Cornwall

Cornwall ([ˈkɔːnˌwɒl]? Kornysk: Kernow; ) is de namme fan it bestjoerlike greefskip en it hartochdom yn it uterste súdwesten fan Ingelân, dat fan it greefskip Devon skieden wurdt troch de rivier de Tamar. Cornwall beslacht in oerflak fan 3.563 km², tegearre mei de Scilly-eilannen dy't 45 km fan de kust lizze, en telt 513.528 ynwenners mei in befolkingstichtheid fan 144 mensen/km². De haadstêd is Truro. Foar april 2009 hie Cornwall seis distrikten: Penwith, Kerrier, Carrick, Restormel, Caradon en Noard-Cornwall, en de Scilly-eilannen.

Cornwall hat in rûch en faak noch ûnoantaaste lânskip, wêrfan Bodmin Moor in wichtich diel útmakket. It hat in seeklimaat mei relatyf sêfte winters. Meidat it der selden of nea friest binne in soad (ymportearre) subtropyske planten as palmen en keamerplanten dêr ynboargere. Troch de frij grutte reinfal groeit feanmoas der tige wilich wat dan ek te merkbiten is oan de soad moerassen dy't der binne. It toerisme is de grutste boarne fan ynkomsten, neist fiskerij, lânbou en blommetylt. De yndustry hat him konsintrearre yn de kuststêden Falmouth, Fowey en Penzance. Cornwall is ek in gaadlik plak foar it opnimmen fan films wêrûnder Wycliffe, in Ingelske plysjerige dy't begûn is yn 1994 en dêr't 28 ôfleverings fan makke waarden.

It meast westlike punt hjit Land's End (Penn an Wlas) en is in belangrike toeristyske trekpleister, krektas St Michael's Mount. Ek hat it greefskip in grut oantal prehistoaryske oerbliuwsels wêrûnder tige âlde tinminen dy't út de brûnstiid stamje. Yn de 18e en 19e iuw wie Cornwall ferantwurdlik foar 40% fan de wrâldproduksje fan tin. In kastielruïne tichtby Tintagel wurdt troch de Cornish (ynwenners fan Cornwall) beskôge as it plak dêr't King Arthur berne is (sjoch de King Arthur-leginde). In bekende attraksje is ek Eden Project, in botanyske tún mei twa kassekompleksen dy't foarme wurde troch meardere geodetyske koepels. Dizze botanyske tún leit yn Bodelva, 5 km bûten St Austell.

Yn Cornwall waard it Kornysk sprutsen; der wurdt besocht om dizze útstoarne taal nij libben yn te blazen, sa is der bygelyks in Wikipedia yn it "Kernewek" en in regionalistyske politike partij Mebyon Kernow, dy't lid is fan de Europeeske Frije Alliânsje.

Prins Charles, de Britse kroanprins, en syn frou Camilla Parker Bowles binne hartoch en hartoginne fan Cornwall.

England-lands-end-1987

Land's End

Image-Eden Project dome and garden

It Eden projekt

Stives4

St Ives

Truro stmarysst

Truro, de haadstêd fan Cornwall

Minack Theatre

Teäter Minack

FalmouthDocks

Falmouth haven

Brown willy

Brown Willy, Bodmin Moor; heechste punt fan Cornwall

EnglandCornwall
Lizzing fan Cornwall yn Ingelân
CornwallKernowMappa

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
1400

1400 is in skrikkeljier dat begjint mei in tongersdei. (Juliaanske kalinder foar 1400.)

1777

1777 is in gewoan jier dat begjint mei in woansdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1777.)

2005

2005 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 2005.)

Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2000-er jierren.

