Brûnstiid

De brûnstiid is it tiidrek tusken (sa. 3000 oant 800 f.Kr.) en dat folget op it Neolitikum. Der wurdt ek wol ûnderskied makke mei de kopertiid, dat noch tusken it neolitikum en de brûnstiid leit. Mar meastal wurdt dat tiidrek rekkene ta de nije stientiid. Yn Nederlân binne net folle koperfynsten dien. Inkeld op de Feluwe is wat fûn, lykwols wienen dat útsonderings. Nei de brûnstiid komt it tiidrek fan de Izertiid.

Yn de rin fan de tiid ferfong brûns stadichoan fjoerstien as wichtigste materiaal foar ark en wapens en waard ek brûkt foar sieraden. De earste foarwerpen fan brûns wienen benammen bilen, en ek inkelde dolken, spearpunten en sieraden lykas earmbannen. Brûns kaam stadichoan hieltyd faker foar, en ek kamen der mear soarten metalen foarwerpen yn gebrûk.

Yn guon streken fûn brûns net tagelyk yngong en de krekte datearring fan de brûnstiid kin dêrom per lân of sels per streek ferskille. Sa wie, neffens de fynsten, folle mear sprake fan brûnsjitten yn Drinte as yn de rest fan Nederlân. In mooglike reden hjirfoar is miskien de pan-Jeropeeske hannelswei dy't oer de Drintse heuvelrêch rûn nei de barnstienrike Eastseekust. De kennis om metalen te bewurkjen, ynklusyf brûns moat yn it Midden-Easten ûntstien wêze. Dêr waard brûns sûnt sa. 3000 f.Kr. brûkt. Dizze kennis hat him stadichoan ferspraat oer it Jeropeeske kontinint en berikte ek ús lân.

Guon fan âlds bekende ferhalen, lykas de Ilias, de Odyssee, parten fan de Bibel en it Gilgamesjepos spylje har ôf yn de brûnstiid.

Trijeperioadesysteem
Holo-
seen
Histoaryske Tiid
La Tène-tiidrek   Proto-
histoarje
Hallstatt-tiidrek
Izertiid
  Let  
Midden
Ier
Brûnstiid
Neolitikum Kopertiid  
Let Pre-
histoarje
Midden
Ier
Mesoli- tikum of
Epipaleo-
litikum
Let
Midden
Ier
Pleis-
toseen
Paleo- litisum Let
Midden
Ier
Stientiid
Collier de Penne
Halskeatling fan brûns - Muséum de Toulouse

Nederlân

De brûnstiid yn Nederlân kin ûnderskieden wurde yn:

  • Iere brûnstiid (2000 - 1800 f.Kr.)
  • Midden brûnstiid (1800 - 1100 f.Kr.)
  • Lette brûnstiid (1100 - 800 f.Kr.)

Brûns wie krap yn de Lege Lannen. De grûnstoffen foar brûns, koper- en tin-erts, komme nammentlik net foar yn Nederlân. Al it brûns moast dêrom ymportearre wurde. In protte skikte ruilmiddels wienen net oanwezich. Faak sil barnstien en sâlt wol brûkt wêze om te ruiljen. Dizze waarden ruile tsjin kant-en-kleare produkten of tsjin brûnsskroat. Fan opbrûkte foarwerpen waarden lokaal wêr nije foarwerpen jitten. Trochdat it brûns sa krap wie, bleau fjoerstien bestean.

Fryslân

It Frysk Museum hat in swurd út de Woldgemeente by Stienwyk (1100 f.Kr. - 1200 f.Kr.)ien út de Tsjonger fan it saneamde Hallstattype (± 900 f.Kr. - 800 f.Kr.) en in moai offermes út Appelskea (± 100 f.Kr.). De yn Fryslân fûne eksimplaren toane goed de ûntwikkeling fan sân- ta kokerbile. Der binne ek in tal brûnzen spearpunten fûn.

