Eastsee

De Eastsee of Baltyske See is de see, dy't likernôch tusken Sweden en de Baltyske steaten leit. De Eastsee is brakker as de Noardsee en de tijferskillen binne lytser. De see bestjit sûnt it 6e millennium f.Kr. Wat de foarm oangiet docht de Eastsee wol wat tinken oan in haadrivier mei sydrivieren (Finske Golf en Botnyske Golf). Ut geologysk ûndersyk docht bliken dat hjir yn it Pleistoseen in rivier rûn hawwe moat: de Eridanos.

Eastsee / Baltyske See
Locatie Oostzee
Lokaasje tusken Sweden, Poalen en de Baltyske steaten
See
Koördinaten
Oerflakte 377.000 km²
Djipte (maks.) 459 m
Trochsneeddjipte {{{trochsneeddjipte}}} m
Trochsneeddjipte {{{djiptegem}}} m
Breedte {{{breedtemin}}}
Maks. breedte {{{breedtemaks}}}
Maks. breedte 193 km
Lingte 1600 km
Oer
BalticSea March2000 NASA-S2000084115409

De Eastsee op in satellytfoto

Begrinzing

Mei de wizers fan de klok mei,
grinzen oan dizze 'binnensee':

Oan't de Eastsee yn rommere sin heart ek de Botnyske Golf, de Finske Golf, de Golf fan Riga en lytsere baaien ('bochten') en haffen de kust fan Dútslân, Poalen, Ruslân en Litouwen bylâns.

Ofwettering en rivieren

Estlân, Letlân, Litouwen en Poalen wetterje foar 100% ôf yn de Eastsee, de oare lannen mar foar in part. Ek Tsjechje, Slowakije, Oekraïne en Wyt-Ruslân wetterje foar in part harren boppewetter yn de Eastsee ôf.

De wichtigste rivieren dy't op de Eastsee ôfwetterje binne de Weichsel yn Poalen, de Oder ticht by de Poolsk-Dútse grins, de Daugava (of Westlike Dwina) yn Letlân en de Neva yn Ruslân.

Havens oan de Eastsee

Oostzee
Havens oan de Eastsee

Gruttte havenplakken fuort- of tichtby de Eastsee binne:

Eilannen yn de Eastsee

De grutste eilânnen yn de Eastsee binne:

1994

1994 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 1994.)

Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1990-er jierren.

Botnyske Golf

De Botnyske Golf (Sweedsk: Bottniska viken, Finsk: Pohjanlahti) is it meast noarlike diel fan de Eastsee. De see leit tusken de westkust fan Finlân en de eastkust fan Sweden. Yn it suden fan de golf lizze de Ålandeilannen en de Ålandsee.

De Golf is 725 km lang, 80-240 km breed en hat in trochsneed djipte fan 60 m. De maksimum djipte is 295 m. It oerflak berint 117.000 km². Nijsgjirrich oan de Botnyske Golf is ek dat it sâltgehalte nei it noarden ta hurd ôfnimt. Yn it suden hat de Golf gewoan it brakke wetter fan de Eastsee, mar yn it noarden is het sâltgehalte sa leech dat swietwetterfisk har dêr thús fielt. Dat ferskynsel is ek de reden dat de Golf fiif moanne yn it jier foar it grutste part beferzen is.

Denemark

Denemark, offisjeel Keninkryk Denemark (Deensk: Kongeriget Danmark), is in Skandinavysk lân yn Noard-Jeropa. De haadstêd is Kopenhagen (København) en de keninginne fan de konstitúsjonele monargy is sûnt 1972 Margrete II. Grienlân en de Faeröer binne autonoame gebieten yn it Deenske keninkryk. Oant 1944 hearde ek Yslân by Denemark. Denemark is lid fan de Feriene Naasjes, de Jeropeeske Uny en de NAFO. Denemark hat net de euro mar de Deenske Kroan as nasjonale munt. De nasjonale taal, it Deensk, is nau besibbe oan it Sweedsk en Noarsk. Mei de oare Skandinavyske lannen hat Denemark in sterke histoaryske en kultuerele bân, mar ek organisatoarysk is Denemark lid fan de Noardske Ried.

