Feluwe

De Feluwe (Nederlânsk: Veluwe) is in oer it algemien beboske lânstreek yn de Nederlânske provinsje Gelderlân en in earder kertier fan it hartochdom Gelre. Der binne in soad ferskate lânskippen, bygelyks bosken, heide, marren en grutte sânferstowings. It gebiet is fan noard nei súd likernôch 60 kilometer lang.

Mei de klok mei fan it stêdsje Hattem yn it noarden ôf wurdt it gebiet beheind troch Apeldoarn, Dieren, Arnhim, Wageningen, Ede, Barneveld en Hurderwyk. Somtiden wurdt it gebiet wol lyksteld oan it Nasjonaal Park de Hege Feluwe, mar dat beslacht minder as in tweintichste part fan de Feluwe.

Veluwe 5.88540E 52.13388N
In satellytfoto fan de Feluwe.

Natoergebiet

Flagge fan de Feluwe
De flagge fan de Feluwe.

De Feluwe is it grutste leechlânnatoergebiet fan noardwest-Jeropa, it mjit likernôch 1000 km². Grutte parten fan de Feluwe besteane út stowâlen út de Saale-Iistiid. Benoarden Rheden, yn it Nasjonaal Park Feluweseame leit by it Roozendaalske fjild it heechste punt fan de Feluwe op 110 meter hichte. Dit is de heechste stowâl en it heechste punt fan Nederlân bûten Súd-Limburch. Yn it noarden lizze ûnder oare it stosângebiet Leuvenhorst en de Leuvenumske Bosk.

Wetters

Veluweforest
Bosk op de Feluwe.

Fan de Feluwe ôf rinne ferskate beken nei de râne fan it gebiet. Guon fan dizze beken binne groeven (sprengen), oare binne natuerlik. Foarbylden fan dizze beken binne: De Hierdenske Beek, de Leuvenumske Beek, de Groevebeek, de Soerenske Boek, de Beekhuzer Beek en de Tongerenske Beek. De beken befetsje fakentiden skjin wetter, al is de kwaliteit troch de jierren hinne wol efterút gien. Op in soad plakken lâns dizze beken is der in foar Nederlânske begripen bysûndere floara en fauna te finen; de elritse komt hjir noch foar.

Bewâld

De natuer op de Feluwe bestiet út ferskate bewâldsienheden, dêr't de Keninklike Houtfesterij It Loo (97 km²) de grutste fan is. In soad bosk op de Feluwe is yn it tiidrek 1895-1920 oanlein om stostân fêst te lizzen. Om 1850 hinne wie in tredde fan de Feluwe bedekt mei stosân, no is dat om en de by de ien prosint. Benammen de din wie geskikt om stosân fêst te lizzen. Yn it tiidrek 1895-1932 waarden grutte parten fan de Feluwe ynroastere, yn hast alle gefallen omdat de eigners jeie woenen. De wyldstân op de Feluwe wie tige leech, en oan it lytse formaat fan bewarre bleaune hoarnen út dy tiid is de minsklike druk ôf te lêzen. Dat der waarden bisten ymportearre en útset yn parten fan de Feluwe mei hikken dêrom hinne.

Fauna

De wylde baarch bygelyks, waard opnij yntrodusearre op de Feluwe troch Prins Hindrik, de man fan Keninginne Wilhelmina. Reaharten wienen der noch wol, mar de oerbleaune populaasjes waarden útwreide mei ymport. Op syn jachtterrein De Hege Feluwe liet de Rotterdamske hannelsman Anton Kröller harten út East-Jeropa komme, hy sette se út nei dat de oerbleaune Feluwske harten ôfsketten wienen. Nei alle gedachten die hy dat om de sloppe populaasje te ferfangen foar in sûnere. It hat mar tydlik holpen, want de slopte waard feroarsake troch de minsklike druk. De nije populaasje ferswakke ek en kaam pas nei de Twadde Wrâldkriich wer op sterkte troch better bewâld. Kröller liet foar syn jachtwille ek mûflons út it Middellânske Seegebiet komme, en kangoeroes út Austraalje. Letter is de raven mei súkses op ‘e nij yntrodusearre op de Feluwe, en der libje op it stuit tsientallen dy’t ek swalkje nei oanswettende gebieten.

