David fan Israel

David (Hebriuwsk: דָּוִד) wie neffens it Alde Testamint fan de Bibel as opfolger fan Saul de kening fan it feriene keninkryk Israel (foar't dat útinoarfoel yn 'e twa riken Israel en Juda). David libbe om 1000 f.Kr. hinne en is de skriuwer fan in soad fan 'e Psalmen. Neffens ûndersyk fan moderne wittenskippers soed er yn it jier 970 f.Kr. stoarn wêze. It Nije Testamint wol hawwe dat Jezus Kristus fan David ôfstamme.

Swol, Grutte Tsjerke, oargelbyld kening David
David as kening (oargelbyld yn de Grutte Tsjerke fan Swol)

De betsjutting fan David foar de Abrahamityske religyen

  • Joadendom: David is foar de joaden wichtich om't hy de twadde kening fan de joaden wie en God in ferbûn mei de kening sleat. David ferovere Jerusalim en makke fan dy stêd de haadstêd fan syn ryk.
  • Kristendom: David wurdt troch kristenen sjoen as foarfaar fan Jezus Kristus. Jezus wurdt yn it Nije Testamint dan ek meadere kearen mei de titel "Soan fan David" oansprutsen.
  • Islaam: Foar moslims is David in profeet.

De Bibelske David

David komt oan it hôf fan de kening

David waard berne yn Betlehim as de jongste fan de acht soannen fan Isai (ek: Jesse). De jonge David wie de skiep fan syn heit oan it hoedzjen doe't de profeet Samuël by Isai del kaam om yn opdracht fan God ien fan syn soannen ta de takomstige kening fan Israel te salvjen. God hie Samuël dizze opdracht jûn, om't de doedestiidske kening Saul him ôfkeard hie fan God. Isai liet alle soannen opdrave, mar Samuël kriget net it teken fan God om ien fan harren te salvjen. Lang om let frege Samuël oan Isai oft dit alle soannen wiene. Isai antwurde doe dat de jongste noch bûten wie en doe't de jonge David foar Samuël kaam te stean krige de profeet it teken dat dizze jonge salve wurde moast.

Fugel David gegen Goliath
David mei syn slingerstien (Gebhard Fugel)
Wiesiołowski David playing the harp
David dy't yn it paleis op de harpe spilet (Skilderij fan Louis Wiesiołowski, 1881

Mar as David tidens in treffen met de Filistinen de reus Goliat mei syn slingerstien tsjin de foarholle wist te reitsjen, waard de jonge as in grutte held troch it folk fereare. Ta ferbjustering fan de Filistinen snie David dêrnei Goliat de holle ôf. No't harren grutte troef fallen wie yn it gefjocht en dea wie, naaiden de Filistinen út. Doe't Saul fernaam nei dy dappere jonge brocht de legeroanfierder fan de Israeliten David nei Saul, dy't de holle fan Goliat noch yn syn hân hie.

David koe prachtich op de harpe spylje. Om't kening Saul swier te lijen hie fan mismoedigens, waard David útnoege yn it paleis om Saul mei syn harpe wat op te fleurjen. David wist Saul mei syn muzyk te reitsjen en Saul frege David om oan it hôf te bliuwen.

Oan it hôf komt David ek yn de kunde mei Saul's soan Jonatan. Mei Jonatan kriget David in ynlike bân. Jonatan en David holden in soad fan inoar en yn de striid mei Saul soe Jonatan hieltyd wer de kant fan David kieze.