Dútslân

Dútslân, offisjeel Bûnsrepublyk Dútslân (Dútsk: Bundesrepublik Deutschland), is in lân yn Sintraal-Europa. De haadstêd is Berlyn en de bûnskanselier fan de republyk is sûnt 2005 Angela Merkel. Dútslân is in federale republyk mei sechstjin dielsteaten (Bundesländer). It lân grinzet oan njoggen buorlannen en oan de Noard- en Eastsee.

Al sûnt de Aldheid waard it hjoeddeistige suden fan Skandinaavje en it noarden fan Dútslân bewenne troch Germaanske stammen. Sa'n 100 jier f.Kr. makken de Romeinen al melding fan in regio mei de namme Germania. Mei de delgong fan it Romeinske Ryk en it Grutte Folkeferfarren fêstigen de Germanen har hieltyd fierder yn Sintraal-Europa. Oan 't begjin fan de 10e iuw ûntstie it Hillige Roomske Ryk dat in grut part fan dy Germaanske gebieten omfette. Yn de rin fan de 16e iuw is foaral it noarden fan Dútslân in broeinêst foar de Reformaasje. Krekt as it Hillige Roomske Ryk wie it Dútske Bûn (1815–1866) in steatebûn, pas yn 1871 wurdt Dútslân mei de oprjochting fan it Dútske Keizerryk in naasje.

Dútslân is sûnt de oprjochting lid fan de Europeeske Uny en is ûnderdiel fan de Eurosône. Dútslân is ek lid fan de Feriene Naasjes, NAFO, de G7 en de G20. Dútslân hat it Kyoto protokol en Schengen akkoard tekene. De ekonomy is de fjirdgrutste fan de wrâld neffens BYP en it tredgrutste eksportearjende lân yn 2012. Dútslân is nei ynwennertal it grutste lân fan de Europeeske Uny en hat in oerflak fan 356.974 km². It lân hat it tredgrutste oantal ymmigranten fan alle lannen op de wrâld.

Eastsineeske See

De Eastsineeske See is in see beëasten Sina. De see leit tusken Súd-Korea yn it noarden en Taiwan yn it suden. De see beslacht in oerflak fan 1,249,000 km². It djipste punt is 2.719 meter. De Giele See tusken Korea en Sina is in diel fan de Eastsineeske See.

Finske Golf

De Finske Golf (Finsk: Suomenlahti; Russysk: Финский залив, Finskiy zaliv; Sweedsk: Finska viken; Estsk: Soome laht) is it eastlikste part fan de Eastsee en leit tusken Finlân (yn it noarden), Estlân (yn it suden) en Ruslân (yn it easten) yn. Yn Ruslân leit Sint Petersburch oan de golf, op it plak dêr’t de rivier Neva yn de golf útmûnet. Oare grutte stêden oan de Finske Golf binne Helsinky en Tallin. It eastlikste part fan de golf is fan Ruslân en guon fan syn wichtichste oaljehavens lizze oan it wetter.

Gdańsk

Gdańsk (Poalsk: Gdańsk; Dútsk: Danzig; Kasjûbysk: Gduńsk; Nederlânsk Danzig (âldfrinzich: Dantzig of Danswijk); Frânsk: Dantzig)) is in havenstêd yn it noarden fan Poalen oan de Eastsee. Der wennen 455.830 minsken yn juny 2009.

Gotlân

Gotlân (Sweedsk: Gotland) is in Sweedsk eilân yn de Eastsee op in ôfstân fan likernôch 100 kilometer fan it Sweedske fêstelân. Tegearre mei ferskate omlizzende eilannen foarmet Gotlân ek in provinsje, in lânskip en in gemeente. It folsleine gebiet beslacht in oerflak fan 3.183,7 km².

