Bisdom

In bisdom is in tsjerklik bestjoersdistrikt dat bestjoert wurdt fan in biskop. Dy territoariale yndieling wurdt brûkt yn ferskate kristlike groeperingen, lykas de Roomsk-katolike, Otterdokske, Aldkatolike, Anglikaanske en Lutherske Tsjerke.

Fryslân

De Fryslannen binne ferdield oer ûnderskate bisdommen:

Alde bisdommen

Bisdommen dy't eartyds foar in part yn de Fryslannen leinen:

Sjoch ek

Aartsbiskop

In aartsbiskop is yn de hiërargy fan de Roomsk-Katolike Tsjerke, Anglikaanske Tsjerke en Luterske Tsjerke, en yn oare tsjerken mei apostoalyske suksessy, in biskop dy't oan it haad stiet fan in aartsbisdom. Dat aartsbisdom is faak it wichtichste bisdom yn dy tsjerkeprovinsje, foarme troch in tal fan bisdommen. De aartsbiskop is dan tagelyk metropolyt fan dizze tsjerkeprovinsje.

Dy aartsbiskop kin lykwols ek biskop wêze fan in aartsbisdom dat gjin suffragane bisdommen hat. Dizze aartsbiskop is gjin metropolyt. In foarbyld hjirfan is de aartsbiskop fan Lucca yn Itaalje.

Ien kin ek ta aartsbiskop beneamd wurde as earetitel bygelyks as er by de pauslike hofhâlding wurket (de Curie) of yn diplomatike tsjinst is fan de Paus. Hy is dan titulêr biskop fan in bisdom dat net mear bestiet.

Abt

In abt (of abdis(se) froulik) is de lieder, it haad, fan in abdij. Hy is de 'primus inter pares' fan de muontsen (of nonnen) en wurdt yn de hiërargy folge troch de prior. Yn syn wurk wurdt de abt bystien troch de 'ried', in lytse groep muontsen, dêrûnder de prior, dy't yn gearwurking mei it deistich bestjoer, de abdij bestjoere. De abt wurdt yn de benediktynske tradysje troch de muontsen sels keazen.

In abt kin in mitere of in net-mitere abt wêze. Yn it earste gefal wurdt hy tsjerkerjochtlik op itselde nivo sjoen as in biskop en hat de jurisdiksje oer de abdij, lykas in biskop oer in bisdom. Der is dan sprake fan in saneamde eksimpte abdij. Eartiids wie it mooglik dat in eksimpte abt de legere wijingen oant en mei it subdiakonaat tatsjinne oan de geastliken yn syn machtsgebiet. Nei it ôfskaffen fan dy legere wijingen is dat allinnich noch mooglik troch in biskop.

By de minderbruorren wurdt de oerste de gardiaan neamd.

Achtkarspelen

Achtkarspelen is in gemeente yn it easten fan Fryslân. Op 31 desimber 2018 hie dizze gemeente 27.896 ynwenners.

Angelsaksen

Angelsaksen is de sammelnamme foar ferskillende Germaanske stammen dy't harren nei it ferfarren fan de Romeinen yn 407, yn de rin fan de 5e iuw en letter yn Ingelân fêstigen.

De stammen kamen út it noardwesten fan Dútslân en Nederlân (de Angelen en de Saksen en de Friezen) en út Denemarken (de Juten).

De Saksen fêstigen harren yn it suden fan it lân, de Juten yn it súdeasten (Kent), de Angelen namen it grutste gebiet yn: it midden en noarden.

Na ferrin fan tiid ûntstie in oantal lytse keninkriken, dy't inoar de hegemony betwisten. Om redenen fan oersichtlikheid wurde meastal allinnich de sân ynfloedrykste neamd ûnder de betiteling heptargy: Kent, Susseks, Wesseks, Esseks, Northumbria, East Anglia en Mersia.