David wurdt ferfolge troch kening Saul

De kening koe de populêrens fan David lykwols mar min sette en de oergeunst fan Saul begûn de oerhân te krijen, want it folk song "Saul ferslacht se by tûzenen, mar David by tsientûzenen". Troch dy oergeunst wurdt Saul foar David gefaarlik en ienris wist David mar krekt te ûntkommen oan de spear fan Saul, doe't David mei syn harpe wer ris besocht de kening te kalmearjen. Saul woe fan David ôf, safolle wie wol dúdlik, en dêrom betocht hy in fyn ynlein plan. Hy sloech David foar te trouwen mei syn dochter Mikal. Yn ruil dêr foar moast David dan 100 Filistinen ferslaan en harren foarhûden nei Saul bringe. Sa, tocht de kening, soe David wis en wrachtjes yn de hannen fan de Filistinen falle en dan soene dy dan wol fierder mei him ôfweve. Mar David wie net foar ien gat te fangen. David fersloech net 100 mar 200 Filistinen en brocht Saul yn stee fan 100 foarhûden mar leafst 200 foarhûden. De kening hold wurd en joech syn dochter Mikal oan David en David waard de skoansoan fan Saul. Mar it oansjen fan David naam mear ta. De kening wie benauder foar David as ea tefoarren en siet nije plannen út te brieden om David te deadzjen. Saul's soan, Jonatan, hie fan de plannen heart en holp David te ûntkommen.

Op in kear hearde Saul dat David him skûl hold yn de berchhoalen fan Engêdy. Mei syn leger jage Saul op David, dy't in keppel mannen om him hinne sammele hie, wêrfan't David de oanfierder wie. Om syn behoefte te dwaan rûn Saul ienris de grot yn, dêr't David mei syn mânlju taholden. Saul hie nearne erch yn en dit wie foar David in moaie gelegenheid om Saul te deadzjen. David's mânlju flústerden David ta om him no geweken te nimmen, mar David wegere Saul te fermoardzjen en yn stee dêr fan slûpte hy nei de hurkjende Saul ta en snie him in stik fan de mantel ôf. Doe't Saul de grot ferliet, rôp David him nei en hold it stik mantel omheech as bewiis dat David Saul's libben sparre hie, wylst Saul dêr foar oer David deadzje woe. Saul wie oandien en ûnthiet David gjin kwea mear te dwaan, mar hie soe gjin wurd hâlde. Yn Samuël 1:26 sparret David Saul nochris, doe't Saul mei in leger fan 3000 man David besocht te krijen yn de woastyn Sif. David slûpte doe op in nacht it kamp fan Saul yn en naam by de sliepende Saul syn spear en wetterkrúk wei. Op'e nij konfrotearret David dan Saul mei it bewiis dat hy Saul yn syn macht hie en him dochs libje liet.

David as kening

Überführung der Bundeslade durch den singenden und tanzenden König David
De arke wurdt ûnder oanfiering fan in dûnsjende en musisearjende David oerbrocht nei Jeruzalim (Skilderij fan Pieter van Lint, om 1650)
King David Handing the Letter to Uriah 1611 Pieter Lastman
Kening David jout de brief oan Oeria (Skilderij fan Pieter Lastman, 1611)
'King David', painting by Giovanni Francesco Barbieri (il Guercino) c. 1768
Kening David as psalmist (Skilderij fan Giovanni Francesco Barbieri (il Guercino) 1651

Ta grut fertriet fan David foel Saul en David's freon Jonathan yn in slach mei de Filistinen. David wurdt dan kening fan Juda, mar legeroanfierder Abner liet de lêste soan fan Saul, Isjbosjet, ta kening útroppe oer Israel. Der ûntstie in lange striid tusken de legers fan David en Isjbosjet. David wint de striid en wurdt dan ek kening fan Israel. Hy lit dan syn eagen falle op Jerusalem. Nei de ferovering fan de stêd op de Jebûsiten, lit David de arke oerbringe en makket hy fan de stêd it religieuze sintrum fan syn ryk. David fersloech de oanbuorjende folken en boude it feriene keninkryk fierder út ta fan Baalbek en Damaskus yn it noarden, Moab yn it easten en yn it suden fan de Middellânske See oant de Reade See omspande.

