerlaping mei oare sjenres en dan benammentlik fantasy. Ek komt oerlaping mei it horror- en it thriller- of detektivesjenre foar.

Sjenre

In sjenre (útspr.: ['ʃɔ̃rə]; likernôch "sjânre", fan it Frânske genre, dat "soarte" of "type" betsjut) is in kategory op it mêd fan 'e literatuer, films, tillefyzjeprogramma's, fideo- en kompjûterspultsjes, muzyk, of in oare soarte fan fermaak, lykfol oft it no skreaun of sprutsen, audityf of fisueel is. Sjenres wurde gearstald op basis fan in stikmannich stilistyske kritearia dy't foar elts sjenre oars binne. Troch de tiid hinne steane sokke sjenrekritearia bleat oan feroaring, mei as gefolch dat nije sjenres ûntsteane en âlden yn ûnbrûk reitsje. It komt gauris foar dat wurken skaaimerken fan mear as ien sjenre fertoane en sadwaande by beide yndield wurde kinne, wylst der ek altyd guon binne dy't by gjinien sjenre alhiel thúshearre.

Skriuwer

In skriuwer is ien dy't him uteret troch it opskriuwen fan wurden. Sawat elkenien kin wol skriuwe, mar in goede skriuwer ûnderskiedt him fan de rest as er in styl hantearret dy't boeit en byldzjend is. Der binne ferskate soarten fan skriuwers, bygelyks sjoernalisten dy't foar in krante skriuwe en guon't dy't in boek skriuwe, sawol fiksje as non-fiksje, en skriuwers fan muzyk.

De term wurdt fral by profesjonele skriuwers faak as synonym foar auteur brûkt, mar auteur kin ek slaan op de makker fan net-skreaun wurk sa as films.

De populêrens fan it ynternet hat it foar in protte aspirant-skriuwers mooglik makke om harren wurk oan in grut publyk oan te bieden. In foarbyld hjir is fanfiksje.

Yn it Frysk is 'skriuwer' ek synonym foar klerk en sekretaris.

Telefyzjeprogramma

In telefyzjeprogramma of tillefyzjeprogramma is in útstjoering op 'e telefyzje. Dêrby kin it gean om in útstjoering foar ien kear of om in weromkearende útstjoering. In oar ûnderskie tusken telefyzjeprogramma's is dat in protte yn 't foar opnommen binne, wylst oaren live útstjoerd wurde.

In weromkearende útstjoering wurdt in telefyzjesearje of telefyzjerige neamd. Faak besteane searjes út fiksje skreaun troch senarioskriuwers. Searjes besteane yn 'e regel út ferskate seizoenen, dy't yn Nederlân rinne fan septimber oant juny. Dêrby kinne it ferfolchsearjes wêze, wêrby't it ferhaal fan 'e iene nei de oare útstjoering trochrint, of searjes mei op harsels steande ôfleverings. Ferfolchsearjes einigje gauris mei in cliffhanger om 'e sjoggers te bewegen om ek de folgjende kear wer te sjen.

Foarbylden fan ferskillende soarten telefyzjeprogramma's binne:

aktualiteiterubryk

berneprogramma

dokumintêre

drama

infomercial

keunstprogramma

komeedzje

kwis

live-ferslach

minysearje

nijsbulletên

praatprogramma

realityprogramma

soapsearje

sportrubryk

tekenfilm

telefyzjefilm

Utjouwerij

In útjouwerij is in organisaasje dy't de skeakel foarmet tusken de skriuwer en it lêzerspublyk, troch it útjaan fan boeken en tydskriften. By útwreiding wurdt it begryp ek tapast op oare media, faak mei dat medium as foarheaksel, bygelyks by in 'muzykútjouwerij', dy't blêdmuzyk útjout. Dejinge dy't it yn in útjouwerij foar it sizzen hat is in útjouwer. De measte útjouwerijen binne ûndernimmings, mar soms kin it ek om ferienings of stiftings gean. Trochdat yn it ferline útjouwerijen faak ienmansbedriuwen wiene, wurdt de oantsjutting útjouwer ek wol brûkt foar de hiele organisaasje.

In útjouwerij begeliedt dêr't dat nedich is en/of op priis steld wurdt de skriuwer, en hat kontakten mei drukkers, boekhannels, nasjonale bibleteken, oersetters, ensfh. Nei ûnderlinge oerienstimming mei de skriuwer publisearret de útjouwer it wurk yn kwestje. Meastentiids wurdt de skriuwer dan betelle neffens it tal ferkochte eksimplaren: de royaltys. De finansjele risiko's wurde op dy wize troch de útjouwer oernommen. By min rinnende útjeften krijt de skriuwer minder betelle en hat de útjouwer mear skea, by better rinnende útjeften springe se der beide goed út. Ornaris kinne allinnich by goed rinnende útjeften de royaltys heech genôch wurde om 'e oeren dy't de skriuwer yn syn wurk stutsen hat, te fergoedzjen. It komt ek foar dat útjouwer en skriuwer yn 't foar in priis ôfprate dêr't de royaltys mei ôfkocht wurde. Der binne net in soad minsken dy't mei har kreativiteit in goede deihier fertsjinje kinne.

It kin by útjaan as aktiviteit om ferskate produkten gean: boeken, e-boeken, kranten, tydskriften en by útwreiding om cd's, dvd's, audioboeken, blêdmuzyk, websiden, ensfh.. Binnen dy skiften spesjalisearje útjouwers har gauris. Sa binne der útjouwers dy't benammen berneboeken útjouwe, oaren dy't literatuer publisearje en wer oaren dy't wittenskiplike non-fiksje op 'e merk bringe. As yn in boek of oare publikaasje stiet: "útjûn yn eigen behear", of oare wurden fan dy strekking, dan wol dat sizze dat de skriuwer it sels op 'e merk brocht hat, sûnder tuskenkomst fan in útjouwer. Foarhinne kaam dat nochal ris foar, benammen as de skriuwer gjin útjouwer fine koe dy't brea seach yn syn skriuwwurk. Tsjintwurdich binne der útjouwerijen dy't har talizze op it saneamde publishing on demand of P.O.D., in Ingelske jargonterm dy't safolle betsjut as "útjaan op oanfraach". By sokke útjouwerijen (yn Fryslân bgl. Utjouwerij Elikser) wurde de saken omdraaid, en betellet de skriuwer de útjouwer foar it útjaan fan syn wurk.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.