Alexander MacDonell

"Alexander MacDonell", "Alexander McDonell", "Alexander Macdonell" of "Alexander Mcdonell" hat yn de Wikipedy ferskate betsjuttings:

Alexander Macdonell (biskop fan Kingston) (1762-1840), Kanadeesk roomsk geastlike, 1e biskop fan Kingston (Ontario)

Alexander Macdonell (politikus) (1762-1842), Kanadeesk politikus en ofsier

Alexander Macdonell fan Greenfield (1782-1835), Kanadeesk politikus

Alexander McDonell (politikus) (1786-1861), Kanadeesk politikus

Alexander Macdonell (biskop fan Alexandria-Cornwall) (1833-1905), Kanadeesk roomsk geastlike, biskop fan Alexandria-Cornwall

Bodmin

Bodmin, Kornysk Bosvenegh is in stêd yn it greefskip (county) Cornwall yn Ingelân. It plak leit yn it distrikt Noard Cornwall dat lykwols yn 2009 opheft waard.

Bodmin leit sintraal yn Cornwall súdwestlik fan it Bodmin Moor. Eartiids hat it plak in skoft haadstêd fan Cornwall west, oant Truro as administratyf sintrum oanwiisd waard troch de Crown Courts.

Bodmin Moor

Bodmin Moor (Kornysk: Goen Bren) is in sompich heide- weidlângebiet op in graniten ûndergrûn yn it noardeasten fan Cornwall, Ingelân, Feriene Keninkryk. It omfiemet 208 km², en datearret út it geologyske tiidrek Karboan.

Bodmin Moor is ien fan de fiif batoliten (stjurre magmakeamers) sompige kontreien yn Cornwall.De namme 'Bodmin Moor' wurdt noch net sa lang brûkt, earst mei de kartearring (Ordnance Survey) fan 1813 wurdt it gebiet sa neamd. Earder hjitte it fan Fowey Moor, neamd nei de rivier Fowey dy't op Bodmin Moor ûntstiet.

Chesten Marchant

Chesten Marchant of Cheston Marchant, dy't 1676 yn Gwithian, Cornwall, stoar, wurdt fan tocht dat hja de lêste wie it Kornysk as iennichste taal hie, oars as Kornysksprekkers lykas Dolly Pentreath dy't ek Ingelsk prate koene.

Devon

Devon (earder ek wol Devonshire neamd) is in greefskip yn de Ingelske regio Súdwest-Ingelân, dat nei alle gedachten yn 'e earste helte fan 'e tsiende iuw oprjochte is. Mei Devon kin sawol it histoaryske- en seremoanjele greefskip bedoeld wurde as ek it bestjoerlike greefskip. Yn it lêste gefal hearre de unitairy authorities fan Plymouth en Torbay net by Devon: sy foarmje twa selstannige bestjoerlike ienheden.

It gebiet omfiemet sa’n 6700 km2 (it administrative greefskip is in bytsje lytser) en hat goed in miljoen ynwenners, dêr't 704.493 fan yn it administrative greefskip wenje. De haadstêd is Exeter.

Feriene Keninkryk

Dizze side giet oer it Feriene Keninkryk, dat faak Grut-Brittanje neamd wurdt. Foar it eilân, sjoch: Grut-Brittanje (eilân).

Dizze side giet oer it Feriene Keninkryk, dat faak Grut-Brittanje neamd wurdt. Foar oare betsjuttings, sjoch: Grut-Brittanje (betsjuttingsside).It Feriene Keninkryk, folút it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân en yn de folksmûle faak Grut-Brittanje of Ingelân neamd, is in lân yn West-Jeropa. De haadstêd is Londen en de keninginne fan de monargy is sûnt 1952 Elizabeth II.

De grutste eilânsteat fan Jeropa is in uny mei fjouwer lannen: Ingelân, Skotlân, Wales en Noard-Ierlân. It regear sit yn Londen. Dêrûnder falle de dekonsintrearre regearen fan Edinboarch (Skotlân), Cardiff (Wales) en Belfast (Noard-Ierlân). De Kanaaleilannen en it eilân Man binne Britsk kroanbesit, mar falle net ûnder it regear yn Londen. Dêrneist hat it Feriene Keninkryk noch fjirtjin oerseeske gebieten.