David en Batsjêba

Ek de minder moaie kanten fan David komme yn de Bibel oan de oarder as it ferhaal fan Batsjêba optekene wurdt. Op in dei falt it each fan kening David op in frou dy't de wask docht. Hy ynformearret nei dat frommis en it docht bliken dat it Batsjêba is, de frou fan de Hetyt Oeria, dy't yn it leger tsjinne. David nimt syn trekken waar as Oeria tidens in fjildtocht tjin de Ammoniten fan hûs is en slept mei de frou. Mar as hja swier fan de kening wurdt lit David Oeria út de striid wei by him roppe, yn'e hope dat Oeria ek by syn frou del giet en mei har slept. Sa soe in skandaal terfoarren te kommen wêze. Mar om't Oeria it net passend fûn om by syn frou del te gean en him by har del te jaan, wylst syn maten yn drege omstannichheden libben, mislearret it plan fan David. En sa beslút David ta in minne streek: hy skriuwt in brief nei Joäb, de oanfierder fan it leger, en hjit him om Oeria yn de striid in plak te jaan dêr't it fûlst fochten wurdt. David jout dit deafonnis oan Oeria, en freget him de brief oan Joäb oer te langjen. David's plan om him sa fan Oeria te ûntdwaan slagget en Oeria stjert yn de striid. Nei't Batsjêba de foarskreaune routiid yn acht nommen hie, waard hja de achtste frou fan David.

David krige neitiid besite fan de profeet Natan, dy't him de fraach stelde wat der barre moast mei in rike man dy't in laam fan in earme man weinaam, om't it him begrutte ien fan syn eigen keppel te slachtsjen. David hie net yn de rekken dat Natan mei de rike man op David doelde en de earme man Oeria wie en andere dat dy rike man de dea fertsjinne. De profeet spegele David doe foar dat in grut kwea David's eigen hûs teheisterje soe. Want David hie in grutte sûnde yn de eagen fan God begien. Ek soe it bern fan Batsjêba net yn libben bliuwe. Dêrnjonken mocht David de timpel yn Jeruzalim net bouwe, dy ear bleau foarbeholden oan de twadde soan fan Batsjêba: Salomo.

De bern fan David en de opfolging

David hie by meardere froulju bern en de bibel neamd fan 20 bern de namme. Dizze steane yn Kroniken 3:1:

  • Amnon, de âldste soan, berne te Hebron, syn mem wie Achinoäm de Jizreëlityske;
  • Daniël, de twadde soan, berne te Hebron, syn mem wie Abigaïl de Karmelityske;
  • Absalom, de tredde soan, berne te Hebron, syn mem wie Maäka, de dochter fan kening Talmai fan Gesjûr;
  • Adonia, de fjirde soan, berne te Hebron, syn mem wie Chaggit;
  • Sjefatja, de fyfte soan, berne te Hebron, syn mem wie Abital;
  • Jitreäm, de sechste soan, berne te Hebron, syn mem wie Egla.

Yn Jeruzalim krige David mei Batsjêba Sjima, Sjobab, Natan en Salomo en fierder: Jibchar, Elisjama en Elifêlet; Noga, Nêfeg en Jafia; Elisjama, REljada en Elifêlet. Dêrnjonken wurdt ek de dochter Tamar neamd. Allinnich fan Amnon, Absalom, Adonia, Salomon en Tamar komme wy mear te witten.

Thamar par Cabanel
Tamar en Absalon (Alexandre Cabanel, 1875)

Amnon wurdt fereale op syn healsuster Tamar. Hy wit har nei syn ferbliuw te lokken troch him siik te hâlden en fersoarging te freegjen. As Tamar Amnon naderet grypt hy Tamar en ferkrachtet har. Nei de died wie syn leafde foar Tamar foarby en oergien yn ferachting. Absalom, in folle broer fan Tamar, stiet oan Tamar's kant mar besiket Tamar del te bêdzjen. Twa jier letter nimt Absolom wraak en lit syn healbroer Amnon deadzje. Absalom flecht, mar it wurdt him letter tastien werom te kommen nei Jeruzalim. Dêr besiket Absalom David's posysje te ûndergraven en wit hy it folk foar him te winnen. David moat flechtsje en nimt de tiid om in leger te foarmjen wylst spionnen de sitewaasje yn Jeruzalim yn'e gaten hâlde. Op it ein komt it ta in slach tusken de legers fan David en Absalom yn de bosken fan Efraïm. Dêr witte de manskippen fan David it fan de mannen fan Absalom te winnen. As Absalon op syn ezel besiket te flechtsjen bliuwt hy yn it tichte wâld mei syn lange hier yn de takken hingjen. Absalom wurdt dan troch de David's oanfierder Joäb en syn manlju ôfmakke.

