Ensyklopedy

In ensyklopedy is in gearfetting fan al it minslik witten, of fan al it minsklik witten op in bepaald mêd. It wurd komt fan de Encyclopédie, in Frânske ensyklopedy fan Denis Diderot en Jean Baptiste le Rond d'Alembert, út in 1772.

Brockhaus Lexikon
Bannen 7 - 12, Frankstadt - Pes, fan de Brockhaus-ensyklopedy fan 1908.

Ferskillen

Ensyklopedyen ferskille nei it mêd, nei de struktuer, nei de grutte en nei it stânpunt. Sa binne der njonken algemiene ensyklopedyen ek spesjale ensyklopedyen, dy't in spesifyk mêd behannelje, bygelyks de Encyclopedie van Friesland.

Foarm

De earste skriuwers skreaunen harren wurk mear as bondels fan teksten, mar lettere ensyklopedyen hawwe mear struktuer. In protte binne alfabetysk oardere, guon, lykas de Britsk/Amerikaanske Encyclopædia Britannica, binne systematysk.

In lytse ensyklopedy yn ien bân, lykas de Frânske Petit Larousse, kin fansels net like djip op alles yngean as de grutte ensyklopedyen yn mear as tweintich bannen. Mar der is ek in ferskil yn hoe djip elk los artikel op de stof yngiet. Sa is de Dútske Brockhaus in foarbyld fan in wurk mei in protte koarte artikels, wylst de Britannica lang net safolle artikels hat, mar al hiel lange artikels.

Stânpunt

Hoewol der yn de measte ensyklopedyen besocht wurdt de artikels út in neutraal stânpunt te skriuwen slagget dat mar foar in part. Sa wienen de skriuwers fan de Encyclopédie nochal tsjin op de religy wat dúdlik te fernimmen wie, en hawwe hjoeddeiske ensyklopedyen faak in stânpunt wat oerienkomt mei it part fan de wrâld dêr't se skreaun wurde. Ek Wikipedia besiket neutraal te wêzen, mar eltse Wikipedy behannelet al it meast dy saken dy't foar de sprekkers fan dy taal it wichtichste binne.

Digitaal

Sûnt de njoggentiger jierren fan de 20e iuw wurde der net gjin grutte algemiene ensyklopedyën op papier útjûn, mar ferskine dy op kompaktskiif of op dûbelskiif en/of binne dy fia it ynternet tagonklik. Sa wie bygelyks yn Nederlân de njongende printinge fan de Winkler Prins Ensyklopedy, dy't tusken 1990 en 1993 útjûn waard, de lêste papieren ferzje.

15 jannewaris

15 jannewaris, Wikipedy-dei, is de 15e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder. Der folgje noch 350 dagen oan 'e ein fan it jier ta (yn in skrikkeljier 351).

Artikel (publikaasje)

In artikel is in koarte of relatyf koarte non-fiksjetekst mei in spesifyk ûnderwerp dy't publisearre wurdt yn in krante, tydskrift, nijsbrief, ensyklopedy of op in webside. Ek lemma's yn wurdboeken wurde wol artikels neamd. Yn artikels kin de miening werjûn wurde fan ien of mear as ien auteur, of it kin in ferslach wêze fan in wittenskiplik ûndersyk, de werjefte fan in beskaat barren of de omskriuwing fan in foarwerp. Artikels kinne objektyf of subjektyf skreaun wêze, en hawwe yn 'e regel in yndieling dy't yn elts gefal bestiet út in ynlieding en in neiere beskriuwing, mei faak in konklúzje ta beslút.

Biografysk Wurdboek fan Nederlân

It Biografysk Wurdboek fan Nederlân (yn't koart BWN) is in Nederlânsk wurdboek mei biografyen fan bekende (en net sa bekende, mar wol it fernijen wurdige) Nederlanners.

It BWN is de opfolger fan it Nij Nederlânsk Biografysk Wurdboek (ôfkoarte NNBW) dat tusken 1911 en 1937 yn tsien dielen ferskynde. Dêr waarden persoanen yn opnaam dy't foar 1910 stoarn binne. De einredakteuren fan dit wurk wienen P.C. Molhuysen, P.J. Blok en F.K.H. Kossmann.

