Brazylje

Brazylje, sûnt 1964 offisjeel de Federative Republyk Brazylje, is in lân yn Súd-Amearika. De haadstêd is Brasilia en de presidint fan de republyk is sûnt 2019 Jair Bolsonaro.

República Federativa do Brasil
Flagge fan Brazylje Wapen fan Brazylje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Brazylje
Offisjele taal Portugeesk
Haadstêd Brasilia
Steatsfoarm Federale republyk
Presidint Jair Bolsonaro
Gebiet
% wetter
8.511.965 km²
0,65%
Ynwenners (2005) 186.405.000
Munt Real (BRL)
Tiidsône UTC -2 oant -5
Nasjonale feestdei 7 septimber
Lânkoade BRA
Ynternet .br
Tillefoan 55

Geografy

Lizzing

Brazylje wurdt begrinzge troch:

Lânskip

Brazylje is it op fjouwer nei grutste lân op ierde en it grutste lân fan Súd-Amearika en nimt hast de helte fan it wrâlddiel yn. De eastgrins wurdt foare troch de Atlantyske Oseaan, dêr't de smelle kuststripe fan tichtbefolke is. Yn it noarden wurdt it lânskip bepaald troch tropysk reinwâld dy't har nei it suden útstrekt ta it Amazoneleechlân. Dat gebiet is it biotoop fan ûntelbere soarten dieren mei in unyk ekosysteem. De grutste rivier fan Brazylje is de Amazone. It lân is ryk tabedield my boaiemskatten.

Stêden

Brasilia is de haadstêd fan it lân. Foar 1960 wie dat Rio de Janeiro en noch earder wie it oant 1763 Salvador. Oare grutte stêden binne: São Paulo, Belo Horizonte, Fortaleza, Curitiba, Manaus, Recife, Porto Alegre, Belém en Goiânia.

Skiednis

Brazil-16-map
Alde kaart fan Brazylje út 1519

Brazylje waard al yn it 8e millenium f.Kr. bewenne troch Yndianen. Om-ende-by 1500 arrivearren de earste Jeropeanen yn de kustgebieten, dy't yn de 17e iuw Portegeesk besit waarden.

Yn 1807 flechte it Portegeeske keninlik hûs foar de legers fan Napoleon nei Brazylje. Fan dat stuit ôf waard Rio de Janeiro de facto de haadstêd fan it Portegeeske ryk. De nasjonale bibleteek waard oprjochte en de earste universiteiten stiften. Doe kening Johan IV yn 1821 nei Portegal werom kearde bleau syn soan Peter efter yn Brazylje. Yn 1822 proklamearre hy de ûnôfhinklikens fan it memmelân en ferkleare himsels ta keizer Peter I. Trije jier letter waard de ûnôfhinklikens erkend. Yn 1831 waard keizer Peter I opfolge troch Peter II. Mei de eksport fan kofje begûn de ekonomyske bloei. Yn 1889 brocht de nije elite fan kofjebaronnen de monargy ten fal en stelde in federale republyk yn.

Yn 1961 gripe de militêren de macht dy't oant-en-mei de earste ferkiezings fan 1982 it lân regeare. Yn 1985 krijt Brazylje syn earste boargerpresidint en yn 1988 in nije grûnwet. It leger hat lykwols noch hieltyd in soad ynfloed op it regear.

Demografy

Befolking

It lân wurdt troch in protte lytse etnyske groepen bewenne, dêr't de oerspronklike yndiaanske befolking fan de lytste groep foarmet.

Ekonomy

De rike opbringsten fan de lânbou soargje foar in protte ynkomsten. Utsein de feefokkerij wurdt benammen kofje, kakau, soja en sûker, tabak, stynske weet en katoen ferboud. De autoyndustry en taleveringsbedriuwen domineare it sterk yndustraliearre lân.

It BYP per persoan is $9.500 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 5,5% lânbou, 28,7% yndustry en 65,8% tsjinsten.

Basketbal op de Paralympyske Simmerspullen

Basketbal is ien fan de sporten dy’t op it programma fan de Paralympyske Simmerspullen steane. Dizze takke fan de basketbalsport is ek bekend ûnder de namme rôlstoelbasketbal.

CP-fuotbal op de Paralympyske Simmerspullen

CP-fuotbal, yn it bûtenlân meastal Football 7-a-side neamd, is ien fan de sporten die op it programma fan de Paralympyske Spullen steane. It wurdt spile troch fuotballers dy’t as gefolch fan in harsenbeskeadiging in motoaryske beheining hawwe. In protte fuotballers hawwe by de berte in harsenferlamming hân of op lettere leeftyd in harsensblieding, harsenynfarkt of harsentumor krigen. Ek fuotballers dy’t troch in koma in licht motoarysk probleem hawwe, komme yn oanmerking om CP-fuotbal te spyljen.