Grêfheuvels

Grêfheuvel binne meast opboud út omkeard lizzende heideseadden (de heidefjilden moatte sûnt de iere Brûnstiid as sletten formaasje opkomd wêze). De deaden krije suver hast gjin grêfjeften mei. It ûndersyk mei de skeppe is dus tige foarsichtich dien wurde, want it grêfritueel hâlde in soad yn. A.E. van Giffen ûndersocht yn 1928 de Biesterveldheuvel by De Knolle. Yn it Frysk Museum is dêr in makette fan. De foet fan de seaddeheuvel lei mids in twafâldige, ticht stelde peallekrânse mei fierder oan de binnenside in staketsel fan ticht by inoar setten pealtsjes, wierskynlik eartiids mei flechtwurk ferbûn. In ynspringend gedielte oan de noardwestkant fan de dûbele peallekrânse wiist op in letter ôfsûnderlik tichte yngong fan it begraafplak. Dat ynspringende diel komt oerien mei in iepening yn it staketsel. Dy blokkearre yngongen skine de deaden fan de libbenen ôfslute te moatten. De deaden út de iere Brûnstiid waarden meast bysetten yn mei fjoer útholle beamkisten dy't yn djippe grêfskachten leinen. Dêrneist kaam ek al gau de lykferbaarning yn swang. De lange foarm fan it grêf bleau ynearsten. Dy foarm fan begraven is út de midden Brûnstiid. Dêrnei wurdt de grutte fan de lykkûle lytser. De grêfheuvels út de Brûnstiid waarden ornaris wer brûkt foar lettere bysettings (meastentiid yn de râne). Sa kin soksoarte begraafplak útgroeie ta in begraafplak foar de hiele famylje of groep. Ek yn de brûnstiid kamen der stees wer oare befolkingsgroepen nei Fryslân ta. Yn it lêst fan de brûnstiid komt it saneamde urnefjildefolk, dat syn deaden ferbaarnde. Dizze minsken dienen de jiske yn urnen en setten dizze by yn in kûltsje dêr't se dan in rûn greppeltsje omhinne makken. De grûn hjirút waard opsmiten ta in heuveltsje oer it grêf. Soksoarte urnefjilden mei greppelrûnten wurde nekropoalen neamd. Van Giffen hat in moai foarbyld ûntdekt by Easterwâlde (1925). Dizze urnefjilden út de lêste brûnstiid komme ek foar yn de Foarromeinske izertiid. ( ± 800 f.Kr. oant it begjin fan de jiertelling) By it iere urnefjildepotguod falle earst de glêde sauste foarmen op, letter ek kartelrânige urnen fan it saneamde Harpstedter-type

Keppeling om utens

1881

1881 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 1881.)

Anatoalje

Anatoalje (Turksk: Anadolu, Gryksk: Ἀνατολία) en Lyts-Aazje binne nammen foar it skiereilân yn it uterste westen fan Aazje dat tsjintwurdich it Aziatyske part fan Turkije beslacht. De namme Anatoalje komt fan it Grykske wurd foar opkommende sinne oftewol it easten. De Romeinen neamden it gebiet Asia Minor wat Lyts Aazje betsjut om it te ûnderskieden fan it grutte Aazje. Under beide nammen stiet it gebiet al tûzenen jierren bekend.

Atene

Dizze side giet oer de Grykske haadstêd. Foar de goadinne, sjoch: Atene (goadinne).Atene (Gryksk: Αθήνα, Athína; Aldgryksk: Ἀθῆναι, Athênai) is de haadstêd fan Grikelân en is de grutste stêd fan it lân. Grut-Atene hat goed 3.700.000 ynwenners. De stêd wurdt dominearre troch de Akropolis mei de tempel it Partenon. Atene is oan de ein fan de 20e iuw fluch waakst, wat in soad problemen mei loftfersmoarging, ferkearsopstoppings en oerbefolking meibrocht hat.

Bile

In bile is in swier stik ark mei in sneed om te kappen en te kliuwen.

