Elía

Elía (útsprutsen mei de klam op 'e i), faak Elía de Tisbyt neamd (Hebriuwsk: אֱלִיָּהוּ Eliyahu, betsjutting: "Myn God is Jahweh"; Gryksk: Ηλίας, Elías; Syrysk: ܐܸܠܝܼܵܐ, Elyāe; Arabysk: إلياس, Ilyās of إليا, Ilyā) wie in Israelitysk profeet en wûnderdogger yn it tsienstammeryk Israel ûnder it regear fan kening Achab, yn 'e njoggende iuw f.Kr. Hy wurdt ferskate kearen neamd yn 'e bibelboeken 1 en 2 Keningen, en wurdt as ien fan 'e wichtichste profeten fan it joadendom beskôge. Ek yn it kristendom, de islaam en it bahaïsme wurdt er as profeet erkend, en yn 'e Eastersk-otterdokse tsjerken hat er de status fan hillige. Neffens it Alde Testamint fan 'e Bibel kante Elía him fûleindich oan tsjin 'e ferearing fan heidenske goaden troch de Israeliten, en ferrjochte er dêrby mannich in wûnderteken, wêrûnder it opwekjen fan 'e deaden en it ôfroppen fan himelfjoer. Ferwizings nei Elía komme ek foar yn it Nije Testamint, de Talmoed, de Mishnah en de Koraan.

Elía
Elijah
persoanlike bysûnderheden
echte namme אֱלִיָּהוּ ("Eliyahu")
nasjonaliteit Israelitysk
berne 9e iuw f.Kr.
berteplak Tisbé (Israel)
stoarn 9e iuw f.Kr.
stjerplak oan 'e Jordaan (Israel)
etnisiteit Flag of Israel.svg Joadsk
wurkpaad
aktyf as profeet
jierren aktyf 9e iuw f.Kr.
reden
  bekendheid
neamd yn 'e BibelTalmoed,
   Mishnah en Koraan

Elía yn it Alde Testamint

Eftergrûn

Tsjin 'e njoggende iuw f.Kr., de tiid dat Elía libbe hawwe moat (as er wier bestien hat, wat frijwol alle saakkundigen oannime), wie it iere Keninkryk Israel dat de foarâlden fan 'e Joaden yn Palestina stifte hiene, útinoarfallen yn twa út en troch mei-inoar deilis reitsjende rykjes: yn it noarden it saneamde tsienstammeryk Israel, en yn it suden it twastammeryk Juda. Fan dy beide hie Juda, mei as haadstêd Jeruzalim, it âlde sintrum fan 'e jahwistyske religy yn besit beholden, wylst Israel sadwaande de nije haadstêd Samaría ta nij religieus sintrum makke hie.

Under dy omstannichheden wie it maklik foar de Israeliten om stikje by bytsje fierder ôf te reitsjen fan it jahwistyske leauwe (dêr't letter it joadendom sa't wy dat kenne, út fuortkomme soe), nammenste mear om't dat nei alle gedachten ûnder de mearderheid fan 'e befolking nea djip woartele west hie. Boppedat diene de keningen fan Israel alle war om 'e ynfloed te beheinen dy't it buorkeninkryk Juda ûnder de befolking hie troch de op Jeruzalim oriïntearre jahwistyske riten tsjin te gean. Sa bouden se in eigen jahwistyske timpel yn Samaría, dêr't se tsjin 'e Wet fan Mozes yn preesters beneamden dy't net ta de stamme fan 'e Leviten hearden. Ek moedigen se de ferearing fan Kanaänityske goaden oan, lykas Baäl-Hadad, de god fan 'e tonger en fruchtberens, en de memmegoadinn Asjeara, de Frouwe fan 'e See.

Kingdoms of Israel and Judah map 830
In kaart mei dêrop oanjûn de steatkundige sitewaasje yn Palestina yn 'e njoggende iuw f.Kr. It noardlike tsienstammeryk Israel is oanjûn yn blau en it súdlike twastammeryk Juda yn oranje.

Ien fan 'e Israelityske kenings, Omry, wist syn noardgrins feilich te stellen troch in polityk bûnsgenoatskip te sluten mei de Fenisyske stêdsteat Sidon. Dat bûnsgenoatskip waard besegele troch in houlik tusken Omry syn soan en opfolger Achab en Izébel, de dochter fan 'e kening fan Sidon, dy't teffens in preesteresse fan Baäl-Hadad wie, en in grut gefolch oan preesters fan Baäl en Asjeara meinaam nei har nije lân. Hoewol't it bûnsgenoatskip polityk-militêr sjoen perfoarst in ferstannige set wie, late it ta in heech oprinnend yntern skeel mei de jahwistyske profeten, dy't gjin belang hiene by politike stabiliteit, mar inkeld it strikt neilibjen fan 'e Wet fan Mozes neistribben.

Yntroduksje fan Elía

Tsjin dy eftergrûn wurdt yn 1 Ken. 17:1 de profeet Elía yntrodusearre as "Elía de Tisbyt, út Tisbé yn Gileäd".[1] Gjin fierdere ynformaasje wurdt oer him jûn. Men spekulearret wol dat "Elía", in ferbastering fan 'e Hebriuwske namme Eliyahu, dat betsjut "Myn God is Jahweh", eins gjin eigennamme mar in titel wie. It ferhaal giet troch mei te sizzen dat God Elía nei Achab ta stjoerd hie mei de warskôging dat God in rampsillige drûchte oer it lân bringe soe, as straf foar it feit dat Achab him net holden hie oan 'e Wet fan Mozes. Op befel fan God moat Elía no ûnderdûke om oan ferfolging troch de tsjinners fan Achab te ûntkommen. Hy hâldt him beskûl "by de beek Krit, dy't útkomt yn 'e Jordaan."[2] Dêr oerlibbet er troch út 'e beek te drinken, wylst God him brea en fleis bringe lit troch de ravens.