Yn 1971 naam de Leidske heechlearaar Ivo Schöffer it inisjatyf ta in ferfolch. It earste diel fan it BWN ferskynde yn 1979. It seisde (en lêste) diel kaam yn 2009 op papier.

De biografyen yn it BWN binne troch in protte ferskillende auteurs skreaun. Sûnt 2002 kinne alle libbensbeskriuwingen online rieplachte wurde by it Ynstitút foar Nederlânske Skiednis (INGHIST) yn Den Haach.

Boukeunst

Boukeunst is de keunst en wittenskip fan it ûntwerpen fan gebouwen. Ek it resultaat dêrfan kin oantsjutten wurde as boukeunst. In beoefener fan de boukeunst is in arsjitekt.

De kombinaasje fan foarmen dy't karakteristyk is foar de boukeunst fan in perioade, regio, of boukeunst op basis fan in spesifyk ynsicht, hjit in boustyl.

Digitaal Frouljusleksikon fan Nederlân

It Digitaal Frouljusleksikon fan Nederlân (Nederlânske ôfkoarting DVN) is in online Nederlânsk neislachwurk mei biografyen fan opmerklike Nederlânske froulju oant likernôch 1850. It is, wat froulju oanbelanget, in oanfolling op it Biografysk Wurdboek fan Nederlân en op deselde stâljûn. Beide binne projekten fan it Ynstitút foar Nederlânske Skiednis.

Encyclopedie van Friesland

De Encyclopedie van Friesland is in Nederlânsktalige ensyklopedy oer de provinsje Fryslân út 1958.

Neist in ensyklopedysk gedielte hat it in kompendiumgedielte oer ûnder oare it Frysk, it lânskip, skiednis, literatuer en kultuer. Haadredakteur wie: J.H. Brouwer. Hy waard bystien troch de redaksjerie: J.J. Kalma, W. Kok, M. Wiegersma. It boek is útjûn troch Elsevier út Amsterdam.

Encyclopedie van het hedendaagse Friesland

De Encyclopedie van het hedendaagse Friesland is in Nederlânsktalige ensyklopedy oer Fryslân. De ensyklopedy moast in fuortsetting wêze fan de Encyclopedie van Friesland ûnder redaksje fan J.H. Brouwer en oaren (1958).

De ensyklopedy bestiet út 2 dielen en waard yn 1975 útjûn troch útjouwer Melis van Seijen fan Ljouwert. De redaksje bestie út Gerben Abma en Klaas Jansma.

Diel I is in kompendium en alfabetysk gedielte A-N. Diel II hat it alfabetysk gedielte O-Z en in taheaksel Monumintejier 1975.

Esperantotalige Wikipedy

De Esperantotalige edysje fan Wikipedy gie yn novimber 2001 fan start as de alfde edysje fan Wikipedy, tegearre mei de Baskysktalige Wikipedy. Dizze Wikipedy is yn 2016 de grutste edysje fan dizze online ensyklopedy yn in keunsttaal.

Fiksje

Fiksje is de foarm fan lykfol hokker wurk dat yn syn gehiel of foar in part ynformaasje oerbringt oer foarfallen dy't net echt binne, mar ynstee optocht en oan 'e fantasij fan 'e auteur ûntspruten binne. Hoewol't de term "fiksje" by útstek fan tapassing is op romans, novelles en koarte ferhalen, kin it ek ferwize nei poëzij en toanielfoarmen, ynkl. musicals, opera, ballet, film en tillefyzje. It tsjinstelde fan fiksje is non-fiksje, dat útslutend giet oer feitlike foarfallen (of alteast foarfallen wêrfan't oannommen wurdt dat it feitlike foarfallen binne).

Folapúktalige Wikipedy

De Folapúktalige edysje fan Wikipedy is yn 2017 de op ien nei grutste edysje fan dizze online ensyklopedy yn in keunsttaal.

Frysktalige Wikipedy

De Frysktalige edysje fan Wikipedy gie fan start op 2 septimber 2002. Op it stuit stiet dizze Wikipedy, wat grutte oangiet, 92e plak, mei goed 40.000 siden.