Ingelân

Dizze side giet oer it hjoeddeistige lân Ingelân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Ingelân (betsjuttingsside).Ingelân (Ingelsk: England, útspr.: ['ɪŋɡlǝnd], likernôch: "ing-glund") is in dielútmeitsjend lân (constituent country) fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân, dat it súdeastlike diel fan it eilân Grut-Brittanje beslacht. Dat gebiet waard oarspronklik bewenne troch Keltyske stammen, mar kaam nei it Grutte Folkeferfarren yn 'e hannen fan Germaanske stammen, ôfkomstich fan it Jeropeeske fêstelân, dy't meitiid ferraanden ta ien folk, de Angelsaksen. Nei in proses fan ienwurding tusken de ûnderskate Angelsaksyske keninkrykjes kaam yn 927 it feriene Keninkryk Ingelân ta stân, dat oant 1707 fuortbestie, doe't it mei it Keninkryk Skotlân opgie yn it nije Keninkryk Grut-Brittanje.

Yn it koloniale tiidrek waarden de Ingelske kultuer, de Ingelske taal en Ingelske ynstituten lykas de Tsjerke fan Ingelân oer in grut part fan 'e wrâld ferspraat. De hjoeddeistige kultuer fan lannen as de Feriene Steaten, Kanada, Austraalje, Nij-Seelân en yn mindere mjitte Súd-Afrika giet foar in grut part werom op Ingelân. Noch folle ynfloedriker wie it Ingelske bestjoerssysteem fan parlemintêre demokrasy, dat him yn 'e Midsiuwen ûntjoech, en dat troch it kolonialisme ek ferspraat is nei it Karibysk Gebiet, Afrika, Yndia en Oseaanje. Ek op it mêd fan 'e wittenskip hat Ingelân op ûnmisbere wize oan 'e skiednis bydroegen, mei't de Yndustriële Revolúsje yn 'e achttjinde iuw yn Ingelân begûn. Hjoed de dei hat Ingelân gjin eigen regear mear en is it inkeld noch in 'lân' yn 'e kulturele sin. Allinnich by beskate sporten, lykas fuotbal en rugby, komt Ingelân noch los fan 'e rest fan it Feriene Keninkryk út.

Keninkryk Dumnonia

It Keninkryk Dumnonia wie in Midsiuwsk Britsk-Keltyske keninkryk dat it hjoeddeistige Devon, Somerset en in part fan Dorset en letter ek hiel Cornwall omfieme. 'Dumnonia' is de Latynske foarm fan it Keltyske Dyfneint. It keninkryk is neamd nei de Dumnonii, in stam dy't dêr al wenne foar de komst fan de Romeinen.

Kornysk

Kornysk (Kornysk: Kernowek; Ingelsk: Cornish) is in Keltyske taal út Cornwall. De taal is nau besibbe oan it Welsk en it Bretonsk. It wie sirka 1800 útstoarn, mar is yn de tweintigste iuw wer keunstmjittich ta libben brocht. John Davey fan Zennor wurdt as de lêste oarspronklike sprekker fan it Kornysk beskôge; hy stoar yn 1891.

De lêst bekende persoan dy't allinnich Kornysk sprekke koe is, nei't men tinkt, Chesten Marchant, dy't yn 1676 stoar yn Gwithian. It is net bekend hoenear't hja berne is. William Scawen skriuwt yn ± 1680, dat Marchant mar in bytsje begryp fan it Ingelsk hie (en dat hja twaris troud west hat).It brief fan William Bodinar út 1776 is wierskynlik it lêst skreaune Kornysk troch in oarspronklik Kornysk sprekkende persoan. De tekst is ek nijsgjirrich foar sosjologen omdat Bodinar it hat oer de doetiidske posysje fan it Kornysk.