Dat lêste ferhaalelemint is kontroversjeel, mei't iten dat troch ravens brocht wurdt, dat ommers iesiters binne, de measte minsken net oanstean soe. Boppedat binne ravens yn 'e joadske tradysje ûnreine bisten. De Hebriuwske tekst brûkt op dit plak wurd עֹרְבִים, ‘ōrvīm, dat yndie "ravens" betsjut, mar om't it Hebriuwske skrift in konsonanteskrift is, waard dêrby oarspronklik net oanjûn hokker fokalen oft tusken de konsonanten yn pleatst wurde moasten (de moderne fokalisaasje datearret fan folle letter). Mei in oare fokalisaasje soe dit wurd ek "Arabieren" betsjutte kinne. Dat yn alle bibeloersettings tsjintwurdich fan "ravens" sprutsen wurdt, komt troch de Septuaginta, de gesachhawwende iere oersetting yn it Aldgryksk; om't dy it oangeande wurd oersette as κορακες, "ravens", is dat neitiid troch alle oare fertalings oernommen. Lykwols binne in protte, sa net de measte, moderne bibelwittenskippers fan betinken dat der hjirre wierskynlik "Arabieren" bedoeld is, temear om't Elía letter iten kriget fan in oare útlanner, in Fenisyske frou.

De Widdo fan Sarfat

As troch de drûchte dy't God oer it lân komme litten hat de beek Krit úteinlik opdrûget, stjoert God Elía nei it plak Sarfat (eins: Sarepta), yn Fenysje, dêr't er ynlûkt by in widdo dy't God hjitten hat om him te fersoargjen. As Elía by de frou oankomt, seit dy lykwols dat har moalpot en oaljekanne frijwol leech binne, en dat se dêrom gjin iten foar him meitsje kin. Ynstee risselwearret se om mei har soan de hongerdea te stjerren. Mar Elía bewissiget har dat it moal yn 'e pot net minderje en de oalje yn 'e kanne net opreitsje sil foar't de drûchte oer is. Dat de widdo makket iten foar him klear mei it lêste bytsje moal en oalje dat se noch hat, en it is sa't de profeet sein hat: noch moalpot, noch oaljekanne rekket leech.

ElijahByLouisHersent
Elía wekket de soan fan 'e widdo fan Sarfat wer ta libben.

In skoftke neitiid wurdt de soan fan 'e widdo siik en komt te ferstjerren. As de frou him dan ferwyt dat er grif kommen is om har "har kwea"[3] yn 't sin te bringen en har dêrfoar te straffen mei de dea fan har soan, freget Elía har om him it lichem fan har soan te jaan. Hy giet trije kear plat boppe-op it jonkje lizzen en bid dat God it bern it libben weromjaan mei. "En de Heare harke nei de stim fan Elía en de siel fan it bern kaam yn him werom en it waard wer libben."[4] Dit is it earste gefal fan it opwekjen fan 'e deaden dat yn 'e Bibel beskreaun wurdt, en it is ynteressant dat de ûnfangende partij fan dit wûnder in net-joadske frou is, dy't yn 'e Middeneastlike maatskippij fan 'e Aldheid in min ein temjitte gien wie as hja gjin bern hie om yn har âlderdom foar har te soargjen.

Elía op 'e Karmel

Nei mear as trije jier keart Elía werom nei Israel om dêr yn opdracht fan God nei kening Achab ta te gean en de ein fan 'e drûchte oan te kundigjen, net om't de Israeliten har bekeard hawwe, mar om't God besletten hat en lit syn macht blike. Underweis komt Elía in tsjinner fan Achab tsjin, Obadja, dy't hûndert profeten fan God "by fyftigen yn in rotshoale ferburgen"[5] hie doe't Achab en Izébel sokken ferfolgen om se út te rûgjen. Elía stjoert Obadja nei Achab ta om syn komst oan te kundigjen. Dêrop komt Achab de profeet yn 'e mjitte, en neamt him "dy man, dy't Israel yn it ûngelok bringt."[6] Elía wyt it ûngelok fan it lân lykwols oan Achab sels, en stelt de kening dan foar om sjen te litten wat syn "ôfgoaden" út 'e wei sette kinne tsjin 'e macht fan God.

Hiele Israel wurdt oproppen om nei de berch Karmel te kommen. Dêr nimt Elía it allinnich op tsjin 450 preesters fan Baäl-Hadad en 400 preesters fan Asjeara. Twa alters wurde boud, ien foar Baäl en ien foar God. Der wurdt baarnhout op 'e alters lein en twa oksen wurde slachte en yn stikken houd, wêrnei't it fleis op it hout lein wurdt. Dêrnei daget Elía de preesters fan Baäl en Asjeara út om harren goaden te bidden om it offer te ûntstekken. Dy bidde dêrop fan moarnsier oant de middei, mar gjin himelfjoer komt. Elía begjint harren op in stuit de gek oan te stekken: "Hy sei: Jimme moatte mei in machtich lûd roppe, want it is in god. Faaks is er yn gedachten of hy moat wat dwaan, of hy is op reis, miskien sliept er wol en moat er wekker wurde."[7] De preesters begjinne harsels dan mei swurden en spearen sneden ta te bringen, om har eigen bloed by it fleisoffer te foegjen (ûnder de Wet fan Mozes wie sok skeinen fan it lichem strang ferbean). Hja sette harren bidden fuort oant de jûn, mar sûnder súkses.