Ein 6e iuw lei it oerwicht by Kent. Paus Gregorius de Grutte befoardere troch Augustinus fan Canterbury it kristenjen fan de Germaanske stammen. Dit liede yn 597 ta de bekearing fan kening Ethelbert fan Kent. Dêrnei naam Northumbria de posysje fan it liederskip oer. Kening Edwin fan Northumbria liet him yn 627 dope, wêrnei't York de sit waard fan in nij bisdom en in katedraalskoalle.

Stadichoan gie de hegemony oer nei Mersia ûnder kening Ethelred fan Mersia. Dit keninkryk krige grutte macht ûnder kening Ethelbald en benammen kening Offa. De lêste bleau foaral bekend troch de grinsdaam dy't hy bouwe liet oan de grins mei Wales (Keltysk gebiet): Offa's Dyke.

Nei Offa krige it keninkryk Wesseks de oerhân. Kening Eibert (802-839) waard troch Northumbria en Mersia erkend as bretwalda (in beneaming foar de primus inter pares en dêrnei yn feite hearsker oer hiel Brittanje). Nei him begûnen de ynfallen fan de Denen (ek wol Wytsingen of Noarmannen) en yn de tiid fan kening Alfred de Grutte hienen se in grut diel fan it lân yn hannen. Alfred wist troch in wichtige oerwinning yn de slach by Edington yn 878 in frede te berikken wêrby't Wesseks fierder bûten skot bleau, mar it noard-easten oan de Denen litten wurde moast.

Harren oerhearsking stie letter bekend ûnder de namme Danelaw.

Alfreds opfolgers, syn soan Edward de Aldere en dy syn soan Athelstan, wisten de Denen te betwingen en harren gesach út te wreidzjen.

Under kening Edgar (959-975) berikte it Angelsaksyske ryk in hichtepunt. De oanfallen fan de Noarmannen holden op en de befolkingsgroepen mongen har ûnderling.

Oan de ein fan de 10e iuw ferfetten de Denen harren oanfallen. Se koenen in skoft ôfkocht wurde troch it beteljen fan it saneamde Danejild, mar yn 1016 waard de Deenske kening Knoet ek kening fan Ingelân. Nei de keningen Harold I en Harthacanute begûn yn 1042 it de oerhearsking troch Wessex ûnder kening Edward de Belider fannijs. Dêrnei naam de Normandyske ynfloed ta, wat útrûn op de Normandyske ferovering fan Ingelân troch Willem de Feroverder yn 1066.

Anglikaanske Tsjerke

De Anglikaanske Tsjerke (fan it Middenlatynske anglicanus, ingels), offisjeel de Episkopaalske Tsjerke fan Ingelân, faak koartwei Tsjerke fan Ingelân (Church of England) neamd, waard berne út de missy fan Romeinske militêren en keaplju en wie yn it earstoan ferbûn mei de tsjerke fan Rome oant der yn 1534 in skisma troch Hindrik VIII feroarsake waard.

De Anglikaanske Tsjerke yn Nederlân hat sa'n 30.000 leden. Sa'n 10% fan de leauwigen giet alle wike nei't tsjerke. Yn de tolve anglikaanske tsjerken yn Nederlân komme alle wiken 2000 oant 3000 minsken byelkoar. John de Wit, foarganger fan de Holy Trinity Church yn Utert, is aartsdeken (archdeacon) fan de anglikanen yn Noard- en West-Europa. Ut namme fan de biskop foar it bisdom Europa, Geoffrey Rowell, is hy lieder fan de anglikanen yn de Benelux.

De Tsjerke fan Ingelân hat sa'n 13,4 miljoen leden. It steatshaad is formeel ek haad fan de Anglikaanske Tsjerke.

Bisdom Múnster

It Bisdom Múnster beslacht twa Roomske bisdomsgebieten yn Dútslân.