Sand Area Hoge Veluwe
Sânferstowing op de Feluwe.

Natoerûntwikkeling

De provinsje Gelderlân hat 35 miljoen euro beskikber steld foar it plan Veluwe 2010. Veluwe 2010 is in grut natoerûntwikkelingsprogram. Parten fan de Feluwe dy’t yn it ferline fan elkoar skieden wienen troch diken, plakken en lannen wurde wer mei elkoar ferbûn, bygelyks mei ekodukten. Yn 2007 waarden trije fan sokke oerstekplakken boud, elk fan likernôch 50 meter breed, sa moat bistemigraasje stipe wurde. Foar 2013 moatte der noch seis ekodukten bykomme.[1] It is de bedoeling om sa isolearre populaasjes mei elkoar te ferbine, wêrtroch it genetysk ferskaat en dêrmei ek de oerlibbingskans grutter wurdt. Ek wurdt der nij ferbinings bûten de Feluwe sneupe, der binne plannen foar ekologyske ferbiningsgebieten rjochting de Eastfardersplassen en Dútslân. Omdat de reaharten op de Feluwe in oare genetyske komôf hawwe as dy yn Dútslân en de Eastfardersplassen, hopet men sa op in ienwurding fan de soarte. Yn septimber 2006 is de Lanlike Feriening fan Freonen fan de Feluwe (Landelijke Vereniging van Vrienden van de Veluwe) stifte, om as net-gûvernemintele organisaasje ek ynfloed te krijen yn de nasjonale wurdstriid, de polityk en de media.

Minsklike bewenning

De befolking konsintrearret him histoarysk sjoen benammen oan de rânen fan de Feluwe dêr’t doarpen ûntstienen dy’t libben fan de lânbou dy’t op de skrokke grûn mooglik wie. Dizze kearnen binne yn de ôfrûne desenniums bot groeid en de grutste plakken lâns de Feluwe binne Apeldoarn, Arnhim en Ede. De Feluwe is oangeande de godstsjinst in protestantske hoeke. Der is in twadieling sichtber tusken de noardlike en westlike helte fan de Feluwe, dêr’t de minsken foar it meastepart reformatoarysk binne, en de eastlike en súdlike helte fan de Feluwe, dêr’t de minsken foar it meastepart sekulier binne. It noarden en westen fan de Feluwe meitsje ûnderdiel út fan de Bibelriem dy’t fan it noarden fan Oerisel oant yn Seelân rint.

Toerisme

HogeVeluwePasCanadien2007 05 09
De Feluwe wurdt in soad brûkt foar rekreaasje.

De Feluwe is in populêre toeristyske bestimming, benammen foar Nederlanners dy’t foar in koarte fakânsje yn harren eigen lân geane. Der binne mear as 500 kempings en bungalowparken yn it gebiet. De measte dêrfan lizze oan de râne fan de Feluwe. Yn 2004 waard in bungalowpark sletten dat midden op de Feluwe stie, yn de takomst sille mear fan sokke parken ferdwine om te foldwaan oan de easken fan de IUCN om fan de Feluwe ien grut Nasjonaal Park te meitsjen. Neist it ferwiderjen fan bungalowparken út it gebiet binne der ek al oare aksjes ûndernaam. Sa waard yn 2001 begûn mei de sloop fan de Generaal Winkelkman kazerne by Nunspeet, it gebiet waard yn 2007 oan Steatsboskbehear oerdragen. En yn it ramt fan in ferbiningssône foar bisten waard yn Renkum in yndustryterrein weromjûn oan de natoer. De provinsje Gelderlân wol de ferbliuwsrekreaasje hieltyd mear konsintrearje lâns de minder kwetsbere rânen fan it gebiet. Sa wurdt besocht de grutte druk fan de rekreaasje op de natoer lytser te meitsje.

Ferneamde toeristeplakken binne Beekbergen, Elburg, Epe, Heerde, Hoenderloo, Kootwijk, Putten, Ermelo, Hurderwyk, Otterlo, Nunspeet, Garderen, Loenen, Vierhouten en Voorthuizen. Der binne fjouwer bistetunen, en mear as 50 museums, wêrûnder it Kröller-Müller Museum.