Dan oarderet Elía dat it alter fan God trochdrinzge wurde moat mei wetter, en hy graaft der in fuorge omhinne dêr't it wetter yn stean bliuwt. Dêrnei bidt er God om it offer te akseptearjen, en daliks falt der fjoer út 'e himel dat it offerfleis, it wetter yn 'e fuorge en sels de stiennen fan it alter fertart. As it folk dat sjocht, bekeart it him ta it leauwe yn God. Elía jout dêrop befel om 'e preesters fan Baäl te gripen en mei te fieren nei de beek Kisjon, om har dêr oan 'e lêste man ta ôf te slachtsjen. Neitiid bidt Elía op 'e berch Karmel oan God dat de drûchte no einigje mei, en oan trije kear ta stjoert er in feint om út te sjen oft har yn 'e fierte boppe see al reinwolkens foarmje. De trêde kears sjocht de feint "in wolkje as in mannehân"[8] út 'e see opkommen. Dêrop stjoert Elía him om Achab te warskôgjen dat er sjen moat en gean by de berch del, om't de stjalprein dat oars ûnmooglik meitsje sil. Krekt sa't er foarsein hat, begjint koarte tiid letter in stjalprein dy't in ein makket oan 'e drûchte en de hongersneed. "Mar oer Elía kaam de hân fan de Heare: hy die de mulriem om en hy fleach foar Achab út oan it plak ta, dêr't se ôfslane nei Jizreël."[9]

Elía op 'e Hoareb

As Izébel heart dat Elía har preesters ôfslachtsje litten hat, ûntstekt hja yn grutte grime en driget se him dea te dwaan. Dêrop moat de profeet de wyk nimme nei Beër-Sjêba, yn Juda, dêr't er lykme-allinne de wyldernis yn tsjocht. Uteinlik jout er him del ûnder in strûk bremerheide en bidt dat er stjerre mei. Hy wurdt lykwols wekker makke troch in ingel, dy't him iten en drinken bringt. Neitiid reizget er fjirtich dagen en fjirtich nachten oant er op 'e berch Hoareb komt, dêr't er beskûl siket yn in spelonk. "[M]ar dêr liet de Heare him Syn wurd takomme en Hy sei tsjin him: 'Wat moasto hjir, Elía?' "[10] De profeet jout ûntwikende antwurden, ymplisearret dat al syn krewearjen om 'e nocht west hat en bekleit him oer de Israeliten.

Washington Allston - Elijah in the Desert - Google Art Project
Elía yn 'e wyldernis.

Dêrop moat er fan God út 'e spelonk komme en op 'e berch stean gean "foar it antlit fan de Heare."[11] In ûnbidich hurde wyn giet foarby, mar God is net yn 'e wyn; in ierdbeving giet foarby, mar God is net yn 'e ierdbeving; in fjoer giet foarby, mar God is net yn it fjoer. As Elía dêrnei lykwols "it lûd fan in lichte koelte"[12] heart, bewuollet er syn gesicht mei syn mantel, om't er wis is dat er stjerre sil as er God mei de eagen sjocht. Op 'e nij freget God oan Elía wat er op 'e Hoareb moat, en op 'e nij ûntwykt de profeet it antwurd en bekleit er him oer de Israeliten, dêrmei bewizend dat er neat wizer wurden is fan 'e godlike iepenbiering dy't er niiskrekt trochmakke hat. God stjoert him dan nei it noarden, dêr't er yn Damaskus Hazael salvje moat ta kening oer Aram. Dêrnei moat er weromkeare nei Israel om Jehû ta kening te salvjen oer Israel. Fierders moat er Eliza fan Abel-Mehola ta profeet salvje foar himsels yn 't plak.

It druvehôf fan Nabot

Elía moetet kening Achab fannijs yn 1 Keningen 21. Yn dy passaazje wurdt ferteld hoe't Achab syn each falle lit op it druvehôf fan in Nabot fan Jizreël, dêr't er in krûdetún fan meitsje wol. Hy set nei de man ta en biedt him in slompe jild foar it hôf, mear as dat it lân feitliks wurdich is. Nabot is lykwols in koppich man, dy't in sin by it druvehôf hat om't it al generaasjes lang yn it besit fan syn famylje is, dat hy stegeret de kening ôf en wegeret it lân te ferkeapjen. Achab akseptearret dat antwurd mei tsjinnichheid, keart werom nei syn paleis en giet op bêd lizzen te stúmjen. Syn frou Izébel besaut har oer it ûnnoazele hâlden en dragen fan har man, en beslút him sjen te litten hoe't in kening soks oan heart te pakken. Hja stjoert brieven nei de âldsten fan Jizreël en bewurkmasteret sa dat der twa manlju ynhierd wurde dy't nearne om jouwe. Dy bringe falske beskuldigings yn tsjin Nabot dat dy God en de kening ferflokt hawwe soe, wêrnei't er bûten de stêd brocht en stiennige wurdt. As Achab heart dat Nabot fan Jizreël dea is, komt er fan bêd ôf en nimt it druvehôf yn beslach.

Nei dy foarfallen stjoert God Elía nei Achab ta om him mei de gong fan saken te konfrontearjen. "Achab sei tsjin Elía: 'Hasto my wer fûn, myn fijân?' Hy sei: 'Ja, ik haw jo fûn, omdat jo jo ferkocht hawwe om te dwaan wat de Heare ferkeard achtet.' "[13] Dan sprekt Elía in profesije fan ûnheil út oer Achab en dy syn hiele hûs: op it plak dêr't de hûnen it bloed fan Nabot opslikke hawwe, dêr sille se yn 'e net sa fiere takomst ek Achab syn bloed opslikje, en Izébel sil sels fan 'e hûnen opfretten wurde by it bolwurk fan Jizreël. Wa't fan Achabs bloed yn 'e stêd stjert sil troch de hûnen ferslynd wurde, en wa't dêrbûten stjert, sil troch de rôffûgels ferslynd wurde. As Achab dat heart, skuort er him by wize fan roubetoan de klean stikken en rint er yn in rousek om. Dêrop toant God genede en stjoert er Elía werom om te sizzen dat it ûnheil pas oer Achab syn hûs komme sil nei't dy sels stoarn is, ûnder it regear fan syn soan Achazja.