Biskop

In biskop (Gryksk: επισκοπος episkopos, letterlik "opsichter") is in geastlike mei folsleine prysterwijingsmacht yn de hiërarchy fan de Roomsk-Katolike Tsjerke, Anglikaanske Tsjerke of de Luterske Tsjerke dy't ornaris oan it haad stiet fan in bisdom. In tal bisdommen tegearre foarmje in tsjerkeprovinsje, der't in aartsbiskop oan it haad stiet.

Willibrord is yn 695 troch de paus oansteld en wijd as biskop oer de Friezen. Hy hat lykwols kwealik yn Westerlauwersk Fryslân west (sjoch Fositelân) en syn opfolgers likemin. De biskop hie meast tuskenpersoanen: tafallige, (bygelyks Odulf en letter fêste, benammen aartsdiakens.

Taken biskop:

dekens en provisors oanwize yn skrikkeljierren;

ynstitúsje hâlde fan pastoars yn memmetsjerken

kandidaten foar it prysterskip nei Utert komme litteHy skonk de measte biskoplike tsjerken oan kleasters. De biskop krijt wrâldske bestjoersmacht as greve yn Drinte en Stellingwerf (1046); troch de hâlding fan Egbert II yn Starum (1077); Eastergoa en Westergoa (1138, tydlik al 1086 en 1088). De biskop fan Münster hie net folle ynfloed; Fryslân bringt ek net folle op.

De reizen fan Bonifatius nei Fryslân ta wienen yn 753 en 754 , Frederik wurket yn Fryslân om 830 hinne. Koenraad fan Swaben wijt de abdijtsjerke fan Foswert. Doe't de oanspraken fan Hollân ta in kondominium laten en biskop Boudewyn fan Hollân syn rjochten jilde litte woe is hy twa kear ferslein. Dietrich von der Ahr wie yn Starum yn 1203 en krige wat gesach nei in konflikt mei Willem I. Dochs holpen de Friezen 1230-1233 de opstannige Drinten. Biskop Friedrich van Blankenheim trede dêrby krêftich op.Cunerus Petri, ienige biskop fan Ljouwert, wurket yntinsiver, mar te koart 1570-1577. Nei 1580 is der gjin drager fan biskoplik gesach. De paus machtiget yn 1602 in apostoalysk fikaris foar hiel Nederlân: besiken yn 1618, 1692 en 1696. Oant 1703 trede in lid fan it Haarlims kapittel as fikaris-generaal op, mei help fan in aartspryster fan Ljouwert. Bestjoersmacht en wijingsmacht komme yn 1727 oan de nuntsius yn Brussel, letter yn De Haach. Alle nuntsiussen wienen Italjanen, dus lei it gesach praktysk by de aartsprysters; Nunsius Busca brocht yn 1778 en nunsius Brancadoro yn 1794 in besite. Under it keninkryk bereizget baron Van Wijckersloot Fryslân as wijbiskop yn 1836, 1837, 1842 en 1847. Nei 1853 komt Fryslân ûnder de aartsbiskop fan Utert, dy't in soad oan de wijbiskoppen en de dekens oerlitte moat. Mei de biskop fan Grins (1955) hat Fryslân mear kontakt. Biskoppen út Fryslân binne Frederik en Redbad, aartsbiskoppen Johannes H.G. Jansen fan Ljouwert en Jan de Jong fan It Amelân.

Biskoppen fan Utert

Oer de earste biskoppen fan it Prinsbisdom Utert bestiet net folle wissichheid. Willibrord hie syn sit yn Utert as aartsbiskop fan de Friezen, mar in organisearre bisdom Utert skynt pas sûnt Alfrik I (± 776) bestien te hawwen. Yn 795 waard it bisdom Utert suffragaanbisdom fan it aartsbisdom Keulen, en dêrmei wie de tsjerklike yndieling fan de Noardlike Nederlannen foar iuwen fêstlein.