Homoseksualiteit

Homoseksualiteit is in seksueel aard mei as skaaimerk in foarkar foar persoanen fan deselde sekse(ὅμοιος, (homoios) is Gryksk foar gelyk). Minsken mei dizze seksuele foarkar wurde homoseksueel neamd. In frou mei romantyske of seksuele foarkar foar froulju wurdt ek wol lesbysk neamd. De term homoseksualiteit wurdt ek brûkt foar seksueel hâlden en dragen tusken minsken fan deselde sekse.

It wurd 'homoseksueel' waard betocht troch de Hongaarske sjoernalist Karl Maria Kertbeny, en foar it earst troch him brûkt yn 1869.

It langstme fan in man of frou nei immen fan itselde geslacht, dat net spesjaal seksueel hanneljen hoecht te betsjutten, wurdt wol homofily neamd. Immen dy't sosjaal kontakt mei persoanen fan itselde geslacht it leafst hat, wurdt homososjaal neamd.

Ingelsktalige Wikipedy

De Ingelsktalige edysje fan Wikipedy gie yn 2001 fan start as de earste edysje fan Wikipedy en is yn 2016 de grutste edysje fan dizze online ensyklopedy.

Nederlânsktalige Wikipedy

De Nederlânsktalige edysje fan Wikipedy gie yn 2001 fan start en is yn 2011 de op acht nei grutste edysje fan dizze online ensyklopedy (ynternetensyklopedy) mjitten nei it oantal artikels, nei de Ingelske, Dútske, Frânske, Italjaanske, Poalske, Spaanske, Japanske en de Russyske.

Nieuwe Encyclopedie van Fryslân

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân ('Nije Ensyklopedy fan Fryslân', NEF) is de nijste ensyklopedy oer Fryslân en de Friezen dy't yn 2016 ferskynde. It wurk waard yn it Nederlânsk skreaun.

Non-fiksje

Non-fiksje is ien fan 'e beide haadferdielings fan proaza, en it tsjinstelde fan fiksje, sa't al yn 'e term besletten leit. Non-fiksje bestiet út ferslaggen dy't útslutend basearre binne op feitlike foarfallen. Sokke beskriuwings en bewearings kinne lykwols ûnwier wêze, benammen op punten dêr't ynformaasje ûntbrekt en dêr't de auteur oannames meitsje moat, of op punten dêr't de auteur betrouwe moat op âldere boarnen dy't mooglik net sekuer binne. Soks komt bygelyks gauris foar yn 'e skiedkunde, wêrby't men faak lang net alles mear persiis neigean kin. Ek komt it foar dat de auteur ienfâldichwei de mienings of leauwensoertsjûgings fan trêden trochjout, bygelyks as it oer mytology of religy giet. Non-fiksje hoecht tsjintwurdich net mear needsaaklikerwize út skreaune tekst te bestean, mei't men likegoed gebrûk meitsje kin fan media as tillefyzje en film.

Poëzy

Poëzy is in foarm fan literatuer dêr't de tekst wichtiger is as de ynhâld. Yn gedichten foegje de bou en de assosjaasjes by elts fan de wurden mear ta ta de betsjutting fan it wurk dan de betsjutting fan de wurden en sinnen. By de bou spylje lûd, rym en metrum mei, by de wurdassojaasjes wurdkar en byldspraak.

Toaniel

Toaniel is in foarm fan teater wêrby't persoanen foar in publyk in spul opfiere. Sy spylje dan al as net in persoanaazje (aktearjen). It ferhaal wurdt middels dialogen of in monolooch ferhelle.

Wikipedy

Wikipedy is in iepen, rjochtenfrije ensyklopedy, dy't troch elkenien bewurke wurde kin. It wurd is in kombinaasje fan wiki en ensyklopedy. In Wikipedy is in taalferzje fan it Wikipedia-projekt fan de Wikimedia Foundation, in yn Floarida fêstige organisaasje. Wikipedia is it meast oanskreaune en suksesfolste projekt fan de foundation. Wikipedia bestiet op it stuit, augustus 2017, út 273 wikipedyen. Mei Wikipedy wurdt almeast doeld op de Fryske Wikipedy.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.