Statue of Saint Elijah at Saint Elijah Maronite Cathedral, Aleppo
It stânbyld fan Elía yn it Syryske Aleppo.

Elía en Achazja

Yn 2 Keningen 1 wurdt noch in konfrontaasje beskreaun tusken Elía en Achazja, dy't spilet nei Achab syn dea op it slachfjild. Achazja is dan by in fal slim ferwûne rekke, en stjoert boaden nei de Filistynske stêd Ekron ta, om dêr oan 'e preesters fan 'e god Baäl-Sebûb te freegjen oft er noch wer opbetterje sil. Elía hâldt lykwols ûnderweis de boaden tsjin en stjoert se werom mei in boadskip foar Achazja, dat yn syn karakteristike styl begjint mei pertale fraach: "Is der faaks yn Israel gjin God, dat jimme nei Baäl-Sebûb geane te freegjen?"[14] It boadskip giet fierder mei te sizzen dat Achazja, om't er gjin fertrouwen yn God toand hat, net wer fan syn siikbêd komme sil.

As er dat heart, freget Achazja de boaden om 'e man dy't dat tsjin harren sein hat, te omskriuwen, en út harren wurden (" 'It wie in man mei in rûge mantel oan en in learen gurle om 'e mul.' "[15]) ken er Elía fan Tisbé wer. Dêrop stjoert Achazja trije groepen soldaten efterinoar út om Elía oan te hâlden. De earste beide lit de profeet troch himelfjoer fertarre, mar de ofsier dy't it befel fiert oer de trêde groep, smeket him om it libben fan himsels en syn mannen te sparjen, wêrnei't Elía dermei ynstimd om mei te gean nei de kening. Dêr oankommen werhellet Elía yn persoan deselde wurden dy't er ek al troch de boaden oerbringe litten hie.

Himelfeart

Yn 2 Keningen 2 wurdt ferteld hoe't Elía neitiid yn it selskip fan syn learling en opfolger Eliza nei de Jordaan ta giet. Dêr rôlet er syn mantel op en slacht dermei op it wetter. It wetter spjaltet him dan, sadat de Elía en Eliza drûch oerstekke kinne. Oare kant de rivier ferskynt ynienen in striidwein fan fjoer dy't lutsen wurdt troch hynders fan fjoer; "dy makke skieding tusken har beiden. Sa fear Elía yn in stoarm op nei de himel."[16] Elía syn mantel is op 'e grûn fallen, en Eliza pakt dy op, giet werom en slacht dermei op it wetter, en dan spjaltet de rivier him ek foar him.

Brief oan Joaram

De lêste kear dat Elía yn 'e joadske Bibel neamd wurdt, is yn 2 Kroniken 21:12-15, dêr't sprake is fan in brief dat ûnder syn namme nei kening Joaram fan Juda stjoerd wurdt. Dêryn wurdt dy kening beskrobbe om't er syn folk fan it rjochte paad (fan it jahwistyske leauwe) ôf laat hat. It brief einiget mei de foarsizzing fan in pynlike dea foar de kening.

Dizze passaazje is foar bibelwittenskippers problematysk om ferskate redens. Yn it foarste plak giet it om in kening fan it súdlike twastammeryk Juda, wylst Elía him bekroade om it noardlike tsienstammeryk Israel. Twad begjint it brief mei "Dit hat de Heare, de God fan jo foarfaar David, te sizzen...", ynstee fan it foar Elía gebrûklike "... yn 'e namme fan 'e Heare, de God fan Israel". Boppedat liket it besoargjen fan dit brief yn gronologyske opsicht te spyljen nei Elía syn wûnderbaarlike himelfeart.

JPF-Cave Of Elijah
In byld fan 'e profeet yn 'e saneamde Spelonk fan Elía, yn 'e berch Karmel.

Guon saakkundigen wize om boppesteande redens eltse konneksje tusken Elía en dit brief ôf. Oaren beärgumintearje dat it brief bedoeld wie om in tige "noardlike" sitewaasje yn it súdlike keninkryk oan te pakken, en dat it ferhaal dêrom foar 't neist wol deeglik autentyk is. Wer oaren nimme oan dat by dit brief de namme fan in ûnbekende profeet op in stuit ferfongen is troch in bekenderen-ien.

Foarsizzing oer Elía

Yn 'e kristlike Bibel (dy't de Lytse Profeten oan 'e ein fan it Alde Testamint pleatst), wurdt Elía yn it Alde Testamint foar it lêst neamd yn Maleächy, dêr't stiet: "Sjoch, Ik stjoer jimme de profeet Elía, ear't dy grutte skriklike dei fan de Heare komt."[17] "Dy dei" wurdt omskreaun as "gleon as in ûne; dan wurde alle oermoedigen en kweadoggers as tsjêf; [...] en der sil woartel noch tûke fan oerbliuwe."[18] Dat liket dus om 'e Ein fan de Tiden te gean, en yn it rabbinale joadendom wurde beide sitaten tegearre opfet as sil Elía weromkeare foar't de messias komt. Yn it kristendom leaut men dat Elía al weromkeard is, sa't yn it Nije Testamint beskreaun stiet.