Bretanje (regio)

Bretanje (Bretonsk: Breizh, Gallo: Bertaèyn) is in Frânske regio op it skiereilân mei deselde namme Bretanje en bestiet út de departeminten Côtes-d'Armor, Finistère, Ille-et-Vilaine en Morbihan. Oant 1941 hearde ek Loire-Atlantique (doedetiids Loire-Inférieur) hjirby, en in protte beskôgje noch hieltyd dat departemint as diel fan Bretanje. Bretanje is foaral bekend fanwege de Keltyske kultuer.

Rennes is de haadstêd fan de regio Bretanje. Oare wichtige stêden binne Brest, Vannes, Quimper en Saint-Malo.

Dimter

Dimter (Nederlânsk en offisjeel: Deventer, Nedersaksysk: Deaventer, Dèventer yn IJA-stavering of Demter) is in stêd en gemeente yn de provinsje Oerisel, mei 89.142 ynwenners (1 jannewaris 2003) en in oerflak fan 110,00 km² (wêrfan't 2,58 km² wetter is). De stêd leit oan de Isel. Yn it súdwesten fan de gemeente rint de Schipbeek út yn de Isel. It haadplak fan de gemeente is de stêd Dimter; de oare plakken yn de gemeente binne: Bathmen, Colmschate, Diepenveen, Lettele, Okkenbroek en Schalkhaar.

Dimter is ien fan de fiif âldste stêden fan Nederlân en hat in lange skiednis. It plak wurdt al yn 9e-iuwske boarnen fan it bisdom Utert neamd. Yn in oarkonde út 877 wurdt skreaun oer sân pleatsen yn Daventre (de haven Dimter). Yn 952 wurdt Dimter yn in skinkingsoarkonde fan keizer Otto I oan it Mauritskleaster yn Maagdeburg as stêd fermelden as urbs. Neidat it plak yn de rin fan de tiid geandewei mear rjochten en privileezjes krige, waard yn 1123 troch keizer Hindrik V de beskikking oer de gemeentlike grûnen ferliend. Dat wurdt troch historisy beskôge as it ferlienen fan stedsrjochten. De stêd hat it âldste stiennen hûs, it âldste kuierpark en de âldste wittenskiplike bibleteek (Stedsargyf en Athenaeumbibleteek) fan Nederlân.

East-Fryslân

East-Fryslân (Eastfrysk: Ōstfräisland) is in gebiet yn it noardwesten fan de dielsteat Nedersaksen; it gebiet tusken de Iems en de Jade. Histoarysk wie it gebiet ûnderdiel fan de sân seelannen. Yn de regionale media wurdt neist it begryp East-Fryslân ek Eastfryske Skiereilân brûkt.

Glasgow

Glasgow is de grutste stêd fan Skotlân en de tredde nei ynwennertal fan it Feriene Keninkryk. It sintrum fan Glasgow leit on de noardkant fan de rivier de Clyde. Sont de Romeinske tiid hat dit gebiet al bewenne west. Ut bewarre gegevens docht bliken dat fan de 12e iuw ôf de stêd in gruttere hannelsfunksje krige.

Glasgow ûntstie út it midsiuwske Bisdom Glasgow en de lettere Universiteit fan Glasgow, stifte yn de 15e iuw, dy't in sintrum fan belang wurde soe fan de Skotske Ferljoching yn de 18e iuw. Fan de 18e iuw ôf groeide de stêd út ta ien fan Brittanje's meast wichtige sintrums fan transatlantyske hannel mei Brits Noard-Amearika en Britsk West-Ynje. Under de Yndustriële Revolúsje waard de stêd mei omkriten ien fan de meast belangrike sintrums fan swiere yndustry, benammen fan skipsbou en skipfeartbesibbe yndustryen; in protte foar de tiid moderne skippen en ferneamde fartúgen binne dêr boud. Glasgow wie yn it gruteste part fan de Viktoriaanske - en Edwardiaanske tiid bekend as de Twadde Stêd fan it Britske Ryk. De yn de omkriten oanwêzige stienkoal- en izerertsfoarrie hat sines dien foar de ekonomyske bloei fan de stêd. Tsjintwurdich sit Glasgow yn de top 20 fan Europeeske finansjele sintrums en húsmanje de measte grutte bedriuwen fan Skotlân dêr.