Etymology

Feluwe is ôflaat fan it Germaanske “falwa” (feal, skier, bleek)[2] It wurd moat dan sjoen wurde as in braak lizzend lân en wie mooglik yn tsjinstelling ta de “goeie lannen” fan de Betuwe.

Sjoch ek

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ekodukten op de Feluwe, mjpo (sjoen op 28 novimber 2009)
  2. Nederlânsk Etymologysk Wurdboek, J. de Vries
  1. Ekodukten op de Feluwe, mjpo (sjoen op 28 novimber 2009)
  2. Nederlânsk Etymologysk Wurdboek, J. de Vries
13 july

13 july is de 194e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 195e). Der folgje noch 171 dagen oan 'e ein fan it jier ta.

1940

1940 is in skrikkeljier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 1940.)

Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1940-er jierren.

1944

1944 is in skrikkeljier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 1944.)

Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1940-er jierren.

26 april

26 april is de 116e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 117e). Der folgje noch 249 dagen oan 'e ein fan it jier ta.

Barneveld (gemeente)

Barneveld (Nedersaksysk: Barreveld) is in gemeente yn de provinsje Gelderlân. It haadplak is it plak mei deselde namme Barneveld. De gemeente beslacht in gebiet fan 176,74 km² en hat in ynwenneroantal fan 52.500 (2010). In ynwenner fan Barneveld wurdt in Barnevelder neamd. De gemeente Barneveld ûntstie yn syn hjoeddeistige foarm op 1 jannewaris 1818, doe't de doetiidske gemeente Barneveld fúzjearre mei de gemeenten Garderen en Voorthuizen, dy't yn 1812 fan Barneveld ôfspjalte wiene.

Brûnstiid

De brûnstiid is it tiidrek tusken (sa. 3000 oant 800 f.Kr.) en dat folget op it Neolitikum. Der wurdt ek wol ûnderskied makke mei de kopertiid, dat noch tusken it neolitikum en de brûnstiid leit. Mar meastal wurdt dat tiidrek rekkene ta de nije stientiid. Yn Nederlân binne net folle koperfynsten dien. Inkeld op de Feluwe is wat fûn, lykwols wienen dat útsonderings. Nei de brûnstiid komt it tiidrek fan de Izertiid.

Yn de rin fan de tiid ferfong brûns stadichoan fjoerstien as wichtigste materiaal foar ark en wapens en waard ek brûkt foar sieraden. De earste foarwerpen fan brûns wienen benammen bilen, en ek inkelde dolken, spearpunten en sieraden lykas earmbannen. Brûns kaam stadichoan hieltyd faker foar, en ek kamen der mear soarten metalen foarwerpen yn gebrûk.

Yn guon streken fûn brûns net tagelyk yngong en de krekte datearring fan de brûnstiid kin dêrom per lân of sels per streek ferskille. Sa wie, neffens de fynsten, folle mear sprake fan brûnsjitten yn Drinte as yn de rest fan Nederlân. In mooglike reden hjirfoar is miskien de pan-Jeropeeske hannelswei dy't oer de Drintse heuvelrêch rûn nei de barnstienrike Eastseekust.

De kennis om metalen te bewurkjen, ynklusyf brûns moat yn it Midden-Easten ûntstien wêze. Dêr waard brûns sûnt sa. 3000 f.Kr. brûkt. Dizze kennis hat him stadichoan ferspraat oer it Jeropeeske kontinint en berikte ek ús lân.

Guon fan âlds bekende ferhalen, lykas de Ilias, de Odyssee, parten fan de Bibel en it Gilgamesjepos spylje har ôf yn de brûnstiid.

Ede (plak)

Ede is in middelgrut plak yn de provinsje Gelderlân, te finen op de westflank fan de Feluwe en yn de súdlike Gelderske Fallei. It is ek it haadplak fan de gemeente Ede. It plak Ede hat 68.050 ynwenners (2010).

Elspeet

Elspeet is in doarp yn de gemeente Nunspeet op de Feluwe yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. It doarp hat mei it bûtengebiet likernôch 4400 ynwenners. Nei Nunspeet is Elspeet is grutste doarp fan de gemeente.