Fûstbilen hearre ta it âldst bekende ark en gean werom op de iere stientiid: de âldsten wurde rûsd op 2,5 miljoen jier. Se waarden makke troch splinters fan in stien ôf te slaan wêrtroch't in skerpe râne ûntstie. Sokke bilen koenen ek brûkt wurde as mes of skrabber. Ut de midden stientiid binne de earste bilen bekend dy't oan stâlen fêstmakke waarden. Dêrmei kin in gruttere krêft útoefene wurde dêr't de brûker mei in lichtere bile troch wurkje kin en minder gau wurch wurdt. De bilen út de nije stientiid wienen soms moai gled slipe stienen bilen fan fjoerstien of oare stiensoarten. Yn de kopertiid, oan de ein fan de nije stientiid waarden ek yn koperen getten bilen makke mei deselde flakke foarm as de stienen bilen. De bekende iismummy Ötzi hie sa'n bile, dêr't de kling fan foar 99% út koper bestie. Yn de brûnstiid gie men oer op brûns, dat duorsumer en makliker te jitten wie as koper, en waard de foarm fan de bile hieltiten fierder ferbettere. Dy bilen liken hieltiten minder op harren stienen foarrinders. De folgjende stap wie it smeien fan bilen fan izer en stiel.

Bilen wurde brûkt as ark foar it bewurkjen fan hout of as wapen en soms foar beide doeleinen tagelyk (lykas de bilen út de brûnstiid). In keukenbyltsje wurdt yn in soad húshâldingen brûkt foar bygelyks it lyts hakjen fan oanmak en it slachtsjen fan hinnen.

Foar it omkappen fan beammen binne swiere bilen mei lange stâlen wenst, foar it kappen fan grutte blokken brânhout lichtere bilen lykas bygelyks in kleaubile. Dan is der noch de dissel, in bile mei in fearnslach draaide bilekop dy't brûkt wurdt om bygelyks holtes út te hakken.

Bilen dy't as wapen ornearre binne binne meastentiids lichter, omdat by it gefjocht fluggens fan belang is. Bekende striidbilen út de skiednis binne de stienen hammerbilen út de nije stientiid, de francisca, in smytbile dy't troch de Franken brûkt waard, of de tomahawk fan de Noard-Amerikaanske yndianen.

In bysûnder gefal is de bile dy't yn de Midsiuwen en dêrnei troch skerprjochters brûkt waard, om minsken te ûnthalzjen.

Brûns

Brûns is in legearing fan koper mei likernoch 10 oant 30% tin.

Tradisjoneel is brûns it tredde earemetaal: immen dy't by in wedstriid it tredde plak behellet krijt in brûnzen medalje.

It tiidrek wêryn in soad metalen foarwerpen fan brûns makke waarden, hiet de brûnstiid. Brûns is it earste metaal (op inkele eardere foarwerpen fan koper út it neolitikum nei) dat yn de lege lannen troch de minsk brûkt waard, en dat it gebrûk fan stien stadichoan ferfong. Brûns is taai materiaal en opwoeksen tsjin korroazje, dat him lient foar bewurking. Brûnzen foarwerpen wurde faak jitten. Tsjerkeklokken binne altyd fan brûns, krekt as in protte stânbylden.

Brûns wurdt ek wol betize mei messing, foaral wannear't it materiaal ferware is. Nije brûnzen objekten binne makliker te ûnderskieden oan de kleur. Messing is wat gieler fan kleur en brûns is mear read/roazich fan kleur.

Cornwall

Cornwall ([ˈkɔːnˌwɒl]? Kornysk: Kernow; ) is de namme fan it bestjoerlike greefskip en it hartochdom yn it uterste súdwesten fan Ingelân, dat fan it greefskip Devon skieden wurdt troch de rivier de Tamar. Cornwall beslacht in oerflak fan 3.563 km², tegearre mei de Scilly-eilannen dy't 45 km fan de kust lizze, en telt 513.528 ynwenners mei in befolkingstichtheid fan 144 mensen/km². De haadstêd is Truro. Foar april 2009 hie Cornwall seis distrikten: Penwith, Kerrier, Carrick, Restormel, Caradon en Noard-Cornwall, en de Scilly-eilannen.

Cornwall hat in rûch en faak noch ûnoantaaste lânskip, wêrfan Bodmin Moor in wichtich diel útmakket. It hat in seeklimaat mei relatyf sêfte winters. Meidat it der selden of nea friest binne in soad (ymportearre) subtropyske planten as palmen en keamerplanten dêr ynboargere. Troch de frij grutte reinfal groeit feanmoas der tige wilich wat dan ek te merkbiten is oan de soad moerassen dy't der binne. It toerisme is de grutste boarne fan ynkomsten, neist fiskerij, lânbou en blommetylt. De yndustry hat him konsintrearre yn de kuststêden Falmouth, Fowey en Penzance. Cornwall is ek in gaadlik plak foar it opnimmen fan films wêrûnder Wycliffe, in Ingelske plysjerige dy't begûn is yn 1994 en dêr't 28 ôfleverings fan makke waarden.