Ein 19e iuw en begjin 20e iuw waakste Glasgow's befolking boppe de ien miljoen en wie it de fjirde stêd nei grutte fan Jeropa, nei Londen, Parys en Berlyn. Yn de jierren 1960 waard in wiidweidige stedsfernijing trochfierd. In soad minsken ferhuzen doe nei saneamde new towns en foarstêden. De grinsoanpassing dy't dêrút fuortkamen soarge foar in leger ynwennertal fan de City of Glasgow unitary authority area, op it heden sa'n 580.690, en 1.199.629 minsken yn it stedsgebiet Grut Glasgow. De befolking fan de hiele stêdekloft omklammet sa likernôch 2,5 miljoen minsken, sa'n 41% fan de befolking fan Skotlân.

Grins (stêd)

Grins (Grinzersk: Grunnen, Nederlânsk: Groningen) is de haadstêd fan de provinsje Grinslân en ek it haadplak fan de gemeente Grins. De stêd is fierwei de grutste stêd fan it noarden fan Nederlân mei sa'n 202.810 ynwenners (2018). Grins is mei de Ryksuniversiteit Grins (RUG) en de Hânzehegeskoalle Grins foaral ek in studintestêd. Mei alle oare hbû ynstellings derby rekkene hat Grins sa'n 50.000 studinten. Sa likernôch 35.000 dêrfan wenje ek yn de gemeente Grins. De stêd stiet bekend om syn 97 m hege Martinitoer, troch de Grinzers ek wol d'Olle grieze (âlde grize) neamd.

Hânzestêd

Hânzestêden binne lid fan it Hânzebûn. Dit wie fan oarsprong in gearwurkingsorganisaasje fan Dútse stêden om de Eastsee. Letter treden ek stêden út de Lege Lannen (it hjoeddeiske Nederlân en Belgje) ta. De grutte Hânzestêden, Gemeene of Principaalsteden neamd, sochten foar de hannel kontakt mei lytsere doarpen en stêden yn harren efterlân.

Karspel

Karspel of kerspel (Aldfrysk: zerskspel, zerkspul, ziurkspil) is de midsiuwske namme foar parochy, tsjerkedoarp of tsjerkegemeente.

It karspel as gebiet fan in parochy of tsjerklike gemeente wie fanâlds part fan de tsjerklike organisaasje fan in bisdom. De grinzen datearje faak út de 11e of 12e iuw. Fanwege befolkingsgroei en ûntginning fan woaste grûn of spjalting waarden dy grinzen wizige. Nei de reformaasje kaam it by de protestants wurden parochys ek ta grinsferoarings. Omdat de grinzen fan in karspel meast deselde wienen as dy fan it richteramt of skoutambt wurdt it wurd karspel ek wolris as synonym dêrfoar brûkt.

Fan de 16e iuw ôf waard it begryp karspel hieltyd mear brûkt om de bestjoerlike ienheid oan te tsjutten dy't nei de Bataafske Revolúsje 1795 de boargerlike gemeente foarmje soe. Somtiids binne by de foarming fan de gemeenten karspels gearfoege ta ien gemeente.

Yn geografyske nammen komt karspel faak foar. Bygelyks wie it gebiet om de stêd Swol hinne oant 1967 in selstannige gemeente ûnder de namme Swollerkerspel en bestie oant 1966 besuden Weesp de gemeente Weesperkarspel.

Ek de nammen fan de gemeentes Achtkarspelen (de acht tsjerkedoarpen dy't ta it Bisdom Munster hearden) en Harenkarspel (Noard-Hollân) en in tal Noard-Hollânske plakken ferwize noch nei de tsjerklike skiednis. Soms falt in karspel ûnder de parochy fan in plak mar leit it yn in oare gemeente.