Elía yn it Nije Testamint

Yn it kristlike Nije Testamint fan 'e Bibel wurdt Elía ek ferskate kearen neamd. De profeet Jehannes de Doper, dy't yn 'e woastyn libbe en de lju oprôp ta ynkear te kommen en har dope te litten, makke mei opsetsin gebrûk fan symboalen dy't de lju yn syn tiid daliks mei Elía assosjearren. Sa droech er in rûge, kamielehierrende mantel en in learene gurle om 'e mul,[19] en teffens doopte er syn folgelingen yn 'e rivier de Jordaan, dy't ek al in konneksje mei Elía hie. Jezus Kristus identifisearret Jehannes yn it Evangeelje fan Mattéus sels mei safolle wurden mei Elía: " 'En as jimme it mar oannimme wolle: Jehannes is de Elía dy't komme soe.' "[20] Fierderop seit er nochris: " 'Mar Ik sis jimme: Elía hat der al west, mar se hawwe net sjoen dat hy it wie, en mei him dien wat se mar woene.' "[21]

Yn Mattéus 17:1-13, it ferhaal dat bekendstiet as De Ferhearliking op 'e Berch, wurdt ferteld hoe't op 'e top fan in hege berch wêrfan't de namme net neamd wurdt, it antlit fan Jezus begjint te strieljen. De dissipels Petrus, Jehannes en Jakobus, dy't by him binne, hearre dan de stim fan God út in wolk wei sprekken: " 'Dit is Myn Soan, Myn ynleave Jonge, dêr't Ik sa wiis mei bin. Harkje nei Him.' "[22] Ek sjogge se Moazes en Elía oan wjerskanten fan Jezus ferskinen. Petrus freget dan oft er trije tinten opsette sil: ien foar Jezus en elk ien foar Moazes en Elía, mar de ferskining blykt mar fan koarte doer te wêzen.

Transfigurationbloch
De ferskining fan Moazes en Elía by de "ferhearliking op 'e berch".

Ek Jezus sels wurdt wol ferlike mei Elía, bygelyks as Jezus yn it Evangeelje fan Lukas oan syn dissipels freget wa't de minsken sizze dat hy is. Dan wurde û.m. de nammen fan Elía en Jehannes de Doper op 't aljemint brocht. Jezus syn lear hie lykwols net in protte gemien mei dy fan Elía; wylst Jezus ferdraachsumheid preke en de minsken oprôp om har fijannen te ferjaan, stie Elía ûnmeilydsum foar ôfwikende mienings oer, en rôp er it folk op om syn fijannen ôf te slachtsjen. Der binne wol oerienkomsten, benammen oangeande de wûndertekens dy't hja ferrochte hawwe soene; allebeide wekken se deaden wer ta libben, en beide makken se dat in einige itensfoarried ûneinich waard (Elía mei de moalpot en oaljekanne fan 'e widdo fan Sarfat, en Jezus as er fan fiif breaën en twa fisken fiiftûzen minsken te iten jout). Mar Jezus nimt yn Lukas 9:51-56 rigoereus ôfstân fan Elía syn metoaden. Yn dat ferhaal kin er gjin sliepplak fine yn in Samaritaansk doarp, om't er op trochreis is nei Jeruzalim, it religieuze sintrum fan it joadendom (de Joaden en Samaritanen libben doedestiden yn ûnmin). Syn dissipels wolle dan hawwe dat er fjoer út 'e himel roppe sil om it doarp te ferdylgjen. It ferhaal einiget mei de wurden: "Mar Jezus kearde Him om en sette harren teplak. Doe giene se nei in oar doarp."[23]

Elía yn oare religyen

Yn it moderne joadendom wurdt Elía oanroppen yn it wyklikse Havdalah-ritueel, dat de ein fan 'e sabbat oanjout. Ek wurdt Elía belutsen by oare joadske gewoanten, wêrûnder de fiering fan it Pesach-feest en de brit milah, de rituële besnijenis fan jonkjes. Hy is fierders de haadpersoan of wurdt neamd yn withoefolle joadske ferhalen, dy't útinoarrinne fan 'e rabbinale literatuer (ynkl. de Babyloanyske Talmoed) oant folkloristyske teltsjes.

Yn 'e Koraan (dêr't er Ilyās of Ilyā neamd wurdt) wurdt Elía beskreaun as in grut en from godsman, dy't him krêftich tsjin 'e heidenske Kanaänityske religy kearde. Dêropta spilet er yn beskate islamityske tradysjes in wichtige rol yn in ferskaat oan leginden en folksferhalen.

Yn it bahaïsme waard de Báb, de stifter fan dat leauwe, beskôge as in reynkarnaasje fan sawol Elía as Jehannes de Doper. Allebeide wurde yn it bahaïsme beskôge as mindere profeten, dy't in triem leger yn rangoarder steane as boadskippers fan God, dêr't behalven de Báb sels en syn opfolger Bahá'u'lláh ek Jezus Kristus, de Boeda en Mohammed ta rekkene wurde. De Báb leit begroeven op 'e berch Karmel, dêr't Elía syn konfrontaasje mei de preesters fan Baäl-Hadad hie.

Elía spilet ek in rol yn beskate kristlike, licht synkretistyske folkstradysjes, wêryn't er (fanwegen syn ôfroppen fan wjerljocht en teffens fanwegen syn himelfeart) assosjearre wurdt mei tongergoaden út prekristlike religyen, lykas de Slavyske tongergod Perûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 Keningen 17:1
  2. 1 Keningen 17:3
  3. 1 Keningen 17:18
  4. 1 Keningen 17:22
  5. 1 Keningen 18:13
  6. 1 Keningen 18:17
  7. 1 Keningen 18:27
  8. 1 Keningen 18:44
  9. 1 Keningen 18:46
  10. 1 Keningen 19:9
  11. 1 Keningen 19:11
  12. 1 Keningen 19:12
  13. 1 Keningen 21:20
  14. 2 Keningen 1:3
  15. 2 Keningen 1:8
  16. 2 Keningen 2:11
  17. Maleächy 3:23
  18. 1 Keningen 3:19
  19. Evangeelje fan Mattéus 3:4, Evangeelje fan Markus 1:6
  20. Evangeelje fan Mattéus 11:14
  21. Evangeelje fan Mattéus 17:12
  22. Evangeelje fan Mattéus 17:5
  23. Evangeelje fan Lukas 9:55-56

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.