It is Salomo, de twadde soan fan Batsjêba dy't David opfolget. Salomo mei ek de timpel bouwe.

De dea fan kening David

813הקבר
It grêf fan David

Doe't David stoar wie Salomo al kening. David hat fjirtich jier kening west. Hjirfan hat er sân jier regearre yn Hebron en trijentritich jier yn Jeruzalim. David waard begroeven op de eastlike heuvel yn de haadstêd fan syn ryk.

Yn de tradysje wurdt it grêf fan David fereare op de berch Sion yn de resten fan in âlde Byzantynske tsjerke. Neffens in âldere tradysje, dy't werom giet op de 4e iuw, soe it de romte wêze dêr't Jezus it Lêste Jûnsmiel hold en iere kristenen by inoar kamen. Tsjintwurdich is it gebou eigendom fan in joadske organisaasje. It is foar joaden nei de Kleimuorre it twadhilligste plak yn Israel.

Boarnen

  • De bibelboeken 1 Samuël, 2 Samuël en Kroniken
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory David fan Wikimedia Commons.
Folkstelling

In folkstelling of sinsus is it systematysk sammeljen en opslaan fan gegevens oangeande de leden fan in beskate befolking. Yn 'e measte lannen is soks in barren dat mei geregelde tuskenskoften (meastal tsien jier) dien wurdt troch in oerheidsynstânsje belêstge mei it byhâlden fan statistiken yn opdracht fan it nasjonale regear. Yn Nederlân is foar it lêst yn 1971 in folkstelling holden, om't de boargerlike stân hjirre sa goed regele is dat gegevens oer de befolking sûnder sa'n telling ek wol beskikber binne, en om't der yn 'e jierren santich út linkse politike hoeke fûleindich ferset tsjin folkstellings oanwoeks om't dy as in ynbrek op 'e privacy fan 'e Nederlânske boarger sjoen waard.

Yn essinsje giet it by in folkstelling, sa't de namme al seit, om it tellen fan 'e befolking en it fêststellen fan 'e befolkingsgrutte, mar dêrnjonken wurde ornaris ek in stikmannich oare strukturele skaaimerken befrege, wêrûnder âldens, geslacht, boargerlike steat, berop, taal, etnisiteit, godstsjinst en gesinsferbân. Sokke gegevens wurde troch it lânsbestjoer brûkt om it belied foar de takomst op ôf te stimmen. As men bygelyks wit dat de befolking yn tsien jier tiid mei 5% groeit, dan kin men der logyskerwize ek op rekkenje dat der yn sa'n perioade ek 5% mear ferkear op 'e wegen komme sil, en dan kin men de ynfrastruktuer dêr op tariede.

Ien fan 'e ierst beskreaune folkstellings waard neffens de Bibel ferrjochte yn opdracht fan kening David fan Israel (2 Samuël 24:1-17). Yn 'e Romeinske Tiid wiene folkstellings bedoeld om it tal folwoeksen manlju by te hâlden dat oproppen wurde koe foar militêre tsjinst. Wierskynlik de meast ferneamde folkstelling fan alle tiden waard troch de Romeinen om it begjin fan 'e jiertelling hinne holden, en wurdt neamd yn it krystferhaal (yn Lukas 2:1-7):

Yn dy dagen kaam der in beslút ôf fan keizer Augustus om in telling te hâlden fan 'e hiele bewenne wrâld. Dy telling waard foar 't earst holden ûnder lânfâd Quirinius fan Syrje. Allegearre giene se op reis om har ynskriuwe te litten, elk nei syn eigen stêd. Joazef joech him ek op 'en paad, fan Galiléa, út 'e stêd Nazaret, nei Judéa, nei de stêd fan David, om him ynskriuwe te litten mei Marije, syn breid, dy't yn ferwachting wie. Wylst se dêr wiene, wie it safier mei har. Se krige doe har earstlingssoan, bewuolle Him yn doeken en lei Him yn in krêbe, want der wie foar harren gjin plak yn 'e herberge.