Streekoantsjuttingen foar it gebiet dat gearfoel mei it karspel of dat it nivo boppe of ûnder it kerspel foarme, binne ûnder oaren:

ambacht

(boer)marke

buorskip of boerskip

gritenij

Ljouwert (stêd)

Dizze side giet oer de stêd Ljouwert. Foar de gemeente, sjoch: Ljouwert (gemeente).

Ljouwert (Ljouwertersk: Leewarden of Liwwadden; Nederlânsk: Leeuwarden; Aastersk/Skylgersk: Lieuwadden; Amelânsk: Liewa'den; Biltsk: Luwt; Hylpersk: Leauwert; Skiermûntseagersk: Leeuwerts; Stellingwerfsk: Liwwadden of Luwadden; Westerkertiersk: Leeuwerd) is de haadstêd fan Fryslân en ek it haadplak fan de gemeente Ljouwert. De stêd hat 95.949 ynwenners (desimber 2013) en is dêrmei de grutste stêd binnen de provinsje.

Ljouwert is ûntstien út trije terpen oan de eastlike igge fan de Middelsee, te witten de terpen Aldehou, Nijehou en Hoek. De formele gearfoeging fan de trije terpen krige syn beslach yn in rige Aldfryske oarkonden yn de earste helte fan de 15e iuw. Nei de ein fan de Fryske frijheid ûntjoech Ljouwert him ûnder frjemde hearskers as bestjoersplak fan de lettere provinsje Fryslân.

Op it mêd fan ûnderwiis en wittenskip hat Ljouwert trije hegeskoallen, de kursus- en taalynstelling Afûk, de Fryske Akademy en de Wetsus Akademy (wettertechnology). Ljouwert hat 29.628 hbû en mbû-studinten (stân 2010).Mei in gerjochtshof en in rjochtbank is Ljouwert foar it rjocht yn de provinsje Fryslân, as ek foar arrondisseminten bûten de provinsje, in plak mei betsjutting. Ljouwert is ien fan de alve Fryske stêden yn Westerlauwersk Fryslân. Yn 2018 is Ljouwert, mei de Malteeske haadstêd Valetta, Kulturele Haadstêd fan Jeropa. Dat jiers sille der yn it ramt fan it projekt Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 alderhanne kulturele eveniminten yn Ljouwert organisearre wurde.

Múnster

Múnster (Dútsk: Münster) is in stedsdistrikt (kreisfreie Stadt) en in regeardistrikt (Regierungsbezirk ) yn it noardlik part fan Noard-Rynlân-Westfalen yn Dútslân. De stêd is ek de haadstêd fan it regeardistrikt. De Universiteit fan Múnster is ien fan de âldste universiteiten fan Dútslân.

Yn it sintrum stiet it Hûs fan de Nederlannen.

Prinsbisdom Utert

It Prinsbisdom Utert (ek wol bekend as It Sticht) wie it territoarium dêr't de Biskoppen fan Utert yn de Midsiuwen as foarst de lânshearlikheid útoefenen. In sticht wie in gebiet dêr't de abt of biskop oer regearre.

Utert wie fan 1024 oant 1528 in foarstendom yn it Hillige Roomske Ryk. Dat wol sizze dat de biskop as ryksfoarst en greve ek hearlike rjochten hie en dus ek wrâldlike macht besiet. Hy reagearre oer:

it Nedersticht, dat oerienkaam mei de hjoeddeiske provinsje Utert.

it Oersticht, dat de tsjintwurdige provinsjes Oerisel en Drinte en Grinslân omfette.

Smellingerlân

Smellingerlân (Nederlânsk en offisjeel: Smallingerland) is in gemeente yn it easten fan Fryslân. Op 31 desimber 2018 hie dizze gemeente 55.932 ynwenners. Smellingerlân hat in oerflak fan 126,17 km², wêrfan 7,93 km² wetter.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.