  1. 1 Keningen 17:1
  2. 1 Keningen 17:3
  3. 1 Keningen 17:18
  4. 1 Keningen 17:22
  5. 1 Keningen 18:13
  6. 1 Keningen 18:17
  7. 1 Keningen 18:27
  8. 1 Keningen 18:44
  9. 1 Keningen 18:46
  10. 1 Keningen 19:9
  11. 1 Keningen 19:11
  12. 1 Keningen 19:12
  13. 1 Keningen 21:20
  14. 2 Keningen 1:3
  15. 2 Keningen 1:8
  16. 2 Keningen 2:11
  17. Maleächy 3:23
  18. 1 Keningen 3:19
  19. Evangeelje fan Mattéus 3:4, Evangeelje fan Markus 1:6
  20. Evangeelje fan Mattéus 11:14
  21. Evangeelje fan Mattéus 17:12
  22. Evangeelje fan Mattéus 17:5
  23. Evangeelje fan Lukas 9:55-56
5 Makkabeeërs

5 Makkabeeërs is in algemien as apokryf beskôge joadske religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is inkeld oerlevere yn it Arabysk, en wurdt sadwaande ek wol Arabyske Makkabeeërs of 2 Makkabeeërs (Arabysk) neamd. De oantsjutting "5 Makkabeeërs" waard foar it earst brûkt yn in wittenskiplik artikel út 1832, en is sûnt frij algemien wurden.

Boete fan Origenes

De Boete fan Origenes is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in klaachliet dat skreaun wêze soe troch de tsjerkfaar Origenes (±184-±254). It wurdt gauris betize mei Origenes syn geskrift Selecta in Threnos, dat in kommentaar op it sjenre fan 'e klaachlieten is.

Brief oan de Trallessiërs

It Brief oan de Trallessiërs is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is ien fan 'e brieven fan 'e tsjerkfaar Ignatius fan Antiochië, en waard oan it begjin fan 'e twadde iuw skreaun oan 'e kristlike gemeente yn 'e stêd Tralles (it hjoeddeiske Aydın), yn westlik Lyts-Aazje.

It brief giet grutdiels oer de weropstanning fan Jezus, en liket fierhinne bedoeld te wêzen om 'e dwaallear fan it dosetisme te bestriden, dy't úthold dat Jezus inkeld geastlik út 'e dea opstien wie, en net fysyk.

De Libbens fan de Profeten

De Libbens fan de Profeten is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is allinnich mar oerlevere yn kristlike manuskripten, gauris mei frijwat tafoegings fan lettere kristlike redakteurs, hoewol't saakkundigen fan betinken binne dat it oarspronklik in joadsk geskrift west hawwe moat. De oerlevere hanskriften binne skreaun yn it Gryksk, Latyn, Syrysk, Armeensk en Arabysk, al moat de oarspronklike tekst yn in Semityske taal steld west hawwe, foar 't neist yn it Hebriuwsk of it Arameesk. Fan 'e ûnderskate Gryksktalige ferzjes wurdt der ien taskreaun oan 'e tsjerkfaar Epifanius fan Salamis, wylst men wol hawwe wol dat in oarenien fan 'e hân fan Dorotéus fan Tyrus is. It iennichste Latynske manuskript soe in oersetting wêze dy't makke is troch Isidoarus fan Sevilla. De Libbens fan de Profeten wurdt almeast datearre yn 'e earste iuw.

Evangeelje fan Bartoloméus

It Evangeelje fan Bartoloméus is in missende en algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel.

It wurdt neamd yn ferskate ier-kristlike boarnen, mar is fierders ûnbekend. It hat wol kâns dat it ferlern gien is, mar it soe ek wêze kinne dat it in alternative namme is foar ien fan beide teksten dy't hjoed de dei bekendsteane as de Fragen fan Bartoloméus of de Weropstanning fan Jezus Kristus (troch Bartoloméus).

Evangeelje fan Mattias

It Evangeelje fan Mattias is in ferlern giene, algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It wie nei alle gedachten in pseudepigrafysk geskrift, dat taskreaun waard oan 'e apostel Mattias (dy't nei de himelfeart fan Jezus Kristus keazen waard om 'e ferrieder Judas Iskariot te ferfangen; sjoch: Hannelingen fan de Apostels 1:15-26).

It Evangeelje fan Mattias wurdt neamd yn 'e wurken fan tsjerkfaars (wêrûnder Klemins fan Aleksandrië, Origenes, Hieronymus fan Stridon en Eusebius), mar is net oerlevere. Der bestiet te min bewiismateriaal om útmeitsje te kinnen oft de krektlyk ferlern giene Tradysjes fan Mattias ien en deselde tekst wie of net.

Evangeelje fan Petrus

It Evangeelje fan Petrus is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. Oars as de measte net-kanonike evangeeljes is it gjin gnostyske tekst. Wol is it in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e apostel Petrus, dat eins it wurk is fan in anonym skriuwer, en dat nei gedachten datearre wurde moat omtrint it jier 190.

Gryksk Evangeelje fan de Egyptners

It Grykske Evangeelje fan de Egyptners wie in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It wie ien fan 'e gnostyske evangeeljes. De titel is in modernenien, dy't ôflaat is fan 'e begjinregel. It moat net betize wurde mei it Koptyske Evangeelje fan de Egyptners, dat in hiel oare tekst is.

