Denis Diderot

Denis Diderot (Langres, 5 oktober[1] 1713 - Parys, 31 july 1784) wie in Frânsk auteur, filosoof en keunstkritikus. Diderot wie in foaroansteand persoan yn wat letter de Ferljochting neamd wurde soe. Mei Baruch Spinoza (1632-1677) en Pierre Bayle (1647-1706) wie Diderot de wichtichste filosoof fan de radikale ferljochting.

Hy wie tusken 1750 en 1776 mei D'Alembert redakteur fan de ferneamde Encyclopédie. Fan de 72.000 artikelen yn dy ensyklopedy skreau er sels sa'n 6000. De encyclopédie wiene is soad minsken op tsjin. Yn 1759 waard de ensyklopedy sels formeel ferbearn, mar it wurk gie dêrnei temûk fierder. De ensyklopey wie - út reden fan de klam op religieuze tolerânsje en frijheid fan tinken en in demokratyske geast - in bedriging foar de aristokrasy.

Yn 1773 makke Diderot in sjoernalistike reis troch Hollân. (Voyage en Hollande).

Diderot wie foar frijheid fan mieningsútering en godstsjinst. Yn syn wurken is dúdlik te sjen hoe't er him fan teïst ta deIst nei ateïst ûntjoech.[2]

Diderot droech by oan de literatuer mei ûnder mear syn wurk Jacques le Fataliste, in satiryske roman wêrmmei't hy konfinsjes oer de struktuer en ynhâld fan romans oan de kaak stelde en teffens filosofyske ideeën dy't de frije wil oanbelangje ûndersocht. As skriuwer fan toanielstikken hat er sines dien foar it ûntean fan it 'boargerlik' drama.

Louis-Michel van Loo 001
Denis Diderot
Hantekening
Hantekening

Bibliografy

Diderot-statue
Monumint foar Denis Diderot yn Parys, fan Jean Gautherin
  • Pensées philosophiques, De Haach, 1746
  • La promenade du sceptique, 1747
  • Les bijoux indiscrets, 1748
  • Mémoires sur différents sujets de mathématiques, 1748
  • Lettre sur les aveugles à l'usage de ceux qui voient, 1749
  • L'Encyclopédie, 1750-1765
  • Lettre sur les sourds et muets, 1751
  • Pensées sur l'interprétation de la nature, 1753
  • Le fils naturel, 1757
  • Le père de famille, 1758
  • Discours sur la poésie dramatique, 1758
  • Salons 1759-1781
  • La religieuse, 1760 (roman, útbrocht yn 1796)
  • Eloge de Richardson, 1761
  • Réflexions sur 'Térence, 1762
  • Le neveu de Rameau, 1762
  • Lettre sur le commerce des livres, 1763
  • Sur l'inconséquence du jugement public de nos actions particulières, 1763
  • Essai sur la peinture, 1765 (publisearre yn 1796)
  • Mystification ou l’histoire des portraits, 1768
  • Le rêve de D'Alembert, 1769
  • Entretien entre D'Alembert et Diderot, 1769
  • Suite de l'entretien entre D'Alembert et Diderot, 1769
  • Principes philosophiques sur la matière et le mouvement, 1770
  • Apologie de l'abbé Galiani, 1770
  • Entretien d'un père avec ses enfants, 1771
  • Jacques le fataliste et son maître, 1771-1778 (roman, publisearre yn 1796)
  • Les Éleuthéromanes ou les furieux de la liberté, 1772
  • Supplément au voyage de Bougainville, 1772 (publisearre yn 1796)
  • Sur l'inconséquence du jugement public de nos actions particulières, 1772
  • Ceci n'est pas un conte, 1772
  • Histoire philosophique et politique des deux Indes, 1772-1781
  • Paradoxe sur le comédien, 1773 (publisearre yn 1780)
  • Les deux amis de Bourbonne, 1773
  • Voyage en Hollande, 1773
  • Entretien d'un père avec ses enfants ou du danger de se mettre au-dessus des lois, 1773
  • Eléments de physiologie, 1774-1784
  • Réfutation d'Helvétius, 1774
  • Observations sur le Nakaz, 1774
  • Lettre sur l'examen de l'Essai sur les préjugés, 1774
  • Principes de politiques des souverains, 1774
  • Entretien d'un philosophe avec la Maréchale de ***, 1776
  • Essai sur Sénèque, 1778
  • Est-il bon ? Est-il méchant ?, 1781 (publisearre yn 1834)
  • Lettre apologétique de l'abbé Raynal à Monsieur Grimm, 1781
  • Essai sur les règnes de Claude et de Néron, 1782
  • Aux insurgents d'Amérique 1782