De haadstêd fan it eilân is Visby, dat ek wol bekend is as de roazestêd troch de protte roazen dy't dêr set binne. Visby hat sa'n 22.600 ynwenners, dat is sa'n 40 % fan de totale eilânbefolking. Oan de eastkust fan Gotlân leit it havenstêdsje Slite mei in grutte semintfabryk.

Gotlân is ferneamd fanwege de protte burchten, ruïnes, tsjerken en âlde doarpen dy't it hat. Toerisme is de wichtichste boarne fan ynkommen, mar ek is der lânbou, yndustry (Cementa yn Slite) en tsjinstferliening (Payex te Visby).

Ut reden fan de protte tsjerken út de 13e- en 14e iuw wurdt Gotlân ek wol oantsjut as "it eilân fan de hûndert tsjerken". Yndie is it sa dat hast elts fan de hast hûndert histoaryske parochys syn iuwenâlde, meast restaurearre tsjerke hat.

Herulen

De Herulen wienen in Eastgermaansk folk, nau besibbe oan de Goaten. Nei alle gedachten wennen sy oarspronklik oan de kust fan de Eastsee.

Hânze

De Hânze wie in fan oarsprong Dútsk bûn fan hannelsstêden, letter útwreide mei stêden yn de omlizzende lannen, mei as doel ûnderlinge beskerming te bieden by de hannel yn bûtenlânske gebieten. De Hânze wie aktyf fan de 12e iuw oant de 17e iuw; op it hichtepunt wie it in bûn fan likernôch 200 stêden.

Koreaansk Skiereilân

It Koreaansk Skiereilân is in skiereilân yn Aazje. It stekt sa’n 1.100 kilometer de Stille Oseaan yn fan it fêstelân ôf. It skiereilân wurdt omklamme troch de Japanske See (yn Koreä de Koreaanske Eastsee) yn it easten, Sineeske Eastsee oan de súdkant en de Giele See yn it westen. De Japanske See en de Sineeske Eastsee wurdt skieden troch de Strjitte fan Koreä.

Krústochten

De Krústochten wiene in rige oerweldigingstochten troch Jeropeänen yn it Midden-Easten út namme fan it kristlik leauwe, dy't yn 'e 11e iuw, 12e iuw en 13e iuw útfierd waarden. Yn totaal wiene der sân Krústochten, dêr't de lêste fan yn 1270 plakfûn.

It is in ier foarbyld fan de Jeropeeske ekpânsjebeweging dy't op gong kaam nei't der yn 10e iuw in ein kaam wie oan de ynvaazjes fan Jeropa troch Wytsingen, Moaren en Aziatyske steppefolken (de Hunnen).It begûn as in besykjen fan de Kristenen om Moslims út de hillige stêd Jeruzalim te ferdriuwen, mar al gau waarden it wiidweidige oarloggen tsjin oarsleauwenden, yn it Hillige Lân en omkriten, mar ek yn Jeropa. Ek neitiids waard in protte en faak striden út namme fan de Tsjerke. Al op de Earste Krústocht waarden der ek krúsfarderssteaten stichte.

Oare krústochten yn Jeropa binne de betreklik ûnbekende Noardlike Krústochten, wêrfan't dy de Dútske Oarder of Teutonysk Ridders de meast wichtige wiene. Harren aksjes spilen har fral yn de gebieten om de Eastsee hinne ôf. In grut part fan de dêre festige wrâldlike macht ferlearen se wer yn de Slach by Tannenberg yn 1410.

Sont

De Sont (Deensk: Øresund, Sweedsk: Öresund) is ien fan de trije seestrjitten dy't it Kattegat, en dêrmei de Noardsee, ferbine mei de Eastsee. De Sont skiedet ek it Deenske eilân Sjellân fan it Sweedske Skâne. De trochgong is op syn naust 4,5 kilometer. It is ien fan de drokst befearne wetterwegen yn de wrâld.

