Ekonomy

Ekonomy is in sosjale wittenskip dy't de organisaasje fan de ferdieling fan de krappe middels/boarnen yn in mienskip bestudearret. Neffens guon ekonomen soe de definysje wêze moatte: "De stúdzje fan hoe en wêrom minsken hannelje".

Ekonomen geane der fanút dat de boarnen beheind beskikber binne en dat it nedich is in kar te meitsjen tusken om foarrang stridende wizen om dy ta te passen en te brûken.

It wurd ekonomy stamt út it Gryks: oiko- fan hûs en nomos foar wetten of noarmen.

Ekonomy wurdt as regel ferdield yn twa fjilden:

  • Mikro-ekonomy, dy't him dwaande hâldt mei gedrach en ynteraksje fan ien bedriuw of húshâlding.
  • Makro-ekonomy, dy't de him dwaande hâldt mei it ferklearjen fan ekonomyske ûntjouwingen op gruttere skeal, lykas it nasjonaal ynkommen, wurkgelegenheid en ynflaasje.

Hoe't it begûn

AdamSmith
Adam Smith, dêr't faak nei ferwiist wurdt as de útfiner fan de ekonomy stúdzje.

Alhoewol't der in soad diskusjes wienen oer fraach en oanbod, is de ekonomy stúdzje útein set mei Adam Smith syn publikaasje The Wealth of Nations yn 1776. Yn dat stik makket Smith rûchwei in omskriuwing de stúdzje:

Politike ekonomy, de wittenskip fan in steatsman of wetjouwer, hat twa ferskillende ûnderdielen, foarst, dat der jild en produkten genôch binne foar de minsken, sadat se foar harsels soargje kinne; twads, dat de steat of ryk genôch ynbard om oerheidstsjinsten te beteljen. It omskriuwt it ynbarren foar minsken en mienskip.

Smith omskriuwt de stúdzje as politike ekonomy, mar nei 1870 hjit de stúdzje sljochtwei 'ekonomy'.

Fraach en oanbod

Yn de ekonomyske wittenskip binne fraach en oanbod wichtige kearntema's.

Yn it foarste plak de oanbodkant fan de ekonomy. De oanbodkant hat as skaaimerk it ynsetten fan de produksjefaktoaren:

Neffens guon soe ek ûndernimmersynsjoch oan dat rychje tafoege wurde moatte. By de oanbodkant fan de ekonomy giet it om it meitsjen fan produkten. Dat kinne fysike produkten wêze, mar ek tsjinsten.

As twadde is dêr de fraachkant fan de ekonomy. It giet dêrby om de (foar)kar fan konsuminten, produsinten en de oerheden. Op de merk wurde fraach en oanbod op inoar ôfstimd en komt foar elts produkt in priis ta stân. Yn in frije merk wurdt hast alles stjoerd troch de priis. De oerheid spilet dêryn lykwols ek in rol troch it stjoeren yn budzjetten. Ek it konsumintebetrouwen spilet oan de fraachkant net swak by: as de ferwachtingen net goed binne, wurdt der minder bestege en mear sparre.

Mêden

Binnen it begryp ekonomyske wittenskip binne der ûnderskate mêden.

Algemiene ekonomy is te ûnderskieden yn:

  • makro-ekonomy
  • mikro-ekonomy
  • ynternasjonal ekonomyske betrekkings
  • iepenbiere finansiën
  • ynstitusjonele ekonomy

Fierders binne der noch oare mêden lykas ferfiersekonomy, de monetêre ekonomy, ensfh.

Makro ekonomy

De makro-ekonomy hat mei hûshâldings te krijen en it ûntwikkeljen dêrfan. Wichtige eleminten yn de makro-ekonomy binne: it nasjonaal ynkommen, de wurkgelegenheid, de belestingbalâns, de konsumpsje, de ynvestearrings en de oerheidsútjeften. Yn 'e makro-ekonomy wurdt neigien hoe't dizze eleminten har yn it ferline ûntwikkele ha en hoe't se har yn 'e takomst ûntwikkelje sille. Dêr't it ynsicht yn 'e konjuktuer fan grut belang is, it ûndernimmersklimaat, de produksjekapasiteit, de hichte fan de wikselkoers ensafuorthinne.