Om 1900 hinne ûntwikkele Henry Jenner syn ferzje fan wat hy Ienheids Kornysk neamde. Hy basearre him op in lyts tal midsiuwske toanielstikken; dit hat laat ta in yn 1958 ferskynd learboekje, Cornish for All, skreaun troch Jenner syn neifolger Robert Morton Nance.

Anno 2005 wurdt de taal troch inkelde tûzenen minsken sprutsen en binne der sels guons fan ûnder de tritich jier dy't mei it Kornysk grutbrocht binne. It meastepart fan dizze Kornysk sprekkers kinne in ienfâldich petear yn de taal hâlde. Fierders binne der radiostjoerders, kranten en films mei dielen yn't Kornysk te fergelykjen mei it Frysk yn de Ljouwerter Krante) en der bestiet in beskaat poarsje literatuer, foaral gedichten yn de taal. An Gannas is it ienige folsleine tydskrift yn it Kornysk. Yn 2002 hat de Europeeske Uny it Kornysk as offisjele minderheidstaal erkend.

Professor Glanville Price kritisearre de weropstanning fan dizze taal, mei as ienfâldige reden dat sy faaks foar de helte optocht is. Oan de iene kant sprekt it fansels dat der wurden foar moderne apparatuer en produkten útfûn wurde moasten, oan de oare kant binne de boarnen dêr´t men de grammatika op basearre sa fragmintarysk, dat in protte grammatikale foarmen op wierskynlikheidsredenearingen en op fergelikingen mei besibbe talen reste. Boppedat rekonstruearre men de taal oan de hân fan literatuer út de bloeitiid, dat wol sizze mei teksten fan foar it teloargean en de marginalisearring dy´t al om 1300/1350 ynset wêze moat. Tusken dy perioade en de dea fan John Davey fan Zennor leit in hiaat fan inkelde iuwen, dêr't hast gjin literatuer yn fuortbrocht waard. Sa redenearre hat Price it leaver oer ´Korsk´ ynstee fan ´Kornysk´.

Neist ûnwissens oer de grammatika is ek de oarspronklike útspraak net wier bekend. Men moat dan ek fêststelle dat it moderne rekonstruearre Kornysk op syn bêst ynspirearre is troch it oarspronklike Kornysk.

Kroanprins

In kroanprins, of as it om in frou giet, in kroanprinsesse, is yn in erflike monargy de gebrûklike oantsjutting foar de rjochtmjittige troanopfolger: it is dyjinge dy't fanwegen syn of har berte as earste yn oanmerking komt om 'e regearjende monarch op te folgjen. Yn 'e regel giet it dêrby tsjintwurdich om it âldste bern fan 'e regearjende monarch. Foarhinne gie de foarkar út nei manlike opfolgers, en wiene froulju net yn tel. Yn in protte monargyen wiene froulju hielendal fan 'e erfopfolging útsletten, en yn alle oaren koene se inkeld op 'e troan komme as der wier gjin manlike opfolger foarhâns wie. Hjoed oan 'e dei binne yn 'e measte lannen sokke efterhelle wetten feroare, sadat no gewoan it âldste bern fan 'e sittende monarch de kroanprins(esse) wurdt, oft dat no in man of in frou is. As de kroanprins(esse) foartidich komt te ferstjerren wurdt syn/har âldste bern (as dat der is) de rjochtmjittige opfolger.

De term kroanprins is benammen yn gebrûk yn keninkriken en guon keizerriken (lykas it eardere Dútslân en Japan). Yn legere foarstedommen wurdt de troanopfolger oars oantsjut; bgl. yn in gruthartochdom (lykas Lúksemboarch) as erfgruthartoch en yn in prinsdom (lykas Monako) as erfprins. Ek yn eardere hartochdommen, greefskippen en boarchgreefskippen spriek men fan erfhartoch, erfgreve en erfboarchgreve. Yn in keninkryk dat in kroanprins hat, wurdt mei de term 'erfprins(esse)' it âldste bern fan 'e kroanprins oantsjut. As in sittende monarch (noch) gjin neikommelingen hat, dan komt syn jongere broer of suster of in omkesizzer yn oanmerking foar de opfolging. Sokken wurde meastal gjin kroanprins neamd, mar 'fermoedlike troanopfolger'. Mei 'kroanprinsesse' kin yn prinsipe ek de oarehelte fan 'e kroanprins oantsjut wurde, mar dat bart net faak.