Distrikt

In distrikt, fan it Latynske districtus (fan distringere, "útinoar lûke"), fia it Aldfrânske district, is in ûnbeskaat soarte fan ûnderferdieling fan in geografysk gebiet. Hoewol't distrikten oer it algemien net ûnbidige grut binne, en sadwaande meastal lytser as in regio of provinsje, komt it ek foar dat distrikten grutter binne en mear as ien provinsje bestrike. Meastal, lykwols beslane se earder ien of mear gemeenten. Foarbylden fan distrikten binne kiesdistrikten, postale distrikten en skoaldistrikten. Guon lannen hawwe in bestjoerslaach dy't út gebieten bestiet dy't wier oantsjut wurde as distrikten, lykas Afganistan, Banglades en Hongarije. Yn Dútslân soene de Kreisen oerset wurde kinne as distrikten. Yn Belgje binne gruttere stêden, lykas Antwerpen, opdield yn bestjoerlike distrikten, dy't yn Nederlân dielgemeenten neamd wurde soene. Ek komt it foar dat lannen ien federaal distrikt hawwe, dêr't de federale haadstêd yn leit, en dat net ta ien fan 'e yn meardere of mindere mjitte autonome dielsteaten heart. Dat is bygelyks sa yn it gefal fan 'e Feriene Steaten (it Distrikt Kolumbia), Austraalje (it Australysk Haadstedsk Territoarium), Meksiko (it Distrito Federal de México) en Brazylje (Distrito Federal).

Follybal op de Olympyske Simmerspullen

Follybal is ien fan de acht Olympyske sporten dy't yn team ferbân beoefene wurde.

Sûnt 1964 stiet sealfollybal, foar manlju en froulju, op it program fan de Olympyske Spullen as medaljesport. Yn 1996 waard it strânfollybal oan it Olympyske program taheakke.

Follybal op de Olympyske Simmerspullen 1992

Follybal is ien fan de sporten dy't beoefene waard by de Olympyske Simmerspullen 1992 yn Barselona.

Foar de follybalsport waard útkaam yn ien dissipline: it sealfollybal. By dy Olympyske Spullen wie der in toernoai foar manlju en froulju. De wedstriden setten op 26 july útein en einigen op 9 augustus. De wedstriden waarden spile yn Palau d'Esports, Pavelló de la Vall d'Hebron en Palau Sant Jordi yn Barselona.

Follybal op de Olympyske Simmerspullen 1996/Sealfollybal

Sealfollybal is ien fan de twa dissiplines fan it follybal dy't spile waard op de Olympyske Simmerspullen 1996 yn Atlanta. De oare dissipline wie it strânfollybal. De wedstriden foar it sealfollybal waarden spile yn the Stegeman Coliseum fan The University of Georgia, yn Atens. Der waard ek spile yn it Omni Coliseum yn Atlanta. De wedstriden setten op 20 july 1996 útein en einigen op 4 augustus 1996.

Fuotbal op de Olympyske Simmerspullen

Fuotbal is ien fan de sporten dy't op de Olympyske Simmerspullen beoefene.

Fuotbal op de Olympyske Simmerspullen 1996

De Olympyske Simmerspullen 1996, ek wol de XXVIe Olympiade neamd, waarden yn 1996 hâlden yn de Amerikaanske stêd Atlanta.

De finale fan it Fuotbal waard hâlden yn it Sanford Stadium. It wie de earste kear dat der in toernoai foar froulju op it programma stie.

Fuotbal op de Olympyske Simmerspullen 2000

De Olympyske Simmerspullen 2000, ek wol de XXVIIe Olympiade neamd, waarden yn 2000 hâlden yn de Australyske stêd Sydney.

De finale fan it Fuotbal waard hâlden yn it Stadium Australia.

Fuotbal op de Olympyske Simmerspullen 2008

De Olympyske Spullen fan de XXIXe Olympiade waarden fan 8 oant en mei 24 augustus 2008 hâlden yn Peking, de haadstêd fan Sina.

De finale fan it fuotbal hie plak yn it Beijing National Stadium, ek wol bekind as "it Fûgelnêst".

Fuotbal op de Olympyske Simmerspullen 2012

De Olympyske Simmerspullen 2012 fan de XXXe Olympiade sille fan 27 july oant en mei 12 augustus 2012 hâlden wurde yn Londen, de haadstêd fan Grut-Brittanje. Londen is de earste stêd dêr't foar de tredde kear de Spullen organisearre wurde. Earder hiene de Spullen fan 1908 en 1948 dêre ek plak. De finale fan it fuotbal wurdt hâlden yn it Wembley Stadium. Dat is op it plak fan it eardere Empire Stadium dêr't de finale fan it Olympyske fuotbal yn 1948 hâlden waard.