Feluwsk

Feluwsk is in Nedersaksysk dialekt dat op de Feluwe sprutsen wurdt. It haaddialekt wurdt ûnderferdield yn it West- en it East-Feluws. Dizze dialekten lykje in protte op elkoar, mar der binne gramatikale ferskillen. Yn it East-Feluws seit men wie wa(a)rkt/wärkt en yn it West-Feluws wie/wulie wa(a)rken (wy wurkje). Dizze skiedsline hjit de Ienheids-pluralisline.

It West-Veluws wurdt ek wat mear beynfloede troch it Standertnederlânsk. Hoe tichter by de grins mei it East-Feluwsk at men komt, hoe mear't de dialekten fan it standertnederlânsk ôfwike. Yn it sintrale part dêr't it West-Feluws sprutsen wurdt, wurdt sein: hi staot, yn it noardwesten is dat: hij steet. Dat lêste ferriedet al wat Nedersaksyske ynfloed.

Troch syn plak oan de râne fan it nedersaksysk gebiet waard it Feluwsk eartiids ek wol by it Nederfrankysk rekkene.

In wiidweidige beskriuwing fan it Feluwsk jout it artikel Veluws (yn it Feluwsk).

Harderwyk

Harderwyk (Nederlânsk en offisjeel: Harderwijk, Nedersaksysk: Harderwiek) is in stêd en gemeente yn de provinsje Gelderlân, mei 40.388 ynwenners (1 jannewaris 2003), en mei in oerflak fan 48,27 km², wêrfan 10,04 km² wetter.

Heuvel

In heuvel as hichte is in ferhef yn it lân, dat hegernôch is om ûnderskaat te wurden fan in gloaiïng, mar leger as in berch. Formeel is de grins tusken heuvels en bergen fêststeld by in top dy't 200 m boppe syn om-en-by útstekt; dêrboppe is it in berch, dêrûnder in heuvel.

Yn Nederlân, dat gjin echte bergen hat, wurde heuvels al hiel gau bergen neamd, lykas de Faalserberch of de Sint-Pitersberch, dat eins gewoan heuvels binne. De bekendste heuvels fan Nederlân binne sitewearre yn Súd-Limburch, mar ek yn Gelderlân (de Hege Feluwe), Utert (de Uterter Heuvelrêch) en Oerisel (de Sallânske Heuvelrêch) komme se foar. De sânheuvels oan 'e Hollânske kust en op 'e Waadeilannen en de Siuwske Eilannen wurde dunen neamd en oer it algemien net as echte heuvels beskôge, hoewol't se dat strikt nommen wol binne.

Heuvels kinne ûntstean troch útspieling fan heechlein lân troch rivieren, lykas yn Súd-Limburch, troch it skeinen fan wat oarspronklik plat lân wie, sa't yn 'e iistiid de gletsjers dien hawwe yn Gelderlân, Utert en Oerisel, of troch sânferstowings, lykas yn 'e dunen (en likegoed yn woastinen). Fierders binne der ek noch troch minsken oanleine heuvels, lykas grêfheuvels.

Kröller-Müller Museum

It Kröller-Müller Museum is in museum foar moderne keunst, yn it Nasjonaal Park De Hege Feluwe te Otterlo yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. It museum en it neistlizzende byldenpark, mei-inoar sa'n 25 ha, hawwe ynternasjonale bekendheid. Jierliks komme der mear as 250.000 besikers út binnen- en bûtenlân.

It museum is neamd nei Helene Kröller-Müller, dy't, advisearre troch keunstpedagooch H.P. Bremmer, in grut part fan de samling gearfandele.

It museum is yn opdracht fan de Kröllers ûntwurpen troch de Belgyske arsjitekt Henry Van de Velde. It waard yn 1938 iepene. It gebou is tsjintwurdich eigendom fan de Steat (Ryksgebouwetsjinst), dy't it yn 1977 útwreidzje liet mei ûnder oaren eksposysjesealen, depots en in nije yngongshal, nei ûntwerp fan arsjitekt Wim Quist.

Yn 1961 liet de doetiidske direkteur Bram Hammacher it museum útwreidzje mei in byldepark. Yn 1963 folge Rudi Oxenaar Hammacher op en sûnt 1990 is Evert van Straaten de direkteur.