Yn in soad lannen hat de kroanprins in spesifike oantsjutting of titel. Sa waard yn it Ruslân út 'e tiid fan 'e tsaren de kroanprins de tsarevitsj neamd (letterlik: "tsaresoan"), en yn it eardere Frânske keninkryk de Dauphin, in oantsjutting dy't ûntliend wie oan 'e titel 'greve fan 'e Daufinee'. Yn Ingelân draacht de kroanprins de titels prins fan Wales en hartoch fan Cornwall; yn Skotlân hartoch fan Rothesay; yn Belgje hartoch fan Brabân; yn Nederlân prins fan Oranje; en yn Spanje prins fan Astuerje.

Penzance

Penzance (Pensans yn it Kornysk: 'hillige lânpunt') is in stêd yn it Britske greefskip Cornwall. It is in regionaal sintrum foar de westpunt fan it skiereilân en leit sa'n 20 km eastlik fan Land's End, 120 km bewesten Plymouth en 500 km west-súdwest fan Londen. Ut Penzance wei wurde feartsjinsten en helikoptertsjinsten op de Scilly-eilannen ûnderhâlden.

Scilly-eilannen

De Scilly-eilannen (Ingelsk: Isles of Scilly, Kornysk: Ynysek Syllan) is in arsjipel fan fiif bewenne en likernôch 140 ûnbewenne eilannen besúdwesten fan it Ingelsk greefskip Cornwall, op sa'n 45 km fan it plak Land's End yn de Keltyske See. Scilly wurdt útsprutsen as it Ingelske wurd silly ('mâl'). Dêrom fine de benners it fan belang dat der fan "The Isles of Scilly" praat wurdt, en net "The Scilly Islands". De haadstêd is Hugh Town

Sheriff

In sheriff is yn Ingelsktalige lannen in oerheidsfunksjonaris dy't belêstge is mei beskate wetlike, politike en/of seremoniële taken. Hoewol't men yn 'e regel by it hearren fan it wurd daliks oan it Wylde Westen tinkt, is it begryp sheriff net inkeld ta dy histoaryske perioade beheind, noch ta de funksje (min ofte mear gelyk oan dy fan in fjildwachter) dy't de sheriffs dêr hiene.

Skiereilân

In Skiereilân is in stik lân yn it wetter dat oan ien kant oan de fêste wâl of oan in grutter eilân fêst sit. In skiereilân moat ek by heechwetter oer lân te berikken wêze. Eilannen dy’t by heechwetter net oer it lân te berikken binne, mar by leechwetter wol, binne in ‘tij-eilân’.

It wurdt skiereilân betsjut einliks ‘hast (in) eilân’. Yn it Dútsk wurdt in skiereilân ek wol halbinsel neamd, wat ‘heal eilân’ betsjut.

Tin (elemint)

Tin is in skiekundich elemint mei symboal Sn en atoomnûmer 50. It is in sulvergriis haadgroepmetaal.

Tintagel

Tintagel is in civil parish en doarp yn it Ingelske greefskip Cornwall; it leit oan de Atlantyske noardkust fan Cornwall; it hat 1820 ynwenners.

It doarp en syn kastiel wurde yn ferbân brocht mei legindes oer Kening Arthur en de ridders fan de Rûne Tafel. It doarp is hjoeddeisk in trekplaster foar toeristen wurden. Sy komme út de hiele wrâld.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.