Keppeling om utens

  • (ned) Hof/Haan, webstee mei teksten fan en oer Diderot

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sjoch foar syn krekte bertedatum: George R. Havens, « The Dates of Diderot's Birth and Death » yn Modern Language Notes, Vol. 55, No. 1 (jannewaris 1940), s. 31-33.
  2. U. Winter: Der Materialismus bei Diderot. 1972, s. 8.

  1. Sjoch foar syn krekte bertedatum: George R. Havens, « The Dates of Diderot's Birth and Death » yn Modern Language Notes, Vol. 55, No. 1 (jannewaris 1940), s. 31-33.
  2. U. Winter: Der Materialismus bei Diderot. 1972, s. 8.
1713

1713 is in gewoan jier dat begjint mei in snein. (Gregoriaanske kalinder foar 1713.)

1784

1784 is in skrikkeljier dat begjint mei in tongersdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1784.)

Bekende filosofen

In oersjoch fan bekende filosofen.

Ensyklopedy

In ensyklopedy is in gearfetting fan al it minslik witten, of fan al it minsklik witten op in bepaald mêd. It wurd komt fan de Encyclopédie, in Frânske ensyklopedy fan Denis Diderot en Jean Baptiste le Rond d'Alembert, út in 1772.

Fjirde wand

De fjirde wand is in begryp út it aktearjen wêrmei't de foarkant fan it toaniel oantsjut wurdt. De earste trije wanden binne de sydkanten en de efterkant fan it toaniel. De 'fjirde wand' bestiet net, om't it publyk yn 'e skouboarch dan de akteurs net sjen kinne soe. Mar de akteurs beare dat der oan 'e foarkant fan it toaniel in muorre is, en dat se dêrtroch it publyk net sjen kinne. De fjirde wand is dus eins in trochsichtigen-ien, dy't it publyk by steat stelt om nei it toanielstik te sjen, wylst foar de personaazjes dy't troch de akteurs spile wurde, it publyk ûnsichtber bliuwt.

De fjirde wand waard foar it earst beskreaun troch de Frânske filosoof en keunstkritikus Denis Diderot, yn syn Discours sur la Poésie Dramatique, út 1758. Fan 'e yntree fan it naturalisme ôf, yn 'e njoggentjinde iuw, waard it lykwols pas gebrûklik om it konsept fan 'e fjirde wand ta te passen. Der waard fan dy tiid ôf nammentlik besocht in sa libbensecht mooglike foarstelling te meitsjen, û.m. troch skildere dekôrdoeken te ferfangen troch trijediminsjonale dekôrstikken op it poadium. Ek oan 'e manear fan sprekken waarden doe dingen feroare. Earder wie it foar de akteurs wizânsje om nei it publyk ta te spyljen en dêrby harren teksten foar te dragen. Neitiid waard keazen foar in oare oanpak, wêrby't de oanwêzigens fan it publyk negearre waard en akteurs tsjin inoar sprieken. Troch de yntroduksje fan elektryske ferljochting waard de fjirde wand foar de akteurs it stik makliker op te bouwen, om't se doe troch it frontljocht út 'e seal it publyk dochs al amper mear gewaarwurde koene.

De fjirde wand wurdt yn oerdrachtlike sin ek brûkt by oare foarmen fan fiksje, lykas literatuer, film, tillefyzje, harkspullen, strips en kompjûterspultsjes. Yn dy kontekst komt de fjirde wand benammen op 't aljemint as er 'trochbrutsen' wurdt. Mei dat 'trochbrekken fan 'e fjirde wand' wurdt in stylfoarm oantsjutten wêrby't in personaazje ynienen, om samar te sizzen, út it ferhaal stapt troch him direkt ta it publyk te rjochtsjen. Dêrmei wurdt ymplisyt erkend dat de realiteit dy't oproppen waard troch de oanbelangjende foarm fan fiksje mar in yllúzje is. It trochbrekken fan 'e fjirde wand is in foarm fan ferfrjemding, en wurdt yn sokke gefallen faak brûkt foar it komyske effekt dat it jaan kin.