Kening David

"Kening David" hat yn de Wikipedy ferskate betsjuttings:

David fan Israel, fan ±1010 oant ±970 kening fan Israel (ynkl. Juda)David I fan Abessynje, fan 1382 oant 1413 keizer fan Abessynje

David II fan Abessynje, fan 1507 oant 1540 keizer fan AbessynjeDavid I fan Ibearje, fan 876 oant 881 kening fan Ibearje (Georgje)

David II fan Ibearje, fan 923 oant 937 kening fan Ibearje (Georgje

David III fan Ibearje, fan 978 oant 1000 kening fan Ibearje (Georgje)

David IV fan Georgje (David de Bouwer), fan 1089 oant 1125 kening fan Georgje

David V fan Georgje, fan 1154 oant 1155 kening fan Georgje

David VI fan Georgje, fan 1245 oant 1293 kening fan Georgje

David VII fan Georgje, fan 1247 oant 1259 kening fan Georgje

David VIII fan Georgje, fan 1293 oant 1311 kening fan Georgje

David IX fan Georgje, fan 1346 oant 1360 kening fan Georgje

David X fan Kartly, fan 1505 oant 1525 kening fan Kartly (yn Georgje)David I fan Imereesje, sjoch David IV fan Georgje

David II fan Imereesje, fan 1784 oant 1789 en fan 1790 oant 1791 kening fan Imereesje (yn Georgje)David I fan Kacheesje, fan 1569 oant 1602 kening fan Kacheesje (yn Georgje)

David II fan Kacheesje, fan 1709 oant 1722 kening fan Kacheesje (yn Georgje)David I fan Klardzjety, fan 900 oant 943 kening fan Klardzjety (yn Georgje)

David II fan Klardzjety, fan 988 oant 993 kening fan Klardzjety (yn Georgje)David I fan Loary, fan 989 oant 1048 kening fan Tasjir-Dzoraget (yn Armeenje)

David II fan Loary, fan 1089 oant 1118 kening fan Tasjir-Dzoraget (yn Armeenje)David I fan Skotlân, fan 1124 oant 1153 kening fan Skotlân

David II fan Skotlân, fan 1329 oant 1371 kening fan SkotlânKalākaua (berne David Laʻamea Kamanakapuʻu Mahinulani Nalaiaehuokalani Lumialani Kalākaua), fan 1874 oant 1891 kening fan Hawaï

Matthias Scheits

Matthias Scheits (Hamburg, 1630 - dêre, 1700) wie in Dútsk skilder, tekener en etser út de Barok.

Neffens Houbraken hâlde er ta yn Hamburg doe't Johannes Voorhout dêr ek wurke. Scheits krige yn't earstoan ûnderrjocht yn Haarlim fan Philips Wouwerman, dochs skildere er letter buorkerij- en doarpssênes yn de trant fan David Teniers. Voorhout moete him wylst er wurke oan histoaryske sketsen dy't er letter ûnder eigen namme publisearre as platen fan it Alde- en Nije Testamint.Neffens de RKD wie er de learaar fan de skilder Adam de Manyoki.

Stêd fan David

Stêd fan David (City of David - עיר דוד) is in argeologysk fynplak yn Jeruzalim. It is neist it súdeastlike hoeke fan 'e muorre fan 'e Alde Stêd fan Jeruzalim. De fynsten dy't op dit plak dien binne, wurde taskreaun oan it paleis fan kening David fan Israel, en besteane út in wettertunnel dy't boud wêze soe troch kening Hizkía fan Juda.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.