Goalball op de Paralympyske Simmerspullen

Goalball is ien fan de sporten dy’t op it programma fan de Paralympyske Simmerspullen steane. Dizze balsport wurdt spile troch sporters mei in Fisuele Beheining. It is ien fan de trije Paralympyske sporten dy’t gjin Olympyske tsjinhinger hat.

Japansk

It Japansk (日本語, Nihongo) wurdt sprutsen troch ûngefear 127 miljoen minsken yn Japan en ymmigranten yn ûnder oare Brazylje, de Feriene Steaten en Perû.

List fan Yslânske ambassadeurs yn Brazylje

Dit is in list fan Yslânske ambassadeurs yn Brazylje.

Oerûguay

Oerûguay, offisjieel de Republyk Eastlik fan de Oerûguay (Spaansk: República Oriental del Uruguay) is in lân yn Súd-Amearika. It leit oan de Atlantyske Oseaan en grinzet oan de lânnen Brazylje en Argentynje. De haadstêd is Montevideo.

Portegeesk

It Portegeesk is in Romaanske taal dy’t yn grutte parten fan de wrâld sprutsen wurdt. Bygelyks yn Brazylje, Angoala en Mozambyk. De taal het likernôch 210 miljoen memmetaal sprekkers, noch ris 20 miljoen oare minsken binne de taal machtich. Mei in tal sprekkers fan 230 miljoen minsken is it Portegeesk de fjirde taal op de wrâld. De Portegeesk sprekkende lannen wurkje op it mêd fan taal gear yn de Mienskip fan Portegeesksprekkende lannen.

De taal is in offisjele taal yn de gearwurkingsferbannen fan de Jeropeeske Uny, de Mercosul, en de Mienskip fan Portegeesksprekkende lannen.

It Portegeesk yn Brazylje wykt of fan it Portegeesk yn oare lannen, net allinnich wat útspraak en idioom betsjut, mar ek de stavering is oars. Dit komt troch in staveringsherfoarming, it saneamde Acordo Ortográfico út 1990 (letter wizige yn 1998), dy’t ôfsprutsen is yn it gearwurkingsferbân fan Portugeesksprekkende lannen. Dochs is dizze herfoarming nea oeral trochfiert, omdat net alle lannen it ferdrach ratifiseare ha.

Rio de Janeiro

Rio de Janeiro (of koartwei Rio) is in gemeente en miljoenenstêd yn Brazylje. It is stifte yn 1565 en leit oan de Baai fan Guanabara. Oant 1960 wie Rio de Janeiro de haadstêd fan Brazylje. De stêd is ûnder oaren ferneamd om it drokke strân Copacabana en it stânbyld Kristus de Ferlosser.

Súd-Amearika

Súd-Amearika is in wrâlddiel. Ta Súd-Amearika wurdt it gebiet rekkene tusken:

yn it noarden de grins mei Noard-Amearika by Panama;

yn it easten de Atlantyske Oseaan;

yn it suden de Súdlike Oseaan;

yn it westen de Grutte Oseaan.

Twadde Wrâldkriich

De Twadde Wrâldkriich, dy't duorre fan 1939 oant 1945, wurdt sa neamd omdat it de twadde oarloch wie dêr't lannen fan sawat alle kontininten mei anneks wiene. Sawol de earste as de twadde wrâldkriich wiene oarloggen fan in skealje dy syn fergeliking net hat. Yn de 2e wrâldkriich lieten sa'n 55 miljoen minksen it libben. De massamoard op 6 miljoen Joaden, meast de holocaust neamd, troch Adolf Hitler initiearre en troch Himmler en oaren organisearre, is foar in soad minksen in ûnferjitlik trauma bleaun.

It haadstriidtoaniel wie Jeropa mar ek Aazje waard bot troffen. De oarloch wreide him út nei de wrâldseeën. Trije agressors, Dútslân, Itaalje en Japan, foarmen in pakt. De lannen dy't meiïnoar de tsjinoanfal ynsetten wienen Frankryk en Grut-Brittanje mei oare lannen fan it Britske Steatebûn, dêr't Kanada, Súd-Afrika en Australië by hearden. Sy foarmen in gearwurkingsferbân, stipe troch de measte besette gebieten, dat nei anology mei de Earste Wrâldkriich de Alliearden neamd waard. Letter kamen hjir de Sowjetuny en de Feriene Steaten noch by.

Foar Nederlân duorre dizze oarloch fan 10 maaie 1940 oant 5 maaie 1945. Fryslân waard op 15 april al befrije troch de Kanadezen. Op 8 maaie 1945 wie yn Jeropa dizze wâldkriich oer.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.