Op basis fan sibskip tusken ekonomyske sektoaren lykas produksjehúshâldings, konsumpsjehúshâldings, oerheid en bûtenlân besiket de makro-ekonomy ynsicht te ferskaffe yn takomstige ûntwikkelings. Benammen de groei fan it nasjonaal ynkommen hat omtinken fan ekonoamen en politisy.

Mikro-ekonomy

Mikro-ekonomy slacht op gedragingen fan ekonomyske aginten. Dat kin slaan op gesinnen, bedriuwen mar ek om politisy of belangegroepen. Yn dy tûke fan de ekonomy steane fraach en oanbod sintraal. De mikro-ekonomy besiket te ferklearjen hoe't it lykwicht fan keap- en ferkeapgedrach beynfloede wurdt.

Ynternasjonale ekonomyske betrekkings

Dat part fan de ekonomy hat twa ûnderdielen: it werklike mêd en monetêre mêd. It werklike ekononomyske mêd beëaget de ynternasjonale streamen fan tsjinsten en guod. In mooglike grûnslach foar dy streamen hat mei de ferskillen tusken lannen te krijen. In oare mooglikheid soe it ûnfolsleine konkurrinsje tusken bedriuwen wêze kinne. Bedriuwen mei in gruttere merk kinne goedkeaper produsearje en ferkeapje. It monetêre mêd slacht op jildstreamen tusken lannen. Dêr't saken as betellingsbalâns, wikselkoers en kapitaalstream op it aljemint komme.

Iepenbiere finansiën

Iepenbiere finansiën slacht op ynkomsten en útjeften fan de oerheid. De effekten fan de belêstingen en de oerheidsútjeften op 'e ekonomy wurde yn kaart brocht. Ek wurdt neitocht oer de fraach wat de taak fan de oerheid is en wat net. Fragen oer privatisearring en profytbegjinsel komme by iepenbiere finânsjes op it aljemint.

Bedriuwsekonomy

Binnen de bedriuwsekonomy binne der fjouwer mêden te ûnderskieden dy't allegear in eigen ferdieling ha:

  • kosten- en weardelear (rapportaazje om utens)
    • accounting
  • finansearje
    • treasury, cash management, wurkkapitaalbehear, ûndernimmingsfinansearring, rinte- en falutamanagement
  • marketing
  • ynterne organisaasje (management en organisaasje)
    • bedriuwsetyk, logistyk, management, organisaasjekunde

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Arbeid (ekonomy)

Arbeid is by de ekonomy ien fan de produksjefaktoaren.

Arbeid is de lichaamlik likegoed as geastlike warberens rjochte op produksje. It is de meinskiplike faktor fan alle foarmen fan dy produksje. Troch arbeid kin lean wûn wurde, in foarm fan ynkommen.

Belgje

Belgje of België of it Belzelân (Nederlânsk: België; Frânsk: Belgique; Dútsk: Belgien) is in lyts lân in West-Jeropa. Belgje is in demokratyske monargy en is sûnt 1993 in federaasje. De steat is opdield yn Flaanderen (Vlaanderen), Walloanje (Wallonie) en it Stêdsregio Brussel. De haadstêd is Brussel (Bruxelles), wat ek beskôge wurdt as de politike haadstêd fan de Jeropeeske Uny. Sûnt 2013 is Filips kening en is Sophie Wilmès premier.

Brazylje

Brazylje, sûnt 1964 offisjeel de Federative Republyk Brazylje, is in lân yn Súd-Amearika. De haadstêd is Brasilia en de presidint fan de republyk is sûnt 2019 Jair Bolsonaro.

Feriene Keninkryk

Dizze side giet oer it Feriene Keninkryk, dat faak Grut-Brittanje neamd wurdt. Foar it eilân, sjoch: Grut-Brittanje (eilân).