It meast westlike punt hjit Land's End (Penn an Wlas) en is in belangrike toeristyske trekpleister, krektas St Michael's Mount. Ek hat it greefskip in grut oantal prehistoaryske oerbliuwsels wêrûnder tige âlde tinminen dy't út de brûnstiid stamje. Yn de 18e en 19e iuw wie Cornwall ferantwurdlik foar 40% fan de wrâldproduksje fan tin. In kastielruïne tichtby Tintagel wurdt troch de Cornish (ynwenners fan Cornwall) beskôge as it plak dêr't King Arthur berne is (sjoch de King Arthur-leginde). In bekende attraksje is ek Eden Project, in botanyske tún mei twa kassekompleksen dy't foarme wurde troch meardere geodetyske koepels. Dizze botanyske tún leit yn Bodelva, 5 km bûten St Austell.

Yn Cornwall waard it Kornysk sprutsen; der wurdt besocht om dizze útstoarne taal nij libben yn te blazen, sa is der bygelyks in Wikipedia yn it "Kernewek" en in regionalistyske politike partij Mebyon Kernow, dy't lid is fan de Europeeske Frije Alliânsje.

Prins Charles, de Britse kroanprins, en syn frou Camilla Parker Bowles binne hartoch en hartoginne fan Cornwall.

Gilgamesj-epos

It Gilgamesj-epos komt út Sumearje en is ien fan de âldste ferhalen fan de wrâld. It giet oer Gilgamesj, de heldekening fan de stêd Uruk yn Sumearje en datearret fan lang neidat Gilgamesj sels kening wie. De meast folsleine ferzje fan it ferhaal is oantroffen yn de gearstalling fan de Assyryske kening Assurbanipal út de 7e iuw f.Kr. Guon ferzjes datearje lykwols út noch eardere tiden.

De tekst koe bewarre bliuwe omdat it iuwenlang troch learlingen yn spikerskrift oerskreaun waard op klaaitabletten om de Sumearyske taal te learen, ek yn de tiid dat de taal troch it folk net mear sprutsen waard, mar allinne troch amtners brûkt, krekt sa as it Latyn yn de Midsiuwen. Mei help fan de archeologyske fynsten koe it ferhaal aardich rekonstruearre wurde.

Hiel nijsgjirrich is, dat sawol de Bibel as it Gilgamesj-epos de sûndfloed neame.

Grêfhichte

In grêfhichte, grêfheuvel of tumulus (of cairn: folslein út stiennen oplutsen) is in hichte út de Aldheid dêr't deaden harren lêste rêstplak krigen. Tumulus is de Romeinske namme foar in grêfhichte, dy't oplutsen waard boppe it kremaasjegrêf fan in pommerant. Yn de twadde iuw nei Kristus waarden mear as 150 tumuli oprjochte by Romeinske heirbanen del, yn de Civitas Tungrorum. In goed foarbyld dêrfan binne de Drie Tommen en de tumuli fan Tienen yn Flaamsk-Brabân, dy't by de opgraving fan 1894 wichtige keunstskatten oerjoegen.

Grêfhichten komme oaral yn de wrâld foar.

Hallstatt-kultuer

De Hallstattkultuer is in prehistoaryske kultuer út de iere izertiid (1e helte 1e millennium f.Kr.), neamd nei it plak Hallstatt yn it Eastenrykske Salzkammergut, dêr't yn 1846 in grut grêffjild fûn waard mei in protte grêfjeften. Letter waarden ek op in soad oare plakken, fan Roemeenje oant Ingelân en yn Súd-Jeropa, oerbliuwsels fan dizze kultuer opgroeven. Karakterisearjend foar de kultuer is it brûzen skûtelwurk, meastentiids fersierd mei relyf of losse skulptueren.

Izertiid

De izertiid is in tiidrek yn 'e prehistoarje nei de brûnstiid.

De izertiid is de lêste perioade fan de prehistoarje. By guon kultueren hat de izertiid wat langer duorre as by oare kultueren, dat kin ek mei it plak te krijen ha.