Leafwâld

In leafwâld of leafbosk, of, om wat sekuerder te wêzen, in tuskenbeiden leafwâld of tuskenbeiden leafferliezend wâld, is in wâldsoarte dy't hielendal of fierhinne bestiet út leafbeammen en leafstrûken, dy't hjerstmis har blêden ferlieze.

Leafwâlden komm fral foar yn gebieten dêr't in dúdlike seizoenswikseling bestiet, sûnder ektreme temperatueren (dus gjin smoarhjitte simmers of iiskâlde winters). Wol moat der frijwol it hiele jier troch rein falle. Oangeande lânoerflak meitsje leafwâlden sa'n 5% fan 'e wrâld út. Se komme benammentlik foar op it noardlik healrûn, yn Noardwest-, Midden- en East-Jeropa, it Fiere Easten fan Ruslân, Koreä, noardlik Sina, Japan en de eastlike Feriene Steaten. Op it súdlik healrûn bestiet tuskenbeiden leafferliezend wâld inkeld yn súdlik Sily.

In leafwâld hat in groeiseizoen fan 4 oant 6 moannen. Yn 'e beammen libje fral fûgels, ynsekten en kjifdieren, wylst de wâldboaiem ek gaadlik is foar gruttere sûchdieren, sawol plante-iters as rôfdieren. Op iepen plakken yn it wâld groeit net inkeld leafferliezend strewelleguod, mar ek lytsere planten, lykas gerzen, krûden en blommen. Mei't dy ljocht brek binne dat yn it wâld sels troch it blêdetek fan 'e beammen tsjinholden wurdt, sille dy op 'e eigentlike wâldboaiem allinnich oan 'e ein fan 'e winter en yn 'e iere maityd foarkomme, as de beammen noch gjin blêdt hawwe. De grûn fan in leafwâld bestiet út in fiedingsrike humuslaach, dy't ûntstiet troch it ferrottingsproses fan 'e blêden dy't dêr hjerstmis delfalle.

Yn Nederlân binne de measte bosken leafwâlden. Nullewâld komt wol foar, mar liedt hjir troch de te waarme temperatuer mar in sieltôgjend bestean. Dêrby moat oantekene wurde dat alle bosken yn Nederlân kultuerbosken binne, dy't troch de minske oanplante binne en faak ek ûnderholden wurde. It lêste stikje oerwâld yn Nederlân, op 'e Feluwe, waard oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw kappe.

Nedersaksysk

It Nedersaksysk is in taal dy't heart ta de Súdwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen en sprutsen wurdt yn it noardlik diel fan Dútslân en noardeastlik Nederlân. Foarhinne waard it wol Saksysk of gewoan "Plat" neamd, mar ornaris brûke de sprekkers foar harren taal de namme fan har eigen dialekt (dus "Stellingwerfsk" of "Twintsk"), or oars ek wol Plat. De beneaming "Nedersaksysk" wie oant 'e jierren njoggentich fan 'e tweintichste iuw frijwol útslutend bekend ûnder taalkundigen, mar wurdt no algemiener brûkt.

It Nedersaksysk hat yn Nederlân erkenning as minderheidstaal en is yn 1996 troch it Nederlânske regear opjûn ûnder Diel II fan it Jeropeesk Ferdrach foar Streek- en Minderheidstalen. Nedersaksyske taalstriders stribje lykwols nei in hegere erkenning, ûnder Diel III, sa't it Frysk dy hat.

Nijkerk

Nijkerk (Nedersaksysk: Niekark) is in stêd en gemeente yn de provinsje Gelderlân. De gemeente hat 38761 ynwenners (2006) en in oerflakte fan 72,05 km², wêrfan 2,53 km² wetter. De stêd stiet by guon noch bekend as doarp, mar hat al sûnt 1413 stedsrjochten. De gemeente bestiet út de kearnen Nijkerk, Nijkerkerveen en Hoevelaken, mei de buorskippen Holkerveen en Driedorp. Nijkerk leit sintraal tusken de Feluwe en de Rânestêd.