Dizze side giet oer it Feriene Keninkryk, dat faak Grut-Brittanje neamd wurdt. Foar oare betsjuttings, sjoch: Grut-Brittanje (betsjuttingsside).It Feriene Keninkryk, folút it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân en yn de folksmûle faak Grut-Brittanje of Ingelân neamd, is in lân yn West-Jeropa. De haadstêd is Londen en de keninginne fan de monargy is sûnt 1952 Elizabeth II.

De grutste eilânsteat fan Jeropa is in uny mei fjouwer lannen: Ingelân, Skotlân, Wales en Noard-Ierlân. It regear sit yn Londen. Dêrûnder falle de dekonsintrearre regearen fan Edinboarch (Skotlân), Cardiff (Wales) en Belfast (Noard-Ierlân). De Kanaaleilannen en it eilân Man binne Britsk kroanbesit, mar falle net ûnder it regear yn Londen. Dêrneist hat it Feriene Keninkryk noch fjirtjin oerseeske gebieten.

Finlân

Finlân is in Skandinavysk lân yn Noard-Jeropa. De haadstêd fan Finlân is Helsinki. De republyk hie mei Tarja Halonen sûnt 2000 de earste froulike presidint. Mei de oare Skandinavyske lannen hat Finlân in sterke histoaryske en kulturele bân, mar ek organisatoarysk is Finlân lid fan de Noardske Ried.

Frankryk

Frankryk, offisjeel de Frânske Republyk, is in lân yn West-Jeropa. De haadstêd is Parys.

Frankryk is lid fan de Feriene Naasjes (1945), mei in permaninte sit yn de Feiligensrie. It lân is ek lid fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949), de Rie fan Jeropa (1949) en de Jeropeeske Uny (1957). It is ien fan de dielnimmers oan de Jeropeeske Monetêre Uny en hat 1 jannewaris 2002 de Frânske frank as munt ynruile foar de Euro.

Yn Jeropa heart ek it eilân Korsika by Frankryk, en fierder binne der noch oerseeske departeminten en oerseeske gebieten yn oare wrâlddielen.

Grikelân

Grikelân, offisjeel Helleenske Republyk, is in lân yn Súd-Jeropa. De haadstêd is Atene en de presidint fân de republyk is sûnt 2005 Karolos Papoulias

Hongarije

Hongarije (hongaarsk Magyarország) is in lân yn Midden-Jeropa. De haadstêd is Boedapest en de presidint fân de republyk is sûnt 2012 János Áder. Hy folge Pál Schmitt op dy't sûnt 2010 presidint west hat.

Ierlân

Dizze side giet oer de Republyk Ierlân. Foar it eilân, sjoch: Ierlân (eilân).

Ierlân is in lân yn West-Jeropa dat it súdlike en noardwestlike part fan it eilân Ierlân omfiemet. De haadstêd is Dublin en de presidint fan de republyk is sûnt 2011 Michael Higgins.

Israel

Israel (Hebriuwsk: מדינת ישראל "Medinat Jisra'el", Arabysk: دولة إسرائيل "Daulat Isrā'īl") is in lan yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Jeruzalem en de president fan de republyk is sûnt 2014 Reuven Rivlin.

Itaalje

Itaalje, sûnt 1946 offisjeel de Italjaanske Republyk, is in lân yn Súd-Jeropa. De haadstêd is Rome en de presidint fan de republyk is sûnt 2015 Sergio Mattarella.

Itaalje wurdt begrinzge troch:

Switserlân en Eastenryk yn it noarden;

Sloveenje en de Adriatyske See yn it easten;

Middellânske See yn it suden;

Frankryk yn it westen.

Japan

Japan, sûnt 1947 offisjeel de Steat Japan, is in lân yn East-Aazje. De haadstêd is Tokio en de keizer fan de parlemintêre monargy is sûnt 2019 Naruhito. It lân wurdt ek wolris "it lân fan 'e opkommende sinne" neamd en is ferneamd om û.o. syn auto's en de Pokémonraazje.