Ornaris is it yn West-Jeropa sa dat er begjint om 800 foar Kr. oant de Romeinen om it begjin fan de jiertelling hinne har gebiet útwreiden oan de súdgrins fan Fryslân ta. Mear nei it súd-easten fan Jeropa en it Midden-Easten ta begjint de stientiid om 1200 foar Kr. hinne.

It leit yn 'e reden en de namme izertiid tsjut oan dat der in soad gebrûk makke waard fan izer ark en oare foarwerpen fan izer. Izer is op ferskâte mêden better as brûns:

it is hurder, dat it is gaadlik foar wapens en ark

it is ienfâldiger te bewurkjen

it is maklik te reparearjen

de grûnstof is op de meast plakken wol te finen

langere duorsumens fan it materiaalIt duorre hiel lang eardat de minsken fan doe wisten hoe't se metaal út erts krije koenen.

De foardielen soargen derfoar dat izer brûkt waard om wapens (benammen swurden) en ark te meitsjen. It brûns wurdt dan mear brûkt foar sieraden.

Minoyske beskaving

De Minoyske beskaving of Minoyske kultuer is de beneaming fan de Kretenzyske kultuer en keunst fan foar 2000 f.Kr.-1200 f.Kr. en ferneamd nei Minos

Neolitikum

It Neolitkum of jonge stientiid is in tiidrek út de skiednis fan de minskheid dat typearre wurdt troch technyske en sosjale feroarings. Der is sprake fan in oergong fan jeien en sammeljen nei lânbou en it hoedzjen fan keppels fee. It tiidrek einiget mei de ûntdekking fan de metaalbewurking (koper, letter brûns), wêrnei de brûnstiid begjint.

It Neolitkum is op meardere plakken yn de wrâld om-ende-by deselde tiid en ûnôfhinklik fan inoar ûntstien en hat har dêrnei oer de hiele wrâld ferspraat. De foarnaamste fernijingen wienen: it gebrûk fan ark fan glânzge stien, keramysk diggelguod (bakte potten), de ûntdekking fan de metaalbewurking (koper), it tsjil en it skrift.

De âldste koperfynsten binne fan ± 5000 f.Kr. yn Anatoalje (Turkije). Dêrom wurdt it lêste part fan de jonge stientiid ek wol de kopertiid neamd.

Oer (Sûmearje)

Oer (ek wol Ur en yn it Sûmearysk: Urim) wie in stêd yn Sûmearje, yn it sudlik part fan Mesopotamië (súdeast Irak), dêr't de rivieren Eufraat en Tigris yn de Perzyske Golf útkomme.

De stêd waard al om 4000 f.Kr. stichte. Oer hat iuwenlang ien fan de wichtichste stêden fan de Sumeryske kultuer west. De stêd waard om it jier 500 hinne ferlitte.

Hjoed de dei is it in wichtich archeologysk fynplak.

Pleistoseen

It Pleistoseen (foarhinne ek wol diluvium neamd) is in tiidrek yn de skiednis fan de ierde tusken 1,64 miljoen jier en 10.000 jier ferlyn. Dat tiidsrek makket diel út fan it Senozoïkum en is de tiid fan de grutte iistiden. Grutte parten fan de ierde gongen doe skûl ûnder in tsjok pak iis. It is noch net hielendal dúdlik hoe't de iistiden ûntstien binne.

De geologen hawwe op it noardlik healrûn oanwizings fûn fan fjouwer iistiiden, allegearre yn it Pleistosene tiidsrek. De lêste duorre oant likernôch 8000 f.Kr., wat noch net sa hiel lang lyn is. De tiid dêrnei wurdt it Holoseen neamd.

Tidens it Pleistoseen ferskynt ek de minske op ierde.

Stiensirkel

In stiensirkel is in megalitysk bouwurk. It bestiet út in sirkel of ellips fan grutte, oereinsteande stiennen, soms mei stiennen dy't dwers op de opgeande stiennen lizze. De diameter en it oantal stiennen fariearje per stiensirkel, de measte eksimplaren besteane út 4 oant 60 stiennen.

Oer it doel fan stiensirkels is al in soad skreaun en spekulearre. Sûnder mis sille se in religieuze funksje hân hawwe, mar in protte stiensirkels fertoane ek in dúdlike relaasje mei astronomyske ferskynsels en binne faaks ek brûkt by wize fan kalinder.