Frans Hemsterhuis

Frans (of François) Hemsterhuis (Frjentsjer, 27 desimber 1721 - De Haach, 7 july 1790) wie in Fryske filosoof. Hy wie de soan fan heechlearaar Gryksk Tiberius Hemsterhuis en fan Cornelia Maria de Wilde.

Keunstkrityk

Keunstkrityk is de diskusje en evaluaasje fan alle keunstfoarmen. Der wurdt faak krityk jûn yn in estetyske kontekst. It ferskaat oan úteringen yn de keunst laat ta in ûnderferdieling fan de krityk. Der wurdt ûnderskied makke tusken skiedkundige krityk en evaluaasje fan keunstners fan no.

Keunstkrityk feroaret bot mei de tiid. Kritisy út it ferline wurde faak net earnstich mear naam, omdat sy keunstners ferheften, bygelyks de let-19e-iuwske akademyske keunststreaming, of artysten de grûn yn boare lykas de iere ympresjonisten dy't not bot wurdearre wurde.

Keunstners steane faak fijannich foar de kritisy oer, omdat sy harren ferneamdens meast oan dy lju te tankjen hawwe. Foarbylden yn de skiednis fan keunstners en harren wurk dy't net begrepen waarden en earst generaasjes letter erkenning krigen binne net seldsum.

List fan Frânsktalige skriuwers

Dit is in list fan Frânsktalige skriuwers, fan proaza as poëzij, dy't rekkene wurde ta de Frânske literatuur. Yn gefal fan in pseudonym stiet de wiere namme tusken heakjes.

Register: A - B - C - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - Q - R - S - T - U - V - W - X - Y - Z

Petrus Camper

Petrus Camper of Petrus van Campen (Leien, 11 maaie 1722 - De Haach, 7 april 1789) wie in Nederlânske soölooch, fysiolooch, anatoom, paleontolooch en arts út de twadde helte fan de 18e iuw. Hy die ûndersyk nei de oerienkomsten yn skeletten fan wringedieren, sawol minsk as bist, dêr't hy de basis mei lei fan de soölogy. Syn ûndersyk nei de rinoserus, orang oetang, de sang fan de kikkert en nei de plasse fan in walfisk en syn publikaasjes en reizen makken him yn gâns Europa ferneamd. Hy waard as lid beneamd fan de Frânske Akademy fan Wittenskippen (Académie des sciences) en de Ingelske Royal Society. Camper wûn safolle priisfragen dat him in fersyk dien waard net langer mei te dwaan. Thomas Rosenboom brûkte in soad materiaal út it libben fan Camper foar syn roman Gewassen vlees.

Privé-Domein

Privee-domein (Privé domein), is in Nederlânske autobiografyske boekerige fan Utjouwerij De Arbeiderspers, foar it meastepart gearstald troch Martin Ros. De rige dêr't mei úteinset waard yn 1966, hat autobiografyen en egodokuminten fan literêre auteurs út tal fan lannen.

Sa binne der deiboeken, briefwikselingen, persoanlike notysjes en aforismen, autobiografyen en memoires. Alle jierren ferskynden nije dielen.

De aparte omslaggen fan de boeken, yn alle gefallen oant nûmer 200, binne in ûntwerp fan Kees Kelfkens (1919-1986).

De namme fan de rige komt fan in lytse Frânske útjouwerij, Editions du Cap, alias Domaine privé. Produksjesjef Wim Mol fan De Arbeiderspers woe in moai apart formaat hawwe, fan 11,5 by 19,5 sm en fersoarge de typografy.

Tasitus (skriuwer)

Tasitus (yn it Latyn: Tacitus), folút: Publius Kornelius Tasitus of Gajus Kornelius Tasitus (56/57-±120) wie in Romeinsk histoarikus, skriuwer en reedner. Dat lêste wie iroanysk, yn acht nommen dat syn cognomen Tasitus yn it Latyn de betsjutting "swijend" of "swijsum" hat. Hy wurdt gauris beskôge as Romes grutste skiedskriuwer. Tasitus syn sympaty gie dúdlik út nei in republikeinske steatsfoarm, ynstee fan nei de eigenwille fan guon fan 'e keizers. Hy skreau oer sljochtwei lju mei likefolle fanselssprekkendheid as oer keizers en oare machthawwers, en joech dêrmei in prachtich ynsjoch yn it libben fan syn tiid.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.