Hanneling fan Petrus

De Hanneling fan Petrus (net te betiizjen mei de Hannelingen fan Petrus, dat in hiele oare tekst is), is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in koart geskrift dat oerlevere is yn 'e fyfde-iuwske Codex Berolinensis.

Held

In held (manlike foarm) of heldinne (froulike foarm) is in libbene, histoaryske, legindaryske, mytyske of fiktive persoan, dy't, as hy of sy konfrontearre wurdt mei gefaar of tsjinrampen, yn syn of har dieden moed, fernimstigens en berettens ta selsopoffering sjen lit yn it foardiel fan in gruttere saak. Sa'n persoan wurdt bewûndere om dappere of grutte dieden of om útsûnderlike kwaliteiten. It eigenskipswurd dat by 'held' heart, is heldhaftich en it wêzen fan in held of heldinne wurdt heldendom neamd.

It idee fan 'e held of heldinne komt út 'e Aldheid. Yn 'e klassike literatuer út dat tiidrek, en ek yn 'e ridderromans fan 'e Midsiuwen hie it heldendom almeast te krijen hie mei it leverjen fan fysike striid of it útblinken yn it ien of oar. Helden yn dy sin binne it wichtichste ûnderwerp fan epyske gedichten as de Aldgrykske Ilias en Odyssee en it Aldingelske Beowulf. Letter waard it heldendom útwreide ta in mear algemien moreel útblinken. De held hat yn in ferhaal ornaris de rol fan protagonist. It tsjinstelde fan in held is in smjunt, dy't ornaris de rol fan antagonist hat. It kin lykwols ek wêze dat de skriuwer of ferteller de saak omdraait en de smjunt ta protagonist makket of gewoan in protagonist nimt dy't gjin heldhaftige kwaliteiten hat. Yn sokke gefallen sprekt men fan in antyheld.

Helden kinne figueren út 'e mytology wêze, lykas Gilgamesj, Hearakles en Achilles, bibelske persoanen as Simson, David en Elía, personaazjes út 'e literatuer as Beowulf, Robin Hood en Sherlock Holmes, histoaryske persoanen as Jeanne d'Arc, Davy Crockett en Mahatma Gandhi, sportgrutheden as Muhammad Ali, Michael Jordan en Usain Bolt, en fiktive superhelden as Superman, Batman en Wonder Woman. Der binne ek nasjonale helden of folkshelden, dy't benammen yn ien lân of troch ien folk as held beskôge wurde. Dêrby kin men tinke oan (de fiktive) Wilhelm Tell yn Switserlân, Giuseppe Garibaldi yn Itaalje, William Wallace, Robert the Bruce en Rob Roy yn Skotlân, Willem fan Oranje yn Nederlân en Grutte Pier yn Fryslân.

Iepenbiering fan Elía

De Iepenbiering fan Elía is in algemien as apokryf beskôge religieus geskrift, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel, wêryn't in fizioen optekene is dat de ferteller neffens eigen sizzen skonken wêze soe troch in ingel fan God. It is yn twa ûnderskate ferzjes oerlevere: in fragmintaryske Koptyske kristlikenien, en in Hebriuwske joadskenien. De titel is ûntliend oan it gauris foarkommen fan 'e namme fan 'e Aldtestamintyske profeet Elía yn 'e tekst, mar der is neat dat suggerearret dat dy as skriuwer bedoeld is.

De Iepenbiering fan Elía wurdt nei ferwiisd yn ferskate ier-kristlike geskriften, en de tsjerkfaar Origenes en oaren wolle hawwe dat in passaazje út Paulus syn Earste Brief oan de Korintiërs (1 Kor. 2:9) derop basearre is. In oare tsjerkfaar, Epifanius fan Salamis, mient fierders dat ek in passaazje út it Brief oan de Efeziërs (Ef. 5:14) weromslacht op 'e Iepenbiering fan Elía. As hja dêr gelyk oan hawwe, moat de tekst dus datearje fan foar Paulus syn briefkerij, mooglik út 'e earste helte fan 'e earste iuw. De beide oerlevere ferzjes binne nei alle gedachten ûntspruten oan itselde orizjineel (wat dan de tekst west hawwe soe dy't troch Paulus yn syn brieven oanhelle waard); de Koptyske ferzje is lykwols sterk ferkristlike, wylst de Hebriuwske ferzje ynkoarte is.

Iepenbiering fan Sefanja

De Iepenbiering fan Sefanja is in algemien as apokryf beskôge religieus geskrift, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigraaf ûnder de namme fan 'e joadske profeet Sefanja, dy't bekend wie út ferwizings yn geskriften út 'e Aldheid, mar iuwenlang ferlern waand waard, oant der yn 1881 yn it Wite Kleaster, yn Egypte, twa fragmintaryske manuskripten fan ûntdutsen waarden. Dy waarden oerbrocht nei de Bibliothèque Nationale de Paris, yn Frankryk, en yn 1885 publisearre.

Yn 'e mande mei oare fragminten, dy't letter oankocht waarden troch it Staatliche Museum te Berlyn, waarden dy beide manuskripten yn 1899 troch de Dútske wittenskipper Georg Steindorff identifisearre as de missende Iepenbiering fan Sefanja, in oar ferlern tocht geskrift, de Iepenbiering fan Elía, en in ûnbekende tekst, dy't er de Anonime Iepenbiering neamde. Neier ûndersyk hat útwiisd dat de Anonime Iepenbiering nei alle gedachten in ûnderdiel is fan 'e Iepenbiering fan Sefanja. De beide manuskripten binne skreaun yn it Koptysk; de iene, yn it Achmimyske dialekt, datearret út 'e iere fjirde iuw, wylst de oare, yn it Sahidyske dialekt, weromgiet op 'e iere fyfde iuw. De oarspronklike taal wie foar 't neist Gryksk, en it wurk moat nei 100 f.Kr. en foàr it jier 70 skreaun wêze.