Stokholm

Stokholm (Sweedsk Stockholm) is de haadstêd fan Sweden; de stêd hat likernôch 743.000 ynwenners.

Stokholm leit oan de eastkust fan Sweden, dêr't de útrin fan de Mälarmar útkomt by de de binnenste eilannen fan de skearenkust fan de Eastsee.

Stokholm is de grutste stêd fan Sweden, en foarmet in gemeente op himsels. De stêd is it sintrum fan in stêdekloft mei likernôch 1,82 miljoen ynwenners. Stokholm is de sit fan it regear fan Sweden en it wenplak fan de kening, Karel XVI Gustaaf

Suëven

De Suëven of Suëben (Latynsk: Suebi) wie in West-Germaansk folk dat sawat oan it begjin fan de jiertelling by de Eastsee (Mare Suebicum yn it Latyn) wenne hat. Neffens guon is de namme foar Sweden fan dy namme ôflaat en is it oannimlik dat it stamferbân út ferskeidene stammen bestie, dêrûnder de Kwaden, de Markomannen, de Allemannen, de Hermunduren, de Langobarden en de Semnoanen. Yn de 5e iuw en 6e iuw hienen sy in keninkryk yn Spanje.

Uppland

Uppland is in lânskip fan Sweden yn it easten fan it lânsdiel Svealand. It grinzget oan sawol de Eastsee as de lânskippen Gästrikland, Södermanland en Västmanland. Uppland beslacht 12.676 kante kilometer en hat likernôch 1,6 miljoen ynwenners (2016).

Wolga

De Wolga (Russysk: Волга) is in rivier yn West-Ruslân, it is de langste rivier fan Jeropa, mei in langte fan 3530 kilometer. Foardat de Wolga kanalisearre en yndamme waard wie rivier 3690 meter lang. Yn de âldheid hite de rivier Rha. Turkske folken brûke de namme Idel. De rivier ûntstiet op de Waldajhichte, 225 meter boppe seenivo. De rivier streamt by de neikommende stêden del Tver, Rybinsk, Jaroslavl, Nizjni Novgorod, Kazan, Oeljanovsk, Samara, Saratov, Wolgograd en Astrachan. Oan 'e ein streamt de Wolga troch de mânske Wolgadelta, en einiget yn de de Kaspyske See. De rivier wurdt opkeard troch acht keardammen, dêrtroch binne der acht marren ûntstien. De âldste keardaam is dy by Ivankovo en waard yn 1937 oplevere. De grutste daam is dy fan Samara (1957): de byhearrende opslachmar omfiemet it lêste part fan de Kama, dat is de grutste sydrivier fan de Wolga. Neist de Kama binne de Oka en de Vetloega wichtige sydrivieren. Troch in stik as wat kanalen is de Wolga ferbûn mei de Eastsee, de Wite See en de Swarte See. De Wolga hat altyd in belangryk farwetter west yn Ruslân, sawol foar de hannel as foar folksferhuzings.

Öland

Öland is it op ien nei grutste eilân fan Sweden en teffens syn lytste lânskip. It eilân leit yn de Eastsee en is sûnt 1972 ferbûn mei it fêstelân troch de Ölandbrêge tusken Kalmar en Färjestaden. Öland makket diel út fan it lânsdiel Götaland en hat in oerflak fan 1.347 kante kilometer. It ynwennertal fan it eilân is 25.846 (2016).

Östergötland

Östergötland is in lânskip yn it súdeasten fan Sweden. It grinzget yn it suden oan Småland, yn it westen oan Västergötland, yn it noarden oan Närke en Södermanland, en yn it easten oan de Eastsee. It gebiet dat it lânskip beslacht komt suver oerien mei dat fan de provinsje Östergötlands län.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.