Noarwegen

Noarwegen is in Skandinavysk lân yn Noard-Jeropa. De haadstêd is Oslo. Noarwegen is in konstitúsjonele monargy mei as kening Harald V en mei as premier Erna Solberg. Mei de oare Skandinavyske lannen hat Noarwegen in sterke histoaryske en kulturele bân, mar ek organisatoarysk is Noarwegen lid fan de Noardske Ried.

Polityk

Polityk omfettet it ferdigenjen fan yndividuele en kollektive belangen yn de maatskippij, de middels dy't dêrby brûkt wurde en de karren dy't dêrby dien wurde. Dêrby wurdt meast in útsûndering makke foar karren dy't mei geweld ôftwongen wurde. In oare omskriuwing is dat polityk de ekonomy fan de macht is.

In part fan de polityk wurdt fêstlein yn de fasetten fan de steatsfoarm. Mar de polityk omfettet ek de ynfloed bûten it regear om en ek yn oare situaasjes as de lagen fan bestjoer.

De stúdzje dy't de fasetten fan de polityk bestudearret, is de politikology.

Ruslân

Ruslân, offisjeel de Russyske Federaasje, is it grutste lân yn 'e wrâld, en leit foar in part yn Jeropa en foar in part yn Aazje. De haadstêd is Moskou en de presidint fan de federaasje is sûnt 2012 Wladimir Pûtin. De eardere presidint Dmitri Medvedev is tsjintwurdich premier. De Russyske Federaasje is in atoommacht en ien fan de G8 lannen. Yn de Feriene Naasjes is Ruslân ien fan de 5 lannen mei in permanint fetorjocht.

Spanje

Spanje is in lân yn Súdwest-Jeropa op it Ibearysk Skiereilân. De haadstêd is Madrid. It lân is in monargy mei Felipe VI sûnt 2014 as kening.

Sweden

Sweden, offisjeel it Keninkryk Sweden (Sweedsk: Konungariket Sverige), is in Skandinavysk lân yn Noard-Jeropa. Sweden grinzget oan Finlân en Noarwegen en is troch de Sontbrêge ferbûn mei Denemark. Wat oerflak oanbelanget is Sweden it fyfde grutste lân yn Jeropa. It hat likernôch 10,1 miljoen ynwenners en de haadstêd is Stokholm.

Sweden is in konstitúsjonele monargy mei in parlemintêre demokrasy. It is sûnt 1946 lid fan de Feriene Naasjes en sûnt 1995 fan de Jeropeeske Uny. Tegearre mei de oare Skandinavyske lannen foarmet Sweden de Noardske Ried. It is yn tsjinstelling ta Denemark en Noarwegen lykwols net lid fan de NAFO.

Tsjechje

Tsjechje, offisjeel de Tsjechyske Republyk, is in lân yn Midden-Jeropa. De haadstêd is Praach.

Tsjechje leit foar in part yn de histoaryske regio's fan de Bohemen en Moraavje, foar in lyts part yn Sileezje. It lân hat in bercheftich gea mei de Sněžka (1,602 m) as heechste punt.

De haadstêd Praach leit yn 'e midden fan Tsjechje, oare stêden mei mear as 100.000 ynwenners binne Brno, Olomouc, Ostrava en Pilsen.

Tsjechje wurdt begrinzge troch:

Poalen yn it noarden;

Slowakije yn it súdeasten;

Eastenryk yn it súden;

Dútslân yn it westen.

Yndustry

De yndustry (fan it Latynske industria, 'iverigens', 'warberens'), mei in âld wurd ek wol niverheid neamd, is dat diel fan 'e ekonomy dat karakterisearre wurdt troch de produksje en ferwurking fan materieel guod yn fabriken en oare ûndernimmings. In skaaimerk fan 'e yndustry is ornaris in hege gradaasje fan meganisearring en automatisearring (yn tsjinstelling ta ambachtlike foarmen fan produksje). It proses wêrby't troch meganisearring en de byhearrende feroarings yn 'e produksje-organisaasje oerstapt wurdt fan ambachtlike foarmen fan produksje nei yndustry wurdt yndustrialisaasje neamd.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.