Stientiid

De stientiid is in tiidrek yn 'e prehistoarje dêr't de minsken fan doe ark fan stien makken (oan 'e ein fan de stientiid waarden foar it earst sieraden fan metaal makke). It leit yn 'e reden dat der doe ek al hout bewurke waard mar dêr is net folle fan bewarre bleaun. Yn Dútslân waarden lykwols yn 1994 by it plak Schöningen houten spearen fûn fan likernôch 350.000 jier lyn.

It is net altiten mei wissichheid fêst te stellen wannear't de stientiid ôfrûn is: foar guon lytse folken op Borneo en Nij-Guinea is er noch mar krekt ôfrûn.

Meast wurdt de stientiid ûnderskieden yn trije tiidrekken:

it paleolitikum hat it langst duorre, fan ûngefear 2,5 miljoen jier lyn oant de ein fan de lêste iistiid, likernôch 10.000 jier lyn;

mei it mesolitikum wurde de kultueren fan de jager-samlers nei de ein fan de lêste iistiid oantsjut;

mei it neolitikum wurdt de kultuer oantsjut dêr't de lanbou meast fan belang wie.Oan 'e ein fan de stientiid waard út en troch al ark fan koper makke, archeologen brûke dêrfoar it begryp kopertiid of galkolitikum, dêrnei komt de brûnstiid en de izertiid. It is mooglik dat yn Mesopotaamje en yn it Alde Egypte it skrift wilens de brûnstiid al syn gerak krige, fan datoangeande wie de prehistoarje dêr al foarby en wurdt dêr dan praat fan de izertiid.

De datearring en krekte tiid dat de stientiid duorre hat is noch ûnwis omdat der noch fûleindich praat wurdt wat de betingsten wêze moatte om net of wol fan in stientiid te praten. De âlde stientiid begjint rûchwei 2,5 miljoen jier lyn yn Afrika, doe't dêr it earste ark fan stien makke waard.

Trijeperioadesysteem

It trijeperioadesysteem waard tusken 1820 en 1830 betocht troch Christian Jürgensen Thomsen en yn 1836 (anonym) publisearre. It wie de earste kear dat besocht waard om de prehistoaryske fynsten systematysk te oarderjen troch se op te dielen yn trije haadperioades: de izertiid, brûnstiid en stientiid, op basis fan de ûnderstelling dat minsken gjin stienen ark brûke soene as se brûnzen hiene, en dat se gjin brûnzen ark brûke soene as se izeren ark hiene. Dizze ûnderstelling betsjutte dat de progresje kronologysk ferklearre wurde koe. Mar ek Johann Friedrich Danneil publisearre dat jier in Allgemeinbericht wêryn't hy ek in trijedieling fan de prehistoarje útstelde. Dit late ta fûle strideraasje tusken Dútske en Deenske gelearden, dy't lykwols benammen politike motiven hienen. Ien en oar kulminearre net tafallich yn de Deensk-Dútske Oarloch fan 1864.

Voorburg (Súd-Hollân)

Voorburg is in stêd en eardere gemeente yn Súd-Hollân dy't op 1 jannewaris 2002 fusearre mei Leidschendam ta de hjoeddeiske gemeente Leidschendam-Voorburg. Voorburg leit oan it Ryn-Schiekanaal (ek wol Vliet neamd) en grinzet oan De Haach, Rijswijk en (binnen de eigen gemeente) oan Leidschendam. Hoewol't Voorburg hielendal fêstgroeid is oan De Haach hat it in âlde doarpskearn en in eigen skiednis. Voorburg is hielendal ferstêdlike. Binnen de gruttere gemeente Leidschendam-Voorburg binne noch wol lanlike gebieten.

Voorburg leit op in âlde dunerige of strânwâl dy't bylâns de Noardseekust rint en dêr't al sûnt ± 2700 f.Kr. minsken wenje, sa blykt út argeologyske fynsten. Bewenning is ek oantoand yn de Brûnstiid en de Lette Izertiid, de perioade foar en fan de Romeinske oerhearsking. Yn 1988 waard de twatûzenjierrige histoarje fan Voorburg fierd.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.