Nullewâld

In nullewâld, nuddelwâld of nullebosk is in soarte wâld dat hielendal of fierhinne bestiet út nullebeammen en konifearen. Foar it meastepart behâlde sokke beammen by 't winter harren nullen, lykas dat it gefal is by dinnen, spjirren en seders, mar der besteane ek nulleferliezende soarten, lykas de liere, dy't hjerstmis syn grien falle lit. Nullewâlden komme fan natuere foar yn klimaatsônes mei kâlde winters en genôch delslach, mar ek wol yn waarmere gebieten op ûndergrûnen dy't net streksum genôch binne foar leafwâlden. It bêst bedije nullewâlden yn kontreien mei in lânklimaat of in heechberchtmeklimaat. Yn streken mei in seeklimaat (lykas Nederlân) kinne se wol oerlibje, mar florearje se oer it algemien net.

Nullewâlden komme yn Jeropa foar yn berchtmen as de Alpen, Pyreneeën, Apeninen, Balkan, Karpaten, Tatra, Kaukasus en Oeral, dêr't se hegerop op 'e berchskeanten groeie, boppe de leafwâlden. Fierders besteane se yn Midden-Jeropa ek op 'e fiedingsearme sângrûnen, dêr't se gefoeliger binne foar de skea dy't tabrocht wurdt troch soere rein, mei bygelyks yn Bohemen gefallen fan wâldstjerte as gefolch. Yn it grutste diel fan Skandinaavje en yn noardlik Ruslân, dêr't de winters te kâld binne foar leafwâld, komme útslutend nullewâlden foar. Dy spesifike nullewâldsône, tusken de sônes fan it mingd wâld en dy fan 'e toendra yn, wurdt de taiga neamd. Bûten Jeropa wreidet de taiga him út oer it grutste part fan Sibearje, noardlik Japan, Alaska en Kanada.

Yn Nederlân is it eins te waarm foar nullewâld, en hoewol't it hjir wol groeit, liedt it hjir in sieltôgjend bestean. Fan natuere komt it hjir dan ek net foar, mar yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw en de earste helte fan 'e tweintichste iuw is der op 'e Feluwe en yn Noard-Brabân en Drinte in soad nullewâld troch de minske oanplante om sânferstowing tsjin te gean en om hout te leverjen foar de mynbou yn Limburch. Hjoed de dei wurde in protte fan dy oanplante nullewâlden wer stadichoan omfoarme ta natuerliker leafwâlden.

Nunspeet (plak)

Nunspeet is in doarp yn de Nederlânske provinsje Gelderlân en leit op de râne fan de bosken fan de Feluwe en de greiden oan de rânemarren. It is it haadplak fan de gemeente mei deselde namme. It plak Nunspeet telt 19.688 ynwenners (01.01.2016). In diel fan de befolking sprekt Nunspeetsk, in lokale fariant fan it Nedersaksysk.

Rheden (gemeente)

Rheden is in plak en in gemeente yn de provinsje Gelderlân. De gemeente hat 43.964 ynwenners (1 april 2011, boarne: CBS) (wêrfan 7.450 yn it doarp Rheden sels) en hat in oerflak fan 84,29 km² (wêrfan 22 km² wetter. De gemeente Rheden makket diel út fan de Stedsregio Arnhim-Nymwegen.

De gemeente leit beëasten Arnhim. De Feluwe is de noardelike grins en de Isel de súdlike. De doarpen lizze as in gurle yn dizze strook tusken bosk en rivier. It grûngebiet fan de gemeente omfettet oan de iene kant de stuwwâl, heuvels, bosken, heidefjilden en beken fan de Feluweseam en oan de oare kant de Iselfallei mei uterwaarden.

Omdat de twa grutste doarpen Velp en Dieren oan de west- respektyflik eastrâne fan de gemeente lizze, stiet it gemeentehûs yn it sintraal lizzende doarp De Steeg.

Skerpenseel (Gelderlân)

Scherpenzeel (Nedersaksysk: Sjaarpezeil, Sjaarpezeel of Schaarpezeel) is in doarp en gemeente yn de Gelderske Fallei, yn de provinsje Gelderlân mei 8945 ynwenners (2006). De gemeente Scherpenzeel beslaat it lykneamde doarp en in diel fan it buorskip Moorst.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.