Epipaleolitikum

It epipaleolitikum is de namme dy't oan de mesolityske perioade jûn wurdt yn streken dêr't de jongste iistiid, it Weichselien, gjin grutte rol spile en de neolityske revolúsje folle earder begûn en geleidliker ferrûn as yn in noarden.

De epipaleolityske perioade wurdt tenminsten yn it Midden-Easten, Anatoalje en Syprus ûnderskieden fan it (noardlike) mesolitikum. It epipaleolitikum begjint, hoewol't der regionale ferskillen binne, ûngefear 10.000 jier lyn en einiget 2000 jier letter.

Krektas yn it mesolitikum wurde fynsten dominearre troch fjoerstienen ark en pylkpunten (mikroliten) dy't as pylk- of lanspunt oan in skacht fêstmakke waarden.

Trijeperioadesysteem
Holo-
seen
Histoaryske Tiid
La Tène-tiidrek   Proto-
histoarje
Hallstatt-tiidrek
Izertiid
  Let  
Midden
Ier
Brûnstiid
Neolitikum Kopertiid  
Let Pre-
histoarje
Midden
Ier
Mesoli- tikum of
Epipaleo-litikum
Let
Midden
Ier
Pleis-
toseen
Paleo- litisum Let
Midden
Ier
Stientiid

Sedintêre kultueren

Hoewol't de measte kultueren nomadyske jager-samlers wienen, ûntstienen yn de Levant ek de earste fêste delsettings fan de Natufyske kultuere, en yndustryeel meitsjen fan mikroliten. Ek binne der de earste bewizen foar de rispinge en de opslach fan wylde gêrzen.

Mesolitikum

It Mesolitikum of de midden stientiid is in oantsjutting foar in kultuerperioade dy't oanfangt neidat de lêste iistiid einiget en ophâldt as in maatskippij fan jeie-en-sammelje oerstapt op lânbou en feefokkerij en tal fan nije technologyen ûntwikkelt of oernimt. Jeie, fiskje en sammelje wienen de middelen fan bestean foar de minsken yn de mesolityske kultueren, dy't trochstrings as nomaden libben; delsettingen wienen noch seldsum. Fynsten út dit tiidrek litte sjen dat stienbewurkingsstechniken hieltyd finer wurde en magysk-religieuske gebrûken mear yn swang kamen. De "Midden-Stientiid" is fral karakterisearjend foar de tuskenbeiden gebieten fan Jeropa.

It begjin en de ein fan it mesolitikum is net oeral itselde. De lânbou fersprate him stadich oer Jeropa, mar yn it Heine Easten folge de Neolityske revolúsje fluch op de ein fan de iistiid. Dêrom is it tiidrek fan it mesolitikum min te definiearjen.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.