It Libben fan Jehannes de Doper

It Libben fan Jehannes de Doper is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. Sa't de titel al oanjout, is it in hilligelibben oer de kristlike profeet Jehannes de Doper, dat yn it Gryksk skreaun wêze soe troch Serapion, de biskop fan Thmuis (yn Egypte), omtrint it jier 390.

Noäch (boek)

Noäch is in ferlern giene en algemien as apokryf beskôge joadske religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel.

It wie in pseudepigraaf ûnder de namme fan 'e bibelske persoan Noäch, dy't inkeld oerlevere is troch sitaten yn 'e apokrife teksten Henoch en Jubileeën, en yn 'e foarm fan in stikmannich fragminten dy't healwei de tweintichste iuw mank de Deade-Seerôlen te Qumran fûn binne: 21 koarte fragmintsjes út Grot 1 en twa langere fragminten út Grot 4.

Ut alle oerlevere fragminten mei-inoar is lykwols net mei wissichheid op te meitsjen wêr't Noäch persiis oer gie, wa't de wiere skriuwer wie of wannear't it datearre wurde moat.

Profeet

In profeet of sjenner is in persoan dy't, yn it ramt fan in beskaat leauwe, úthâldt dat hy (of sy; yn dat gefal in profetesse of sjenneresse) yn kontakt stiet of stien hat mei it boppenatuerlike of it godlike, en dêrfoar sprekt. Hy foarmet sa in brêge of in midsman tusken de minskheid en de goadewrâld, en bringt dêrby gauris nijwûne of nijfûne kennis oer fan syn boppenatuerlike patroan oan 'e leauwenden. Syn boadskip wurdt dan in profesije neamd.

It wurd "profeet" komt fan it Grykske προφήτης, profētēs, dat "abbekaat" betsjut. Yn 'e rin fan 'e skiednis hawwe der profeten fan withoefolle religyen west, mar wêr't yn 'e Westerske kultuer ornaris oan tocht wurdt by it hearren fan it wurd "profeet", binne de bibelske profeten fan it joadendom en it kristendom, lykas Elía, Eliza, Jesaja, Jeremia of Jona. Yn 'e islamityske kontekst wurdt mei "profeet" almeast tsjutten op Mohammed, al erkent de islaam njonken him ek noch in hiele rige eardere profeten dy't ek yn it joadendom en it kristendom foarkomme, sij it ûnder arabisearre nammen, lykas Ilyas (Elía), Al-Yasa (Eliza) en Yunus (Jona). Ek yn it âlde Grikelân, yn Middeneastlike godstsjinsten as it soroästrisme en it mandeïsme, en yn 'e lânseigen religyen fan Afrika en Noard- en Súd-Amearika komme profeten foar. Yn Aziatyske godstsjinsten besteane foar sokke religieuze foaroanmannen yn 'e regel oare termen, lykas boeda (boedisme), sadhu of yogi (hindoeïsme) of goeroe (sikhisme).

Testamint fan Adam

It Testamint fan Adam is in algemien as apokryf beskôge, kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan Adam, de earste minske, dat oerlevere is yn it Syrysk en it Arabysk.

It ierste bewarre bleaune manuskript komt út 'e sechsde iuw, mar de tekst op himsels moat datearre wurde yn 'e fjirde iuw, en is wierskynlik oarspronklik ôfkomstich út 'e stêd Edessa, yn noardlik Mesopotaamje.

Neffens it Testamint fan Adam sels binne yn it geskrift Adam syn lêste wurden fêstlein, dy't er spriek ta syn soan Set, yn 'e foarm fan in gebed, folge troch profesijen oer de Sûndfloed en de komst fan 'e messias Jezus Kristus.

Testamint fan Izaäk

It Testamint fan Izaäk is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel, yn 'e foarm fan in pseudepigraaf ûnder de namme fan 'e aartsfaar Izaäk. It wurdt gauris behannele as in ûnderdiel fan in soarte fan trilogy mei as de oare beide dielen it Testamint fan Abraham en it Testamint fan Jakob, mar der bestiet gjin reden om oan te nimmen dat de anonime skriuwer fan it Testamint fan Izaäk ek ferantwurdlik wie foar dy beide oare geskriften. It is noch net fêststeld wannear't it Testamint fan Izaäk krekt datearre wurde moat, mar de yngeande kristlike tematyk fan 'e tekst wurdt ornaris beskôge as in lettere tafoeging oan wat oarspronklik in joadsk geskrift west hawwe moat.

Testamint fan Jakob

It Testamint fan Jakob is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel, yn 'e foarm fan in pseudepigraaf ûnder de namme fan 'e aartsfaar Jakob. It wurdt gauris behannele as in ûnderdiel fan in soarte fan trilogy mei as de oare beide dielen it Testamint fan Abraham en it Testamint fan Izaäk, mar der bestiet gjin reden om oan te nimmen dat de anonime skriuwer fan it Testamint fan Jakob ek ferantwurdlik wie foar dy beide oare geskriften. It is noch net fêststeld wannear't it Testamint fan Jakob krekt datearre wurde moat.

Testamint fan Job

It Testamint fan Job is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It hat de foarm fan in pseudepigraaf ûnder de namme fan Job, de haadpersoan fan it bibelboek Job, en moat datearre wurde yn 'e earste iuw f.Kr. of de earste iuw n.Kr. It ierst oerlevere manuskript is in Koptyske tekst út 'e fyfde iuw, wylst oare iere hânskriften yn it Gryksk en it Aldtsjerkeslavysk skreaun binne.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.